Kolleksje: Brantsma-Van Slooten-Van Sminia

Ynventarisaasje tekstyl.
Ferrjochte troch: drs Gieneke Arnolli, drs Goasse Brouwer, Joël Huitema.

 

Objekten 1-28

Maten yn sintimeter

 

1
Objekt:
karako of jak.
Jier: omstrings 1775.
Herkomst: Fryslân.
Maat: lingte 62, taille 66, breedte 31.
Materiaal: Europees bedrukt katoen, sitstechnyk, readbrune/auberzjine achtergrûn mei blomranken mei ferskillende blommen, net goed te sjen oft it symmetrys is, wierskynlik net gelyk neistinoar makke; makke op manier fan à l’anglaise, ploaien fêststikke en net fuortknipt, sadat der noch stof is foar it gefal dat útlein wurde soe; brede beleggen oan ’e naden, tsjut dat it makke is op útlizzen.

Utfiering: fuorring: Harnzer bont=gerút linnen; yn Harns weefd, mar it is ek in soartnamme, yn sa’n gefal kin it allyksa erges oars makke wêze; gjin heakken en eagen, allinne twa rigen eagen, foar it gefal dat ien te dik wie?
Bysûnderheden: lytse flekjes neist kontoeren, òf fan ’e naaister, òf fan beits ûnder it ferveproses; slitaazje achterkant fan siden lintsje, allinne linker mansjet fan mouwe.

2

Objekt: bloeze.
Jier: omstrings 1915/1920.
Herkomst: Europees.
Maat: lingte 46, mouwelingte 28,
Materiaal: netteldoek, wyt iepenweefd katoen, wale-achtich
Utfiering: masinaal borduerd, foarm fan konfeksje
Bysûnderheden: achter in lyts gatsje

3

Objekt: jakje foar ferklaaien, foar lytse frou en/of famke.
Jier: 1860-1880.
Herkomst: wierskynlik húsnaaister.
Maat: lingte 35, totale breedte 52, taillewiidte 55.
Materiaal: blau-swart fluwiel, tarlatan (=transparant materiaal) los ynset

wide hals, ôfset mei side-kant oan ’e hals, dêrfan ien rij los (tige kwetsber); ôfset mei flochten sulverbân (mooglik echt sulver, te sjen oan ’e donkere ferkleuring); sluting mei heakken en eagen; V-foarmige knopen fan pearelmoer, ien knoop ûntbrekt (it eachje sit der wol).

Utfiering: tailleard lyfke; by de hals lâns, de seame en mouwen wite rolnaadsjes.

4
Objekt:
jakje foar frou, foar teater/toaniel/kostumearde feestjes/charrades (grif langer bewarre omdat it minder droegen waard, de lju hienen romte genôch).
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: wierskynlik húsnaaister.
Maat: lingte 46, taillewiidte 61.
Materiaal: pears fluwielen lyfke, mei puntige taille, wite pofmoukes, ôfset mei masinale kloskant, lyts pears mouwekapke; wide hals ôfset mei swart masinaal kant; binnenwurk: tige sloarderich, fuorre mei wyt katoen; net-ôfwurke naden; sluting mei heakken en trensjes (=naaide eachjes).
Utfiering: fan binnen sloarderich makke; heakken en eagen kompleet; liket neimakke neffens nûmer 3.

5A
Objekt:
jakje foar frou.
Jier: 1890-1900.
Herkomst: húsnaaister.
Maat: taillewiidte 60,5, lingte 48.
Materiaal: swart fluwielen lyfke mei punt yn taille, heallange mouwen; strook by mouwen lâns fan masinaal borduerde kant; fuorring fan wyt katoen.

Utfiering: stripe tailleard mei in soad baleinen, pofmouwen, riichsluting (foar lintsje).
5B

Objekt: rimpelde ûnderrok.
Jier: 1890-1900.
Herkomst: wierskynlik húsnaaister.
Maat: taillewiidte 61, lingte 97, wiidte 310.
Materiaal: transparante wite tarlatan.
Utfiering: by seame lâns twa hurdgriene/biljertlekken griene stroken fan 6 en 3 sm, allinne oan boppekant opnaaid.

6

Objekt: panierrok (heel brede rok); kin droegen wêze by nûmer 1.
Jier: omstrings 1750.
Herkomst: wol út Ingelân; katoen út India.

Maat: wiidte 360, taillewiidte 55, heupbreedte 35, lingte foar 91, lingte midden-achter 100, stofbreedte 45 x 8 stikken.
Materiaal: katoen mei ynweefde rib; borduersels fan wol.
Utfiering: ploaien boppe fêstset, kinne mei twa bantsjes fêstset wurde; by seame lâns smelle blommeranken; dêrboppe trijehoekich blommotyf; totale hichte fan dy râne is 38 sm; dêrboppe noch inkelde losse blommemotiven; kleuren fan rôze nei auberzjine, mei griene bledsjes; borduerwurk: tamboerearwurk (=haakt wurk mei in heel tin haakje, luske troch luske hinne, soarte fan kettingsteek; as je it borduerwurk yn in borduerramt spanne, klinkt it as in trommeltsje (dêrom: tamboer))

Bysûnderheden: midden-achter grut fochtplak dat oan ’e foarkant ek in lyts bytsje sichtber is; heel lyts bytsje mot yn ien fan ’e griene bledsjes.

7A
Objekt:
jakje foar toaniel, wierskynlik makke út gebrûksjak.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: nachtblau side-fluwiel, velours-chiffon, fuorre mei brún tarlatan, ien balein midden-achter (wierskynlik binne de baleinen foaryn derúthelle).

Maat: lingte 51, taille 65.

Utfiering: selde model as nûmer 4; koarte fluwielen kapmoukes; selde kant oan mouwen, sloardich útfierd; yn hals tearde lape fan tarlatan; ôfset mei kant; V-foarmich twa rigen pearelmoeren knopen; sluting midden-foar heakken en trensjes.
7B
Objekt:
rok
Jier: omstrings 1900
Materiaal: nachtblau fluwiel mei fjouwer opnaaide kanten bannen by de seame lâns.

Maat: taillewiidte 68, lingte 96, seamewiidte 212.
7C
Objekt:
ûnderrok fan tarlatan.
Jier: omstrings 1900.
Materiaal: rimpele oan ’e taillebân.
Maat: lingte 71, taillewiidte 68, seamewiidte 240.
Utfiering: twa fluwielen opnaaide bannen by de seame lâns.

 

8A
Objekt:
mouweleas lyfke.
Jier: omstrings 1900-1910.
Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: ien balein midden-foar; rôze katoen-satinet, fuorre mei wyt katoen; swart fluwielen skouderbannen dy’t oan ’e taille ta trochrinne, sawol foar as achter; râne swart fluwiel by de fjouwerkante hals lâns.
Maat: lingte 41, taillebreedte 60.
Utfiering: sluting achter mei heakken en eagen mei in trúk: om en om fêstnaaid, as je se oan ien kant fêstnaaie, kinne je se yn ien kear loslûke; dat kin hjir dus net, dêrom ha je in klaaister nedich.

8B
Objekt:
rimpelde rok.
Jier: 1900-1910.
Herkomst: húsnaaister.
Maat: lingte 81, wiidte 228, taillewiidte 60.
Materiaal: rôze satinet, mei trije swarte fluwielbannen by de seame lâns, ôfnimmend fan breedte.

9A

Objekt: lyfke.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: profesjoneel húsnaaister: baleinen binne der tûk ynset, naden fijn ôfwurke.
Materiaal: rôze atlassatyn.
Maat: lingte 47, taillebreedte 60.
Utfiering: baleinen midden-foar en achter by de iepening lâns; rigesluting, mei nestelgatsjes en fiter mei twa nestels; wide fjouwerkante hals ôfset mei ploaide tule; los hingjende lange mouwen fan tule, dy’t noait iepen west hawwe; mei râne fan galon by fjouwerkante hals lâns.

9B
Objekt:
rok.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: atlassatyn (=katoenen kearn ynweefd mei side); fuorre mei tarlatan; oerrok fan tule; no ferkleure ta krêmkleurich, hat wierskynlik rôze west; hat orizjinele satinen rok west, letter brûkt foar ferklaaien.
Maat: roklingte 89, taillewiidte 60, seamewiidte 220.
Utfiering: losse hingjende drapery yn ploaien fan midden-achter nei foaren dy’t midden-foar mei feilichheidsspjelden oanelkoar fêstsit; by taille lâns soarte fan galon 9 (= yn dit gefal weefd bân mei metaaltried); naaid mei metalen kraaltsjes

Bysûnderheden: satyn fersliten yn ’e taille en seame (is wierskynlik behoarlik faak droegen).

10A
Objekt:
jakje; skurte (ûnderste kant) sûnder fuorring, lyfke fuorre mei Frysk bont (=linnen); der ha wierskynlik twa jakjes west; kin wiid jak west hawwe; noch mei oriizjinele 18de iuwse fuorring.
10B
Objekt:
fjouwer lubben (ploaide of rimpelde strook by mouwe lâns).
10C
Objekt:
rok.
10D
Objekt:
twa losse festpandsjes, mei heakken en eagen oan ien kant.
10E
Objekt:
strik, fermakke omstrings 1900.

10F
Objekt:
twa mouwen.
10G
Objekt:
tolve losse stikken.
10A-G
Jier:
18de iuw (Gieneke Arnolli ken dit net út ’e 18de iuw).
Herkomst: Fryslân.
Materiaal: oan foarkant stik Frysk bont, allyksa oan twa lossen mouwen.

Maat: wurdt noch beskreaun.

Utfiering: idem.

Bysûnderheden: fantastys moaie siden stof, tige ferknipt; lyfke ferprutst; hantwurk en masinaal wurk.
Dit is in hele grutte puzzel, dêr kin ien wol in moanne oan besteegje. Erfgoed Fundaasje sil hjirby advys freegje fan Jacoba de Jonge, tekstyldeskundige 18de iuw (har kolleksje is yn it Moademuseum te Arnhim).

11A
Objekt:
jak mei lange oanknipte skurte; ferklaaierskostúm.
Jier: omstrings 1880.
Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: tinne wol, fuorring wyt katoen; de blauwe stof hat in ynweefd lyts rútsje.
Maat: lingte 66, taillebreedte 66.

Utfiering: jak fersierd mei sulveren tresbân, moaie figueren opnaaid op ’e beide mouwen; slút midden-foar mei heakken en trensjes; ploaid boardsje fan tule by de hege hals; foarpanden fersierd mei tresbannen en fluwiel; krekt wat donkerder as ljochtblau; mouwen mei healwei in wite ûndermouwe ôfset mei blau fluwiel stanst bân.
Bysûnderheden: moai makke; net folle droegen.
11B
Objekt:
rok.
Jier: omstrings 1880.

Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: tinne wol, liket makke fan flaggedoek.
Maat: lingte 75, wiidte 180, taillewiidte 63.
Utfiering: by seame lâns stanste fluwielen râne fan 12 sm; split fan ’e rok sit midden-achter.

12
Objekt:
bolereau, koart jaske; ûnderdiel fan froulju’s jûnsklean.
Jier: omstrings 1935-1940.

Herkomst: Frankryk.
Materiaal: tule (hjir katoen).
Maat: lingte 39, fierder loshingjend.
Utfiering: benaaid mei paletten, frij willekeurich, mar by de seame lâns krekte rychjes; skouderfulling fan swart tarlatan (katoen); iepening midden-foar.
Bysûnderheden: op label yn ’e nekke: Made in France.

13
Objekt:
ûnderlyfke, wierskynlik ûnderguod mei linnen ûnderguodknoopke.
Jier: 1900-1925.

Herkomst: sjocht derút as konfeksje.
Materiaal: wyt katoen, mei bantsjes oan beide kanten.
Maat: lingte 30, breete 32.
Utfiering: masinaal makke; spleet mei knoopke.
Bysûnderheden: der sitte lytse plakjes op.

14
Objekt:
twa lapen.
Jier: omstrings 1900.

Herkomst: mooglik India.
Materiaal: net-brûkte tarlatan.
Maat: meterguod.
Utfiering: ûnmakke stof.
Bysûnderheden: grien rútfoarmich merkje dêr’t wat oerhinne plakt is; 5 M; nûmer: V172/11; dêrûnder nûmer 10 of 16. It feit dat dizze stof yn dizze kolleksje sit, makket dúdlik dat yn dit hûs naaid waard.

 

15
Objekt:
manljusfest.
Jier: omstrings 1780.

Herkomst: Nederlân, side út Frankryk of Indië?
Materiaal: side, sulveren palletsjes, sulvertried; achterkant fustein (=linnen mei katoen).
Maat: lingte 67 fan skouder ôf, breedte 49.
Utfiering: foarkant, kraach, bûsekleppen (twa nepbûsen) binne foartekene op patroan dat je op in Jiermerk keapje koenen by hannelers út Amsterdam, Den Haach, ensfh. Dan waard it fêstnaaid/borduerd, dêrnei makke in kleanmakker der in kleanstik fan. It achterpand is yn sa’n gefal hast altyd fan ienfâldige stof, mei strikjes sadat it fest oanpast wurde koe oan ’e omfang fan ’e drager.
Bysûnderheden: net in soad droegen, want gjin slytaazje, gjin switplakken.

 

16
Objekt:
manljusfest.
Jier: omstrings 1795-1800.

Herkomst: kin India wêze, of Nederlân.
Materiaal: foarkant streept katoen mei tamboerearde roasmotiven; achterkant wyt linnen.
Maat: lingte 65, breedte 50.
Utfiering: 30 knopen; achterkant twa bantjes om strakker oanlûke te kinnen.
Bysûnderheden: moderne iepen bûsekleppen, goed brûkber; oan ’e foarkant lytse fochtplakken, hat te krijen mei it bewarjen.

17
Objekt:
frouljusjak, liif mei skurte, mouwen mei lytse masjetten
Jier: omstrings 1880

Herkomst: Fryslân; stof mooglik út Rotterdam (Kralingsche Katoendrukkerij?)
Materiaal: bedrukt katoen, pears mei lila
Maat: lingte 70, skurtewiidte 225, taillewiidte 65
Utfiering: foar in part masinaal; fuorre mei wyt katoen; sluting midden-foar mei heakken en eagen; foarkant hat yn V-foarm rinnende ploaien; achterkant hat rûnrinnende naden.
Bysûnderheden: modeljak; wat ferkleure nei brún op plakken; net folle brûkt, want lichte switplakken ûnder earmsholten; tradisjoneel: wurkjak foar personiel.

18A
Objekt:
boppelyfke mei wide rûne hals, punt yn taille, sawol midden-foar as midden-achter; mei lange slanke mouwen mei twa lingtenaden, mei oan de ein in split by de polsen
Jier: omstrings1790.

Herkomst: linnen út Fryslân, sits út India.
Materiaal: sits, beskildere stof mei rankpatroan, dêr tuskenyn strikte boeketsjes; fuorring fan linnen.
Maat: lingte lyfke 47, taillewiidte 59.
Bysûnderheden: de rok ûntbrekt; liket op nûmer 11A.
18B
Objekt:
twa mouwen.
Jier: omstrings 1780.

Herkomst: as 11B.
Maat: lingte 34, breedte 14.
18C
Objekt:
twa mouwen.
Jier: omstrings 1780.
Maat: lingte 32, breedte 32.
Bysûnderheden: liket op 18B, mar oar patroan mei fûgeltsjes deryn.
18D

Objekt: ploaid mansjetsje.
Jier: omstrings 1780.
Herkomst: idem.

Maat: lingte 15, breedte 15.

 

19
Objekt:
empire famkesjûpe mei pofmoukes, koart boppelyfke; ynsette sintuer; gearende rok; midden-achter sterk rimpele.
Jier: omstrings 1805.

Herkomst: Fryslân.
Materiaal: pongéside yn platbining (meast simpele foarm fan weven).
Maat: lingte geheel 129, taillebreedte 64, seamebreedte 226.
Utfiering: naaid út gâns lytse stikjes; iepening midden-achter; op sân sintimeter fan ’e seame sit in opriich, kin derút helle wurde as it bern langer wurdt, is al in kear dien.
Bysûnderheden: skuor yn earmsgat by rjochter mouke; gatten yn rjochter mouke (mooglik troch swit of fretterij); yn linker mouke ek gatten ûnder earmshalte, mar minder grut; skuorke by de seame.

20
Objekt:
empire famkesjûpe mei pofmoukes, koart boppelyfke; ynsette sintuer; gearende rok, midden-achter sterk rimpele.
Jier: omstrings 1805.

Herkomst: Fryslân.
Materiaal: side-satyn.
Maat: lingte 111, taillebreedte 64, seamewiidte 210.
Utfiering: hânnaaid; seame masinaal naaid (mooglik letter koarter makke mei de masine).
Bysûnderheden: heel geef, net faak droegen.

21A
Objekt:
jak foar lyts wyfke, mei rimpelde foarpanden, lyts ferhege taille, lange mouwen mei ploaikes by de earmtakken; bêzje ferrinnend fan ljocht nei donker mei wite fjouwerkante flakjes mei dêryn in grien klaverke fjouwer; oarspronklike kleur fan achtergrûn wie donkerder bêzje en de ljochtere kleur rôze.
Jier: omstrings 1840.

Herkomst: Fryslân.
Materiaal: bedrukt katoen.
Maat: lingte 54 (hat langer west: de seame is omnaaid), skurtebreedte 186, taillebreedte 48.
Utfiering: bûtenlyfke slút fansiden; achterpand hat rûnrinnende dielnaden.
Bysûnderheden: ferkleuring lykmjittich, oan bûten- en binnenkant, net troch (bûten)ljocht feroarsake, mar troch waskjen.
21B
Objekt:
rok hearrend by 21A.
Maat: lingte 87, taillebreedte 53, seamebreedte 254.
Utfiering: lang mei rimpels.
21C
Objekt:
mouke, hearrend by 21A.
Maat: lingte 15, breedte 12.
21D
Objekt:
losse stof, restlapke, hearrend by 21A.
Maat: koartst 19, langst 40.

22
Objekt:
doop- of draachjurkje.
Jier: 1940-1950.

Herkomst: húsnaaister, gjin konfeksje
Materiaal: dûbelde laach tule, mei kanten strook by de nekke; elastyk by de polskes yn ’e moukes dêr’t de rek net út is.
Maat: lingte 84, seamebreedte 120, skouderbreedte 21.
Utfiering: masinaal makke; koart paske (=heel koart boppelyfke), mei dêroan twa stripen rimpele tule fan ûngelikense lingte dy’t oan ’e ûnderkant masinaal borduerd binne; trijekwart mouwen; seame mei punten.

23
Objekt:
jongeskrûppakje.
Jier: omstrings 1930-1950.

Herkomst: Tesselschade Arbeid Adelt?
Materiaal: keunstside of hele tinne wol.
Maat: lingte 50, skouderbreedte 23.
Utfiering: masinaal naaid, hânmjittich borduerd; skouderpas, dêrûnder foar- en achterkant rimpele, mei smogwurk; knoopkes yn ’t krús; elastyk yn ’e pipen (noch elastys); plat kraachje; koarte moukes mei mansjetjes, dy binne mei it kraachje en de koopkes omfestoneard mei trijehoekjes.
Bysûnderheden: in iikhoarntsje borduerd op beide kraachjes; lytse (mot?)gatsjes; profesjoneel makke; mei leafde bewarre.

24
Objekt:
wyt batisten famkes of jongesjurkje, mei foarkant fjouwerkante ynset mei kant ôfset; pofmoukes mei brede mansjet; rok foar mei nulleploaikes oanset, achter simpel rimpele; oan ’e rok strook mei tuskensetsel, ôfwurke mei masinaal kant.
Jier: omstrings 1900-1910.

Herkomst: konfeksje.
Materiaal: katoenen batist, masinaal kant.
Maat: lingte 49, skouderbreedte 21, seamebreedte 177.
Utfiering: masinaal borduerwurk, rimpele strook oer de skouders; iepening midden-achter, rok is ek iepen.
Bysûnderheden: hânmjittige ûnderdielen anneks kant en klear masinaal wurk en mei de hân ynsette borduerde stikjes.

25
Objekt:
nachthimdsje, foar jonge of famke.
Jier: omstrings 1900-1910.

Herkomst: konfeksje.
Materiaal: katoen mei ynweefd motyfke.
Maat: lingte 42, seamebreedte 82, skouderbreedte 20.
Utfiering: skouderpas en hals ôfset mei brodery; lange moukes; rok oan foarkant mei ploaien, achterkant rimpele oan ’e skouderpas; iepening midden-achter en helendal iepen; ploaike oan ’e foarkant fêstnaaid mei in sintuerke en strikbantsje, kin achter fêststrikt wurde.

26A
Objekt:
kessensloopke, mei ôfrûne boppekant foar yn ’e widze.
Jier: omstrings 1900-1910.

Herkomst: konfeksje.
Materiaal: hele fijne katoen.
Maat: lingte 35, breedte 42 (beide metten sûnder kloskant), kloskantbreedte 2,5
Utfiering: ôfset mei masinaal kloskant oan ’e rûne kant; twa stroken idem horizontaal oan ’e boppekant; sluting oan ’e ûnderkant oer de hele breedte; gjin knoopkes.
26B
Objekt:
kessensloopke, mei ôfrûne boppekant foar yn ’e widze.
Jier: omstrings 1900-1910.

Herkomst: húsnaaid, mei masinaal kantsje yn ’e rûnte.
Materiaal: stevige katoen.
Maat: lingte 35, breedte 43 (beide metten sûnder flochten kantstrook), kantbreedte 1.
Utfiering: sluting ûnder oan ’e achterkant mei trije linnen knopen en knoopsgatten.
26C
Objekt:
kessensloopke, mei ôfrûne boppekant foar yn ’e widze.
Jier: omstrings 1900-1910.

Herkomst: konfeksje.
Materiaal: katoen.
Maat: lingte 36, breedte 44 (beide metten sûnder kant), breedte brodery 5.
Utfiering: ôfset mei masinale brodery mei patroan fan kroande blomkes; sluting oan ’e ûnderkant mei trije linnen knoopkes.
26D
Objekt:
alles gelyk as 26C, allinne twa knoopkes ûntbrekke en fan it tredde is it linnen fuort.

27
Objekt:
frouljus-skoudermantel of keepke.
Jier: omstrings 1860-1870.

Herkomst: húsnaaister.
Materiaal: side-satyn; wollen wattearde tuskenfuorring; kraach, foar- en ûnderkanten ôfset mei 6 sm breed galon mei fearkes dy’t hast ferdwûn binne; om de trije sm mei yn ’e midden in swarte pompoen; fuorring fan brún glânzge katoen; tuskenfuorring fan tin wolflues; dêr’t er iepenwaaid, is de keep fuorre mei swarte side; oan ’e ûnderkant spoaren fan chenillefranje; oan wjerskanten oan ’e foarkant oan ’e boppekant trije sierknoopkes, dy fan links-boppe is fuort; oarspronklike sluting mei heakken en eagen, mar de eagen binne fuort.
Maat: in 5/8ste sirkel.
Utfiering: halsútsnijing mei in platlizzende kraach.
Bysûnderheden: rûkt nei âlde side; soad droegen (siet noch in feilichheidsspjelde yn, dy’t der wol út mocht).

 

28A

Objekt: in pear soupieds.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: Ingelân, etiket: ‘The Diamond Gaiter Regd. Made in England’.
Maat: lingte 26, hichte 16.
Materiaal: wol-lekken, lear, knoopkes wierskynlik bien. Learen rymkes, izeren gesp.

Utfiering: inkel lears sûnder soal.

Bysûnderheden: merkt en Ingels; gesp bytsje ruostich.