Ierdappelhannel Fa. Westra troch de jierren hinne

Rients Harmens Westra (* 1931)


adelenstatesexbierum2_20080326

It Kastieltsje ûnder Seisbierrum, dêr’t de Westra’s mei har ierdappelhannel út ein sette.
Foto: Jan Leemburg, 2008

Beskriuwing út in advertinsje:
Kasteeltsje I. De mooi gelegen Huizinge, het ,,Kasteeltje” genaamd, met Boomgaarden, Tuinen, Bleek, Erf en Grond c.a. benevens 3 perceelen uitmuntend Bouwland, bij en tegenover ,,Latsma Sate”, te Sexbierum, groot 5 hectaren 9 aren 84 centiaren of 13.9 x 36 are; in huur bij den heer P.H. Westra voor f 1000,- per jaar, en wel het bouwland tot herfst 1924 en overigens tot 1 Januari 1925.
Te veilen behoudens recht van samenvoeging, in 8 perceelen, waaronder 4 perceelen bouwterrein.

De earste ierdappelhanneler by de Westra’s is Pieter Harmens Westra (sjoch Genealogy Westra).  Hij buorket en hat túnkerij op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum en hij ferkeapet syn jirpels en grienten yn Harns. Al gau skaft er in skûtsje oan en dêrmei nimt er de opbringsten fan ’e oare túnkers út Seisbierrum ek mei nei de Harnzer merk. Piter ferkeapet syn jerappels ek wolris oan in seekaptein út Londen. Dat is it begjin fan de lettere firma  P. Westra & Zonen.

 imag2e

Piter Harmens Westra

Nei ’t Harmen troud is mei Anne Hilbrands Bruinsma keapje se in hûs yn Seisbierrum oan ’e Kade dêr’t ek it skûtsje fan pake Piter leit. Harmen wurdt oproppen foar de mobilisaasje nei Monnikendam. Hy hiert dêr tichtebij de poarte fan ’e kaserne in lyts húske en ferhuzet wat húsrie mei in spoarwein fan ’e Nederlandsche Spoorwegen dêrhinne. As soldaat Harmen dan bij de poarte fan ’e kaserne op wacht stiet, kin Anne har man út it húske wei sjen. Under de mobilisaasje wurdt it iten dêr yn Noard Hollân tige krap. Harmen keapet yn Seisbierrum in skûtsje mei  jirpels en ferkeapet dy oan ’e ynwenners fan Monnikendam.

Yn ’e beruchte tritiger jierren nei de Earste Wrâldoarloch gean in protte boeren en keaplju fallyt en foar de wurknimmers en lytse bedriuwen is der gjin wurk. Heit Harmen hat it ek swier om de holle boppe wetter to hâlden. Neist syn jerappelhandel begjint er dêrom ek mei oare bedriuwkes, sa as de flaakshandel en in fersekeringsagintskip. Heit ferkeapet twa spoarweinen mei jerappels yn Dútslân foar f 4000 Dútse marken. As dy marken betelle binne, sakket de wearde yn koarte tiid wol 50% en nei twa moanne is dy mark neat mear wurdich. Hij wikselet fjouwertûzen marken foar twa hurde gûnen bij de Rabobank yn.

Piter Harmens Westra hat ier en betide ierappels op it Kastieltsje. Op ’e âlde terp fan Adélen poatet er syn setters pal op it suden, op dy poerbêste terpgrûn skeanôfrinnend nei de grêft. Elk hoekje benuttet er. Dat alle jierren hat er as earste yn ’e fiere omkriten earstelingen. Oan ’e súd-eastkant fan ’e terp lizze noch geunstiger ekers. It earste goud dêrwei giet steefêst yn in kistke nei de Kommissaris fan ’e Koaningin yn Fryslân.
Reinder Brolsma, de romanskriuwer en kranteman, hellet dat oan yn syn rubryk yn ’e Leeuwarder Courant, 10 juny 1944. De Ljouwerter Krante stiet yn ’e besettingstiid trouwens oan ’e kant fan ’e besetter, Brolsma allyksa, yn tsjinstelling ta de Westra’s. By dat witten kin men by dy ‘ierappelromantyk’ in wat frjemde smaak yn ’e mûle krije.

westra-_-brolsma

Lês fierder/boarne: Jantsje Post en Janneke Spoelstra – Beste aardappelen – Bêste ierappels – Beste eerpels/Oer de ierdappel en de ierdappelbou yn Fryslân, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2008, side 16

Yn ’e Twadde Wrâldoarloch wurdt net safolle oer de handel praat. Oerlibje is it belangrykste. De soannen Harmen en Klaas nimme de jerappelhandel fan har heit oer.

De flaakshannel fan Harmen P. Westra
Harmen hannelet ek yn flaaks. It moaie fan ’e flaakshannel is dat jo de boer op moatte om goede hannel to dwaan.  As de boer en keapman it oer de priis iens binne skriuwt Harmen as befêstiging fan ’e oankeap ien rigeltsje yn syn bûsboekje: 15- 8- 1955 gekocht van H. Hoekstra St. Jabik vijf pondemaat vlas voor 20 cent per kilo. Levering in overleg na het repelen.
Oer fertrouwen sprutsen.

Ik bin gauris mei heit de boer op. Us doel is nei in flaaksboer bij Rie. Yn ’e omkriten fan Berltsum  groeit de allerbêste kwaliteit flaaks. Heit fertelt mij ûnderweis dat je net bang foar in boer mei in hûn wêze moatte. As jo de hûn mar rjocht yn ’e eagen sjogge, dan dogge se neat. De pleats fan ’e boer komt yn sicht. Wij draaie it hiem op. Heit set de auto deun bij de bûthûsdoar en seit tsjin mij: ‘Rients silsto de boer mar even roppe.’ Ik pak triljend de klink fan ’e bûthûsdoar en dan  komt de boer en syn grutte hûn ek krekt nei bûten ta en docht heit de autodoar hiel foarsichtich  iepen.

In oare soan fan Piter Harmens, Rients (* 1895), is allyksa ierdappelkeapman en hanneler yn saaisied, mar hij is gjin lid fan ’e Fa. Westra & Zn.
Op ’e foto hjirûnder stiet er links, mei neist him dr J. Dorst, lânboukundige by de Friesche Maatschappij van Landbouw en letter professor oan ’e lânbou-universiteit te Wageningen, en links syn sweager Rients Brúnsma, boer en ierdappelkweker op Liauckama State.

westra-rients-dorst-en-bruns
Piter Post skriuwt dêrby yn Ut de âlde doas, rubryk yn ’e Seisbeirrumer Doarpskrante :
Se steane yn in perseel fan Brúnsma midden op ’e Terp. Dêr steane no de huzen fan ’e Walburgastrjitte en de Baron van Echtenstrjitte. Op ’e Terp stiet de twa-sitter Opel fan Westra. Dat wie in bysûndere auto, in wonder op tsjillen, want omke Rients wie in bernefreon en wy mochten dan gauris meiride. Net yn ’e auto, mar yn ’e achterbak. Dat wie krekt feest. De klep kaam dan omheech te stean en dan koene der bêst in stik as fiif bern yn.
Dêr achter in perseel weet op ’e fiveterp, dêr’t no de folkstunen binne. Dêr wer achter in bytsje nei links binne se mei hynders oan it wurk op ’e Molepôle. Yn ’e fierte sjogge wy Liauckama, of better it bosk mei noch in protte ipebeammen. De ypsykte hie doe noch net taslein. Foar de poarte kinne je noch krekt de wite hikke en de bargehokjes ûnderskiede. Mear nei links stiet de reade stjelp fan Zylstra oan ’e Hoarnestreek mei syn – doe noch – fjouwer ienkeamer wenningen.  


De Westra’s skaffe op 18 july 1927 wer in auto oan. De bruorren Rients (* 1895) en Mathys Piters Westra (* 1903) stean neist de skuon.
Foto: Tresoar Friese nummerbewijzering – detailinformatie – B 11811. Kolleksje Jantsje Post

De kromhoutdiesel


H. Westra & Zn.  Aardappelhandel Sexbierum Tel. 254. Kolleksje R. Westra

As wij ’s frij fan skoalle hawwe meie wij  fan heit wolris mei de Kromhout deropút. Wat ha ik dêr altyd in sin oan. Heit seit: Hjir hast papier en potlead, no kinst alle doarpen en stêden ûnderweis wol even opskriuwe. Ik rin de moarns al betiid mei in tromke iten ûnder de earm nei de loads. De Kromhout stiet al klear, fol ierappels. De twa sjauffeurs, Jelle Jans Pols en Douwe de Boer, meitsje him riidklear. Yn ’e kabine binne twa stuollen foar de sjauffeurs. Ik mei yn it midden fan ’e kabine op ’e motorkap sitte. Dêrmei ha ik in prachtich útsicht. De dyk nei Frjentsjer is tige kronkelich en smel.
Op ’e Slachtedyk bij in pleats fljucht der in hin dwars oer de dyk. De fearren  fleane alle kanten út. Douwe laket derom. No hat de boer jûn ek noch in lekker braatsje, seit Douwe, mar ik ha der in ôfgriis fan. Nei Frjentsjer is de dyk in stik breder, sadat wij 50 km yn ’e oere ride. Frjentsjer, Dronryp en Ljouwert, sizze de mannen, en ik mar skiuwe. Foar Swolle komt de balybrêge oer de Isel yn ’t fizier. Jelle rydt der oerstadich op ôf. De Kromhout is swier beladen, it liket wol as sille wij yn ’e Isel ferdwine. De beide mannen sjogge elkoar even oan en dan rydt Jelle ochsa  foarsichtich oer de wankele balybrêge nei de oare kant fan ’e rivier.
Ik freegje sa no en dan nei de nammen fan ’e stêden en doarpen. Swolle, Nullegea, Pipegea, Hobbeldyk, en noch folle mear. It papier is hast al fol. It eindoel Apeldoarn komt yn sicht. In grientesaak yn in hiel smel strjitsje is ús einddoel. De winkelman hat it o sa drok en ropt: Breng ze maar in de kelder. Jelle en Douwe prottelje, mar de klant is de baas. Se stte de fyftich sek ierpels ien foar ien yn ’e kelder te plak. Ik help mei troch de P & W sekken wer op ’e auto yn te pakken.
Bij thúskomst freget Heit ûnder iten at ik it reisferslach even oplêze wol. Ik begryp net dat se der sa om laitsje moatte.

Yn ’e oarloch is ’t in hele toer om de Kromhout ridende te hâlden. De dieseloalje is net mear te krijen. De Kromhout rydt fierder op gas dat yn gasflessen ûnder de laadbak sit. It gasfabryk is yn Tsjummearum. Toch wurdt de Kromhout op it ein fan ’e oarloch noch troch de Dútsers foardere. Net ien wit wêr’t se him brocht ha. Jelle en Douwe hawwe foartiid de motor ûnklear makke, dat dy Dútsers kinne him net wer brûke.
Drekt nei de oarloch sykje omke Klaas en Hilbrand op ’e fyts alle parkearterreinen ôf. Op in opslachterrein yn Swolle fine se ús Kromhoutdiesel werom.

De  direksje P. Westra & Zn  yn ’e fyftiger jierren
Klaas
docht op ’e Rotterdamse en Ljouwerter beurs syn hannel. Hilbrand yn ’e Benelúks en Frankryk en heit Harmen nimt de flaakshannel yn Fryslân waar.
Klaas is in tûke en gesellige keapman. Mei minsken omgean is syn lust en syn leven. Hy giet moandeis yn it ierappelseizoen nei de ierappelbeurs yn Rotterdam. Tiisdeis nei de feilings fan Minderskea en Berltsum en troch de wike nei ierappelboeren. Jûns is er thús en skillet er kollega’s: keaplju út Seelân, de Noard-Oastpolder en de Wieringermeer. As er dan hannel docht, skriuwt er dat op ’e achterkoant fan syn lege sigaredoazen dy’t er op ’e de grûn opstapelt. Hij is in echte sigareroker. Freed is syn moaiste dei fan ’e wike, moarns 9 oere al nei de kapper. Troch dy kapper, dy’t Ljouwerters praat, wurdt er alle wiken knipt en skeard. Lykwols, it giet Klaas net om dat knippen of skearen, mar om it lêste doarpsnijs.

Panyk yn Seisbierum om it âlde lege molkfabryk
Omke Klaas is betiden in grapjas, nee in smycht: hy freget syn freon, de âld-seedykster Piter Dykstra: ‘Piter wolle jo sneon op ’e hoeke fan ’e Buorren wol rûnsizze dat de âld molkfabryk ferkocht is oan it Harnzer fiskbewurkingsfabryk? Dan sil ik dat freed bij de kapper fertelle.’
De oare wike stiet mei grutte letters yn ’e krante:
Sexbierumer leegstaande melkfabriek is aan de Harlinger visverwerkingsfabriek verkocht. De Burgemeester onderzoekt de zaak.

Omke Klaas stjert op 15 juli 1965, sechstich jier. Syn lêste dagen leit er yn it sikehûs yn Harns. Twa dagen foardat omke stjert, bin ik bij him op besite. Hij sjucht út it rút en draait  him om en freget: ‘Bisto dêr Rients?’ Hij kin hast net mear sjen en prate.
Ik bûch mij nei him ta en freegje: ‘Hoe giet it mei omke?
Dan freget er tige súntsjes: ‘Wat wie juster op ’e beurs fan Rotterdam de priis fan ’e Sirtema’s Rients?’
It ras ‘Sirtema’ is in betide ierappelsoart. P. Westra & Zn  hat mei boeren yn ’e Noard-Oastpolder in ‘fêst priiskontrakt’ oangeande de Sirtema makke. Trochdat yn ’e maitiid fan 1965  alle betide ierappels beferzen binne, is de hannelpriis gâns omheeg gongen. Omke wol it witte.

Eén boitsy
De jirpels stean noch op it lân te pronkjen. It is foar boer en keapman tiid om oer de prizen fan ’e setters te praten. De simmer hat foar de ierpeltelers te waarm en te droech west  Op ’e termynhannel gean de prizen alle dagen omheech. Moarn sil ik nei Brussel nei de ynternasonale ierpelbeurs. Dêrom hjoed noch mar even in pear telers opsykje. Bij Anton Sevenster yn Wier steane de setters der noch wol goed bij. Anton is yn ’e maitiid meastal betiid mei it ierpelsetten. Se binne al troch de N.A.K. [Nederlandse Alegemene Keuringsdienst] goedkeurd.
Hindrik Hoekstra yn St.Jabik syn Bintsjes binne wat slop en sútrich. Hendrik lûkt hjir en dêr in plant út de grûn en dat liket net sa bêst. De ierappels binne noch te lyts. Hindrik sjocht nei de loft en seit: Rients motst soa maar dinke, nag één boitsy en dan komt ’t wel goed hoar’. No begjint der bij mij in read ljochtsje te brânen, één  boitsy.
Moarn is ’t woansdei en dan gean ik mei de auto nei Haarlem en fierder mei de trein nei Brussel. Yn ’e trein wachtsje de Noard-Hollânse kollega’s mij al op. De droechte en de hege prizen wurde fan alle kanten besprutsen. Hoe sille de prizen hjoed op ’e beurs yn Brussel wêze? Ik lit net it achterste fan ’e tonge sjen. Wer komt mij  ‘één boitsy’ yn ’t sin. Op ’e beurs gean ik mei de ferkeappriis omleech. De keapers komme as miggen op mij ta, sadat ik hielendal útferkocht reitsje. Bij thúskomst seit broer Hilbrand: Wij ha hjir hjoed in grutte tongerbui hân.
Yn it Bilt groeie de ierpels wer as koal en de termynprizen sakje alle dagen fierder.


Lauta state te Wier, it ierappelkweekbedriuw fan Anton Arjens Sevenster en Symkje Sevenster-de Jong.
Rients Westra, akwarel op papier. Sjoch: Westra – byldzjend wurk

Gearwurking Hettema en Westra
Nei de oarloch wurdt Nederlân wer opboud. Sa ek de setterhandel. It giet goed mei de hannelskoöperaasje ZPC (Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie) mei it kweken fan nije rassen en it útbreidzjen fan syn telers/leden. It giet ek goed mei de ‘frije handel’ mei de ôfset fan setters yn Europa. Hettema Zonen is it earste frije bedriuw dat ek yn nije rassen ynvesteard. De konkerinsje tusken de bedriuwen yn Nederlân wurdt grutter. De ‘Friese Plant’ út St.-Jabik giet fallyt.

Harmen syn âldste en op ien nei jongste soan, Hilbrand (* 1920) en Rients (* 1931), wurde it mei Hettema Zonen iens oer de gearwurking fan beide bedriuwen. De eksport fan setters nei de fiere lânen giet ûnder de Hettema-flage en Westra giet mei syn eigen merk nei de Benelúks. Beide bedriuwen bliuwe selfstandich en de omset fan Westra wurdt mei in fêst persintaazje fergoede. De nije rassen fan Hettema geane goed. Frâl it ras Spunta wurdt hast yn ’e hiele wrâld frege en is de ‘lokomotyf’ fan ’e oare Hettema-rassen. Letter wurde de telers fan Hettema ferplichte om de monopoly- en frije rassen oan Hettema te leverjen. Hettema ferhuzet nei Emmeloard en wurdt yn fjouwer rayons opdield. Elk rayon hat in eigen telersbestjoer.

As Hettema op syn alderheechst bloeit, wol de direksje in fallyt frytbedriuw oernimme, yn Kerkerade, Limburch. Der moatte nije masines komme, kuolhuzen. Kontrakten mei ’t bûtenlân moatte sletten wurde, ekstra persoaniel oanlutsen. Dat binne grutte risiko’s, soks rint yn ’e miljoenen. En oare bedriuwen ha dy ekspertize by har, Agrico bygelyks. Dit is in show foar de direksje nei bûten ta, binne de Westra’s fan betinken.
Hilbrand Westra is troch de gearwurking Hettema-Westra kommissaris by Hettema en de iennichste tsjinstimmer: hij is fan betinken dat Hettema him it bêste hâlde kin by it kweken fan nije rassen en de handel. Hilbrand en Rients Westra nimme sadwaande it beslút om it kontrakt mei Hettema Zonen op te sizzen, mei tastimming fan ’e Hettema-direksje.
De sortearloadsen mei nije transbannen fan Westra wurde takseard en troch Hettema oernommen. Krekt foar de bui. Want mei it frytfabryk komt it op ’e kop ferkeard. Hettema moat de boel mei miljoenen ferlies ferkeapje. Dat ha jim witten, seit de Hettema-direksje letter. No nee, seit Westra.
Rients Westra is dêrnei noch tsien jier rajonlieder by Hettema Zonen. Dêrnei wurdt Hettema Zonen troch de ZPC oernommen en giet de ZPC ûnder namme HZPC troch.

Foar setters nei Syrie – It giet oan
De direksje fan Hettema Zonen giet ien kear yn ’t jier mei ien fan ’e regiobestjoeren nei  bûtenlânse klanten. Fan ’t jier is Fryslân oan bar. Op Skiphol kin ien fan ús syn pas nergens mear fine. Wat in spanning. It fleantúch wachtet net. Mei nochris wer en wer yn ’e koffer en tassen om te sykjen komt de pas yn ’e bûse fan in boesgroentsje foar ’t ljocht. Omdat wij nei Syrië gean, wurdt noch oanret om sommige stikkers fan ’e koffers ôf te heljen. Nei de flucht nei Damaskus ride wij mei de H.Z.-fertsjintwurdiger en gean yn in bus nei  Aleppo. Op ’e heechste etaazje fan it hotel ha wij in prachtich útsicht oer dizze âlde stêd. Fan it balkon ôf hearre en rûke wij de gesellige drokte út de smelle strjitsjes.
Nei in goeie nachtrêst ride wij nei it eindoel fan ‘e reis: it  lânbougebiet. Achter in heech stek stiet it kantoar dêr’t ús fertsjintwurdiger tastimming freget om it fjild fierder yn te gean. Hij bellet de hiele wrâld  ôf om ús troch te litten. Wij wachtsje bûtendoar yn it skaad ûnder in palmbeam. De fertsjintwurdiger bringt ús gelukkich wat drinken.
It paad nei de ierpelteler is min te rinnen. Oan ’e iene kant is in net sa hege muorre en oan ‘e rjochter kant blommen en ûnkrûd. Opiens ropt de lieder dat der op ’e muore in grutte slang krûpt. Wij skrikke ús in bult. De slang kin op ’e muorre like hurd as wij rinne. Op it ein fan ’t paad, op in heuvel, stiet in âld grut lânhûs en dêrfoar in plein mei in lange tafel, stuollen en boardsjes en bekers. Under de boardsjes sitte de winkelprizen noch opplakt, dy binne net earder brûkt. Foar de tafel stiet in grutte man, de lânhear, yn in lange donkere jas. Fierderop achter him leit syn prachtich grien ierpelfjild. Bij de hûsdoar stean fiif wat lytsere mannen, ek yn brune jassen. De lânshear winkt ús wolkom nei de tafel. As wij te stoel en te bank sitte, komme fjouwer betsjinners mei in houten draagbaar út it hûs bij de tafel mei in bret laam derop. De fyfde kok jit de bekers fol mei geitemolke. Hij hellet mei syn hannen in stik fleis út it  laam en leit dat as foarbyld op it board fan ’e fertsjintwurdiger. De kok seit yn syn taal: It giet oan. Wij moatte  wol even wenne, mar it laam smakket goed en ’t wurdt hielendal opiten. De lânhear bliuwt sa lang as wij sitte te iten stilswijend foar ús stean. En nei’t wij it laam behimmele ha, giet er ús foar nei syn fjild mei Spunta’s.

Dêrjinsen yn Fryslân binne de ierappels noch lang net boppe de grûn, deste mear genietsje wij fan dy Spunta’s hjirre.


Rients Westra – Aleppo, Syrië, akwarel op papier. Sjoch: Westra – byldzjend wurk

Nije rassen nei België
Wy hawwe ek ôfset yn België. Ik sis op ’t kantoar yn Seisbierum: Ik gean in pear dagen mei monopoaljemeunsters nei België. Ik helje de achterbank fan ’e auto derút en triuw de auto smoarfol mei meunsters. Ik doch dan de hele simmer oars neat as monopoaljemeunsters yn België rûn bringe. Dat is fral yn Flaanderen prachtich wurk. Op ’e beurs wurdt der goed oer praat. It folgjende jier keapje de hannelers foar har boeren al wat mear nije rassen. It trêde jier noch wer mear, sadat de grutte hannelsbedriuwen noch al wat geunst kwyt reitsje.

In gut-ûndernimmer, in sekere Bruwier, begjint mij op ’e beurs min te meitsjen: Dat manneke Westra lijkt wel op een Hollands kruideniertje.
Hij hat út protest noch gjin nije rassen fan ús kocht. Ik tink ik sykje dy ‘Leeuw van Vlaanderen’ mar yn syn eigen nêst op. Ik sjoch him dêr noch oan in ûnbidich grut buro sitten. Tsjinoer him oan in langet tafel sa’n tsien wurknimmers en de tillefoans rattelje mar troch. Hij nimt mij mei nei syn priveekantoar en seit: Ik wil wel voor Hettema vertegenwoordiger in België worden, maar dan voor een lagere prijs dan de kleinhandel. Zo niet, dan zal ik zorgen dat je in België zo weinig mogelijk nieuwe rassen zal verkopen.
Hij pakt syn brief-iepener en docht krekt as sil er mij stekke. Ik tink dat hij de fûgel oer it net fleane lit.
It duorret fiif jier foardat Bruwier ús bellet: Ik nodig jullie voor een gesprek uit om over de levering van monopolierassen te spreken.
Hilbrand en ik ride nei in restaurant yn Breda dêr’t er al ús betingsten aksepteart. De lytse hannel wurdeart dizze gong fan saken  fansels tige.

 

 

Tenei mear