VAN AISMA

  • * = berne/born
  • ~ = doopt/baptised
  • x = troud/married
  • + = ferstoarn/died
  • _ = begroeven/burried

I  Evert Klazes ~ Menaam 15-3-1705 x Menaam 18-5-1732
Trijntje Harings, by trouwen beide wenjend te Menaam.
Trije bern bekend:
1 Klaas Everts (van Aisma), folget II
2 Pietje Everts ~ Menaam 26-6-1735
3 Jeltje Everts, ~ Menaam 21-2-1740

II
Klaas Everts (van Aisma),
hy wurdt inkeld postúm mei de achternamme neamd yn trou-akten en akten fan ferstjerren fan syn bern. +  Menaam 1780, Wierskynlik gernier te Menaam, x  Menaam 19-10-1764 Minke Johannes * 1742 ~  Menaam 2-2-1754 + Berltsum (hûs nr 74) 8-3-1813, 4 oere, 70 jier. Yn akte fan ferstjerren rintenierske neamd. Dochter fan Johannes Heeres, skipper te Menaam, en fan Aafke Philippus (of Johannes?), wennen te Ingelum ûnder Menaam (neffens stjerakte fan Minke).
Neffens houliksbylagen fan E.K. van Aisma (III) en H.P. Siderius yn 1830 is Minke ferstoarn yn 1805, mar dat sil in fersin wêze; neffens deselde houkliksbylagen is Minke in dochter fan Johannes Heeres en Aafke Johannes.
Seis bern bekend:

 

  1. 1. Evert Klazes, ~ Menaam 10-8-1765

 

  1. Evert Klazes van Aisma, folget III

 

  1. Aafke Klazes

* Menaam 11-3-1770

~ Menaam 11-4-1770

 

  1. Trijntje Klazes van Aisma

* Menaam 9-3-1773

~ Menaam 10-4-1773

+ Menaam (hûs nr 78) 13-9-1834, 7 oere

By fertstjerren tsjinstfaam.

 

  1. Antje Klazes van Aisma

* Menaam 30-6-1776

~ Menaam 8-9-1776

+ Berltsum 21-9-1849, 19.30 oere

x

   Salvus Beerends Klaver

* 1775

+ Berltsum 27-2-1840

Gernier te Berltsum.

 

  1. Jeltje Klazes van Aisma

* Menaam 22-1-1780

~ Menaam 13-2-1780

+ Bitgummole op Nij Grut Aysma 13-4-1856, 19.30 oere

_ Bitgum r. 12 gr. 11

Gernierske te Bitgummole, by ferstjerren sûnder berop. As widdo wenne hja yn itselde hûs as de húshâlding fan har muoikesizzer Johannes Everts van Aisma (IV)

x Bitgum 29-3-1801

  Jacob Wybes Gosliga

* Marsum 2-3-1774

~ Marsum 12-3-1774

+ Bitgummole (hûs nr 90) 28-8-1824 11.00 oere

_ Bitgum r. 12 gr. 10

Gernier te Bitgummole.

Soan fan Wybe Klazes Gosliga, gernier te Ingelum, yn 1817 mei attestaasje nei Bitgum, en fan Hiltje Jacobs Gosliga.

 

III  Evert Klazes van Aisma 

* Menaam 10-4-1767

~ Menaam 26-4-1767

+ Bitgummole (hûs nr B116)  4-5-1851, 8.30 oere

_  Bitgum r. 13, gr. 8, grêfskrift:

RUSTPLAATS/VAN/EVERT KLAZES VAN AISMA,/IN LEVEN KERKVOOGD/TE BEETGUM, OVERLEDEN DEN/4 MEI 1851, IN DEN OUDERDOM/VAN RUIM 84 JAREN./

(Syn achternamme wurdt ek wol Eisma stavere, ûnder oaren yn ’e floreenkohieren.)

Âlderling, tsjerk- en earmfâd te Bitgum, gemeentlik kommittearde earmesoarch, gemeenteriedslid en assessor (=wethâlder) fan Menameradiel 1798-1848, lid ‘Zetterscollege’ oangeande belestingoanslaggen.

Eigner en brûker fan Nij Grut Aysma (hûs nr B10); wenne yn 1820, 1830 yn Bitgummole; yn 1851 rintenier neamd.

Earder stie Nij Grut Aysma te boek as Palsma state (nei de eigners de famylje Paulsma of Palsma), letter Baerda state (nei de famylje Baard(a)). Yn 1883 waard it spul op ôfbraak ferkocht. Fan de âlde grêft is noch in stik te sjen.

Op dit stee steane no twa mitsele homeiepeallen mei ‘Groot Aysma’ derop.

(By testamint fan Johannes Hartman van Aisma (VI 1.) moasten ûnder oaren de grêft en de homeiepeallen yn stân hâlden wurde.)

 

De Van Aisma’s (mei i) binne net besibbe oan de aadlike Van Aysma’s (mei y). De Van Aisma’s neamden har nei de pleats dêr’t se op buorken: Nij Grut Aysma (B10) op Dyksterhuzen.

 

De aadlike Van Aysma’s bewennen Âld Grut Aysma (B15) op Dyksterhuzen.

(No it stee ‘Saadsum’, Dyksterhuzen 18.)

De lêste eigner fan Âld Grut Aysma state wie Albert van Aysma, + 1741, 71 jier. Hy leit begroeven ûnder in mânske stien yn ’e Bitgumer tsjerke; yn ’t Latyn stiet dêr ûnder oaren op:

‘De heechste rom en krêft fan syn skaai Aysma; in stânfêst riedsman, in ferdigener en bestjoerder fan syn lân. Syn geast wie lykwols rjochte op de stjerren fan de heechste himelen. No hat er diel oan dy himelske gloarje en ken er dizze wrâld net mear, om sa mar te sizzen ek net har eare en har ferachtlik slyk.’

Hy wie troud mei Tjets Hotzes van Aysma. Har namme stiet by sines op ’ e stien. Har soan, Johan van Aysma + 15-6-1659, 54 jier, leit hjir ek begroeven. Hy wie ‘capiteyn over een compagnie te voet, commandeur overt garnisoen tot Embden.’

 

Op Dyksterhuzen nr 32 stiet noch in pleats dy’t fanâlds de namme Aysma draacht: Lyts Aysma, Cleyn Aysma (B16).

 

It klassisistys hûs yn Bitgummole (J.H. van Aismawei 93), dat troch de famylje Van Aisma sûnt 1897 bewenne waard, draacht de namme ‘Nieuw Aisma’ en wurdt gewoanwei ‘Aismahûs’ neamd.

 

Evert x 1e

   Gertje Johannes

Yn it lidmateregister fan Bitgum wurdt hja yn 1824 neamd mei de achternamme Wijngaarden. Se brûkte dy sels net. Har famylje likemin, neffens ûnder oaren de grêfstiennen. Wylst sûnt 1811 de famyljenammen al registreard wienen. Mooglik hie se dêr in sin by.

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 21-6-1771

~ Bitgum 7-7-1771

+ Bitgummole 12-4-1825

_ Bitgum yn it koar fan ’e tsjerke (by de lêste restauraasje binne de stiennen kris kras trochinoarhinne lein); grêfskrift:

DE 12 APRIL 1825 IS IN DEN HERE GERUST/GERTJE JOHANNES HUISVROUW VAN/E. K. VAN AISMA OUD 53 JAAREN 8 MAAN/DEN 23 DAGEN EN LEIT ALHIER BEGRAVEN. (Op dizze stien stiet ek it grêfskrift fan har broer Gerke Johannes.)

Dochter fan Johannes Gerkes en fan Metje Clases Osinga;

Geartsje har heit wie âlderling en tsjerkfâd te Bitgum. Har âlden wienen eigner en brûker fan Nij Grut Aysma (om 1725 hinne 87 pmt; yn 1749 fiif kij, acht hynders, 52 pmt boulân, Johannes kocht de pleats fan ’e eigners, syn heit Gerke Johannes wie dêr al hierder fan).

Gerke en Metsje binne beide ek begroeven yn ’e Bitgumer tsjerke.

 

ien soan:

 

Johannes Everts van Aisma, folget IV

 

Evert x 2e Menaam 22-12-1830 (24 en 63 jier)

   Houkje Pieters Siderius

* Weidum 16-10-1806

~ Weidum 2-11-1806

+  Bitgummole 4-11-1878

_  Bitgum r. 13 gr. 2. Hja is lyk neist har man en de neiteam út syn earste houlik begroeven (rige 13 de grêven 3 o/m 8), mar har neitins is net opnommen yn dy har rige fan grêfskriften.

By trouwen tsjinstfaam by de boer dy’t har man wurde soe.

Dochter fan Pieter Everts Siderius, boer op syn âlderspleats oan ’e Langhústerwei ûnder St.-Anne, letter te Weidum, yn 1819 ‘brander’ (=jeneverstoker en sûkereibrander?), by ferstjerren fuorman, en fan. Tjitske Broers (Dijkstra), as widdo ‘voermanse’ te Bitgum.

Houkje x 2 Menaam 1-7-1868

Hylke Symens Reisma, timmerman en oannimmer te Bitgum, widner fan Houkje har suster Renske; sn. fan Symen Sikkes Reisma en Hijke Cornelis Dekker.

 

fjouwer dochters út it twadde houlik:

 

  1. Minke Everts van Aisma 

* Bitgummole 16-10-1831

+ Huzum 2-12-1867

docht 1853 belidenis te Bitgum

x Menaam 16-5-1861

   Dirk Klazes Lourens

* Huzum 21-12-1833

+ Huzum 24-8-1905

Widner fan Johanna Maria Munnik

By trouwen greidboer te Huzum.

Soan fan Klaas Dirks Lourens, ‘controleur in de bank van lening’ te Huzum, en fan Tietje Willems Lambsma.

Dirk x 3e 1869 Tolke Willems de Vries.

 

  1. Tjitske Everts van Aisma [F-]

* Bitgummole 3-3-1834

+ Reduzum 31-3-1909

_ Reduzum, lizzende stien noardkant, skean achter it koar; grêfskrift: RUSTPLAATS/VAN/ONZE GELIEFDE MOEDER/TJITSKE E. VAN AISMA,/WEDUWE C.J. MOLLEMA,/GEBOREN 3 MAART 1834,/OVERLEDEN 31 MAART 1909.

x Menaam 28-10-1857

   Cornelis Jarigs Mollema

Harns 17-5-1834

~ Aldsyl, doopsgesind

+ Reduzum 18-6-1881

Yn 1857 te Lochem, boer te Rie, letter winkelman en keapman te Bitgummole

Soan fan Jarig Cornelis Mollema, sjippesieder en kargadoar te Harns, en fan Foekje Sybrands Spannenburg.

 

  1. 3. Klaaske Everts van Aisma

* Bitgummole 18-9-1837

+ Bitgummole (hûs nr B116) 20-1-1848 13 oere

_ Bitgum

 

  1. 4. Trijntje Everts van Aisma [F-]

* Bitgummole 3-2-1843

+ Berltsum 5-2-1927

x Menaam 26-11-1863

   Thomas Rinks Groenveld

*Drylts 22-3-1841

+

Mêst-, blok- en pompmakker te Berltsum.

Soan fan Rink Pieters Groenveld, yn 1863 sûnder berop te Baaium, en fan Rigtje Thomas Faber.

 

 

IV Johannes Everts van Aisma [F-]

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 1804

+ Dyksterhuzen op Nij Grut Ayma (hûs nr B87), 24-12-1852, 5.30 oere

_ Bitgum r. 13, gr. 5, grêfskrift:

JOHANNES EVERT VAN AISMA,/ECHTGENOOT VAN/IJTJE H. HARTMANS, IN LEVEN/KERKVOOGD TE BEETGUM./OVERLEDEN DEN 24 DECEMBER/1852, IN DEN OUDERDOM VAN 48 JAREN, EN RUIM 3 MAANDEN.

Tsjerkfâd te Bitgum, gemeenteriedslid fan Menameradiel 1851-syn ferstjerren.

Boer op Nij Grut Aysma (yn 1850 160 pmt, dizze pleats stie doe it heechst oan lân beslein yn Bitgum).

x Menaam 9-7-1828

   Ytje Hartmans Hartmans

* Nes (W.Dongeradiel) 1810

+ Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 10-8-1857, 47 jier

_ Bitgum r. 13 gr. 5, grêfskrift:

RUSTPLAATS/VAN/IJTJE HARTMAN HARTMANS,/ECHTGENOOTE VAN WIJLEN/JOHANNES E. VAN AISMA./OVERL. TE BEETGUM 10 AUG. 1857/IN DEN OUDERDOM VAN 47 JAREN EN 8 MAANDEN.

Dochter fan Hartman Dirks Hartmans, frederjochter en boer te Nes, en fan Maaike Melis Wynia.

 

fiif bern:

 

  1. Evert Johannes van Aisma

(Twillingbruorke fan Gertje)

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 24-10-1829

+ Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma (hûs nr B87, letter fernûmere nei 100) 13-10-1831, 3 oere

_Bitgum r. 13, gr. 6

 

  1. Gertje Johannes van Aisma

(Twillingsuske fan Evert)

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 24-10-1829

+ Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 4-6-1830, 3 oere

_ Bitgum r. 13, gr. 6, grêfskriften:

RUSTPLAATS/VAN/GERTJE JOHANNES VAN AISMA,/OVERLEDEN DEN 4 JUNIJ 1830, IN DEN/OUDERDOM VAN RUIM 7 MAANDEN, EN/

EVERT JOHANNES VAN AISMA,/OVERLEDEN DEN 13 OCTOBER 1831,/IN DEN OUDERDOM VAN 1 JAAR/11 MAANDEN EN 19 DAGEN/ZIJNDE TWEELINGEN.

 

  1. Hartman Johannes van Aisma, folget V

 

  1. Gertje van Aisma 

(Foarnamme ek wol boekstaafd as Geertje)

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 18-11-1847

+ Bitgummole Nij Aisma 21-4-1924 (rouadv.: ‘na een langdurige ziekte’)

_ Bitgum r. 13 gr. 4, grêfskrift:

GEERTJE VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM 18 NOV. 1847,/OVERL. ALDAAR 21 APRIL 1924./WED. VAN PIETER FABRIJ DE JONGE.

Kocht yn 1897 it hûs nr B86 (letter B178), no J.H. van Aismawei 93; dat krige de namme ‘Nieuw Aisma’.

x Menaam 16-7-1871

Gertje van Aisma

Gertje van Aisma

   Pieter Fabrij de Jonge

* Goes 28-4-1842

+ Ljouwert 22-2-1896 (kranteberjocht: ‘na een langdurig lijden’)

_ Bitgum r. 13 gr. 4, grêfskrift:

PIETER FABRIJ DE JONGE,/HARTELIJK GELIEFDE ECHTGENOOT/VAN GEERTJE VAN AISMA;/GEB. TE GOES 28 APRIL 1842,/OVERL. TE LEEUWARDEN 22 FEBR. 1896.

Offisier by de skutterij, liberaal gemeenteriedslid fan Ljouwert (ûnder oaren lid kommisje iepenbiere wurken, kommisje fan tafersjoch op it leger ûnderwiis), bestjoerslid liberale kiesferiening Ljouwert, idem stedsbank fan liening, kolleezje fan setters direkte belestings, kommisje beoardielingsheffing ynfierrjochten, idem ‘Nijverheid’, ‘Spaarkas’, ‘Hulpbank’, ‘Departements Volksbibliotheek’, ‘Vereeniging voor Volksbijeenkomsten’,  feriening ‘De Harmonie’, ‘Moed, Beleid en Trouw’, diaken en notabel Herf. Gem. Ljouwert, ensfh.

Hannelsman te Ljouwert, letter rintenier.

Yn ’e Leeuwarder Courant (24-2-1896) waard er betocht: ‘Binnenland. /…/ Ofschoon door geboorte niet tot Leeuwarden behoorende, /…/ was hij allengskens een innig aan onze stad verkleefde zoon geworden en ook als zodanig door zijne mede ingezetenen aangenomen. /…/Van niets wat de bloei en de welvaart zijner woonplaats betrof, was de behartiging hem ooit onverschillig, en ruimschoots vond hij, dankzij het door burgers en hoogere en lagere besturen in hem gesteld vertrouwen, gelegenheid dit door daden te tonen./…/

Soan fan Pieter Fab(e)rij de Jonge, manufakturier en goud- en sulversmid te Goes, en fan Cornelia den Boer.

Pieter Fabrij de Jonge

Pieter Fabrij de Jonge

  1. Maaike van Aisma 

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aysma 15-7-1849

+ Bitgummole (hûs nr 100) 5-6-1872

_ Bitgum r. 13 gr. 5, grêfskrift:

MAAIKE VAN AISMA;/DOCHTER VAN/JOHANNES VAN AISMA/EN IJTJE HARTMANS,/GEB. TE BEETGUM 15 JULI 1849,/OVERL. ALDAAR 5 JUNI 1872.

 

 

V Hartman Johannes van Aisma 

* Dyksterhuzen op Nij Grut Aisma 16-3-1831

+ Bitgummole 28-8-1871 17 oere, nei in lange sykte, tbc

_ Bitgum r. 13 gr. 8, grêfskrift:

RUSTPLAATS/VAN/HARTMAN JOHS. VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM 16 MAART 1831/EN OVERL. ALDAAR 28 AUG. 1871,/IN LEVEN BURGEMEESTER VAN DE GEM. HET BILDT,/EN LID DER PROV. STATEN VAN FRIESLAND./DIEP BETREURD DOOR ZIJNE/NAGELATEN WEDU./HERMINA BUSSCHER.

Boargemaster fan It Bildt 30-6-1864 oant syn ferstjerren;

Hartman Johannes van Aisma2

 

Hartman Johannes van Aisma, doe’t er boargemaster fan It Bilt wie (1864-1871)

gemeenteriedslid fan It Bildt 2-6-1855 – 7-9-1869 (bedankt); steatelid 1867 oant syn ferstjerren; foarsitter ‘De Watermolenpolder’ op it Âld Bildt.

Boer ûnder St.-Jabik (hoeke Kouweweg).

Yn De Bildtse Courant (30-8-1871) waard er – yn rourâne – sa betocht:

(sitaat H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt diel IIIA, s. 248): “‘de wakkere en bekwame strijder voor regt en billijkheid, de goedhartige helper van minder bedeelden, de gelukkige beoefenaar en ijverig bevorderaar der toonkunst’

(het door hem opgerichte zangkoor heeft langen tijd als ‘‘Van Aisma-Koor’’ een uitstekende naam gehad) ‘en de oprechte vriend van velen’, een zeer waarderend herdenkingswoord. Hij was algemeen zeer geacht.’“

De blauweplaats Hartman Johannes van Aisma

Hartman Johannes van Aisma, doe’t er boer wie op ‘De Blau-we Plaats’, hoeke (westkant) Kouweweg/Aldebiltdyk

Johannes x 1e Menaam 1-9-1852

   Jannigje Klazes Wassenaar

* St.-Jabik 13-6-1829

+ St.-Anne 20-3-1863

Dochter fan Klaas Boyens Wassenaar, boer te St.-Jabik, tsjerkfâd, lid munisipale rie, letter gemeenteriedslid It Bildt, wethâlder, folmacht foar St.-Jabik.

Boer ûnder St.-Jabik (eigner fan 1.000 pûnsmiet, hy wie yn syn tiid neffens de belestingen de op ien nei heechst oansleine boer fan (noard) Nederlân).

en fan Trijntje Hendriks Spekman, fearskippersdochter.

Jannigje Klazes Wassenaar

Jannigje Klazes Wassenaar

 

Johannes x 2 Tytsjerksteradiel 9-3-1865

   Antje Douwes van der Meer

* Wyns 11-1-1834

+ St.-Anne 5-12-1866

_ Bitgum r. 13 gr. 7, grêfskrift:

RUSTPLAATS/VAN/ANTJE D. VAN DER MEER,/GEB. TE WIJNS DEN 11 JANUARIJ/1834, OVERL. TE ST. ANNA PAR./DEN 5 DECEMBER 1866,/ECHTGENOOTE VAN/HARTMAN JOH./VAN AISMA./

Dochter fan Douwe van der Meer, boer te Wyns, en fan Trijntje Eelses Sinnema (fan har âlden, Eelse Symens Sinnema en Trijntje Klazes Miedema, erfde Johs. H. van Aisma (VI 1.)).

Antje Douwes van der Meer

Antje Douwes van der Meer

soan út it twadde houlik:

Johannes Hartman van Aisma, folget VI 1.

Johannes x 3 Menaam 8-9-1869

   Hermina Busscher

* Bitgummole (hûs nr âld B81, letter B183, no J.H. van Aismawei 73) 16-10-1845

+ Bitgummole 29-11 1881

_ Bitgum r. 13 gr. 7, grêfskrift:

Hermina Busscher

Hermina Busscher

RUSTPLAATS/VAN/HERMINA BUSSCHER,/WED. VAN DEN HEER/HARTMAN JOHS. VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM/16 OCTOBER 1845,/EN OVERLEDEN ALDAAR/29 NOVEMBER 1881./DIEP BETREURD DOOR HAAR EENIGSTE ZOON,/OUDERS, BROEDERS EN ZUSTERS.

Hermina wie ynwenjend bernefaam oer de wees Johannes Hartman by har lettere man.

Dochter fan Remmo Busscher, dokter te Bitgummole, en fan Klazina Johanna Braak.

 

soan út it tredde houlik:

Hartman van Aisma, folget VI 2

 

VI 1. Johannes Hartman van Aisma. [FOTO BESKIKBER]

* St.-Anne (Oasteand) 21-3-1866

+ Ljouwert (Diakonessehûs) 31-10-1942

_ Bitgum r. 13 gr. 3, grêfskrift:

RUSTPLAATS/VAN/JOHANNES HARTMAN VAN AISMA/GEBOREN TE ST. ANNA PAROCHIE/21 MAART 1866/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/31 OCTOBER 1942./OPRICHTER VAN DE JOHANNES/HARTMAN VAN AISMA STICHTING./GEVESTIGD TE BEETGUMERMOLEN.

Steand stientsje oan it hollenein:

IN DANKBARE NAGEDACHTENIS/AAN DE STICHTER VAN DE/“HARTMAN JOHANNES VAN AISMA“/STICHTING

Nei it ferstjerren fan syn mem waard er opbrocht by syn styfâlden muoike en omke Fabrij de Jonge-van Aisma te Ljouwert. Studearre oan ’e Technyske Hegeskoalle te Delft, mar makke de stúdzje net ôf. Letter wie er offisier by de marine.

Lâneigner te Bitgummole (plm. 300 pmt).

As bewenner fan it Aismahûs waard er ‘menear Van Aisma’ neamd.

Johannes hartman van Aisma

Johannes Hartman van Aisma

Beskermhear keatsferiening O.K.K. (Oefening Kweekt Kunst) te Bitgummole, 1915 oant syn dea. Hy stelde gâns prizen beskikber. De nei him neamde ‘Van Aisma Partij’ wurdt alle jierren op ’e Van Aisma-dei yn Bitgum keatst.

Oprjochter fan de ‘Johannes Hartman van Aismastichting’; by testamint waard syn lânbesit en hûs ûnderbrocht yn dy stichting. Yn it hûs moast de ynrjochting fan ien keamer yn takt hâlden wurde sa’t de Van Aisma dêr wenne hie, mei syn skriuwburo, oare meubels, kasten mei boeken en diggelguod en (foto)portretten. Yn it oare part fan it hûs wenne de behearder. Fan 1940-1964 (mei in ûnderbrekking fan 13-10-1944 – 15-4-1945) wenne hjir de boargemaster fan Menameradiel, Dirk Torensma. Yn 1988 waard de ynboel ferkocht en yn 1989 kaam it hûs op buorden.

Hy wie de lêste Van Aisma, nei him is de Âlddyk troch Bitgummole hinne neamd: de J.H. van Aismawei.

Syn boarstbyld yn brûns fan byldhouwer Hans Jouta fan Ferwert stiet foar ‘Groot Terhorne’ (nr 52) oer.

Opskrift:

JOHANNES HARTMAN van AISMA/* 21-03-1866 St. Annaparochie/+ 31-10-1942 Beetgumermolen/Grondlegger van de/’J.H. van Aismastichting’/04 februari 2006/; yn it byld: Jouta ’05.

 

VI 2. Hartman van Aisma [FOTO BESKIKBER]

* St.-Anne 21-4-1871 12 oere

+ Ljouwert 23-5-1894, as pleechsoan yn it hûs fan syn muoike en omke Fabrij de Jonge-van Aisma

_ Bitgum r. 13 gr. 6, grêfskrift:

HARTMAN VAN AISMA,/IN LEVEN 2DE LUITENANT/DER HUZAREN TE VENLOO;/GEB. TE ST. ANNA PAROCHIE/DEN 21 APRIL 1871,/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/DEN 23 MEI 1894.

2e luitenant by it 2e  rezjimint huzaren te Venlo.

Hartman van Aisma

Hartman van Aisma

 

Boarnen ûnder oaren:

Ryksargyf

Bitgum – skiednis fan Bitgum en Bitgummole, T. Kingma, Fryske Akademy, Ljouwert, 1988

Tusken Gripe & Telegraaf – 100 jier O.K.K. Bitgum, Josse de Haan einred., Koperative Utjowerij, 1995

Geschiedenis van het Bildt, H. Sannes, T. Wever, Frjentsjer, 1956