Yn de twadde helte fan de 17de ieu libben yn Idaarderadiel twa Yskes: ús Yske Hilles en in Yske Haytes. Us Yske hie in soan Syds en de oare Yske hie in broer Syds. Beide nammen, Yske en Syds, komme oarspronklik wei by Hartman Sydses en Anna Johannesdr, de pake en beppe fan memmekant fan sawol Yske Hilles as Yske Haytes. Yn dit oersjoch wurdt dúdlik makke hoe’t dy nammen Yske en Syds krekt trochjûn binne.

 

I. Hartman Sydses, boer yn De Burd, st. tusken 1645 en ’47, tr. Anna Johannesdr.

Ut dit houlik:

1.Yscke Hartmans, tr. om 1628 hinne N.N.

Yn 16451 ferklearje pake Hartman Sydses te Grou en beppe Antie Johannesdr dat Rienck Ysckesz, it weesbern fan Yske Hartmans, noch 50 goudg. tegoede hat om’t syn heit safolle minder meikrigen hie foar útbernsing as de oare bern. Dêr komt dan de rinte fan 17 jier oerhinne. It bedrach sil noch trije jier stean bliuwe en dêrnei wurdt, ynklusyf rinte, 100 goudg. útkeard.

Beide susters, Trintie en Imcke Hartmans, hawwe harren frij jong ferstoarne broer Yscke ferneamd.

2.Sybe Hartmans.

3.Trintie Hartmansdr, tr. om 1631 hinne Hille Lieuwes (sjoch Koopal).

Harren soan Isck is neamd nei har broer Yscke. Ut it houlik fan dy Isck Hilles mei Jets Willems in soan Sydts dy’t neamd is nei de earste man fan Jets Willems: Syds Haytes (sjoch II.1).

4.Imck Hartmansdr, folget II.

Tinklik ek:

5?Johannes Hertmans, te Grou, tr. Acht Sybes.

Stamâlden fan de famylje Van der Werff fan Frjentsjer.

 

II. Imck Hartmansdr, tr. foar 1641 Hayte Gerryts, st. Grou 1666.2

Yn 1640 buorkje Hayte Gerrits en syn mem op stim 48 fan Grou.

Yn 16413 liene Hayte Gerrytsz en Imck Hartmansdr te Grou 400 goudg. fan Barte Wiglesz en Frouck Annedr te Reduzum en jitris 400 goudg. fan Haringh Hinnesz en Taets Feddedr te Grou.

Yn 16434 keapet Jacob Jacobs Recalff 24 pm yn De Burd, brûkt troch Syds Wybes, mei Hayte Gerryts as neistlizzer, fan Rinse Ysckes c.s. foar 43½ goudg. per pûnsmiet.

Yn 16665 wurdt te Grou de neilittenskip beskreaun fan Hayte Gerryts op fersyk fan Gerryt, Hinne en Jisck Haytes, Harmen Hoytes fanwege syn frou Jets Haytes en Jets Willems (no op ’e nij troud mei Jisck Hilles) fanwege har iene bern by Syds Haytes silger, allen erfgenamen fan harren (skoan)heit. Gerryt Haytes bliuwt op de pleats. Jets en Hinne hiene elts 100 goudg. as útbernsing meikrigen, Syds 50 goudg. Hânmerk fan Jisck Hilles: I H.

Yn 1688 (marzje) tekent Yeff Jochums, man fan Yemck Sydses, de dochter fan Syds Haytes en Jets Willems, foar ûntfangst fan Gerryt Haytes fan 100 goudg. en  yn 1689 jitris foar ûntfangst fan Jesck Hilles fan 150 goudg.

Fiif bern:

1.Syds Haytes, tr. Jets Willems. Sy tr. 2. foar 1666 Jisck Hilles (sjoch Koopal).

Dochter:

1)Yemck Sydses, tr. Earnewâld 17.7.1687 Yeff Jochums.

Yn 16886 keapet Ieff Jochums te Earnewâld omtrint 12 mêd ‘Clijn Land’ te Zyteburen ûnder Grou fan Gerardus Hanenburgh en frou te Ljouwert foar 300 goudg.

Dopelingen te Earnewâld: Ymkje, Sieds, Jochum, Sieds.

De earste soan út it houlik fan widdo Jets mei har twadde man Jisck waard ferneamd nei har earste man Syds. Sa rekke dy namme Syds ek yn de famylje Koopal.

2.Gerryt Haytes, te Aldeboarn 1689, tr. Hylck Harings, widdo te Grou 1700.

3.Hinne Haytes.

4.Yesck Haytes, folget III. 

5.Jets Haytes, tr. Harmen Hoytes, st. tusken 1660 en ’67. Ien bern.

 

III. Yesck Haytes, yn 1698 boer op stim 28 fan Wergea, 85 pm, dêr stoarn 1707, tr. 1. Grou 30.1.1670 Geert Dirx, dochter fan Dirck Sioerts; tr. 2. gerjocht Idaarderadiel 8.11.1682 Antie Gerryts, fan Wergea; tr. 3. gerjocht Idaarderadiel 21.12.1685 Wypck Sioerts, dochter fan Sioert Cornelis en Ock Sioerds.

Yn 16837 makket Isck Haytes, dy’t op ’e nij troud is mei Antie Gerryts, in skieding mei syn dochter Ymck Iskes, yn har 10de, by Geert Dircx. Pake fan it bern is Dirck Sioerts; it bern sil 150 goudg. útkeard krije. Yn 1695 (yn de marzje) kwitearret Jan Pyters, man fan Yemck Ysckes. Fuort wurdt fêstlein dat Isck 150 goudg. ynbrocht by syn houlik mei Antie en Antie 150 karg.

Yn 16868 wurdt ynfentarisearre yn it hûs fan Ysch Haytes en Antie Gerryts silger. Ut dat boask ien soan: Hayte Eesches, 1½ jier. Fierder hie Ysch út syn earste houlik mei Geert Dircks in dochter Eemck Ysckes. Oan har komt 150 goudg. ta plus de klean fan har mem. Neffens akte fan 18.4.1683 wie de ynbring fan Ysck by syn houlik mei Antie 150 goudg., ynbring fan Antie wie 150 karg. Omke Thyss Gerryts te Ljouwert is fâd oer de soan Hayte by Antie Gerryts. Jesck is no foar de tredde kear troud mei Wypck Sioerts; har ynbring wie 39 karg.

Yn 16899 liene Ysch Haytes en Wypck Sioerds te Wergea 150 goudg. fan syn broer Gerryt Haytes te Aldeboarn.

Yn 170010 binne Ysck Haites en Wypk Sioerds te Wergea 50 karg. skuldich oan Hylck Harings, widdo fan Gerryt Haytes, te Grou.

Yn 170711 wurdt op fersyk fan de mearderjierrige Ymck Yskes, frou fan Jan Pytters, en fan Ype en Sioerd Sioerds as fâden oer de minderjierrige bern de neilittenskip beskreaun fan Ysck Haites, húsman te Wergea. De minderjierrige bern binne Ocke 21, Gertie 19, Haite 17, Antie 15, Gerryt 12 en Cornelis 10 jier, alle by Wypk Sioerds. Oanjefte troch Ymck Ysckes, foardochter fan de ferstoarne by Geert Dirx. Der binne skulden út 1689 en 1700 fan 150 goudg. resp. 50 karg. by Gerrit Haites. Lânfrou Attie Piersma hat noch 297 karg. te goede fan ien jier lânhier.

Ut it earste boask:

1.Ymck Yskes, berne om 1674 hinne, tr. 1695 Jan Pytters.

Ut it twadde boask:

2.Hayte Eesches, berne om 1684 hinne, st. foar 1690.

Ut it tredde boask:

3.Ocke, berne om 1686 hinne.

4.Gertie, 1688.

5.Haite, 1690.

6.Antie, 1692.

7.Gerryt, 1695.

8.Cornelis Jieskes, berne om 1697 hinne, yn 1749 boer te Reduzum, tr. Grou 24.3.1720 Afke Sipkes. Cornelis wie menist, yn 1728 boer op stim 37 fan Grou.

 

 

1

 RA IDA J7 45.

2

 Ek yn GJb 2004 111.

3

 RA IDA R2 218v, 147.

4

 RA IDA N1 15.

5

 RA IDA J10 153v.

6

 RA IDA N2 416.

7

 RA IDA J13 218.

8

 RA IDA J14 63.

9

 RA IDA R5 299v.

10

 RA IDA R6 44v.

11

 RA IDA J16 36.