GENEALOGY
HILLEMA
HELLEMA
CLOECK HELLEMA

De Hillema’s en Hellema’s yn dizze genealogy ha har achternamme grif ûntliend oan Hillema of Hellema state op Jousmabuorren ûnder Hallum. Doeke Baukes (II.3) keapet 21 april 1738 Hillema State mei singel, hûs, skuorre, berch, lytshûs, hôf en binnengrêft, fan Jonker Nehemia Vegelin van Claerbergen en Tsjamke Baukes Unia, foar 631 goudgûnen.
Yn 1511 húsmannet Lieuwe Hillema dêr, yn 1531, 1544 en 1554 wurdt dat stee bewenne troch Meynert Hillema, folmacht foar Ferwerteradiel en yn 1540 rjochter te Hallum. Omstrings 1615 binne Meynert en Hille Hillema dykplichtigen fan ’e Monnikebiltdyk. By dat plak wurdt in stik leech lizzend lân it Hillema- of Hellemerleech neamd.
De lju yn ’e stambeam hjirûnder stamme net ôf fan dy 16e iuske Hillema’s of Hellema’s

 

Ut de neilittenskip fan Doeke Wygers Hellema (1766-1856, IV.3) binne gâns dokuminten bewarre bleaun. Erfgoed Fundaasje ynventariseart en beskriuwt dy, sadat elkenien der wat oan ha kin. Hjirboppe in Nijjierslokwinsk út 1793. Kolleksje Hellema

Hjirûnder in greep út de Kolleksje Hellema-Hettema:


Research and composition: Erfgoed Fundaasje/Heritage Foundation.
This genealogy is far from complete: being worked on. Additions and enhancements? See form.

Dizze genealogy is noch lang net wat it wêze sil: wurdt oan trochwurke. Graach oanfullingen en ferbetteringen. Sjoch kontaktformulier.
Gâns gegevens hjirûnder binne mei tank oernommen út:
Doeke Wygers Hellema – Dagboeken – Historisch Centrum Leeuwarden
Jochum Hoekstra, Minne Hoekstra – De familie Hellema, eigen behear, 1999
Ir. F.Th.H. Nauta – Een geslacht Hellema en aanverwante geslachten: Beekhuis, Vlaskamp, Sinninghe Damsté, Cloeck, n.d., 1991
Christina Hellema – Stamboom Hellema, n.d.
Hellema
, genealogy, n.n., n.d.
Simon Wierstra – Hellema, ûnderskate yngongen op internet
Stichting Erfskip Terpdoarpen
Ferskillende hanskriften oangeande genealogiën Hellema, argyf Hellema
Sjoch ek: Erfgoed Fundaasje – Hettema – Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema.

Oanfulllingen, ferbetteringen binne tige wolkom; allyksa dokuminten, lykas foto’s, brieven, akten. Itselde jildt foar libbenssketsen en anekdoaten.
Sok erfguod kin troch Erfgoed Fundaasje argiveard wurde en foar de takomst feilichsteld by de gemeente Waadhoeke. Wês foarsichtich mei fuortdwaan. Foar priveedokuminten jilde beskermjende betingsten oangeande wol of net ynsage. Nim kontakt op foar frijbliuwende foarljochting: formulier – mail: info@erfgoed-fundaasje.nl

Undersyk: Erfgoed Fundaasje yn ’e mande mei Johannes Woudstra te Ljouwert (earste generaasjes o/m Wyger en Baucke Doekes)

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Sykje mei de sykfunksje.

 

Mooglike pake fan I
Baucke Doeckes ~ Hallum, op belidenis, 5-5-1670; wennet te Hallum;
x Ljouwert 31-3-1641 (attestaasje *ofjûn te Hallum 14-2-1641, sy fan Wyns), hy fan Hallum, sy fan Oentsjerk (attestaasje ôfjûn te Hallum 14-2-1641, sy dan fan Wyns) Sjieuwke Pieters
Bern [?], soan fan Sjieuwke Pieters of fan Bauke Doeckes:
Pieter Baukes;
x N.N.
Bern:
1 Arjen Pieters, folget IA
2 Bauke Pieters, folget I

IA Arjen Pieters † 17-6-1733; wennet te Hallum
16/134 3e pr. 27-10-1710 echtpear te Hallum keapje 3 3/4 pûnsmiet lân en in hûs te Hallum
x Hallum 7-6-1705 Grietje Jans
Bern [?]:
1 Pieter Arjens, folget IIA


GENERAASJE I
Baucke Pytters † foardat 12-5-1733; boer en timmerman te Hallum; lidmaat Hallum 1682, âlderling yn 1712 en 1720; yn 1718 brûker fan stimnr 84 fan it St. Anthony Gasthûs
FER85 collboek 27-7-1733 Harmen en Doeke Baukes en de bern fan de ferstoarne Pieter Baukes binne erfgenamten fan omke Arjen Pieters te Hallum, gjin heffing. 15/211 3e pr. 16-3-1705 Bauke Pieters c.u. te Hallum keapet dêr in hûs op ’e Lange Buorren fan Sjuck van Burmania foar 557 carolus gûne; neistlizzer Jacob Jans van Yssel.
38/1 6-12-1723 B.P. mr timmerman. Kurator fan Tjerk Piers, soan fan Pier Piers.
Aut. 8-3-1738 Harmen, Doeke en de bern fan de ferstoarne Pieter Baukes elk foar 1/3 erfgenamt fan Trijntje Harmens. 77/315 de widdo hat in foardering op Tetje Ates widdo fan Pieter Baukes 12-5-1773/7-5-1742. 
x Hallum 20-9-1696 Trijntje Harmens Adema ~ Hallum 24 des. 1665 (komt fan Frjentsjer), † Hallum jan./maart 1738, dr f. Harmen Eelckes Adema, timmerman, yn 1657 te Amsterdam, letter te Stiens en Hallum, yn 1687 in hoartsje yn Ljouwert, komt itselde jier yn Hallum werom; dêr diaken 1670, en Antje Gerrits.
Bern:

1 Pieter Bauckes, folget II.1 
2 Harmen Bauckes, folget II.2 
3 Doeke Bauckes Hellema, folget II.3

 

GENERAASJE II
IIA [?] Pieter Arjens; timmerman en boer, hy en syn frou keapje yn 1725 in hûs te Hallum (18/127 3e pr. 5-11-1725) en ferkeapje yn 1736 dêr in hus (19/282 3e pr. 5-3-1736); yn 1736 húslju te Hijum; Pieter Arjens brûkt op 18-2-1741 in roggemole te Hijum (LWL 37/128); yn 1742 by doop fan soan Age fermeld te Stiens;
x Hallum 2-1-1724, beide fan Hallum, Sytske Sytses; dr fan Sytse Jans en Trijntje Ages Poelstra
LWL149/108 Sytske Sytses, húsfrou fan Pieter Arjens timmerman te Hallum, keapet mei Sybolt Ages Poelstra te Feinsum 25 pûnsmiet ûnder Hijum
Bern:
1 Trijntje Pieters ~ Hallum 1724
2 Tytje Pieters ~ Hallum 1728
3 Tytie Pieters ~ Hijum 1731
4 Akke Pieters ~ Hijum 1733
5 Arjen Pieters ~ Hijum 1736
6 Age Pieters ~ Hijum 1742
7 Doetje Pieters ~Hijum 1742
8 Jan Pieters ~ Hijum 1746

II.1 Pieter Baukes ~ Hallum 27-10-1697 † foar 6-11-1730; yn 1728 bouboeren te Hallum op stimnr 68;
x Grou 2-10-1703, 26 en 20 jier, dan beide fan Grou, Tetje Ates (ek: Fetje?) ~ Grou 2-10-1703; dr fan Ate Baukes en Sytske Pieters;
Tetje x 2 1730 Hotse Ysbrands Mellinga
1728 de widdo brûkt stimnr 68 Hallum; 1726 nr Hallum.  Aut. 6-11-1730 fanwegen twadde houlik fan Tetsje wurde Harmen en Doeke Baukes te Hallum, folle omkes, kuratoaren (Aut. 12-3-1739) Pieter Broers timmerman te Hallum cur. kk. 1e houlik ynsake erfenis beppe Trijntje Harmens; 77/313 de widdo is wer troud en regelet mei de kuratoaren it ûnreplik guod fan heit 23-3-1732/7-5-1742
Bern:
1 Trijntje Pieters ~ Grou 15-11-1724;
x Hallum 1745, beide fan Hallum, Johannes Keimpes; smid te Hallum
 Aut. 22-3-1773 kurator oer de twa bern fan Doeke Baukes Hellema
Johannes x 1 Trijntje Tammes
Bern:
1 Maike Johannes ~ 1748;
x Johan Coenraad Zimmerman † foar 29-12-1777; wennet te Hallum en Wânswert
Aut. 29-12-1777 Johannes Keimpes pake fan Sjoerd Hendiks en Leendert Jans, boer te Ferwert, kurator
79/93 Andries Salverda boargemaster fan Frjentsjer 1/4, Jeltje Salverda widdo fan Sieds Banga boargemaster fan Frjentsjer 1/4 en Johan Coenraad Zimmerman 1/2, ferkeapje oan Jan Martens ûnder Marrum in sate op it Monnikebilt ûnder Hallum yn gebrûk by Doen (Daem) Jans 6-10-1769/1-5-1773

2 Tetje Johannes ~ 1758
2 Bauke Pieters ~ Hallum 25-8-1726

II.2 Harmen Bauckes ~ Hallum 16-7-1699; boer te Hallum, yn 1728 brûker fan stimnr 84 fan it St.-Anthony Gasthûs;
FER 52/28  erfgenamten fan Hans Harmens, ferstoarn 26-4-1785, ûnder oaren Willem Abes en Johannes Jans cur kk. fan Aan Dirks te Froubuorren en Tymen Jans, te Hallum
x Hallum 1723 Antje Hylkes; dr fan Hyltje Botes en Gertje Botes
Bern:
1 Bauke Harmens, folget, III.1
2 Gertje Harmens
~ 1726
x Symen Jans; wennet te Burdaard
3 Hans Harmens ~ 1727 †26-4-1785, 58 jaar
4 Trijntje Harmens ~ 1729
x Nammen Pieters; wennet yn 1762 te Hallum, yn 1763 te Stiens; Nammen is de stamheit fan ’e famylje Halma/Hallema
LWL153/195 Nammen Pieters te Hallum keapet op 8-12-1762 in 14/16 part fan in hûs en skuorre c.a. en hoarnleger op it Stienzer Aldlân; LWL153/201 Nammen Pieters te Stiens keapet op 7-9-1763 in 14/16 fan in hûs, skuorre c.a. op it Stienzer Aldlân fan Tjitske en Ymkje Dirks en mannen (NB der stiet in14/16 part, mar dat sil 2/16 part wêze, want de keapsom is mar 28 carlus gûne
5  Aaltje Harmens ~ 1730;
x 1755, hy by trouwen fan Gytsjerk, Aan Dirks; wennet te Froubuorren
6 Antje Harmens ~ 1732
7 Pytje Harmens ~1734
8 Pieter Harmens ~ 1736
9 Froukje Harmens ~ 1739;
x 1765 Tymen Jans; wennet te Hallum

II.3 Doeke Baukes Hellema ~ Hallum 22-10-1702 † Ferwert fóár 9-12-1762; mei ynfong fan 2-4-1738 eigenerfd boer op Hillema state; yn 1738 brûker fan stim 74; yn 1748 eigner en brûker fan Jansma state, ek brûker fan stim 22,60 en 61; yn 1758 eigner en brûker fan stim 32 en brûker fan stim 60 op Jousmabuorren of Jousterbuorren ûnder Hallum; yn 1754 bysitter (=wethâlder) fan Ferwerteradiel, frederjochter fan Ferwerteradiel; bierbrouwer te Hallum; lidmaat op belidenis te Hallum 6-5-1729; op lidmatelist 1734 en 1758;
x 1 Hallum 23-5-1728 Imck Aukes (ek: Imkje, Emke) ~ Marrum 22-11-1705 † Hallum 1736/1737, dr f. Auke Sybrands (ek: Sybrens), Mr skuonmakker te Marrum, en Antje  Nob; x 2 14-12-1738 Ytje Wygers ~ Hallum 24-2-1715 † Hallum 1754/58, Ytsje stiet net op ’e lidmatelist fan Hallum; dr f. [?] Wyger Johannes en Maaike Doedes.
V1744: Doeke Baukes te Hallum, húshâlding 10 persoanen, 12-0-0.
Q1749: D.B. te Hallum, ‘welgestelde boer’, 7+4, 75-3-0 + 14-3-0.
FER 39 d.d. 6-11-1730: Doeke wurdt mei syn broer Harmen kurator oer de bern fan har broer Pieter Baukes, dy’t fertige is. De widdo Tetje Ates (ek: Fetje?) sil wer trouwe.
FER 39 d.d.18-3-1738: Doeke syn mem Tryntje Harmens is ferstoarn; erfgenamten binne Harmen Baukes foar 1/3, Doeke Baukes foar 1/3 en de twa bern fan Pieter Baukes foar elk in sechsde part.
FER 39 d.d.3-6-1740: Doeke is kurator oangeande de neilittenskip fan ’e ferstoarne Sietse Johannes op Jouwsmabuorren ûnder Hallum. Sietse is in omke fan Doeke syn frou.
FER 49 d.d.9-12-1762: nei syn ferstjerren wurde Bouwe Montes Boersma en Hans Folkerts te Hallum beneamd as kuratoaren oer syn minderjierrige bern: Wieger, 22 jier, Pieter, 19 jier en op reis nei Indië, Anne, 16 jier, Trientje, 14 jier, Aaltje, 11 jier en Gerrit, 8 jier. Dêrnei folget in ynventarisaasje dêr’t ek de fjouwer bern út it earste boask by belutsen binne.
Autorisaasjeboeken 9-12-1762 Bouwe Montes Boerma en Hans Folkerts, timmerman te Hallum, en Harmen Baukes, omke, kurator bern 2e houlik 49/324 9-12-162 ynvintaris stjerhûs fan Doeke Baukes Hellema, bysitter te Hallum, sate grut 70 pûnsmiet yn hier by Auke en Arjen Doekes, hûs, skuorre en 15 pûnsmiet te Hallum en mear huzen te Hallum ûnder oaren mei in brouwerij. 59/346 10-12-11764 weesrekken net folslein mei-inoar ûntfongen 8.556 gûne;
19/285 3e pr. 23-1-1736 Doeke Baukes, húsman te Hallum, niaert rat. sang, ferkeap fan in hûs te Hallum troch Aafke Anes, widdo Oene Romkes;
19/204, 203, 202 3e pr. 21-4-1738 Duco Baukes te Hallum keapet mei-inoar 14 pûnsmiet lân te Hallum, idem 202, keapet stimgerjochtigd hoarnleger fan Hillema State mei singel, hûs, skuorre, berg en lytshûs, hôf etc. en binnengrêft foar 631 goudgûne; by alle transaksjes deselde ferkeaper, te witten Jonker Nehemia Vegelin van Claerbergen foar trijefjirde part en Tjamke Baukes Unia, húsfrou fan dr Cornelis Eisma te Stiens, foar in fjirde, ferkeap fan in hûs te Hallum;
19/196/8 3e pr. 16-6-1738 Duco Baukes keapet mei-inoar 19 pûnsmiet lân fan ’e selde ferkeapers, 7 pûnsmiet dêrfan leit yn Hillema;
9/149 3 pr. 20-2-1741 Doeke Baukes as kurator bonorum oer it goed fan de ferstoarne Sytse Johannes
19/123 3 pr. 2-7-1742 Ruurd W. Bokma te Marrum keapet hûs en hoarnleger mei stimnr 74 ûnder Hallum m.y.f. -5-1740, ûntromme troch Duco Baukes, fan Jonker M.F. van Burmania van Idzaerda te Rinsumageast;
36/2 22-5-1738 Doeke Baukes keapet 2 pûnsmiet op ’e Hallumer Mieden
Bern:
1 Bauke Doekes Hellema, folget III.2
2 Auke Doekes
Hellema ~ Hallum 20-4-1732, boer ûnder Hallum, net troud.
3 Arjen Doekes Hillema, folget III.3
4 Antje Doekes Hellema * Hallum 22-4-1736 † Grou 1811, 75 jier; docht belidenis te Huzum op 28-2-1767;
x Wânswert 28-6-1761 Hendrik Bartels Idzerda * Heech, komt 4-4-1763 fan Wânswert yn Huzum, ferfart 19-8-1768 nei Grou, skoalmaster te Grou; Antsje en Hindrik krije gjin bern;
Hindrik x 1 Wânswert 21-5-1752 Trijntje Minnes Stienstra (ek: Steenstra, Steinstra) † Wânsert omstr. 1759
Bern: Bartel Hendriks Idserda * Wânswert 14-1-1753; Minne Hendriks Idserda * Wânswert 3-5-1757
Bern út it twadde houlik:
5 Pyter Doekes ~ Hallum 18-5-1739 † dêr fóár 1743
6 Wyger Doekes Hellema, folget III.4
7 Pyter Doekes * Hallum 8-12-1743, jong †
8 Anne Doekes Hellema, folget III.3
9 Trijntje Doekes Hellema ~ Hallum 1-12-1748
x Andries Johannes Andriessen, te Suderdrachten, 1777 klokmakker te St.-Anne;
Bern:
1 Joukjen * Suderdrachten 17-10-1769
2 Doeke * Suderdrachten 11-9-1771
3 Ytje * Suderdrachten 12-4-1777
4 Antje * St.-Anne 8-2-1777

10 Aaltje Doekes Hellema ~ Hallum 4-4-1751
11 Gerrit Doekes Hellema ~ Hallum 7-4-1754, wennet foar syn trouwen te Wânswert;
x Húns 27-3-1780 Jeltje Johannes Twijnstra fan Húns; gjin bern.

 

GENERAASJE III
III.1 Bauke Harmens ~ Hallum 1724 † foar 26-4-1785; wennet te Hallum;
x 1775, beide fan Hallum, Gertje Jelles † foar 7-11-1794;
Ynvintaris fan har stjerhûs te Hallum 7-11-1794, kurators Jan Symens, húsman ûnder Hallum, en Jan Popkes te Marrum
Bern:
1 Harmen Baukes
2 Maaike Baukes
3 Bauke Baukes

III.2 Bauke Doekes Hellema ~ Hallum 30-10-1729 † Rie foar 1787; 1758 lidmaat te Hallum; belestingûntfanger te Rie;
x Hallum 22-2-1761 Baukje Gerrits, libbet noch yn 1794, ferfart yn 1788 fan Rie nei Hallum, dr f. Gerrit Ritskes, ûntfanger te Rie, en Tjitske Tjitses
81/121 Baukje Gerrits, widdo Bauke Doekes Hellema by libben ûntfanger te Rie, hat in skuld by Jonker Bartold van Sixma 8.171 carolus gûne oangeande in oankeap fan twa sates, ien fan syn bruorren en susters en ien fan syn healbruorren en -susters, by skieding yn 1779, 11-4-1783/5-10-1793
Bern:
1 Imke Baukes Hellema (ek: Ymkje) ~ Hallum 15-12-1761 † Hjerbeam 22-7-1810
x Rie 30-5-1784 Yme Ruurds Hellema * Rie 21-4-1761 † Frjentsjer 14-7-1815, soan fan Ruurd Ymes en Tjitske Minnes (fan Yme syn broer Minne stamme de Braaksma’s te Berltsum), yn 1788 boer op stim 5 fan Wânswert, letter te Jislum, oant 1811 boer op Ongeboer ûnder Hjerbeam, dan skipper te Frjentsjer;
Yme x 2 Hjerbeam 17-2-1811 Hyke Epkes Tichgelaar.
Sjoch foar skaai fan Yme: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Braaksma
Yme en Ymkje dogge belidenis te Rie 25-3-1785 en ferhúzje mei attestaasje te maaie 1786 nei Wânswert. Yn 1805 komt Ieme Ruurds fan Jislum nei Hjerbeam op speesjenûmer 8. Hy hâldt dan 9 kij, 4 rieren en 6 hynders.
Yme hat de skaainamme fan syn earste frou oernommen en dy lit er yn 1811 te Fjentsjer befestigje, mei foar de bern Tjetske, 25 jier, te Boalsert, Baukje, 24 te Hjerbeam, Geertje, 23 te Mullum, en Ruurd, 16 jier
2 Tjitske Baukes Hellema ~ Hallum 18-12-1763 † Bitgum 13-10-1820;
x Rie 8-2-1784 Jan Jans Jouwsma † Hallum 28-2-1813, gernier te Bitgum, sn f. Jan Jansen en Mintie Pieters
Mooglik hat Jan Jouwsma syn fan ûntliend oan Jousmabuorren ûnder Hallum
3 Antie Baukes Hellema * Rie 10-6-1773 † Frjentsjer 22-12-1821, Wyk 50 nr 88, by † arbeidster te Frjentsjer;
x 1 Hallum 30-11-1794 Sas Klazes Jepma, sn f. Klaas Kornelis Jepma en Tætske Sasses.
Bern Jepma:
1 Klaas Sasses Jepma x 1 Gretske Sakes Wijma; Klaas x 2 Menameradiel 4-6-1828 Lolkje Sjuks Hettema, widdo Wynhout Joukes Hoekstra; Klaas x 3 Menameradiel 12-5-1836 Neeltje Willems Hoitsma;
2 Baukje Sasses Jepma * Hallum 19-3-1797;
3 Doetje Sasses Jepma * Hallum 1-2-1801.
Antsje x 2 1800 Jan Pieters Pietersma † Koaningsbuurt ûnder Mullum 17-8-1821, koaltsjer dêr

III.3 Arjen Doekes Hillema ~ Hallum 28-3-1734 † Bitgum 18-12-1807, boer ûnder Huzum, x Hallum 20-4-1766 Rebecca Klazes † Bitgum 6-12-1787, (yn ’e stjerakte fan har dochter Tryntsje wurdt Rebekka Bieke neamd), yn 1766 te Huzum
Arjen Doekes neamt him Hillema, syn neiteam Hellema. Dit ‘Bitgumer’ laach is yn manlike lijn útstoarn yn 1882 mei Skelte Klazes Hellema (IV.2.1)
Bern:
1 Doeke Arjens Hellema, folget IV.1
2 Klaas Arjens Hellema, folget IV.2
3 Antje Arjens Hellema * Hallum 15-12-1772 † Berltsum 3-6-1853, lid op belidenis te Berltsum 4-6-1838, yn 1824 dêr sûnder berop,
x Jelle Gosses de Vries † Berltsum 6-3-1824
4 Pietje Arjens Hellema
* Hallum 15-11-1774  Wier 21-9-1840, 1840 genierske te Wier
x Ate Hendriks Boersma * Wier omstr. 1770  dêr 17-3-1828, nr 15, gernier dêr, sn f. Hendrik Ates en Antje Arjens
5 Trijntje Arjens Hellema * Hallum 7-8-1776 Wjelsryp 4-11-1846, 1824, 1833 winkelfrou te Wjelsryp;
x Reinder Hessels Reinsma * Dronryp omstr. 1774  Wjelsryp 12-10-1829, arbeider te Wjelsryp, sn f. Hessel Reinders Reinsma en Dieuwke Lolles
6 Titie Arjens Hellema (ek: Tietje) * Hallum 14-11-1781 Wier 15-2-1837, wennet yn 1817 te Mantgum
x 1 Cornelis Dirks Groeneveld † Wier 31-1-1812, gernier te Wier;
x 2 Menameradiel 3-12-1814 Sikke Hendriks Hiemstra * Burdaard 31-10-1781  Wier 6-7-1858, 1814 arbeider te Jannum, 1815 gernier te Wier, 1837 gernier/winkelman te Wier, 1858 dêr arbeider, sn f. Hendrik Klazes Hiemstra, timmerman te Burdaard, en Baukje Sikkes.

III.2 Wyger Doekes Hellema ~ Hallum 12-3-1741 dêr 1778, komt omstrings 1762 yn ’e kost by syn sweager Hindrik Bartels Idserda, skoalmaster en organist te Wânswert, x Wânswert  16-6-1765 Grietje Lykles (Hellema) * Surhusterfean 20-12-1733  op belidenis Wânswert 19-6-1791  Wânswert 30-12-1822, nr 3, dr f. Lykle Dirks, arbeider en skipper te Surhústerfean, en Grietje Jans.
Bern:
1 Doeke Wygers Hellema, folget IV.3
2 Ytje Wygers Hellema * 1770  1831, x Hallum 18-11-1789 Tjitze Gerrits Memerda, boer op ’e Hallumer Mieden.
Bern Memerda:
1 Wyger * 1811, x Jantje Egberts Gaikema
2 Grietje, x Dirks Mients Veldstra, arbeider te Aldtsjerk
3 Pieter, te Aldtsjerk
4 Wytske, x Pier Baukes Lettinga, boer op it Stienzer Aldlân
5 Doeke, boer te Boarnwert en Rinsumageast, komelker ûnder Wânswert, x Baukje Dirks Boonstra
6 Jan, kleanmakker te Hallum, Ferwert en Wânswert
7 Tjerk, boerefeint te Jannum
8 Lykle, boer te Menaam en Froubuorren, x 1 Klaaske Klazes Reitsma, x 2 Rinske Tækes Boersma.
Tsjisse Memerda hat trije foarbern, û.o.: Tjitske, x Sipke Tjeerds Hoogterp, boer ûnder Rinsumageast

Ytsje x 2 Ferwerteradiel 31-5-1832 Hendrik Tyssens Huizinga, boer ûnder Hallum
3 Trijntje Wygers Hellema * 1772, net troud, op âldere leeftyd blyn
4 Sytske Wygers Hellema * 1774  1814, x 11-5-1800 Sipke Wopkes Overdijk, * omstr. 1777, boer ûnder Goutum; 4 dochters, 1 soan
5 Lykele Wygers Hellema, folget IV.4

III.3 Anne Doekes Hellema * Hallum 24-3-1746, x Jieskje Fokkes.
Bern:
1 Ytje Annes Hellema * Achlum omstr. 1781  dêr 22-8-1857, nr 19,  boerinne te Achlum op Grut Dearsum, wennet yn 1829 te Mullum, by ferstjerren sûnder berop te Achlum, x 1 Wybren Fongers Oosterbaan † Achlum 29-3-1821; yn 1802, 1805 boer te Burchwert, letter op Grut Dearsum te Achlum;
Ytsje x 2 Barradiel 26-5-1829 (op houlikse betingsten, Notarieel Argyf Barradiel nr 26, ynvnr. 105007, aktenr 00049) Jan Piers Draisma * Achlum 1792  Harns 28-7-1852, eigenerfd boer op Grut Ludum (ek: Luidum) ûnder Achlum, sn f. Pier Aukes Draisma, boer oan ’e Grienedyk (Slachtedyk) tusken Arum, Kimswert en Achlum, sûnt 1790 op op Grut Ludum (earst hierder, letter eigener), by syn ferstjerren âldst gemeenteriedslid fan Frjentsjerteradiel, en Tjitske Ulbes Haitsma.

Ljouwerter Krante, 28-8 en 4-9-1857:

Jan Piers Draisma skinkt syn pleats Grut Ludum oan ’e tsjerke fan Achlum, ek draacht er by oan ’e skinking fan it oargel, fermeld op in tinkplaat.
As er deropútgiet docht er dat mei in djoerabel reau mei twa gelikense wite skimmels derfoar, dy binne f 400,- wurdich. Yn 1839 keapet er it reau foar f 280,-, foar it túch telt er f 78,- del.


Tinkstien yn ’e tsjerkemuorre te Achlum.
Jan Piers Draisma is in broer fan Ulbe Piers Draisma, de oprjochter fan de Brânassurânsje Maatskippij Achlum 1811, foarrinner fan Achmea
Boarne
www.vandervelde.net

GENERAASJE IV
IV.1 Doeke Arjens Hellema ~ Hallum 8-3-1767  Bitgum 10-10-1836, nr 92, gernier te Bitgum, x Jantje Pieters.
Bern:
1 Arjen Doekes Hellema, folget V.1

IV.2  Klaas Arjens Hellema (sn.f. III.1) ~ Hallum 6-11-1768  Bitgum 20-5-1843, gernier te Bitgum, x Wijke Scheltes Heslinga † Bitgum 17-8-1846, dr f. Schelte Gerbens Heslinga, boer ûnder Bitgum, en Geertje Gerbens (Geartsje komt soms ek foar mei de achternamme Heslinga: mooglik nimt se sels betiden dy fan har man oan, of oaren jouwe har dy.)
Bern:
1 Schelte Klazes Hellema * Bitgum 3-2-1799  Ljouwert, wenjend te Bitgummole 29-1-1882 [] Bitgum rigel 4, grêf 6, gernier mei syn suster Geartsje op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; net troud
Ljouwerter Krante 18-6 en 8-7-1870:

2 Geertje Klazes Hellema * Bitgum 1800 † Dyksterhuzen ûnder Bitgummole 21-4-1856, gernierske mei har broer Skelte; net troud
Meidieling tink fan Jabik Keimpes Dykstra te Bitgummole: Dy Hellema’s – Skelte en Geartsje dan – hienen ienichsins in gerennommearde namme troch har foarnaamachtige foarm fan leven.
3 Trijntje Klazes Hellema * Bitgum 3-8-
1806 [] Bitgum rigel 34, grêf 3, x Menameradiel 21-5-1835 Reimer Baukes Heslinga * Froubuorren omstrings 1806 † Bitgum 16-4-1878, hûsnr 213 [] Bitgum rigel 26, grêf 16, by x arbeider by syn heit, letter oant syn dea gernier te Bitgum, sn f. Bauke Jacobs Heslinga, boer ûnder Froubuorren, en Wintje Reimers Koopal.
By de bern út de húshâlding fan Klaas Arjens Hellema en Wijke Skeltes Heslinga – beide fan begoedige komôf, mar by tsjinslaggen fan ûnder oaren jerappelwurgens en wat dies meer zij gjin fersekerings – binne de ferskillen ekonomys grut: de âldsten Skelte en Geartsje kinne it oant op har âlde dei mei har fertsjinste út de grutte gernierkerij as rinteniers goed dwaan, deropút yn ’e sjees. Tytsje en Nammen rêde it op. Ymkje en Piter buorkje behoarlik. Dêrtuskenyn komme Tryn en Reimer oan ’e krapperein. Dat kin men ek sjen oan de lêste reis fan dy har omskot: dat wurdt byset oan ’e goedkeapere noardkant fan it Bitgumer hôf. It stoflik oerbliuwsel fan frou en man komt dêr net byinoar te lizzen, nee, it stoflike fan Tryn leit in heel ein fan dat fan Reimer sines ôf. Lit stean ‘yn ’e earmen fan it foargeslacht’, sa’t Doeke Wygers it sa moai beneamt. Dat kinne Tryn en Reimer net betelje.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Heslinga, Genealogy Koopal/Koopmans
4 Tietje Klazes Hellema [] Bitgum rigel 4, grêf 14, by x faam te Bitgum, gernierske, x Menameradiel 12-5-1824 Nammen Gerbens Ferwerda * Stiens † Bitgum 21-4-1856 (hûsnr. 40) [] Bitgum rigel 4, grêf 15, by x ovenfeint te Bitgum, letter gernier oan ’e Langestraat; âlderling Christelijk Afgescheiden Gemeente Bitgum, sn f. Gerben Sjoerds Ferwerda, arbeider te Feinsum, en Pietje Nammens Lap (ek: Lipstra, yn stjerakte fan har soan Nammen)
Tytsje ferkeapet op 7-5-1877 boulân oan har muoikesizzer Klaas Pieters Hoogland (sn f. Imkje IV.2.5); keapsom: f 3.750,-; Men.dl. Minútakte 1877, argyfnr 26, ynvintarisnr 037064, aktenr 02153

Ljouwerter Krante 17, 24, 31-10 en 7-11-1856: 


5 Imkje Klazes Hellema * Bitgum 8-9-1813  dêr 9-12-1864 [] Bitgum rigel 5, grêf 13, x It Bilt 16-5-1833 Pieter Bienzes Hoogland * Ferwert 28-5-1807  Menaam 24-8-1889 [] Bitgum rigel 5, grêf 14, sn f. Biense Pieters Hoogland, boer op Elsma state ûnder Ferwert, letter te St.-Anne, en Antje Jans Boersma.

IV.3 Doeke Wygers Hellema * Wânswert 3-4-1766 † 17-12-1856, x 11-4-1796 Lijsbert Hendriks Palsma * 18-3-1767 † 13-4-1810; x 2 Dieuwke Klazes Nicolai * 4-2-1792.
Sjoch: Doeke Wijgers Hellema 1766-1856 – De website van voorouders!



Skriuwoefeningen fan Lysbert Hindriks, as se tsien jier is. Kolleksje Hellema 


De Oranje-gesinde Doeke Wygers is yn ’e Frânse tiid ûntfanger fan ’e belestingen en aksynzen. Hy ken syn Frâns. Kolleksje Hellema

Oanbefelingsbrief fan Doeke Wygers foar syn doarpsgenoat Marten Tymens Jelgersma as doarwarder.
Kolleksje Hellema



Ynterieur fan Hellema sate ûnder Wurdum, Kempenaarsreed 2, de pleats dêr’t Doeke Wygers Hellema op buorket. Yn syn tiid is ’t in kop-hals-romp; syn skoansoan Marten Wytses Kaastra, dy’t dêr letter boer op is, lit de kop mei hals delhelje en makket der in stjelp fan. Letter buorkje hjir Ate Jongbloed en syn soannen Folkert en Benjamin oant 2018. Yn dat jier ferkeapje se it spul en wurdt de foarein ferrinneweard: de tegels en bedsdoarren sloopt en fan twa keamers ien makke.
Folkert Jongbloed hat der foar soarge dat de pleats offisjeel te boek stiet as Hellema sate. Foto’s: Folkert Jongbloed, Palsma state ûnder Wurdum


Muntgewichtsje fûn troch Folkert Jongbloed op it hiem fan  no Hellema state. Op 29-12-2018 skonken oan ’e Kolleksje Hellema, Utrecht. Foto: Margreet Nauta


Teeleppeltsje fan Dieuwke Klases Nicolai. Ynskripsje: D K N. Oerdroegen yn ’e Kolleksje Hettema-Hellema út de neilittenskip fan Lykle Doekes Hellema, fia Hette Tjitzes Hettema, Magdalena Hettema, Tryntsje Hettema en Anna Brouwer-Hettema. Foto: Margreet Nauta

Bern út it earste boask:
1 Wyger Doekes Hellema, folget V.2
2 Grietje Doekes Hellema * 15-7-1798 † Wierdsma state op ’e Noardermieden ûnder Hallum 4-12-1835
x Hette Pieters Hettema
3 Dieuwke Doekes Hellema * 13-1-1800 † 11-2-1892
x Pieter Ælzes Hiemstra * 1-5-1796 † 15-2-1877
4 Hendrik Doekes Hellema * 22-4-1802 † 30-11-1802
5
 Hendrik Doekes Hellema, folget V.3
Bern ít it twadde houlik:
6 Akke Doekes Hellema * Wurdum 4-5-1814 † Ysbrechtum 22-3-1875, 60 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum, by ferstjerren idem te Ysbrechtum;
x Ljouwerteradiel 3-6-1843, 29 en 32 jier, op houlikse betingsten, Hotse Willems Dijkstra * Wurdum 5-4-1811 † Tsjalhuzum 25-5-1866, 55 jier; by trouwen ‘zonder bepaald beroep’ te Wurdum, yn 1844 dêr boer, sûnt omstrings 1845 boer te Tsjalhuzum; sn fan Willem Hotses Dijkstra en Hotske Jelmers Hiemstra (ek: Jelles), húslju te Wurdum (hûsnr 82)
7 Ytje Doekes Hellema * Wurdum 10-5-1816 † Dronryp 2-1-1890, 73 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum;
x Ljouwerteradiel 7-5-1846, 29 en 23 jier, Bokke Tjisses Bokma * Goutum 21-2-1823 † Dronryp 17-11-1905, 82 jier; by trouwen sûnder berop te Goutum, by syn mem op ’e pleats tink, sûnt dêr boer (hûsnr 26), sûnt Alde Maaie 1860 idem te Dronryp (hûsnrs 196, 363), yn ’e stjerakte – mei 82 jier – noch greidboer neamd; sn fan Bokke Tjisses Bokma en Maartje Jacobs Dankerts, (ek: Dankert, skriuwt sels Dankerts), boeren te Goutum
Sjoch: Genealogie Dankert IV-a.10
8 Klaaske Doekes Hellema (Klaske) * Wurdum 5-8-1819 † Goutum 17-4-1906, 86 jier;by trouwen sûnder berop te Goutum; boerinne op har âlderspleats, Hellema sate ûnder Wurdum, Kempenaarsreed 2 te Wurdum (hûsnr 196); Klaske en Marten ferhúzje dêrwei Alde Maaie 1893 nei Goutum;
x Ljouwerteradiel 28-5-1853, beide 33 jier, op houlikse betingsten, Marten Wytses Kaastra * Goutum 3-1-1820 † dêr 22-12-1896, hûsnr 81, 76 jier; by trouwen gernier te Goutum; letter greidboer op Hellema sate ûnder Wurdum; sn fan Wytse Tjeerds Kaastra, arbeider te Huzum, gernier te Goutum, en Tietje Martens Stienstra, gernierske te Goutum
9 Lykle Doekes Hellema * Wurdum 3-9-1821 † Menaam ûnder Bitgum 26-2-1904; Kristlik Grifformeard; tsjerkeriedslid te Berltsum en Bitgum; by trouwen sûnder berop te Wurdum, sûnt dêr komelker; sûnt Alde Maaie 1857 greidboer te Kleaster Anjum (hûsnr 3); sûnt Alde Maaie 1874 gernier te Menaam ûnder Bitgum (hûsnr 394); sûnt Alde Maaie 1881 oan ’e Alddyk te Menaam ûnder Bitgum (Seksje D 410, hûsnrs 358, 436, Berltsumerdyk 2); sûnt 20-9-1902 dêr kommensaal by syn omkesizzer Hette Tjitzes Hettema-en-dy;
x Ljouwerteradiel 11-5-1848, 26 en 24 jier, Eerdske Durks Dorhout (ek: Eertske, Eetske, Ædske) * Wurdum 7-6-1823 † Menaam ûnder Bitgum 28-10-1899, 76 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr fan Durk Sipkes Dorhout en Rixtje Sybes Leegsma, boeren te Wurdum
10 Hanna Doekes Hellema * Wurdum 28-3-1824 † Reduzum 1-8-1859, 35 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum, sûnt boerinne te Reduzum;
x Ljouwerteradiel 16-5-1850, beide 26 jier, op houlikse betingsten, Albert Piers Stiensma * Raard, Raarderhim, 22-8-1823 † Reduzum 5-2-1898, 74 jier; by trouwen boer te Reduzum; yn 1851 dêr arbeider, by syn âlden op ’e pleats tink; yn 1852 dêr sûnder berop; sûnt omstrings 1854 dêr boer; yn 1875 dêr komelker; by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Pier Alberts Stiensma en Rinske Everts van Essen, , yn 1842 komelkers te Wurdum, yn 1850 boeren te Reduzum,
11 Klaas Doekes Hellema * Wurdum 12-6-1826 † Ljouwert, wenjend te Deinum 19-12-1903, 77 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dêr boer (hûsnr 104), komt 7-5-1873 út Wurdum yn Burgumerheide, dêr fearskipper (hûsnrs 362a, 359, 319b, 359 bûten; keapet dêr op 16-2-1880 fan Luitzen Floris Antonides in hûs mei stalling; keapsom: f 1.000,00); ek skipper te Garyp; ferhuzet út Burgum-Burgumerheide op 14-2-1881 nei Haren; komt dêrwei Alde Maaie 1885 yn Deinum, dêr is Klaas arbeider; by ferstjerren dêr sûnder berop; syn dochter Dieuwke Hellema († Deinum 25-9-1901) wennet hyltyd by him yn;
x Ljouwerteradiel 3-5-1849, 22 en 23 jier, Aaltje Jarings Boersma * Hichtum 22-7-1825 † ûnder Wurdum 29-9-1861, hûsnr 104, 36 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr fan Jaring Bartles Boersma (tekenet yn 1815: Jaring Batles, letter ek mei de tanamme Boersma), yn 1815 arbeider te Tersoal, yn 1819 by Meine Jarings, yn 1823 arbeider te Poppenwier, yn 1825 boer te Hichtum (H 5), en Aaltje Pieters Boersma, (tekenet yn 1815: Aaltye Pytters Boersma), yn 1842 boerinne te Wurdum
12 Sytze Doekes Hellema * Wurdum 17-9-1830 † dêr 3-4-1899; yn 1859 boer te Wurdum, wennet oant syn trouwen yn by syn suster Klaske-en-dy op Hellema sate; yn 1865, ’67, ’69 sûnder berop te Wurdum; dêr letter fisker, bijehâlder en gernier (hûsnrs 218, 245); yn it Befolkingsregister wurdt er ek as organist neamd, as soe dat in berop wêze;
x Ljouwerteradiel 7-6-1864 Sytske Doekeles Andringa * Wurdum 17-9-1830 † dêr 12-2-1931, 99 jier; dr fan Doekele Andeles Andringa en Wopkje Sipkes Overdijk, boeren te Wurdum

IV.4 Lykele Wygers Hellema * Wânswert 29-10-1775 † dêr 23-4-1861, oannommen as lidmaat te Wânswert op 8-2-1804, âlderling 1834-1848, folget yn 1792 syn broer Doeke op as skoalmaster en organist te Wânswert, dêr belestingûntfanger
x Wânswert 1802 Jeltje Sybrens Feitsma * Wânswert 31-1-1778 † dêr 21-11-1859, dr f Sybren Jans Feitsma, boer ûnder Wânswert, en Akke Annes Noordenbos
Bern:
1 Wyger Lykeles Hellema * Wânswert 6-3-1803 ~ dêr 3-4-1803 † Ljouwert 28-9-1877, yn 1826 winkelfeint te Ljouwert, letter hanneler yn koloniale waar dêr,
x Saakje Greidanus * Mantgum 14-9-1795 † Ljouwert 8-12-1875, dr f. Ausonius Greidanus, Ned. Herf dûmeny, en Metje Pluim
2 Akke Lykeles Hellema * Wânswert 5-5-1805 ~ dêr 26-5-1805 † Jannum 3-5-1863
x Ferwerteradiel 19-5-1825  Sytse Hanzes Kroodsma * Suwâld 11-4-1803 ~ dêr 19-5-1803 † Jislum 23-2-1891, by x boer ûnder Wânswert, yn 1855 arbeider te Burdaard, 1863, 1865, 1878 slachter te Jannum, by ferstjerren sûnder berop, sn f. Hans Sytses Kroodsma, boer te Suwâld, letter te Wânswert oan ’e Streek, en Grietje Benjamins de Klein.
Bern Kroodsma: Hans * 1826 † 1826, Jeltje * 1828 † 1885, Grietje * 1831 † 1908, Sytske * 1835 † 1888, Antje * 1838 † 1856, Saakje * 1845 † 1880, Hans * 1848 † 1923
3 Grietje Lykeles Hellema
* Wânswert 31-10-1807 ~ dêr 22-11-1807 † Kollum 19-12-1849
x Ferwerteradiel 9-5-1838 Anne Bartels Radema * Kollum 22-8-1809 ~ dêr 3-9-1809, grôtmakker, ferkeapet 30-12-1850 in hûs en grôtmakkerij anneks skuorre, tún en hiem te Kollum, keapsom: f 3.425,-; soan fan Bartel Oedzes Radema, juwelier te Kollum, en Ytje Baukes Postma.
Bern Radema: Ytje* 1839, Jeltje * 1841, Gooitske * 1843 † 1900, Lykele * 1845, Sybrigje * 1848 † 1886.
4 Wytske Lykeles Hellema * Wânswert 24-7-1810 ~ dêr 19-8-1810 † dêr 25-7-1812
5 Wytske Lykeles Hellema * Wânswert 4-5-1813 † Dokkum 12-2-1895, Wyk C, nr 22, komt op 2-10-1843 yn Wânswert mei attestaasje fan Nes, yn 1869 sûnder berop te Wânswert, yn 1878 idem te Ljouwert, wennet sûnt 26-12-1875 by har broer Wyger te Ljouwert, se komt dan út Dokkum.
Ferkeapet in hearehûs te Ljouwert oan Pieter Johannes Romijn, keapsom: f 7.200,00 en in winkelhûs dêr oan Johan Sjerps, keapsom: f 2.900,00.;
x 1 Ferwerteradiel 12-6-1841 Henry Bierman * Den Haach 9-8-1819 † Nes (Westdongeradiel) 31-5-1843, genês- heel- en froedmaster dêr, sn f. Hendrik Bierman, ryksûntfanger te Stiens, en Mary Gowland.
Bern Bierman: Hendrik Lykele * 1842; Wieger Henry * 1843, x 1869 Martha Leenderts Hansma
x 2 Eastdongeradiel 19-11-1850 Douwe Hendriks Boersma * Ferwert 13-1-1796 ~ dêr 31-1-1796 † Wânswert 10-2-1869, by x yn tsjinst by de Mobile Skutterij (2e Bataljon, 2e Ofdieling Friezen)te Ferwert, lânmjitter by it Rykskadaster te Wâldsein, yn 1851, ’54, ’56 Rykskommys te Ingwierrum, grossier te Wânswert, sn f. Hendrik Geerts Boersma, Mr linnenwever te Ferwert, en Trijntje Douwes;
Douwe x 1 Mattje Siedses Rienks * Ferwert 9-1-1807 † Wâldsein 25-4-1834, by ferstjerren naaister te Wâldsein, dr f. Sieds Johannes Rienks, boer te Ferwert en letter optys en fisys ynstrumintmakker te Leiden, en Grietje Dirks Hellinga, naaister te Wâldsein.
Bern Boersma: Syberen Lykele * 1851; Trijntje * 1854; Lykele Wieger * 1856, wynhanneler te Ljouwert, x Tjeerdje Jaarsma
6 Sybren Lykeles Hellema * 25-3-1816 † Wânswert 5-10-1847, belestingûntfanger te Wânswert
NB Yn guon genealogiën wurdt oan Sybren neiteam taskreaun, mar dat is in famylje Hellema dy’t ôfstamt fan Sybren Tjepkes en Rinske Joekes; soan: Tjepke Sybrens Hellema * omstrings 1755  † Hjelbeam 14-8-1824 x Jantje Pieters, soan: Sybren Tjepkes Hellema, x Marijke Lammerts Mulder.
Wêr’t dy har namme Hellema wei hawwe is noch net bekend. Oan no ta is der troch ús gjin besibbens fêststeld mei de Hellema’s fan Hallum
7 Sytske Lykeles Hellema * Wânswert 20-11-1818 † dêr 1-10-1826.

V

GENERAASJE V
V.1 Arjen Doekes Hellema
† Bitgum 30-12-1838, gernier te Bitgum;
x 1 Menameradiel 5-5-1830 Minke Jacobs Gosliga * Ingelum 1811 † Bitgum 14-8-1830, dr f. Jacob Wybes Gosliga, gernier te Ingelum, en Jeltje Klazes van Aisma, gernierske op Grut Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgum.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Aisma, Genealogy Gosliga
x 2 Menameradiel 16-5-1832 Akke Oenes Wouda, yn 1832 faam te Bitgum, 1846 dêr sûnder berop, dr f. Oene Wytzes Wouda, skipper te Bitgum, letter dêr arbeider, en Janke Foppes Fopma
Bern:
1 Doeke Arjens Hellema * Bitgum 1-6-1833 † dêr 8-6-1846
2 Janke Arjens Hellema * Bitgum 15-3-1837, by x faam te Tsjummearum
x Barradiel 31-12-1864 Jacob Jacobs de Witte * Tsjummearum, arbeider te Tsjummearum, sn f. Jacob Jacobs de Witte, arbeider te Tsjummearum, en Jantje Meinderts Dijkstra
3 Jantje Arjens Hellema * Bitgum 26-4-1838 † 2-5-1864, 1859 faam te Bitgum
x Menameradiel 9-6-1859 Harmen Harmens Hager * Berltsum 14-3-1827 (syn heit is dan al stoarn) † dêr 30-7-1875, nr 331, 1859 arbeider te Menaam, Harmen x 2 Zwaantje Klazes Buwalda; sn f. Harmen Dirks Hager, gernier te Berltsum, en Hiltje Klazes Hof.
Jantsje is krapoan acht moanne as har heit stjert, se is pupil fan har omke Klaas Gerbens Brouwer, fuorman (man fan Akke Oenes Wouda), en fan Schelte Klazes Hellema, gernier (neef fan har heit). Har man wurdt geboaren as syn heit al stoarn is. Beide wezen groeie op sûnder de fersekering fan in arbeidzjende heit: út ’e krapperein

V.2 Wyger Doekes Hellema * Barhûs ûnder Wurdum 4-2-1797 † Wurdum 19-3-1869, oplaat ta skoalmaster, ûntfanger fan ’e Direkte Belestings te Wurdum, gearder fan ’e Provinsjale Belestings op it Gemaal te Wurdum, tolgearder, yn 1852 dêr keapman, yn 1866 winkelman, x 14-5-1818 Jetske Ottes Idzerda * Reduzum 13-4-1797 † Wurdum 25-1-1866, dr f. Otte Idzerda, ûntfanger fan ’e Direkte Belestings te Reduzum, en Tjitske Douwes.

(Even tusken heakjes: opmerklik is dat Otte Idzerda it patronym Aalderts sels noait brûkt, en dat komt by him allyksa net foar yn akten fan ’e Boargerlike Stân, trouwens wol yn tsjerklike registers. Yn dy tiid is dat in útsûndering yn sokke fermiddens. Wat soe dat betsjutte? Hat it te krijen mei stân? Of mei ôfstân nei syn heit ta?) 

Wyger Doekes Hellema en Jetske Ottes Idzerda, pastel op paniel, makker noch net bekend.
Partikuliere kolleksje

Lakstimpel fan Wyger Doekes Hellema, fûn troch Folkert Jongbloed op it hiem fan ’e pleats dêr’t Doeke Wygers Hellema op buorke, no Hellema state, Kempenaarsreed 2. Skonken op 29-11-2018 oan ’e Kolleksje Hellema, Utrecht

Wyger Doekes wurdt beneamd ta tolgearder te Wurdum. Kolleksje Hellema


Beneaming ta skoalmaster; rûnskrift op lakstimpel: PROVINCIALE COMMISSIE VAN ONDERWIJS FRIESLAND, mei ’t wapen fan Fryslân

Brief fan Wyger en Jetske oan har âldste dochter Tsjitske. Kolleksje Hellema

Brief fan Otte oan syn heit en mem. Kolleksje Hellema

Bern:
1 Tjitske Wygers Hellema * 13-1-1819 † 30-6-1900
x Meile Meintes Miedema * Lytsewierrum 17-1-1815 Wurdum 22-5-1894, boer te Wurdum, âlderling Ned. Herf tsjerke dêr, sn. f. Meinte Gerrits Miedema, boer te Lytsewierrum, en Tetje Freerks, as widdo boerinne te Lytsewierrum;
Meile x 1 Hinnaarderadiel 15-4-1832 Antje Feites Sytenga † Wurdum 6-9-1842, dr f. Feite Hettes Sytenga en Sytske Sijes Algera
2 Doeke Wygers Hellema * 29-1-1821 † 26-3-1882
3 Otte Wygers Hellema * 17-1-1823 † 26-3-1877
4 Hendrik Wygers Hellema, folget VI.1
5 Lijsbeth Wygers Hellema * 1-5-1826 † 1880, yn 1880 sûnder berop te Wurdum
x Klaas Rinses Brink
(Dochter Grietje Louisa x Ljouwerteradiel 20-5-1880 har neef Doeke Meiles Miedema, keapman te Wurdum)
6 Folkert Wygers Hellema, folget VI.2
7 Aaldert Wygers Hellema, folget VI.3
8 Grietje Wygers Hellema * 6-12-1832 † 9-9-1865
9 Trijntje Wygers Hellema * 13-5-1835 † 27-3-1929
10 Andele Wygers Hellema, folget VI.4

V.3 Hendrik Doekes Hellema * Barhûs ûnder Wurdum 6-9-1803 † 17-10-1880
x Magdeltje Willems Beekhuis  (Machteld)* 24-3-1804 † 6-4-1876.
Sjoch fierder:
Voorouders – Hendrik Doekes Hellema
Voorouders – Magdeltje Beekhuis

Bern:
1 Doeke Hellema, sjoch fierder: Voorouders Doeke Hz Hellema
2 Janke Hellema * 1830 † 1833
3 Willem Hellema, folget VI.6
4 Wijger Hellema, folget VI.7
5 Janke Diderica Hellema * 26-9-1836 † 19-12-1921
6 Lijsbeth Hellema * 8-2-1839 † 24-11-1898
7 Jan Steven Cloeck Hellema, folget VI.8


GENERAASJE VI
VI.1
Hendrik Wygers Hellema  * Wurdum 15-3-1824 † dêr 16-4-1882, hûsnr 217, yn 1865 boade Brânassurânsjemaatskippij, 1868 klokmakker, tsiiskeapman oant syn ferstjerren
x 1 16-5-1857 Trijntje Douwes Bakker * 30-4-1833 † Wurdum 15-11-1865, dr f. Douwe Gerrits Bakker, boer te Tsjalhuzum, en Trijntje Eeltjes Rollema;
Hindrik x 2 (nicht fan syn earste frou) Baarderadiel 17-12-1868 Trijntje Eeltjes Bakker * 1-12-1834 † Wurdum 21-4-1877, dr f. Eeltje Douwes Bakker, boer, en Yfke Gerkes Schaafsma.
Bern út it earste houlik:
1 Boukje Hendriks Hellema * 11-4-1858
2 Jetske Hendriks Hellema * 10-5-1863
3 Wyger Hendriks Hellema * 30-6-1864
4 Jantje Hendriks Hellema * 21-7-1865
Bern út it twadde houlik:
5 Ifke Hendriks Hellema * 9-2-1871
6 Eeltje Hendriks Hellema * 14-3-1873
7 Otte Hendriks Hellema, folget VII.1

Soan fan V.2
VI.2 Folkert Wygers Hellema
* 31-10-1827 † 18-1-1863, ûnderwizer te IJsselstein, te Dokkum, letter oan ’e Frânseskoalle op ’e Jouwer, x Constantia Nederveen [] Westermar, De Jouwer
Bern:
1 Jacobus Hellema
, folget VII.2

Soan fan V.2
VI.3 Aaldert Wygers Hellema * Wurdum 20-8-1830 † Wurdum 16-10-1882, klerk te Wurdum; boekhâlder Brânassurânsjemaatskippij, skathâlder Vereeniging tot bevordering Christelijk Nationaal Onderwijs te Wurdum (op 20-3-1868 wurdt troch dy feriening te Wurdum in hûs oankocht fan Pieter Eelzes Hiemstra; 2e skathâlder is dan Hendrik Jacobs Palsma, en 2e foarsitter Andele Jacobs Palsma, achterneven fan Aaldert; keapsom: f 2.000,00), Aaldert is op 19-6-1882 legataris fan in hûs en pakhûs te Wurdum wearde f 5.800,00, legatant is syn suster Tjitske Wygers Hellema; x Ljouwerteradiel 12-4-1862 Maaike Montes van Slooten * Harns 12-5-1835 † Ljouwert 9-1-1912, wennet de lêste 6 moanne foar har trouwen te Ljouwert, yn 1894 te Rotterdam, yn 1894 te Huzum, dr f. Monte Thomas van Slooten, seeman en beurtskipper te Harns, en Stijntje Geerts van der Woude; hja x 2e Leendert Bol, boer.
Bern:
1 Stijntje Aalderts Hellema (Tine) * Wurdum 24-3-1863 † Ljouwert 16-11-1939, wennet de lêste 6 moanne foar har trouwen te Amsterdam, x (har achterneef) Ljouwerteradiel Andele Eelzes Hiemstra * Wurdum, notarisklerk te Wurdum, sn f. Eelze Pieters Hiemstra, sekretary-amtner te Wurdum, en Trijntje Doekeles Andringa
2 Jetske Aalderts Hellema * Wurdum 28-3-1865
3 Wyger Aalderts Hellema
* Wurdum 12-5-1868 † Boeton (Ned. Indië), sersjant Keninklik Ned. Indys Leger
4 Aaltje Aalderts Hellema * Wurdum 22-9-1870 † Hilversum 1942 [] Hilversum, Bosdrift
x Aris Hogenbirk, te Hilversum

Soan fan V.2
VI.4 Andele Wygers Hellema * Wurdum 23-2-1838 † Hallum 28-10-1887, banketbakker te Hallum
x Baarderadiel 11-5-1861 Trijntje Jans Rienstra * Boazum 14-10-1841 † Hallum 31-7-1892, dr f. Jan Ymkes Rienstra, keapman te Boazum, en Gerritje Douwes Bakker (suster fan Tryntsje, sjoch VI.1).


Andele Wygers Hellema. Foto: S. Goudsmit, Folkingestraat, Grins. Kolleksje Hellema

Tryntsje Rienstra. Foto: C.B. Broersma, Ljouwert. Kolleksje Hellema

Bern:
1 Gerritje Andeles Hellema * Hallum 25-7-1862 † dêr 23-10-1890
2 Wieger Andeles Hellema
, folget VII.3
3 Jetske Andeles Hellema * Halllum 7-8-1866 † dêr 16-12-1883
4 Tjitske Andeles Hellema * Hallum 9-7-1868
5 Lykeltje Andeles Hellema * Hallum 14-10-1870
6 Grietje Andeles Hellema * Hallum 27-6-1873
7 Pietje Andeles Hellema * Hallum 1-12-1875
8 Jan Andeles Hellema, folget VII.4
9 Doeke Andeles Hellema * Hallum 25-8-1880 † dêr 13-2-1881
10 Trijntje Elisabeth Hellema * Hallum 28-5-1882 † dêr 8-4-1894

Soan fan V.3
VI.5 Doeke Hellema Hzn
x Janke Diderika Vlaskamp, sjoch fierder: Voorouders – Janke Diderika Vlaskamp
Bern:
1 Magdeltje Hendrika Hellema
2 Gerrit Foppe Hellema
, sjoch fierder: Voorouders – Gerrit Foppe Hellema; Voorouders – Magdeltje Hellema
3 Hendrik Duco Hellema
4 Aleida Hellema

Soan fan V.3
VI.6 Willem Hellema, boargemaster fan Achtkapspelen, notaris te Damwâld, tsjerkfâd Ned. Herf. tsjerke dêr
x Voske Kuipers
Bern:
1 Elsje Diderica Hellema
2 Hendrik Willem Hellema, folget VII.6
3 Dirk Jan Jacob Hellema
4 Dirk Jan Jacob Hellema, folget VII.7

Soan fan V.3
VI.7 Wyger Hellema * Achlum 25-9-1833 † Warkum 31-7-1906 [] Warkum, studzje Teology Unversiteit fan Grins (mei in talage út it Tjaardemalien). Ned. Herf. dûmeny te Eext, 1870 Feerwerd (dêr befestige troch syn sweager Jacobus Smede Sinninghe Damsté), Woldendorp, Abbenbroek
x 27-4-1859 Martha Beekhuis Damsté * Vriescheloo 2-8-1835 † Oude Pekela 12-12-1930 [] Warkum
Bern:
1 Mina Catharina Hellema
x W.F. ten Bokkel, hypteekbewarder te Appingedam, Zutphen en Alphen aan den Rijn
2 Hendrik Doeke Hellema, Ned Herf. dûmeny te Oude Pekela
3 Magdeltje Hellema (ek: Machteld) * 26-4-1866 † Arnhem 30-12-1932 [] dêr Moscowa, nr enkel 3382

Soan fan V.3
VI.8 Jan Steven Cloeck Hellema * Achlum 22-4-1842 † Warfhuizen 21-3-1913, Ned Herf. dûmeny te Koekange, 1870 te Akkrum (befestige troch syn broer Wyger), 1881 Warfhuizen
x 30-6-1868 Anna Aleida Sinninghe Damsté † Bergen op Zoom 4-1-1928
Bern:
1 Magdeltje Hendrika Cloeck Hellema
* Koekange 5-8-1869 † Ede 1929, x S.J. van Roijen, dir. Homeopatys Sikehûs Utrecht; op inisjatyf wurdt yn 1898 de Vereeninging van Homeopatische Geneesheeren in Nederland oprjochte (yn 1887 4 homeopatise artsen, yn 1902 17)
2 Jan Pieter Cloeck Hellema
* Akkrum 23-8-1870 † dêr 8-7-1871
3 Immina Catharina Cloeck Hellema * Akkrum 12-2-1872
4 Hermina Cloeck Hellema
* Akkrum 1872 † Semarang (dêr’t se útfanhuzet by har dochter), x J.Th.N. de Vries Reilingh, notaris te Leens
5 Janke Diderika Cloeck Hellema * Akkrum 26-11-1874 † dêr 15-6-1875 
6 Jan Pieter Cloeck Hellema * Akkrum 19-6-1876 † dêr 14-1-1877
7 Hendrik Willem Cloeck Hellema * Akkrum 20-1-1878 † dêr 6-3-1879
8 Catharina Gezina Cloeck Hellema * Akkrum 27-1-1879
x H. de Jonge, Ned Herf. dûmeny te Peize, Andijk, Kimswert en Bergen op Zoom
9 Lijsbeth Jacoba Cloech Hellema * Akkrum 27-7-1880
10 Martha Christina Cloeck Hellema * Warfhuizen 22-1-1882 † Wassenaar 25-11-1965
x Leens 6-6-1906 Kornelis Heijbroek, * ’s Graveland 1884, sn f. Willem Heijbroek en Cornelia Wilhelmina van de Vijsel; wurksum yn Ned. Indië. Gjin bern.
11 Jan Hendrik Cloeck Hellema, folget VII.8

 

GENERAASJE VII
VII.1 Otte Hendriks Hellema * 21-4-1877 † 11-9-1937
x 21-5-1903 Uilkje Smilde * 1-1-1877 † 30-11-1957.
Bern:
1 Christina Hellema * 6-7-1904 † 3-8-1994
2 Trijntje Hellema * 10-2-1907 † 1986
3 Maria Hellema * 18-9-1908 † 10-11-1992
4 Hendrik Jan Hellema * 11-5-1910 † 17-2-1967
x -5-1935 Cornelia Stouthamer
5 Janette Hellema * 17-1-1916
x Jan Cornelis de Ridder * 9-2-1921

Soan fan VI.2
VII.2 Jacobus Hellema
x Jikke de Vries
Bern:
1 Folkert Hellema
2 Jarich Hellema
3 Jacobus Johannes Hellema
, folget VIII.15

Soan fan VI.4
VII.3 Wieger Andeles Hellema * Hallum 10-5-1864 † Apeldoorn 5-4-1938, banketbakket te Saandam, dir. kristlik mingd sjongkoar dêr
x Maria Jacoba Cornelia Luitingh * 12-6-1868 † 3-9-1938
Bern:
1 Andele Wieger Hellema
, folget VIII.2
2 Jan Cornelis Hellema, folget VIII.3 
* 16-4-1890
x 8-4-1916 Aletta Petronella de Kieviet * 2-2-1889
3 Cornelis Arnold Johan Hellema
, folget VIII.4
4 Johan Dirk Anton
, folget VIII.5
5 Herman Jan Hellema
, folget VIII.6

Wieger Hellema en Marie Luitingh, it net alheel wis oft se dit wol binne. Foto: J.J. Bes, Saandam. Kolleksje Hellema  

Wieger Hellema, Marie Luitingh en Andele en Jan. Foto: A. Greiner, Amsterdam. Kolleksje Hellema


Soan fan VI.4
VII.4 Jan Andeles Hellema, banketbakker te Hallum
x Ferwerteradiel 8-10-1903 Fokje Ædzers Hiemstra, dr f. Ædzer Lammerts Hiemstra, timmerman te Hallum, en Fokje Hylkes Posthumus

Soan fan VI.5
VII.5 Gerrit Foppe Hellema
x Christina Wilhelmina van der Velden Erdbrink

Soan fan VI.6
VII.6 Hendrik Willem Hellema
x Hendrika Helder 

Soan fan VI.6
VII.7 Dirk Jan Jacob Hellema
x Wilhelmina Johanna Römer

Soan fan VI.8
VII.8 Jan Hendrik Cloeck Hellema
 * Warfhuizen 13-12-1887 † Bloemendaal 1954, haadynspekteur by de Direkte Belestings te Ljouwert, x 17-11-1913 Frowina Jantina Ebels

Jan Hendrik Cloeck Hellema. Foto: Iconografisch Bureau, Den Haach

Bern:
1 Essina Frouwina Cloeck Hellema
* 27-6-1915
2 Anna Aleida Cloeck Hellema
* 3-11-1917

 

GENERAASJE VIII
Soan fan VII.2
VIII.1 Jacobus Johannes Hellema
x Jetje Dijkstra

Soan fan VII.3
VIII.2 Andele Wieger Hellema
x Alida Cornelia Veen

Soan fan VII.3
VIII.3 Jan Cornelis Hellema 
* 16-4-1890
x 8-4-1916 Aletta Petronella de Kieviet * 2-2-1889
Bern:
1 Maria Jacoba Cornelia Hellema
x Wim van Aardenne

Soan fan VII.3
VIII.4 Cornelis Arnold Johan Hellema
x Antje Blees

Soan fan VII.3
VIII.5 Johan Dirk Anton Hellema
x 1 Dina de Boer
x 2 Maria Jacoba Herman

Soan fan VII.3
VIII.6 Herman Jan Hellema
x Jacoba Adriana van ’t Lindenhout

 

Wurdt fuortset