POST – SEISBIERRUM

GENEALOGY

Stamrige en fragmint stambeam

Dit projekt is yn útfiering. Graach oanfullingen en ferbetteringen, sjoch : formulier

* = berne
~ = doopt
x  = troud
†  = ferstoarn
[] = begroeven

I
Pieter Alberts, gernier oan ’e Slachtedyk, neffens it Floreencohier út 1738 brûker fan 1,5 pûnsmiet oan ’e Slachtedyk, x Seisbierrum 29-4-1731
Rinske Pyters
Bern:
1 Pietje Pieters * 5-10-1732
2 Albert Pieters * 18-7-1734
3 Pieter, folget II 

II
Pieter Pieters * Seisbierrum 1740 ~ Seisbierrum, op belidenis, 20-11-1774 tagelyk mei de doop fan syn âldste soantsjes Andrys en Piter, † dêr -3-1797, húsman (=boer) te Seisbierrum, neffens ‘Speciecohier’ oanslein foar 39 caroligûne, 6 stuorren en 8 penningen; besit twa skoarstiennen, 38 pûnsmiet besiedde lân, 3 kij, 2 rieren en sân hynders, x Seisbierrum 12-9-1773
Oeke Eiberts (ek: Eilerts, Eiles) Dijkstra * omstr. 1743 † Seisbierrum 21-4-1817, boerinne te Seisbierrum, dr f. Eibert Sijmens, te Ferwert en Seisbierrum, † Kleaster Lidlum, en Rigtje Pieters (Of Douwes?) † Kleaster Lidlum.
Bern:
1 Andries Pieters Post * Seisbierrum 9-10-1773 ~ dêr 20-11-1774 † dêr 14-12-1823, koaltsjer te Seisbierrum
2 Pieter Pieters * Seisbierrum 23-10-1774 ~ dêr 20-11-1774
3 Aaltje Pieters * Seisbierrum 15-8-1776
4 Douwe Pieters * Seisbierrum 8-9-1777 ~ dêr 14-9-1777 † St.-Jabik 29-4-1809
5 Rense Pieters Post * Seisbierrum 13-2-1779, boer yn Kleaster Lidlum
6 Durk Pieters * Seisbierrum 18-12-1780 6-1-1781 ~ dêr † dêr 1781
7 Durk Pieters Post * Seisbierrum 7-1-1782 ~ dêr 27-1-1782 † dêr 8-2-1843
8 Watse Pieters Post, folget III
9 Rinske Pieters * Seisbierrum 20-2-1785
10 Rigtje Pieters * Seisbierrum 10-3-1787 ~ dêr 25-3-1787

III
Watse Pieters Post * Seisbierrum 8-6-1783 ~ dêr 29-6-1783 † Kleaster Lidlum, Easterbierrum 9-11-1830, x Barradiel 7-5-1814, wennet oan ’e Slachte, mooglik by in post, de namme Post soe dêr oan ûntliend wêze, neffens Floreenkohier fan 1829 is er brûker fan 34 bunder lân beëasten de Munnikedyk ûnder Kleaster Lidlum, x Barradiel 7-5-1814 Rigtje Sytses Douma * Seisbierrum 30-8-1794 ~ dêr 14-9-1794 † Kleaster Lidlum 10-9-1846; by x ‘voluit waarnemende het boerenvak’ te Seisbierrum, dr f. Sytse Sjoerds Douma, boer te Seisbierrum, en Intie Johannes de Boer; Richt x 2 Barradiel 17-8-1833 Nies Tækes Zondervan (1804-1881).
Bern:
1 Sytse Watses Post * Kleaster Lidlum 26-3-1815 † dêr 13-12-1817
2 Sytse Watses Post, neamd Pieter * Kleaster Lidlum 16-6-1816 † dêr 23-7-1844, x Barradiel 22-5-1841 Sjoerdtje Jans Bosch * Winaam 1819 † Kleaster Lidlum 29-11-1859, dr f. Jan Jans Bosch en Antje Gerrits Tilstra
3 Sytse Watses Post * KLeaster Lidlum 28-5-1819 † Easterbierrum 26-4-1880, x Barradiel 10-5-1851 Jaike Harmens Ennema * Easterbierrum 30-10-1828 † 23-2-1911, dr f. Harmen Tjerks Ennema en Geertje Andries Haadsma
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma
4 Jentje, folget IV
5 Douwe Watses Post * Kleaster Lidlum 7-3-1823 † dêr 29-8-1829.

IV
Jentje Watses Post * Kleaster Lidlum, Easterbierrum 18-6-1820 † Easterbierrum 20-6-1876 (docht himsels tekoart), koaltsjer (mooglik 25-30 pûnsmiet) en boer te Easterbierrum, dêr’t er tsjerkelân hiert; yn 1876 hat Jintsy lân en pleats yn eigendom, 2 hynders, hy ferbout ierappels, flaaks, weet en kanarysied; foardielige steat (bûten de fêststichheden): f 3.358,75; hy is fâd oer de weesbern fan Jouke Pieters Anema te Easterbierrum; x Barradiel 22-5-1851 Nieske Sybrens Smith * Marrum 20-5-1824 † Easterbierrum 19-6-1873, by x faam te Seisbierum, dr f. Sybren Cornelis Smith, fabrikeur te Marrum, en Sææske Jans Steensma.
Bern:
1 Watze Jentjes Post * Easterbierrum 8-9-1852 † dêr 13-12-1852
2 Watse Jentjes Post * Easterbierrum 2-3-1854, x Barradiel 15-3-1877 Eke Dirks Koopmans * Minnertsgea, dr f. Dirk Dirks Koopmans en Trijntje Jans Galema
3 Seeske Jentjes Post * Easterbierrum 7-8-1855 † dêr 3-10-1872, hat TBC en kuert yn Davos, Switserlân
4 Rigtje Jentjes Post * Easterbierrum 27-10-1856 † dêr 11-11-1856
5 libbenleaze soan Easterbierrum 23-2-1858
6 Sybren Jentjes Post, folget V
7 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 7-4-1860 † dêr 27-10-1863
8 Tjitske Jentjes Post * Easterbierrum 3-5-1861 † dêr 19-8-1861
9 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 27-9-1862 † dêr 19-10-1863
10 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 11-1-1864, giet yn 1877 nei Bennekom
11 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 4-5-1865 † Garyp 26-2-1889; giet yn 1878 nei Spannum
11 Cornelis Jentjes Post * Easterbierrum 25-9-1866 † dêr 24-2-1867.

V
Sybren Jentjes Post 
* Easterbierrum 10-2-1859 † Seisbierrum 24-11-1934 [] dêr, gernier en boer by Kleaster Lidlum ûnder Easterbierrum, it lân is noch út it erfskip fan syn heit (de erfenis wie ‘lizzen bleaun’, it lân is foar in part noch eigendom), x Barradiel 17-5-1883 Aaltje Jans Bruinsma * Seisbierrum 7-7-1856 † dêr 17-10-1947 [] dêr, dr f. Jan Feikes Bruinsma, boer op Liauckama State te Seisbierrum, en Aaltje Seerps Anema.

Sybren kin it syn heit syn hele leven net ferjaan dat dy him tekoart dien hat. Hy bedarret as opslûpen jonge fan sechstjin by in boer oan ’e Hoarnestreek yn in wat oare posysje as arbeider; dy boer makket misbrûk fan him: hy fertsjinnet hast niks. Sybren sjocht dat er dêrwei komt. Hy slagget oan wurk op ’e pleats by Hilbrand Jans Bruinsma te Easterbierrum; dêr hat er in heel goed plak. En dêr komt Hilbrand syn suster Aal wol útfanhûs, dat wurdt syn frou.
Neffens de haadlike omslach yn 1920 hat Sybren in belestingsuver ynkommen fan f 5.400,00 yn ’t jier.; Harmen Westra, hanneler hat f 6.225,00, Feike Brúnsma, boer, f 9.110,00, Nammen Nammensma, boer, f 21.500,00 en Johannes van Vaals, keapman, f 1.025,00.
Sybren Post-en-dy gean mei de Doleânsje, lykas har sibben: de bern fan Jan Brúnsma fan Lieuckemastate en fan Jan Hilbrands Brúnsma. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Bruinsma.
Bern:
1 Jentje Sybrens Post, folget VI.1
2 Aaltje Sybrens Post * Easterbierrum 13-8-1888 † St.-Anne 8-12-1976 [] St.-Jabik, skoaljuffer, x Barradiel 15-8-1912 Sjouke Machiels Vrij * Anjum 5-8-1884 † St.-Jabik 3-1-1966 [] dêr, skoalmaster te St.-Jabik, sn f. Machiel Boeles Vrij en Jietske Jelles Visser. Yn ’e famylje wurdt dit pear ‘Vrij en Aal’ neamd, ynstee fan ‘Sjouke en Aal’, wat oars wenst is yn sokke gefallen
3 Jan Sybrens Post * Easterbierrum 17-12-1890 † dêr 20-1-1891
4 Jan Sybrens Post * Easterbierrum 22-2-1892, ferfart nei Kalifornië
5 Nieske Sybrens Post * Easterbierrum 27-4-1894 † Tsjom 25-12-1985 [] Achlum, x Barradiel 10-5-1917 Willem Tjerks Postma * Frj.dl 25-10-1886 † Achlum 15-11-1957 [] Achlum, sn f. Tjerk  Willems Postma en Janke Sybes Greydanus
6 Antje Sybrens Post * Easterbierrum 14-4-1896 † 29-7-1979 [] Arum, x Anne Pieters Anema * Baarderadiel 31-7-1898 † 11-11-1967 [] Arum, sn f. Pieter Annes Anema en Rigtje Epkes van der Berg
7 Jelle, folget VI.2

post-fam-portret

Fan links nei rjochts, steand: Sjouke Vrij, Jintsy Post, Anne fan Wyngaarden, Willem Postma, Nieske Post, Jan Post, Anne Anema, Jelle Post
Sittend: Aaltsy Post, Aaltsy Jans Brúnsma, Sybren Jelles Post, Anne Post, Reintsy Westra

 
VI.1
Jentje Sybrens Post
* Easterbierrum 5-4-1884 † Axel 9-11-1947 (yn ’e tsjerkeriedskeamer flak it oanfangen fan ’e tsjinst) [] Seisbierrum, sûnt 1925 grifformeard dûmeny te Axel, sûnt 1943 dêr by de Gereformeerde Kerk Vrijgemaakt (dêr’t er sels mei de foarstap foar nimt) oant 1947, x Frjentsjer 9-8-1917 Antje Rientses van Wijngaarden * Tsjom 3-5-1890 † 20-1-1974 [] Seisbierrum, dr f. Rients Tjipkes van Wijngaarden en Aukje Joukes Hylarides.

post-jentje-sybrens
Sjoch: Stambomen – Jentje Post

Bern:
Aaltje Jentjes Post, x (har achterneef) Pieter Harmens Westra

VI.2
Jelle Sybrens Post * Seisbierrum 2-4-1899 † Seisbierrum 6-3-1981 [] dêr, x Barradiel 22-3-1923
Reintje Pieters Westra * Seisbierrum 16-7-1899 † Feanwâlden (Talmahûs) 12-10-1993 [] Seisbierrum, dr f. Pieter Harmens Westra, boer en ierdappelhanneler op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en Maria Mathijs Bakker.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje Genealogy Westra.

post-jelle-sybrens

Jelle Sybrens Post. Foto: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Post-Westra

post-jelle-sybrens

Jelle Sybrens Post, Reintsje Westra en Jelle syn suster Aal Vrij-Post.
Foto: Elsinga, Frjentsjer. Kolleksje Post-Westra

Bern:
1 Sybren Jelles Post, x Jaitske (Jeanette) Elgersma * 18-6-1924 † De Motte (Indiana) 29-11-1997 [] Holland Cemetery, Jasper County, Indiana, section 33B
Bern, gegevens wurdt oan wurke:
ûnder oaren:
https://emilyvankley.com/
2 Pieter Jelles Post, x Maria (Marieke) Harmens Westra * Seisbierrum 24-3-1923 † dêr 3-4-2007 [] dêr, dr f. Harmen Pieters Westra, ierappelhanneler, en Antje Hilbrands Bruinsma.
Bern:
   1 Jelle Post
   2 Jantsje Post, fertaler, www.jantsjepost.nl,
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy BruinsmaGenealogy Westra.
3 Maria Jelles Post, x Adrianus Frans Vreugdenhil, túnder te ’s Gravezande, sn f. Frans Vreugdenhil en Sophia Koene
4 Aaltje (Aly) Jelles Post * Seisbierrum 20-4-1929, x Barradiel 12-11-1953 Tsjipke Martens Wiersma * Kollumerlân 22-11-1928 † Dokkum 3-12-2000 [] Ie, sn f. Marten Johannes Wiersma en Sytske Alberts Hoof
5 Arentje (Audrey) Jelles Post, x Jacob (Jack) Appel * 18-9-1927 † Bellingham (Whatcom County) 22-9-1999 [] Lynden, Whatcom County, Washington , sn f. Gerard Appel en Lena Oosterwick
6 Anneke Jelles Post
7 Jan Jelles Post * Seisbierrum 11-11-1939 † dêr 20-2-1941 [] dêr
8 Libbenleas bern * Seisbierrum 15-4-1945.

 

Wurdt fuortset