9-7-2019 – 14-9-2019 – Tsjerkepaad
St. Laurentiustsjerke

Fan 9 july 2019 ôf is in kolleksje adelike klean te sjen yn Raard (Súdwest Fryslân), yn ’e Laurentiustsjerke. Dat binne kostúms en oare kleanstikken út de famyljes Brantsma-Van Slooten-Van Sminia dy’t skonken binne oan Erfgoed Fundaasje.


De klean waarden troch de iuwen hinne trou foar waar en wyn bewarre. Se komme út de neilittenskip fan Maria Cornelia Johanna van Slooten-van Sminia. Har beppesizzer Marjolijn, dy’t nei har neamd is, en har man Thom Dieben skonken de kostúms dy’t droegen binne troch de famyljes Van Sminia, Van Eijsinga, Æbinga van Humalda, Van Lynden, Van Andringa de Kempenaer, Van Sytzama, ensfh. Undersyk dêrnei is yn folle gong.

Dy skat oan tekstyl is by Erfgoed Fundaasje registreard ûnder de namme Kolleksje Brantsma I. Troch Marjolijn har neef Sam Brantsma en syn frou Titia van Wulfften Palthe is in kolleksje skonken út itselde laach: Kolleksje Brantsma II.

Tekstyldeskundige Gieneke Arnolli beskriuwt dy objekten stik foar stik neffens wittenskiplike merites. Ut sa’n hûndert stikken is yn ’e Laurentiustsjerke in seleksje dêrút te sjen. De folsleine kolleksjes wurde troch Erfgoed Fundaasje foar ûnbepaalde tiid yn brûklien oerdroegen oan Fogelsangh State te Feankleaster, foar ekposysjes.
Mear ynformaasje oer de kolleksje fine jo hjir.

Hawwe jo ek âld tekstyl? En witte jo net wêr’t jo dêr op ’en doer mei hinne sille? Nim kontakt op.
It hoecht trouwens beslist net te gean om in kolleksje. In inkelde letterlape of ien antyk stik klean kin ek de muoite wurdich wêze. Lit it beoardielje, it hoecht net daliks fuort.

Beppe Jo van Slooten- van Sminia mei har beppesizzer Marjolijn