Famylje-oersjoch Velleman c.s.

Nei oanlieding fan ’e Famyljekronyk Velleman wurde hjirûnder famyljegegevens werjûn oer de ferteller Lou Velleman en syn sibben.
Foarearst wurdt dat dien oan ’e hân fan in koarte kertiersteat.

Kertiersteat Velleman

Wat is in kertiersteat?
 * = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried
De godtsjinst is meast Nederlâns Israelitys

Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Op termyn wurdt dizze side oerset yn ’t Ingels.
Foar oanfullingen en ferbetteringen, foto’s en oare yllustraasjes, sjoch formulier

Undersyk:
-Erfgoed Fundaasje, Ljouwert
Sjoch ek – Erfgoed Fundaasje stiet net foar dy gegevens yn -: Leo Simoskie – Joden van Friesland


1 Levi VELLEMAN
(Loutje, Levi) * Snits 4-2-1935
x 1 Amsterdam 1963, skieden yn 1967
Tinie MAAS * Eindhoven 1934; maatskiplik wurkster op Schouwen-Duiveland
x 2 Amsterdam 1970
Denise DE VRIES ROBLES * Bussum -3-1945; x 2 Roland van Dijk (Ron)

2 Salomon VELLEMAN * Snits 23-3-1899; rjochtet 17-7-1919 mei Salomon Machiel Blindeman de Fa. M. Blindeman op; giet letter syn eigen wei ûnder de Fa. S. Velleman
x Snits 31-5-1933 (op houlikse betingsten)
3 Hester WOLF (Heddy) * Den Haach 27-1-1903 † Snits 5-3-1973, 70 jier; keapfrou te Snits; rjochtet 15-9-1933 de N.V. Lompen en Metaalhandel voorheen S. Velleman op
Op 24-7-1919 binne Salomon Velleman, Salomon Blindeman en de Fa. M. Blindeman skulners by Elisabeth Frank, widddo fan Machiel Blindeman (sjoch hjirûnder), te Snits foar f 28.000,00; op 3-12-1920 binne deselden skuldners by de N.V. Friesche Bank te Ljouwert foar f 8000,00


Underdûkerskaarten fan Heddy Velleman-Wolf en Sam Velleman

4 Levi VELLEMAN * Snits 26-10-1854 † dêr 28-11-1940, 86 jier; keapman te Snits
x Harns 2-6-1898, 45 en 28 jier
5 Johanna PAIS * Harns 10-3-1870 † Snits 6-4-1957, 87 jier; kin net skriuwe (set lykwols wol har hân ûnder akten); merkertinster; ferfart 26-1-1889 nei Schylge, is dêr kreamerske; by trouwen keapfrou te Harns, dêrnei te Snits

Hantekeningen ûnder de trou-akte: Levi Velleman, Johanna Pais en har heit Joseph Pais. Levy hat in bedreaune hân fan skriuwen. Yn ’e famylje wurdt fan Johanna sein dat se analfabeet is, dat har skriuwfeardigens sil fierhinne bleaun wêze by it setten fan har hân

Underdûkerskaart fan Hanna Pais

6 Joseph WOLF
x
7 Naatje POONS

8 Salomon Levi VELLEMAN (ropnamme Sam) * Ljouwert 4-5-1820, dêr besnijd 12-5-1820 troch Mozes Joseph Drogischt, sandak (= dejinge dy’t de jonge ûnder it besnijen op ’e knibbel hâldt): Mozes Turksma, † Snits 19-6-1857, 36 jier, hûsnr 1046; yn Sam syn trou-akte stean Sam en syn heit te boek as VELMAN, mei dêrby de oantekening: ‘zich noemende Velleman’; keapman te Snits
x Snits 19-5-1850, 30 en 18 jier
9 Mietje MENDELS * De Lemmer 29-5-1831 † Snits 5-12-1897, 66 jier, hûsnr 1046 [] Snits, Joads tsjerkhôf; by trouwen tsjinstfaam yn ’e Lemmer; yn 1876, ’88 sûnder berop te Snits;
Mietje x 2 Snits 18-11-1860, 24 en 29 jier, Salomon Machiels Blindeman (ropnamme: Sam) * Ljouwert 4-11-1836 † Snits 1-12-1895, 59 jier [] Snits; sn f. Machiel Elias Blindeman, keapman te Ljouwert, en Feikje Mozes Wolf
Bern út it earste houlik:
1 Froukje Velleman (ek: Vrou(w)kje(n)) * Snits 11-3-1851 † De Lemmer 8-7-1923, 72 jier;
x Lemsterlân 3-9-1876, har neef, Marcus Davidson * De Lemmer 12-11-1852, keapman yn ’e Lemmer; sn f. Salomon Davids Davidson * Haarlem omstrings 1817 † De Lemmer 6-12-1885, 68 jier; keapman yn ’e Lemmer; en Betje Marcus Mendels * De Lemmer 16-3-1821 † dêr 24-2-1913, 91 jier (suster fan Mietje, nr 9 yn dizze kertiersteat)
Marcus Davidson is in pakesizzer fan:
David Salomon Davidson, keapman te Amsterdam, en Mina Mozes Manheim; en fan Marcus Mendels en Froukje Mozes Blog (nrs 18 en 19)
Bern fan Marcus Davidson en Froukje Velleman, allegearre * yn ’e Lemmer:
1 Salomon Davidson * 4-9-1876, in dei nei de troudei
2 Mietje Davidson * 21-4-1878; x Lemsterlân 17-11-1908, 30 en 26 jier, Eliazer Wittenburg * Amsterdam omstrings 1882; by x keapman te Amsterdam, seis moanne dêrfoar yn ’e Lemmer; sn f. David Wittenburg, keapman te Amsterdam, en Eva Wijnschenk
3 Bettje Davidson * 5-5-1880
4 Mina Davidson * 22-5-1882
5 Esje Davidson * 13-3-1884; x Lemsterlân 16-11-1906, 22 en 28 jier, har neef, Emanuel Mendels * Wolvegea; by x keapman te Wolvegea; sn f. Abraham Mendels, keapman te Wolvegea, en Mina Davidson (suster fan Marcus), winkelfrou te Wolvegea
6 Jacob Davidson * 7-5-1886
7 Feikje Davidson * 29-7-1888; x Lemsterlân 10-4-1913, 24 en 26 jier, Joseph Philippus van Bergen * Weesp (Noard Hollân) omstrings 1887; by x keapman te Oudewater; sn f. Philippus Hartog van Bergen, yn 1887 keapman te Weesp, yn 1913 te Oudewater
8 Sara Davidson * 1892; x Lemsterlân 19-3-1931, 39 en 31 jier, Carl Meyer * Sögel (Dútslân); by x keapman te Sögel; sn f. Meyer Meyer, yn 1931 keapman te Sögel, en Bertha de Levie
9 Machiel Davidson * 21-7-1893
10 Keetje Davidson * 18-9-1896

Marcus keapet en ferkeapet gauris huzen, winkelpanden en pakhuzen yn ’e Lemmer, fariearend fan f 698,00 oant f 1250,00, yn ’e jierren 1880 (in hûs foar 800,00, fan Abe van der Sluis, túnman te Ychten), ’93, 1900 (in hûs en hiem foar f 825,00, fan Harmen Nieveen, stoomboatkaptein yn ’e Lemmer), ’07, ’08 (trije huzen foar f 808,00), ’13, ’15, ; yn 1893 keapet er in fiskaak foar f 690,00; op 14-2-1880 lient er f 800,00 fan Jonker Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen, boargemaster fan Gaasterlân te Riis; op 31-1-1908 hat er in skuld fan f 1200,00 by Jan Klaasesz, kandidaat notaris yn ’e Lemmer 

2 Marcus Velleman * Snits 23-1-1853, keapman te Snits; wennet yn 1888 te Amsterdam
x Skoaterlân 1-12-1887, 34 en 42 jier, Schoontje van Praag * Amsterdam omstrings 1845; kin net skriuwe; by trouwen winkelfrou op ’t Hearrenfean; dr f. Jacob Marcus van Praag, keapman te Amsterdam, en Lea Samuel Sody;
Schoontje x 1 Samuel Mozes Blok * It Hearrenfean 18-11-1847 (wettelik erkend 30-11-1851) † dêr 26-9-1886, 38 jier; keapman op ’t Fean; sn f.  Mozes Samuels Blok, keapman op It Hearrenfean, en Betje Vellekoper (ek: Esther), sutelster op ’t Hearrenfean
Schoontje en Marcus ferkeapje op 3-11-1888 in winkelhûs mei bleekfjild en hiem oan ’e Dracht op ’t Hearrenfean foar f 2350,00
3 Levi Velleman = nr 4 yn dizze kertiersteat
4 Jacob Velleman (Japie) * Snits 14-11-1856 † dêr 16-1-1927, 77 jier; keapman te Snits; koster
x Snits 22-7-1888, 31 en 21 jier, Judic Vroman * Amsterdam omstrings 1867; by trouwen sûnder berop te Rotterdam en ferbliuwend te Snits; yn 1928 sûnder berop te Amsterdam; dr f. Samuel Jacob Vroman, keapman te Rotterdam, en Rachel Sijes
Bern út it twadde houlik:
1 Feikje Blindeman * Snits 1-11-1861
2 Emanuel Blindeman * Snits 4-1-1864 † dêr 3-1-1866, 2 jier
3 Machiel Blindeman * Snits 27-1-1866 † dêr 3-12-1918, 52 jier; keapman yn lompen en âldizer te Snits;
keapet 20-4-1903 in pakhús te Snits foar f 3100,00; ferkeapet dêr op 14-12-1916 twa winkelpanden foar f 10.000,00

x Elisabeth Frank (Betsje) * Wolvegea 5-11-1869; keapfrou, yn 1923 te Amsterdam
Bern:
Salomon Machiel Blindeman * Snits 15-3-1899; mei-firmant mei syn neef Salomon Velleman fan Fa. M. Blindeman
Sophie Sonja Blindeman
* 1910; x 1935 Max Arnold Souget; arts te Amsterdam; bern: Alfred Aron Sauget (Frits)

4 Elisabeth Blindeman * Snits 23-3-1870; x Snits 19-6-1897, 27 en 32 jier, Joël Vroman * Amsterdam omstrings 1865; keapman te Snits; sn f. Samuel Jacob Vroman, yn 1897 sûnder berop te Rotterdam, en Rachel Sijes
5 Schoontje Blindeman * Snits 7-12-1874
6 Emanuel Blindeman * Snits 4-4-1868; yn 1895, ’98, 1918, ’19 keapman te Snits; yn 1896 dêr winkelman; yn 1918 dêr hannelsreizger; yn 1901, ’2, ’11, ’16, ’17, 19 keapman te Bolswert; wennet yn 1919 te Hilversum; bestjoerslid Nederlands Israelitische Gemeente Bolswert;
x Juda Minco (yn 1918 yn Notarieel argyf is de tanamme: Menua) * omstrings 1865

10 Joseph PAIS * Amsterdam 31-3-1834 † Harns 9-1-1921, 86 jier; yn 1858, ’60 arbeider, letter keapman te Harns (hûs F228, F221);
Joseph x 1 Harns 23-12-1858 Leentje Pais * Harns 3-4-1836 † dêr 31-8-1859, 23 jier; kin net skriuwe; dr f. Binjamin Raphaels Pais (omkesizzer fan nr 40 yn dizze kertiersteat), keapman te Harns, (kin net skriuwe), en Kaatje Samuels Cohen;
Joseph x 2 Harns 28-6-1860, 26 en 22 jier
11 Saartje SPEYER (ek: Sara, en: Speijer, Spijer) * Harns 10-9-1837 † dêr 27-3-1915, 77 jier; kin net skriuwe

16 Levy Nathan VELLEMAN (ek: Levie) * Ljouwert 6-2-1792, dêr  17-2-1792 besnijd troch Mozes Joseph Drogischt; sandak: Aron Gumpich van Dam † Snits 10-3-1867, 75 jier, hûsnr 814; yn 1818, ’20, ’23, ’25 keapman te Ljouwert; by syn trouwen dêr kastlein (‘kroeghouder’); oant syn ferstjerren keapman te Snits;
Levy x 2 Snits 3-2-1834, 41 en 27 jier Betje Mozes Veltman (ek: Bettje, en: Veldman) * Ljouwert -6-1806 † Snits 22-5-1894, 87 jier, Wyk 4 nr 78; by trouwen yn 1834 sûnder berop op ’t Hearrenfean; dr f. Mozes Salomon Veldman en Engel Levi Korper, keaplju te Ljouwert en op ’t Fean; kinne net skriuwe;
Betje x 1 Skoaterlân 20-6-1824, 29 en 17 jier, Wolf Mozes Locher * Amsterdam omstrings 1795 † It Hearrenfean 13-11-1826, 29 jier, hûsnr 180; by trouwen ûnderwizer op It Hearrenfean, yn 1825, ’26 dêr kreamer; sn f. Mozes Levie Locher en Martje Marcus Levie, keaplju te Amsterdam
Levy x 1 Ljouwert 30-1-1825, 32 en 25 jier
17 Froukje Marcus BOOM * Ljouwert omstrings 1797 † Snits 16-9-1833, 36 jier, Wyk 9, nr 52; neffens har dea-akte is Froukje berne yn Den Haach; by trouwen keapfrou te Ljouwert
Bern út it earste houlik:
1 Marcus Levie Velleman
2 Salomon Levie Velleman = nr 8 yn dizze kertiersteat
3 Klara Levie Velleman * Ljouwert -11-1843; tsjinstfaam te Ljouwert by Salomon Samuel Sarlui, godtsjinstûnderwizer (Wy 43 nr 286) en yn 1844 by Jacob Jacobs van der Woude en Hanna Velleman (har omke en muoike, sjoch nr 32.7 yn dizze kertiersteat), slachters (Wyk 40, nr 75) 
4 Hanna Levie Velleman * Ljouwert 1827 † Snits 7-3-1837, 10 jier, Pol Wyk 9 nr 52
5 Samuel Levie Velleman * Snits 22-3-1828 † dêr 19-3-1841, 13 jier, Wyk 9 nr 51
Bern út it twadde houlik:

6 Nathan Levie Velleman * Snits 21-11-1834;
x Snits 3-11-1861, 26 en 36 jier, Fokeltje Izak Turksma (ek: Fogeltje, Fokje) * Ljouwert 21-11-1834 † Snits 5-6-1910, 85 jier; by earste houlik keapfrou te Ljouwert, nei twadde boask te Snits; kin net skriuwe; dr f. Isak Salomon Turksma, keapman te Ljouwert, en Anna Meijer de Groot (ek: Hanna, Johanna, Chana)
Anna x 1 Snits 11-12–1853, 20 en 28 jier, Salomon Mello * Amsterdam omstrings 1833 † Ljouwert 3-1-1860, 26 jier; by trouwen keapman te Snits, letter te Ljouwert; sn f. David Mozes Mello, keapman te Amsterdam, letter te Snits, en Rachel Salomon van Gelder (ek: Naatje)
7 Mozes Levie Velleman * Snits 5-2-1837
8 Joseph Levie Velleman
* Snits 7-5-1839 † dêr 18-11-1924, 85 jier;

9 Engeltje Levie Velleman * Snits 28-11-1841
10 Jacob Levie Velleman
* Snits 1845 † dêr 9-1-1847, 2 jier
11 Yzak Levie Velleman * Snits 21-4-1847

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Levy en Froukje; Froukje en har mem kinne net skriuwe; Levy syn mem tekenet yn ’t Hebriusk

18 Marcus MENDELS
* Amsterdam omstrings 1780 † De Lemmer 3-7-1845, 65 jier; by syn ferstjerren wurdt in Certificaat van Onvermogen ôfjûn; yn 1818 sutelder (venter) yn ’e Lemmer; yn 1819, ’22, ’23, ’24, ’25, ’31 dêr keapman; yn 1829 dêr sûnder berop; yn 1844 dêr as berop opjûn:
foarsjonger;
x Lemsterlân 19-4-1818, 38 en 30 jier
19 Vroukje Mozes BLOG (ek: Froukje) * De Lemmer omstrings 1788 † dêr 23-1-1875, 87 jier; kin net skriuwe; yn 1818, ’50 keapfrou, yn 1845, ’49 ynlâns kreamerske yn ’e Lemmer
Yn ’e trou-akte fan har soan Emanuel wurdt Froukje Bloq neamd
Sjoch: Gesins-oersjoch


Hantekening fan Marcus Mendels, in bedreaune hân fan skriuwen

20 Benjamin Joseph PAIS * Amsterdam 22-7-1803 † Harns 30-4-1861, 57 jier; yn 1860 keapman te Harns
x Harns 28-11-1833
21 Hanna Samuel KANIS (ek: Naatje) * Den Haach 18-1-1808 † Harns 24-11-1890, 82 jier; kin net skriuwe
Sjoch: foarâlden Kanis

22 Abraham Aron SPEYER  * Amsterdam 30-9-1803 † Harns 10-3-1850, 46 jier, Wyk G 136; yn 1841, ’42, ’50 keapman te Harns;
Abraham x 2 Harns 15-9-1842, 39 en 27 jier, Frederika Beerends * Ljouwert 13-9-1815 † Harns 15-4-1895, 79 jier, Wyk G; kin net skriuwe; keapfrou te Harns (û.o. Wyk A 225); dr f. Wikje Beerends, breidster en keapfrou te Ljouwert;
Frederika x 2 Harns 14-10-1852, 25 en 37 jier, Izaak Levi Duist * Amsterdam -4-1828 † Harns 14-7-1858, Wyk G 136, 30 jier; yn 1852 keapman te Amsterdam; komt op 5-8-1856 út Amsterdam te Harns, dêr keapman; sn f. Levi Simon Duist en Vogeltje Mozes Groen, keaplju te Amsterdam;
Frederika x 3 Harns 26-5-1859, 44 en 43 jier, Israel Benjamin Boas * Amsterdam 26-2-1815 † Harns 6-12-1891, 76 jier; keapman en frijwillich matroas yn Rykstsjinst te Harns; sn f. Benjamin Samuel Boas en Sara Jacobs Roos, keaplju te Amsterdam;
Israel x 1 Harns 28-4-1836, 21 en 20 jier, Ester Jacob Pais * Amsterdam 1816 † Harns 19-3-1859, 43 jier; keapfrou te Harns; dr f. Jacob Benjamin Pais (broer fan Joseph, nr 40 yn dizze kertiersteat) en Grietje Salomon Schuytevoerder;
Abraham x 1 Harns 26-9-1833, 29 en 26 jier
23 Marianna Abrahams COHEN * Ljouwert 13-8-1807 † Harns 4-9-1841, 34 jier (Laanen F140); yn 1841 keapfrou te Harns

32 Nathan Salomon VELLEMAN * Lippstadt omstrings 1768 † Ljouwert 24-10-1821, 53 jier, hûs 227K; keapman te Ljouwert
x Ljouwert (Galileër tsjerke) 25-11-1790
33 Rijkje Salomons (VELLEMAN) (ek: Riekje) * Ljouwert omstrings 1762 † dêr 4-9-1842; keapfrou te Ljouwert, oant har ferstjerren op tachtichjierrige leeftyd
Rijkje komt yn akten meast foar sûnder de skaainamme Velleman, mar yn har dea-akte wurdt dy tanamme wol taheakke en gauris ek yn dokuminten oangeande har neiteam.
Rijkje tekenet yn ’t Hebriusk as Rijkje Salomons, sûnder Velleman




Akte fan namme-oannimming op 8-1-1812. Nathan nimt de namme Velleman oan foar him en syn kroast Levy, Salomon, Meijer, Jacob, Grietje en Hanna. Eins is dit in befestiging fan ’e achternamme, want Nathan fiert syn fan al.
Voor ons Maire
[=oantsjutting foar boargemaster yn ’e Napoleontise tiid, yn dit gefal Gemme van Burmania] der gemeente van Leeuwarden, Canton/
Arrondissement Leeuwarden, Departement Friesland/
gecompareerd zijnde Nathan Salomon Velleman, wonende/
te Leeuwarden, heeft verklaard dat hij anneemt de naam van/
Velleman voor Familienaam en voor Voornaam die van Nathan Salomon.

Bern:
1 Levy Nathans Velleman = nr 16 yn dizze kertiersteat
2 Jeltje Nathans Velleman * Ljouwert 1794 † dêr 5-1-1869;
x Ljouwert 27-6-1819, 34 en 25 jier, Jacob Philippus de Vries * Ljouwert 1785 † dêr 28-12-1846, 61 jier; sn f. Philippus Abrahams de Vries en Feikje Salomons
3 Salomon Nathans Velleman * Ljouwert 1798 † dêr 5-8-1827, 29 jier;
Salomon wurdt yn ’e trou-akte fan syn dochter Rachel (1824) oantsjut mei de tanamme Felman
x Ljouwert 17-11-1822, 24 en 19 jier, Ester Jacobs de Boer (Essie; suster fan Mietje, sjoch nr 5 hjirûnder) * Amsterdam 1803 † Harns 10-10-1857, 54 jier; kin net skriuwe; dr f. Jacob Michiels en Rachel Isaaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
Ester x 2 Ljouwert 20-1-1833, 29 en 30 jier, Jacob Philippus Feitsma * Medemblik 1804 † Ljouwert 31-3-1860, 56 jier; sn f. Philip Asser Feitsma en Hanna Salomons van Gelder
4 Meyer Nathans Velleman * Ljouwert 1801 † dêr 27-6-1879, 77 jier;
x Ljouwert 20-6-1838, 36 en 21 jier, Ester Sadock Vellekoper (Betje) * Ljouwert 10-9-1816 † dêr 20-5-1885, 68 jier; dr f. Zadok Elias Vellekoper (healbroer fan Sara Elias ZADOCKS, nr 47 yn dizze kertiersteat) en Sara Michiels Polack
5 Jacob Nathans Velleman * Ljouwert 18-7-1802 † dêr 5-8-1851, 49 jier;
x Ljouwert 25-9-1836, 34 en 23 jier, Mietje Jacobs Levie * Grins 12-12-1812 (suster fan Ester, sjoch nr 3 hjirûnder); dr f. Jacob Machiel Levi en Rachel Izaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
6 Grietje Nathans Velleman
7 Hanna Nathans Velleman * Ljouwert 1808 † dêr 7-9-1858, 50 jier; kin net skriuwe
x Ljouwert 18-6-1837, 31 en 29 jier, Jacob Jacobus van der Woude * Wolvegea 1806 † Ljouwert 17-1-1891, 85 jier; slachter te Ljouwert; skutter 1e Bataljon, 1e Ofdieling mobile Fryske Skutterij; sn f. Jacobus Jacobs van der Woude, slachter te Wolvegea, en Vogeltje Salomons Weezel (ek: van Weissel)

34 Marcus Jacobs BOOM * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 12-6-1818, 62 jier, hûsnr 75K; keapman te Ljouwert
x Utrecht 1796, 40 en 42 jier
35 Hanna ISRAELS * Dútslân (neffens dea-akte plak net bekend) omstrings 1754 † Ljouwert 16-6-1828, 73 jier, hûsnr 76K; keapfrou te Ljouwert, yn 1825 en by ferstjerren sûnder berop; kin net skriuwe;
Hanna x 1 1790, 34 en 36 jier, Michiel Marcus Boom * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 4-11-1791, 35 jier; broer fan Marcus, har twadde man
Yn Hanna har dea-akte wurdt opjûn dat har âlden net bekend binne. It liket dat Israels as patronym brûkt wurdt yn 1814, ’25 en ’26, respektivelik yn ’e trou-akten fan har bern Aaltje, Froukje en Barend, en as achternamme yn 1818 yn ’e trou-akte fan har soan Marcus en yn har eigen dea-akte

36 Emanuel Levie
x
37 Rebecca Rubens

38 Mozes Salomon BLOG (ek: Salomono) * omstrings 1730 † De Lemmer 6-11-1811, 81 jier; keapman yn ’e Lemmer
x
39 Johanna Mozes BLOG (ek: Anna en Hanna) * Stienwyk omstrings 1738 † De Lemmer 26-1-1828, 90 jier; yn 1818 en by ferstjerren sûnder berop yn ’e Lemmer

40 Joseph Benjamins PAIS * Amsterdam omstrings 1777 † Harns 19-1-1841, 64 jier, Wyk G, nr 38; keapman te Harns
x
41 Rachel Isaac DE GROOT
(ek: Racheltje) * Amsterdam omstrings 1754 † Harns 9-2-1847, Heiligeweg Wyk G, nr 38; by ferstjerren fan Joseph sûnder berop, letter keapfrou te Harns oant har ferstjerren op 93-jierrige leeftyd;
Rachel x 1 1798 [?] Jacob (Michiels [?]) de Boer * omstrings 1770
Yn ’e trou-akte fan har soan Binjamin wurdt Joseph Joseph van Binjamin Pais neamd.
Yn ’e dea-akte fan Joseph wurdt Rachel
Rachel Jacobs Isaaks neamd, dat Jacobs kin ferbân hâlde mei har earste man.
Joseph besit yn 1832 in hûs (perseelnr 1617, 36 kante meter, klaase 1, belesting 27)

42 Samuel Abraham KANIS * Den Haach omstrings 1786 † dêr omstrings 1840
x 1809
43 Aaltje Levy GARNADE * Amsterdam omstrings 1789

44 Aron Salomon SPEYER * Amsterdam omstrings 1765 † dêr 5-3-1811
x Ljouwert 26-7-1790, hy fan Amsterdam, sy fan Ljouwert
45 Clara Elkan LEVY KAN (ek: Claartje, Klara; en: Elkenkan) * Ljouwert omstrings 1774 † Amsterdam 25-11-1811, 37 jier

46 Abraham Benjamins COHEN * Maarsseveen (Utrecht) omstrings 1757 † Ljouwert 5-9-1828, 71 jier; keapman te Ljouwert, ek noch by syn fertsjerren
x Ljouwert 29-7-1784, beide fan Ljouwert
47 Sara Elias ZADOCKS  * Ljouwert omstrings 1764 † dêr 1-12-1844, 80 jier; keapfrou te Ljouwert
Sara Elias wurdt gauris neamd sûnder achternamme, ek nei 1811/’12. Mei tanamme komme ûnder oaren fierders de folgjende farianten by har foar:
ELIAS, 1819, 1834
LOODER, 1823 yn trou-akte fan har soan Benjamin
VELLEKOPER, 1835 yn trou-akte fan har dochter Maike
VELLEMAN, 1831 yn trou-akte fan har dochter Roosje
ZADOK, 1784 by eigen trouwen
ZODECHS, 1823 yn trou-akte fan har soan Benedictus

64 Salomon Nathans
x
65 Hanna Abrahams

66 Salomon Benedictus
x
67 Jeltje Meyers

68 Jacob Berents BOOM
x
69 Froukje Mozes

72 Benjamin Abraham COHEN
x
73 Judik Jacobs

78 Mozes Jesajas BLOK † De Lemmer [?]
x
79 Sara Salomons
† De Lemmer [?]

80 Benjamin Nathans PAIS
x
81 Ester Swella SAGUI

82 Isaäc Abrahams DE GROOT
x
83 Akke Levij

86 Levij Jacob GRENADE * Amsterdam 0mstrings 1756 † Den Haach 29-3-1848, 92 jier; x 2 Rachel Joseph van Lier * Amsterdam omstrings 1772 † Den Haach 22-8-1862; dr f. Joseph Mozes van Lier en Sara Israel Boas
x
87 Hesje BRESLAU † Amsterdam 21-7-1796

88 Salomon Josephs SPEYER * Amsterdam omstrings 1742 † dêr 26-10-1810, 68 jier
x Amsterdam 1755 [?] dan soe Salomon sawat 13 jier wêze en Judik 25
89 Judik Isaacs VAN COLLEM * Amsterdam omstrings 1730 † dêr 22-6-1803, 73 jier

90 Elkan Isaaks LEVY KAN * Ljouwert omstrings 1746 † Snits 21-4-1825, 79 jier, ferdronken tusken Ljouwert en De Lemmer [] Ljouwert
x
91 Mietje Eliazer KANES * Amsterdam omstrings 1745 † Ljouwert 16-2-1834, 89 jier, Wyk F 348

92 Benjamin Abrahams COHEN
x Ljouwert 1770
93 Judik Jacobs

94 Elias Zadocks VELLEKOPER (ek: Eli; by trouwen yn 1789 en grêfskrift[?]: VELLEKOPER; postúm[?] VELLEMAN) * Ljouwert omstrings 1736 † dêr 29-3-1816, 80 jier [] Ljouwert, grêfskrift 0402; ‘joode coopman’ te Ljouwert, wennet yn Wyk J 77;
x 2 Ljouwert, Galileër tsjerke, 13-8-1789 (ûndertrou Amsterdam), hy fan Ljouwert, sy fan Amsterdam, 53 en 37 jier, Hendrikje Isaac Cohen * Amsterdam omstrings 1752 † Ljouwert 2-9-1842, 90 jier; keapfrou te Ljouwert; dr f. Isaac Cohen en Hester Abrahams
x 1 1762, 26 en 34 jier,
95 Rosa Meijer COHEN (ek: Roosje, Rooske) * omstrings 1728 † Ljouwert 1788, 60 jier [?]
De húshâlding wennet ûnder oaren op ’e Nijebuorren en op ’t Pottersbakkersplak te Ljouwert

Yn ’e dea-akte stiet Elias as Elias Sadock te boek; dêr wurde syn âlden net neamd, syn earste frou likemin.
Elias syn pakesizzer Elias Sadoks nimt yn 1812 te Ljouwert de namme Velleman oan foar him, syn bern en bernsbern (fan sa’n tsien dêrfan wit er de namme net) 

Op 29-7-1773 wurdt troch Fokeltje Tjommes, frou fan Tjomme Pieters, skipper te Boazum, oanjefte dien fan oplichting troch ‘de jood Elias Sadok’. Op ’e selde dei sit Elias yn detinsje op it Riedhûs en wurdt er fertocht fan it stellen fan twa horloazjes, fan respektivelik Oene Heimans en Everwinus Wassenbergh
Sjoch fierder: Leo Simoskie – Joden van Friesland

172 Jacob Saul GARNADE
x
173 Sara David KLEERKOPER
† Den Haach 28-1-1826

180 Isaac Joseph LEVY (ek: HALEVIE KAN); wennet yn ’e Groate Hoogstraat te Ljouwert; parnas (=tsjerkmaster, tsjerfâd yn ’e Synagoge)

181 Alida Abrahams FLES 
(ek: Aaltje, en: FLESCH) * Den Haach omstrings 1725 † Amsterdam 22-6-1782, 57 jier; x 2 Amsterdam 4-7-1781 Josua Levie Mossel

182 Eliazer Mozes LEVY

x
183 Judik Abrahams

188 Zadok VELLEKOPER * Ljouwert omstrings 1713 † Amsterdam nei 1773; x Hester Heijmans; op 8-2-1743 ferklearret Jacob Levi, huoddeskjinmakker te Ljouwert, dat Zadocq Abrahams trout mei Hester Heijmans, dy ferlitten hat en no libbet mei in Hendrickje Levi te Amsterdam  
x 2 omstrings 1745
189 Hendele LEVY
(ek: Hendrikje Jacobs LEVIE)
In Joadse omswindeler, Elias Davids, geboaren yn Amsterdam, dy’t yn East-Fryslân wenne hat en dêrwei swervjend yn Fryslân kommen is, hat yn Ljouwert yn novimber 1762 trije wiken ûnderdak fûn by Zadock Abrahams.
Fanwegen biddelerij wurdt er in hoart opsletten yn ’t Hûnegat en freget er om wat te lêzen, dêrta jout de dochter in Hebriuws boekje fan har heit mei.
Nei syn frijlitting docht Elias in roofmoard op in boerefamke dêr’t er de deastraf foar krijt.

360 Joseph Adams HALEVIE FLESH
(ek: Josehp Levi; en: Joseph Levi de Jonge) * Amsterdam omstrings 1691 † Ljouwert 17-10-1752, 60/61 jier [] Joadetsjerkhôf; keapman; komt 1708 út Amsterdan te Ljouwert; wennet yn 1738 op ’e Dûbele Piip mei frou en fiif bern
x
361 Clara Jonas Josephs VAN EMDEN
(ek: Klere Emden) * Emden [?] omstrings 1695 † Ljouwert 22-2-1764, 69 jier [] Ljouwert (grêfskrift 0409)
De nammen fan Joseph en Clara binne yn 1803 graveard yn it Thoraskyld oan ’e sjoel yn Ljouwert (skonken troch Adam Drielsma en syn frou yn 1727)

362 Abraham Elkan LEVIE FLES * Amsterdam omstrings 1702 † dêr 2-4-1781, 79 jier; x 2 Amsterdam 1750 Ester Marcus † Amsterdam 19-1-1766; widdo fan Isaac Levie
x Amsterdam 1723
363 Sara Lazarus WOLF OPPENHEIMER
* Frankfurt omstrings 1705 † Amsterdam omstrings 1750, 45 jier

376 Abraham VELLEKOPER

720 Adam Samuels HALEVIE * Wildau (Dútslân) omstrings 1652 † Amsterdam 27-3-1695, 43 jier
x Amsterdam 24-8-1674 (Rebecca soe dan 15 jier wêze, Adam 22)
721 Rebecca Eliazer SJOCHETSHOVER * Sochazcew (Poalen) omstrings 1659 † Amsterdam 19-7-1739, 80 jier

722 Jonathan EMDEN
x
723 Gelchi LEVIE

724 Elkan Levie FLES * Frankfurt a/d Main † Amsterdam nei 1729
x Amsterdam 1693
725 Marianne Isaacs COHEN
(ek: Matje) * Amsterdam 1673

726 Lazarus WOLF OPPENHEIMER

1440 Samuel Elkan HALEVIE * Wildau (Dútslân) omstrings 1625 † Amsterdam 3-11-1702
x
1441 Freida N.N.
† Amsterdam 1708

1442 Eliazer [?] SJOCHETSHOVER
x
1443 Judik KALMAN
† Amsterdam 12-2-1702

1444 Joseph Juzpa EMDEN
x
1445 Jechiel LEVIE

1450 Isaac Salomons COHEN * Warschau 1646 † Amsterdam 1716, 70 jier
x Amsterdam 1668
1451 Hendrikje Alexanders
* Amsterdam omstrings 1650 † dêr 1723, 73 jier

2902 Alexander Barends † Amsterdam 1707
x
2903 Judik Abrahams † Amsterdam 1708