by genealogy Koopal/Koopmans

Oantekeningen fan Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert

 

Yn de bylage Hartman Sydses is sjoen dat dy syn pakesizzer Yesck Haytes troud wie mei Wypck Sioerts (syn tredde frou), in folle suster fan Grietje Sioerdts, frou fan Sydts Ieskes fan de stamrige Koopal. Fan dy famylje folget no in oersjoch. Dêrút is ek ôf te lêzen hoe’t de nammen Cornelis en Tymen yn de famylje Koopal terjochte kaam binne.

 

I. Sioerd Cornelis, boer op Diurrema te Friens, sûnt 1668 te Grou, tr. 1. foar 1662 Ock Sioerdsdr, stoarn nei 1676; tr. 2. foar 1680 Gerbrich Annes, widdo fan Baucke Wytses (tr. 1664); tr. mooglik 3. gerjocht Idaarderadiel 20.11.1682 Reinu Gerbens, widdo fan Gerben Sydzesz (tr. 1660).

Ock is mooglik dochter fan Syoert Foockesz en Griet Jenckedr.1

Yn 16622 Sioerd Cornelis en Ock Sioerdsdr te Friens.

Yn 1663 en ’643 is Sioerd Cornelis boer op Diurrema sate te Friens.

Yn 16684 hierkontrakt fan sate Paen te Grou fan 91½ pm mei dr. Valerius Renici, abbekaat foar it Hof fan Fryslân, fanwege syn frou Eva Maria Jouwersma.

Yn 16705 echtelju te Grou.

Yn 16706 liene Sioerd Cornelis en Ock Sioerds te Grou 100 goudg. fan Tierck Cornelis en Pytie Tiepkes te Wergea.

Yn 16767 liene hja 100 karg. fan Diorre Dirx, keapman te Grou, en Auck Sioerds.

Yn 16768 is Sioerd Cornelis te Grou 144 karg. skuldich oan Sybren Hajes en frou fanwege reparaasje fan hûs en heaberch.

Foar 16809 liene Sioerd Knelis en Gerbrich Annes te Goingahuysum 200 goudg. fan Sioerd Pyters te Grou.

Yn 1698 is Sjoerd Cornelis boer op stim 65 fan Grou, yn 1700 op floreennr. 66, 80 pm grut, yn De Burd.

De hânmerken fan 1676 (mei Ock) en 1680 (mei Gerbrich) binne sawat gelyk.

Ut it earste houlik:

1. Wypck Sioerts, tr. gerjocht Idaarderadiel 21.12.1685 Yesck Haytes. Sjoch bylage Hartman. 

2.Tymen, folget IIa.

3.Grietje, folget IIb. 

Tinklik ek:

4?Ype Sioerds, boer op stim 26 fan Wergea 1728.

5? Sioerd Sioerds, boer op stim 30 fan Wergea 1698, 1728, tr. Grou 4.12.1692 Rins Gerbens.

Ut in letter houlik:

6. Ock Sjoerds, fan Swichum, tr. Grou 8.10.1719 Jacob Wybbes, te Grou.

Op 11.12.1722 docht hy belidenis en wurdt sy doopt op belidenis te Grou.

Bern, doopt te Grou: Wybk en Wybbo 27.4.1721, Sjoerd 6.8.1724, Wybe 7.3.1728.

 

IIa. Tymen Sioerds, tr. Grou 20.5.1688 Antie Melis, beide by houlik fan Grou, sy grif stoarn yn, of koart foar, 1706.

Yn 169410 liene Tymen Sioerds en Antie Melis te Grou 50 goudg. fan Syttie Hotses dêrre.

Yn 1698 binne Tymen Sioerds en frou boer op stimnûmer 45 fan Grou, 56 pm; yn 1700 op floreennr. 45, Hottingawier, grut 57 pm (yn 1708: Jalke Gabes dêr).

Op of jusjes foar 14.9.170611 wie Harmen Douwes te Akkrum keaper yn it boelgoed yn Idaarderadiel fan Antie Tymens.

Ut dit houlik:

1.Cornelis Tymens, yn 1749 ‘gemeen boer’ te Wergea mei 3 persoanen boppe de tolwe, oanslach 29 karg. 9 st., fan Grou, tr. Grou 13.5.1714 Trijntje Sjoerds, fan Himpens.

Yn 1728 is Cornelis Tymens boer op stim 15 fan Wergea.

2. Aaltje Tymens, fan Grou, stoarn 5.3.1764, tr. 1. Grou 21.3.1717 Marten Sjoukes, fan Grou, beide Menist; tr. 2. Ægum 26.12.1728 Klaas Suyrds, stoarn 13.6.1748.

 Yn 172012 liene Marten Sioukes en Aaltje Tymens te Ægum 200 karg. fan Douwe Willems te Wergea.

Yn 1737 binne Klaas en Aaltje menistelidmaten Grou. Claas Sjoerds’ widdo is yn 1749 boerinne te Ægum, twa persoanen boppe, ien ûnder de tolwe, oanslach 21 karg. 5 st.

3?Antje Tymens, fan Wergea, tr. Wergea 15.1.1719 Gerben Minnolts, fan Wergea.

4.Ok Tiemens, fan Grou, tr. Grou 9.5.1728 Pyter Arjens, fan Wurdum, widner fan Pyttie Oeges.

Pyter Arjens lit him op 4.2.1725 te Wurdum op belidenis dope.

Op 11.2.1741 wurdt oantroude omke Hessel Feykes, húsman te Wurdum, oansteld as fâd oer Hotske, 16, dochter fan de ferstoarne Pytter Arjens, húsman te Wytgaard, by Pyttie Oeges.

Bern (by Pyttie: Hotske), doopt te Wurdum: Arjen 1729, Tymen 1730, Sjoerd 1731, Rienk 1733, Antje 1735 en Gerbrig 1737.

 

IIb. Grietje Sioerdts, tr. 1. Sjoerd Oenes; tr. 2. Idaard 2.4.1702 Sydts Ieskes.

Yn 169513 liene Sioerd Oenes, húsman te Ægum, en Gryttie Sioerds 300 karg. fan Jelmer Tietes, bakker te Wergea.

Yn 169514 liene Sioerd Oenes, húsman te Ægum, en Griet Sioerds 100 karg. fan Sipke Ypes, frijfeint te Wergea.

Sjoerd Oenes is yn 1698 boer op stim 3 fan Ægum, omtrint 42 pm, yn 1700 op floreennr. 3 dêr, Haniawal, 45 pm. Eigner is Tierk Reiners Buma, bijsitter fan Menameradiel, te Bitgum. Brûker yn 1708 Age Sytses Wijma.

Ut it earste houlik:

1.Oene, folget III.

Foar Sydts Ieskes en harren bern sjoch stamrige Koopal.

 

III. Oene Sjoerds, op belidenis doopt Grou 18.2.1729, yn 1749 earm arbeider dêrre mei fiif persoanen boppe de tolwe, oanslach 19 karg. 5 st., tr. Grou 18.5.1727 Trijntje Klazes.

Yn 173115 hat Oene Sjoerds te Grou in skuld fan 30 karg. plus ½ sulveren dukaton oan Duco Baukes en Jou Fransen, beide te Hallum, fanwege keap fan trije kobisten. Hy set in krúske.

Yn 173616 keapet Oene Sjoerds te Grou yn in boelgoed.

Bern, doopt te Grou: Antje 1729, Sjoerd en Klaas 1730 en de trijeling Ysak, Jacob en Abram 1737. Harren soan:

2.Sjoerd Oenes, berne Grou 1730, hospes (kroechbaas) op de Dille ûnder Raard, tr. 1. (dan fan Reduzum) Raard 16.5.1756 Jeltie Offes, fan Raard; tr. 2. Raard 12.8.1770 Grietje Harmens. Sy tr. op ’e nij Jirnsum 15.9.1776 Sieds Tiemens (fan Bitgum).

Op 15.11.1775 wurde Fokke Tjeerds ûnder Ljouwert en Syds Sjoerds, keapman ûnder Bitgum, oansteld as fâden oer Oene, 11 jier, soan fan Sjoerd Oenes silger, op de Dille ûnder Raard, by Grietie Harmens.

Bern, doopt te Raard: Maaike 1757, te Ljouwert: Maayke 1759, Mayke 1761, te Raard: Oene 1764, Offe 1765, Offe 1766.

 

Wy sjogge dus dat weessoan Oene net bern is by Grietie Harmens mar út syn eardere boask. De fâd Fokke Tjeerds troude Ljouwert 1762 Jantie Offes en wie dus omke fan memmekant fan weesbern Oene. Fâd Syds Sjoerds (Koopal) fan Bitgum kinne wy as pakesizzer fan Sydts Ieskes en Grietje Sioerdts. Hy wie dus in neef fan heitekant. Troch dy syn fâdij is der no ek slutend bewiis dat de famylje Koopal fan Bitgum oarspronklik út de hjir behannele Grousters skaait.

It sil troch dizze fâdij west hawwe dat widdo Grietje Harmens yn ’e kunde rekke is mei dy Bitgumers en dat sy fangefolgen op ’e nij de lapen gearsmiet mei ien fan harren: Sieds Tiemens, folle neef fan Syds Sjoerds.

It hat, ta beslút, kâns dat stamheit Sioerd Cornelis of syn earste frou Ock Sioerdsdr besibbe is oan Timon Sioerts, yn 1640 boer op stim 7 fan Tytsjerk (Lytse Geast), yn 1651 fâd oer de weesbern fan Marten Sjoerds.

Yn 165517 keapje Siercx Douwes en frou te Earnewâld 5 mêd mieden foar 125 goudg. fan Timon Sioerts fanwege syn frou ‘op Lutjegeest’, dat foarhinne kocht wie fan de erven fan Haye Ipes.

 

1

 Neffens Jolt Oostra, GJb 2004 123; RA IDA R2 154v, 196v, 218.

2

 RA IDA R4 25v, 33.

3

 RA IDA N1 379, 389, 395.

4

 RA IDA R4 197.

5

 RA IDA R4 446v.

6

 RA IDA R6 49.

7

 RA IDA R4 484v.

8

 RA IDA R5 14v.

9

 RA IDA R5 123.

10

 RA IDA R5 410, 410v.

11

 RA UTI J3 420v.

12

 RA IDA R7 76.

13

 RA IDA R5 447.

14

 RA IDA R6 114v.

15

 RA IDA R8 390.

16

 RA IDA R8 118v.

17

 RA IDA N1 230.