ZPC
Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie

Yn dit stik wurdt yngongen op de skiednis fan de Z.P.C. as feredelingsbedriuw en as hannelsûndernimming. Dêrneist wurdt rom omtinken jûn oan de genealogise gegevens fan lju dy’t dêrmei anneks binne (yn skeanprint).
Erfgoed Fundaasje wol der winliken op út dat in portrettegalerij oanlein wurdt fan alle Z.P.C.-meiwurkers en -bestjoersleden. Sjoch ûnder oaren it haadstik: 5 Personalia fan personiel – 1919-1953. It begjin is der. Help datoangeande is sadwaande o sa wolkom. Biografise gegevens en foto’s kinne stjoerd wurde nei: info@erfgoed-fundaasje.nl. Foar ynljochtingen: 058-212 00 35.
Yn 1999 is de Z.P.C. fuseard mei Hettema B.V. yn HZPC Holland B.V. Ek foar it tiidrek dêrnei wol Erfgoed Fundaasje de wurkers beljochtsje. Dit ûndernimmen stiet sadwaande noch mar yn it iere oanbegjin.

Ynformaasje is ûntliend oan: Johannes Bekius, De voorgeschiedenis der Z.P.C., typoskript, Bergen (N.H.), net dateard, mar wierskynlik útbrocht yn 1953. Bekius, earder direkteur fan ’e Z.P.C., hat dizze wiidweidige en tige lêsbere kronyk skreaun doe’t er mei pensjoen wie. De tekst en yndieling dêrfan is hjir fierhinne folge.
Sjoch ek:
-Jan P. van Loon, Door eendrachtige samenwerking – De geschiedenis van de aardappelveredeling in Nederland – van hobby tot industrie 1888-2018 , proefskrift, Wageningen 2019.
-J.C. Dorst, Knopmutatie bij den aardappel en hare betekenis voor den landbouw, proefskrift, Wageningen 1924.
-Dr J.C. Dorst, Over het kweekveld der Friesche Maatschappij van Landbouw te Engelum.
-auteur anonym – nei alle gedachten is de skriuwer J.C. Dorst, De veredeling van en de handel in het zaai- en pootgoed, goedgekeurd door de Friesche Maatschappij van Landbouw, Z.P.C., Ljouwert, Drukkerij Buisman, omstrings 1925.

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
DG=Doopsgesind
EV=Evangelys Luters
FG=Frij Evangelys
G=Grifformeard
GT=Gjin Tsjerkegenoatskip
KG=Kristlik Grifformeard (Ofskieden)
NH=Nederlâns Herfoarmd (as der neat by stiet, is de oanbelangjende persoan NH)

Ynhâld
1
In earste begjin: sieddelsied en útstallings – 1883
2 Bureau voor den verkoop van Zaai- en Pootgoed – 1913
3 Oprjochting Z.P.C. – Friesche Coöperatieve Handelsvereeniging voor Zaaizaad en Pootgoed – 1919
4 In konkurrint: De Commissiehandel – 1919
5 Personalia fan personiel – 1919-1953
6 Oprjochting K.I.Z. – Keurings Instituut voor Zaaigranen, Zaaizaden en pootgoed – 1919
7 Z.P.C.-garânsjeprizen
8 In nije adjunkt-direkteur – 1920
9 Nei de Earste Wrâldoarloch



1 In earste begjin: sieddelsied en útstallings – 1883
Ein 19e iu binne der yn ’e Klaaiboustreek boeren en hannelslju dy’t wakker niget ha oan it feredeljen fan sied, sieddelsied, siedlingen. It giet dan benammen om skokkerearte en klaversied, sied fan bargeblommen. 

Sûnt 1883 wurde yn Hotel Amicitia te Ljouwert dêr tentoanstellingen fan hâlden. Dat is sied dat troch boeren en keaplju kweekt is en foar de hannel klearmakke. Dêr komt al rillegau de Fryske wytbloei-lynsied-line oerhinne en de grutte beane.
Dy útstallingen komme ta stân ûnder lieding fan it bestjoer dat bestiet út:
-Bokke Cornelis Algra, nôtkeapman te Stiens
-D. Jensma te Berltsum
-Watze Hessels Bierma, bouboer en stienfabrikant te Aldebiltsyl ûnder Froubuorren.
By de Friesche Maatschappij van Landbouw is it benammen de twadde foarsitter Jakob Pieters Wiersma te Ferwert dy’t dy útstallings nijsgjirrich fynt.

Bokke Cornelis Algra * Stiens 25-10-1862 † 21-12-1942; sn fan Cornelis Bokkes Algra, nôtkeapman te Stiens, en Grietje Pieters Miedema;
x Ferwerteradiel 26-5-1887 Ytske Jans Hoogland * Ferwert 22-7-1866 † Stiens 17-2-1948, 81 jier; dr fan Jan Pieters Hoogland, nôtkeapman te Ferwert, en Jantje Baukes Roorda.
Sjoch: J.IJ. Feenstra,
Het geslacht Hoogland, VIIIi.5, Genealogysk Jierboekje Fryske Akademy 1962, Ljouwert, 1962.

-D. Jensma te Berltsum [hâldfêsten komme noch].

-Watze Hessels Bierma * Ternaard 2-2-1843 † Ljouwert 18-4-1919; sn fan Hessel Watzes Bierma, bouboer te Ternaard en Aldsyl, en Trijntje Kornelis Hartmans
x Ljouwerteradiel 24-5-1866 Gerlantje Pieters de Boer * Britsum 8-5-1847 † Ljouwert 6-9-1911; dr fan Pieter Boyens de Boer en Teertje Piers Lettinga, boeren te Britsum.
Sjoch: J.IJ. Feenstra,
Het geslacht Bierma, Via, Genealogysk Jierboekje 1957, Fryske Akademy, Ljouwert, 1957.

Jakob Pieters Wiersma * Hallum 19-4-1866 † Ljouwert 15-5-1940, 74 jier; by trouwen ûnderwizer te Hallum, yn 1888 te Ferwert; yn 1909 dêr administrateur; direkteur fan it Bureau voor den verkoop van Zaai- en Pootgoed; sn fan Pieter Jans Wiersma, yn 1844 arbeider te Hallum, sûnt 1845 oant syn ferstjerren yn 1876 gernier ûnder Hallum, en Martje Menkes van Dijk;
x Ferwerteradiel 16-5-1887, 21 en 20 jier, Trijntje Dantuma * Ferwert 24-1-1867 † Ljouwert 22-1-1949, 81 jier; by trouwen sûnder berop te Ferwert; dr fan Regnerus Eilofs Dantuma en Maaike Pieters Laverman, breabakkers te Ferwert.
Bern:
1 Maaike Wiersma * Ferwert 28-2-1888 † Frjentsjer 14-1-1949, 74 jier;
x Ferwerteradiel 10-7-1909, 21 en 27 jier, Rendert Annes Ypey (Rindert; ek: IJpeij, Ypeij; R. Ypey Jr)* Hallum 20-8-1881 † Ljouwert 4-5-1960, 78 jier; bouboer te Ferwert; sn fan Anne Klazes Ypey en Frouwkje Renderts Talsma, bouboeren te Ferwert.
2 Martje Atje Wiersma (Marta) * Ferwert 24-2-1891 † Meeden, Grinslân, 25-6-1956; direksje-assistint fan it Bureau;
x 8-4-1924 Hendrik Hofstee Aukema * Zevenhuizen, Grinslân, 25-12-1893 † Meeden, Grinslân, 17-2-1956; sn fan Jan Aukema en Jantje Hofstee, bouboeren te Meeden.

Yn ’e kronyk oer de Z.P.C. wurdt steld dat Jakob Wiersma de soan is fan in ienfâldige lânarbeider. Yn syn jongereinjierren hearsket yn it gesin faak bittere earmoed. Benammen yn ’e winter stiet de honger fakentiids oan ’e doar. Letter fertelt Jabik wol oer de ellinde yn syn jongesjierren. Gauris moatte se har tefreden stelle mei in stik brea mei raapoalje en as dat der net is, mei in woartel of in raap.
Neffens de gegevens fan ’e Boargerlike Stân is Jabik syn heit earst arbeider en letter gernier. Lykwols, by lytse gernieren koe krapte ek wol regeare.
Bysfeint Jabik wol letter op better oan. Op skoalle docht bliken dat der in skrandere kop op sit. It skoallehaad achtet him wol geskikt foar ûnderwizer. Dy stúdzje folbringt er mei in soad opofferingen. Mar ûnderwizer wêze is ek gjin fetpot. Jabik sjocht nei de wolstân fan ’e bouboeren en keaplju. Boer kin er net wurde, dêr hat er de sinten net foar. Hy besiket it yn ’e hannel. Hy nimt de Ferwerter nôtkeapman Jan Pieters Hoogland geweken en komt dêr as help yn ’e boekhâlding en njonkenlytsen as hannelsman.
Sjoch: J.IJ. Feenstra, Het geslacht Hoogland, VIIIi.
Yn dy tiid komt guano as dong op. Jabik hellet boeren oer om dêr proeven mei te nimmen. Fan guano komt it ta Chilisalpeter en oare dongstoffen, dy’t er nei ferrin fan tiid sels ferhannelet. Mei Hoogland hâldt er in freonskiplike bân. Jabik Wiersma krijt starichoan mear modder oan ’e kloet. Hy begjint fruchtbere terpgrûn te ferhanneljen oan boeren yn ’e Lege Midden en de leechfeanstreken. As dy dêr oer de gerslannen brocht wurdt, komt wite klaver op en in folle tichter gersbestân. Wiersma lit earst yn ’e mande mei Hoogland en letter foar eigen rekken preammen, snikken en skûtsjes ynlade mei terpmodder dy’t er geskikt fan boere-terpbesitters los krijt. Dat is grage waar foar boeren yn ’e klaaigreidestreken en feangebieten.
De boeren freegje mear en mear nei terpierde, keunstdong, neist nôt en sied en benammen siedlingen. Wiersma wurdt in riejouwer foar boeren yn ’e omkriten. Guon achtsje Jabik mei syn heldere kikers en wiid útsteande earen wol ris al te liep en útsliept. Mar oer it algemien meie se wol oer him en hy wurdt in wolsteld man.
Op ’e gearkomsten fan ’e Friesche Mij is er yn oansjen. Hy wurdt foardroegen as lid fan it haadbestjoer en troch de Algemiene Fergadering as sadanich beneamd. Letter wurdt er fise-foarsitter.

Neffens Jabik Wiersma is de beoardieling fan it sied op ’e febrewaristentoanstelling yn Amicitia net yn ’e heak: it sied kin net op rassuverens skôge wurde of allinne ûnder foarbehâld. Hy bepraat dat mei nôtkeapman Bokke Algra. Se beoardielje foar eigen rekken ûnderskate fjilden op ’e bedriuwen, dêr’t geregeldwei sied fan ynstjoerd wurdt, mar foar it grutste part witte se der neat fan hoe’t it gewaaks op it fjild stien hat.
Wiersma stiet der yn ’e gearkomsten fan ’e Friesche Mij op oan dat der in organisaasje fan ’e grûn komt dy’t simmers de fjilden beoardielet en dat de oanbelangjende boer it rjocht krijt om syn siedlingen op ’e tentoanstellingen yn Amicitia sjen te litten.
Dêr komt út fuort dat yn 1903 troch de Friesche Mij de saneamde Veldkeuringsdienst stifte wurdt.
Foarearst sil allinne nôt en sied keurd wurde. De foarnaamste dêrfan binne it Frysk wytbloeiflaakssied, wyt klaversied, earte en beane. Bokke Algra wurdt foarsitter fan ’e Fjildkeuringstsjinst.
Jierren earder komme yn july boeren út Súd-Hollân en Seelân, meastentiids út namme fan in groep of feriening, yn Fryslân om ierdappelfjilden út te sykjen dêr’t se setters fan ôfnimme wolle. Guon komme altiten by deselde telers. Sa kin Watze Hessels Bierma fan Aldsyl ûnder Froubuorren en nei him syn soan Pieter, dêr steefêst op rekkenje dat se besite krije fan in ôffurdiging fan ’e Lânbouferiening te Strijen. Alle Eigenheimer setters dy’t Bierma teelt kin dy feriening brûke en dat foldocht sa goed, dat se dêr net mear leden oannimme wolle omdat de Bierma’s net noch mear poatguod leverje kinne. Der binne mear ferbouwers dy’t sokke fêste ôfnimmers hawwe. Mar de measte keapers dogge mear as ien bedriuw yn Fryslân oan. Der wurdt wol grute dat in Fryske boer dy’t in poerbêst gewaaks hat, wolris mear trochferkeapet fan dat perseel en dan oare waar leveret as dy pûke setierdappels. Der wurdt wol oer skreaun nei de Friesche Mij as in keaper in gâns minder produkt krijt as dat er ferwachte. Op oanstean fan keapers út Seelân wurdt besocht om peal en perk te stellen oan sokke praktiken: de keuringskommisje sil tenei ek de ierdappelfjilden beoardielje. Yn 1908 komme de ierdappelperselen by de fjildkeuring.
Dan wurdt earst en foaral acht slein op ‘hege wytbloeiers’ en ‘prûken’ yn de Eigenheimer. Al keurende komme de blêdrôlers (net yn ’e Eigenheimer) yn byld en topbûnt. De namme topbûnt komt by karmaster Tjeerd Frederiks Schat te St.-Anne wei.

Tjeerd Frederiks Schat * St.-Anne 16-8-1859 dêr 25-10-1939, 80 jier; yn 1888 gernier, yn 1884, 1907 hofker te St.-Anne (hûsnrs 156b, 450, 467, 208, 398), yn 1914 dêr keapman; ierappelkarmaster; sn fan Pieter Jans Schat, hofker te St.-Anne (hûsnrs 54a, 151), en Akke Tjeerds Wassenaar;
x 1 It Bilt 21-6-1883, beide 23 jier, Saakje Jogchums Hiemstra * St.-Anne 10-12-1859 † dêr 7-3-1884, 24 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te St.-Anne; dr fan Jogchum Klazes Hiemstra en Antje Pieters Anema, yn 1859 boeren te St.-Anne, yn 1883 dêr gerniers;
x 2 It Bilt 30-7-1885, 25 en 26 jier, Aafke Frederiks Hoitsma * Berltsum 17-6-1859 † St.-Anne 24-4-1955, 95 jier; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dr fan Frederik Dirks Hoitsma, ferver te Berltsum, en Geeltje Hendriks de Boer
.
Bern út it twadde houlik, ûnder oaren:
-Frederik Tjeerds Schat (Frits) * St.-Anne 3-2-1891 dêr 5-1-1970, 78 jier, [] St.-Anne; keapman en fruitkweker te St.-Anne; sjef ferlader by de Friesch Mij;
x It Bilt 2-7-1914, 23 en 25 jier, Trijntje Koopmans * Winaam 25-3-1889 St.-Anne
2-10-1975, 86 jier, [] St.-Anne; by trouwen sûnder berop te Huzum; dr fan Jan Pieters Koopmans en Ytje Gerlofs Terpstra, boeren te Winaam; Tryntsje is in suster fan de ierdappelkweker Piter Koopmans, sjoch hjirûnder.

By de keuring fan ierdappels binne noch net in soad boeren fan ’e partij: yn 1908 sechstich, mei yn totaal 350 pûnsmiet (119 ha.). Al gau docht bliken dat it systeem alle fraude net opkeart. Klaas Jaspers van der Akker te Berltsum wiist yn 1910 op it bedroch dat dien wurdt by de poatierdappelhannel. De Friesche Mij stelt yn 1911 in reglemint fêst oer de ferkeap fan goedkeurde setters. It keurmerk fan de Friesche Mij wurdt yn 1912 yn hannen lein fan trije ierappelkeaplju: Bokke Cornelis Algra, Jakob Pieters Wiersma en Tjeerd Frederiks Schat. As sjef fan ferlading wurdt de soan fan Tjeerd Schat oansteld: Frederik Tjeerds Schat.
Klaas Jans Rienks en Pieter Watzes Bierma binne tsjin dit stelsel, Klaas Jaspers van den Akker en Jakob Pieters Wiersma pleitsje derfoar.
Lammer Scheltes Hilarides fan Penjum achtet it yn 1913 winsklik dat de ôfset en it ferfier fan ’e setters rjochtstreeks troch de Friesche Mij dien wurde sil. It bestjoer is dêr net foar, mar nimt op 28-5-1913 it beslút om in Bureau voor den verkoop van Zaai- en Pootgoed yn te stellen.

Klaas Jans Rienks, sjoch: Kertiersteat Anneke Bouma – 28 en 29; sjoch ek: Genealogy Rienks.

-Pieter Watzes Bierma, ek: P. Bierma Wzn; Bierma is eare-foarsitter fan ’e Z.P.C.; hy hat lykas syn mei-bestjoersleden gâns funksjes op it mêd fan lânbou en wetterskip,sa is er dykgraaf fan Het Oud Bildt; sjoch: Het geslacht Bierma – VIIIa.

Klaas Jaspers van den Akker * Wier 1-3-1864 † Berltsum 22-10-1943; bouboer te Wier (hûsnrs 514, 86, 47, 2), sûnt 1-5-1892 rintenier te Berltsum (hûsnrs 8a, 9); bestjoerslid Friesche Mij; pionier fan it lânbouûnderwiis yn Fryslân; dichter en skriuwer, ûnder oaren fan Van den mond der Oude Middelzee; Ridder yn ’e Oarde fan Oranje-Nassau; lid fan fertsjinste Friesche Mij; sn fan Jasper Leenderts van den Akker en Grietje Klazes Schat, gerniers en boeren te Wier;
x Menameradiel Alde Maaie 1887, 23 en 22 jier, Grietje Gerrits Dijkstra * Wytgaard 14-9-1864 † Berltsum 22-10-1943; by trouwen ûnderwizeres te Huzum; dr fan Gerrit Jacobs Dijkstra, yn 1864 ûnderwizer te Wytgaard, yn 1887 skoallehaad te Huzum, en Johanna Andries Nieuwland.
Bern:
1 Johanna van den Akker * Wier 6-8-1887 † Boksum 14-5-1918; by trouwen sûnder berop te Berltsum;
x Menameradiel 14-5-1912, 28 en 24 jier,Tæke Cuperus * Goutum 10-8-1883 † St.-Anne 14-5-1969 ; greidboer te Boksum; sn fan Minne Klazes Cuperus en Baukje Sjoerds de Jong, greiboeren te Goutum en Boksum.
2 Grietje van den Akker * Wier 20-12-1890 † Harns 5-10-1987; by trouwen sûnder berop te Berltsum; earder ûnderwizeres, 1905-1909 te Arnhem;
x Menameradiel 7-7-1917, beide 26 jier, Lourens Aukes van der Meij * Berltsum 13-1-1891 Harns 3-6-1978, sûnt 3-1-1913 boukundich opsichter te Snits, idem by wetterskip te Harns; sn fan Auke Jans van der Meij, timmerman te Berltsum (hûsnrs 277, 338), en Trijntje Eeltjes Lautenbach
.

Lammert Scheltes Hilarides, sjoch: Genealogy Hilarides VIII.5.



2 Bureau voor den verkoop van Zaai- en Pootgoed – 1913
By de oprjochting yn 1913 qurdt Jabik Pieters Wiersma beneamd as direkteur fan it Bureau.
It bestjoer bestiet út Ulbe Gæles Hoekstra, bouboer te Stiens; Pieter Jacobs Botma, bouboer te Ænjum; Evert Cornelis Slim, bouboer te St.-Anne; as sekretaris fungeart de skriuwer fan ’e Friesche Mij Cornelis Broekema.

-Ulbe Gæles Hoekstra * Reitsum 6-1-1854 Ljouwert 22-1-1941, 87 jier; bouboer te Stiens; foarsitter fan it Bureau fan ’e Friesche Mij; sn fan Gæle Cornelis Hoekstra en Kunskje Ulbes Noordenbos, yn 1854 bouboeren te Reitsum, yn 1881 te Stiens;
x Ljouwerteradiel 21-5-1881, 27 en 21 jier, Swopkje Arjens Rienks * Stiens 29-11-1859 Ljouwert 21-7-1940; by trouwen sûnder berop te Stiens; dr fan Arjen Hessels Rienks en Hiske Rinses de Jong, bouboeren te Stiens
.
Bern, ûnder oaren:
Hiske Hoekstra * Stiens 30-8=1888; by trouwen sûnder berop te Stiens;
x Ljouwerteradiel 29-7-1913, 24 en 26 jier, Piet de Vries * Jellum 6-5-1887; by trouwen ûnderwizer te Grins; sollisitant as direkteur fan it Bureau fan ’e Friesche Mij; sn fan Douwe de Vries, skoallehaad te Jellum, en Tætske Dijkstra
.

Pieter Jacobs Botma, sjoch: Genealogy Botma VIII.5.

-Evert Cornelis Slim * St.-Anne 10-1-1861 dêr 23-3-1931, 70 jier; earst NH, letter GT; bouboer te St.-Anne (hûsnrs 382, 290, 633, 386); sn fan Cornelis Jacobs Slim en Grietje Everts Bekius, bou- en greidboeren te St.-Anne;
x It Bilt 10-5-1883, 22 en 19 jier, Klaasje Annes Nauta * St.-Jabik 27-4-1864 † St.-Anne 21-5-1932, 68 jier; KG, letter G; dr fan Anne Gerrits Nauta (KG) en Antje Pieters de Groot (KG), bouboeren te St.-Jabik.

-Cornelis Broekema * Wageningen 13-12-1883 dêr 10-6-1940, 56 jier; lânboukundich ingenieur; sekretaris Friesche Mij; heechlearaar; sn fan Luitje Derks Broekema, lânboukundich Ir, heechlearaar (prof. dr) te Wageningen, en Martje Cornelis van Ikema;
x Wageningen 26-5-1909, 25 en 26 jier, Dorothea Catharina Helena Christina Bakker * Frjentsjer 5-6-1882 † Arnhem 15-2-1951, 68 jier; dr fan Cornelis Bakker, NH dûmeny, en Marianne Lulofs (DG).
Bern, ûnder oaren:
Marianne Madzy Margaretha Broekema * Frjentsjer 12-5-1910 Wageningen 27-9-2003, 93 jier; biolooch;
x Grins 13-8-1942 Hendrik Willem van Dobben * Weidum 22-9-1907 Wageningen 19-5-1999, 92 jier; fjildornitolooch, lânboubotanikus, heechlearaar plante-oekology; sn fan Johannes Frederik van Dobben, NH dûmeny, en Annechien Folmer.

Steat fan tsjinst fan Broekema:
-Ryks Hegere Boarger Skoalle te Grins
-1905 diploma lânboukundich Ir Nederlandsch Landbouwkunde Hegere Lânbouskoalle Wageningen;
1907 akte M.O. Lânboukunde;
1907-’08 aspirant Ryks lânboulearaar Súd-Hollân;
1908 stúdzje feeteelt Polytechnicum te Zürich;
1909-’16 sekretaris Friesche Mij, yn dy funksje redakteur fan it Friesch Weekblad en lid fan ûnderskate lânboukommisjes, û.o. de Pachtkommisje;
1916 oant de opheffing yn 1918 direkteur Landbouw-Export Bureau;
1918 direkteur Groninger Coöperatieve Vereeniging van Zaadtelers (G.V.Z..), yn dat ramt wittenskiplik feredeler fan kultuergewassen op ’e pleats fan GVZ te Roodeschool;
1923 heechlearaar (prof. dr) feredeler lânbougewassen Lânbou Hegeskoalle Wageningen, dêr direkteur ynstitút foar lânbougewassen;
-lid fan fertsjinste Friesche Mij; ridder yn ’e Orde fan de Nederlandsche Leeuw; kommandeur yn ’e Frânse Oarde Du Mérite Agricole.

Sjoch: Persoonlijkheden in het Koninkrijk der Nederlanden.

It salaris fan direkteur Jabik Wiersma fan it Bureau wurdt set op f 5.000,00 yn ’t jier. De reis- en febliuwkosten nei de Beurs te Ljouwert, Frjentsjer en Dokkum komme foar himsels op, de oare kin er yn rekken bringe. Hy moat f 5.000,00 boarch jaan en krijt in fergoeding foar de drukkosten en advertinsje oangeande it Bureau, mar hy moat sels de postsegels, telegrammen, tillefoankosten en as it moat it salaris fan ien of mear klerken. Foar wanbetellers is er net ferantwurdlik. De lieding fan it Bureau is te beskôgjen as in bybaantsje. Syn dochter Martha helpt him by de administraasje fan al syn beuzichheden.
Wiersma is net tefreden oer syn funksje by it Bureau. Al yn ’e earste gearkomste fan it Deistich Bestjoer fersiket er om út te sjen nei in oar.
Wiersma hat In lânbouûnderwizer by Aalst yn België, Aloïs Suys te Meijere, yn Fryslân op wurkbesite hân en Suys hat dêroer in boekje mei foto’s it ljocht sjen litten. Hy krijt dêrfoar achterôf in fergoeding fan f 100,00 en de Friesche Mij keapet noch foar f 50,00 eksimplaren fan ’e twadde printinge. SVuys hat ek in hannel yn setters en hy skriuwt dat er troch de oprjochting fan it Bureau slim skea ûnderfynt oangeande de ferkeap fan syn poaters. Hy freget at er gjin algemien fertsjintwurdiger foar België wurde kin. Op foarstel fan Wiersma wurdt er oansteld as propagandist; hy sil Wiersma de adressen fan keapers jaan en him witte hokker prizen yn België makke wurde sille.wêze. Dêrby krijt er in persintaazje fan ’e omset, sadat er likernôch f 250,00 yn ’t jier fertsjinje kin. Mar troch it útbrekken fan ’e Earste Wrâldoarloch hat Wiersma gjin kontakt mei Suys ha kinnen, dat it foarstel wurdt net yn útfiering brocht.
Yn 1913, it earste jier fan it Bureau, is de omset f 60.000,00, it saldo is f 400,00. It Bureau nimt it beslút om de boeren dy’t goedkeurde siedlings yn febrewaris foar de tentoanstelling yn Amicitia ynstjoere, frij te stellen fan it neamen fan in priis as se it sied oan it Bureau yn hannen jouwe. It Bureau hat gjin pakhûs en likemin masines om it sied skjin te meitsjen. Dat wurdt útbestege oan it fabryk fan Dirk de Vries te Ljouwert. Yn it earste jier is de omset fan siedlings f 5.000,00.
Yn 1914 is de keuringsoanjefte by de ierappels al oprûn oan 5.400 pûnsmiet (1.984 ha.). De grutste oanjefte komt út Menameradiel. Op 3 july wurde dêr 73 perselen goedkeurd en 31 ôfkeurd. Yn Barradiel binne dy oantallen 29 en 10, yn It Bilt 20 en 5 en yn East Dongeradiel 1 en 8.
De mannichte dy’t ferkocht wurde sil, wurdt rûsd op 72.000 H.L.
as prizen foar de teler en maten wurde fêststeld, alles de 70 kilo:
Eigenheimer setters: 32/42 à f 2,75
idem 2e soart: 28/32 à f 2,50
idem trijelingen: 42/46 à f 2,25
Blauwe Borgers: 32/42 à f 2,75
Industrie: 35/45 à f 3,00
Ingelse Eksportsoarten: 35/45 à f 2,50
BlauwenL 32/42 à f 2,50
Bravo: 32/42 à f 3,00
Readstar, Frisum, Dedje, De Wet en Bûnte Blauwen: 32/42 à f 2,50.
De ferkeapprizen binne 25 sinten heger.

De risping fan 1914-’15 hat in omset fan f 56.960,12,5; de útbetelling oan ’e leden binne f 52.477, 40. Op ’e sekken is in winst makke fan f 150,41, wylst de onkosten f 4.707, 88 ynhâlde, sadat der in tekoart fan f 74,74 is. dat sil betelle wurde troch de Friesche Mij.
Yn 1915, ’16, ’17 gean de saken better. It Deistich Bestjoer nimt it beslút om in adjunkt-direkteur oan te stellen. Yn augustus 1917 binne der twa sollisitanten: Piet de Vries, ûnderwizer te Grins, skoansoan fan foarsitter Ulbe Gæles Hoekstra (sjoch dêr); en Yme Christiaans Schuitmaker, ierdappelkeapman te Frjentsjer. It salaris wurdt bepaald op f 1.500,00. De Vries nimt net mei minder genoegen as f 1.600,00, dat hy komt net mear yn ’e beneaming.

-Yme Christiaans Schuitmaker * Frjentsjer 22-2-1877 † Ljouwert 16-9-1961, 84 jier; earst NH, letter GT; ierdappelkeapman te Frjentsjer; direkteur it Bureau; tonielskriuwer, stiet oan ’e Dútse kant; ferhuzet op op 11-5-1911 út Frjentsjer nei Ljouwert (Westersingel 44), dan sûnder bepaald berop; ferfart op 26-4-1927 dêrwei nei Wassenaar, komt dêrwei op 14-11-1931 wer yn Ljouwert; sn fan Christiaan Ypes Schuitmaker, yn 1862 ynlâns kreamer te Frjentsjer, yn 1877 dêr winkelman, yn 1903 dêr keapman, en Aukje Ymes Brijker;
x 1 Frjentsjer 23-7-1903, 26 en 22 jier, Maartje Sytzes Sytsma * Achlum 5-3-1881 † Ljouwert 2-2-1933, 51 jier; dr fan Sytze Cornelis Sytsma en Geertje Jans Buwalda, yn 1881 boeren te Achlum, yn 1903 te Frjentsjer
;
x 2 Ljouwert 20-7-1934, 57 en 31 jier, Boukje Gerbens Schaafsma * Wergea 30-9-1902; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; dr fan Gerben Rienks Schaafsma, yn 1902 arbeider op ’e Gordyk, yn 1902, ’04 idem te Achlum, yn 1934 idem yn ’t Oranjewâld, en Martsen Annes Terpstra.

Schuitmaker is in man fan ’e praktyk en in tûk organisator. Hy siet op it kantoar foar de ierdappeldistribúsje en giet akkoart mei in salaris fan f 1.500,00 as er dan trochgean kin mei soksoarte wurk derneist as dat net yn striid is mei de doelstelling fan it Bureau. De opfolger fan Cornelis Broekema as sekretaris fan ’e Friesche Mij, J. van der Meer, doart it mei Schuitmaker wol oan, dat dy wurdt oansteld.

Wiersma hat al earder klage oer de al te grutte selsstannigens dy’t guon leveransiers har oanmjitte. Hy wol graach dat it Bureau omset wurdt yn in feriening. Yn 1918 prakkeseart er der wer oer om syn funksje der mei koarten oan te jaan en hy freget yn ’e maityd fan dat jier ûntslach oan. Hy stelt wer de ferieningsfoarm foar, neffens de wet fan 1876 mei oanspraaklike leden en rjochtspersoanlikheid. Neffens him moat it Bureau omset wurde yn in koperative feriening mei twa haadôfdielingen: ien foar setters en ien foar siedlingen, elk foar oar ûnder saakkundige lieding, mei elk in salaris fan f 1.500,00 plus 2 persint fan ’e bruto omset. Portokosten, telegrammen en reiskosten soenen dan foar rekken komme moatte fan ’e feriening. Wiersma stelt foar om helppersoaniel troch de direkteur betelje te litten.
Omdat regearingsmaatregels noch fan tapassing binne, wol it bestjoer de sitewaasje earst noch mar bliuwe litte sa’t dy is. Lykwols wurdt yn ’e fergadering fan 3 maaie 1918 besletten om yn ’e gearkomste fan 10 maaie it folgjende foar te stellen:
1 Splitsing yn in ôfdieling poaters en ien foar siedlingen.
2 Ynskeakeling fan twa of trije hannelslju by de setterhannel, mits dy net hannelje yn ôfkeurde en net-keurde poaters. Kommisjelean: 10 sinten de H.L.
3 De direkteur fan ’e ôfdieling poaters mei gjin njonkenfunksjes ha op ierdappelbebiet en foar oare funksjes is in fergunning noarich.
4 It Bureau beneamd en betellet helppersoniel.
5 De direkteur krijt in beleanning fan f 1.500,00 plus 1 persint fan ’e bruto omset.
Dy foarstellen wurde oannommen.
Yn ’e hjerst fan 1918 klaget Bokke Algra oer de benypte tawizing: hy krijt mar 40 persint op de setters dy’t troch him besteld binne. En hy mei syn klanten no net mear tefreden stelle mei ôfkeurde of net-keurde poaters. Ek oare ôfnimmers binne ontefreden, ûnder oaren guon yn Numansdorp. Dy keapje setierdappels by trije boeren yn Minnertsgea en krije der no mar mear in part fan.

Yn ’e selde hjerst komt Ir Jacobus Cornelis Dorst as konsulint foar de planteferedeling by de Friesche Mij. It Bureau freget om him te beneamen as wittenskiplik adviseur. Dat soe f 500,00 yn ’t jier kostje, mar as it Bureau dat net betelje kin, soe dat bydroegen wurde moatte troch de Friesche Mij.

Jacobus Cornelis Dorst * St.-Annaland, Seelân, 19-7-1894 † Wageningen 10-1-1979, 84 jier; kweker fan ierdappel- en flaaksrassen; wennet yn 1918 yn Wageningen en Ljouwert (Droevendal B41); komt op 6-9-1919 út Wageningen yn Ljouwert (Claes Bockes Balckstrjitte U35, Willemskade W39boppe); konsulint foar de planteferedeling by de Friesche Mij; heechlearaar planteferedeling Lânbou Hegeskoalle Wageningen; oprjochter en direkteur Stichting Plantenveredeling; yn St.-Jabik is in strjitte nei him neamd; sn fan Willem Dorst, nôtmûnder te St.-Annaland, en Jacoba Zandee, yn 1928 beide sûnder berop te Halsteren;
x Ljouwert 7-8-1928, 34 en 27 jier, Frieda Leopoldine Ratz * Wenen 7-10-1900; earst EV, letter GT; wennet yn 1922 en ’24 as pleechdochter yn by Pieter Heins Hilarides en Tietje Doedes Span te Ljouwert, earder bouboeren te Penjum; wennet yn 1923 yn Wenen, komt op 4-7-1924 dêrwei wer yn Ljouwert; by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Michael Ratz, yn 1928 keapman te Wenen, en Leopoldine Gröber.

Sjoch: Genealogy Hilarides VII.7.12.

3 Oprjochting Z.P.C. – Friesche Coöperatieve Handelsvereeniging voor Zaaizaad en Pootgoed – 1919
Op ’e gearkomsten fan it Bureau wurdt it beslút nommen om it Bureau om te setten yn de Friesche Coöperatieve Handelsvereeniging voor Zaaizaad en Pootgoed. Wiersma wurdt direkteur fan dy nije ûndernimming.
As foarriedich bestjoer wurdt beneamd:
-Lammert Scheltes Hilarides, sjoch hjirfoar
-Evert Cornelis Slim, idem
-Pieter Jacobs Botma, idem
-Dirk Jans van der Meij, bouboer te Hegebeintum
-Andries Wigles Sinnema, bouboer te Dronryp.
As sekretaris sil earst de skriuwer fan ’e Friesche Mij fungeare: J. van der Meer.

-Dirk Jans van der Meij * St.-Jabik 1870 Hegebeintum 5-10-1922, 52 jier; by trouwen bouboer te St.-Jabik, letter te Hegebeintum; sn fan Jan Dirks van der Meij en Trijntje Theunis Jensma, bouboeren te St.-Jabik;
x Ferwerteradiel 14-5-1892, 22 en 24 jier, Foekje Jans Jensma * Blije 17-3-1868 Ferwert 31-8-1940, 72 jier; by trouwen sûnder berop te Blije; dr fan Jan Kornelis Jensma en Sjoukje Klazes Ypey, bouboeren te Blije
Bern, ûnder oaren:
-Jan Dirks van der Meij * Hogebeintum 29-4-1893 19-11-1962, 69 jaar
; bouboer en eerpelkweker an ’e Attesweg onder Froubuurt;
x ’t Bildt 17-5-1916, 23 en 22 jaar, Froukje Johannes Bouma * Froubuurt 11-3-1894 Luwt 18-2-1972, 77 jaar, [kremeerd, Groaningen]; dr fan Johannes Sipkes Bouma en Saapke Arjens Wassenaar, boeren in ’e Súdhoek fan Froubuurt.
Sien: Kertiersteat Rindertje Bouma – nummers 4 en 5.

N.B. net te betiizjen mei Jan Dirks van der Mei fan Pitersbierrum, mei i.

-Andries Wigles Sinnema * Dronryp 19-3-1874 † dêr 27-8-1949, 75 jier; earst NH, letter GT; bouboer te Dronryp; sn fan Wigle Pieters Sinnema (broer fan Aukje) en Trijntje Andries Gerbens, bouboeren te Dronryp;
x Menameradiel 6-10-1898, 24 en 23 jier, neef en nicht, Aukje Cornelia Sytsma * Dronryp 13-11-1875 † dêr 18-6-1935, 60 jier; by trouwen sûnder berop te Dronryp; NH; dr fan Cornelis Sytzes Sytsma, taksateur, en Aukje Pieters Sinnema (suster fan Wigle), bouboeren te Dronryp
.

Yn in gearkomste fan ’e Friesche Mij wurdt de omsetting fan it Bureau yn de Z.P.C. bepraat.
Ljouwerter Krante, 15-4-1919

Ljouwerter Krante 24-5-1919

Ljouwerter Krante 24-5-1919

4 In konkurrint: de Combinatie De Commisiehandel
Ien dei foardat de Z.P.C. oprjochte wurdt, set de Bitgumer Rinze Klazes van Tuinen in advertinsje yn ’e Ljouwerter Krante fan syn bedriuw mei de útdaagjende namme de Combinatie De Commissiehandel. Hy is kommisjonêr yn ierdappels, griente en fruit. It sil wol syn stratezjy wêze dat er dy annônse op dat stuit pleatst.
Van Tuinen hat hannelskontakten mei foaroansteande ierdappelkeaplju, lykas Erzo Gerrit Luttmer te Stadskanaal en Johannes Smit te Grins (kontrakten yn 1919 en ’20). Dy dogge ek saken mei de partikuliere hannelshuzen Hettema te Bitgum en Braaksma te Berltsum.
Sjoch: Cultura (1919-1922) en Cultura – Ynternasjonale hannel.
Van Tuinen hannelet allyksa omraak yn koalstrie en turf.
Grif is Van Tuinen net in bedriigjend konkurrint fan ’e Z.P.C., want al yn 1920 hat er sa’t skynt de brui oan ’e hannel jûn en is er boer te Havelte.
Rinze van Tuinen syn heit Klaas is in neef fan Hette Tjitzes Hettema, de grûnlizzer fan Hannelshûs Hettema, dêr’t de Z.P.C. yn 1999 mei fuseart.

-Rinze Klazes van Tuinen * Bitgum 19-9-1881; G; yn 1901 arbeider te Bitgummole (hûsnrs 110, 208), yn 1907 dêr gernier, yn 1918 kommisjonêr yn ierdappels en griente te Ljouwert (Túnstrjitte, letter Gysbert Japicxstrjitte 88); ferfart op 28-10-1920 mei de húshâlding dêrwei nei Havelte (Wyk HW 122b), Drinte, is dêr boer; sn fan Klaas Symons van Tuinen, arbeider te Ingelum en Bitgum, en Martentje Dirks de Boer, gerniers te Bitgum;
x Menameradiel 31-5-1906, 24 en 23 jier, Gerbrig Anna de Haan * Wier 20-1-1883; earst NH, letter G; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dr fan Sybren Ennes de Haan, skipper en keapman te Wier (nr 14) en Berltsum, en Sjoukje Reinders Westra.
 

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is ZPC-De-Commissiehandel-22-5-1919.png
In kaper op ’e kust: De Commissiehandel fan Rinze Klazes van Tuinen.
Ljouwerter Krante, 22-5-1919

Ljouwerter Krante 28-8-1919

Ljouwerter Krante, 28-8-1919


Ljouwerter Krante, 1919

Ljouwerter Krante, 1909-1919


5 Personalia fan bestjoerders en personiel
Sûnt 1919 oant begjin fyftiger jierren trede de folgjende bestjoersleden by de Z.P.C. oan:
-Lammert Scheltes Hilarides, sjoch hjirfoar; 1919-’34 foarsitter
-Pieter Watzes Bierma, idem; 1919-’43 sekretaris;1934-’52 foarsitter
-Dirk Jans van der Meij, idem; 1919-’22 bestjoerslid
-Pieter Jacobs Botma, idem; 1919-’29 idem
-Andries Wigles Sinnema, idem; 1919-’28 idem
-Dirk Gerrits de Boer, te Blije; 1922-’38 idem
-Jan Gosses Terpstra, te Menaam; 1927-’34 idem; 1934-’50 sekretaris
-Douwe Lammerts Dijkstra, te Dronryp; 1928-’43 idem
-Adam Gerrits Elsinga, te Minnertsgea; 1934-’51 idem
-Ids Hessels Bierma, te Holwert; 1938-’52 idem; 1952 foarsitter
-Doeke Jans Oosterbaan, te Peins; 1943-’44 idem
-Herre Sybren Kingma, te St.-Jabik; 1944-’50 idem; 1951-’53 sekretaris
-Wigle Andries Sinnema, te Arum; 1950 idem
-Marten Gerrits Elsinga, te Minnertsgea; 1951 idem
-Jan Arend Blanksma, te Seisbierrum; 17-2-1953 sekretaris
-L. Blijdorp, te Emmeloord; 17-2-1953 sekretaris.

De bestjoersleden fan ’e Z.P.C. binne oer it generaal geseten – en foar in part eigenerfde – bouboeren. Har sydsulvers net oars. Se wurde geboaren mei in gouden leppel yn ’e mûle. Op in pear útsûnderingen nei: de Menamer Jan Goasses Terpstra ‘wurket him op’ – sa’t de útdrukking dan is – fan arbeider ta gernier en ierdappelkweker fan formaat.
De bruorren Adam en Marten Elsinga fan Minnertsgea har heit is earst arbeider en letter gernier; Adam begjint as skipper en Marten as gernier; de bruorren wurde ierdappeltelers fan namme.
Herre Kingma is greidboeresoan. Hy krijt gedoente mei de eigenerfde Biltbouboeredochter Anna Jannigje Rienks út ’e Westhoek ûnder St.-Jabik. De Rienksen achtsje dy Kingma ûnder har stand. Mar Anne Jannegy is wei fan Herre, lûkt har eigen paad en belânet mei har leafste yn ’e States te Oregon. Se ferdútse de Rienksen dat se dêr trouwe sille en weromkeare op betingst dat se dan op ’e âlderlike pleats komme. En dat gebeurd.

Dirk Gerrits de Boer * Minnertsgea 15-10-1876 † Ljouwert 15-2-1950, 73 jier, [] Blije; bouboer en ierdappelkweker op Wynia sate, Farebuorren ûnder Blije; sn fan Gerrit Nannes de Boer en Hiske Franses Tilma, bouboeren te Minnertsgea en op Farebuorren.
Sjoch: Historische Vereninging Noordoost Friesland – Dirk Gerrits de Boer.
x Ferwerteradiel 26-5-1900, beide 23 jier, Hendrikje Martens Dijkstra * Menaam 5-5-5-1877 † Ljouwert  3-2-1954, 53 jier, [] Blije; by trouwen sûnder berop te Menaam; dr fan Marten Lammerts Dijkstra en Mettje Gerhards van der Meij, bouboeren te Menaam.
Sjoch: Historische vereniging Noordoost Friesland – Hendrikje Martens Dijkstra.

-Jan Gosses Terpstra * Menaam 6-11-1880 Tsjummearum 3-4-1960, 79 jier, [] Menaam; by trouwen arbeider te Menaam, yn 1907 dêr gernier en ierdappelkweker; sn fan Gosse Tjeerds Terpstra, arbeider te Menaam (hûsnrs 269, 368), en Trijntje Symons de Haan;
x Menameradiel 24-5-1906, 25 en 22 jier, Pietje Jacobs Douma * Menaam 30-4-1884 † Tsjummearum 16-12-1967, 82 jier, [] Menaam; by trouwen sûnder berop te Menaam; dr fan Jacob Hettes Douma, arbeider, letter gernier te Menaam, en Grietje Pieters Hiemstra.

Sjoch: Genealogy Douma – V.Nb.

-Douwe Lammerts Dijkstra * Dronryp 17-9-1890 † Ljouwert 29-7-1980, 89 jier; boer op Obbema state op Hatsum te Dronryp; sn fan Lammert Jacobs Dijkstra en Anna Margaretha Bierma, bouboeren te Menaam en Dronryp;
x Menameradiel 15-5-1916, 25 en 22 jier, Tetje Tiedes Schat * Minnertsgea 26-8-1893 † Ljouwert 23-12-1975, 92 jier; dr fan Tiede Nammens Schat en Akke Jacobs Haima, bouboeren te Minnertsgea.
Sjoch: Het geslacht Bierma VIi.2
.

-Adam Gerrits Elsinga * Minnertsgea 2-9-1885 † St.-Anne 5-10-1971, 86 jier, [] Minnertsgea; FE; skipper te Minnertsgea, sûnt omstrings 1915 dêr bouboer en ierappelkweker; sn fan Gerrit Adams Elsinga, yn 1880, ’85 arbeider te Minnertsgea, yn 1912 dêr gernier en bouboer, en Maartje Tjerks Kingma; Adam is in broer fan Marten en Sytse Elsinga;
x Barradiel 25-5-1912, 26 en 21 jier, Trijntje Douwes de Boer * Wytmarsum 2-3-1891 † 1-12-1-1961, 69 jier, [] Minnertsgea; FE; by trouwen faam te Bolswert; dr fan Douwe Douwes de Boer, yn 1890 arbeider te Surch, 1912 idem te Wytmarsum, yn 1912 fisker te Surch, en Jeltje Willems Ybema
.

Ids Hessels Bierma * Holwert 28-4-1892 dêr 27-7-1971, 79 jier, [] Holwert; by syn trouwen túnman te Holwert, dêr letter bouboer en ierdappelkweker op Hoekstra sate; sn fan Hessel Idses Bierma en Trijntje Willems Deinema, bouboeren te Holwert;
x Doanjewestal 6-6-1919, 27 en 25 jier, Jantje Sipkes de Boer * Langwar 27-8-1893
Holwert 28-7-1961, 67 jier, [] Holwert; dr fan Sipke Pieters de Boer, yn 1875 greidboer te Boarnsweach, yn 1875 arbeider te Lytsewierrum, sûnt 1876 keapman en slachter te Langwar, en Neeltje Willems Jorritsma.
Sjoch: Het geslacht Bierma IXe.

-Doeke Jans Oosterbaan * St.-Anne 18-8-1905 † Slappeterp 8-3-1996, 91 jier, [kremeard Goutum]; bouboer te Easterbierrum en Peins; sn fan Jan Doekes Oosterbaan en Janna Sipkes Anema, bouboeren te St.-Anne en Easterbierrum;
x Ferwerteradiel 9-5-1930, 25 en 24 jier, Mettje Gerhards Dijkstra * Hallum 3-3-1906 † Slappeterp 12-11-2001, 95 jier, [kremeard Goutum]; by trouwen sûnder berop te Hallum; dr fan Gerhard Auke Martens Dijkstra en Trijntje Baukes Lettinga, bouboeren te Hallum.

Herre Sybren Kingma * Edens, Hennaarderadeel, 27-2-1909; GT; in 1926 erbaaier te Kloosterburen, 1927 te Augsbuurt (huusnrs 27, 29), sont Ouwe Maai 1927 in Wehe (gemeente Leens), in 1928 in Luwteradeel; ferskeept op 2-2-1932 út St.-Jabik na New York, komt met syn frou op 9-3-1934 út Hillsboro, Oregon, U.S.A. in St.-Jabik (hûsnr 514); dêr in ’e Westhoek bouboer, eerpelkweker en peerdefokker; bestuurslid Friesche Mij ôfdeling ’t Bildt, idem hoofdbestuur; dykgraaf waterskap ’t Nieuw Bildt; sn fan Tæke Herres Kingma, bij trouwen in 1908 fan graidboerebedriif te Edens, sont 1912 graidboer te Makkum, sont Ouwe Maai 1917 graidboer te Waidum (huusnrs 35, 37), sont Ouwe Maai 1927 te Huzum (Kerkstraat 19), en Rienkje Douwes de Boer;
x Hillsboro, Oregon 2-2-1932, baide 23 jaar, Anna Jannigje Rienks * St.-Jabik 11-9-1909; GT; komt op 21-8-1925 út Luwt (Johan Willem Frisostraat 14) in St.-Jabik, ferskeept dêrweg op 20-1-1932 na Oregon; sont 1934 bouboerin te St.-Jabik; dr fan Jarig Symens Rienks en Hinke Jans Hiddinga, bouboeren en peerdefokkers in ’e Westhoek onder St.-Jabik
.

-Wigle Andries Sinnema * Dronryp 29-11-1898 † 19-4-1984, 85 jier, [] Arum; bouboer en ierdappelkweker te Arum; sn fan Andries Wigles Sinnema en Aukje Cornelia Sytsma, bouboeren te Dronryp;
x Frjentsjer 7-5-1921, 22 en 20 jier, Wietske Nannes Hoitenga * Tsjom 3-8-1900 † Ljouwert 4-6-1963, 62 jier, [] Arum; by trouwen sûnder berop te Tsjom; dr fan Nanne Douwes Hoitenga en Eeke Wytzes Hilverda, greidboeren te Tsjom.
(Wietske stiet by de geboarte ynskreaun as Wietske, op grêfstien: Wietsche.)
Wigle is in neef fan Z.P.C.-skriuwer Jan Arend Blanksma.

-Marten Gerrits Elsinga * Minnertsgea 26-10-1897 † dêr 2-3-1975, 77 jier, [] Minnertsgea; FE; gernier/bouboer en ierdappelkweker te Minnertsgea; sn fan Gerrit Adams Elsinga en Maartje Tjerks Kingma; Marten is in broer fan Adam en Sytse Gerrits Elsinga, Z.P.C.-bestjoerder;
x Barradiel 20-5-1920, 22 en 23 jier, Antje Pieters Hoekstra * Minnertsgea 20-8-1896 † dêr 9-5-1983, 86 jier, [] Minnertsgea; FE; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Pieter Cornelis Hoekstra, arbeider te Minnertsgea, en Trijntje Foppes de Vries, arbeidster te Minnertsgea (Tryntsje kin net skriuwe).

-Jan Arend Blanksma * Seisbierrum 18-9-1909 † Ljouwert 18-3-2002, 82 jier, [] Seisbierrum; DG; bouboer en ierdappelkweker te Seisbierrum; sn fan Lieuwe Johannes Blanksma, by syn trouwen yn 1901 bouboer te Penjum, en Aaltje Arends Arends, bouboeren te Seisbierrum;
x 1 Ferwerteradiel 18-5-1934, 25 en 23 jier, Eeke Heslinga * Achlum 4-2-1911 † Seisbierrum 14-2-1935, 24 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Blije; dr fan Hessel Johannes Heslinga, by syn trouwen yn 1910 bouboer te Skalsum, en Tjitske Nannes Hoitenga, bouboeren te Achlum en Blije;
x 2 Tytsjerksteradiel 20-1-1938, 28 en 26 jier, Attje Westra * Oentsjerk 4-4-1911 † Grins 26-3-2008, 96 jier, [] Seisbierrum; amtner by de Sekretary fan Tytsjerksteradiel, by trouwen sûnder berop te Hurdegaryp; ferhuzet mei har trouwen nei Seisbierrum; dr fan Jan Jans Westra, bestjoerder en direkteur Suvelfabryk te Oentsjerk (wenjend te Oentsjerk, Ryptsjerk en Hurdegaryp), en Wybrigje Minnes Ykema.
Jan Arend Blanksma is in neef fan Wigle Sinnema, Z.P.C.-skriuwer
.

Johannes Bekius hat in list opmakke fan it personiel fan ’e Z.P.C. dat dêr sûnt 1919 oant 1953 yn fêste tsjinst wie – oan dy list wurde noch persoanlike gegevens tafoege; achter de persoan stiet it jier fan yn tsjinst kommen, as dat troch Bekius neamd wurdt:
-K. van der Schaaf, sûnt 1919
; dit is mooglik:
Klaas van der Schaaf * Parregea 7-4-1884 † Ketlik 3-3-1965, 80 jier; by earste boask ferfeaner te Parregea; by twadde houlik arbeider te Ferwâlde; pakhúsfeint te Akkrum; boekhâlder Z.P.C.; sn fan Jacob van der Schaaf, yn 1884 postrinder te Parregea, en Aafke van der Wal, yn 1911 komelkers te Parregea, yn 1915 boeren te Sigerswâld;
x 1 Wûnseradiel 10-6-1911, 27 en 24 jier, Johanna de Boer * Ferwâlde 23-11-1886 Warkum 8-6-1912, 25 jier; by trouwen sûnder berop te Ferwâlde; dr fan Hendrik de Boer, yn 1886 arbeider te Ferwâlde, en Maria Bruinsma, yn 1911, ’12 komelkers te Ferwâlde;

x 2 Wûnseradiel 8-5-1915, 31 en 22 jier, Jeltje Plantinga * Eksmoarre 7-3-1893 Akkrum 11-1-1958, 64 jier; by trouwen faam te Eksmoarre; dr fan Rients Plantinga, arbeider te Eksmoarre, en Murkje Spoel., sjoch hjirfoar
-Frederik Tjeerds Schat, 1919, sjoch hjirfoar

-Johannes Bekius, sûnt 1920
Johannes Bekius * Súdhorn, Grinslân, 26-2-1888 † Bergen, Noard-Hollân, 7-2-1969, 80 jier; by trouwen ûnderwizer te Oudshoorn, komt op 16-4-1913 dêrwei yn Dronryp, dêr haad fan ’e skoalle; ferhuzet dêrwei mei de húshâlding op 13-11-1920 nei Ljouwert (Ljurkstrjitte 15); direkteur Z.P.C.; sn fan Teunis Johannes Bekius, keapman yn 1888 te Súdhorn, yn 1913 te Leens, en Trijntje Berends Visser;
x Ljouwert 26-3-1913, 25 en 24 jier, Franciska Ros * Ljouwert 14-3-1889 † Bergen 31-8-1971, 82 jier; yn 1913 ûnderwizeres te Ljouwert, yn 1918, ’19 idem te Twizel; dr fan Johannes Ros, blikslachter, keunstlakker, winkelman en keapman, komt yn 1873 mei de húshâlding út Haarlem yn Ljouwert, en Dirkje Noordhoff
.

-Jan Pieters Hoogland, 1919-1920; sjoch: Het geslacht Hoogland, Xg.

-J. Plet, 1924
-H. Bekius, 1921
-R. Elzinga, 1922
-C. Hartmans, 1924
-F. Talman, 1927
-S. Brandsma, 1929
-L. Bouma, 1932
-D. Sytsma, 1932
-R. Beetsma, 1933
-A. Bouma,1933
-D. Groen, 1936
-S. J. Miedema,
1936
-A. Schaafsma, 1936
-J.D. Bekius, 1940
-D. Bonnema, 1940
-Goffe Jensma, Minnertsgea, 1941
-J. Mellema, 1942
-H. Riem, 1942
-C. van der Berg, 1942
-S. de Bruin, 1943
-G.S. Elsinga, 1943
-A. Wassenaar, 1946
-C. Geertsma, 1947


-Schelte Sjoukes Lep, sûnt 1947

Schelte Sjoukes Lep * Froubuurt 19-3-1913 † 27-4-1984, 70 jaar, [] Froubuurt, Attesweg; G; eerpelkoopman te Froubuurt; sn fan Sjouke Scheltes Lep, eerpeloopman te Froubuurt, en Eeke Syberens de Groot;
x ’t Bildt 30-10-1941, 28 en 27 jaar, Jantje Boonstra * St.-Anne 27-10-1914 15-5-2010, 95 jaar, [] Froubuurt, Attesweg; G; by trouwen sonder beroep te St.-Anne; dr fan Albert IJsbrands Boonstra, opperman te St.-Anne, en Jeltje Jelles Kieviet.


-P. van der Berg, 1946
-J. Bosma, 1940

Oare meiwurkers binne yn ’e rin fan ’e jierren ûnder oaren:
-C. van der Schoot
-J. Baard
-W. Huitema
-J. van der Woude
-T. van der Horst
-A. Hiddema
-G. de Haan
-J. Bos
-J. Stienstra
-J. Koopmans
-G. Jonker
-J. van der Veen
-D. Costen

-E. Peters
-A. Wiebenga
-K. Veenstra
-J. de Vries
-S. Wierda
-H. van Straten
-L. Bouma
-W. Bouma
-D. Miedema

-Lourens Franses Gerbens * Menaam 22-12-1876 † dêr 13-4-1942, 65 jier, [] Menaam; earst NH, letter GT; nôtkeapman te Menaam (hûsnrs 239, 287); sn fan Frans Andries Gerbens, nôtkeapman te Menaam (hûsnrs 105, 287), dêr ek bouboer (nr 173), en Jannigje Lourens van der Meij;
x Frjentsjerteradiel 4-8-1900, 23 en 22 jier, Maartje Hendriks van der Meij * Berltsum 11-5-1878 † Ljouwert 4-6-1962, 84 jier, [] Menaam; earst NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te Hitsum; dr fan Hendrik Gerhards van der Meij, yn 1876 keapman te Berltsum, yn 1878 dêr greidboer, yn 1900 dêr bouboer, sûnt 1900 greidboer te Hitsum, sûnt 28-4-1908 idem te Ljouwert (Harnzerstritwei 9), sûnt 24-5-1912 te St.-Jabik (nr 319), en Sybrigje Eeltjes Lautenbach
, ferhuzet op 20-4-1927 út St.-Jabik nei Berltsum.

-Sytse Gerrits Elsinga * Minnertsgea 26-1-1888 † Tsjummearum 14-4-1981, 89 jier, [] Minnertsgea; FE; arbeider, letter gernier te Minnertsgea; sn fan Gerrit Adams Elsinga en Maartje Tjerks Kingma; Sytse is in broer fan ’e Z.P.C.-bestjoerders Adam en Marten Elsinga, sjoch hjirfoar;
x Barradiel 25-5-1912, beide 24 jier, Klaaske Goffes Jensma * Minnertsgea 21-9-1887 † dêr 9-11-1966, 79 jier, [] Minnertsgea; FE; dr fan Goffe Kornelis Jensma, arbeider te Minnertsgea, en Wytske Jans Helder, yn 1880 naaister te Minnertsgea.

-Hendrik Gerrits Berkenpas * Dronryp 14-3-1892 2-8-1960, 68 jier, [] Menaam; earst NH, letter GT; respektivelik arbeider, gernier en bouboer te Menaam; sn fan Gerrit Gerbens Berkenpas, yn 1890, ’92 stoffeferversfeint te Dronryp en Menaam, yn 1893, ’94 stoffeferver te Menaam, sûnt omstrings 1896 dêr arbeider, en Dieuwke Hendriks Schotanus;
x Menameradiel 5-4-1917, 25 en 28 jier, Klaaske Jacobs Douma * Menaam 8-4-1888 10-5-1960, 72 jier, [] Menaam; dr fan Jacob Hettes Douma, arbeider, letter gernier te Menaam, en Grietje Pieters Hiemstra.
Sjoch: Genealogy Douma – V.Nc.

-Pieter Cornelis van Popta, sjoch: Genealogy Van Popta VIII.2

-J. Bijlsma
-K. Terpstra

-Jan Dirks van der Mei * Pitersbierrum 24-3-1887 † 10-6-1957, 70 jier, [] Pitersbierrum; nôtkeapman en kommisjonêr te Pitersbierrum, yn 1920 te Seisbierrum; agint foar Fryslân fan it Bureau voor Zaaizaad & Pootgoed te Veendam; dichter en auteur fan artikels oer keatskeningen; foarfjochter foar folksûnderwiis, (hiel)ûnthâlding en Beatrixoord; sn fan Dirk Theunis van der Mei en Mettje Jans Hoogterp, kastleins te Pitersbierrum, Mettje is as widdo dêr winkelfrou;
x Barradiel 27-6-1917, 30 en 26 jier, Grietje Klazes Hibma * Seisbierrum 6-1-1891 † 7-6-1989, 98 jier, [] Pitersbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, de lêste seis moanne te Grins; dr fan Klaas Douwes Hibma en Sjoerdtje Jurres Heegstra, bouboeren te Seisbierrum
.

N.B. net te betiizjen mei Jan Dirks van der Meij fan Hegebeintum, mei lange ij.

-Lieuwe Oeges Hiddema * Holwert 7-9-1869 † dêr 6-7-1934, 64 jier; nôtkeapman te Holwert, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Oege Pieters Hiddema, graanhanneler te Holwert, en Antje Lieuwes Hesseling;
x Westdongeradiel 14-6-1900, 30 en 24 jier, Trijntje Lurks Glas * Holwert 5-5-1876 † dêr 6-11-1960, 84 jier; dr fan Lurks Gribberts Glas en Anna Maria Ferwerda, bakkers te Holwert.
, sjoch hjirfoar


-Johannes Cornelis Hartmans * Blije 5-5-1871 † Ljouwert 14-12-1949, 78 jier, [] Blije; sn fan Cornelis Johannes Hartmans en Klaaske Lieuwes Hesseling, yn 1871 gerniers te Blije, sûnt omstrings 1875 dêr bouboeren;
x Ferwerteradiel 13-6-1896, beide 25 jier, Antje Joutes Miedema * Stiens, Mellinga state, 12-2-1871 † Blije 23-2-1940, 69 jier, [] Blije; dr fan Joute Pieters Miedema en Durkje Dirks Radersma, bouboeren op Mellinga state ûnder Stiens.
Johannes is in neef fan Lieuwe Oeges Hiddema.


-P. Bosma
-J. Roorda
-P. van der Leij.
It doel is dat dizze list útwreide wurdt oant 1999, as de Z.P.C. fuseart mei Hettema B.V.

Oanfullingen wurde tige op priis steld: info@erfgoed-fundaasje.nl.


Yn it Karbrief fan ’e Z.P.C. binne as wichtichste betingsten opnommen:
-De Z.P.C. ferhannelet inkeld en allinne it sied- en setguod dat troch de keuringstsjinst fan ’e Friesch Mij goedkard is. De direkteur mei foar eigen rekken gjin hannel driuwe yn sokke produkten. Hy moat in boarchstelling fan f 5.000,00 stoarte.
-As salaris sil er f 6.500,00 plus 1 prosint fan ’e bruto omset oant f 350.000,00 plus in heal prosint fan itjingeboppe dy omset útkomt, mei in maksimum foar dat lêste oant f 3.000,00, sadat in salaris op syn heechst f 13.000,00 is.
Dat bedrach hat Wiersma as earste direkteur lykwols noait bard. Hy hie him dat wol oars foarsteld en hy docht syn beklach der ek wolris oer dat er hy der no yn fertsjinste op achterút gongen is. As er syn auto foar de Z.P.C. brûkt, krijt er dêr in fergoeding foar.
Yn ’e simmmer fan 1919 sprekt er yn ûnderskate ôfdielingen fan ’e Friesche Mij oer de Z.P.C. De measte byfal hat er yn Menameradiel. As er dêr sprekt, komt Johannes Bekius ek oan it wurd, dy is skoallehaad yn Dronryp en hâldt in ynlieding oer it kweken fan nije rassen troch krusingen, ûnder oaren oangeande de Mendelse splitsing. Wiersma komt dan foar it earst yn ’e kunde mei syn opfolger Bekius.

As adjunkt-direkteur wurdt beneamd de lânboukundich ingenieur Jan Pieters Hoogland te Ferwert, op in salaris fan f 4.000,00 plus f 500,00 pensjoenpremy.
As boekhâlder wurdt oansteld K. van der Schaaf dy’t ûnder lieding fan Schuitmaker de boekhâlding die fan it saneamde Aardappelbureau. Earder wurke er op it kantoar fan in tsiiskeapman te Akkrum. Hy krijt f 150,00 yn ’e moanne.

De kontrôle op de krekte leveringen fan ’e setters op it lân dy’t op partij goedkeurd binne, wurdt opdroegen oan ’e direkteur.
Foar de praktise útfiering dêrfan wurde beneamd:
-Sieds Dirks Miedema, nôtkeapman te Ingwierrum, hy is selden yn funksje
-Lieuwe Oeges Hiddema, nôtkeapman te Holwert
-Johannes Cornelis Hartmans, nôtkeapman te Blije
-Frederik Tjeerds Schat, keapman en túnker te St.-Anne, sjoch hjirfoar
-Lourens Franses Gerbens, nôtkeapman te Menaam
-Jan Dirks van der Mei, nôtkeapman te Pitersbierrum
-S. F. de Boer te Drachten, dy’t ek komselden dy funksje útfierd.
Letter wurdt noch beneamd: Doekle Rientses Yntema, fûraazjehanneler te Penjum.

-Sieds Dirks Miedema * St.-Anne 12-3-1870 † Ingwierrum 1-11-1929, 59 jier; nôtkeapman te Ingwierrum; sn fan Dirk Siedses Miedema en Ymkje Wops Koning, yn 1869, ’70 bouboeren te St.-Jabik, yn 1873 idem te Ingwierrum;
x Achtkarspelen 24-5-1902, 32 en 29 jier, Ymkje Uilkes Bottema * Bûtenpost 5-11-1872 † Ljouwert 3-8-1953, 80 jier; by trouwen sûnder berop te Bûtenpost; dr fan Uilke Hylkes Bottema en Sjoukje Andries Sikkema, boeren te Bûtenpost
.

Lieuwe Oeges Hiddema, sjoch hjirfoar.

-Johannes Cornelis Hartmans, sjoch hjirfoar.

-Lourens Franses Gerbens, sjoch hjirfoar.

-S. F. de Boer, te Drachten, genealogise hâldfêsten wurde noch neipluze.

-Doekle Rientses Yntema * Penjum 2-8-1859 † dêr 21-11-1930, 70 jier; fûraazjehanneler te Penjum; net troud; sn fan Rients Doekles Yntema en Rienkjen Franses Hoitinga, yn 1856 koaltsjers te Penjum, yn 1867 dêr kastleins, yn 1867 dêr loazjeminthâlders.

6 Oprjochting fan de K.I.Z. – Keurings Instituut voor Zaaigranen, Zaaizaden en Pootgoed – 1919
Dat de hannel yn it goedkeurde sied- en setguod troch de Friesche Mij inkeld en allinne opdroegen is oan de Z.P.C., set by party keaplju en telers kwea bloed. Benammen dat siedlingen ûnder leveringsplicht falle, ropt tsjinaksel by nôtkeaplju op. Yn it bestjoer is gjin ienriedigens oangeande de posysje fan sied- en graanhannelers. Wiersma fielt derfoar om de hannel yn goedkeurd sied frij te litten en hat Pieter Watzes Bierma datoangeande wol wat oan syn kant. De oare bestjoersleden wolle hawwe dat de leveringsplicht fan siedlingen oan de Z.P.C. stean bliuwt.
Besocht wurdt om ta in akkoart mei de keaplju te kommen. De siedkontroleurs Bokke Algra fan Stiens, Douwe Sieswerda Jr fan Penjum en Rendert Ypey fan Jr fan Wytmarsum wurde hifke, mar dy fiele der neat foar om allinne op kommisje of as kontroleur te wurkjen. Hja rjochtsje ûnder foarsitterskip fan Bokke Algra in nije keuringstsjinst op: de K.I.Z., it Keurings Instituut voor Zaaigranen, Zaaizaden en Pootgoed. Dy keuringstsjinst krijt al gau gâns oanhang. As sekretaris fungeart de lânboulearaar Anne Melles Rauwerda, dy’t alle wiken in lânboukronyk yn ’e Ljouwerter Krante hat. It docht bliken dat er hyltyd mear in tsjinstander wurdt fan de Koöperaasje yn ’t algemien, en fan de Z.P.Z. en de Friesche Mij yn ’t bysûnder.

-Bokke Cornelis Algra, sjoch hjirfoar.

Douwe Jogchums Sieswerda * Penjum 5-7-1873 dêr 5-101947, 74 jier, [] Penjum; keapman te Penjum; sn fan Jogchum Douwes Sieswerda, keapman te Penjum, en Jantje Rinses de Witte;
x Wûnseradiel 20-5-1899, 25 en 23 jier, Aafke Jelles Jelsma * Lytsewierrum 24-3-1876 Penjum 18-6-1948, 72 jier, [] Penjum; by trouwen sûnder berop te Lytsewierrum; dr fan Jelle Jeltes Jelsma, ferver te Lytsewierrum, en Grietje Oenes Faber.

-Rendert Annes Ypey, skoansoan fan direkteur Jakob Pieters Wiersma, sjoch dêr.

K.I.Z-keaplju kontra Koperaasje: …ligt het in de bedoeling om de landbouwers, die gebruik maken van ons Keurings-Instituut, geheel VRIJ TE LATEN.
Ljouwerter Krante, 30-4 en 2, 6, 12-5-1919

De K.I.Z. timmeret oan ’e dyk.
Ljouwerter Krante, maaie 1919
Ljouwerter Krante

De earste K.I.Z. foaroanmannen binne:

Bokke Cornelis Algra, sjoch hjirfoar

-Rendert Annes Ypey, sjoch hjirfoar

Symon Johannes Pars * St.-Anne 1-2-1855 Arum 11-1-1938, 82 jier; G; nôtkeapman, yn 1878 te St.-Anne en Arum, sûnt omstrings 1880 te Penjum, sûnt 1889 te Arum; sn fan Johannes Wiltjes Pars, , G, nôtkeapman te St.-Jabik en St.-Anne, gemeenteriedslid fan It Bilt, amtner fan ’e Boargerlike Stân; en Catharina Yges Mulder; broer fan Gerrit, sjoch hjirnei;
x Frjentsjerteradiel 24-1-1878, 22 en 21 jier, Roelofje Sytses Roorda * Wytmarsum 31-3-1856 Arum 4-4-1933, 77 jier; by trouwen sûnder bedriuw te Achlum; dr fan Sytze Hessels Roorda, yn 1856 koaltsjer te Wytmarsum, yn 1858 en by syn ferstjerren yn 1859 boer te Achlum, en Ytje Wolters Veenstra.
Bern, ûnder oaren:
-Johannes Symons Pars * Penjum 26-8-1883 Ljouwert 29-7-1958, 74 jier; G; by trouwen nôtkeapman te Arum, sûnt 27-11-1907 idem te Ljouwert (Singelstrjitte Y26b, De Wetstrjitte Y7), yn 1917 dêr allyksa kontroleur fan in feefoerbedriuw;
x Wûnseradiel 27-9-1911, beide 28 jier, Jitske Jetses Bouma * Lollum 16-3-1883 † Ljouwert 16-10-1951, 67 jier; G; by trouwen sûnder berop te Lollum; dr fan Jetse Pieters Bouma en Hieke Scheltes Faber, winkellju te Lollum.

-Wijbe Cornelis Postma * Tsjummearum 18-8-1865 Harns 20-9-1927, 62 jier; GT; ierdappelkeapman en kommisjonêr te Kimswert, sûnt 22-5-1897 te Harns (B7, Rommelkade 7, Roazegracht 2, Noarderhaven 95, Noardijs 7); sn fan Cornelis Wijbes Postma en Sytske Klazes Rienks, bouboeren te Tsjummearum;
x Wûnseradiel Alde Maaie 1894, 28 en 27 jier, Trijntje Johannes Rijpma * Wytmarsum 6-5-1867 Harns 26-9-1927, 60 jier, 6 dagen nei har man; by trouwen sûnder berop te Wytmarsum; dr fan Johannes Sybrens Rypma en Tjitske Eiberts Blanksma, bouboeren te Wytmarsum.

-Philippus Posthuma * Arum 26-9-1849 Tsjummearum 16-10-1940, 91 jier; nôtkeapman, yn 1878 te Arum, yn 1897 te Frjentsjer, sûnt 1880 te Tsjummearum; sn fan Sijbrandus Suardus Posthuma, nôtkeapman te Arum, en Heiltje Philippus Hannema;
x Frjentsjerteradiel 25-5-1878, 28 en 27 jier, Jacobje Pieters Hiemstra * Kleaster Lidlum; by trouwen sûnder berop te Doanjum; dr fan Pieter Arjens Hiemstra, yn 1833 bouboer te Kleaster Lidlum, yn 1860 dêr koaltsjer, yn yn 1878 rintenier te Doanjum, en Wytske Franses Vellinga (tekenet sels: Vellenga).

-Pieter Wiggers Dijkstra * Ternaard 21-8-1878 10-10-1975, 97 jier, [] Ternaard; nôtkeapman te Ternaard; sn fan Wigger Pieters Dijkstra, nôtkeapman te Ternaard, en Akke Klazes Monsma;
x Westdongeradiel 12-8-1902, 23 en 26 jier, Dieuwke Gerbens Bierma * Ternaard 7-7-1876 Ljouwert 26-8-1955, 76 jier, [] Ternaard; by trouwen sûnder berop te Ternaard; dr fan Gerben Idses Bierma, klerk op ’e sekretary fan Westdongeradiel, letter gemeenteûntfanger te Ternaard, sekretaris-ûntfanger Seediken Westdongeradiel, en Rixje Klazes Bergmans
.
Sjoch: Het geslacht Bierma VIa.4.

-Roel Romkes Wijmenga * Ouwesyl onder Froubuurt 16-10-1881 † dêr 30-6-1947, 67 jaar; GT, later DG; graankoopman op Ouwesyl onder Froubuurt (huusnrs 318e, 424); sn fan Romke Roelfs Wijmenga en Eeke Rommerts Tuinhof, winkelloi op Ouwesyl onder Froubuurt;
x ’t Bildt 28-5-1903, 21 en 24 jaar, Jacobje Kornelis Bierma.
Sien: Het geslacht Bierma VIIb.4
.

-Gerrit Johannes Pars * St.-Anne 23-1-1857 dêr15-12-1925, 68 jaar; G; graankoopman te St.-Anne, bij syn fersterven sonder beroep; sn fan Johannes Wiltjes Pars, notkoopman te St.-Anne, en Catharina Yges Mulder; broer fan Symen;
x Franeker 7-7-1881, 24 en 21 jaar, Sjoukje Jeltes Pasma * Franeker 19-4-1860
St.-Anne 6-2-1922, 61 jaar; G; bij trouwen sonder beroep te Franeker; dr fan Jelte Tjiepkes Pasma, notkoopman te Franeker, en Anke Hobbes Zondervan.

-Douwe Joukes Schat * St.-Anne 28-7-1866 † Burum 3-7-1942, 75 jaar; repektivelik NH, KG, FE; komt Ouwe Maai 1888 út St.-Anne in Froubuurt (huusnrs 190, 390a, 200, 199), dêr erbaaier in 1891, ’92; in 1895, ’99 dêr gernier; ferhúst op 16-3-1906 út Ouwesyl onder Froubuurt na Súdhorn; in 1924 gernier en boer te Marrum; bestuurslid Christelijke Werklieden Vereniging Draagt Elkanders Lasten te Ouwesyl; sn fan Jouke Arjens Schat, (KG), winkelman en gernier te St.-Anne, in 1883 boer te St.-Anne, sont Ouwe Maai 1885 winkelman te St.-Anne (nr 270), sont Ouwe Maai 1888 winkelman te Froubuurt (huusnrs 224, 241, 93), in 1891 dêr erbaaier, ferhúst 1-3-1902 na Súdlaren in ’n inrichting en fersterft dêr in 1905, en Johanna Maria Douwes Boersma;
x ’t Bildt 7-5-1891, 24 en 23 jaar, Hiltje Sydses Tjepkema * St.-Anne 15-8-1867 † Burum 21-5-1955, 87 jaar, [] Marrum; dr fan Syds Jacobs Tjepkema, erbaaier te St.-Jabik en St.-Anne, en Antje Hantjes Andriessen.

-Pieter Pieters Postma * Haarlemmermeer 1-10-1881; GT; yn 1903 erbaaier te St.-Anne, in 1910 dêr postloper, in 1912 dêr gernier en koopman, in 1933 dêr koopman (nrs 190a, 43a, 464, 446, 432); ferhúst op 25-9-1934 met de húshouwing na Amsterdam (Westlandgracht 83-I); sn fan Pieter Thijsses Postma, (GT), erbaaier te St.-Anne, fertrekt op 19-5-1884 met de húshouwing na de Haarlemmermeer, dêr erbaaier, later weer erbaaier te St.-Anne en tapper en gernier te St.-Anne, en Sytske Pieters Boersma;
x 1 ’t Bildt 14-10-1903, 22 en 20 jaar, Geeske Pylgers Hagedoorn * Waidum 28-6-1883 † St.-Anne 10-12-1929, 42 jaar; bij trouwen sonder beroep te Waidum; dr fan Pylger Martens Hagedoorn, in 1879 erbaaier te Waidum, in 1883 dêr postloper, in 1887 dêr lânderbaaier, in 1903, ’11 dêr febrykserbaaier, en Etje Hanses de Groot;
x 2 ’t Bildt 9-2-1933, 51 en 36 jaar, skaiding Arrondissemintsrechtbank Amsterdam 21-10-1948, inskreven ’t Bildt 10-2-1949, Margaretha Schouten * Haarlem 2-7-1897; bij trouwen sonder beroep te Amsterdam; dr fan Johannes Daniël Schouten, in 1933 muzikus te Amsterdam, en Maria Sligtenhorst.

-Pieter Ymens Sinnema * Dronryp 3-1-1874 dêr 1-2-1944, 70 jier; nôtkeapman te Dronryp; sn fan Ymen Pieters Sinnema, nôtkeapman te Dronryp, en Joukje Jacobs Koopmans;
x Frjentsjer 25-5-1899, 25 en 24 jier, Rindertje Sipkes Osinga * Frjentsjer 26-7-1874 † Grins 17-7-1937, 62 jier; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Sipke Nannes Osinga en Rigtje Jacobs Keestra, bouboeren te Frjentsjer.
Sjoch: Genealogy Koopal-Koopmans V4.6.2.2

-Beert Pieters Wassenaar * St.-Jabik 21-9-1882 † 20-10-1979, 97 jaar; notkoopman te St.-Jabik; fan 30-1-1930 tot -9-1931 lid fan ’e gemeenteraaad foor de Frijsinnige list; sn fan Pieter Beerts Wassenaar, graankoopman te St.-Jabik, en Antje Cornelis van der Leij;
x ’t Bildt 16-5-1907, 24 en 23 jaar, Antje Tækes Rijpma * Witmarsum 20-12-1883 † St.-Jabik 13-2-1949, 65 jaar; bij trouwen sonder beroep te Witmarsum; dr fan Tæke Sytses Rijpma en Aukjen Lammerts Hilarides, bouboeren te Witmarsum.
Sien: Genealogy Hilarides VII.4.5
Sien foor Van der Leij: Genealogy Koopal-Koopmans V4..9

-A. Hoitsma skriuwer

-Anne Melles Rauwerda * Raard, Raarderhim,15-3-1859 † Ljouwert 6-2-1945, 85 jier; ûnderwizer yn De Wylgen, Reduzum en Aldebiltsyl, 1883-‘97 te Stiens (hûsnrs 58, 177); de húshâlding ferhuzet op 20-11-1897 nei Ljouwert; 1897-1924 dêr learaar oan de Landbouwwinterschool; skriuwer (lânbou, polityk, kroniken en brosjueres); foarman fan de Friesche Volkspartij; propagandist foar lânbounasjonalisaasje;
sn fan Melle Annes Rauwerda, (earst NH, letter GT), sûnt Alde Maaie 1852 arbeider te Raard, yn 1855 en ’56 dêr skipper, yn 1856 idem te Terherne, arbeider yn Reduzum, sûnt Alde Maaie 1858 idem te Raard, yn 1859 keapman te Raard, yn itselde jier dêr kastlein, yn 1861 taper te Sybrandabuorren, yn 1864, ’70, ’74 dêr kastlein, yn 1866 dêr slachter, yn 1870 slachter te Reduzum, arbeider yn 1872 te Weidum, yn 1873 te Reduzum en te Goutum, yn 1874 te Weidum en Reduzum, sûnt omstrings 1876 skipper te Bears, by syn ferstjerren mei 78 jier yn 1909 arbeider te Ljouwert, en Antje Wiggeles Hiemstra, skipperske en slachterske;
x Idaarderadiel 16-8-1883, 24 en 21 jier, Grietje Ypes Hagedoorn * Reduzum 9-10-1861 † Ljouwert 15-8-1930, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Reduzum; dr fan Ype Haayes Hagedoorn, timmerman te Reduzum, en Wytske Doekes de Groot.
Anne Rauwerda is

-meiwurker Groninger Weekblad
-meiwurker Sociaal Weekblad
-1890-’98 meiwurker De Grond aan Allen
-1894-’96 meiwurker Grond en Arbeid
-1897-1940 skriuwer fan 2285 lânboukroniken yn ’e Ljouwerter Krante
-sûnt 1917 meiwurker oan de reorganisaasje fan de Friesche Mij van Landbouw
-foarsitter Algemeen Nederlandsch Werklieden-Verbond
-foarsitter Vereeniging van Leeraren aan den Rijksland- en tuinbouwwinterscholen
Rauwerda skriuwt ûnder oaren ûnder de skûlnamme Veritas (Latyn foar: Wierheid)
Sjoch: Anne Melles RauwerdaParenteel van Anne Aukes Rauwerda III.6.


7 Z.P.C.-garânsjeprizen
Wiersma ûnderhannelet mei Cornelis Broekema, sûnt 1918 direkteur fan ’e Groninger Coöperatieve Vereeniging van Zaadtelers (G.V.Z.), en mei Johannes Kielstra fan ’e Zeeuwse Landbouw Maatschappij (Z.L.M.) oer de prizen fan ’e wintergranen. Der wurde garânsjeprizen foar de ferbouwer en ferkeapprizen fêststeld:
rogge f 33,50 en f 42,00
koarn f 24,00 en f 34,00
weet f 30,00 en f 40,00
koalsied f 50,00 en f 65,00.
foar twadde kwaliteit f 2,00 de 100 kilo leger. Provyzje foar pleatslike keaplju: f 0,50; foar provinsale maatskippijen en hannelers: f 1,00; alle de 100 kilo. Aloïs Suys te Meijere by Aalst krijt 025 sinten de 100 kilo setters en 0,50 sinten foar grutte ierdappels foar de plant.
Yn dit earste jier fan ’e Z.P.C. wurde as settersprizen fêststeld:
Trijelingen (42/46) en 28/35, sifer 8: f 8,00; 32/42 (8) f 9,00; idem fan keuringssifer 9: f 9,00 en f 10,50; grutte knollen (9) f 8,00, (10) f 10,50 en setters 32/42 (10) f 13,00. Alles de H.L. fan 70 kilo.
Foarearst wurdt f 1,00 de H.L. ynhâlden foar útbetellingen oan boeren.
Alle wiken yn ’e seizoentiid stjoere de siedlingtelers meunstersied (1 liter, fan wyt klaversied 1/4 liter). Dy wurde keurd troch in kommisje dy’t bemand wurdt troch Lourens Franses Gerbens en J. Donia.
Wat noch net goed sorteard is – d.w.s. sa goed as alles – wurdt nei it fabryk fan P. de Vries te Ljouwert stjoerd om skjin te meitsjen en dêrnei wer keurd. Yn ’e measte jierren wurdt noch al wat ôfkeurd fanwegen in te heech fochtgehalte.
As siedlingkontroleurs yn ’e provinsje wurde beneamd: Sjoerd Sierks van der Wal, keapman te Minnertsgea – rayon westlik fan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik – en Johannes Symons Pars, nôtkeapman te Ljouwert, foar it oare part.
Yn itselde jier docht bliken dat de lju yn Seelân har net hâlde oan de fêststelde siedlingprizen, dat ôfsoraken wurde dêr net mear makke.

-Lourens Franses Gerbens, sjoch hjirfoar.

-L. Donia, genealogise gegevens wurde noch neisneupt.

-Sjoerd Sierks van der Wal * Minnertsgea 5-12-1861 † Ljouwert 5-10-1953, 91 jier, [] Minnertsgea; keapman te Minnertsgea; sn fan Sierk Franses van der Wal en Jannigje Sjoerds van Loon, koaltsjers te Minnertsgea;
x Barradiel 3-6-1886, 24 en 20 jier, Trijntje Klazes Unema * Minnertsgea 8-7-1865 dêr 24-3-1936, 80 jier, [] Minnertsgea; by trouwen sûnder berop te Baard, wenjend te Minnertsgea; dr fan Klaas Hessels Unema, timmerman te Minnertsgea, en Corneliske Sikkes Sikkema.

-Johannes Symons Pars, sjoch hjirfoar

By de Coöperatieve Boerenbank (G.W. Koopmans), de Coöperatieve Zuivelbank en de Friesche bank te Ljouwert wurdt hifke nei de betingsten oangeande banksaken. It docht bliken dat de Coöp Boerenbank it foardielichst is en dy wurdt sadwaande de kassier fan ’e Z.P.C.
Yn oare provinsjes komme ûnderwilens allyksa keuringstsjinsten fan ’e grûn. It Centraal Bureau te Rotterdam stelt út om ien sintraal ferkeapburo op te rjochtsjen. It gefal mei Seelân nûget dêr net ta út, dat de Z.P.C. fielt net wat foar sa’n bining.
Yn ’e earste hjerst komme al klachten yn oangeande froastskea – dat wurdt regele. En ek oer de minne sortearing fan grutte Eigenheimers, mei it sifer 10, fan Klaas Bienses Bierma te St.-Jabik. Op dy Eigenheimers fan Bierma – fan ’e stam Rendert Ypey, mei-selekteard troch direkteur Jabik Wiersma – komt gâns besichtiging. Johannes Bekius sjocht dy perselen ek, mei learlingen fan syn Lânbouwinterskoalle en hy bestelt foar de kursisten en himsels 10 H.L. Bekius is dus op ’e hichte fan dy sortearing, mar hy seit op ’e kursus dat inerlike wearde haadsaak is. De grutte knollen kinne snijd wurde.

-Klaas Bienses Bierma, sjoch: Het geslacht Bierma VIIu.

Omdat de maitydskeuring fan sied yn Amicitia f 500,00 kostje moat, wurdt it beslút nommen om dy keuring net mear te hâlden.
Yn elke bestjoersgerkomste binne der lange listen mei nammen fan boeren dy’t lid fan ’e Z.P.C. wurde wolle. It tal leden is al útwreide oant boppe de 500. Om net ynienen mei in te grutte mannichte te sitten, sil gjin ekstra propaganda mear makke wurde oangeande mear leden.



8 In nije adjunkt-direkteur – 1920
Jan Pieters Hoogland freget syn ûntslach as adjunkt-direkteur mei yngong fan 1 maaie 1920 en krijt dat. Hy is beneamd as direkteur fan ’e C.A.F. te Ljouwert. Op in advertinsje foar in opfolger skriuwe twa yngenieurs út Wageningen en gâns kantoarlju dy’t sa’t it liket mei de waar net op ’e hichte binne. It bestjoer komt mei in foardracht fan trije manlju: E. Dekker te Amsterdam, G. Dortkroon te Waddinxveen en Frederik Tjeerds Schat, keapman en túnker te St.-Anne (sjoch hjirfoar). Schat wurdt beneamd op in salaris fan f 3.500,00 plus f 500,00 libbensfersekingspremy. Schat hâldt de funksje yn berie, want syn frou wol net nei Ljouwert ta te wenjen. Op 7 juny 1920 stjoert er berjocht dat er er baantsje ôfslacht.
It bestjoer nimt no kontakt op mei K. Terpstra te Rie, dy’t as tydlike helpkracht foar de Z.P.C. yn Ljouwert komme sil te wenjen. Terpstra is allinne ree as er adjunkt-direkteur wurdt. Dat wol it bestjoer net. It siket no Ir Verhoeve te Wageningen oan, lykwols sûnder sukses.
Op 2 july komt Johannes Bekius op besite by bestjoer en direksje. Se akkordeare, Bekius wurdt beneamd op itselde salaris as Jan Hoogland: f 4.000,00 plus f 500,00 premy.
It is mei Bekius syn sollisitaasje wûnderlik beteard. Yn april jout er gjin omtinken oan dy betrekking. Hy docht in smeet op de baan fan learaar oan ’e Landbouwwinterschool te Meppel, mei ek in stik of wat lessen oan dy te Emmen. Hy wurdt dêrfoar foardroegen troch de minister op 26 juny. Ut Den Haach freegje se him om ûntslach te nimmen as skoallehaad te Dronryp. Op moandei 28 juny stapt er op ’e fyts nei Menaam en sil er de boargemaster freegje om him dien te jaan. Fuortby Menaam is de keuringskommisje fan ’e Friesche Mij in perseel ierdappels oan it keuren, it binne Hendrik Gerrits Berkenpas, gernier te Menaam, en Gerlof Folkerts van der Zee, bouboer te Dronryp. Se roppe Bekius en freegje at it útkomt dat er út Dronryp fertrekt. As er seit dat soks krekt is, riedt Van der Zee him oan om ris om te sjen nei de funksje fan adjunkt by de Z.P.C. Bekius freget dêr wat op troch, biedt syn ûnslach by boargemaster oan en besprekt de ried fan Van der Zee mei syn frou. Se prate ôf dat er deselde middei nei skoaltiid nei Jabik Wiersma yn Ljouwert sil. Wiersma hat krekt yn ’e krante lêzen dat Bekius lânboulearaar wurde sil. Nei wat redendielen oer en wer, sille se de bestjoersleden Hilarides, Bierma en Sinnema foarlizze hoe’t it lân derhinne leit. Wiersma beleit in bestjoersgearkomste op freed 2 july en dêr wurdt de saak daliks beklonken. Bekius wurdt adjunkt m.y.f. 1 septimber 1920.

It kantoar fan ’e Z.P.C. dat festige wie yn it hearehûs fan bûterkeapman Roelof Dirks Buisman en syn wiif Hillegonda Cornelia Blok Wijbrandi oan ’e Willemskade te Ljouwert, is ûnderwilens ferpleatst nei it Lânbouhûs oan ’e achterkant, Van Swietenstrjitte 4. Dat is in âld hûs, ûnderferhierd oan in organisaasje foar tsiis, mei as direkteur de suveltechnikus Pieter Annes Okkinga, foarsitter fan ’e Centrale Zuivelcommissie, dy’t yn 1923 direkteur fan ’e Koperative Suvelfabryk te Bedum wurdt. Op ’e boppeferdjipping, mei in aparte opgong, hiert de Rykstúnboukonsulint Ir Cornelis Marinus van der Slikke, twa fertrekken. It oare part is foar de Z.P.C.: twa keamers, in keuken en de solder.
It personiel bestiet no út Jabik Wiersma, Johannes Bekius en K. van der Schaaf. Wurkster Jet docht de beide keamers de gong en de keuken, it measte stof lit se lizze.
Utsein wat stuollen en in pear ienfâldige buro’s, in tafel, in flierkleed, in pear spegels (!) en in brânkast, is der in healsliten kochte skriuwmasine mei brede wein, dy’t allinne brûkt wurdt foar it meitsjen fan steaten. It deistich ark stelt oars neat foar as pinne, inket en skriuwpapier, in breed boek mei gâns kolommen – it ‘Reade boek’: om syn reade lijnen -, in krediteure- en kredytboek en in kopyboek mei parse.
Brieven wurde allinne skreaun mei kopiearinkt. Yn ’e neimiddei, tsjin slutingstiid, komme alle epistels dy’t dy dei makke binne yn it kopyboek. Elke brief komt ûnder in trochsichtich fel papier dat mei in rôle en wetter wiet makke wurdt. At alle korrespondinsje yn it boek syn plak krigen hat, komt dat ûnder de pers en wurdt it fochtige papier der daliks wer ôfhelle. De kopy stiet dan kreas op de trochsichtige bôge. Dêrnei wurde de brieven yn sluven skood. Achteryn it boek is in alfabetise klapper, mei alle adressen en de sidenûmers dêr’t de ôfskriften te finen binne.
De Z.P.C. kin alles keapje sûnder dêr jild foar te lienen. De rom f 13.000,00, dy’t de reserve is fan it Bureau, wurdt skonken oan ’e Z.P.C. It ‘bedriuwskapitaal’ wurdt foarme troch de produkten dy’4 as regel fjirtjin dagen nei levering betelle wurde troch in foarskot. Oer de grutte fan dat foarskot wurdt yn it begjin gauris yn it bestjoer ûnderhannele. In part fan it bestjoer wol it leafst in beskaat bedrach per ienheid ynhâlde, om dêrmei de kosten te beteljen. De mearderheid fynt dat in te ûnsekere basis. Foarút kin immen noait besjen oft alle produkten dy’t levere wurde yn ’e ferkeap komme, en sa àl, foar hokke priis. By eintsjebeslút wurdt bepaald dat de foarskotpriis sa wêze sil, dat alle waar dy’t levere wurdt per klasse en sortearing mei deselde priis betelle wurde sil, ek al moat in part op ’t lêst foar feefoer ferkocht wurde. Yn ’e praktyk foldocht dit sa goed, dat it proses lang sa bliuwt.

De setierdappels wurde troch de keuringstsjinst fan ’e Friesch Mij keurd mei de sifers 10, 9 en 8. De perselen dy’t in 10 wurdich binne, wurde meardere kearen keurd troch in spesjale kommisje, dêr’t ûnder oaren yn sitte Ir Jacob Dorst, Jabik Wiersma, Pieter Jans Koopmans, ierdappelkweker te Seisbierrum, en Jan Gosses Terpstra, ierdappelkweker te Menaam.

-Pieter Jans Koopmans * Winaam 26-6-1874 Seisbierrum 3-4-1909, 34 jier; bouboer en ierdappelkweker te Seisbierrum; sn fan Jan Pieters Koopmans en Ytje Gerlofs Terpstra, bouboeren te Winaam;
x Barradiel 9-4-1896, 21 en 23 jier, Saakje Anes Jukema * Seisbierrum 30-8-1872 Skingen 26-6-1925, 52 jier; by trouwen sûnder berop te Menaam; as widdo fan har earste man wennet se te Frjenstjer, ferhuzet dêrwei op 15-12-1919 nei Skingen; dr fan Ane Jelles Jukema en Jetske Pieters Anema, bouboeren te Seisbierrum en Menaam.
Sjoch: Genealogy Zijlstra – Anema VII.11.
Saakje x 2 Frjentsjer 29-10-1919, 45 en 47 jier, Sybe Botes Houtsma * Easterbierrum 26-1-1874 Skingen 6-2-1926; by syn earste boask arbeider te Easterbierrum, yn 1897 dêr fisker, yn 1898, 1901 dêr wer arbeider, letter dêr bouboer, sûnt 1-6-1917 idem te Skingen; sn fan Bote Sybes Houtsma, yn 1868, ’74 timmerfeint te Easterbierrum, dêr letter gernier, en Jantje Melles Stellingwerf;
Sybe x 1 Barradiel 23-5-1896, 22 en 20 jier, Wytske Johannes Herrema * Tsjummearum 3-7-1875 Easterbierrum 14-8-1908, 33 jier; by trouwen faam te Easterbierrum; dr fan Johannes Gerrits Herrema, arbeider te Easterbierrum, en Sieuwke Tjerks Post.

-Jan Gosses Terpstra, sjoch hjirfoar.

Wiersma selekteart in soad by syn skoansoan Rindert Ypey te Ferwert. De Eigenheimers fan dat bedriuw wurde troch him yn ’t oanbegjin gauris goekeurd. Yn it earste jier wurdt bepaald dat de Eigenheimers dy’t in 10 fertsjinje allinne yn Fryslân ferkocht wurde meie om de kwaliteit fan dy ierdappel sa heech mooglik te krijen en te behâlden. Dat noasket guon ôfnimmers yn Súd-Hollân en Seelân mar min. Under dy maatregel falle net de Eigenheimers foar de saneamde fêste ôfnimmers, lykas dy fan Pieter Watzes Bierma te Aldsyl, dy’t noch hyltyd nei Strijen gean.
Yn 1920 wurdt lykwols tastimming jûn om de grutte Eigenheimers 10 ek nei oare provinsjes te ferkeapjen. Yn ’e notulen fan 2 july 1920 stiet: Voor het herstel van onze goede naam is dit noodzakelijk.

De ferkeapprizen fan ’e setters wurde yn july fan dat jier fêststeld yn twa groepen:
1 Eigenheimer, Bravo en Blauwen.
2 Readstar (Rode Star) en De Wet.De 70 kilo, fan groep 1:
poaters 32/42 en 28/32, sifer 9 f 10,50
poaters idem, sifer 8 f 8,50
grutte knollen, sifer 10 f 9,50
grutte knollen, sifer 9 f 8,00
Trijelingen 42/46 sifer 9 f 8,50
De 70 kilo, fan groep 2:
poaters 32/42 en 28/32, sifer 6 f 7,00
poaters, idem, sifer 8 f 6,00
poaters 32/42, sifer 10, alle soarten f 12,00.
It foarnaamste ras is de Eigenheimer. De grutste ôfnimmer fan ’e lytste maten is de Coöperatieve Landbouwvereeniging te Vroomshoop, mei as direkteur F. Staarman, Dy setters binne ornearre foar de oanmakke feangrûn. Yn 1920 wurdt dêr om 6.000 H.L. frege, mar om oare klanten ek te hâlden, wurdt 3.000 levere.

By de Friesche Mij komme klachten yn oer Ir Jacobus Dorst, har konsulint foar planteferedeling. Benammen as Dorst by tafal ris behindere is om de foarkeuringsdei fan it K.I.Z. by te wenjen. Yn 1920 rjochtet de Friesche Mij in kweekproeffjild te Ingelum op, mei twadderlei doel:
1 it kweken fan nije rassen fan lânbougewassen, te witten: ierdappels, flaaks, grutte beane en wite klaver, en
2 it bestudearen fan dy nije rassen.
Dorst fiert dêr de direksje. Yn 1921 is it proeffjild yn bedriuw. De Z.P.C. sil dêr alle jierren f 800,00 oan bydrage. In soad Z.P.C.-ers beskôgje Dorst ek as amtner fan har Z.P.C. Dat Dorst krijt twa petten op.
Boppedat strykt de wurkwize fan ’e Z.P.C. net mei dy fan it hannelers-keuringsynstituut, de K.I.Z. De keaplju dy’t dêrby oansletten binne, ha der gjin baat by dat sied en setters inkeld en allinne ferhannele wurde kinne fia de Z.P.C.
Oer dit stik fan saken skriuwt Z.P.C-direkteur Jabik Wiersma op persoanlike titel in epistel oan Bokke Algra, foarsitter fan de K.I.Z. Wiersma stelt foar om
1 de hannel yn poaters by de Z.P.C. te litten
2 de hannel yn siedlingen by erkende keaplju ûnder te bringen
3 it K.I.Z. op te heffen.
Z.P.C.-foarsitter Lammert Scheltes Hilarides fielt dêr neat foar. Bestjoerslid Watze Pieters Bierma wol de kant fan Wiersma wol op. Hy is lid fan ’e ôfdieling Het Bildt fan ’e Friesche Mij en dêr is de mearderheid foar it útsel fan Wiersma om mei de hannelers op te arbeidzjen. De bestjoersleden Dirk Jans van der Meij en Pieter Jacobs Botma binne it mei Hilarides iens. Andries Wigles Sinnema slút him dêr ek by oan.
Yn ’e ôfdieling Het Bildt wurdt in kommisje beneamd dy’t ûndersykje sil òf en hoe’t je dan ta ien keuring komme kinne. Op 16 desimber 1920 hat in gearkomste plak op it kantoar fan ’e Z.P.C. Oanwêzich binne de bestjoersleden en Ir J. van der Meer, Ir Jacobus Dorst fan ’e Friesche Mij, de nôtkeapman Roel Romkes Wijmenga en bouboer Jan Dirks van der Meij.

-J. van der Meer, genealogise hâldfêsten wurde noch neigongen.

-Roel Romkes Wijmenga, sjoch hjirfoar.

-Jan Dirks van der Meij, soan fan Z.P.C.-bestjoerder Dirk Jans van der Meij, sjoch hjirfoar.

Underskate foarstellen wurde besprutsen. De gearkomste ferrint yn in goede sfear. Van der Meer stelt út om de leveringsplicht net jilde te litten foar har dy’t dêr op ’e tiid frijskatting foar oanfreegje. Wijmenga lit letter witte dat it bestjoer fan de K.I.Z. dêr net oan wol. De K.I.Z. is foar folsleine frijheid: wa’t koperatyf ferkeapje wol, kin dat dwaan; wa’t dat fia hannelers it bêste liket allyksa. It Z.P.C.-bestjoer is fan betinken dat de kontrôle dan net goed gebeure kin en dat der boppedat dan in te grutte konkurrinsje yn prizen ûntstiet.
In oare kwestje dy’t faak op ’t aljemint komt, is de oansluting fan ’e keuringstsjinst fan ’e Friesche Mij by it Centraal Comité (C.C.), it orgaan fan alle keuringstsjinsten fan lânbouorganisaasje yn Nederlân. By de oprjochting fan it Centraal Comité yn Wageningen wiist de foarsitter fan ’e Friesche Mij, Theo van Welderen Rengers, derop dat ‘goedkeurd’ yn alle parten fan Nederlân net deselde betsjutting hawwe kin. Der bestiet in te grut natuerlik ferskil: nerges bloeie bettere setters as op de Fryske klaai; alderbêste siedweet wurdt yn Seelân wûn, mar út Fryslân komt allinne mar bêste siedweet út Harnzer omkriten.
Z.P.C.-direkteur Wiersma is yn ’e praktyk al yn ’e kunde kommen mei it Centraal Comité, ûnder oaren by it ynstjoeren fan meunsters foar in útstalling te Lille. Hy fielt neat foar gearwurking mei it C.C. Foarsitter Lammert Hilarides is bang dat by ôfskieding fan it C.C. der in rykskeuring komme sil. In reorganisaasje fan it Centraal Comitè kin net útbliuwe.


9 Nei de Earste Wrâldoarloch

Yn ’e earste jierren nei de Earste Wrâldoarloch is de útfier fan setierdappels ferbean. Allinne betide ierappels, lykas mûzen, en goedkeurde poaters, meie útfierd wurde. Dat hat ta gefolch dat útfier ûntstiet fan grutte ierappels – mei it sifer 8, 9 of 10 – fan goedkeurde fjilden. De leden fan ’e Z.P.C. soenen achterstean by net-leden as se net oan de eksporteurs en hannelers leverje kinne. It beslút wurdt nommen dat foar de kontrôle dan 25 sinten de 70 kilo betelle wurde moat. De keaplju jouwe oan ’e direkteur fan ’e Z.P.C. op hoefolle se kocht en ôflevere hawwe fan leden fan Z.P.C.-leden. Dy mannichten wurde dan by de omset fan ’e Z.P.C. opteld.
Yn 1922 wurdt de eksport nei België fan goedkeurde ierdappels allinne fan ’e klaai tastien op konsinten. Dy konsinten wurde ôfjûn troch de oanbelangjende keuringstsjinst. By de Z.P.C. soe de direkteur dat dwaan kinne. As foarsitter Lammert Hilarides, dy’t ek foarsitter is fan ‘Westergo’, de koperative ferkeapferiening foar konsumpsjeierappels, fiif konsinten foar syn ierdappels opfreget – te leverjen troch ‘Westergo’ – docht bliken dat der in earnstich misferstân opspilet tusken him en direkteur Jabik Wiersma. Dat misbegryp rint heech op en fertroebelet de ferhâlding tusken foarsitter en direkteur tige.
Wiersma lit adjunkt-direkteur Johannes Bekius de keapkontrakten sjen dy’t elke besteller fan sied en setters tastjoerd krije om te ûndertekenjen. Dêr stiet ûnder oaren yn dat de Z.P.C. it rjocht hat om minder te leverjen as rûsd wie as de foerried lytser is troch ûngeunstich waar, sykte of it foarser groeien fan ’e ierdappels. Fierders wurdt dêryn betongen dat de keapers de 70 kilo 5 sinten betelje foar tou en lead. De levering giet yn sekken dy’t de keaper betellet, mits er sels sekken foarút stjoert om te fullen. It ferstjoeren yn ’t skip mei ek los gebeure.

Yn septimber fan 1920 is op ’t kantoar noch net in soad te ferstriken. De algemiene gearkomste hat al west yn july. It ledetal is noch ûnder de 500. Neiwurk fan ’e foarige risping hat net folle om ’e hakken. De leden stjoere de formulieren op dêr’t se in rûzing yn oanjouwe fan wat sy tinke dat se leverje kinne yn de frege sortearingen. Neffens dy skattingen meitsje de direkteur en de adjunkt-direkteur op hoefolle elke teler yn elk skip of yn elke wein fan elk ras, sifer en sortearing leverje moat. Dat komt krekt út mei de mannichten dy’t opjûn binne – útsein wat reserve – is de bedoeling. Yn ’e praktyk docht al gau bliken dat de ferladingen oars gearstald wurde as de ferladers op papier taskikt is. Dejinge mei de measte ûnderfining ûnder har, Frits Schat, ljochtet de adjunktdirekteur op dy syn fersyk yn dat er him amper hâldt oan wat him foar elke lading sa presys foarskreaun is. It docht bliken dat de rûsde mannichten faak heel oars útkomme. Benammen by de lytse sortearingen moatte neffens de papieren soms wol tsien ferbouwers in ien wein leverje; yn in skip meastentiids noch mear. As de ferladers har hâlde soenen oan de foarskreaune leveransiers, dan soe elk skip of elke wein net earder laden wurde kinne as de lêste teler mei it sortearen klear is en de kontroleur dy partij goedkeurd hat.
Wiersma dy’t yn alles tige sekuer is, wol syn skriftlike oanwizingen net farre litte. Wat dat oanbelanget giet er te fier, mar krektens yn kontrôle, boekhâlding en easken fan kwaliteit binne trouwens in learing by útstek foar de nijbakken adjunkt-direkteur Bekius en de ûnbedreaune boekhâlder Van der Schaaf, dy’t syn earste oplieding yn de ‘tsiis’ te Akkrum opdie en noch mar sa koart mei setters en sied besteld is.
De earste frachten gean nei de Súd-Hollânse eilannen, Seelân en west Noard-Brabân. Yn dikke balen fan 70 kilo it stik komme de ierdappels yn it skip of yn ’e Stânfriesboat en wurde se yn Rotterdam oerladen. It giet hast inkeld en allinne om Eigenheimers dy’t yn ’t begjin fan july op ’e Fryske ierdappelfjilden troch de keapers útsocht binne. De wichtichste leveransiers binne yn ’t begjin de bouboeren en ierdappelkwekers:
Rendert Anne Ypey, bouboer en ierdappelkweker te Ferwert, sjoch hjirfoar
Thomas Foppes Dijkstra, bouboer en ierdappelkweker op Grut Alsert te Bitgummole, sjoch Genealogy Dijkstra (Bitgum) VI.1
Ruurd Dirks Jensma, te Minnertsgea
Klaas Bienses Bierma, te St.-Jabik, sjoch: Het geslacht Bierma VIIu
Arjen Martens Hoekstra, te St.-Jabik
Gerlof Folkerts van der Zee, te Dronryp
Minne Goffes Jensma, te St.-Jabik
Pieter Watzes Bierma, te St.-Jabik, sjoch: Het geslacht Bierma VIIIa
Sybe Reins Faber, te Minnertsgea
Gebroeders Tuininga, te Bitgum.

-Ruurd Dirks Jensma * Minnertsgea 16-12-1868 † Ljouwert 4-4-1959, 90 jier; bouboer en ierdappelkwker te Minnertsgea; sn fan Dirk Gosses Jensma en Riemke Ruurds Visser, bouboeren te Minnertsgea;
x Barradiel 8-7-1893, 24 en 21 jier, neef en nicht, Grietje Klazes Jensma * Hallum 26-10-1871 † Frjentsjer 21-1-1934, 62 jier; by trouwen sûnder berop te Froubuorren; dr fan Klaas Gosses Jensma en Renske Jans Bosch, bouboeren te Hallum en Froubuorren.

-Arjen Martens Hoekstra * St.-Jabik 15-12-1878 dêr 4-7-1953, 74 jaar; GT; bij syn trouwen en nag in 1905 erbaaier te St.-Jabik (huusnrs 174a, 98, 168a, 55a, 90, 343); in 1912 dêr koopman; later dêr gernier en bouboer; in 1936 dêr sonder beroep, mooglik geeft Erryn ’m dan helendal an ’t eerpelkweken; sn fan Marten Pieters Dijkstra, (earst NH, later GT), erbaaier te St.-Jabik (huusnrs 58, 72, 99a, 156, 5, 10a, 148, 224), en Trijntje Arjens Noordbeek;
x ’t Bildt 8-5-1902, 23 en 22 jaar, Jetske Pieters Dijkstra * St.-Jabik 1880 dêr 25-5-1952, 75 jaar; GT; dr fan Pieter Aarts Dijkstra, erbaaier te St.-Jabik, en Reinskje Douwes Hildama
.

-Gerlof Folkerts van der Zee * Dronryp 5-4-1883 † dêr 29-1-1952, 68 jier; sn fan Folkert Ulriks van der Zee en Antje Gerlofs Terpstra, bouboeren te Dronryp;
x Frjentsjerteradiel 10-5-1905, 22 en 24 jier, Atje Jans Roorda * Dronryp 26-4-1881 † Ljouwert 10-2-1958, 76 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, wenjend te Doanjum; dr fan Jan Hessels Roorda en Hinke Hermanus Outs Bakker, bouboeren te Doanjum.

-Minne Goffes Jensma * St.-Anne 6-3-1891 Luwt 7-5-1977, 86 jaar; bouboer en eerpelkweker te St.-Anne; sn fan Goffe Gosses Jensma en Ytje Minnes de Vries, bouboeren te St.-Anne;
x ’t Bildt 11-6-1914, baide 23 jaar, Ytje Haitzes Engga * St-Jabik 2-2-1891 Luwt 7-4-1970, 79 jaar; bij trouwen sonder beroep te Finkum; dr fan Haitze Foekes Engga, bij syn trouwen in 1890 bouboer te Tsjummarum, en Baukje Reinders van der Laan, bouboeren te St.-Jabik en Finkum.

Sybe Reins Faber * Minnertsgea 8-3-1893 † Ljouwert 5-7-1968, 75 jier; gernier en ierappelkweker te Minnertsgea; sn fan Rein Sybes Faber, arbeider, letter gernier te Minnertsgea, en Gepje Arjens Keizer;
x 1 Barradiel 10-6-1916, 23 en 28 jier, Geertje Jacobus Zwart * Minnertsgea 9-9-1887 † dêr 2-1-1950, 62 jier; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Jacobus Sjoerds Zwart, skipper te Minnertsgea, en Grietje Geerts Bevy;
x 2 Fetje Johannes Greevelink * Sint Jansgea 17-1-1905 † 5-5-1974; by earste houlik sûnder berop te Boksum; dr fan Johannes Hendriks Greevelink en Neeltje Gerrits van der Leij, greidboeren te Rotsterhaule, Sint Jansgea en Deinum;
Fetje x 1 Menameradiel 28-5-1930, 26 en 27 jier, Bote Botes Jukema * Easterbierrum 23-5-1904 † Seisbierrum 25-12-1949, 45 jier; bouboer te Seisbierrum; sn fan Bote Anes Jukema, by syn trouwen yn 1887 bouboer te Easterbierrum, wenjend te Seisbierrum, sûnt keapman te Easterbierrum, en Pieterje Martens Herrema.

-Gebroeders Tuininga, bern fan Lumes Jacobs Tuininga, keapman en gernier te Bitgum, en Jacobje Wigles Westra.
-Jacob Lumes Tuininga * Bitgum 11-3-1871
dêr 6-5-1949, 80 jier, [] Bitgum; keapman, gernier en ierdappelkweker te Bitgum;
x Menameradiel 29-5-1902, 31 en 29 jier, houlik ûntbûn by fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 16-10-1902, Jitske Jans Bierma.
Sjoch: Het geslacht Bierma VIIm.2.
-Wybren Lumes Tuininga * Bitgum 26-7-1888 2-6-1946, 57 jier, [] Bitgum; gernier en ierdappelkweker te Bitgum.
Jabik en Wybren fiere de húshâlding mei har ongetroude suster Wybrigje Lumes Tuininga * Bitgum 7-1-1887 dêr 13-5-1977, 90 jier, [] Bitgum.

Sied fan weet wurdt foar de leden oankocht yn Súd-Hollân of Seelân, it wurdt Wilhelminaweet neamd en rillegau dêrnei Julianaweet. Dy weet wurdt yn plombearde sekken oanfierd nei de faktorij fan Dirk de Vries te Ljouwert. As parten fan H.L. , 80 kilo, levere wurde moat, komme dy lytsere mannichten yn oare sekken en wurde dy mei it merk fan ’e Friesche Mij plombeard. Dêr komt in inkelde kear kommentaar op. Mar in plombearing fan ’e Hollandsche- of Zeeuwsche Maatschappij van Landbouw is yn Ljouwert fansels net foarhannen.



Wurdt fuortset