Ut de neilittenskip fan Antje Willems Noordenbos en Johannes Pieters Boelstra

Johannes Pieters Boelstra * Stiens 14-11-1863 † Lekkum 15-3-1931, boer te Stiens en Lekkum; bestjoerslid sûnt de oprjochting yn 1889 fan ’e Stoomzuivelfabriek Stiens; soan fan Pieter Johannes Boelstra, boer te Stiens; kommittearde Steenhuister (ek Steenhuisder) Polder; bestjoerslid Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Bartlehiem sûnt de oprjochting yn 1893, en Janke Pieters Brouwers; x Ljouwerteradiel 1-5-1886 Antje Willems Noordenbos * Hallum 12-5-1865 † Ljouwert 28-7-1940, dr f. Willem Ulbes Noordenbos, boer te Hallum, en Fetje Jetzes Kalma.

Borduerguod, kleedsjes, kastfersieringen, klean. Ut partikuliere kolleksje skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Noordenbos

BOELSTRA-NOORDENBOS – TEKSTYL

-letterlape: Gryt Boelstra 1893; bysûnder: kleuren grien en swart, wat se thús hienen koenen se blykber op skoalle brûke
-koart (keunst?)siden sjaaltsje; sawol foar manlju as froulju, kraachbeskermer
-4 reade bûsdoeken
-haakte deiske muts
-moarnsmuts, haakt
-bernemûtske: A. van der Goot; foar deistich gebrûk, moaie borduerde inisjalen, wierskynlik op húshâlskoalle makke
-jurkje foar famke fan 1 jier
-foarlyfke
-knikkertsekje
-koart (tee)skelkje foar by Frysk kostúm, foar kreas by besite bygelyks(je wosken de klean leafst sa min mooglik)
-koart (tee)skelkje foar foar kreas by besite bygelyks, omstrings 1900
-skelk, plm. 1950
-berneskelkje; (mei waskmerkje) masinaal borduerd, 1910-1930
-nachthimd, omstrings 1920
-nachthimd (û.o. Magazijn De Duif, Dracht, It Hearrenfean), foaroarlochs
-moarnshimd mei bûse en pofmouwen, omstrings 1930
-ûnderrok, omstrings 1900, meardere kearen ynnommen
-ûnderrok, mei rits (is wat frjemd: mooglik brûkt as bopperok) omstrings 1930
-berne flapûnderbroek mei kantklostrântsje; wierskynlik makke op oplieding, noait brûkt
-ûnderrok, mei elastyk dêr’tde rek út is, omstrings 1950/60
-frouljusnachtjak mei kanten bef en kraach, glêzen knopen (mooglik foar yn ’e kreamtiid: kreas op bêd), omstrings 1900
-frouljushoazzen (foar ûnder Frysk kostúm); masinaal rûnbreide, 20e ieu
-krúksek; dik katoen, sûnt jierren omstrings 1920
-nachthimdsek: Welterusten; mei de hân borduerd, mei lange oerstekken (dat sjogge je net sa faak), 20e ieu
-nachthimdsek; alderhanne soarten borduerwurk, hantwurk, útwurke oefening
-read blokt sloop; faak brûkt
-sloop
-haakte lekkenfersiering: Goede nacht slaap zacht
-3 hiernetsjes, om 1920 hinne
-kanten kraachje breide, frij wiid: omstrings 1920
-kanten kraachje, haakt, mooglik 19e ieu
-kanten kraach, haakt, mooglik makke út kleedsje
-19 borduerde, haakte kleedsjes, û.o. richelieu (earst wurdt motyf borduerd, letter de stof derachterwei knipt) en Ingels borduerwurk (earst wurdt omtrek makke mei riichstek, dan wurdt gatsje makke, stof wurdt nei achteren wurke en wer omstikt); anty-makkassar, brûkt oer beklings: makkassar-oaly waard brûkt om it hier yn model te hâlden
-tipdoek, bedrukt katoen, foar 1850
-4 kastfersieringen
-klokloperke masinaal borduerd
-kleedsjebrodery perze (brûkt as skoarstiendoek); applikaasje fan oare stof: bgl. út bûsdoeken knipt en derop naaid, knap borduerwurk
-pianoloperke; trochstopte tule, wierskynlik selde makster as de skoartienmanteldoek, want selde technyk tapast
-2 rabatten foar bedstee lâns; haakt, moai materiaal: glânzgjend katoen, masinaal weefd
-1 frivolité: knoopkes om lus hinne
-taske fan brún fluwiel; algemiene tas, kin sawol troch froulju as manlju brûkt wurde, bgl. yn gebrûk foar nei de stêd, je sjogge net wat deryn sit
-kanten stroken
-fragminten borduersel; net brûkt masinaal kloskant
-roudoek oer spegel (?)
-trivialia: swarte doeken dy’t oer binne, satinet:katoen sa weefd dat it glânzget + taft = side