GENEALOGY JELLE DOOITZES NAUTA

Minne Berends Nauta en Kllasje Dirks van Dussen
Minne Berends Nauta en Klaasje Dirks van Dussen, skipper en skipperske te Bitgum, sjoch nûmerIX.5yn dizze genealogy. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

Dizze genealogy is opset nei oanlieding fan de beskriuwing fan it foto-album Nauta yn de Kolleksje Berend Minnes Nauta te St.-Anne. Fan gâns lju is trouwens wer net bekend wa’t it binne. Kinne jo ús helpe?
Dit Nauta-laach fan farrensfolk stammet út Wâldsein en Jelle Dooitzes Nauta (VII) strykt midden yn ’e njoggentjinde iu te Bitgum del as kastlein, mar nimt it âlde berop fan skipper dêr wer op. Trouwens, ûnder syn neiteam binne neist skûtefarders ek ytlike kafeehâlders. De measten wenje yn Bitgummole, dat oant 1963 offisjeel ûnder de namme Bitgum falt – dy beneaming is hjir oanhâlden.
Neikommeling Jelle Berends Nauta (* 1842, VIII.1) is wierskynlik de achtste generaasje skipper yn dit laach. Mar yn ’e alfde generaasje is de binnenfeartskipper Minne Nauta te finen.
Berend Jelles Nauta (* 1903) is ûnder oaren molkrider te Bitgum en syn pakesizzers ha dêr oant 1 maaie 2021 in ynternasjonaal frachtferfierbedriuw: Benny Nauta Transport BV.
Mar wy binne der noch lang net. Dit is allegearre wurk yn útfiering. Oanfullingen en ferbetteringen wurde uteraard op priis steld: info@erfgoed-fundaasje.nl

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/living together
sk=skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG=Doopsgesind
EV=Evangelys Luters
G=Grifformeard
GT=Gjin Tsjerkegenoatskip
KG=Kristlik Grifformeard (Ofskieden)
NH=Nederlâns Herfoarmd (as der neat by stiet, is de oanbelangjende persoan NH)

Undersyk: Erfgoed Fundaasje.
De measte portretfoto’s komme út de Kolleksje Bearn Minnes Nauta, St.-Anne.
Sjoch ek:
-Lolle Piebe de Boer, Nauta’s van Woudsend – Grootschippers van Riga tot Rome, eigen behear, Aerdenhout 2017; mei goed dokumintearde wiidweidige beskriuwingen fan persoanlik en saaklik wjerfarren; mei tank binne út dit boek gegevens brûkt oangeande de generaasjes III en IV
-Jan Buursma, Marten ten Cate, De trije doarpen eartiids, eigen behear, Bitgum-Bitgummole, n.d.
-Taco Kingma, Bitgum, skiednis fan Bitgum en Bitgummole, Fryske Akademy, Ljouwert 1988 ISBN 90-6171-694-2
-Taco Kingma, In slach om – troch âld Bitgum en Bitgummole, eigen behear, Bitgum-Ljouwert, 1991

Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Ferwizingen nei oare websiden kin betiden heel brûkber wêze, mar Erfgoed Fundaasje stiet dêr net yn foar krektens – wat net sizze wol dat ús stichting wolris stekken falle lit, dêrom: graach ferbetteringen en oanfullingen: info@erfgoed-fundaasje.nl

STAMRIGE

[?] I Jelle Reyners * Twellegea omstrings 1600 † dêr omstrings 1650; as heit fan Jelle wurdt yn guon genealogiën neamd: Reyner Eelckes, sn fan Eelcke Reyners. Undersyk dêrnei is noch noarich om dêroer fêste grûn ûnder de fuotten te krijen. 
x Legemar 3-9-1623 Hylck Piers Broersma; dr fan Pier Ockes Broersma en Siouck Annedr 

[?]II Reyner Jelles
* Heech 1625 † Wâldsein 1661;
x Gaasterlân 1-5-1650 Bauck Jurriens van Ingen * 1615 † 1664; dr fan Jurrien (Georg) van Ingen, boargemaster fan Kampen en N.N.

III Jurjen Reyners ~ Wâldsein 11-10-1650 † dêr omstrings 1721, om ende by 71 jier; skipper, fiskhanneler en houtkeapman te Wâldsein yn in hûs oan De Camp, letter farrensman op see; yn 1705 meidogger oan it ‘Compact’, in ûnderlinge seefersekering fan Wâldseinder skippers; om 1711 hinne jout er de brui oan it farren en docht er mei yn ’e skipswerf fan syn tredde frou Idske Ynses te Wâldsein; dêrneist is er greidboer; docht mei Beeuw belidenis te Wâldsein op 9-2-1673
x 1 Wâldsein 1672 Beeuw Ubles (ek: Oebles) * Langsweagen 9-2-1653 ~ Wâldsein, op belidenis, 9-2-1673 † Wâldsein 26-1-1693; dr fan Uble Feddis en Syts Minnerts
x 2 Wâldsein 15-12-1693 Aefke Ayses, fan ’e Jouwer; yn earste houlik wennet se te Wâldsein; giet nei it ferstjerren fan har earste man werom nei De Jouwer
Aefke x 1 Foppe Hanses, yn 1687 litte se in soan dope te Nijegea-Ealahuzen
x 3 Wâldsein 20-12-1709 Idske Ynses, fan ’e Jouwer; fan 1692-1696 eignerske fan de skipstimmerwerf (letter neamd Noorderwerf), nr 94, te Wâldsein, en sûnt 1709 mei har tredde man eigner fan skipstimmerwerf nr 103 te Wâldsein;
Idske x 1 24-7-1677 Hoyte Johannes † foar -1-1679, fan Wâldsein.
Idske x 2 1680 Reiner Tjeerds, Mr skipstimmerman te Wâldsein;
út it earste boask:

IV Jelle Jurjens Nauta
(sûnt 1732 Nauta) ~ Wâldsein 21-8-1672 † dêr 20-3-1750, 77 jier; skipper te Wâldsein oant 1718; yn 1710 is er warber yn ’e haven fan Harburg (Hamburch) en Amsterdam foar houttransport; yn 1713 is er de earste Wâldseinder skipper dy’t troch de Sont nei de Oastsee fart; hy komt yn dat jier mei in fracht oan yn Aalborg, Denemarken; dêrwei fart er mei in Deense lading fan 47 lêsten hearring nei Helsingør en betellet dêr tol om troch de Sont te silen nei Konigsbergen (Kaliningrad), oan ’e eastside fan ’e kust fan Prusen; op ’e weromreis hat er yn syn rom hør, Deens foar flaaks, syn befrachter is Marten Jensen út Linderup; werom yn Amsterdam docht er saken mei kargadoarskantoar Laasbye en Nieugaard. Neffens earste tsjarterparij moat er mei it smakskip De Propheet Daniël mei fracht nei Aarhus, nei it lossen fart er út De Belt, it Kattegat, mei 40 à 41 lêsten rogge nei Amsterdam. Yn 1714 sylt Jelle binnen tsien dagen fan Amsterdam oer de Sudersee, fia it Flie tusken Flylân en Skylge, de Noardsee, it Sagerrak, it Kattegat nei de Sont. Op 20 maaie fan dat jier besylt er op ’e nij de haven fan Helsingør om dêr tol te beteljen foar trochgong troch de Sont nei de Oastsee. Jelle syn lading omfiemet neffens de frachtbrieven wol fyftjin ferskillende hannelswaar, lykas katoen, siden stoffen, sûker, tabak, gember, speserijen, swevelsoer. Sawol foar it skip as de lading moat er tol betelje. Dizze twadde reis oer de Oastsee nei Konigsbergen krijt syn beslach binnen likernôch twa moannen. Op 18 july tekenet er in kontrakt mei de ferladers Slicher en Van Asperen te Amsterdam en fart er alwer út, no nei Noarwegen. Jelle fart yn 1715 mei it smakskip De Liefde mei ûnder oaren 21 lêstemn salt, 5.650 pûn tabak en 200 pûn figen út Amsterdam nei Landskrona yn Sweden, benoarden Malmö. De hinnefracht hat er hânsum lost, hy laadt in weromfracht foar Amsterdam en komt op 17 oktober wer troch de Sont, dat is in lange en swiere tocht, hy docht dêr seis wiken oer en yn Amsterdam docht bliken dat syn lading wetterskea oprûn hat. Yn 1716 fart er nei Flekkeroy, in houteilân yn súdlik Noarwegen foar de kust fan Kristiansand. Dêr rekket er fersyld yn ’e Nordse Oarloch en docht dêr ferslach fan yn de Opregte Haarlemsche Courant. Yn Nederlân is yn dy dagen tige ferlet fan hout, dat Jelle fart noch ien of twa kear nei Noarwegen. Hy bringt dêr hearring, sûker, sâlt, tabak, brandewyn en Rynwyn hinne en op ’e weromreis ferfiert er potjiske en alún. Syn lêste reis as grutskipper is yn 1717, nei Aalborg mei Frânsk sâlt. Hy fertrekt op 26 febrewaris mei De Propheet Daniël. Yn Aalborg hat er tsien dagen de tiid om te lossen en moat er sels in oare fracht regelje. Hy fart dêrwei mei 48 lêsten sâlte hearring nei Köningsberg en rekket dan út it sicht oant 4 novimber. Dan is er ûnderweis fan Kopenhagen nei Amsterdam mei lamsfellen fan ’e Færøer. Dat is de earste kear dat er sa lang fan hûs is, sawat sân moanne. Hy sil de Oastsee wol febard ha mei ferskillende frachten, mar dêr is helendal neat fan werom te finen yn ’e Sontregisters en it notarieel argyf fan Amsterdam, likemin yn it register fan galjoatsjild. It sil grif sa wêze dat er syn jongere broer Oebele mei oan board hie en dy de kneepkes fan it farrensfak learde, sadat Jelle nei 1717 as hannelder op ’e wâl selsstannich hannel driuwe kin yn ’e Oastsee mei Oebele as syn folleard grutskipper.
Jelle en syn sibben besitte ûnderskate kof- of smakskippen en freegje dêr by de notaris seebrieven foar oan, sadat se berjochtige binne om dêr de seeën mei te befarren; de skippen drage foar it grutste part Bibelse nammen en ek wol hele oare: Het Vrouwtje van Overspel, Het Fortuijn, De Propheet Moses, De Propheet Daniël, De Jonge Tobias, De Liefde,  Salomons Eerste Gerecht, De Drie Koningen en De Koning Salomon; op 28-2-1715 ferkeapet Jelle dat lêste smakskip oan Cornelis Gerrits Rotgans te Amsterdam foar f 4.000,00.
Jelle keapet yn 1718 te Wâldsein de Kleasterlannen (Pastorijlannen) en bout dêr yn 1719 de houtmole De Jager by de Ie lâns; hy is tagelyk mêstmakker; hannelder yn houtwaar en eigner fan in skipswerf. Hy hat syn kofskip De Propheet Daniël oanhâlden en lit dêrmei troch setskippers hout út Noarwegen, de Eastseelannen of de Lytse East helje. Yn 1720 fergiet dat skip en mei lading, mar mei behâld fan minskelibbens.
Yn 1728 set er fyftin nije huzen foar syn arbeiders te Wâldsein en yn 1732 is er eigner fan ’e feartsjinst fan Wâldsein op Amsterdam; hy keapet in pleats te Ypkolsgea en te Teroele, beide ûnder Wâldsein oan ’e oare kant de Ie. By alles fungeart er ek as bank fan liening.
Hy wurdt neamd yn it Kwotisaasjekohier fan 1749 te Wâldsein as, ‘coopman, wel in staat’; trije folwoeksenen; oanslach: £ 54:-:-.
Yn 1732 toait Jelle Jurjens himsels – as notabele – mei de achternamme Nauta (=seeman).
Sjoch: Familie Zoethout – (Jelle syn soan Reinder neamt him Zoethout).
Jelle en Gats dogge belidenis te Wâldsein op 31-11695.
x 1 Wâldsein 4-2-1694 Gats Jouckes * Wâldsein 1673 [?] ~ dêr 4-6-1676 † foar 7-1-1703; dr fan Joucke Sytses, skipper en ûndertekener fan it Compact, en Gelck Wybes; 2 bern
x 2 Wâldsein 7-1-1703 Geertje Gerrits * Zwartsluis, buorskip Overstede, Oerisel, 1683 † 1712; docht op 4-2-1705 belidenis te Wâldsein; dr fan Gerrit Meinerts en Jantien Peters; 6 bern
x 3 Wâldsein ein1714/-1-1715 Geertje Dirks * omstrings 1690 † Wâldsein 13-3-1773, 83 jier; wurdt lidmaat te Wâldsein op 31-1-1715; 6 bern
Bern út it tredde boask:
Haring Jelles Nauta, folget V

Wâldsein, tekening P.I. Portier
Wâldsein omstrings 1750. Tekening troch Pieter Idzerdts Portier (Frjentsjer 1698-1781), lânskipstekener oan ’e Frjentsjerter Hegeskoalle. Op ’e achtergrûn de houtseachmole fan Jelle Jurjens Nauta

V Haring Jelles Nauta ~ Wâldsein 29-12-1726 † dêr 18-6-1773, 45 jier; eigenerfd boer te Ypkolsgea; 
x Wâldsein 19-9-1751 Trijntje Sytses Storm ~ Wâldsein 20-3-1729 † dêr -12-1792; boerinne te Ypkolsgea; dr fan Sytse Lykles Storm, seefarrend skipper te Wâldsein, en Aegh Doytzes
Bern:
1 Geertje Harings Nauta ~ Waldsein 3-9-1752;
x Wâldsein op 26-3-1775 Oebele Pybes, skipper te Wâldsein
2 Jelle Harings Nauta * Wâldsein 6-10-1754 ~ dêr 17-10-1762 † 1802; boer te Teroele oan ’e oastigge fan ’e Ie ûnder Wâldsein;
1 x Wâldsein 31-1-1779 Aag Wallis; 1 bern;
x 2 Wâldseein 29-2-1784 Geeske Geerts de Haan; 3 bern;
x 3 Wâldsein 30-3-1800 Hiltje Geerts de Haan
3 Aag Harings Nauta
~ Wâldsein 5-12-1756 † dêr 5-8-1819, 63 jier; as widdo earst winkel- en keapfrou te Wâldsein; erft nesit har part út de boedel fan har man, jild en lân besuden Wâldsein fan har âlden en broer Sytse, se wurdt boerinne en set in nije pleats neist de Herfoarme tsjerke te Wâldsein;
x Wâldsein 8-4-1781 Jacobus Willemsen de Bock; fan Oldemarkt; sjirurgyn te Wâldsein; 6 bern
4 Sytse Harings Nauta ~ Wâldsein 10-5-1759 † 1800, 41 jier; boer te Wâldsein; mei syn neef Haring Oebeles eigner fan in pleats oan ’e oastigge fan ’e Ie by Wâldsein
5 Durk Harings Nauta ~ Wâldsein20-12-1761
6 Lolle Harings Nauta ~ Wâldsein 9-12-1764 † Ypkolsgea 24-5-1828, 63 jier
1 x Wâldsein 26-2-1792 Yes Sytzes de Jong; 5 bern;
2 x Wâldsein 24-10-1802 Itske Pybes Sipma (ek: Sydsma); 8 bern
7 Dooitze Harings Nauta, folget VI 

VI Dooitze Harings Nauta * Wâldsein 6-6-1767 † Teroele 20-11-1828, hûsnr 17, 61 jier; yn 1796 boer te Nijegea, idem te Heech; yn 1793, ’95, 1806 idem te Ypkolsgea ûnder Wâldsein; yn 1798 idem te Langwar; yn 1814 neamd húsman (=boer) en by ferstjerren boer te Teroele;
x Wâldsein 28-2-1793, 25 en jier, Lysbeth Sytzes (Van der Werf) (ek: Elisabeth; tekenet sels: Lysbert Sytzes, yn stjerakte wurdt har achternamme net neamd) * Wâldsein [25-5?] 1770 † Teroele 29-9-1826, 56 jier; by ferstjerren boerinne te Teroele; dr fan Sytse Meinderts en Ypkjen Meines
Op 29-10-1829 wurdt troch de bern de pleats, ‘zathe en landen’ , te Teroele ferkocht; keapsom: f 12.387,00; notaris: Oebele Braunius Oeberius; kantoar: Heech; Repertoire: 054015
10 bern, ûnder harren:
7 Trijntje Dooitzes Nauta * Ypkolsgea 9-10-1802 ~ Wâldsein 31-10-1802; by trouwen sûnder berop te Teroele; kastleinske te Bitgum fan sawat 1826-’30 en sûnt 8-4-1830 te Legemar;
x 1 24-6-1825, 22 en 30 jier, skieding 22-11-1837 fûnis Arrondissemintsrjochtbank Snits (earste oanlis) 4-12-1837, Douwe Wybes Zeinstra (tekenet sels: Zeinstra en Zijnstra; oars ek: Seinstra, Sijnstra) * Nes ûnder Akkrum 19-10-1794 ~ Aldeboarn 9-11-1794 † Ljouwert 17-5-1839, Stedswâl C122, 46 jier; yn syn stjerakte stiet: ‘zijnde deszelfs familie onbekend’; yn 1823 en by trouwen timmerfeint te Wâldsein; 1826-’30 kastlein te Bitgum, sûnt 8-4-1830 te Legemar; by de skieding sit Douwe yn ’e gefangenis ‘Huis van seclusie en tuchtiging’; by ferstjerren is er kastlein en postrinder te Hústerheide ûnder Langwar (by syn dea wurdt in Certifikaat van Onvermogen ôfjûn, dat betsjut dat der gjin jild is); sn fan Wybe Baukes Zeinstra, arbeider te Akkrum, en Cornelia Regnerus Braarda (ek: Brada)
x 2 Hinderikus Feenstra * Grins 1796; sn fan Frits Feenstra en Epke Klaassen
10 Jelle Dooitses Nauta, folget VII

VII Jelle Dooitzes Nauta * Teroele 26-1-1814 † Bitgum 5-6-1884, 70 jier, [] Bitgum, rigel 33, grêf 11; bakkersfeint, by trouwen kastleinsfeint te Legemar (Doanjewerstal); yn 1837 arbeider te Follegea; yn 1840, ’45 dêr keapman; yn 1841, ’42 dêr winkelman; yn 1849 kastlein te Bitgum; dêr fearskipper en yn 1866 skipper (nrs B88, 716, 136); yn 1895, ’97 dêr postrinder (‘brievengaarder’, nr 146 BK);
x Lemsterlân 22-5-1836, 22 en 23 jier, Elisabeth Ypes Singelsma (yn trou-akte: Cingelsma, tekenet dan sels: Cingelsma, har heit: Singelsma) * Aldtsjerk 23-10-1812 † Bitgum 8-8-1863, 50 jier, [] Bitgum, rigel 35, grêf 5; by trouwen sûnder berop te Follegea; dr fan Ype Sytses Singelsma en Klaaske Olferts Ocinga (tekenet de trou-akte fan har dochter Lysbeth mei: Ocinga; de amtner meldt har achternamme net), boeren yn 1812 te Aldtsjerk, yn 1836 te Follegea

Follegea, tekening J. Stellingwerf
Follegea omstrings 1722, neffens in tekening fan Jacobus Stellingwerf
Jelle Dooitzes Nauta - hantekeningen
Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Jelle Dooitzes Nauta en Elisabeth Ypes Singelsma

§ Hoe komt Jelle Doaitses yn Bitgum telâne?
As Jelle yn 1836 trout is er kastleinsfeint te Legemar. Dat sil er west ha by syn suster Tryntsje en har man Douwe Wybes Zeinstra; dy binne earder kastlein te Bitgum fan sawat 1826-’30; se hiere op 8-4-1830 in hûs en herberch te Legemar fan Klaas Willems Weerstra, karmaster te Langwar, foar de hiersom fan f 850,00 yn ’t jier.
Sjoch VI

Bern:
1 Klaaske Jelles Nauta * Follegea 15-3-1837 † dêr 23-7-1841, 4 jier
2 Elisabeth Jelles Nauta * Follegea 10-4-1840 † Bitgum 31-3-1923, 82 jier, [] Bitgum, rigel 17, grêf 14; GT; yn 1866, ’69, ’79 naaister, yn 1880, ’82 winkelfrou te Bitgum; wennet fan 23-2-1917 oant 13-10-1919 as kommensaal (kostgonger) by Albert Wybes van der Berg en Jetske Jacobs Dijkstra te Bitgum (nrs 236 bûten, 212, 373);
x 1 Menameradiel 19-5-1866, 26 en 36 jier, Arjen Jans van der Plaats * Bitgum 22-12-1829 † dêr 29-7-1874, hûsnr 117, 44 jier; yn 1866 gernier te Bitgum; yn 1869, ’73 en by ferstjerren dêr arbeider (nr 79a BK); sn fan Jan Gerryts van der Plaats en Rinske Arjens Huisman, gernieren te Bitgum;
x 2 Menameradiel 11-5-1882, 42 en 57 jier, Jelle Pieters Hempenius * Bitgum 6-11-1824 † dêr 8-10-1897, 72 jier, [] Bitgum, rigel 17, grêf 15; skuonmakker te Bitgum (nr 200 BK); sn fan Pieter Jacobs Hempenius, gernier te Bitgum, en Trijntje Johannes de Vries;
Jelle x 1 Menameradiel 9-8-1856 Baukje Foppes Fopma * Bitgum 28-11-1825 † dêr 22-8-1878, 53 jier; dr fan Foppe Minnes Fopma, gernier te Bitgum, en Beitske Zweitzes Wouda
Sjoch: A.L. Hempenius, Hempenius I en II – IXh.6, side 87; Genealogysk Jierboekje 1973, Fryske Akademy, Ljouwert, 1973
2 Berend Jelles Nauta, folget VIII.1
3 Dooitze Jelles Nauta, folget VIII.2

4 Klaaske Jelles Nauta * Bitgum 4-9-1849 † Berltsum 25-3-1938, 88 jier; earst NH, letter GT; by trouwen faam te Bitgum;
x Menameradiel 2-6-1875, 25 en 26 jier, Leendert Jentjes Kikstra * Menaam 12-12-1848 † Berltsum 16-12-1922, 74 jier; by trouwen arbeider te Menaam (nrs 74, 142); sûnt 1-1-1893 tolgearder te Kleaster Anjum; sûnt 1-1-1910 dêr dykwurker; de húshâlding ferfart dêrwei op 20-12-1913 nei Berltsum; sn fan Jentje Leenderts Kikstra, arbeider te Menaam, en Trijntje Arjens Veltman
5 Trijntje Jelles Nauta * Bitgum 28-5-1854 † dêr 14-6-1939, 85 jier, [] Bitgum, rigel 27, grêf 2; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 28-5-1879, 25 en 30 jier, Jan Westra * Bitgum 4-5-1849 † dêr 7-2-1939, 89 jier, [] Bitgum, rigel 27, grêf 2; arbeider te Bitgum; sn fan Tjitske Jans Westra, arbeidster op ûnderskate plakken, ferfart gauris op Alde Maaie; yn 1849 te Bitgum, 1854 te Ljouwert, 1856 te Mantgum (by Pier Swierstra), yn 1858 te Menaam (by Jacob Lammerts Dijkstra), yn 1862 te Kubaard, 1862 Dronryp (by timmerman Marten Annes Rodenhuis), 1862 Boazum, 1867 wer te Mantgum, 1868 te Stiens

GENERAASJE VIII
VIII.1 Berend Jelles Nauta (ek: Beerend; Bearn) * Follegea 19-9-1842 † Bitgum 12-3-1887, 44 jier, [] Bitgum, rigel 35, grêf 7; by trouwen skippersfeint te Bitgum; skipper te Bitgum (nr 136); komt Alde Maaie 1884 út Dokkum yn Bitgum; lid fan ’e Bitgumer Brânspuit;
x Menameradiel 25-5-1870,  27 en 29 jier, Eeke Jans Anema (ek: Eke) * Berltsum 7-1-1840 † Bitgum 13-3-1920, 79 jier, [] Bitgum, rigel 35, grêf 9; by trouwen naaister te Berltsum; as widdo skipperske te Bitgum, yn 1898 dêr sûnder berop; dr fan Jan Minnes Anema, yn 1819, ’34, ’37, ’39 húsman (bouboer) te Rie, yn 1840 boer te Berltsum (hûsnr 69), dêr letter gernier (nr 202), yn 1853 dêr kastlein, en Jeltje Dirks Visser
Bern:
1 Jelle Berends Nauta, folget IX.1
2 Jan Berends Nauta, folget IX.2
3 Ype Berends Nauta, folget IX.3
4 Jeltje Berends Nauta
* Bitgum 26-3-1876 † Ljouwert, wenjend te Bitgummole, 30-7-1915, 39 jier, [] Bitgum, rigel 8, grêf 18; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x 1 Menameradiel 2-6-1898, beide 22 jier, Thomas Foppes Dijkstra * Bitgum 24-8-1875 † dêr 11-12-1943, 68 jier, [] Bitgum, rigel 8, grêf 18; by earste houlik sûnder berop te Bitgummole; yn 1906 gernier, letter neamd boer op Grut Alsert op ’e Pôle te Bitgummole; sn fan Foppe Thomas Dijkstra, gernier-bouboer op Grut Alsert, en Maartje Gerbens Brouwer, bouboerinne op Grut Alsert
Thomas x 2 Fetje Steffens Gerbranda
Sjoch: Genealogy Dijkstra-Bitgum – VI.1
5 Dooitze Berends Nauta, folget IX.4
6 Minne Berends Nauta, folget IX.5
7 Albertus Berends Nauta, folget IX.6
8 Willem Berends Nauta * Bitgum 6-8-1885 † dêr 15-9-1885, 1 moanne

Eeke Jans Anema. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Eeke Jans Anema rouadvertinsje 1920
Ljouwerter Krante, 15-3-1920
Jeltje Berends Nauta rouadvertinsje 1915
Ljouwerter Krante, 31-7-1915


VIII.2 Dooitze Jelles Nauta
* Follegea 22-2-1845 † Bitgum 4-9-1911, 66 jier, [] Bitgum, rgel 20, grêf 19; turfskipper te Bitgum; yn 1882 dêr winkelman; yn 1880, ’90, 92, 1901 dêr beurtskipper (nrs 21 Bûten, 200, 194 BK);
x Menameradiel 21-5-1873, 28 en 27 jier, Ynskje Sipkes Brouwer (ek: IJnschje) * Meppel 27-9-1845 † Bitgum 10-9-1907, 61 jier; by trouwen faam te Bitgum; dr fan Sipke Gerbens Brouwer, skipper te St.-Anne, kastlein en skipper te Bitgum, skipper te Meppel, gernier te Bitgum, en Akke Yntes van Donia
Sjoch: Genealogy Brouwer 2
Bern:
1 Akke Dooitzes Nauta * Bitgum 19-3-1874 † Ljouwert 2-9-1952, 78 jier, [] Bitgum rigel 20, grêf 20; komt op 30-12-1893 út Ljouwert yn Bitgum, giet dêrwei op 27-1-1894 nei Meppel; by trouwen sûnder berop te Bitgum, ferbliuwende yn Ljouwert;
x Ljouwert 4-5-1895, 21 en 29 jier, Johannes Jelles Bottema * Aldeboarn 5-6-1865 † Ljouwert 1-12-1952, 87 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 20; by trouwen arbeider by it Gasfabryk te Ljouwert; sn fan Jelle Johannes Bottema, yn 1863 greidboer te Aldeboarn, yn 1865 dêr arbeider, letter fabryksarbeider te Ljouwert, en Rigtje Freerks de Jong
2 Elisabeth Dooitzes Nauta * Bitgum 31-8-1876 † Ljouwert, Gabbema Gasthûs, Wybrand de Geeststrjitte 42, 25-3-1961, 84 jier, [kremeard] Velsen; faam, kreamfersoarchter en kreamferpleechster op ûnderskate plakken, sjoch hjirûnder
3 Jelle Dooitzes Nauta * Bitgum 19-5-1878 † dêr  8-5-1903, 24 jier, (neffens ôfskrift grêfstien is er ferstoarn op 7-5-1904, dat sil net goed oerskreaun wêze), [] Bitgum rigel 20, grêf 20; by ferstjerren sûnder berop te Bitgum;
Jelle is by ferstjerren neffens de rouadvertinsje de beminde fan W. de Vries
4 Dirkje Dooitzes Nauta * Bitgum 24-7-1879 † dêr 22-12-1901, 22 jier, [] Bitgum, rigel 14, grêf 12; by ferstjerren ûnderwizeres te Bitgummole;
by har ferstjerren ferloofd mei Otte Andeles Braaksma * Ljouwert 21-7-1878 † 15-11-1973, 95 jier, [] Ljouwert, Noarder Begraafplak; komt op 19-8-1897 út Grins as ûnderwizer yn St.-Anne, dêr letter skoallehaad; ferfart op 3-1-1916 dêrwei nei Ljouwert; sn fan Andele Minnes Braaksma, yn 1876 timmerfeint te Skalsum, yn 1878 timmerman te Ljouwert, en Elske Ottes Stellingwerf
Otte x Menameradiel 21-11-1903, 25 en 31 jier, Grietje Johannes de Vries * Menaam 13-11-1872 † 10-9-1964, 91 jier, [] Ljouwert, Noarder Begraafplak; dr fan Johannes Johannes de Vries, ferver te Menaam, en Hinke Minzes van Dijk, yn 1883 arbeidster te Bitgum, yn 1890, ‘7 dêr sûnder berop
5 Sipkje Dooitzes Nauta * Bitgum 13-4-1881 † Easterwâlde, wenjend te Bitgum, 12-3-1899, 17 jier, [] Bitgum, rigel 14, grêf 12; by ferstjerren sûnder berop te Bitgum

Johannes Jelles Bottema, Akke Dooitzes Nauta en bern
Ljouwerter Krante, 6-11-1982. Binne der ek neikommelingen fan Akke Nauta en Jehannes Bottema dy’t ús gerive kinne mei foto’s fan har en har sibben? info@erfgoed-fundaasje.nl
Dirkje Dooitzes Nauta - rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 25 en 28-12-1901
Jelle Dooitzes Nauta - rouadvertinsje 1903
Ljouwerter Krante, 11 en 13-5-1903
Ynskje Sipkes Brouwer rou-advertinsje
Ljouwerter Krante, 18-9-1907
Dooitse Jelles Nauta - rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 6 en 8-9-1911
Elisabeth Dooitzes Nauta rouadvertinsje 1961
Ljouwerter Krante, 27-3-1961


§ Hoe faak ferfart in faam?

Hjir in net-folsleine opsomming fan Lys Nauta har plakken as tsjinstfaam en kreamferpleechster:
-Lys komt mei santjin jier op 3-7-1894 út Bitgum as faam te Himpens (nr 15), by dûmeny Cornelis Jacobus Boers
-ferhuzet dêrwei -10-1895 nei Stiens, wennet dêr yn by widdo J.F. Rienks
-komt op 28-9-1896 dêrwei yn Ljouwert, by K. Kleiterp (Nijstêd 143)
-ferfart dêrwei op 30-7-1897 nei Bitgum

-ferfart dêrwei op 5-10-1899 nei it Kranksinnigegesticht Meerenberg by Santpoort
-wennet yn 1901 te Utrecht
-komt op 17-12-1904 út Amsterdam yn Bitgum

-giet op 25-6-1907 nei Loosduinen
-komt op 21-4-1911 út Loosduinen yn Bitgum
-ferfart dêrwei op 8-1-1912 nei Ljouwert (Nijstêd H39boppe, Súdfliet U12boppe, Wybrand de Geeststrjitte U3, Perkstrjite N32)
-ferhuzet dêrwei op 26-10-1927 nei Haarlem.

GENERAASJE IX
IX.1 Jelle Berends Nauta
* Bitgum 10-4-1871 † dêr 7-9-1946, 75 jier; GT; bejeftige mei de Eare-Medalje yn sulver yn ’e Oarde ferbûn oan de Oarde fan Oranje-Nassau; by trouwen en dêrnei postrinder te Bitgum; letter dêr postkantoarhâlder (128, 227, nrs B231, m.y.f. Alde Maaie 1934: 408A);
x Menameradiel 19-5-1898, 27 en 22 jier, Trijntje Wigles Hiemstra * Bitgum 13-6-1875 † Bitgummole 24-1-1967, 91 jier; by trouwen faam te Bitgum; dr fan Wigle Hyltjes Hiemstra, yn 1875 winkelman te Bitgum, yn 1897 dêr frachtrider, yn 1883, ’98 dêr arbeider, en Bieke Koenes van der Wijk
Bern:
1 Bieke Nauta * Bitgum 20-2-1899; by trouwen sûnder berop te Bitgum; ferhuzet op ’e troudei nei Ljouwert (Merelstraat 19);‘
x Menameradiel 4-6-1925, 26 en 27 jier, Riemer Jan de Vries * Berltsum 25-12-1897 † It Hearrenfean 16-2-1963, 65 jier; yn 1920 kantoarfeint te Berltsum; by trouwen bankemplojee te Ljouwert; sn fan Geert Riemers de Vries yn 1893 ryksfjildwachter te Ternaard, yn 1897 idem te Berltsum, en Doetje Riekeles Meinema
2 Berend Jelles Nauta, folget X.1
3 Eeke Wiggelina Nauta * Bitgum 17-4-1911; ferhuzet 16-7-1936 út Bitgum nei St.-Anne (Noordeand 622)winkellju en postkantoarhâlders te Bitgummole;
x Menameradiel 16-7-1936 Pieter van Dijk (Piet) * St.-Anne 16-5-1912; sn fan Myntje Pieters van Dijk, yn 1911 arbeider te St.-Anne, yn 1912 dêr opperman, en Trijntje Harmens Groenewoud

Bieke Jelles Nauta. Fotograaf: Strüppert & Van Duyl, Foarstreek C270, Ljouwert
Postkantoar te Bitgummole
It postkantoar dêr’t Jelle Bearns en Tryn Nauta de posterijen beregelje, anneks in Winkel fan Sinkel
Postkantoar te Bitgummole
Eeke Nauta en Piet van Dijk folgje Eeke har âlden op as postkantoarhâlders, it is dêr in gesellige saak
Jelle Berends Nauta
Ljouwerter Krante, 10-9-1946
Trijntje Wigles Hiemstra rouadvertinsje 1967
Ljouwerter Krante, 25-1-1967. Gesang 232: Nim Hear, myn beide hannen en hâld my fêst. Lied Jo my nei de lannen fan heil en rêst.
Wêr moat ik, earme, hinne? Ik wit gjin wei. Lit Hear, my net allinne. Bliuw Jo my nei. 
Trijntje Wigles Hiemstra rouadvertinsje beppesizzers
Ljouwerter Krante, 25-1-1967
Trijntje Wigles Hiemstra rouadvertinsje muoikesizzers 1967
Ljouwerter Krante, 26-1-1967. De muoikesizzers binne: Wigle, Nieskje en Johannes Hyltjes Hiemstra, gerniers te Bitgum; bern fan Hyltje Wigles Hiemstra en Antje Johannes van der Schaaf


IX.2 Jan Berends Nauta
* Bitgum 15-5-1872 † dêr 16-6-1957, 85 jier; GT; by trouwen en yn 1907 skippersfeint te Bitgum (nrs 183, 328, wennet fan Alde Maaie 1907 oant 1-12-1907 mei de húshâlding yn by syn mem Eeke Anema); letter dêr frachtskipper;
x Menameradiel 14-9-1905, 33 en 30 jier, Gettje Klazes van Tuinen (Geartsje, Gjet) * Goutum 11-9-1875 † Bitgum 30-1-1941, 65 jier, [] Bitgum, rigel 35, grêf 7; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Rinses van Tuinen, yn 1875, ’78 fan boerebedriuw te Goutum, yn 1880 dêr arbeider, oant syn ferstjerren yn 1905, en Trijntje Ypes de Vries
Bern:
1 Berend Jans Nauta, folget X.2

Jan Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Getje Klazes van Tuinen. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Berend Jans Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits
Gettje van Tuinen rouadvertinsje 1941
Ljouwerter Krante, 31-1-1941
Gettje van Tuinen rouadvertinsje fam. Wijbenga
Ljouwerter Krante, 31-1-1941
Jan Berends Nauta rouadvertinsje 1957
Ljouwerter Krante, 17-6-1957
Jan Berends Nauta advertinsje ferkeap hûs 1957
Jan Bearns Nauta syn hûs wurdt ferkocht by syn omkesizzer Bearn Jelles Nauta, kastlein yn Groot Terhorne te Bitgummole. Ljouwerter Krante, 29-6-1957

§ NAUTA’S YN BLAU BITGUM
Binne der ûnder de Nauta’s rju kastleins, Blau Bitgum wurdt droegen troch ûnderskate Nauta’s fan ’e Blauwe Knoop. De Bitgumer ôfdieling fan ’e Nederlandsche Vereeniging tot afschaffing van alcoholhoudende dranken, koartsein de NV, is oprjochte yn 1896, dêr binne Nauta’s fan ’e partij.
Ek by Doaitse en Lys Nauta (IX.4) yn kafee De Pomp hawwe se har gearkomsten. Mei toaniel as drankbestriding: sosjale en ûnthâldersstikken. Gauris spile troch de Bitgumer arbeiderstoanielferiening Aurora, op earste krystdei foar it jongfolk en op nijjiersdei foar de trouden. Doaitse spilet dan ferheftich de fioele. En hy makket ek wol ferskes, bygelyks by gelegenheid fan it jubileum fan O.K.K. yn 1945.
Taco Kingma skriuwt yn Bitgum, side 231:

Yn eigen rûnte waarden de noarmen strang hanthavene. Doe’t Bearn Nauta ris efter in glês bier signalearre wie, waard hy fuort skrast as lid.
Al sûnt 1918 hie men dwaande west om in drankfrij Folksgebou op te rjochtsjen, wat no slagge yn gearwurkjen fan fjouwer ferienings. Yn 1935 waard it boud yn It Bosk, en op 19 jannewaris 1936 hie de N.V. dêr har earste toanieljûn. 
Yn 1947 bestie de ôfdieling 50 jier. In twahûndert feestfierders yn ’e seal, en huldige waarden Tryntsje Nauta-Hiemstra (IX.1), Willemke Althuis-Idsinga, Jan Nauta (IX.2) en Ype Nauta (IX.3) dy’t alle fjouwer 50 jier lid fan de N.V. west hiene.
Sjoch ek: Bitgum, side 228, en Tusken Gripe en Telegraaf – Haadstik 1, noat 18.

IX.3 Ype Berends Nauta * Bitgum 9-4-1874 † dêr 21-4-1950, 76 jier; GT, letter NH, lykas syn hele húshâlding; by trouwen en letter skipper te Bitgum (nrs 344, 248, 335, 334); yn 1930 dêr gernier; kommisjonêr yn ierdappels te Bitgum (nrs 335, 334, 363, 248); kontroleur K.I. (Keunstmjittige Ynseminaasje);
bestjoerslid Broedertrouw, feriening foar lânarbeiders – Ofdieling Bitgum;
x Menameradiel 21-5-1903, 29 en 21 jier, Janke Symens Hoppinga * Bitgum 1-3-1882 † 25-2-1947, 65 jier; faam te Bitgum, by trouwen dêr sûnder berop; suster fan Lysbeth IX.4; dr fan Symen Wygers Hoppinga, arbeider te Menaam, St.-Anne en Bitgum, en Janke Reimers Hoogerhuis
Sjoch: Genealogy Hoppinga – IV.1.1
Bern:
1 Berend Ypes Nauta
* Bitgum 3-9-1903 † dêr 7-4-1904, 7 moanne
2 Berend Ypes Nauta, folget X.3 
3 Janke Nauta
* Bitgum 25-6-1914 † 13-5-1999, 84 jier, [] Bitgum; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 24-6-1943, 28 en 31 jier, Johannes Lieuwes de Vries (Hans) * Bitgum 12-9-1911 † 21-6-1987, 75 jier, [] Bitgum; gernier te Bitgummole; ierdappelkarmaster; sn fan Lieuwe Meinderts de Vries, arbeider, letter gernier en keapman te Bitgum, en Eentje Tjipkes Hofma

Ype Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Janke Symens Hoppinga. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Janke Symens Hoppinga. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Janke Symens Hoppinga en Berend Ypes Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Janke Ypes Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Janke Symens Hopping rouadvertinsje 1947
Ljouwerter Krante, 27-2-1947
Ype Berends Nauta rouadvertinsje 1950
Ljouwerter Krante


§ DE TIID HÂLDT GJIN SKOFT 

Hans de Vries docht in jiermannich mei oan it kabaretselskip fan syn bruorren Tetman en Jarich te Bitgum.
Taco Kingma skriuwt yn Bitgum, side 236:
Yn ’e hjerst fan 1943 begûnen se te repetearjen, alhiel net mei de bedoeling om ea in beropsselskip te wurden. Mar gewoan as in stel jonge minsken dy’t yn dy aaklike oarlochstiid wat woene. Op 23 jannewaris 1944 wie de earste opfiering fan ‘De tiid hâldt gjin skoft’ yn de herberch fan Van der Mei yn Bitgummole. En doe by kastlein Dooitzen Nauta yn Bitgum./…/
Dat earste Selskip Tetman wie noch alhiel in famyljeoangelegenheid; fjouwer bruorren: Tetman en Jarich, Jehannes (Hans) en Tsjip en twa susters: Anne en Tsjikke. Dat wie ien fan de redenen fan it ûnbidige sukses: sa’n ien en miene húshâlding yn dy ferskuorrende tiid!

IX.4 Dooitze Berends Nauta
* Bitgum 1-2-1878 † dêr 30-10-1954, 76 jier, [] Bitgum; earst NH, letter GT, lykas syn frou en bern; skipper en timmerfeint te Bitgum; Doaitze en Meindertsje wenje earst yn by Meindertsje har âlden, se komme 23-5-1907 op harsels te wenjen; Doaitse is letter ek meteropnimmer en kastlein yn By de Greate Pomp te Bitgum, dêrneist driuwt er in timmersaak (nrs 46, 153, 31, 364, 113, 10);
x 1 Menameradiel 25-5-1903, 25 en 24 jier, Meindertje Klazes van der Meij (Meintsje) * Bitgum 16-5-1879 † dêr 22-10-1904, 25 jier, fjirtjin dagen nei de berte fan har dochter Maaike, [] Bitgum, rigel 4, grêf 19; ferhuzet 26-5-1900 nei Huzum, komt 21-8 fan dat jier yn te wenjen by har heit en mem; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Dirks van der Meij, timmerfeint te Bitgum (nrs 202, 185), en Maaike Gerkes Dijkstra, Maaike kin net skriuwe;
x 2 Menameradiel 23-5-1907, 29 en 24 jier, Lijsbert Symens Hoppinga (Lys) * Bitgum 14-5-1883 † dêr 6-6-1981, 98 jier, [] Bitgum; faam yn Bitgum en Skearnegoutum, komt dêrwei op 8-9-1905 wer yn Bitgum, by trouwen dêr sûnder berop; kastleinske en hotelhâldster yn By de Grutte Pomp te Bitgum; suster fan Janke IX.3; dr fan Symen Wygers Hoppinga, arbeider te Menaam, St.-Anne en Bitgum, en Janke Reimers Hoogerhuis
Sjoch: Genealogy Hoppinga – IV.1.2
Bern út it earste houlik:
1 Maaike Nauta * Bitgum 9-10-1904 † Ljouwert 22-10-1990, 85 jier; bewaarskoalleûnderwizeres, letter haad Bewaarskoalle; besprekster fan boeken; wennet sûnt 12-11-1924 yn by Johannes Dieters te Bitgum (nr 142);
x Menameradiel 13-8-1925, 20 en 23 jier, Broer Pieters Siderius * Bitgum 24-3-1900 † Ljouwert 29-1-1992, 91 jier; arbeider te Bitgummole; as jongfeint lapkekeapman, manufakturier sûnt 13-8-1925 te Marsum (nr 161); 50er jierren idem te Ljouwert; sn fan Pieter Broers Siderius, arbeider wenjend oan ’e Langstraat te Bitgummole, en Dirkje Annes van der Plaats
Sjoch: Johannes Woudstra, Siderius – de Familie en het Handschrift, Ljouwert 2002, ISBN 90 9015705 0, side 196
2 Janke Nauta * Bitgum 28-1-1910 † 15-5-1963, 52 jier, [] Tsjom; by trouwen sûnder berop te Bitgum; ferfart 26-2-1935 nei Nederlâns Indië; komt dêrwei op 10-10-1938 yn Ljouwert;
x Menameradiel 23-3-1933, 23 en 31 jier, Auke Hijlarides (ek: Hylarides) * Tsjom 26-12-1901 † 1-12-1988, 86 jier, [] Tsjom; by trouwen wurktúchboukundige te Batavia, komt dêrwei op 15-10-1938 yn Ljouwert; sn fan Schelte Aukes Hijlarides, arbeider te Tsjom, en Trijntje Klazes Klaassens
By it houlik wennet Auke yn Batavia en wurdt er fertsjintwurdige troch de folmacht Pieter Faber, keapman te Tsjom.

Lysbeth Symens Hoppinga en Dooitze Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Maaike Dooitzes Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

§ OMKE DOAITSE EN MUOIKE LYS FAN ’E POMP
Doaitse en Lys Nauta-Hoppinga binne grou tweintich jier kastlein yn ’e herberch By de Grutte Pomp yn ’e Buorren te Bitgum, fan 1924 oant 1947 .  
Taco Kingma skriuwt yn Bitgum, skiednis fan Bitgum en Bitgummole, side 217:
/…/yn 1924 begûn it tiidrek fan ‘omke’ Dooitzen Nauta en syn frou, ‘muoike’ Lys Hoppinga. Dy waarden sa neamd omdat se sa’n heap omke- en muoikesizzers yn de beide doarpen hiene, en dat omke- en muoike waard op ’t lêst oernommen troch de herberchbesikers. Troch dizze minsken waard de herberch in begryp. It wie dêr skjin en kreas, gesellich en sfearfol. Reizgers en eigen doarpsminsken kamen graach.
In protte gearkomsten, brulloften en begraffenissen waarden dêr holden. Dokter Bouma hie hjir in pear jier konsultaasjeburo. In middelpunt fan it doarp mei in soad oanrin foar muoike Lys
Nauta hie der ek fan alles by: meteropnimme, timmerje, skoaljild, hûne- en tonnebelesting ophelje en spylje op ’e fioele! Dat koe hy omraak./…/

By de Greate Pomp te Bitgum
Hotel-Kafee-Restaurant By de Greate Pomp yn ’e Buorren te Bitgum, yn ’e tiid dat Kornelis Douwes Joustra (Kees) en Baukje Geerts Fopma hjir as kroechbazen de septer swaaie. Sûnt 1924 binne Doaitse en Lys Nauta hjir kastlein, en mear as dat
Dooitze Berends Nauta rouadvertinsje 1957
Ljouwerter Krante, 31-10-1954


IX.5 Minne Berends Nauta
* Bitgum 19-1-1880 † dêr 17-12-1945, 65 jier, [] Bitgum; GT; by trouwen skipper te Bitgum; ferfart Alde Maaie 1918 nei Ingelum, ferhuzet dêrwei op 1-5-1920 nei Tsjummearum; letter wer skipper te Bitgum; as de beurtskipperij net mear tsjin de auto op kin, keapet er in affearen yn krudenierswaren te Bitgummole en wurdt er winkelman;
x 1 Menameradiel 25-5-1904, 24 en 23 jier, Klaasje Dirks van Dussen * St.-Anne 15-10-1880 † Bitgum 23-3-1929, 48 jier, [] Ingelum; by trouwen naaister te Ingelum; dr fan Dirk Cornelis van Dussen, arbeider te St.-Anne, Berltsum en Ingelum, en Antje Wiegers Wiersma
x 2 Menameradiel 10-11-1932, 52 en 30 jier, Grietje Jans Dijkstra * Jellum 8-10-1902 † Snits, De Ielannen, 18-11-1993, 91 jier, [] Jellum; faam, sûnt Alde Maaie 1920 yn Mantgum, sûnt Alde Maaie 1924 te Froubuorren, sûnt 7-11-1928 te Dronryp (by J. Kooistra); foar har trouwen húshâldster by har man; winkelfrou te Bitgummole; dr fan Jan Gerrits Dijkstra, arbeider te Jellum, en Sjoerdtje Gerbens Schilstra (sjoch foar portretten anneks personalia: Foto-album Nauta, side 9)
Bern út it twadde houlik:
1 Berend Minnes Nauta
x 1 Sietske Venema
x 2 Jeltje Rodenhuis
2 Jan Minnes Nauta, folget X.4

Minne Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Klaasje Dirks van Dussen. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Klaasje van Dussen rou-advertinsje 1929
Ljouwerter Krante, 23 en 25-3-1929
Minne Berends Nauta rouadvertinsje 1945
Ljouwerter Krante, 19-12-1945
Grietje Jans Dijkstra rouadvertinsje 1993
Ljouwerter Krante, 19-11-1993


§ IN KURIEUS KLOKJE

Yn ’e neilittenskip fan Minne Bearns Nauta is in kurieus oerwurk bewarre, mei de ynskripsje:
K. KLEITERP/Horlogien Klokken/Goud en Zilverwerken/Kor […]/te/BERLIKUM
De makker is Klaas Rinkes Kleiterp * Mantgum 21-2-1831 † Ljouwert 7-7-1902, 71 jier, [] Berltsum; by trouwen en sûnt horloazjemakker te Berltsum, ferfart op Alde Maaie 1869 nei Ljouwert; by twadde houlik sûnder berop te Ljouwert;yn 1876 boer te Holwert, sûnt 31-5-1876 te Ljouwert; sn fan Rinke Klazes Kleiterp en Janke Popes Wynia, boeren te Mantgum;
x 1 Menameradiel 2-8-1860, 29 en 26 jier, Waltje Pieters Plantenga * Marrum 4-3-1834 †  Berltsum 29-7-1864, 30 jier; dr fan Pieter Klazes Plantenga, yn 1834 griffier by it Fredegerjocht Kanton Hallum, wenjend te Marrum, yn 1840 idem by it Kantongerjocht te Berltsum, en Sjouwkje Jacobus Brouwer; twa bern: Pope * Berltsum 21-1-1861; Pieter * Kleaster Anjum 12-8-1862, x Anna Alida Spleet;
x 2 Utingeradiel 8-2-1872, beide 40 jier, Elske Harmanus Posthumus * Aldeboarn 21-4-1831 † Ljouwert 27-2-1909; dr fan Harmanus Feddes Posthumus en Christina Jans Mook, boeren te Aldeboarn.
It klokje komt nei alle gedachten út it Berltsumer Van Dussen-laach.

Oerwurk fan Klaas Rinkes Kleiterp
Oerwurk fan Klaas Rinkes Kleiterp
De achterkant fan ’e bak, mei  trije barokke figueren en rjochts in hynder; makke fan dreaun sulver
Horloazje Kleiterp
De wizerplaat fan emalje, mei horloazjeketting en opwiner
Horloazje Kleiterp
De bak mei it binnenwurk

IX.6 Albertus Berends Nauta (Bertus) * Bitgum † dêr 5-1-1928, 45 jier, [] Bitgum, rigel 11, grêf 10; by trouwen skipper te Bitgum, by ferstjerren dêr arbeider, wenjend yn ien fan  De Tolve Plagen oan it Reedsje, letter Lytse Dyk, te Bitgummole;
x Menameradiel 18-5-1905, 22 en 21 jier, Trijntje Lumes de Vries (Tryn) * Menaam 23-12-1883 † Berltsum 27-6-1972, 88 jier, [] Bitgum, rigel 11, grêf 10; by trouwen faam te Bitgum; dr fan Lume Klazes de Vries, arbeider te Menaam en Bitgum, en Antje Jans Heerema (Antsje tekenet har eigen trou-akte wol, mar ferklearret dat se dat by dy fan har dochter Tryntsje net dwaan kin omdat se gjin skriuwen leard hat)
Bern:
1 Berend Nauta Azn, folget X.5
2 Anna Nauta * Bitgum 16-1-1917 † 20-8-2004, 87 jier, [] Dronryp; by trouwen naaister te Bitgum;
x Menameradiel 9-3-1939, 22 en 24 jier, Hillebrand Jelles Breuker (Hille) * Dronryp 20-6-1920 † 30-8-2002, 82 jier, [] Dronryp; by trouwen manufakturier te Dronryp; sn fan Jelle Hillebrands Breuker, manufakturier te Dronryp, en Harkje Tækeles Jansens

Albertus Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Trijntje Lumes de Vries. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Trijntje Lumes de Vries en Anna Albertus Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
De Tolve Plagen te Bitgummole om 1935 hinne
De Tolve Plagen te Bitgummole, dêr’t Bertus en Tryn Nauta wenje, hjir om 1935 hinne
De Tolve Plagen te Bitgummole, yn ôfbraak 1971
De Tolve Plagen te Bitgummole, yn ôfbraak, augustus 1971
Albertus Berends Nauta rouadvertinsje 1928
Ljouwerter Krante 6-1-1928
Trijntje Lumes de Vries roadvertinsje 1972
Ljouwerter Krante, 28-6-1972


GENERAASJE X
X.1 Berend Jelles Nauta
(Bean, Bearn) * Bitgummole 26-5-1903 † dêr 17-8-1973, 70 jier, [] Wier; boere-arbeider, letter bakkersfeint te Bitgum;  ferfart op 26-5-1925 út Bitgum nei Rie (dêr ynwenjend bakkersfeint by N. Nettinga), komt dêrwei op 4-9-1925 yn Bitgum; ferfart 20-8-1929 nei Koudum (Centrale Bakkerij); komt op 21-7-1930 út Feanwâlden yn Bitgum; bakkersfeint by de koöperaasje Excelsior te Bitgummole en by bakker Jacob Douwes Bergsma en Jacobje Johannes de Boer (wennet (nr 308J, Langestraat);  molkrider mei hynder en wein; wurksum op it molkfabryk te Berltsum, sûnt 1944 op ’e Coöperative Condens Fabriek (CCF) te Ljouwert;
x Menameradiel 14-5-1934, 22 en 31 jier, Elisabeth Thysses van Gelder (Lysbeth) * Berltsum 6-6-1912 † Bitgummole, wenjend Berlingahem Berltsum, 18-5-1995, 82, jier, [] Wier; Nederlâns Herfoarmd, letter Doopsgesind; faam te Dronryp; komt op 19-10-1926 út Akkrum yn Menaam (nr 118), is dêr oant Alde Maaie 1928 ynwenjend faam by L.G. Witteveen; fan Alde Maaie 1930 oant 31-12-1930 ynwenjend faam by J. de Boer te Berltsum (nr 8); wennet yn 1930 wer by har âlden; fan Alde Maaie 1931 oant Alde Maaie 1932 ynwenjend faam by S.W. Bruinsma te Dronryp (nr 201); fan Alde Maaie 1932 oant Alde Maaie 1933 idem by D.J. Post te Dronryp (nr 393); ferhuzet 18-1-1934 nei West-Skylge; komt dêrwei werom op 5-4-1934, dan wer faam te Dronryp, by har trouwen allyksa; dr fan Thys Lolkes van Gelder, arbeider te Berltsum, molkfabryksarbeider te Dronryp, en Nieske Wops Schat
Sjoch: Genealogy Van Gelder Wier-Berltsum – XII.4.1
Bern:
1 Jelle Berends Nauta
x Anneke Zwerver
2 Thijs Nauta
3 Willem Nauta
4 Nico Nauta
5 Tinus Nauta
6 Riemer Nauta
7 Nieske Nauta

Berend Jelles Nauta en Elisabeth van Gelder advertinsje
Ljouwerter Krante
Berend Jelles Nauta rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 18-8-1971
Elisabeth Nauta-van Gelder, rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 20-5-1995

X.2 Berend Jans Nauta * Bitgum 23-3-1907; tekener, ferfart 27-10-1928 nei Hengelo (Buitenweg 23), Oerisel, komt dêrwei 30-4-1930 yn Bitgum; wennet yn 1957 te Swolle;
x T. van der Berg

X.3 Berend Ypes Nauta * Bitgum 24-1-1907 † Ljouwert, Nieuw Mellens, 3-4-1998, 91 jier, [kremeard] Goutum; GT; ynwenjend smitsfeint op ûnderskate plakken: giet 16-6-1924 út Bitgum nei Brantgum, komt dêrwei op 24-10-1924 yn Bitgum, ferfart dêrwei op 13-12-1924 nei Penjum, komt dêrwei op 8-5-1925 yn Bitgum, ferhuzet op 25-11-1927 dêrwei nei Tsjummearum (by P. Keuning), komt op 23-8-1927 út St.-Anne yn Bitgum; by trouwen gernier te Bitgum; wennet nei syn trouwen te Beek; kastlein yn Groot Terhorne te Bitgummole; de húshâlding ferfart 24-5-1937 nei Ljouwert (Feestrjitte 13), Bearn is dêr ierdappelkeapman;
x It Bilt 22-5-1930, 23 en 22 jier, Beitske Hagedoorn * Mantgum 18-2-1908 † 11-12-1997, 91 jier, [kremeard] Goutum; by trouwen helpster yn ’e Bewaarskoalle te St.-Anne; dr fan Hans Pylgers Hagedoorn, arbeider te Jorwert, Weidum, Mantgum, Britswert, sûnt Alde Maaie 1918 idem te St.-Anne (nr 282), dêr letter gernier, en Klara Mattheus Heslinga
Bern:
1 Ype Nauta * Bitgum 24-1-1931
2 Hans Nauta
* Bitgum 31-7-1933 † dêr 25-8-1933, krapoan in moanne
3 Hans Nauta * Ljouwert 1-6-1937; kastlein yn Het Grauwe Paard te Marsum;
x Doetje van Wieren
4 Klara Nauta
/Tiel/

Groot Terhorne - Bitgummole
Rjochts Hotel-Kafee-Restaurant Groot Terhorne te Bitgummole, mei rjochts de trochreed, dêrfoar de trambaan. Hjir binne Bearn en Beitske Nauta kastlein
Berend Ypes Nauta rouadvertinsje 1998
Ljouwerter Krante, 7-4-1998


X.4 Jan Minnes Nauta

x Rinske Span
Bern:
1 Minne Nauta; binnenfeartskipper op de MS Samara, thúshaven te Creil
2 Doetie Nauta

X.5 Berend Nauta Azn (Bé) * Bitgum 13-8-1906 † It Hearrenfean, Oranjewâldflat 318, 15-11-1988, 82 jier, [kremeard] Goutum; Ridder yn ’e Oarde fan Oranje-Nassau; yn 1940 sekretaris fan it gewest Grinslân fan de Nederlandsche Unie, ferbean ein 1941; sûnt de oprjochting yn 1946 warber yn de Partij van de Arbeid; 1945 haad Regeeringsvoorlichtingsdienst (RVD) foar de distrikten Grinslân-Drinte; dir. Noord-Nederlandse Coöperatieve Eierhandel (NNC) te Grins; 1946 boargemaster fan Wedde; 1952-1971 idem fan Harns; 1972-1973 waarnimmend boargemaster fan Giethoorn en Wanneperveen;
x Grins 10-10-1932, beide 26 jier, Jantje Antonia Stuiver * Zwolle 20-7-1906; dr fan Hendrik Coenraad Stuiver, yn 1906 arbeider te Frederiksoord, gemeente Vledder, en Trijntje Rinkes Lemstra
Sjoch: Berend Nauta
Bern:
1 Trijntje Nauta (Tineke)
x Pieter de Graaf; sn fan Jelle Pieters de Graaf, yn 1930 kommys by de Ryks Direkte Belestingtsjinst te Blijham, en Hantje Scheltes Hellinga
2 Anna Nauta
x E. Goedhart

Berend Nauta Azn rouadvertinsje 1988
Ljouwerter Krante, 16-11-1988
Berend Nauta Azn In Memoriam LC 1988
Ljouwerter Krante, 16-11-1988