Lou Velleman fertelt it ferhaal fan himsels en dat fan syn famylje. Erfgoed Fundaasje tekenet dat op en jout hjir dêr achtergrûnynformaasje by. De nûmers tusken kante heakken achter de persoan [] ferwize nei de nûmers yn it Famylje-oersjoch Velleman.
Yn fazen sil dy kronyk op dizze side pleatst wurde. Hjir is ’t begjin.

Yn ’t jier dat ik geboaren bin, komme der mar seis Joadse bern yn Fryslân te wrâld. Dat is yn 1935. Dêrfan bin ik de iennichste dy’t de oarloch trochkomt. Tanksij de ûnderdûk. Us beppe fan heiteskant en heit en mem en ik oerlibje it. Mar de famylje fan ús memmeskant yn Den Haach net. En dy fan beppe fan heiteskant – de Paisen út Harns – foar ’t grutste part likemin. Ik sil jim dêr wiidweidich ferslach fan dwaan.
Mar earst even wat oer it Velleman-komôf.

De namme Velleman
Wy ha de namme fan it kattemeppen. Yn foarige iuwen binne der fierstentefolle wylde katten. Dy rove wat se te pakken krije kinne. Dat wurdt in pleach. De lju binne der mei oan. Der is ferlet fan folk dat regaad yn dy bisten makket. Myn foarâlden sjogge dêr brea yn. Dat se fange oan mei ’t kattemeppen. At se de kat deakneppele ha, strûpe se de hûd derôf. Se ferkeapje it filde feltsje. Sadwaande ús achternamme: Velleman.
Us heit [4] hat it fillen oars noch wol krekt meimakke, mar allang net mear yn ús laach as professy. Hy hat wol wurke mei slachtôffal, dat allinne. Ik ha as jonkje nei de oarloch noch âlde boeren troffen dy’t ien kennen hienen dy’t it berop fan kattefilder útoefene.

Hannel
Us oer-oer-oerpake Velleman [32] komt ein 18de iuw út Dútslân yn Ljouwert. Hy is dan al gjin ‘felleman’ mear, mar hy hat dan allang oare goedkeape negoasjes. De man is om 1768 hinne geboaren yn Lipstadt. De Vellemans sitte yn ’t earste fearnsjier fan ’e 19de iuw noch yn Ljouwert en ferfarre dan nei Snits. Se binne dêr fjouwer generaasjes keapman. Meast yn fodden en âldizer.Dat plak wie om 1840 hinne kocht fan ’e gemeente mei de kondysje dat it noait onteigene wurde mocht. Dat leit in heel ein fan ’e stêd ôf. Mar omstrings wreide Snits sa út dat de oprit yn ’e wei lei. Dêrta wurdt it metaarhúske, mei rjochts in gruttere rom te skûljen en links in aparte romte foar de kohanym, de hegeprysters, want dy meie net op ’e begraffenis komme, dêr is wol in grut rút dêr’t se op it hôf sjen kinne.

Pake Levi is in ivige frijgesel en wennet by syn mem yn. Dat fynt er bêst. Syn bruorren en susters [8/9.1 o/m] binne alleaggere allang it hûs út en syn twadde heit is al ferstoarn. Mar as er 43 is, ferstjert syn mem. Hy bliuwt allinne en it húshâlden leit him net sa. Hy sjocht om him hinne en trout in healjier letter. Mei in Joads jongfaam, Johanna Pais út Harns. Hanna is dan 28, sechstjin jier jonger as hy. Foar har trouwen is se marsekreamerske, se sutelet út Harns wei op Flylân en Schylge mei jern en bân. At se dêr letter werris komt, is se slim teloarsteld dat de lju har dêr net mear kenne. Se is analfabeet en in hele goeie sakefrou en mem. Heit hat dêr in leave heit en mem oan hân.
Se binne net tige otterdoks. Mar de jonges wurde fansels wol besnijd en as it Pesach is bygelyks, moat de ko wol yn ’e panne molken wurde, dan is ’t koosjer. Dat wol.

De hannel moat útwreide wurde. Pake Levi sil needtwongen mei yn de nije firma. De âldste soan út oerbeppe har twadde houlik – Machiel Blindeman [8/9.7] – wurdt de sakeman, pake is net sa saaklik en lit dat part mar leaver oan syn healbroer oer. Nei ferrin fan tiid komt Machiel syn soan Salomon derby en ús heit ek, dy mear as assistint. No sitte der twa neven – Salomon Machiel Blindeman en Salomon Velleman – by har heiten yn it affearen. De offisjele namme Salomon wurdt yn ús famylje altyd feroare yn ’e ropnamme Sam.
Dan ferstjert Machiel. De jonges moatte no mei-inoar fierder. Twa tsjinoerstelde karakters, rûchwei steld: meigeand en bikkelhurd. Se krije yn ’e koartst mooglike tiid de grutste heibel.
Us heit stapt út ’e firma en begjint foar himsels. Ik mei fan heit tenei net  mear nei dy Oom sam ta.
Heit begjint earst yn ’e trochreed, letter garaazje, fan  Jikke Ozinga, neist har hotel. Ik neam har tante Jikke. It duorret mar even, of de klanten rinne nei ús heit ta. Fansels omdat Sam Blindeman net by útstek de meast klant-freonlike man is. Mar hy kin oars wol wat, sa is er foarsitter fan ’e Handelsvereniging Nederland, Sian. Hy leard him in hele taspraak oan yn it Thai, dat dom is er net.
Mar dan seit Jikke: ‘Dou mutst derút, ’t wordt ’n garasy’.
By de Geeuw lâns komt úteinlik heit syn nij pakhús. Heit brûkt foar syn hannel in skûtsje en simmers ferhiert er dat foar fertier oan syn ôfnimmers. Klantebining. Ik bin sawat fiif en mei mei klanten út te poeren. Ik ha in belangrike funksje: útsjen at de plysje der ek oankomt. En dan de fisk rikje. Hearlik.

In frjemde reis
Pake syn âldste suster Froukje is troud mei Marcus Davidson [8/9.1]. Har soan Joop [8/9.1.] ferfart mei de húshâlding nei London. Dy nûget syn mem út om útfanhûs te kommen. Muoike Froukje sil dêrhinne. Se nimt de Lemmerboat nei Amsterdam en giet oan board nei Ingelân. Se komt yn Londen oan. Dêr stiet se dan op ’t stasjon. O heden! No is se it adres kwyt! Se klamt in gentleman oan, se freget oft dy ek wit wêr’t Joop Davidson erges wennet. Dat wurket net. De man hat gjin idee wêr’t se it oer hat. Froukje kin allinne mar Lemsters. Ut har maneuvels kin er gjin wiis wurde. Dat frommis is ’t paad foargoed bjuster, sil er tocht ha. Hy bringt har nei de stasjonssjef. Dy besjoert Froukje mei nei ’t plysjeburo. Nei lang hinne en wer maneuveljen en koarte wurden, wurde se gewaar dat Froukje út Fryslân komt. Dat leit yn Nederlân. By einbeslút witte se it plak ek: De Lemmer. Se stelle har yn ferbining mei de Nederlânse ambassade. Dêr nimme se kontakt op mei de boargemaster fan Lemsterlân. Dy lit in omke fan Froukje komme. Omke kin fertelle wêr’t Joop krekt tahâldt. Lang om let wurdt Froukje fan ’t buro helle.

Underdûke
Oer it dûken yn ús famylje kin ik it folgjende fertelle.
Omke Machiel is troud mei tante Pytsje út Wolvegea, har famylje hat in eksportslachterij. Se ha in dochter: Mietje, neamd Meta. Dy krijt ferkearing mei in katolyk, in Viser, bekend as de kofjefissers. Ien fan dy Snitser lju fan kwizekwânsje, fan ’e kofjebranderij De Drie Mollen. Meta wurdt katolyk. Se krije twa bern, Joke en Chieltje, Machiel nei syn pake. Dy wurde rooms opbrocht. Meta har man ferstjert. Dan wurdt it oarloch. De bern wurde ûnderbrocht by in katolike famylje. Mar nei de kwestje fan doe noch aartsbiskop, letter kardinaal De Jong fan ’t Amelân. Dy nimt in bûtengewoan anty-nazi stânpunt yn. Se pakke De Jong net op, dêr’t dy wol op rekkenet, dêr doare se har hannen net oan te baarnen. Mar dêrfoaroer hâlde se in razzia op rooms doopte Joaden dy’t noch frij omrinne. Dy wurde allegearre oppakt. Meta ek. Se komme allegearre om, Meta ek. As Joke en Chieltje nei de oarloch wer yn kontakt komme mei har Joadse famylje, wurde se wer Joads. Chieltje sit al op it seminary om pryster te wurden mar hy wurdt from joads, otterdokd. Joke en Chieltje fefarre nei Israel. Chieltje in grutte hinnefokkeroij en fan rashûnen op ’e Golanhichte. Der falle nochal wat deade hinnen en dêr kinne de hûnen mei fuorje.
Op in stuit menstrueard Tante Pytsje net mear, se is al oer de fjirtich en tinkt dat se yn ’e oergong is. Se giet nei dokter en dy seit dat se swier is en se krijt in twilling, Roelof en Sonja, dy binne dus folle jonger. Dy ‘lette’ bern neame wy Oom Broer en Tante Zus, dat wol foar de hân: se binne twilling en binne sa jong. Tante Zus trout mei dokter Max Sauget te Amsterdam. Dy komt út in nochal deftige Joadse famylje, it is in hear. Hy wurket earst as skipsarts en nimt letter de praktyk fan syn oer. Hy hat in hele grutte praktyk op ’e Gelderse Kade ûnder hoeren en hoererinners. Ik moat der net oan tinke. Hy docht dat oant syn dea, as er achter yn ’e tachtich is. Allinne al al dy treppen op en ôf en ôf en op.  Ek hat er in soad Sjinezen. Hy ken gjin Sjinees: Je drukt maar en je kijkt of het au doet en je weet wat het is, seit er. Ik ha in kear mei him mei west. Sa besjoch ik dêr in Sjinese spylhol, dêr wurdt spile om grou jild en komme je oars as Europeaan absolút net binnen.

De Snitser Joaden hawwe it der yn ’e oarloch better ôfrêden as dy yn Harns en Ljouwert. Seker de helt hat it oerlibbe, dat is in soad. Omdat se ûnderdûke en omdat de yllegaliteit dêr sterker is. En rabyn Bram Kuit riedt de Joaden oan om ûnder te dûken. Mar it is ek wol falikant misrûn, lykas mei de Snitser Pino’s dy wienen ûnderdûkt yn Súd Hollân. De boargemaster dêr komt te witten wêr’t Joaden ûnderdûkt sitte en freget oan in plysje hoe’t it sit. Mar wat hy net betocht hat, is dat by sokke gefallen altyd twa plysjes ynskeakele wurde. En dy twadde is net fertrout. De Pino’s wurde ferret. Eins troch dy stommiteit fan ’e boargemaster. Ik tocht dat al dy Pino’s omkommen wienen, mar ik ha by de iepening fan it Joads monumint mei alle namme fan ’e fermoarde Snitser Joaden derop noch twa Pino’s troffen. De iene wie fia Switserlân flechte, de oare fia Spanje. Se sieten no allebeide yn ’e Ferienen Steaten. Ik wurd frege om in passende psalmtekst yn ’t Hebriuws. Dy tinkstien stiet oarspronkllik foar de âlde Synagoge, mar dêr goaie se der fytsen tsjinoan. Dat is net sjyk. No stiet dy yn ’e tún fan ’t stedhûs.
De Joaden út Ljouwert krije it advys fan Opperrabbyn Levison om mar nei Poalen te gean. Hy giet sels ek. Hy belibbet dêr de befrijing noch, mar is der sa min oan ta dat er it net oerlibbet. De Joaden út Harns binne hast allegearre ferdwûn. Ik tink dat se te goed fan fertrouwen binne.It grutste part fermoarde. De famylje fan ús beppe, de Paisen, ek. Beppe hat in jongere suster, Dieneke. Dy hat in dochter, Eva Boaz. Eva is mingd troud mei omke Willem, se ha in Co-op yn Frjentsjer. Dy ha wer in dochter, Dieneke, se wennet yn Harns. Dat is frij fierôf famylje, mar wy hawwe toch wer kontakt socht. Der is oars fierders net folle famylje mear.
Guon fan ’e Paisen binne trouwens emigreard. In neef fan heit, Feli Pais, folút Felix tink, seach it swurk driuwen en is al foar de oarloch nei New York tein en dêr ek bleaun. In oare neef wenne yn Saandam en hat dêr in tagrijn foar skipsark. Syn hûs hat de namme Pais: Vrede. It binne fanâld Sefardyske Joaden, wol from. Minister Pais is ek út dat laach.

Us mem har famylje út Den Haach is ek fierhinne omkommen. Pake is wol ûnderdûkt, mar trochdat de yllegaliteit doe noch sa dilettantistys wie, wurdt er oppakt en komt er om by in hongermars. Dy’t dêr it advys krigen om te dûken, fûnen dat te gefaarlik, guon flechtsje nei Poalen en oerlibje dat likemin.

Us ûnderdûk begjint op Hurdsyldei 1942. Ik bin dan sân. Omdat in omke en muoike fan ús memmeskant út Den Haach ús ûnderdûkplak krigen ha, komme wy by de Levers, swier grifformearde minsken. De heit en soannen sitte sterk yn ’t ferset. Fan heit Lever lear ik it Us Heit. De Levers wenje yn in grut Hearehûs. Wy húsmanje foar, op ’e earste ferdjipping. Wy sitte dêr in wike of fjouwer fiif, dan komt fersetsstrider Leo Walda. Hy is sa’n tsien jier âlder as my en hy sit by de radioferdeling. Leo syn heit is in grut fersetsman, lieder fan ’t regionaal ferset, it binne C.H.U.-lju. Heit Walda wurdt nei de oarloch boargemaster fan Idaarderadiel.
Leo is op ’e fyts nei ús tareesd. De Grüne komt deroan! Wy stowe hals oer de kop nei de achterkeamer op ’e selde ferdjipping, nei de Steginga’s – dy binne te fertrouwen. Krekt op ’e tiid. Fiif minuten letter falt de Grüne ús foarkeamer yn.
Mar dêr kinne wy net bliuwe. Ein oktober bûnzet Willem Santema by ús op ’e doar. Hy himet dat wy daliks fuort moatte. De Grüne komt deroan! Wy bedarje haljetarwalje by de De Rappers yn ’e Kruzebruorrestrjitte. Dy binne allyksa grifformeard. Heit Douwe hat dêr in muzykhannel en ferkeapet harmoaniums en blêdmuzyk.
Sokke ynfallen wienen beeangstigjend, mar ik kin my fierders net te binnen bringe dat ik yn dy tiid bang west haw. Ik krige les fan heit en mem. En Oom Douwe koe moai fertelle. Bygelyks oer wêr’t dy har namme wei ha. De Rapper komt fan it Ingelse Draper. Ien fan dy lju wie hjir kommen om de Oranjes út it slop te helpen. Dat ferdivedeart wat. Oars ha wy eins gjin perspektyf, mar ik bin te jong om my dêrtroch bekrûpe te litten. Ik ha yn myn sliepkeamer noch in pastel te hingjen mei ús letterlik beheind útsicht derop, nei de oarloch makke yn opdracht fan ús heit troch in artyst, in learaar oan ’e Snitser ambachtskoalle. Tweeënhalf jaar bij De Rappers maar één keer buiten geweest. Grootmoeder zat ondergedoken bij de melkboer. Vader ging er wel eens naar toe, kreeg er niet uitgepraat bij haar dat Lou gepakt, nam Lou toen mee
Wy hienen it goed fan iten en drinken, der wie altyd wol moal en molke; wy ha gjin momint honger lijd. Frou De Rapper, Tante Rika, sear it iten; lekker, dat wit ik noch goed. Heit hâlde syn kondysje wat op peil troch it draaien oan ’e graanmole.
Twaeninhealjier ha de De Rappers ús skûl hâlden. Ik ha mar ien kear bûten west. Dat wie nei beppe Velleman, dy siet ûnderdûkt by de molkboer. Heit gong dêr by donker wolris hinne, hoe gefaarlik ek. Beppe hie har yn ’e holle helle dat ik oppakt wie. Dêr koe se mar net oer ophâlde. Doe naam heit my in kear mei nei har ta. It libbene bewiis.
Opoe hie har soargen makke dat der foar har gjin ûnderdûkadres wêze soe. Se stapt op ien fan ’e twa grifformearde pastory’s ôf. Dûmny en mefrou wenje dêr yn in hele grutte kast fan in hûs en ha gjin bern. Mar dûmeny seit: Nee, U kunt hier niet onderduiken, maar als u naar Polen moet, kan u een Bijbeltje meekrijgen.
Ik ken yn dy snuorje gjin bern, behalve Froukje, de âldste dochter fan ’e De Rappers. Nei de oarloch kin ik gjin kameraten krije. Ik bin ’t net wend.