Hoe fierder? Wy hawwe oant no ta helder krigen dat Koopal-stammem Trintie Hartmansdr oarspronklik út Grou kaam, út De Burd sille wy mar rekkenje. Wêr’t stamheit Hylle Liuuesz wei kaam is minder dúdlik. It stel swalke nochal wat om: Easterwierrum, Raard en úteinlik Grou. Dat liket op himsels in oanwizing dat hy faaks út de Greidhoeke kaam.

Wat no it meast yn it each springt is dat it jong-troude stel yn 1634, fuort nei de ferhuzing nei Raard, foar in liening(kje) terjochte koe by in Jacob Lieuues yn Easterein. As dy Jacob no in broer fan Hylle wie dan binne wy út de rie want wy kinne Jacob wol aardich te plak bringe. 

 

Lyuwe Sybrens, stoarn nei 1619, yn of foar 1646, tr. N.N.

Lyuwe is present by it houlik fan syn soan Sybren.

Ut dit boask:

1.Jacob Lieuues, skuonmakker, st. Easterein 1639, tr. 1. foar 1615 Yesel Wybedr [Adama], berne 1584, dochter fan Wybe Douwes en Bauck Sydsdr  te Easterein;1 tr. 2. 1634 Jets Hylckedr.

Yn 16282 keapje Johannes Wybesz te Warkum, Syds Wybez te Wergea en Jezell Wybedr, frou fan Jacob Lieuues, te Easterein troch nearlizzing 1/5 fan 19 pm yn Heerma zaete te Sybrandabuorren dat Foppe Tietez, bysitter fan Wymbritseradiel, kocht hie fan Wybe Wlbez te Easterein.

 Yn 16333 ferkeapet Syds Wybes te Grou 7 pm yn Heerma zate te Sybrandabuorren.

Syds Wybes is dus tusken 1628 en ’33 fanút Wergea nei Grou rekke, tinklik yn De Burd. Dat makket it mooglik dat ús Hylle Liuuesz fia syn oantroude sweager Syds yn ’e kunde rekke is mei syn lettere breid.

Yn 16394 wurdt notaris Harco Hesseli te Frjentsjer oansteld as fâd oer Beyts Jacobs te Tsjom, yn har 24ste.

 In 16395 wurdt yn Easterein de neilittenskip beskreaun fan skuonmakker Jacob Lieuues; widdo is Jets Hylckedr. Neffens syn testamint fan 30.4.1639 wurde de bern fan Beyts Jacobs, frou fan Jacob Jans, te Tsjom erfgenamt, harren mem krijt fruchtgebrûk. Johannes Wybes te Warkum en Sybren Lieuues te Raard wurde kuratoren fan de neilittenskip. Der stiet noch in fordering fan 50 goudg. út 1634 op Hille Lieuus te Raard. Neffens akte fan 1634 wie de ynbring fan Jets (yn totaal) 205 goudg. 

Yn septimber dat jier (marzje) is Johannes Wybes stoarn en wurdt hy as kurator ferfong troch Syds Wybes te Grou. Yn 1646 (marzje) in skieding; Beyts erft dan sawol fan har heit as fan har pake.

 Yn 16416 keapet Pytke Claesedr, widdo fan Joannes Wybes, te Warkum 7 pm yn Sybrandabuorren fan Beyts Jacobs, frou fan Jacob Jans, te Tsjom foar 625 goudg.

2.Sybren Lieuwes, fan Raard, st. nei 1641, tr. gerjocht Raarderhim 20.12.1619 Brecht Jacobsdr.

Yn 16207 keapje Sybren Lieuues en Brecht Jacobsdr te Raard in hûs c.a. yn de buorren dêr fan Feycke Sipckez en An Bauckedr foar 515 goudg.

 Yn 16238 binne Sybren Lieuues en Brecht Jacobs jild skuldich oan Freerck Dirckz, keapman te Snits, en ek 200 goudg. oan Syoerdt Wybes, keapman dêrre, yn beide gefallen fanwege levere rogge.

3.Hepcke Lyuues, st. foar 1641, tr. foar 1613 Swob Syoerts.

Yn 16139 keapje Hepcke Lieuuez en Swob Syuerdtsdr te Poppenwier in ‘vooreyndt huys’ c.a. dêrre fan Jacob Mennez en Tyerck Reinerz fanwege syn bern by Trijn Mennedr foar 180 goudg.

 Yn 161910 liene Hepcke Liuuesz te Poppenwier en Swob Suyerts 100 goudg. fan Claes Outgersz en Meynts Sybrensdr; yn 162011 jitris 50 goudg. fan Obbe Keympez, keapman te Snits.

Yn 164112 keapet Sybren Lyuues te Raard as fâd oer de bern fan Hepcke Lyuues en Swob Syoerts in hûs yn de buorren fan Poppenwier fan widdo en erven fan Jaen Jaens te Goaïingea foar 200 goudg.

En mooglik dus:

4?Hylle Liuuesz, lient yn 1634 fan Jacob Lieuues.

 

1

 GJb 1979 22.

2

 RA RAU A7 251v.

3

 RA RAU A8 186v.

4

 HvF HHH2 12.

5

 RA HEN I8 658.

6

 RA RAU A9 340v.

7

 RA RAU A6 239v.

8

 RA RAU U1 147, 153v.

9

 RA RAU A5 393v.

10

 RA RAU U1 109.

11

 RA RAU U1 104.

12

 RA RAU A9 340.