GENEALOGY
RIENKS

STAMRIGE EN FRAGMINTEN GENEALOGY

 

Dit wapen is in foarriedich ûntwerp fan Erfgoed Fundaasje, yn opdracht fan Minne Ruurds Braaksma (* Berltsum 1930) x Trijntje Jans Rienks (* St.-Jabik 1928 † Ljouwert 2010).
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat fan Ruurd, Jan en Gerland Braaksma.
De kleuren blau en grien yn it helmkleed stuolje op ’e haadkleuren yn ’e flagge fan ’e eardere gemeente It Bilt, de kontrei dêr’t mannich Rienks bouboer wie en is. It goud yn ’e – heraldysk – rjochter helte kin stean foar it bouwen fan nôt.
It helmteken – de bloeiende ierdappelplant – tsjut op ’e ierdappelbou, de trije klavers symboliseare de eigenerfde.
Omskriuwing:
Dield: I. de Fryske earn yn goud; II. yn blau trije griene klavers.
Helmteken: in bloeiende ierdappelplant. Helmkleed: blau, fuorre mei grien.

Dizze genealogy is in opset ta ien yn ’e folle breedte, dat wol sizze dat alle lagen Rienks ûnder de neiteam fan Rienk Johannes en Claaske Claasen (V) ferarbeide wurde sille.
Foarearst is de útwurking hjir beheind ta de stagen fan
Albert Rienks Rienks troud mei Eelkje Botma (X.4), bouboeren en hynstefokkers op ’e Pôlepleats te Furdgum; dit yn opdracht fan ’e bernsbern Emile, Elly en Tineke Vogels; sjoch Kertiersteat Vogels,
en Albert syn achter-achternicht, beide ôfstammelingen fan Johannes (VI.1) en Thys Rienks Rienks (VI.2)
Sytske Melia Rienks (X.2.2) troud mei Gerard Kingma, greidboeren en allyksa hynstefokkers op Molla te Eagmaryp; soks neffens de winsk en yn opdracht fan Sytske Rienks, dy’t op 2 juny 2019 hommels ferstoar, mar de útwurking fan har kertiersteat gelukkich noch al meimakke hat; sjoch: Kertiersteat Sytske Melia Rienks.
Foar de hâldfêsten yn ’e stamrige is tankber gebrûk makke fan it yngeand ûndersyk fan Jan T. Anema, Pieter Nieuwland en Simon Wierstra, beskreaun yn har genealogy Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach yn it Genealogysk Jierboek 2012.  It wurk fan G. Terpstra – Famyljeboek fan de Rienksen, ferskynd yn 1955 – is brûkt as rjochtline en as boarne fan gâns krantestikken. Fierders binne de gegevens risping fan eigen ûndersyk.
Dit is wurk yn útfiering, dat betsjut dat aloan ferbettere, bysteld en oanfuld wurdt. Net allinne oangeande data, mar ek wat famyljeferhalen en dokuminten oanbelanget. Meiwurking dêrta stelt Erfgoed Fundaasje tige op priis.
Sjoch: formulier. Dizze stambeam wurdt neigeraden yn it Ingels oerset.

This genealogy is still in progress and will have all descendants of Rienk Johannes en Claaske Claasen (V)
This is the branch of:
-Albert Rienks Rienks
married Eelkje Botma (X.4), agrarians and horse breeders at the Pôlepleats at Furdgum. The making of their family tree is commissioned by their grandchildren Emile, Elly and Tineke Vogels; see Kertiersteat Vogels, and Albert, his third cousin, both descendants of Johannes (VI.1) and Thys Rienks Rienks (VI.2)
-Sytske Melia Rienks (X.2.2) marries Gerard Kingma, stock farmers and also horsebreeders at Molla at Eagmaryp; commissioned by Sytske Rienks, who died suddenly on June 2 2019, but fortunately still experienced the making of her ancestors diagram. See Kertiersteat Sytske Melia Rienks.
For the data in the family tree we used the ongoing research of Jan T. Anema, Pieter Nieuwland and Simon Wierstra as described in their genealogy Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach in the Genealogy Yearbook 2012. The work of G. Terpstra, Famyljeboek fan de Rienksen from 1955, is used as a guideline and a source of old newspapers.
This is a work in process that will be improved, supplemented or amended. Not just the data but stories and documents as well. Heritage Foundation appreciates your cooperation. See: formulier. This genealogy will eventually be translated to English.

 

 

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried

Sjoch:
Jan T. Anema, Pieter Nieuwland en Simon Wierstra – Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach – Genealogysk Jierboek 2012, Fryske Akademy – Afûk, Ljouwert, 2012, ISBN 978-90-6273-931-8 – side 158
G. Terpstra – Famyljeboek fan de Rienksen – De Terp, Ljouwert, 1955
André M.C.M. Vogels – Het aloude geslacht Vogels – N.V. De Nieuwe Tijd, Amsterdam, 1917
J.IJ. Feenstra – Het geslacht Bierma – Genealogysk jierboekje 1957, Fryske Akademy, Ljouwert, 1957
Stichting De Jelsumer Hoekstra’s – De Jelsumer Hoekstra’s – Jelsum 1990 ISBN 90 800461 0 8
Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Anneke Bouma, fan nûmer 7168 ôf
Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Sytske Melia Rienks, nûmers 32 en 34

 

STAMRIGE
Wat is in stamrige?

I
Johannes Fopckes † foar 1625, 1612-1614 neamd te Lytse Leard
x
Foeck Jacobs * omstrings 1570 † [Dokkum] 1648, wennet yn 1625 as widdo te Dokkum

II
Jacob Johannes † wierskynlik nei 1688, yn 1640 boer op Holewey te Ternaard (stim 8), ferfart yn 1641 en wennet yn 1643 te Blije, yn 1681 betsjinner en yn 1688 foarstander fan ’e minnistegemeente te Blije
x 1 foar of yn 1632 Antie Bockes * omstrings 1614 † foar 23-4-1641, dr f. Bocke Gossesz en Bauck Sytses;
x 2 foar 23-4-1641
 Siouck Sioerdts * omstrings 1600/1603, yn 1640 boerinne te Blije (stim 7), widdo fan Rienck Jackles

III
Rienck Jacobs
 * omstrings 1642 † 1701/1708, yn 1667 boer op Cleffens ûnder Raard, 1674 op Medwert ûnder Holwert, 1698/1700 op Mockema state yn De Ryp ûnder Ferwert (stim 33), keapet lân yn 1701;
x 1 [1667] Frouck Jacobs † [Holwert] 1673, fan Ternaard , dr f. Jacob Ates, widdo fan Tiepcke Tiepckes;
x 2 [1674]
Ytie Bienses * [Eastrum] 1644/45, yn 1667 neamd as widdo te Ternaard, yn 1708/1718 as widdo boerinne op Mockema state

IV
Johannes Riencks * omstrings 1680 † [Ferwert]1751/52, 1708/1718 boer op It Heech te Ferwert (stim 52), 1728/1728 op Jansma state dêr (stim 53), yn 1749 ‘redelijk welgesteld boer’ dêr (kapitaal plm. f 4000),
x [maityd 1707]
Sytske Symens * omstrings 1689 † mooglik foar 1768, 1758 as widdo boerinne op Jansma state

V
Rienk Johannes
* [Ferwert omstrings 1708] † [Westernijtsjerk] omstrings 1774, 1735-1742 boer op Tsigera sate (ek: Tjaarda sate te Holwert), 1742-1752 op Grut Kahoal te Ferwert, ferfart tusken 1752 en 1757 nei Westernijtsjerk;
x 1 nei alle gedachten omstrings 1734/35 N.N.,
x 2 mooglik maityd 1737 (foar 14 juny)
Claaske Claasen * Hallum omstrings 1712 ~ minnistegemeente Hijum inkelde jierren foar 1740 † [dêr] 1779; yn 1775 boerinne te Westernijtsjerk; dr f. Claes Jouckes, boer te Hallum, en Baukjen Sapes
Bern út it earste houlik:
1 Sytske Rienks * omstrings 1735 † foar 1764 (mooglik om 1761 hinne)
x Westernijtsjerk 15-4-1759 Jacob Jacobs Twijnstra * Froubuorren omstrings 1724 † Ferwert 15-1-1778; minnist; boer te Stiens, Westernijtsjerk en Hallum, sûnt 1772 te Ferwert; sn f. Jacob Sybrens Twijnstra,  boer te Froubuorren, Stiens en Hallum (yn 1749 ‘seer welgestelde’ boer dêr), foargonger fan ’e minnisten te Hallum, en Antje Jacobs Brolsma
Bern út it twadde houlik:
2 Claes Rienks
[postúm Blijstra] * [Holwert omstrings 1738 † 1782/’83; minnist; yn 1778 boer op it Kleaster Foswert ûnder Ferwert (stim 39)
x Marrum 28-10-1764 Grietje Reinders Dijkstra * Blije omstrings 1740 † Grou 26-4-1824; yn 1788 as widdo eigenerfd boerinne te Blije, wennet dêr yn 1805 noch, yn 1817 te Huzum, letter sûnder berop te Grou; dr f. Reinder Jans en Gertje Gelts 
3 Johannes Rienks Rienks, folget
VI.1
4 Baukje Rienks † Holwert 5-6-1797
x Holwert 18-10-1772 Cornelis Lieuwes * [Holwert omstrings 1731] † Holwert 11-3-1797; yn 1783 boer te Holwert, yn ’t lêstoan dêr keapman; sn f. Lieuwe Cornelis, boer te Holwert, en Claaske Lieuwes 
5 Foekje Rienks
† Holwert 23-5-1783, net troud
6 Thys Rienks Rienks, folget VI.2

7 Symon Rienks Rienks * Ferwert 8-11-1753 ~ op belidenis 1-6-1788 † Pitersbierrum 22-1-1827; 1782/’92 boer te Westernijtsjerk, 1796-1818 op Rienks Aldershûs te Aldeleie ûnder Hallum, 1818-1824 eigenerfd boer op Nijenhûs te Feinsum, 1824-1827 boer te Pitersbierrum; yn 1812 ien fan ’e seishûndert heechst oansleinen yn Fryslân
x 1 Westernijtsjerk 14-4-1787 Aaltje Hessels, fan Holwert † Aldeleie ûnder Hallum 8-3-1796; dr f. Hessel Idses, eigenerfd boer op Dykstra state te Holwert, en Ytje Jans
x 2 [1797] Jeltje Hanzes Leistra * Aldeleie ûnder Hallum 25-4-1766 ~ Hijum 18-5-1766 † Tsjummearum 14-2-1839; dr f. Hans Clases, boer te Aldeleie, en Heiltje Jeltes
Bern:
folgje letter VI.3

VI
VI.1 Johannes Rienks Rienks * [Holwert] 3-2-1740 ~ op belidenis 6-11-1774 † Hallum 25-5-1821; 1778/’88/’98 boer oan ’e Hearewei ûnder Marrum, 1818 op Banga state op Jousumbuorren ûnder Hallum; lâneigner Te Westernijtsjerk en Hallum;t1790/’91 diaken; gemeenteriedslid en assessor (=wethâlder) fan Ferwerteradiel; 1811 ien fan ’e ‘notabelste ingezetenen welke zich door kunde, braafheid en vermogen het meest onderscheiden’ fan Ferwerteradiel; yn 1812 ien fan ’e seishûndert heechst oansleinen fan Fryslân; syn neilittenskip beslachttwa pleastsen, beslach, los lân en huzen
x Westernijtsjerk 21-8-1768
Aukje Sydses Boersma ( ek: De Boer; suster fan Saapke,  VI.2)  * Westernijtsjerk -2-1749 ~ dêr 17-8-1749 † Hallum 25-6-1826; giet mei har man oer nei de minnistegemeente en wurdt op ’e nij doopt; as widdo boerinne te Hallum; dr f. Syds Pieters en Antje Dirks
Yn 1774 wurde Jehannes en Aukje op belidenis ~ te Holwert en lid fan ’e minniste gemeente Blije-Holwert
Jehannes nimt yn 1812 de namme Rijnks oan. Jehannes skriuwt fersen yn it Frysk.
Ut dit houlik fjirtjin bern dêr’t fjouwer fan jong ferstoarn binne, de oaren:

1 Sieds Johannes Rienks * Marrum 6-10-1770 † Leiden 15-11-1845, 75 jier; hiert yn 1818 in pleatske fan syn heit, de Gersikkers, ûnder Ferwert (44 pm.), hiert 10 pm oan ’e Nije Piip yn it Klaailân ûnder Nijtsjerk; makker fan optyske ynstruminten, mikroskopen en teleskopen, yn 1820 te Berltsum en Leiden; broeder yn ’e Orde van de Nederlandsche Leeuw
x 1 Holwert 7-10-1798, skieding 8-1-1822, Grietje Dirks Hellinga * Ferwert 17-4-1780 ~ dêr 14-5 1780 † Ljouwert 5-3-1848, 67 jier; dr f. Dirk Sybrens Hellinga en Grietje Martens Hellinga
x 2 Menameradiel 27-11-1822, 52 en 18 jier, Sytske Wybes de Jong * Berltsum 28-1-1804 ~ dêr 19-2-1804 † Leiden 19-3-1861, 57 jier; dr f. Wybe Sijes de Jong en Martentje Gabes
Sjoch: Sieds Johannes Rienks
2 Jan Johannes Rienks * Marrum 25-6-1776 † Kloosterburen (Grinslân) 7-7-1841, 65 jier; boer te Pieterburen en Kloosterburen (op ’e pleats fan syn skoanâlden)
x Pieterburen en Wierhuizen 14-9-1806 (ûndertrou Onderdendam 23-8-1806) Heilina Luitjens Siersema (ek: Hijlena Siertsema) * Kloosterburen -1-1787 ~ Hornhuizen 28-1-1787 † Kloosterburen 19-8-1832; dr f. Luitjen Martens Siersema, boer te Kloosterburen, en Foske Jans
3 Biense Johannes
* Hallum 17-12-1778 † Amsterdam 1798; teologysk studint oan it minnisteseminary te Amsterdam
4 Klaaske Johannes Rienks * Marrum 23-3-1781 † dêr 18-4-1843, 62 jier
x Hallum 27-5-1804 Lourens Alefs Olivier * Marrum 23-4-1779 ~ dêr 9-5-1779 † dêr 28-4-1864; eigenerfd boer te Ferwert, letter te Marrum; gemeenteriedslid fan Ferwerteradiel; dykgraaf; sn f. Alef Lourens Olivier, boer te Marrum, en Geertje Sybrens Twijnstra
5 Antje Johannes Rienks
* Marrum 3-10- 1783 † Hallum 19-11-1847, 64 jier; wennet yn 1824 te Hallum
x Huizinge 2-10-1810 Hendrik Meints Keizer (ek: Meentes Kaijzer) ~ Delfsyl 19-11-1786 † Uithuizermeeden 20-10-1823; doarwarder; wenje yn 1812 te Delfsyl; sn f. Meento Pieters Kaijzer, touslachter te Delfsyl, en Frouwke Hindriks ter Borg
6 Rienk Johannes Rienks
* Marrum 23-3- 1786 † Hallum 14-1-1833, 47 jier; húsman/boer op Walta state te Hallum (brûkt krapoan 120 pm., ynventaris by ferstjerren Rienks, side 52)
x Hallum 12-12-1812 Antje Jans van der Meij * Westernijtsjerk 4-12-1788 ~ dêr 7-12-1788 † Hallum 31-3-1824; dr f. Jan Jans van der Meij, boer te Westernijtsjerk, en Nænts Foppes Wymstra
relaasje mei Doetje Jans van der Kooi (ek: Van der Kooy) * Hallum 2-1-1803 ~ dêr 20-2-1803 † dêr (neffens har beppesizzer Jacob Sieds Rienks, Rienks side 51) yn it earmhûs 9-4-1868; tsjinstfaam letter húshâldster by Rienk; by har hat Rienk sân bern, op ’e âldste nei allegear erkend; dr f. Jan Hendriks van der Kooy en Lijsbeth Jacobs
Rienk wurdt feroardiele ta fjirtjin dagen finzenis en beteljen fan ’e proseskosten fanwegen syn mishanneljen fan ’e plysjes Frans Oenes Fortuin en Jacob Fopkes Krol doe’t dy yn opdracht fan ’e doarwarder passe moasten op it yn arrest stelde guod fan ’e beklaagde.
Rienk ferstjert neidat er op 7-1-1833 mishannele is troch fjildwachter Jacob Fopkes Krol te Hallum, 34 jier; fûnis: fiif jier gefangenisstraf + f 236,50 boete + proseskosten. Krol hat neffens de famylje Rienks hannele yn opdracht fan ’e Stienstra’s dy’t de pleats fan Rienk ûnderhiere wolle. Jan Jochums Stienstra hat dêrfoar sitten. (Rienks, side 51)

7 Klaas Johannes Rienks
* Marrum 14-1-1789 † Loppersum (Grinslân) 21-2-1870, 81 jier; boer te Huizinge (Grinslân), letter te Loppersum
x Middelstum 9-12-1812 Jantje Freerks Bruininga * Uithuizen 1-2-1789 ~ dêr 8-2-1789 † Huizinge 24-10-1860; dr f. Freerk Harms (ek: Frerijk) en Jantje Sijwerts; by trouwen tsjinstfaam
8 Cornelis Johannes Rienks
* Marrum 3-12- 1790 † Froubuorren 29-10-1863, 73 jier; oant Alde Maaie 1833 boer op Jousmabuorren (Jousmabuorsterterp) ûnder Hallum (Rienks, side 60), sûnt 1833 gernier te Hallum, yn 1834 dêr arbeider
x Hallum 6-11-1816 Baukje Hendriks Stelwagen ~ Hallum 22-4-1791 † dêr 25-4-1831, 40 jier; dr f. Hendrik Johannes Stelwagen, hiel- en froedmaster, yn 1811 sjirurgyn te Hallum, en Sjoukje Jacobs Mellema
9 Sipke Johannes Rienks
(ek: Rijnks) * Marrum 3-2-1794 † Hallum 15-10-1851, 57 jier; yn 1813 garde d’honneur; boer yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren (75 pm.,boelguod 19-4-1830, Rienks, side 68) en yn 1827 brûker fan lân ûnder Marrum, sûnt 1830 gernier, letter winkelman te St.-Anne (hûsnr 247), yn 1839 arbeider te Hallum
x Hallum 6-11-1816 Hijke Alberts Bokma * Hallum 22-10-1796 † dêr 9-5-1862; dr f. Albert Bokkes Bokma en Trijntje Pieters Pot
10 Sytske Johannes Rienks, folget VII

VI.2 Thys Rienks Rienks * Ferwert omstrings 1751 [10-9?] † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 10-9-1829, 78 jier; boer ûnder Marrum, 1788/’98 op Feitsma state ûnder Hallum, eigenerfd boer op Zeldenrust te Aldebiltsyl ûnder Froubuorren; 1813 folmacht fan de Biltpollen
x 1 Westernijtsjerk 29-9-1776
Saapke Siedses Boersma (suster fan Auky, VI.1) ~ Westernijtsjerk 7-4-1754 † Marrum 1781; dr f. Syds PIeters, boer te Ferwert, sûnt 1744 op Reinalda state te Westernijtsjerk en Antje Dirks
x 2 Hallum 20-5-1787 Trijntje Klazes van Egten ~ Ferwert 3-6-1759 † Hallum 1800, dr f. Claas Jilderts van Egten en Gerlske Thyssenen van Egten, boer op ‘It Aldershûs’ op Alde Leie,
x 3 Froubuorren 15-3-1801, minnistegemeente, Ytje Bienses Hoogland (de skaainamme wurdt allinne neamd yn har stjerakte) * Ferwert begjin [11-3?] 1758 ~ dêr 14-10-1759 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 10-8-1829; 1797-1801 boerinne op Elsma state te Ferwert; dr f. Biense Johannes en Sytske Sytses
Ytsje x 1 Pieter Watzes Hoogland ~ Ferwert 31-1-1755 † dêr 29-10-1797; boer op Heringa state, alias Elsma state te Ferwert; sn f. Watse Piers, boer te Ferwert, en Saapke Pieters
-13-3-1798: Thys Rienks en Trijntje Klazes keapje hûs en hôf, beammen en plantaazje, neamd It Swellenêst, oan ’e Hearewei ûnder Hallum
-20-8-1798: deselden keapje in heale pleat, de Roodschuur, oan ’e Hearewei ûnder Hallum (86 pûnsmiet)
-15-1-1810: Thys keapet in hûs mei tún yn ’e Hallumerhoek
-Thys keapet geregeldwei greid- en boulân; opjefte dêrfan, ek fan syn ynboel by ferstjerren Famyljeboek fan de Rienksen
Bern út it earste houlik:
1 Rienk Thysses Rienks, folget VII
2 Saapke Thysses Rienks (ek: Rynks) * Marrum omstrings 1781 † Froubuorren 6-11-1859
x Hallum 4-8-1799 Former Pieters Molenaar * Bitgum [of Froubuorren?] 4-9-1774 ~ Bitgum 2-10-1774 † Froubuorren 18-12-1836, 62 jier; boer te Froubuorren (earste pleats, eastlik fan ’e Nijebiltdyk); gemeenteriedslid fan ’t Bilt; lid ûnderskate gemeentlike kommisjes; sn f. Pieter Formers Molenaar en Tjeerdtje Sipkes Bouma
Saapke en Foarmer wurde op15-10-1815 lid fan ’e minnistegemeente te Aldsyl
Bern út it twadde houlik:
3 Gelske Thysses Rienks (ek: Gerlske) * Hallum 26-11-1789 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 13-1-1834, sawat 44 jier
x 1 18-3-1810 Jentje Jacobs Hoekstra * Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 30-7-1785 † dêr 18-4-1825, 38 jier; keapman en winkelman te Aldebiltsyl (noardlikste hûs oan ’e Leisterstreek); sn f. Jacob Jentjes en Doetje Alberts
x 2 It Bilt 17-8-1827 Minne Gerbens Dijkstra * St.-Anne 5-5-1792 ~ dêr 3-6-1792 † Stiens 9-2-1850, 57 jier; keapman te Aldebiltsyl; sn f. Gerben Minnes Dijkstra en Tjitske Jacobs; op 15-10-1815 wurde Gelske en Jentsje lid fan ’e minnistegemeente te Aldsyl
Gerben x 1 It Bilt 10-5-1818 Ytje Pieters Brouwer ~ St.-Anne 30-5-1792 † dêr 17-1-1826; dr f. Pieter Coenraads Brouwer en Antje Arjens Keizer
Gerben x 3 It Bilt 6-10-1836 Trijntje Tjepkes Bouma * Hijum 8-2-1813 † Froubuorren 20-8-1857, 44 jier; dr f. Tjepke Harmens Bouma en Tjitske Bokkes Osinga
4 Klaaske Thysses Rienks * Hallum 27-12-1795 † Aldebiltsyl 1-7-1842
x It Bilt 22-12-1814, 19 en 31 jier, Roelof Roelofs Schuiling * Kalkwijk by Hoogezand 1-6-1783 † Aldebiltsyl 12-7-1871, 88 jier; krijt syn oplieding ta minniste foargonger fan Foeke Wigles Gorter; minniste dûmeny te Aldebiltsyl 1812-1817, Hylpen 1817-1818, Aldebiltsyl 1818-1857; sn f. Roelof Hendriks Schuiling, boer te Kalkwijk, en Elisabeth Roelfs Meihuizen
Ut it tredde houlik:
5 Foeke Thysses Rienks * Zeldenrust ûnder Aldebiltsyl -4-1802 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 21-4-1842, om ende by 40 jier; sûnt 1828 boer op Zeldenrust ûnder Aldebiltsyl; wurdt 2-5-1841 lid minnistegemeente Aldsyl
x 1 Holwert 24-5-1829 Trijntje Pieters Koopmans * Holwert 16-9-1808 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 27-8-1830, 21 jier; dr f. Pieter Hyltjes Koopmans en Grietje Jans Jonker
Grêfskrift fan Tryntsje:
Ik had nauwelijks mijn zoon,
Mijn eerste spruit, gekust,
Maar ach, mijn levenslamp
Werd plotseling uitgebluscht.
De dood had in mijn jeugd
Van vreugde geen erbarmen,
Ik viel van Ega’s borst
In Vaders Godes armen.
Vaarwel mijn gade en zoon,
Mijn ouders en mijn vrinden,
Ik hoop U in mijn jeugd
Bij God eens weer te vinden.
x 2 It Bilt 5-4-1832 Eke Jans Sterkenburg * Blije 1-9-1807 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 8-9-1846, 39 jier; wurdt op 26-4-1835 lid minnistegemeente Aldsyl; dr f. Jan Anes Sterkenburg en Tetje Jacobs Twijnstra
Mooglik binne Foeke, Tryntsje en Eke alle trije ferstoarn op Zeldenrust

VII
Rienk Thysses Rienks
(ek: Thyssens Rijnks) * Westernijtsjerk ûnder Marrum 12-5-1777 † Hallum 29-12-1831, 54 jier; eigenerfd boer yn ’e Hallumerhoek (44 bunder) en op syn eigen pleats Nijenhús ûnder Feinsum (46 bunder), idem Balkein (37 bunder), idem Sate nr 4 op ’e Biltpollen (34 bunder); by syn † lit Rienk fjouwer pleatsen en twa huzen nei, syn besit wurdt oan lân (mei-inoar 160 bunder) huzen en skuorren takseard op f 95.520,-; administrearend folmacht fan it Nij Monnikebilt (Rienks, side 71)
x 1 Hallum 18-11-1798, minnistegemeente (attestaasje fan Froubuorren 14-11-1798) Klaaske Gerbens de Jong * Froubuorren 12-5-1772 ~ dêr 12-7-1772 † Hallum 8-2-1812; dr f. Gerben Gosses en Sjoerdtje Feyes
x 2 Mairie Hallum 12-12-1812, 35 en 17 jier, neef en nicht, Sytske Johannes Rijnks (ek: Rienks) * Marrum 27-7-1795 † Hallum 16-8-1846, 51 jier; dr f. Johannes Rienks Rienks en Aukje Sydses Boersma (sjoch VI.1)
Sytske x 2 Ferwerteradiel 15-10-1836 Dirk Hendriks Miedema * Westernijtsjerk 15-5-1792 † Marrum 11-3-1875, 82 jier; boer, keapman (1822) en sûkereidroeger te Marrum, sn f. Hendrik Jelles Miedema, boer te Marrum, en Janke Dirks Koopmans
Dirk x 1
Trijntje Sydses Koopal * Bitgum 12-10-1794 ~ dêr 16-11-1794 † Marrum 3-7-1833, dr f. Syds Sjoerds Koopal, boer te Bitgum, en Sieuwke Dirks Pierson;
Dirk x 3 Ferwerteradiel 19-10-1854
Saakje Durks Osinga * Dokkum 1806 † Marrum 1883, dr f. Durk Fokkes Osinga en Akke Sakes Hoekstra
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans
Sjoch foar de Rienksen:
 Famylje Rienks
Bern út it earste boask:
1 Saapke Rienks Rienks * Hallum 12-2-1799 † Froubuurt 9-4-1861, 62 jaar, [] Froubuurt
x 3-9-1826 Klaas Arjens Wassenaar * St.-Anne  12-2-1795 † Froubuurt 24-11-1858, 63 jaar, [] Froubuurt; boer op ’e Wassenaar-plaats westlik fan ’e Attesweg, súlik Ouwedyk; 1844-1851 gemeenteraadslid fan ’t Bildt; in 1851 een fan ’e hoogst anslagenen in Frysland 
2 Sjoerdtje Rienks Rienks
* Hallum 1804;
x 1829 Willem Gerrits Deinema * Stiens; sn f. Gerrit Doekes Deinema, boer te Stiens, en Lysbeth Tjerks de Vries 
3 Klaas Rienks Rienks 
* Hallum 1807 † Feinsum 10-11-1835, 28 jier, [] Hallum; boer op Nijenhús ûnder Feinsum;
x 17-6-1830 Minke Goffes Jensma * Holwert 17-12-1809 † Aldsyl 4-3-1893, 83 jier, [] Hallum; boerinne ûnder Aldsyl; boelguod -5-1893 (Rienks, side 120)
Minke x 2 20-5-1839 Bente Willems Wassenaar * Ouwesyl 15-11-1795 † 14-3-1888; aigenerfd boer onder Froubuurt
Bern út it twadde houlik:
4 Thys Rienks Rienks
* Hallum 26-12-1813
5 Thys Rienks Rienks, folget VIII.1
6 Johannes Rienks Rienks * Hallum 1-1-1818 † dêr 9-1-1818, 8 dagen
7  Aukje Rienks Rienks * Hallum 13-12-1819 † dêr 3-7-1827, 7 jier
8 Johannes Rienks Rienks, folget VIII.2
9 Bienze Rienks Rienks * Hallum 23-2-1825 † Feinsum 15-12-1894, 70 jier, [] Feinsum; boer op Balkein ûnder Feinsum; boelguod -4-1880 (Rienks, side 127); kommittearde wetterskip
x 21-5-1849 Wilhelmina Tuinstra * Froubuorren 1833 † Britsum 18-3-1904, 70 jier, [] Feinsum
10 Aukje Rienks Rienks * Hallum 9-7-1829 † Hijum 19-12-1866; ferstanlik beheind

VIII
VIII.1 Thys Rienks Rienks
* Hallum 8-10-1815 † Feinsum 19-11-1864, 49 jier [] Feinsum; doopsgesind; bou- en greidboer op Nijenhús ûnder Feinsum; kommittearde wetterskip Feinsum
x Ferwerteradiel 25-11-1847, 32 en 27 jier, Meiltje Harmens de Vries * Wânswert 11-3-1820 † Feinsum 24-5-1878, 57 jier, [] Feinsum; by trouwen sûnder berop te Feinsum; as widdo set hja it boerebedriuw troch; boelguod -3-1879 (Rienks, side 121); dr f. Harmen Sakes de Vries, arbeider te Ferwert, sûnt 1817 gernier te Wânswert, en Doetje Dirks Tolsma, as widdo sûnder berop te Wânswert, wennet letter by Meiltsje yn
De skriuwwize fan ’e achternamme farieart midden 19e iu fan Rienks, Rijnks en Rynks, sawol yn ’e ûnderskate stagen as by de lju persoanlik. Thys tekenet ûnder syn trou-akte mei Rijnks.

Bern:
1 Rienk Thysses Rienks * Feinsum 29-8-1853 † Ljouwert 9-6-1926, 72 jier; by trouwen gernier, letter boer ûnder Feinsum; boelguod -11-1888 (Rienks, side 218)
x Ljouwerteradiel  13-6-1885 Antje Jans Visser * Hijum 5-3-1864; by trouwen tsjinstfaam te Hijum; dr f. Jan Abrahams Visser, arbeider, letter gernier te Hijum, en Sjoukje Tjalles Ferwerda
2 Sytske Thysses Rienks * Feinsum 24-9-1848
x 14-5-1874 Gerlof Everts Tilma * Ferwert † Marrum; boer ûnder Marrum; boelguod -9-1894 (Rienks, side 219). Brûkt ek boulân oan ’e Hege Hearewei by it hiem fan Nijenhús en oan ’e Hijumerdyk ûnder Feinsum
3 Gerbrigje Thysses Rienks *Feinsum 18-11-1851 † Ljouwert 24-3-1915, 63 jier; ferfart op 24-4-1879 út Feinsum nei Ljouwert
x Ljouwerteradiel 20-4-1879 Wybe Alberts van der Meer * Ljouwert; by trouwen slachter te Ljouwert, letter dêr feekeapman oan ’e Spanjertsleane; sn f. Albert van der Meer en Meindertje Weever
4 Harmenke Thysses Rienks (ek: Harmke) * 24-9-1854 † Ljouwert 14-7-1932, 77 jier, [] Deinum
x Ljouwerteradiel 27-4-1882 (op ’e selde dei as har broer Harm) Jan Tædes van de Wind * Skinkeskâns ûnder Deinum 1855 † Ljouwert 14-1-1932, 77 jier; houtseachmûner op ’e Alde Galeien te Ljouwert, Fa J.T. van de Wind. Hy ferset yn 1886 syn houtstek fan ’e Westersingel nei de Alde Galeien. Yn augustus 1922 docht er syn houthannel en elektrise seagerij oer oan R.S. Timmermans. Harmke en Jan wenje letter yn ’e Willem Sprengerstrjitte 11 te Ljouwert.
De houtmole op Skinkeskâns oan ’e Harnzerfeart bestiet al yn ’e 18e iu en yn 1801 krijt de famylje Van de Wind der in oanpart yn troch Anna Jans van de Wind en har man Tæke Sybrens, dy’t de sprekkende namme fan syn frou oernimt. De mole komt alhelendal yn hannen fan ’e famylje Van de Wind en it bedriuw wurdt fan heit op soan fuortset: Tæke Sybrens van de Wind (1768-1851), Jan Duys Tækes van de Wind (1795-1872),  Tæde Jans van de Wind (1825-1893), Tæke Tædes van de Wind (1863). Dy lêste ferkeapet de mole oan ’e famylje Overmeer dy’t him ôfbrekke lit en it stee by eigen bedriuw foeget.  
5 Harmen Thysses Rienks, folget IX.1
6 Doetje Thysses Rienks * Feinsum 1850 † Burum 12-11-1877; ferhuzet op 4-5-1876 út Feinsum nei Burum
x Ljouwerteradiel 4-5-1876, 26 en 43 jier, Petrus Henderikus de Vries * Burum 25-5-1841 † dêr 25-7-1891, 50 jier; Nederlâns Herfoarmd, letter Kristlik Grifformeard; by syn earste houlik ‘zonder bepaald beroep’ te Burum, yn 1877 dêr noch sûnder berop, letter dêr nôtmûnder en keapman (Rienks, side 327), greidboer (hûsnr A14), by ferstjerren ‘landgebruiker’; sn f. Henderikus Rinderts de Vries, yn 1840 boer te Burum, yn 1841 dêr winkelman, yn 1877 dêr pelmoolner, en Antje Petrus van der Werf.
Petrus x 2 Luktje Bosscher * Kommersyl-Oldehove 1842 † Burum 4-8-1912, 70 jier; Nederlâns Herfoarmd, letter Kristlik Grifformeard; komt op 10-12-1881 út Oldehove yn Burum; dr f. Jan Alberts Bosscher, boer te Niehove, letter te Kommersyl, en Eilktje Douwes de Vries (ek: Ytje).

VIII.2 Johannes Rienks Rienks
* Hallum 11-7-1822 † Hallumerhoek 22-1-1871, 48 jier; boer yn ’e Hallumerhoek
x Ferwerteradiel 12-7-1855 Baukjen Sikkes Obma * Burdaard 10-8-1826 † Ljouwert  14-3-1912, 85 jier; by earste houlik sûnder berop te Hallum; as widdo fan har earste man boerinne te Hallum; dr f. Sikke Tjeerds Obma, yn 1821 bakker te Lichtaard, yn 1822, ’23 idem te Dokkum, yn 1826, ’29 oerwurkmakker te Burdaard, en Saapke Ytzens Zwaanstra.
Baukje x 2 Ferwerteradiel 10-12-1874 Albert Klazes de Groot * Marrum 13-8-1829 † Ljouwert 27-3-1912, 82 jier; boer ûnder Hallum, letter gernier te St.-Anne; ferfart op 30-6-1887 út Hallum nei de Stienzerwei BB19 te Ljouwert; sn f. Klaas Sjoerds de Groot, boer te St.-Anne, en Antje Alberts Bokma.
Albert x 1 It Bilt 27-5-1858 Yfke van der Meij * Menaam 27-1-1834 † St.-Anne 8-11-1870, 36 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; dr f. Roelof Foppes van der Meij, boer te Menaam, letter te St.-Anne, en Trijntje Sjoerds de Groot.
Bern:
1 Rienk Johannes Rienks, folget IX.2
2 Sikke Johannes Rienks * Hallum 12-4-1858 † dêr 19-10-1941, 83 jier; boer yn ’e Hallumerhoek; kommittearde Hallumerhoekster polder; foarsitter It Griene Krús (oant -4-1937)
it paad fan ’e Hallumerhoek nei it Nij Monnikebilt hyt ‘it Sikkepaad’, nei Sikke Jehannes Rienks…
x Ferwerteradiel 12-5-1888 Hiltje Folkerts Roeda * Hallum 19-11-1863 † dêr 26-12-1949, 86 jier; dr f. Folkert Joukes Roeda, boer te Hallum, en Antje Sipkes van der Woude
3 Saapke Johannes Rienks * Hallum 28-1-1860 † Ljouwert 6-9-1939, 79 jier
x Ferwerteradiel 5-5-1887 Jacob Wytzes van der Weit * St.-Jabik 6-1-1862 † Ljouwert 6-4-1935, 73 jier; boer oan ’e Nijebiltdyk ûnder St.-Anne by Swarte Hoarne; foarsitter dyksbestjoer wetterskip De Biltpollen. Saapke en Jabik rinteniere oan ’e Mr P.J. Troelstrawei 30 te Ljouwert; sn f. Wytze Klazes van der Weit, boer te St.-Jabik, en Antje Jacobs Kuiken
4 Sytske Johannes Rienks * Hallum 10-4-1861 † dêr 11-8-1861, 1 moanne
5 Sytske Johannes Rienks * Hallum 12-4-1863 † Sleen/Beilen 22-6-1936, 73 jier, [] Ænjum; as widdo fan har earste man húshâldster by har broer Rienk oant dy syn twadde boask
x 1 Ferwerteradiel 5-5-1888 Klaas Gerbens Slim * Nijebiltdyk ûnder St.-Anne 1-2-1865 † dêr 11-2-1889; boer op ’e Alde Biltpollen ûnder St.-Anne en op ’t Nij Bilt; sn f. Gerben Jacobs Slim, gernier, letter boer te St.-Anne, en Yfke Klazes de Groot
x 2 Eastdongeradiel 30-6-1896, 33 en 52 jier, Doede Engberts Botma * Ænjum 19-12-1843 † dêr 15-1-1910, 66 jier, [] Ænjum; boer te Ænjum; boelguod -4-1897 (Rienks, side 227); sn f. Engbert Ypes Botma, boer te Ænjum, en Wytske Doedes Boitsma
6 Tjeerd Johannes Rienks * Hallum 1-4-1864 † St.-Anne 16-3-1940, 75 jier; by trouwen boer te Hallum, yn 1891 boer ûnder Doanjum (95 pm); yn 1923 pleatslik deskundige Hierburo; yn 1928 lid Keuringskommisje fjildgewaaks
x Ferwerteradiel 12-5-1887 Wytske Gerrits van der Woude * Marrum 28-9-1863 † St.-Anne 5-2-1951, 87 jier; dr f. Gerrit Symens van der Woude, boer te Hegebeintum, letter te Marrum, en Trijntje Jitzes Sinnema
7 Bienze Johannes Rienks * Hallum 23-3-1865 † Ljouwert 13-10-1948, 83 jier; by trouwen boer te Hallum, letter te Marsum
x Ferwerteradiel 10-5-1888 Metje Johannes Boersma * Hallum 1865 † Ljouwert 8-5-1941, 76 jier; dr f. Johannes Tjalles Boersma, boer te Hallum, en Berber Enneus Rijpma
8 Aukje Johannes Rienks * Hallum 14-1-1868 † dêr 28-1-1868, 14 dagen.

IX
IX.1 Harmen Thysses Rienks
* Feinsum 27-9-1859 † Ljouwert (Bothastrjitte 2) 26-5-1929, 69 jier, [] Lekkum; Doopsgesind, letter Nederlâns Herfoarmd. Fan 1882-1892 boer te Reitsum (under Lichtaard), fan 1892-1895 oan ’e Fiifhústerdyk op it Monnikebilt ûnder Hallum (85 pûnsmiet). Dêr geane se fallyt; boelguod april 1895 (Rienks, side 222).
Fan 1895-1929 hawwe se in molksaak oan ’e Stienzerdyk, Landbuurt BB9, Bleekerstrjitte Z99, Nije Houtstrjitte Z14 , Bleekerstrjitte Z74 en Bothastrjitte 2
x Ljouwerteradiel 27-4-1882 Sytske Piers Rijpstra* Ingelum 31-8-1860 † Ljouwert 12-3-1933, 72 jier, [] Lekkum; Otterdoks Nederlâns Herfoarmd; foar har trouwen keamerfamke op Groot Terhorne te Bitgum by Friedrieke Emilie barones thoe Schwartzenberg en Hohenlandberg-Schöle, dêr’t hja har jongste dochter nei ferneamt
Bern:
1 Thys Harms Rienks * Reitsum 1-7-1883 † Rotterdam 8-12-1921, 38 jier, [] Lekkum; 1e masjinist kearfardij te Rotterdam
x 22-5-1907 Bertha Jongert * Rotterdam † dêr 4-6-1908
Bern:
1 Harm Aris Rienks * Rotterdam 4-4-1908 † Beilen 11-6-1952 [] Beilen; yn 1932 molktaper by syn pake Harm te Ljouwert; yn 1955 boer te Beilen; âldheidkundige en archeolooch.
Harmen Aris Rienks hat in mânske samling fan hunebêdfynsten, fûn benammen bûten Hooghalen: diggels, ark fan fjoerstien, pylkpunten út ’e midden- en nijestientiid, 
2 Pier Harmens Rienks, folget X.1 * 10-2-1885
3 Rienk Harmens Rienks * Reitsum 20-3-1887; tsiispakhúsfeint; ferfart op 28-5-1912 nei Rockvalley, Iowa, Noard Amearika en is dêr boer
4 Meiltje Harmens Rienks * Reitsum 11-9-1889; kostúmskroar te Ljouwert yn ’e Bothastrjitte 2; ferhuzet op 1-3-1933 nei Amsterdam dêr’t hja húshâldster is by har broer Pier
5 Hedzer Harmens Rienks, folget X.2
6 Durk Harmens Rienks, folget X.3
7 Emelie Harmens Rienks  * Ljouwert 7-3-1900; ûnderwizeres; ferfart 14-7-1919 út Ljouwert nei Scheemda, komt dêrwei op 16-12-1920 wer yn Ljouwert; yn 1924 te Wurdum, wennet dêr by Doekele Hellema (hûsnr 244); by trouwen sûnder berop te Ljouwert
x Ljouwert  19-9-1924 Pieter Bartholomeus van Reenen * Tsjummearum 21-4-1901; komt 30-11-1920 as winkelfeint út Wûns yn Ljouwert, ferhuzet 21-12-1921 dêrwei nei Grins, komt op 2-6-1922 wer yn Ljouwert Willem Loadewykstrjitte U41, Willemskade F34, Nijewei M13boppe); by trouwen dêr keapman, neigeraden hannelsagint (Weaze 235 en Nije Amsterdamsestrjitte 25 by Durk Rienks, en yn ’e Lysterstrjitte 82), de húshâlding ferhuzet yn 1930 nei Zeist-Den Dolder; Pieter is letter grossier op Soestdijk; sn f. Roelof van Reenen, grifformeard dûmeny, ûnder oaren te Tsjummearum en Putten, en Wijmpje Westerink
8 pleechbern: Julia Palinkas * Budapest 29-3-1912; tsjerke: Evangelys Luthers; nasjonaliteit: Hongaars

IX.2 Rienk Johannes Rienks * Hallum 26-4-1856 † Ænjum 8-8-1931, 75 jier, [] Ænjum; boer te Ænjum; bestjoerslid Friesche Mij van Landbouw
x 1 Ferwerteradiel 8-5-1879 Johanna Pieters van der Woude * Hegebeintum 24-8-1858 † Ænjum 31-12-1893, 35 jier, [] Ænjum; dr f. Pieter Symens van der Woude, boer te Hegebeintum, en Dieuwke Johannes Kingma
Rienk x 2 Eastdongeradiel 27-11-1896, 40 en 26 jier, Antje Jans Kennema * Ænjum 8-12-1869 † dêr 28-5-1944 [] Ænjum; dr f. Jan Kornelis Kennema, timmerman te Ænjum, en Seeske Jacobs Sonnema
Antje Kennema. Fotograaf: Gevaert

Bern út it earste houlik:
1 Baukje Rienks Rienks * Ænjum 19-2-1880 † Dokkum (Stasjonswei F 120) 4-9-1950, 70 jier
x Eastdongeradiel 10-5-1904 Boele Wytzes Terpstra * Eastrum 8-5-1878; sn f. Wytze Broers Terpstra, boer te Eastrum, en Trijntje Ypes Botma

2 Johannes Rienks Rienks * Ænjum 16-7-1881 † Ingwierrum 6-3-1912, 30 jier, []  Ænjum; boer te Ingwierrum
x 10-5-1906 Lourelia Blom * Ænjum 20-7-1881 † Winterswyk 10-8-1940; dr f. Jan Antonius Blom, timmerman te Ænjum, en Trijntje Jans Douma
Lourelia x 2 26-10-1926 J. Jansma te Winterswyk
3 Dieuwke Rienks Rienks * Ænjum 3-10-1885; wennet as widdo oan ’e Petrus Campersingel 179A te Grins
x Eastdongeradiel 19-1-1905 Sjoerd Ebbings Kiestra * Seisbierrum 3-12-1874 † Grins 23-12-1946 [] Ænjum; húsdokter te Ænjum, Gruttegast, Stiens en Grins (Rosensteinlaan 17A); sn f. Ebbing Hermanus Kiestra, grôtmakker te Seisbierrum, en Wytske Jans Boersma
4 Pieter Rienks Rienks (Pyt) * Ænjum 6-12-1889; by trouwen boer te Ænjum, letter te Kollum en Easternijtsjerk
x Kollumerlân 13-5-1920 Baukje Kloppenburg * Kollum 9-1-1895 † Easternijtsjerk 19-4-1935 [] Kollum; dr f. Ete Wybes Kloppenburg, boer te Kollum, en Trijntje Pieters Douma
x 2 Baarderadiel 3-6-1936 Grietje Wiersma * Baard 14-4-1911; dr f. Folkert Wybes Wiersma, yn 1904 keapman te Britswert, te Wiuwert en yn 1911 idem te Baard, en Baukje Gerbens Dijkstra
5 Albert Rienks Rienks, folget X.4
Bern út it twadde houlik:
6 Jan Rienks Rienks * Ænjum 11-8-1898; boer te Ænjum
x 9-5-1923 Jantje Steensma * Easternijtsjerk 15-11-1898; dr f. Klaas Jans Steensma, keapman te Easternijtsjerk, en Renske Jacobs de Graaf
7 Cecilia Rienks Rienks * Ænjum 10-10-1904; wennet by har suster Dieuwke te Grins

X
X.1 Pier Harmens Rienks
* Reitsum 10-2-1885; doarwarder te Amsterdam (Ferdinand Bolstraat 218IIIz, Sportstraat 40IIz)
x 2-5-1912 Sjoukje van der Zwaag * Ikkerwâld 10-4-1892 † Amsterdam 30-1-1933; dr f. Gabe Louws van der Zwaag, keapman, letter boer te Ikkerwâld, en Lutske Jochums Haakma
Bern:
1 Harmen Piers Rienks, folget XI.1
2 Gabe Piers Rienks, folget XI.2
3 Thys Piers Rienks, folget XI.3
4 Lutske Piers Rienks
* Hoogeveen  13-4-1919
x 2-11-1944 Leendert Kwakkelsteen * Vlaardingen 30-10-1918; luitenant ter zee 1e klasse; floatpredikant te Den Helder; grifformerd dûmeny, û.o. te Putten
5 Sytske Piers Rienks
* Amersfoort 6-12-1920;
x 17-1-1945 Willem van Boeijen * Baarn 14-2-1915; grifformeard dûmeny, û.o. te Eindhoven
6 Meiltje Piers Rienks
* Amersfoort 7-4-1923
x 26-8-1947 Rudolf de Bruin * Soest 7-12-1920; fleantúchtechnikus by Fokker te Amsterdam
7 Tabe Piers Rienks, folget XI.4
8 Emelie Piers Rienks
* Amsterdam 25-5-1928
x 7-1-1955 Fenno Colenbrander * Haarlemmermeer 20-4-1907; grifformeard dûmeny, û.o. te Den Helder
9 Pier Rienk Piers Rienks, folget XI.5

X.2 Hedzer Harmens Rienks * Reitsum 7-3-1891 † Dokkum 28-10-1973 [] Ælsum; Grifformeard; smid, stoker op ’e wyldefeart, 2e masjinist op ’e ‘Alioth’, 1e masjinist  keapfeardij; haadwurktúchkundige by Maatskippij Van Ommen Rotterdam, wenjend te Eastrum; sûnt 1950 dir. fan in oaljehannel (earst mei Van de Wind) te Dokkum
x Eastdongeradiel 30-5-1922 Baukje Harmens Dijkstra * Reitsum 16-10-1893 † Dokkum 4-8-1965 [] Ælsum; Grifformeard; omstrings 1914-1920 ûnderwizeres te Berltsum; dr f. Harmen Sjoerds Dijkstra, skoallehaad te Almkerk, idem te Pitersbierrum, Reitsum, adjunkt dir. kristlike kweekskoalle te Dokkum, en Tetje Tjeerds van Wieren
Bern:
1 Elisabeth Rienks
* Dokkum 16-5-1923; learares Krislike Niverheidsskoalle te Amsterdam
x Abma; Amsterdam
2 Sytske Melia Rienks
* Dokkum 8-3-1935 † It Hearrenfean (sikehûs), wenjend op Molla, 2-6-2019 [] Terkaple; Grifformeard, sûnt har trouwen Rooms Katolyk; learares; hynstefokker
x Haskerlân 21-9-1968 Gerardus Hendrikus Kingma* Drylts 24-5-1932 † De Jouwer (fersoargingshûs De Flecke) 5-2-2018 [] Terkaple; RK; boer op Molla, Fjildwei 5, te Eagmaryp, sûnt 1972 makelder dêr; hynstefokker, sn f. Gerardus Hendrikus Kingma, boer, en Pietje Boersma.

Sytske en Gerard binne hynstefokkers. Se binne o sa wiis mei har merje Mefrou út de stâl fan Pyt Hettinga te Burchwert
Foto: Persbureau Melissen, Pesse. Foto’s: Kolleksje Kingma-Rienks

Sjoch: Kertiersteat Sytske Melia Rienks

X.3 Dirk Harmens Rienks * Hallum 19-2-1895; by trouwen tsiispakhúsfeint te Ljouwert
x Ljouwert 26-5-1921 Maria Hoekstra * Weidum 25-6-1895; by trouwen tsjinfaam te Ljouwert; dr f. Everhardus Kornelis Hoekstra, fabryksarbeider te Weidum, letter tsiismakker te Nijehoarne, en Baukje Geerts de Vries
Bern:
1 Baukje Dirks Rienks
2 Harmen Dirks Rienks
* 9-10-1929

X.4 Albert Rienks Rienks * Ænjum 21-1-1891 † 10-5-1980, 89 jier [] Furdgum; boer en hynstefokkerfokker op ’e Pôlepleats ûnder Furdgum. Hy en syn frou rinteniere te Tsjummearum en Westeinflat oan it Europaplein te Ljouwert
x Eastdongeradiel 10-5-1919
Eelkje Botma  (Eke) * Ænjum 26-6-1894 † Ljouwert 9-8-1988, 94 jier, [] Furdgum; sûnt 1980 yn Sonnenborg te Ljouwert, dêr bestjoerslid fan ’t rêsthûs
Op it bedriuw fan Albert Rienks wurdt lang mei hynders wurke. Yn 1953 is ien trekker yn gebrûk en acht hynders, allegearre fan eigen stâl. Bekende merjes binne: Gezelli, Prestania,Ruth, Torgone, en Sita dêr’t gâns prizen mei wûn wurde.

Albert yn ’e mobilisaasje yn 1916 te Delft. Fan links nei rjochts: Jan Prins, Albert Rienks, Wytse Kingma en acht ’t stjoerJan Roorda

Eelkje Botma en Albert Rienks

Bern:
1 Cornelia Rienks, folget XI.1
2 Johanna Rienks, folget XI.2

XI
XI.1 Harmen Piers Rienks
* Coevorden 5-7-1913; learaar pedagogykte Batavia en Amsterdam
x 13-6-1942 Froukje Elisabeth Grimm * Edam 28-5-1919
Bern:
1 Sjoukje Froukje Rienks
* 16-11-1943
2 Harmen Gustaaf Rienks, folget XII.1

XI.2 Gabe Piers Rienks * Coevorden 9-5-1915; stúdzje Theology Vrije Universiteit Amsterdam; legerpredikant te Heemstede; grifformeard dûmeny, û,o, te Wormerveer
x 23-10-1945 Afina F. van Thiel * De Bildt 21-10-1916
Bern:
1 Eugné Rienks
* Glind 1-11-1947
2 Sjoukje Rienks
* Glind 1-11-1947
3 Pier Rienks
* Wormerveer 1-6-1951
4 Maartje Afina Rienks
* Wormerveer 4-12-1952

XI.3 Thijs Piers Rienks * Hoogeveen 2-11-1916; grifformeard dûmeny, û.o sûnt 1951 te Schoondijke (Siuws Flaanderen)
x 26-2-1951 Josephine Hoogendoorn * Heerlen 17-5-1925
Bern:
1 Margje Meiltje Yvonne Rienks
2

XI.4 Tabe Piers Rienks * Amersfoort 19-6-1925; boekhanneler by de Grifformearde Sinding te Djakarta (Pasar Lama 6)
x 5-6-1950 Johanna Pasanea * Moeara Soma, Sumatra 16-8-1927
Bern:
1 Paulus Pier Rienks
* Depok 22-6-1951
2 Adriaan Sjouke Rienks
* Depok 14-4-1953

XI.5 Pier Rienk Rienks * Amsterdam 30-6-1930; stúdzje Ekonomy oan ’e Vrije Universiteit te Amsterdam
x
Bern:
Pier Rienks
; eigner antykwariaat; wethâlder C.D.A. Amsterdam

XI.6 Cornelia Rienks (Corrie) * Furdgum 14-4-1920
x Barradiel 20-2-1946
Johannes Hoekstra Bonnema *Huzum 3-9-1920; boer te Ælsum, letter op syn foarâlderspleats ûnder Jelsum; sn f. Sjoerd Johannes Bonnema (sûnt 1895 Hoekstra Bonnema), greidboer te Huzum, en Antje Jelles Anema
Bern:
1 Sjoerd Hoekstra Bonnema * Ælsum 24-11-1946; greidboer oan ’e Breedyk ûnder Jelsum
x Ruinerwold 16-3-1973
Fredrika Margot Nijland * Ruinerwold 24-7-1950; dr f. Albert Jan Nijland en Jentje Tebak
Bern, twilling:
1 Janneke Janet Hoekstra Bonnema * Ljouwert 9-7-1981
2 Corien Johanneke Hoekstra Bonnema * Ljouwert 9-7-1981
2 Eelkje Hoekstra Bonnema * Ælsum 6-7-1949 
x Ljouwerteradiel 15-5-1970 Pieter Bierma * Stiens 19-11-1949; boer Eastlik Flevolân; sn f. Hessel Johannes Bierma, boer oan ’e Hegedyk ûnder Stiens, en Antje Pieters de Groot
Bern:
1 Hessel Johannes Bierma * Stiens 23-9-1970
2 Johan Albert Bierma * Swifterbant 20-7-1973
3 Antje Hoekstra Bonnema * Jelsum 29-7-1953
x Ljouwerteradiel 27-5-1981 Douwe Anema * Nes (Westdongeradiel) 2-1-1949; boer te Nes; sn f. Douwe Douwes Anema, boer te Nes, en Willemke Zuidema
Bern:
1 Douwe Douwes Anema * Dokkum 25-3-1983
2 Johannes Sjoerd Anema * Dokkum 4-7-1985

XI.7 Johanna Rienks (Hannie) * Furdgum; folget de folkshegeskoalle Meridon yn Frankryk; sneinsskoallejuffrou; bestjoerslid gymnastykferiening Tsjummearum; lid tonielklub Rederikerskeamer Tsjummearum; ferfart yn 2013 nei De Batting yn Harns
x 27-4-1950
Leonard Hubert Vogels (Leo); túnder te Tsjummearum, sûnt 1954 boer te Furdgum op ’e âlderspleats fan Hannie (60 ha., mingd bedriuw oant 1976, dêrnei bouboerebedriuw; yn 2014 190 ha.); sn f. Emile Pierre Louis Vogels en Trijntje Hovinga; dr f. Pieter Hovinga en Trijntje Kingma
Leo is bestjoerslid wetterskip Der Vijfdeelen Zeedijken Binnendijks oant 1981; haadbestjoerslid Friesche Maatschappij van Landbouw; lid Ruilferkavelingskommisje De Bjirmen; bestjoerslid Friesland Bank; bestjoerslid VVV; 45 jier bestjoerslid en 40 jier foarsitter gymnastykferiening Tonido Tsjummearum, sûnt oktober 1986 earelid; kriget yn 1986 in keninklike ûnderskieding foar syn maatskiplike ynset
Bern:
sjoch Kertiersteat Vogels