GENEALOGY VAN TUINEN

 

Dizze genealogy kaam ta stân n.o.f. it opsetten fan ’e Kolleksje Van Tuinen.
Yn generaasje VIII wurde twa tûken opsplitst, yn de neiteam fan
Sybren Jitze van Tuinen x Pietje Lautenbach
Pieter van Tuinen x Dirkje Brouwer.
De Bildtse tak wordt beskreven in ’t Bildts.

Sjoch:
Stambeamke Van Tuinen
Kertiersteat Piter van Tuinen
Genealogy Brouwer 1

* = berne/geboren/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/weunt met/living together
sk=skieden/skaiden/divorced
† = ferstoarn/fersturven/deceased
[] = begroeven/burried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien/weergeven in groen
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Dit is wurk yn útfiering.

GENERAASJE I
I Jacob Pieters; ûnder Stiens; mooglik in soan fan Pieter Jacobs, fan Feinsum, x 23-2-1745 Simke Walings, fan Froubuorren
x omstrings 1772 Maaike Jans;
Maaike x 1? Feinsum 25-12-1766 Jelger Minnes, hy fan Feinsum, hja fan Froubuorren
It is net wis oft it by dit houlik om deselde Maaike giet.
Bern:
1 Pieter Jacobs van Tuinen, folget II.1

 

GENERAASJE II
II.1 Pieter Jacobs van Tuinen (in 1811 tekent hij: Van der Tuin) * onder Stiens 1772/’73 † Froubuurt 29-4-1836, húsnr 99, 64 jaar, erbaaier te Froubuurt, weunt met syn trouwen onder Fainsum, in 1807 te Froubuurt bij de môln, in 1815/’17 gernier in Froubuurt;
x Froubuurt 12-5-1799 Maartje Dirks Kuik (ok: Maatje) * Froubuurt 1-3-1780 † dêr 23-4-1833; dr fan Dirk Dirks Kuik en Rinske Gerrits Gelder
Bern:
1 Jacob Pieters van Tuinen, folget III.1
2 Rinske Pieters van Tuinen/van der Tuin/Tuininga
x Feike Joukes van Schepen
3 Maayke Pieters
4 Dirk PIeters van Tuinen, folget III.2
5 Jannigje Pieters van Tuinen
x Reinder Atzes Atsma
6 Dirkje Pieters van Tuinen/van der Tuin
x Alle Jans Penninga

 

GENERAASJE III
III.1 Jacob Pieters van Tuinen
* Froubuurt 13-12-1801 † Ingelum 4-11-1884 [] Bitgum rigel 16, grêf 13, yn 1833 boerefeint te Bitgum, dêr ek gernier, yn 1868 gernier op De Harne te Ingelum (hûsnr 22), lidmaat te Ingelum yn 1829;
x Menameradiel 24-7-1833 Tetje Sybrens Heslinga * Bitgum 30-10-1798 † Ingelum 23-2-1876, hûsnr 20 [] Bitgum rigel 16, grêf 12; dr fan Sybren Scheltes Heslinga en Klaasje Jouws Keuning, gernieren op Dyksterhuzen en te Bitgummole
Sjoch: Genealogy Heslinga
1 Pieter Jacobs van Tuinen
2 Pieter Jacobs van Tuinen
3 Klaaske Jacobs van Tuinen
4 Sybrens Jacobs van Tuinen, folget IV.1

III.2 Dirk Pieters van Tuinen
x Janke Gerbens Stonebrink
Bern:
1 Pieter Dirks van Tuinen, folget IV.2
2 Gerben Dirks van Tuinen, folget IV.3

 

GENERAASJE IV
IV.1 Sybren Jacobs van Tuinen
* Bitgummole 23-2-1840 † dêr 11-2-1933 [] Bitgum rigel 16, grêf 13, arbeider te Bitgum, by trouwen sûnder berop te Ingelum (hy sil oanslach hân ha by syn heit yn ’e gernierkerij), sûnt syn trouwen gernier op De Harne te Ingelum (se wenje dêr yn by Sybren syn heit en mem), opsjenner ‘Nederduits Gereformeerde Gemeente Beetgum’ (Dolearende gemeente, beneamd by de oprjochting dêrfan op 21-3-1888), idem âlderling (earste befestiging 2-4-1888), sûnt 1892 tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum, bestjoerslid Kristlik Nasjonale Skoalle;
x Menameradiel 16-5-1868 Jitske Johannes Ket * Froubuurt 5-12-1842 † Ingelum 16-8-1900 [] Bitgum rigel 16, grêf 14, sûnt 12-5-1866 faam by Pier Hedzers Rijpstra, boer te Ingelum, nei har trouwen genierske op de Harne; dr fan Johannes Tækes Ket, ferversfeint te Froubuurt, en Trijntje Cornelis Hoitsma.
Jikke ferliest har mem mei alve jier en har heit as se trettjin is. Yn ’e famylje giet it ferhaal dat Sybren syn faam út it  weeshûs helle hat, mar se is faam by de Rypstra’s.
Sjoch foar Rypstra: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Sytske Rienks

Bern:
1 Tetje Sybrens van Tuinen
x Jochum Jans de Boer
2 Jacob Sybrens van Tuinen, folget V.1
3 Trijntje Sybrens van Tuinen
x Arjen Dirks van der Schaaf
4 Johanna Sybrens van Tuinen
5 Popkje Sybrens van Tuinen
6 Pieter Sybrens van Tuinen, folget V.2

It gerniersspul op ’e Harne te Ingelum, der’t Sybren en syn heit Jabik gernierkje. Fotografy: N.N. Kolleksje Erfgoed Fundaasje 
It gerniersspul op ’e Harne te Ingelum dêr’t Sybren en syn heit Jabik gernierkje. Fotograaf: N.N. Kolleksje Erfgoed Fundaasje

IV.2 Pieter Dirks van Tuinen
x Johanna Sakes de Walle
Bern:
1 Dirk Pieters van Tuinen
2 Grietje Pieters van Tuinen

IV.3 Gerben Dirks van Tuinen; foorsitter fan Broedertrouw; na him is de Van Tuinenstraat yn St.-Jabik noemd
x Trijntje Alberts Reitsma
Sien:
Gerben van Tuinen
-Bildts Aigene, Van Aartsma tot Zwalua
Kines:
1 Dirkje Gerbens van Tuinen
2 Dirk Gerbens van Tuinen
3 Jantje Gerbens van Tuinen
4 Albert Gerbens van Tuinen
5 Pieter Gerbens van Tuinen
6 Anne Gerbens van Tuinen
7 Hendrik Gerbens van Tuinen

 

GENERAASJE V
V.1 Jacob Sybrens van Tuinen
x Catharina Jitzes Mulder
Bern:
1 Sybren Jitze van Tuinen, folget VI.1

V.2 Pieter van Tuinen * De Harne Ingelum 2-8-1883 † Dokkum 22-3-1961 [] Bitgum r. 16, gr. 15, ûnderwizer te Seisbierrum, dêrnei te Bolswert, haad Kristlike Kweekskoalle Dokkum, ynspekteur fan it Leger Underwiis yn Fryslân, tsjerkekeriedslid Grifformearde Tsjerke.
Nei him is de P. van Tuinenskoalle, foar Leger Ekonomys en Administratyf Underwiis, oan ’e Humaldawei yn Dokkum neamd;
x Menameradiel 30-5-1912, 29 en 28 jier, Dirkje Brouwer (Durkje) * Menaam (op Bitgumer terp) 12-8-1882 † Ljouwert 4-5-1962 [] Bitgum r. 16, gr. 5, lizzende sark, oarspronklik grêfskrift:
PX/PIETER VAN TUINEN/* TO INGELUM 2-8-1883/+ TO DOKKUM 22-3-1961/MYN HELP EN MYN RÊDDER BINNE/JO; O MYN GOD! TOEVJE NET./PSALM 40:18/DIRKJE BROUWER/* TO BITGUM 12-8-1882/+ TO LJOUWERT 4-5-1962/EN DE FRIJKOCHTEN DES HEARE SILLE/WEROMKOMME EN OPTSJEN NEI SION MEI/JUBEL, EN IVIGE BLYDSKIPSIL OP HAR/HOLLE WÊZE; FREUGDE EN BLYDSKIP SILLE HJA DIELHAFTICH WURDE, MAR DE DRÔFENIS/EN IT SUCHTSJEN SILLE FUORTFLECHTSJE/JESAJA 35:10/

Dirkje Brouwer en Pieter van Tuinen
Dirkje Brouwer en Pieter van Tuinen. Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Tuinen
Pieter van Tuinen en Dirkje Brouwer
Pieter van Tuinen en Dirkje Brouwer
Fan links nei rjochts: Reimer, Pieter, Minke Lieuwina Sytsma, Sybren, Trijntje, Jitske, Dirkje Brouwer en Jacob. Fotograaf: n.n.
Fan links nei rjochts: Reimer, Pieter, Minke Lieuwina Sytsma, Sybren, Trijntje, Jitske, Dirkje Brouwer en Jacob. Fotograaf: n.n.
Jubileum troudei Piter en Durkje. Foaroan Dirkje Brouwer en Pieter van Tuinen. Steand, fan links nei rjochts: Trijntje van Tuinen, Reimer, Henny Nicolaai, Sybren, Piter, Minke Lieuwina Sytsma, Jitske, Gerbrich Scheepsma, Taco Kingma en Jacob. Foto: Gevaert. Erfgoed Fundaasje - Kolleksje Van Tuinen
Durkje. Foaroan Dirkje Brouwer en Pieter van Tuinen. Steand, fan links nei rjochts: Trijntje van Tuinen, Reimer, Henny Nicolaai, Sybren, Piter, Minke Lieuwina Sytsma, Jitske, Gerbrich Scheepsma, Taco Kingma en Jacob. Foto: Gevaert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Tuinen

Bern:
1 Sybren van Tuinen, folget VI.2
2
Trijntje van Tuinen (Trijn/Nynke) * Seisbierrum 26-6-1914 † Ternaard 5-11-2001 [] Bitgum r. 16, gr. 6, húshâldster op ûnderskate plakken, en by har lettere man te Holwert;
x 1965 Sijtze Malda; boer te Holwert
3 Reimer Willem van Tuinen, folget VI.3
4 Jitske van Tuinen, folget VI.4
5 Jacob van Tuinen, folget VI.5
6 Deaberne famke
*-†  Dokkum 1924 [] Ælsum, yn it grêf mei om it sarkje hinne in jitizeren stek

§ OANTINKENS FAN JIKKE KINGMA-VAN TUINEN
Deaberne suske
Yn ’e húshâlding komt yn 1925 in deaberne famke te wrâld.
Jits van Tuinen: dêrtroch wie it begjin yn Dokkum heel treurich. Ik sjoch pake Reimer noch yn it swarte brikje oankommen.
Der wie in kommisje dy’t bern út Dútslân yn Nederlân ûnderbringe moast om oan te sterkjen. Guon fan ‘e kommisje tochten dat it wol wat foar ús mem wie om in famke op te nimmen, no’t se sels krekt in famke ferlern hie. Durkje moast de kop mar opstekke. Sa kaam Edith by ús. Us rûge jonges waarden wat sachtaardiger. Ik hie sûnt wat mei it Dúts. Us heit wie trouwens al pro-Dúts. [Net polityk] Hy hat in hoart hân dat er ús út de Dútse bibel foarlies.
It duorre in skoft, mar ik wit noch dat ús mem wer moaie klean oandie, in rôze bloeze. Se moast wol wat oerwinne. It wie krekt as mocht dat net.

Mem de spil
Us mem wie de spil fan ‘e oarloch, de siel fan ús ferset. Ik hie in kear in dream. Der binne twa Van Tuinenstrjitten yn Dokkum. Ik tink dit kloppet net. Ik krij in ljedder, ik klim derby op en moat in fervepot en in kwast ha. Dy helje ik by Atema. Ik helje mei de kwast Van Tuinen troch en meitsje dêr D. van Tuinen-Brouwer fan. Ik fal mei de ljedder achteroer en wurdt wekker. Dat typearret ús mem. Us heit hold ús tsjin. Heit wie altyd min, mem altyd plus.

Mem hie yn ‘e oarloch heldersjende dingen. Se waard in kear wekker en fielde dat Reimer oppakt wie. Se hat – miskien troch de ingelen – letter har fertsjinste krigen. Doe’t se yn it Diakonessehûs stoar wie it 4 maaie. Ik wie der allinne by, de moarns om sawat sân oere – in suster hie my belle. De jûns kamen Sybren en dy ek. Ik sei: No giet aansen de Stille Tocht by it Diakonessehûs lâns, sille wy no even nei ûnderen? Doe ha wy flakby wêr’t mem stoarn wie in minút stil west. Dat wie ek foar mem.’
Mem wie ek muzikaal, heit hie dat helendal net. Mem siet op in koar yn Boalsert. Ien fan har hichtepunten wie de útfiering yn ’e Martinytsjerke fan ‘‘Aan de rivieren van Babylon daar zaten wij en weenden.’’ Yn it oargelspul hearden je it wetter klotsen.
Mem hie altyd iepen hûs. De jonges namen geregeld oare jonges mei. Jacob stie dan op in stoel te preekjen. Foaral doe’t wy yn ‘e Potgieterstrjitte wennen wie it altyd fol. Dat wie sa’n lyts húske. Oan ‘e Stasjonsleane letter, krigen wy mear romte.’
Taco en Jikke wenje nei de oarloch yn ’e Potgieterstrjitte te Ljouwert, hjir wurdt bedoeld de Stasjonsbuert yn Dokkum.
De bern Sybren, Reimer en Jikke sitte yn ’e Twadde Weareldoarloch yn ’t ferset. Jikke is koerierster.


GENERAASJE VI
VI.1 Sybren Jitze van Tuinen
x Pietje Lautenbach
Bern:
1 Jacob Johannes van Tuinen, folget VII.1
2 Catharina Hendrika van Tuinen
* Berltsum 3-1-1930
3 Johannes van Tuinen, folget VII.2
4 Ebbing van Tuinen, folget VII.3
5 Heerke van Tuinen
* Berltsum 30-3-1933 † dêr 7-2-1934
6 Heerke van Tuinen, folget VII.4
7 Henderika van Tuinen * Berltsum 13-8-1936

VI.2 Sybren van Tuinen * Seisbierrum 5-3-1913 † Swolle 29-4-1993 [] Hattem; 1940-’45 fersetsstrider; learaar skiednis Kristlike H.B.S. te Ljouwert; 1945-1946 waarnimmend boargemaster fan Bolswert; 1946-1970 boargemaster fan Dokkum;1-12-1970-1978 idem Kampen; 1950-1970 lid Provinsjale Steaten foar de Anti Revolutionaire Partij (A.R.P.), 1968-1971 foarsitter Steatefraksje; lid Earste Keamer foar de A.R.P. , lid haadbestjoer Fryske Akademy, bestjoerslid Fryske Kultuerried, oprjochter Het Dockumer Stadsfonds (ûnderstipet kulturele, maatskiplike en sosjale projekten), idem IJsselakademy te Kampen;
x Eastdongeradiel 13-6-1940 Minke Lieuwina Sytsma * Ælsum 25-11-1913 † Hattem 10-1-2004 [] Hattem, lid Rie Bernebeskerming Eastdongeradiel; dr fan Syds Lieuwes Sytsma, boargemaster fan Eastdongeradiel, en Sidonia Catharina Franses Miedema
Bern:
1 Piter van Tuinen, folget VII.5

§ YNSTALLAASJEDEI
Jikke van Tuinen yn in brief oan har ferloofde Taco Kingma yn Indië oer de ynstallaasje fan har broer Sybren as boargemaster fan Dokkum, d.d. 19-5-1949:
In ûngeskikte tiid om dy te skriuwen, op Sneontemiddei. By elke rigel trije kear de tillefoan.
Fan ’e moarn kaam ik op 20 felisitaasjess, dy’t opskreaun wurde! en dêr komme dan noch de beltsjes fan de taartsjebakker en de skinkeslachter by. Allegearre foar it grutte feest fan moandei.
Hjoed ha ’k it hiele hûs oanfage, ôfstoffe en dweile. ‘‘Wacht u voor uitglijden!’’ Fierders ha ’k de tún klaud en alle stiennen netsjes neistinoar lein. Alle blommen ha ’k der úthelle en yn ’e keamer te pronk set. Dêr is ’t no sa glimmend en sa ‘keurig’ dat dyn eagen der fan kniperje! ’k Moat no mysels noch poetse en útboarstelje, mar ik kin dij earst wol skriuwe, want sjochst my dochs net.
Kinst snappe dat wy hjir net allegearre de koarts ha? Sa’n ynstallaasje bart net sa faak en komt jin ek net fan alle soannen oer, seit Heit. Der binne ek legio perikelen oan ferbûn. Sa moatte der swarte pakken foar de mânlju komme. Wy moatte lange jurken ha, de minsken moatte útnoege wurde en de skoallebern trakteard. Wy ha mem ynskeakele, dy’t achter jurken oangiet en om ekstra geunsten freget foar snobbersguod.
(Alles is noch op ’e bon en wy ha noch suver gjin knappe klean, en liene foar feestjes alles byinoar…)
Mem is brutaal as it om har soan giet – en men seit gjin ‘nee’ tsjin har, fral as se har lyts makket en de ‘poes’ om docht!
Fan ’e middei kaam se op in draaf it hûs om. Se hie in grut sukses behelle: by in firma hie se tûzen repen krigen, foar alle skoallebern ien! Ik snap net hoe, en gjin ien snapt it, mar dy tûzen repen binne der. Spesiaal foar mem as manna út ’e himel reind tink.
Heit hat op ’t heden minstens sa’n sinneskyngesicht as Happerdepap doe’t hy de sjemleppel ôfslikke. Hy is alderferskriklikste wiis op syn âldste. Afijn – lit him noch mar eefkes huppelje, de klap komt fansels. Want ik foarspel herry mei de Dokkumers en herry thús as Sybren by ús yn komt (se ha noch gjin hûs yn Dokkum). De grutte kwesje is it Frysk. Sybren is in hurdkop. Hy wol perfoarst syn ynstallaasjerede yn ús eigen taal hâlde en dat wurdt hjir kranksinnich fûn. Heit hat him dêr hjoed twa kear om belle, mar hy hâldt fol. Hoe faker as Heit him hjir oer bellet, hoe stiver as hy wurdt. Ik jou him gelyk wat dy rede oanbelanget, mar fyn wol dat hy offisjele besluten en formaliteiten yn ’e Rykstaal beantwurdzje moatte soe – en ek rekken hâlde moat mei Hollânsktalige boargers!
Mar der is gjin helpen mear oan. Wethâlder Barkmeier belle nyskrekt wer op en sei dat it him tige spiet, en dat hy persoanlik neat tsjin it Frysk hie, mar de oaren… Hy moat ek om dy oaren tinke! Och, hy kletst. Hy sanikt der just it measte oer.
Woansdei is der fergadering fan it Frouljusfront yn Ljouwert. Dêr moat ik oars al hinne. As ik no Sybren mar goed ôfriede soe om dy rede yn it Frysk te hâlden, joech Heit my wol frij! 
[Jikke is dan tydlik learares oan ’e kweekskoalle dêr’t har heit direkteur is] 
Mar oft it thúsfront  my dat wurdich is… nee fansels.

 Noch in anekdoate:
Sybren boartet op gemeentlik nivo lantsjepik mei syn sweager Frans Sydses Sytsma, dy’t syn heit opfolget as boargemaster fan Eastdongeradiel (1934-1964). Sybren wol lân by Dokkum foegje, Frâns deselde stikken by syn gebiet.

***

Sjoch: J. Visser – Schets voor een genealogie der Anjumer Sijtsma’s en van hun agnaten uit het geslacht Jeppema – Dongearadeel byda aestersida der Pasen – It Beaken – tydskrift fan de Fryske Akademy – Jiergong XXVI – Nr 2 – July 1964
Publikaasjes fan Sybren van Tuinen,ûnder oaren:

Antiqua Virtute et Fide – Oude Trouw En Deugd – In âlde spreuk yn Fryslân, eigen útjefte, 1988
Het woord is aan U mijnheer Le Maire (eigen behear)
Wolkomthús fan de prins – yntocht yn Fryslân fan prins W.K.H. Friso en prinses Anna 1734, (eigen behear 1989).
Oer him ûnder oaren: Terminus – S. van Tuinen 1945-1978 magistraat Boalsert-Dokkum-Kampen – Patri Honoris Causa, by it ôfgean as boargemaster fan Kampen, troch syn soan Piter van Tuinen (eigen behear 1978); LC 3-4-1993 (In Memoriam), LC 8-1-1968, idem 10-11-1970, idem 3-11-1977, idem 30-4-1993
Sjoch:
Sybren van Tuinen – Wikipedy
Sybren van Tuinen – Wie Is Wie In Overijssel
Drs. S. (Sybren) van Tuinen – Parlement & Politiek
Drs. Sybren van Tuinen – Biografisch Portaal
Bommen op Saakstra’s brug: oorlog en bevrijding in Noordwest-Friesland
STICHTING IJSSELACADEMIE Financieel Overzicht 2015
Het Dokkumer stadsfonds – Platform voor cultureel avonturiers
-Een herinnering aan Sybren van Tuinen – Kamper Almanak
-ONZE POLITIE ZIJ ACTIEF! Een herinnering aan Sybren van Tuinen
-De komst van de academie | BOEi
-Sybren van Tuinen (1913-1993), jarenlang burgemeester van Dokkum, werd in de jaren 70 de nieuwe burgemeester van Kampen

VI.3 Reimer Willem van Tuinen * Seisbierrum 24-8-1916 † Menaam (Nij Statelân) 29-11-2006  [] Bitgum; fersetsstrider, ta de dea feroardiele, ûntkomt er ein sept. 1944 by in deademars út it kamp Amersfoart. Fersetsnamme: Willem de Jong, hy brûkt dy namme letter as pseudonym ûnder syn artikels yn literêr tydskrift De Tsjerne. Nei de oarloch ferbynt er de namme Willem oan syn foarnamme.
Túnder te Langsweagen, fan 1951 oant 1974 idem op Fjouwerhûs te Menaam ûnder Bitgum.
Dichter en skriuwer. Skriuwer Doarpsbelang Bitgum, idem begraffenisferiening De Lêste Eare, sûnt 1974 ‘onbesoldigd boargemaster fan Bitgum’; lid restauraasjekommisje Herf. Tsjerke, lid skiednisboekkommisje Bitgum 1979-1984; redakteur De Stiennen Man (dan ienmansredaksje), idem literêr tydskrift De Tsjerne, idem de Strikel (1970-1985, rubryk: Op ’e koarte baen)
x Henny Nicolai * Twizel 24 maart 1924 † Menaam (Nij Statelân) 1-7-2010 [] Bitgum
Bern:
1 Bouwe Tichgelaar, folget VII.6
2 Janke Tigchelaar, folget VII.7

§ REIMER W. VAN TUINEN LITERÊR
Publikaasjes fan Reimer Willem van Tuinen, sjoch fierder Tresoar:-
-Efter it tried – kampsketsen út Amersfoort (oantinkens oan syn tiid yn it konsintraasjekamp, ûnder de skûlnamme Häftling nû. 10039), 1946
-Forgetten post, 1949
-Read en Grien – fersen, Ferskynd ûnder syn fersetsnamme Willem de Jong, 1951
-Sa boartsjende wei – n.o.f. in priisfraach oangeande Dokkumer boartersspultsjes, 1968
-Skrael earesalút – ferhalen (bekroane mei in earste provinsjale priis) 1971
-It lân is uzes meielkoar – In samling skôgings (stikken út moanneblêd De Strikel en út Rym en Ûnrym)
-Libbensrin fan in sechstichjierrige, of Blomlêzing út de sechstich jier notulen fan it wetterskip ‘De Trije Doarpen’ 1911-1971, 1971
-Toer en tsjerke fan Bitgum oer de restauraasje fan ’e tsjerke (as lid fan de restauraasjekommisje), 1980
-postúm: Myn moaiste fersetsje-blomlêzing, 2006.
Oer him ûnder oaren: Reimer van Tuinen 1916-2006 (LC 30 nov. 2006), Ta oantinken oan Reimer van Tuinen – Klaas Abe Kamstra (Doarp & Sport febr. 2007)


VI.4 Jitske van Tuinen (ek: Jikke, Jits) * Bolswert 13-2-1919 † Ljouwert, Nijlân State, 22-4-2010 [] Noarderbegraafplak, Skieppedykje 4, Ljouwert; koerierster Ferset Twadde Weareldoarloch; learares Dútsk te Ljouwert
As Sybren sei: Trijn moat Nynke hite en Jikke Jits, dan gebeurde dat. Mar dat fûnen wy ek wol moaier hear.
x Taco Kingma * Aldegea (Wymbritseradiel) 1-4-1920 † Ljouwert, Nijlân State 9-1-1994 [] Ljouwert; Noarderbegraafplak; 1ste luitenant by it Frysk Bataljon Nederlâns Indië; doktoraal Pedagogy Vrije Universiteit te Amsterdam; dir. Maatschappelijk Werk Geestelijk Gehandicapten (M.W.G.G.) te Ljouwert, letter omdoopt yn Sociaal Pedagogische Dienst (S.P.D.), idem MEE (Missie Meedoen Mogelijk Maken voor Mensen met een beperking), nei syn pensjoen ta eare fan him – wat er net op priis stelt – omdoopt yn Buro Kingma;
redakteur De Stim fan Fryslân, orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip en it Roomsk Frysk Boun, Kingma hat dêryn syn rubryk De achterkant fan de moanne; 1979-1988 lid Pseudokommisje (it moast net te earnstich wurde, oppenearre Reimer van Tuinen), Skiednisboek Bitgum/Bitgummole
Bern:
1 Johan Pieter  Kingma, folget VII.8

§ EIGEN SKIEDNIS BESKREAUN
Publikaasje fan Jikke Kingma-va Tuinen (skûlnamme Dieke Brouwer):

De frijheid gie yn it blau – in jonge frou op aventoer yn 1945; ûnder pseudonym Dieke Brouwer, eigen behear (earder publisearre as ferfolchferhaal yn alve ôfleveringen yn wykblêd Frysk en Frij. sûnt 30 maart 1985

Publikaasjes fan Taco Kingma, ûnder oaren:
-Friesland was hier – De lotgevallen van het bataljon ‘Friesland’ in Indië, 1945-1948/T. Kingma, gearstaller, Drukkerij T. van der Weij, Ljouwert, 1948, twadde, wat wizige, druk, Uitgeverij Van Wijnen Frjentsjer, 1993
-Bitgum – skiednis fan Bitgum en Bitgummole/Taco Kingma, Fryske Akademy Ljouwert, 1988 ISBN 9061716942
-Achter de moanne oan (karút kollums earder pleatst yn De stim fan Fryslân, eigen seleksje); Van Wijnen Frjentsjer, ISBN 9051940173
-De Ald Pleats – Oantinkens oan de Van der Meers fan Aldegea (W.) foar 1920;mei meiwurking fan Johan L. van der Meer; eigen behear, Ljouwert, 1988
-In slach om – troch âld Bitgum en Bitgummole; eigen behear, Bitgum, 1991
-Geliefde ouders! – Brieven fan twa soannen oan har âlden (plm. 1913-1921), ûnder de namme Tæke A. Kingma; eigen behear, 1992

VI.5 Jabik van Tuinen * Bolswert 25-6-1921, grifformeard dûmeny te Skettens-Longerhou en Amsterdam, dêr ek studintepredikant;
x Gerbrig Scheepsma * Skettens 31-3-1928;
x Wûnseradiel 29-10-1952
Bern:
1 Pieter Reimer van Tuinen, folget VII. 9
2 Gabrielle Stephanie van Tuinen * 15-3-1967.

 

GENERAASJE VII
VII.1 Jacob Johannes van Tuinen

VII.2 Johannes van Tuinen

VII.3 Ebbing van Tuinen

VII.4 Heerke van Tuinen

VII.5 Piter van Tuinen * Ljouwert 7-12-1942, klassikus, learaar klassike talen Marnix-college Ede, idem 1971-1987 te Hilversum oan it Alberdingk Thijm College, 1987-2003 rektor Kristlik Gymnasium Hilversum;
x Paulien Switters, dr f. Taeke Doede Switters, notaris te Rotterdam, en Anna Cornelia van Popta
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Popta – VI.5.4.1
Bern:
1 Arnth Sybren van Tuinen
2 Reimer Winfrith van Tuinen, folget VIIIB.1

PUBLIKAASJES FAN PITER VAN TUINEN
Piter van Tuinen publisearre, ûnder oaren:

-Fictio facit poetam, IB XLVII, 1985, side 97-123
-Swit of swietrook, Phil. Fris., ao 1990, 1992, side 123-131
-Pallas en Mercurius, yn Hermans, J.J.M.e.o. (red.)
-De Franeker universiteitsbibliotheek, 2007, side 171-191
-mei Sybren Sybrandy: Geldzucht en godsvrucht. Bloemlezing uit de brieven van rector Reinerus Neuhusius (1608-1679). De Zeventiende Eeuw. Cultuur in de Nederlanden in interdisciplinair perspectief. 32 (2), side 262.
Sjoch: Sybren Sybrandy en Piter van Tuinen, Geldzucht en godsvrucht

VII.6 Bouwe Tichgelaar * Ljouwert 6-9-1952, befeiliger;
x 1 Menameradiel 26-6-1972 (sk.) Anna Maria van der Geest (Ans) * Ljouwert 6 -7-1953, adm. meiwurker te Ljouwert;
x 2 Flylân 10-7-2000 Marjan de Jong * Ljouwert 10-5-1960, gesinscoach-helpferliener te Ljouwert
Ans x 2 Evert van Zandbergen
Bern út it twadde houlik:
1 Reimer Tigchelaar

VII.7 Janke van Tuinen
(by keninklik beslút 1999 nammeferoaring út Tigchelaar yn Van Tuinen) * Ljouwert 9-5-1954, groepsbegeliedster te Ljouwert, x Menameradiel 10-8-1973 (sk.) Teunis Arend Kornelis te Velde (Teun) * Bellingwolde 18-11-1943, automonteur

Bern:
1 Henny te Velde
2 Roelof te Velde
3 Reimer te Velde

VII.8 Johan Pieter  Kingma (Hans) * 8-6-1955, sosjaal wurker,
w.m. sûnt 1977 Trijntje van der Wal (Tryntsje) * Snits (wenjend yn It Heidenskip) 5-4-1955,  meiwurker sûnenstsjinst

Bern:
1 Tæke Piter Kingma, folget VIII. * It Hearrenfean 30-7-1985, manager-projektûntwikkelder oalje en gas te Perth, Brisbane (Australië) en Celle (Dútslân);
w.m. -8-2012 Ziga Vleugel
2 Siebe Kingma * It Hearrenfean 23-9-1987; bankmeiwurker Bedriuw en Klant te Ljouwert;
w.m. Yvonne van Dijk 

VII.9 Pieter Reimer van Tuinen * Amsterdam 8-7-1964

GENERAASJE VIII B
VIIIB.1 Reimer Arnt van Tuinen
x Marian Donner * Amsterdam 11-3-1974; auteur en kollumnist, dr f. Marian Couterier, rjochter, en Johannes Hendrikus Donner (Hein), skaakgrutmaster en skriuwer
Bern:
1 Soan * Amsterdam * 2015
Wurk fan Marian Donner:
08.30 uur: opstand, roman, Prometheus, Amsterdam, 2006
Lily, roman, Prometheus, Amsterdam, 2011
Columns yn NRC Next en sûnt 2014 yn De Groene Amsterdammer

Wurdt fuortset