GENEALOGY
JOUSMA
JOUWSMA
JAUSMA

Fragminten

 

Dizze genealogy Jousma beëaget it jaan fan famyljeferbannen y.f.m. it opsetten fan in Kolleksje Jousma. 
It is de bedoeling om argyfmateriaal, lykas akten, brieven en foto’s oangeande dizze famylje, feilich te stellen sadat it net weiwurdt. De Kolleksje Jousma wurdt foar de takomst neffens kontrakt mei de Gemeente Waadhoeke dêr ûnderbrocht. Wy stelle sadwaande priis op oanfullingen, ek ferhalen en anekdoaten om de persoanen hinne; sadat de sosjale kontekst mear kasjet krijt, de skiednis trochlibbet.
Dit is wurk yn útfiering, d.w.s. dat der geandewei oan arbeide wurdt.

De namme is grif ûntliend oan Jousma state ûnder Hallum dêr’t Jan Jans Jousma op buorket. Syn neiteam neamt him Jousma sawol as Jouwsma en Jausma. Yn ’e Boargelike Stân wurdt betiden Jousma oanhâlden wylst de famylje sels Jouwsma skriuwt en oarsom. Yn it gesin fan Bauke Jans (III.1) skriuwt heit him bygelyks Jousma en de âldste dochter Tsjitske har Jouwsma, wylst de Boargerlike Stân it by beide krektoarsom docht. It neigeslacht brûkt hjir tenei meast Jousma. Yn ’e tûke fan Sjoerd Baukes (IV.1) is it Jouwsma.
De bern fan Gerrit Jans Jousma/Jauwsma (III.3) stean by de berte ynskreaun as Jausma, mar de measten nimme letter de skriuwwize Jousma foar kar, mei ‘o’ en sûnder w.
Dizze Jousma’s binne net fan itselde skaai as de Dongeradielster Jousma’s, likemin binne se besibbe oan ’e eallju Jousma.
(Sjoch: Simon Wierstra – Genealogie van het adelijk geslacht Juwsma-Jousma.)

Undersyk: Erfgoed Fundaasje
Op termyn wurdt dizze genealogy yn it Ingels oerset.
De  foto’s binne pleatst op wiere grutte, as der net oars bystiet. Sjoch foar mear: Galerij Jousma

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?


GENERAASJE I

I.1 Jan Jansen; wennet te Hallum en – neffens stjerakte fan har soan Jan – te Boer;
x Mintie Pytters (ek: Minke)

 

GENERAASJE II
II.1 Jan Jansen Jousma (ek: Jan Jans) * Hallum 14-5-1756 † dêr  28-2-1813, 57 jier; wennet by syn trouwen te Rie; yn 1811, ’12 boer te Hallum, wierskynlik  op Jousma state; gernier te Bitgum, yn 1813 dêr beurtskipper; by ferstjerren komelker te Hallum (hûsnr 876);
x Rie 8-2-1784, beide fan Rie, Tjitske Baukes Hellema ~ Hallum 18-12-1763 † Bitgum 13-10-1820, hûsnr 54, 57 jier; wennet mei hr trouwen te Rie; boerinne te Hallum, gernierske te Bitgum; by ferstjerren dêr sûnder berop; Tsjitske ferkeapet yn 1813 it boerespul te Hallum (sjoch hjirûnder); dr fan Bauke Doekes Hellema, ryks belestingûntfanger te Rie, en Baukje Gerrits

§ JOUSMA, JOUWSMA EN JAUSMA
Jan Jans nimt 1811 de namme Jouwsma oan foar him en syn bern, hy tekenet sels mei Jausma, letter ek wol mei Jousma; syn neiteam neamt him Jousma en Jouwsma:


By trouwen fiert Tsjitske de achternamme, Jan net
Jan ferhiert oan Douwe Bouwes Miedema te Hallum, boulân ûnder Hallum; notaris H. Albarda Jzn, Marrum; Notarieel Argyf; minútakten;
Tsjitske ferkeapet op 22-4-1813 replik guod te Hallum; opbringst: f 163,00; notaris: Daniël van Hecht Muntingh, Hallum; Notarieel Argyf; Minút-akten nr 26; Repertoire 047004; ynvintarisnr 047005; aktenr 00105;
Tsjitske ferkeapet op ’9-10-1813 oan Tjeerd Tiettes Obma, troud mei Baukje Sikkes Steenhuis, timmerlju te Hallum, in hûs, skuorre en hiem; keapsom: f 1.862,00; selde notaris; aktenr 00104;
Tsjitske ferkeapet op ’e selde dei oan Douwe Bouwes Miedema te Hallum, boulân ûnder Hallum; keapsom: f 572,00; aktenr 00105;

Tsjitske ferkeapet op ’e selde dei oan Tjeerd Tiettes Obma, timmerman te Hallum, Douwe Bouwes Miedema en Tjitte Sjoerds van der Veer, beide túnker te Hallum, boulân ûnder Hallum; keapsommen: f 852,00 en f 1.153,00; aktenr 0080;
Tsjitske ferkeapet op ’e selde dei oan Tjitte Sjoerds van der Veen te Hallum, boulân te Hallum; keapsom: f 588,00; selde notaris; aktenr 00106
Sjoch Erfgoed Fundaasje:
Genealogy Hellema – II.2.2
Kertiersteat Hettema Tjitzes Hettema – 80

Bern:
1 Bauke Jans Jousma, folget III.1
2 Jan Jans Jousma, folget III.2
3 Minke Jans
* Hallum 10-5-1789 ~ dêr 14-6-1789
4 Minke Jans  * Hallum 23-10-1791 ~ dêr 27-11-1791
5 Gerrit Jans * Hallum 23-3-1793 ~ dêr 21-4-1793
6 Gerrit Jans Jousma, folget III.3
7 Baukje Jans Jousma
* Hallum 19-1-1798 ~ dêr 25-2-1798 † Bitgum 25-7-1832, hûsnr 74, 34 jier; tekenet by trouwen: Jausma; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 19-6-1823, 25 en 28 jier, Rinze Lucas Nauta * yn ’e Nije Finne ûnder St.-Jabik, by Berltsum 28-10-1794 † Bitgum 17-1-1851, 56 jier; yn 1819 ‘dienstbaar’ te Bitgum; yn 1820, ’22 dêr ynlâns kreamer (hûsnr 70); by syn earste boask en yn 1825 dêr keapman; yn 1827, ’29 arbeider te Ljouwert (Wyk K nr 260); yn 1829, ’32, ‘33 winkelman te Bitgum; yn 1835 dêr wer ynlâns kreamer; yn 1843, ’45 dêr arbeider; yn 1847 dêr sûnder berop; yn 1849 dêr op ’e nij arbeider oant syn ferstjerren; sn fan Lucas Everts Nauta, yn 1786 skoalmaster te Blessum, yn 1794, ‘98 húsman yn ’e Nije Finne by Berltsum; ferfart dêrwei yn 1798 nei Himpens, yn 1899 te Wergea, komt dêrwei yn 1902 te Berltsum; by syn ferstjerren yn 1812 ‘Oppasser in de Herberg te Belkum’ (hûsnr 8), en Grietje Gjalts, fan Himpens (ek: Gjolts; Koldijk);
Rinse x 2 Menameradiel 1-5-1833, 38 en 27 jier, Antje Symons Bouma * Ingelum omstrings 1806 † Bitgum 10-6-1840, hûsnr 24, 34 jier; by trouwen sûnder berop te Ingelum; by ferstjerren idem te Bitgum; dr fan Symen Sipkes Bouma, arbeider, letter gernier te Ingelum, en Maartje Thysses de Vries, gernierske te Ingelum
Rinse x 3 Menameradiel 12-7-1843, 48 en 37 jier, Sietske Pieters Steensma (ek: Sytske; tekenet sels de trou-akte mei Sietske) * Froubuorren omstrings 1806 † Bitgum 29-5-1847, hûsnr 24, 42 jier; by trouwen arbeidster te Berltsum; by ferstjerren sûnder berop te Bitgum; dr fan Pieter Jacobs en Trijntje Sybes
Rinse is yn 1832 eigener fan in hûs mei hiem te Bitgum (Seksje B, lizzer 168; perseelnr 142, oerflakte 119 m²) 
8 Bottje Jans Jousma * Hallum 9-9-1801 ~ dêr 4-10-1801 † Bitgum 26-10-1881, 80 jier, [] Bitgum, rigel 33, grêf 14; docht belidenis by de Nederlâns Herfoarme Tsjerke te Bitgum op 10-4-1840, dêr Kristlik Grifformeard (Ofskieden) op 12-2-1845; Botsy kin net skriuwe; by trouwen ‘dienstbaar’ (faam) te Bitgum;
x Menameradiel 17-5-1826, beide 24 jier, Jacob Gerbens Heslinga * Bitgum 3-12-1801 † dêr 22-12-1891, 90 jier; Kristlik Grifformeard (Ofskieden): by trouwen arbeider te Bitgum; dêr letter gernier en boer (hûsnrs 116, 255, 257); Jabik wennet op syn âlde dei yn by Antje Alles Dijkstra-en-dy te Bitgum, widdo fan syn soan Gerben; sn fan Gerben Jacobs Heslinga en Aukje Nannes Terpstra, húslju te Bitgum

§ HOKKE ANNO 1822
Foardat se trouwe hawwe Bauky en Rinze trije bern. Ongetroud gearwenje is yn ’e Fryske Klaaiboustreek begjin 19de iu bûtenwenstich, mar is dat yn dy tiid dan ek taboe?
It tsjut der net op dat Bauky en Rinze der mar op los bilje of libje: Rinze wol wol witte dat er de heit is, hy ‘erkend’ syn bern en lit se sels by de Boargerlike Stân ynskriuwe. Bauky en Rinze sille in sin by dat hokken hân ha – it is trouwens net wis àt se wol hyltyd gearwennen. Mar dat har mienskip hecht wie, die fertuten. En se sille der by neiste famylje net útlein ha, oars wie Bauky har âldste broer Jan wierskynlik net tsjûge by de oanjefte fan ’e earste twa berntsjes, maklik tocht, mar alle feiten smite fragen op. By it doarp binne se sa’t liket allikemin út ’e graasje: by har trouwen yn 1823 ferskine achtbere Bitgumers Boargers as getuge, goede freonen.
Al mei al, sosjaal-histoarysk ûndersyk nei dit apart ferskynsel kin sicht jaan op foarûndersteld taboe fan doe.

Hjirûnder de geboarte-akte fan it tredde bern, Lucas * 11-11-1822 – ‘in onecht verwekt’ , sa’t dat dan ornaris hiet.
Hjir stiet:
/…/Rinze Lucas Nauta, oud zeven en twintig Jaren, Inlandsch Kramer wonende te Beetgum/…/erkennende vader van het voorschreven kind te zijn, en hetzelfde te hebben gehad bij Baukje Jans Jouwsma/…/.
Rinze kin de akte net tekenje: /…/verklarende de vader niet te kunnen schrijven.
De tsjûgen kinne dat wol, mar kurieus: Marten Franses Boomsma, gernier te Bitgum, tekenet: M F Bonmas, in eigenaardige foarm fan letteromkearingen, in tipelsinnich soarte fan metatesis.

§ Kurieus: allinne sma
Job Sytses, arbeider, tekenet syn foarnamme en patronym ûnder de akte folút: Job Sytses – gewoan patroan is yn syn tiid it brûken fan inkeld en allinne inisjalen, sa’t Marten Frânses it ûnder dit stik docht. En dêrfoaroer folstiet Job by it skriuwen fan syn achternamme hjir mei de lêste komponint, it bliuwt by: sma (dat achterste betsjut: bern fan). Wat Job hjir no fertoant dat komt net folle foar. Set er him no fyn ynlein te skoar? Wol er sjen litte dat it wol ta kin mei eigennammen? Frij fan nije moade, moares. Dat docht er op it offisjele plak, de seal yn ’t lak fan it gesach, bestuivre út ’e klaai dêr’t er op boddet. Wol er fernimme litte wa’t er is? Hy wit heel goed wêr’t er it oer it hat, dat tinkt men dan. Hy set syn letters hjir net om ’e nocht allinne. Erfgoed Funsaasje wol der mear fan witte, siket soks út.
De amtner fan ’e Boargerlike Stân, Neno Burhoven Viëtor, boargerfader fan dit folk, set ûnder syn dûbelde namme yn sier en swier in fiif malige lange haal:

§  ’t Skriuwen yn ’e fingers
As Rinse en Bauky dan by einbeslút yn ’e lange hier gean, hat Rinse himsels it tekenjen eigenmakke. Hy kin syn kroljende hoannepoaten wol kwyt wurde, se stean by de man.

Bauky tekenet: Jaŭsma mei in u-breve, in omkeard breedteken of in dito accent circonflexe; broer Bauke docht it net mei in a mar mei in o en ek mei in ŭ. Dy ŭ wol aanjaan dat de u by de twaklank au of ou heart en net as ienklank op himsels stiet.
Tsjûgen binne:
Bauke Jans Jousma, 37 jier, fjildwachter, Bauky har twadde broer; Foppe Minnes Fopma, 47 jier, gernier; Auke Doekeles Tolsma, 36 jier, gernier, en Jan Gatzes Hiemstra, 25 jier, kuper, alle trije te Bitgum en ‘goede vrienden van de gehuwden’, skriuwt de amtner yn 1823:

 

GENERAASJE III
III.1 Bauke Jans Jouwsma (ek Jouwsma, tekenet sels: Jousma en Jouwsma) * Hallum omstrings 1786 † Bitgum 27-5-1828, 42 jier; yn 1812 gernier te Bitgum; yn 1814 dêr skipper; yn 1817, ’22 dêr wer gernier; yn 1824 dêr fjildwachter, oant syn ferstjerren (hûsnr 62); 
x Maaike Sjoerds Fopma * Bitgum 14-3-1790 ~ dêr 25-4-1790 † dêr 8-10-1849, hûsnr 62, 59 jier; yn 1824, ’29 winkelfrou te Bitgummole; yn 1828 dêr komelkster; yn 1832 dêr gernierske; yn 1842 dêr wer winkelfrou oant har ferstjerren; dr fan Sjoerd Foppes Fopma, yn 1811, ’12 skipper te Bitgummole, dêr letter gernier op Dyksterhuzen, en Janke Jans Dijkstra (ek: Van der Plaats), gernierske; Maaike is in suster fan Jantsje (III.2)
Bern:
1 Jan Baukes Jousma * Bitgum 5-10-1812 † [stjerakte net fûn] 2 Janke Baukes Jousma * Bitgum 2-10-1814 † dêr 18-11-1829, hûsnr 62, 15 jier; Janke lit in saldo nei fan f 45,78
3 Tjitske Baukes Jouwsma (yn Boargerlike Stân: Jousma; tekenet sels yn 1871: Jouwsma) * Bitgum 21-12-1817 † dêr 28-10-1896, 78 jier, [] Bitgum, rigel 22, grêf 5; by trouwen sûnder berop te Bitgum; yn 1871 ‘schoolmaitresse’ te Bitgum; yn 1875 dêr sûnder berop; yn 1876 dêr naaister; yn 1889 dêr sûnder berop;
x Menameradiel 16-3-1842, 24 en 26 jier, Jan Tækes Jansonius * Menaam 14-3-1816 † dêr 8-10-1861, hûsnr 113, 45 jier; by trouwen gernier te Menaam; yn 1845, ’49, ’51 gernier te Huzum; sûnt Alde Maaie 1854 gernier en winkelman te Ljouwert; ferhuzet dêrwei op 24-6-1856 nei Huzum, dêr gernier; ferhuzet dêrwei op 20-1-1859 nei Frjentsjer, dêr arbeider; ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1860 nei Bitgum, dêr allyksa arbeider; sûnt Alde Maaie 1861 en by ferstjerren idem te Menaam; sn fan Tæ
ke Jans Jansonius, yn 1811, ’12 ‘baardscheerder’ te Menaam, sûnt 19-11-1815 dêr gernier (hy komt dan mei Tytsje út Grou), en Titie Botes Geuker, gernierske te Menaam
4 Sjoerdtje Baukes Jouwsma (yn Boargerlike Stân: Jousma; tekenet sels har trou-akte mei: Jouwsma) * Bitgum 10-10-1820 † dêr 16-1-1896, 75 jier, [] Bitgum, rigel 19, grêf 14; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 23-5-1849, 28 en 39 jier, Age Pieters Koopmans * Húns 12-3-1810 ~ dêr 8-4-1810 † Bitgum 20-8-1887, 77 jier, [] Bitgum, rigel 19, grêf 14; docht 19-4-1841 mei syn earste frou Antsje belidenis te Bitgum; by earste boask arbeider te Jorwert; by twadde houlik boer te Bitgum (hûsnr 259); sn fan Pieter Anes Koopmans en Sjoukje Ages Dijkstra, húslju te Hylpen, yn 1830 dêr beide sûnder berop;
Age x 1 Baarderadiel 23-7-1836, 26 en 24 jier, Antje Hendriks Oostra * Deinum 4-5-1813 † Bitgum 9-11-1847, 34 jier; by trouwen sûnder berop te Bears; dr fan Hendrik Jochums Oostra en Rindertje Sjoerds Roorda, yn 1813 boeren te Deinum, yn 1836 te Bears
5 Jan Baukes Jousma * Bitgum 5-4-1822 † dêr 28-6-1824, hûsnr 62, 2 jier; Jan lit in saldo nei fan f 31,80
6 Sjoerd Baukes Jousma, folget IV.1

7 Jan Baukes Jousma * Bitgum 28-12-1827 (seis moanne nei it ferstjerren fan syn heit) † dêr 9-11-1829, hûsnr 62, 2 jier
Ljouwerter Krante, 26-8-1887:

III.2 Jan Jansen Jousma (ek: Jan Jans) * Rie 3-1-1787 ~ dêr 4-3-1787 † Bitgum 2-1-1824, hûsnr 85, 36 jier; wennet by syn boask te Hallum; gernier te Bitgum;
x Menameradiel 28-5-1815, 28 en 22 jier, Jantje Sjoerds Fopma * Bitgum 2-12-1792 ~ dêr 11-9-1792 † dêr 25-4-1824, 31 jier; suster fan Maaike (III.1)
Bern:
1 Jan Jans Jousma * Bitgum 11-4-1816 † dêr 3-12-1816, hûsnr 70, 33 wiken
2 Janke Jans Jousma (ek: Jousma; tekenet trou-akte mei Jouwsma) * Bitgum 21-9-1817 † dêr 6-10-1843, hûsnr 81, 26 jier; by trouwen sûnder berop te Bitgum; 

x Menameradiel 21-6-1843, en 31 jier, Wybe Jentjes Larooij (ek: Larooi, La Rooi; tekenet sels: Larooij) * Jirnsum 8-3-1812 † Berltsum 10-11-1884, 72 jier, [] Bitgum, rigel 32, grêf 7; by earste boask weinmakkersfeint te Bitgum, by syn heit tink; dêr letter en by twadde houlik keapman; yn 1852, ’55, ’56 keapman te Marsum (K nr 54); yn 1861 dêr winkelman; ferhuzet dêrwei op 1-12-1863 nei Berltsum (hûsnr 19), dêr winkelman oant syn ferstjerren; sn fan Jentje Wybes Larooij, yn 1820 weinmakker te Marsum, yn 1843 idem te Bitgum, en Minke Pieters Boonstra;
Wybe x 2 Menameradiel 7-5-1851, 39 en 31 jier, Akke Douwes Lawerman (ek: Laverman; tekenet har trou-akte mei: Lawerman) * Ljouwert 6-9-1819 † Berltsum 20-9-1890, 71 jier, [] Bitgum, rigel 32, grêf 7; by trouwen faam te Menaam; by ferstjerren sûnder berop te Berltsum; dr fan Douwe Jacobs Laverman, yn 1817 arbeider te Koarnjum, sûnt 1818 oant syn ferstjerren yn 1840 idem te Ljouwert (Wyk P nr 7), en Baukje Annes de Vries, yn 1851 komelkerske ûnder it behoar fan Ljouwert
3 Jan Jans Jousma, folget IV.2
4 Tjitske Jans Jousma
* Bitgum 9-12-1823 † dêr 3-10-1824, hûsnr 37, 39 wiken, har heit en mem binne dan beide al ferstoarn, fâd is pake Sjoerd Foppes Fopma

III.3 Gerrit Jans Jausma (ek: Jousma; tekenet sels: Jauwsma en Jousma) * Hallum 10-4-1795 ~ dêr 3-5-1795 † Britsum 16-1-1852, hûsnr 32, 57 jier; docht op 20-3-1824 belidenis te Britsum; by trouwen en yn 1820, ’22, ’29, ’33 arbeider te Britsum; yn 1839 idem te Hallum; by ferstjerren idem te Britsum;
x Ljouwerteradiel 14-6-1821, 26 en 21 jier, Sijke Johannes Iedema * Britsum 22-1-1800 ~ dêr 19-7-1801 † Britsum 8-6-1841, 41 jier; by trouwen faam te Britsum; dr fan Johannes Pieters Iedema en Tjitske Sijes Miedema, húslju te Britsum
Bern:
1 Jan Gerrits Jousma
* Britsum 16-3-1822 † dêr 15-3-1833, hûsnr 24, op ien dei nei 11 jier
2 Tjitske Gerrits Jausma * Britsum 14-6-1824 † dêr 14-6-1842, hûsnr 32, 18 jier
3 Johannes Gerrits Jausma, folget IV.3
4 Wopke Gerrits Jausma, folget IV.4
5 Jan Gerrits Jausma
* Britsum 24-8-1834, twilling mei Bauke, † dêr 27-8-1834, hûsnr 37, 3 dagen
6 Bauke Gerrits Jausma * Britsum 24-8-1834, twilling mei Jan, † dêr 7-9-1834, hûsnr 37, 14 dagen
7 Jan Gerrits Jausma * Britsum 2-9-1835 † dêr 1-10-1835, hûsnr 32, op ien dei nei 1 moanne
8 Bauke Gerrits Jausma, folget IV.5

§ De Boargerlike Stân en de man sels: Jausma en Jauwsma
Hantekeningen ûnder de trouakte fan Gerryt en Sijke; Gerryt tekenet Jausma; behalve de âldste soan Jan Gerrits Jousma, stean alle oare sân bern by de berte te boek as Jausma; Gerryt tekenet ûnder dy akten: Jauwsma.
Sijke set de hân mei: Eiedema, it skriuwen is har net eigen, sa’t liket; har heit docht it wol faker: Johs= Pijtters Iedema.
De hantekening dêrneist fan ’e tsjûge Syne Jans Fonk, eksteur fan ’e Gritenij Ljouwerteradiel, tsjûget fan feardigens

GENERAASJE IV
IV.1 Sjoerd Baukes Jouwsma (ek: Jousma, tekenet sels: Jouwsma) * Bitgum 29-3-1825 † dêr 11-8-1864, (hûsnr 68), 39 jier, [] Bitgum, rigel 40, grêf 2; by trouwen en yn 1855, ’57 en by ferstjerren Mr timmerman te Bitgummole; yn 1851 dêr winkelman;
x Menameradiel 8-5-1850, 24 en 25 jier, Tjitske Ritskes Fierstra * Bitgum 22-9-1825 † dêr 3-10-1881, 56 jier, [] Bitgum, rigel 40, grêf 2; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Bitgum; dr fan Ritske Pieters Fierstra, boerefeint te Stiens; bouboer te Bitgum, en Antje Jelles Bottinga, bouboerinne te Bitgum
Sjoch Erfgoed Fundaasje: Genealogy Fierstra
Tjitske x 2 Menameradiel 1-12-1870, 45 en 40 jier, op houlikse betingsten, Gerrit Buisman Rzn * Blokzijl, Oerisel, 14-5-1830 † Bitgum 11-3-1914, 83 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 10; Doopsgesind; bakker, komt Alde Maaie 1855 út Bloksyl yn Bitgum, dêr sûnt bakker (hûsnrs 9k, 3, 3a, 4), ferkeapet op 2-11-1912 syn bakkerij (keapsom: f 3.234,00); dêrnei sûnder berop (hûsnr 329); yn 1892 taksateur fan ûnreplik guod; sn fan Ragger Willems Buisman, skipper en keapman te Bloksyl, en Grietje Gerrits Mastenbroek;
Gerrit x 1 Maaike Klazes Wassenaar * Bitgum 21-4-1833 † dêr 20-2-1870, hûsnr 9, 36 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 10; dr fan Klaas Obbes Wassenaar, bakker te Bitgum, dêr ek tsjerkfâd, bakker te Dronryp, en Trijntje Sjoerds Koopal, bakkerinne te Bitgum en Dronryp
Tsjikke ferkeapet yn ’e mande mei Age Pieters Koopmans te Bitgum (tasjend fâd oer Ritske Jousma) op 29-12-1870 oan Gooitzen Uilkes Hartstra, twa huzen mei hiem; keapsom: f 4.299,00; no
taris Hendrik Willem Alma, Berltsum; Notarieel Argyf; Repertoire: 015012; Minút-akten 1870, argyfnr 26, ynvintarisnr 015004, aktenr 00096
Bern:
1 Maaike Sjoerds Jouwsma * Bitgum 29-3-1825 † dêr 27-11-1856, 15 jier, [] Bitgum, rigel 39, grêf 3
2 Antje Sjoerds Jouwsma
* Bitgum 28-5-1853 † dêr 16-12-1854, 18 moanne
3 Ritske Sjoerds Jouwsma * Bitgum 4-2-1855 † dêr 3-5-1855, 3 moanne
4 Antje Sjoerds Jouwsma * Bitgum 6-5-1856 † dêr 27-11-1856, 6 moanne
5 Ritske Sjoerds Jouwsma, folget V.1 
6 Libbenleas jonkje Jouwsma
*-† Bitgum 17-1-1863

IV.2 Jan Jans Jouwsma Tekenet sels: Jouwsma, Boargerlike Stân: Jousma) * Bitgum 2-2-1820 † dêr 13-5-1888, 68 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 9; by earste boask skipper te Bitgummole; yn 1851 winkelman te Bitgummole; yn 1857, ’61 dêr gernier; yn 1876 dêr keapman;
x 1 Menameradiel 11-11-1841, 21 en 29 jier, Trijntje Ypes Kikstra * Menaam 2-4-1812 † Bitgum 5-12-1854, 42 jier; docht 19-4-1838 belidenis te Bitgum; by earste boask sûnder berop te Menaam; by twadde houlik winkelfrou te Bitgum; dr fan Ype Klazes Kikstra en Janke Tjeerds Bosma, gerniers te Menaam;
x 2 Menameradiel 26-9-1861, 41 en 45 jier, Alida Johanna Grevenstuk (by berte ynskreaun as: Alida; letter yn ’e Boargerlike Stân gauris: Alida Johanna) * Hallum 5-4-1816 † Marsum, Popta Gasthûs, 2-2-1894, 77 jier; by trouwen skoallehâlderes te St.-Jabik; dr fan Gerrit Jans Grevenstuk, yn 1811, ’16 Mr kleanmakker te Hallum, yn 1818 snider te Froubuorren, en Margrieta Christina Schwartz
Tryntsje x 1 Menameradiel 26-8-1835, 23 en 21 jier, Foppe Jacobs Reinsma * Tsjom 20-5-1814 † Bitgum 9-3-1840, 35 jier; yn 1831 bakkersgesel te Frjentsjer; by trouwen bakkersfeint te Menaam; yn 1836 sûnder berop te Menaam; by ferstjerren winkelman te Bitgum; sn fan Jacob Reins Reinsma, Mr bakker te Tsjom, en Maaike Foppes de Swart
Op 23-4-1889 hâlde de erven fan Jan Jans Jouwsma boelguod; opbringst: f 146,00

Fan Alida wurdt in rou-advertinsje pleatst en dêryn wurdt se oantsjut mei Mejuffr.; beide hat dat grif te krijen mei har status as skoaljuffer earder. Fan har man is gjin advertinsje te finen; soks koste ek in pear sinten en dy hat lang net elkenien of dy hat it dêr net foar oer. Ljouwerter Krante, 6-2-1894:

Bern út it earste boask:
1 Jan Jans Jousma, folget V.2
2 Ype Jans Jousma
* Bitgum 9-3-1844 † Ingelum 23-2-1929, 84 jier; by trouwen arbeider te Bitgum; dêrnei arbeider te Ingelum (hûsnrs 81, 86);
x Menameradiel 18-5-1876, 32 en 34 jier, Hiltje Jurjens Kamstra * Berltsum 13-10-1841 † Ingelum 7-9-1929; by trouwen faam te Ljouwert; dr fan Jurjen Willems Kamstra, (Jurjen kin net skriuwe, yn trou-akte: Camstra), arbeider te Berltsum, en Sieuwke Theunis Vellinga, (tekenet sels: Vellenga), arbeidster te Berltsum
3 Tjeerd Jans Jousma * Bitgummole 9-7-1845 † dêr 27-4-1857, 11 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 10
4 Sjoerd Jans Jousma
* Bitgummole 30-4-1847 † dêr 22-8-1851, hûsnr 57, 4 jier
5 Jantje Jans Jousma
* Bitgummole 26-7-1849 † Doanjum 5-1-1938, 88 jier; by trouwen faam te Bitgum;
x Menameradiel 21-7-1869, 19 en 20 jier, Harmen Tækes Terpstra * Menaam 22-8-1848 † Doanjum 23-11-1927, 79 jier; ynwenjend boerefeint by Jan Sybes Sevenster en Reino Ebellina van der Tuuk te Menaam; sûnt Alde Maaie 1862 idem by Andries Franses Gerbens, boer en keapman te Menaam (nr 89) en Maartje Feikes van Schepen; yn 1866 idem te Menaam nr 146; sûnt Alde Maaie 1866 idem by Gerrit en Dieuwke Jans Dijkstra, broer en suster te Menaam (nrs 94, 12); sûnt 8-6-1867 idem by Auke Johannes de Haan en Sybetje Andries Wassenaar te Bitgum (nr 49); sûnt syn houlik arbeider te Menaam (nr 89); yn 1891, ’99 idem te Doanjum; by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Tæke Aats Terpstra, arbeider te Menaam, en Tjeerdtje Rintjes Boorsma
6 Sjoerdtje Jans Jousma * Bitgummole 31-1-1852 † dêr 4-2-1936, 84 jier, [] Marsum; by trouwen faam te Bitgum;
x Menameradiel 21-5-1874, 22 en 25 jier, Jan Reins Postma * Marsum 14-8-1848 † Bitgummole 5-6-1932, 83 jier, [] Marsum; Jan wennet mei syn heit en mem-en-dy yn 1869 yn it Earmhûs te Marsum (nr 63), de húshâlding ferfart dêrwei op 1-10-1869 nei Menaam; Jan is sûnt Alde Maaie 1866 ynwenjend feint by Jacob Aukes Tolsma en Jetske Pieters de Vries te Marsum; sûnt Alde Maaie 1872 idem by Wigle Hanzes Westra en Trijntje Douwes Kolk te Ljouwert (nr 99BK); by syn trouwen arbeider te Marsum; yn syn trouwen arbeider te Marsum (yn 1874 ’81, ’87, ’91, ’95) en Bitgum (yn 1881, ’82, 82, ’83, ’87, ’91, ’95, ’98, 1920; hûsnrs 190BK, 290, 349, 105); sûnt omstrings 1918 is er gernier op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole (nrs 124, 154); sn fan Rein Jans Postma, arbeider te Marsum (nrs 68BK, 63) en Menaam, en Bottje Kempenaar

Ype Jans Jousma en Hiltsje Jurjens Kamstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje Hoppinga:

Ljouwerter Krante, 25 en 26-2-1929:

Sjoerdtje Jousma en Jan Reins Postma:

Ljouwerter Kante, 8-6-1932:

IV.3 Johannes Gerrits Jausma * 18-2-1828 † Britsum 14-5-1878, hûsnr 48, 50 jier; wurkboade te Britsum, ferhuzet dêrwei Alde Maaie 1852 nei Ingelum; yn 1860, ’61 arbeider te Jelsum (hûsnrs 38, 48b), de húshâlding ferfart dêrwei op Alde Maaie 1864 nei Britsum, dêr is Jehannes arbeider oant syn ferstjerren;
x Ljouwerteradiel 6-5-1858, 30 en 22 jier, Aagje Hessels Wagenaar * Jelsum 18-7-1836 † wierskynlik USA; Kristlik Grifformeard; ferfart maaie 1883 nei Noard Amearika, har bern Gerrit, Tryntsje, Bauke en Sijke allyksa, soan Hessel giet har foar; dr fan Hessel Oebeles Wagenaar, arbeider te Jelsum, en Trijntje Rommerts Pranger
Bern:
1 Gerrit Johannes Jausma * Jelsum 5-1-1860 † Michigan, USA, 1931, 71 jier, [] Michigan; ynwenjend arbeider by Aan Aukes Algera en Tjitske Jans Kuperus, bouboeren te Britsum (6BK);  Gerryt ferfart maaie 1883 nei Noard Amearika V.3
x dêr Trijntje Veenstra (Katie, Kate; Feenstra)
Gerryt wurdt op 9-3-1880 goedkeurd foar de Militêre Tsjinst en oansteld; sinjalemint: 1 Meter, 656 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: laag; Oogen: blaauw; Neus: ord[inair=gewoan]; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: donker bruin; Wenkbraauwen: id
2 Hessel Johannes Jausma * Jelsum 24-2-1861† wierskynlik USA; ynwenjend arbeider by Klaas Annes Boersma en Dieuwke Jacobus Noordenbos, bouboeren te Britsum (38K); ferfart 13-4-1882 út Britsum nei Noard Amearika V.4
Hessel wurdt op 15-3-1881 goedkeurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst; sinjalemint: 1 Meter, 689 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord[inair=gewoan]; Oogen: blaauw; Neus: groot; Mond: id[em]; Kin: ord[inair=gewoan]; Haar: donker bruin; Wenkbraauwen: id
3 Trijntje Johannes Jausma * Britsum 24-7-1864 † wierskynlik USA; tsjinstfaam, ferhuzet 2-7-1882 út Britsum nei Ljouwert (Grinzer Strjitwei 3B); ferfart maaie 1883 nei Noard Amearika
4 Bauke Johannes Jauwsma * Britsum 15-3-1867 † dêr 4-9-1868
5 Bauke Johannes Jauwsma * Britsum 7-2-1870 † wierskynlik USA;  ferfart maaie 1883 nei Noard Amearika V.5
6 Libbenleas jonkje Jauwstra *-† Britsum 3-10-1871, hûsnr 15
7 Sijke Johannes Jouwsma * Britsum 11-8-1873 † wierskynlik USA; ferfart maaie 1883 nei Noard Amearika

§ Nei Noard Amearika
Aagje is mei 41 jier widdo, trije jier letter ferfart se mei de bern Gerrit, Tryntsje, Bauke en Sijke nei Noard Amearika; Hessel is dêr in jier earder al hinnetein.

As de Amearikagongers oan board gean, stean se ynskreaun as: Jousma, mar by de berte binne der oare farianten beuzige:

§ Jausma, Jauwsma en Jauwstra
Jehannes tekenet himsels sekeur: Jauwsma. De earste trije bern stean yn ’e geboarte-akte as: Jausma; de twa Baukes as: Jauwsma, it libbenleaze soantsje as Jauwstra; by dy syn oanjefte is Jehannes der net by, dat de tsjûgen sille net better witten ha as dat ‘stra’ de bedoeling is. Sijke wurdt yn har berte-akte Jouwsma neamd, en Jehannes tekenet dan ek Jouwsma.

Hjirûnder hantekeningen ûnder de trou-akte fan Jehannes en Aagje:

IV.4 Wopke Gerrits Jousma * Britsum 17-3-1831 † Marsum 20-3-1901, 70 jier; Wopke tekenet de trou-akte fan Sijke yn 1885 wol, mar ferklearret by trouwen fan Bauke dat er net skriuwe kin; foar syn trouwen wurkboade te Hallum; by trouwen arbeider te Winsum, Baarderadiel;  yn 1866, ’69, 1900 arbeider te Marsum (hûsnrs 72, 3, 43a, 101a, 132, 128);
x Baarderdiel 16-5-1857, 26 en 30 jier, Juliaantje Baukes van Donia * Berltsum 29-9-1828 † Marsum 7-4-1907, 83 jier; by trouwen faam te Húns; yn har trouwen arbeidster te Marsum; dr fan Bauke Ruurds van Donia, yn 1818 arbeider te Berltsum, fan 1819 oant 1826 dêr gernier, yn 1827, ’28 dêr arbeider, yn 1833 idem te Froubuorren, yn 1839 idem te Wier, yn 1842, ’45 (by syn ferstjerren) op ’e nij idem te Berltsum, en Angnietje Sipkes Bijlsma
-Jaantsje hâldt yn ’e mande mei har bern Sijke en Bauke, as erfgenamten, boelguod op 27-4-1901; opbringst: f 261,00;
-Sijke – as mem en fâd oer Juliaantje of Jaantje Minnes de Vries (tasjend fâd is Goffe Gosses Jensma te St.-Anne) – en Bauke – as fâd oer Wopke en Jelle Baukes Jousma – ferkeapje op 15-8-1907 oan Tjipke Berends Brands te Marsum, in hûs en hiem te Marsum; keapsom: f 1.934,00; notaris: Tjomme Ynte Kingma Boltjes, Jorwert; Notarieel Argyf; Repertoire: 067093; Minút-akten 1907, argysnr 26, ynvintarisnr 067088, aktenr 0103;
-Sijke en Bauke hâlde boelguod yn it hûs fan har mem te Marsum op 23-4-1907; opbringst: f 86,00; ferkeaper is Hylke Canne te Marsum, mar meld wurdt  dat neat ferkocht is

§ Hongerlije en iten nimme
As Juliaantje van Donia 31 jier is, wurdt se foar it Rjocht dage op beskuldiging fan dieverij. Se is dan arbeidster, dat betsjut dat se it krap ha: oare froulju fan arbeiders steane faak teboek as ‘sûnder berop’.

Soe Jaantsy soks foar de aardichheid úthelje? Har jongste dochterke Sijke Jousma is op dat stuit 10 moanne – en dat lyts wyfke is net âld wurden, se ferstjert twa moanne nei it fûnis – soe Jaantsy doe yn ’e gefangenis sitten ha?
Sijke har namgenoat-suske wurdt in jier letter geboaren.
It fûnis is:

Veroordeeld tot eene gevangenisstraf van drie maanden en de kosten der proceduere in lijfsdwang.
Arrondissements Regtbank, Leeuwarden, 29 Julij 1859.
(Rol fan strafzaken, argyfnr 18-02, Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert; ynvintarisnr 87, aktenr 5706)

Bern fan Jaantsy en Wopke:
1 Sijke Wopkes Jousma * Marsum 24-9-1858 † dêr 6-10-1859, 1 jier
2 Sijke Wopkes Jousma * Marsum 5-12-1860 † dêr 19-7-1917, 56 jier; by trouwen faam te Menaam; komt op 24-5-1888 út Froubuorren, mei har dochterke Jaantje de Vries, yn te wenjen by har âlden te Marsum;
x Menameradiel 14-5-1885, beide 24 jier, Minne Minnes de Vries * Bitgum 27-8-1860 † Froubuorren 2-5-1888, 27 jier; komt as feint op Alde Maaie 1882 ut Deinum yn Jellum; fehuzet dêrwei op 18-12-1882 nei Marsum; íby trouwen arbeider te St.-Anne, by ferstjerren idem te Froubuorren; sn fan Minne Minnes de Vries, arbeider te Bitgum, en Antje Klazes Ypey
3 Bauke Wopkes Jousma, folget V.6 
4 Gerrit Wopkes Jousma
* Marsum 18-2-1869 † dêr 10-3-1895, 26 jier; lytsfeint te Deinum; grutfeint te Marsum, Ljouwert en, Jellum; arbeider te Marsum, Wergea, Deinum en Goutum

§ It bodzjend bestean fan in boerefeint
As Gerryt Wopkes Jousma (IV.4.6) op 26-jierrige leeftyd ferstjert, hat er yn ’e fyftjin jier fan syn bodzjend bestean likernôch likefolle arbeidersplakken hân, ynwenjend as lytsfeint, grutfeint en arbeider, ûnder oaren te witten:
-as alve-jierrich boike is er sûnt Alde Maaie 1880 lytsfeint te Deinum;
-hy arbeidet yn 1881 te Marsum;
-hy giet 9-7-1881 dêrwei nei Ljouwert,
dêr is er ynwenjend oan ’e Harnzerstrjitwei K7 en by K.S. Boonstra;

-hy ferhuzet dêrwei op 17-10-1881 nei Marsum;
-hy arbeidet yn 1882 te Jellum;
-hy komt 18-12-1882 dêrwei yn Marsum;

-hy arbeidet sûnt 21-10-1886 te Wergea;
-hy arbeidet sûnt Alde Maaie 1884 te Deinum, nûmer 130;
yn 1886 arbeidet er te Marsum;
-yn 1887 arbeidet er wer te Deinum;
-hy komt Alde Maaie 1887 út Deinum yn Marsum nr 270;
-sûnt 17-8-1889 is er ynwenjend feint by Louw Annes Kooistra en Janke Jelles de Jong, boeren te Goutum,
-dêrnei is er ynwenjend feint by Sjerp Sjerps IJsselstein en Sjoerdtje Tjeerds Kaastra, boeren te Goutum, nr 58;
-hy ferfart dêrwei op 27-5-1892 wer nei Marsum nr 303;
-op Alde Maaie 1893 ferfart er nei in oar adres te Marsum;
-op Alde Maaie  1894 giet er wer nei Marsum nr 303,
-yn 1895 arbeidet er te Marsum nr 145

IV.5 Bauke Gerrits Jousma * Britsum 28-8-1836 Stiens 8-8-1912, 75 jier; by trouwen arbeider te Jelsum; yn 1858, ’60 idem ûnder Stiens; de húshâlding komt 8-6-1863 dêrwei yn Wyns en ferfart dêrwei op 15-5-1879 wer nei Stiens; yn 1884 is Bauke dêr sûnder berop; yn 1892 dêr mûner; yn 1900 dêr arbeider; yn 1903 arbeider te Hijum; by syn ferstjerren noch arbeider, dan wer te Stiens;
x Ljouwerteradiel 6-10-1858, beide 22 jier, Aurelia Sjoerds Bleeker * Ryptsjerk 1-10-1835  Hijum 1-7-1921, 84 jier; Reelke kin net skriuwe by har eigen houlik, mar letter wol: se tekenet bygelyks de trou-akte fan har dochter Hiltsje; by trouwen sûnder berop te Wyns; dr fan Sjoerd Pieters Bleeker, arbeider te Ryptsjerk en Wyns, en Hiltje Symens Kok, arbeidster te Wyns
Bern:
1 Hiltje Baukes Jouwsma (Hiltsy tekenet har trou-akte mei Jouwsma; de Boargerlike Stân brûkt Jousma) * Wyns (âlden wenjend te Stiens) 8-11-1858 † Aldtsjerk 11-10-1889, 30 jier; ferhuzet op 1-3-1873 út Wyns nei Lekkum; by trouwen boerefaam te Aldtsjerk;
x Tytsjerksteradiel 18-5-1878, 19 en 28 jier, Jan Gerbens Pot * Aldtsjerk 20-7-1849 † dêr 27-8-1938, 89 jier; arbeider, komt 14-5-1872 út Readtsjerk yn Aldtsjerk; by trouwen en letter dêr arbeider op gâns ûnderskate steeën, ûnder oaren de hûsnûmers 77a, 50a, 66a, 139a, 110a, 65, 90a, 88, 101; ek arbeider te Readtsjerk, ûnder oaren yn 1872 en 1884; as Hiltsje ferstoarn is, komt Jan syn suster Janke (* Wyns 1849) by Jan-en-dy yn te wenjen; sn fan Gerben Alberts Pot en Aaltje Jans van der Woude, arbeiders te Aldtsjerk 
2 Sijke Baukes Jausma
* ûnder Stiens 1860 † dêr 28-8-1860, hûsnr 195, 14 dagen
3 Sijke Baukes Jausma * Stiens 27-7-1862 † dêr 10-11-1884, 22 jier; ferhuzet op 1-3-1873 út Wyns nei Lekkum; komt op 27-10-1897 út Dronryp yn Wyns; by ferstjerren sûnder berop te Stiens
4 Tjitske Baukes Jousma * Wyns 19-4-1868  † Súdlaren, Dennenoord, 3-4-1936, 67 jier; earst Nederlâns Herfoarmd, letter Grifformeard; ferhuzet op 15-5-1879 út Wyns nei Stiens; ferfart dêrwei 27-6-1880 nei Froubuorren; by trouwen tsjinstfaam te Ljouwert;ferhuzet dêrwei op har troudei nei Feinsum (nr 2);
x Ljouwerteradiel 28-5-1892, 24 en 27 jier, Menne Pieters Oberman (ek: Minne) * Ginnum 11-3-1865 † Koarnjum 29-1-1927, 61 jier; earst Nederlâns Herfoarmd, letter Grifformeard; arbeider op sawat tolve plakken (sjoch hjirûnder); sn fan Pieter Tækes Oberman, arbeider yn ’e Flieterpen, ûnder oaren te Reitsum en Ginnum, en Jitske Pieters Holwerda, Piter en Jitske kinne net skriuwe
5 Sjoerd Baukes Jousma, folget V.7
6 Gerrit Baukes Jousma, folget V.8

§ Minne Oberman en syn arbeidersplakken
Minne Oberman syn wurksum libben spilet him ôf fan syn 25ste oant 61ste op sawat tolve plakken:
–as lytsfeint is er ynwenjend te Miedum, by Ulbe Jacobus Noordenbos en Sjieuwke Piers Kramer (hûsnr 5BK);
-sûnt 18-8-1890 is er grutfeint te Aldtsjerk;
-sûnt 28-5-1891 idem te Jelsum, by de widdo T. de Groot;
-sûnt syn troudei arbeidet er te Feinsum (nr 2a);
-sûnt 28-6-1894 te Hallum (nr 96);
-sûnt 9-5-1899 te Jelsum (nrs 46a, 87);
-sûnt Alde Maaie 1904 te Stiens (hûsnrs 5, 39, 558, 479, 549);
-sûnt 22-11-1911 te Rinsumageast;
-omstrings 1915 te Hijum (nr 36);
-yn 1917 te Britsum;
-yn 1918 te Stiens;
-by syn ferstjerren yn 1927 te Koarnjum (nr 47) 

 

GENERAASJE V
V.1 Ritske Sjoerds Jouwsma
* Bitgum 12-7-1857 † Medemblik 16-2-1890, Wyk 3 nr 62, 32 jier; helpûnderwizer, ferhuzet 22-9-1874 út Bitgum nei Froubuorren. is dêr ûnderwizer; ferfart dêrwei op 22-5-1876 nei Ljouwert; ferhuzet dêrwei op 30-5-1877 nei Hurdegaryp; ferhuzet op 19-10-1878 dêrwei nei Lúnbert, gemeente Ænjewier; ferfart dêrwei 2-5-1879 nei Bitgum; yn 1882, ’83, ’84 ûnderwizer te Dokkum; by ferstjerren ûnderwizer te Medemblik;
x Dokkum 23-3-1882, 24 en 22 jier,
Lammigje de Jong * Dokkum 14-9-1859 † Hoorn 5-3-1943, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Dokkum; wennet yn 1901 te Medemblik; dr fan Jentje Ruurds de Jong, boekbinersfeint, letter boekbiner te Dokkum, en Klaaske Rienks Poutsma, yn 1848 naaister te Dokkum, yn 1882 dêr beide sûnder berop 
Ritske wurdt op 3-3-1877 keurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen ‘eenigst wettige zoon’; sinjalemint: 1 Meter, 650 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: laag; Oogen: blaauw; Neus: groot; Mond: ord[inair=gewoan]; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: idem
Bern:
1 Tjitske Ritskes Jouwsma * Dokkum 9-7-1883 † dêr 8-11-1884, Wyk B 150a, 15 moanne
2 Jentje Sjoerds Jouwsma * Medemblik 1888 † 11-3-1971, 83 jier, [] Hoorn; by trouwen boekhâlder te Medemblik;
x Medemblik 17-9-1914, 26 en 30 jier, Johanna Geusebroek * Medemblik 13-9-1884  † 31-3-1963, 78 jier, [] Hoorn; dr fan Johannes Dirks Geusebroek, koperslachter te Medemblik, en Cartharina Lambertus Fransen
Jentsje krijt by de geboarte de namme fan syn pake oan memmeskant en dy fan heiteskant yn patronym, mei in s; dat lêste is apart
Grêven te Hoorn. Boarne:
Online Begraafplaatsen



V.2 Jan Jans Jousma
* Marsum 31-7-1842 † Ingelum 1-2-1924, 81 jier; by syn houlik arbeider te Ingelum; sûnt 11-5-1874 idem te Marsum (nr 251), ferhuzet Alde Maaie 1893 dêrwei nei Ingelum (hûsnrs 55, 49, 72, 59, 88, 5), dêr yn dat jier winkelman, dêr ek smidsfeint; dêr letter gernier;
x Menameradiel 8-5-1902, 27 en 23 jier,  Aukje Egeles Stienstra * Bitgum 28-1-1842 † Ingelum 1-7-1915, 73 jier; by trouwen faam te Menaam; dêrnei gernierske te Ingelum; dr fan Egele Rienks Stienstra en Geertje Gerbens Heslinga 

Aukje tekenet by har eigen boaskjen wol, se ferklearret letter hyltyd dat se gjin skriuwen leard hat; patronym ek: Ægeles 
Sjoch:
Genealogy Stienstra – IX-AA 
Bern:
1 Egele Jans Jousma, folget VI.1

2 Libbenleas famke Jousma *-† Ingelum 4-7-1868
3 Jan Jans Jousma, folget VI.2
4 Geertje Jans Jousma
* Ingelum 28-7-1872 † dêr 28-1-1904, 31 jier; by trouwen sûnder berop te Ingelum;
x Menameradiel 25-2-1897, 24 en 23 jier, Roelof Johans Schotanus * St. Nyk 15-2-1874; by earste boask skipper te Wurdum; letter arbeider te Ingelum; yn 1905 dêr frachtrider; sn fan Johan Hendriks Schotanus, yn 1897, 1905 terpbaas te Wurdum, en Grietje Sjoerds Kloosterman;
Roelof x 2 Menameradiel 11-5-1905, 31 en 30 jier,  Jeltje Boomsma * Berltsum 5-2-1875; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dr fan Wybe Jans Boomsma, yn 1871, ’75 arbeider te Berltsum, yn 1905 dêr frachtrider, en Geeske Douwes Hemminga, yn 1871 naaister te Belrtsum
5 Ype Jans Jousma
* Ingelum 5-8-1876 † dêr 10-11-1876, hûsnr 251, 3 moanne

6 Ype Jans Jousma* Marsum 12-5-1879 † Ingelum 12-11-1906, 27 jier; arbeider te Ingelum;
x Menameradiel 21-6-1906, 27 en 23 jier, Riemke Jans Terpstra * Marsum 1-9-1882 † Hurdegaryp 16-9-1964, 82 jier; yn 1898 faam te Bitgum; sûnt Alde Maaie 1898 idem te Ingelum; sûnt 5-6-1901 idem ynwenjend te Huzum; sûnt 7-2-1902 idem wer te Ingelum; by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Jan KLazes Terpstra, arbeider te St,-Anne; yn 1882 idem te Marsum en Menaam (nr 211); sûnt 1893 te Bitgum; sûnt Alde Maaie 1898 wer te Menaam; yn 1906 bôlesutelder te Ingelum; sûnt Alde Maaie 1918 idem te Menaam (nr 428), en Baukje Jelles Bakker, yn 1882 faam te Menaam
7 Catharinus Jans Jousma, folget VI.3

Jan Jans Jousma en Aukje Ægeles Stienstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits. Kolleksje Hoppinga:

Ype Jans Jousma. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Riemke Jans Terpstra. Fotograaf: Strüppert & Van Duyl, Nôtmerk 201, Ljouwert. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

V.6 Bauke Wopkes Jousma * Marsum  25-2-1865 † dêr 12-9-1908 43 jier; arbeider, ferhuzet op 1-7-1881 út Marsum nei Ljouwert; idem út Marsum op Alde Maaie 1884 nei Deinum; by earste boask arbeider te Tearns; yn 1893 arbeider te Marsum, yn 1897 dêr keapman, yn 1903 dêr gernier, by twadde houlik dêr wer arbeider; yn 1908 dêr gernier, en arbeider oant syn ferstjerren;
x 1 Ljouwerteradiel 14-5-1892, 27 en 21 jier, Tjitske Jelles Bosma * Ljouwert 29-10-1871 † Marsum 25-9-1900, 29 jier; by trouwen faam te Ljouwert; dr fan Jelle Pieters Bosma, arbeider te Stiens en Ljouwert, en Eelkje Pieters Elsinga
x 2 Menameradiel 15-5-1902, 37 en 27 jier, Geertje Franses Felkers * Winsum, Baarderadiel, 15-9-1874 † Marsum 30-1-1910, 35 jier; by trouwen faam te Dronryp; by ferstjerren winkelfrou te Marsum; dr fan Frans Frederiks Felkers, slachter, letter keapman te Winsum, en Pietje Gerrits Bakker
Bern út earste boaske:
1 Wopke Baukes Jousma, folget VI.4
2 Jelle Baukes Jousma * Marsum 24-1-1897† 19-8-1974, 77 jier, [] Marsum; masjinist te Marsum, wennet foar syn trouwen by syn broer Wopke-en-dy yn; by trouwen masjinist by it molkfabryk te Marsum;
x 1 Menameradiel 31-5-1923, 26 en 21 jier, Grietje de Graaf * Deinum 29-1-1897 † 2-5-1932, 35 jier, [] Marsum; by trouwen sûnder berop te Marsum; dr fan Justinus Louïs Barteles de Graaf, arbeider te Deinum, en Aaltje Ybeles van der Veer;
x 2 Menameradiel 16-5-1935, 38 en 29 jier, Sietske Landstra * Snits 20-2-1906 † 29-5-1989, 83 jier, [] Marsum; by trouwen húshâldster te Marsum, de lêste seis moanne dêrfoar te Ljouwert; dr fan Sjoerd Uiltjes Landstra, yn 1900 boere-arbeider te Britswert, yn 1935 fabryksarbeider te Ljouwert, en Ytje Sieses Wiersma
Bern út it twadde houlik:
3 Gerrit Baukes Jousma * Marsum 16-2-1903 † 15-1-1981, 77 jier, [] Slappeterp; by trouwen boere-arbeider te Slappeterp;
x Menamearadiel 19-5-1927, 24 en 23 jier, Sijke Sipma * Slappeterp 14-5-1904 † 8-11-1984, 80 jier, [] Slappeterp; by trouwen faam te Slappeterp; dr fan Sytse Johannes Sipma en Sytske Meiles de Vries, gerniers te Slappeterp
4 Frans Baukes Jousma * Marsum 20-10-1906 † dêr 18-2-1908, 15 moanne

V.7 Sjoerd Baukes Jousma * Wyns 21-7-1871 † Stiens 8-10-1934, 63 jier; sûnt Alde Maaie 1890 ynwenjend arbeider by Pier Kramer en Pietje Hoekstra, boeren te Stiens (hûsnr 488 KZ); giet dêrwei op Alde Maaie 1891 nei syn âlden te Stiens; sûnt juny 1891 ynwenjend arbeider by Doede Span en Sjieuwke Hoekstra te Feinsum (hûsnr 1 BK); sûnt Alde Maaie 1892 ynwenjend arbeider by Grietje Brinkman, widdo Pier Brouwers, boerinne te Stiens; sûnt Alde Maaie 1893 ynwenjend arbeider by Cornelis Ulbes Noordenbos en Grietje Jetzes Kalma, boeren te Stiens (hûsnrs 490, 489), sûnt Alde Maaie 1897 by Gryt Kalma, widdo Noordenbos; ferhuzet dêrwei yn 1898 nei syn heit en mem te Stiens; by trouwen en yn 1904 arbeider te Stiens; yn 1908 dêr skuonmakker; dêr letter komelker; yn 1912 dêr greidboer oant syn ferstjerren (hûsnrs 474, 544, 582);
x Ljouwerteradiel 19-5-1900, 28 en 25 jier, Trientje Johannes Wielenga * De Koaten 1-10-1874 † Stiens 24-4-1956, 81 jier; Tryntsje ferhuzet 15-5-1890 út De Koaten nei Gaatse Sytses Oostenbrug en Ybeltje Minzes Krol, boeren te Lekkum (hûsnr 60), dêr ynwenjend faam; ferhuzet op Alde Maaie 1892 dêrwei nei Jitske de Graaf, widdo Sije Bottema, boerinne te Lekkum (nr 51), dêr allyksa ynwenjend faam en sûnt Alde Maaie 1895 idem by P.J. Kalma, boer te Miedum; by trouwen idem te Stiens; dr fan Johannes Oebeles Wielenga, yn 1867 sûnder berop te Twizel, yn 1870 komelker te De Koaten, yn 1872 dêr arbeider, yn 1874, ’85, ’89 dêr boer, yn 1896, ’98 arbeider te Twizel, yn 1904 arbeider te Hurdegaryp, en Ymkje Hendriks de Boer
Tryntsje en har heit skriuwe harsels: Wielenga; yn Boargerlike Stân: Wielenga en Wielinga

Bern:
1 Bauke Sjoerds Jousma * Stiens 13-4-1901; arbeider te Stiens; ferfart yn 1927 nei Argentinië
2 Johannes Sjoerds Jousma * Stiens 5-8-1904 † dêr 20-6-1918, 13 jier, [] Stiens, selde grêf as syn mem

3 Gerrit Sjoerds Jousma * Stiens 25-2-1908 † dêr 31-1-1963, 54 jier, [] Stiens; greidboer te Stiens;
x Ljouwerteradiel 22-5-1935, 27 en 24 jier, Antje Terpstra * Britsum 12-9-1910 † 11-9-1988, op ien dei nei 78 jier, [] Stiens; earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip; fan maaie 1926 oant maart 1931 ynwenjend faam by Jan van Dijk te Britsum (hûsnr 82); ferhuzet dêrwei op 18-5-1932 nei Ljouwert en dêr is Antsje ‘helpster bij het bewaarschoolonderwijs’; by trouwen faam te Britsum; sûnt greidboerinne te Stiens; dr fan Meinte Annes Terpstra, yn 1901 gernier te Jelsum, yn 1906 idem te Koarnjum (nrs 90, 88); yn 1910 fuorman te Britsum, yn 1935 dêr gernier, en Hiltje Douwes van der Heide
4 Oebele Sjoerds Jousma * Stiens 25-7-1912 † dêr 6-9-1915, 2 jier, [] Stiens, selde grêf as syn heit
5 Aurelia Ymkje Sjoerds Jousma * Stiens 13-2-1914; yn 1939 tsjinstfaam te Haarlem (Parklaan 2, Lorenzplein 3); by trouwen sûnder berop te Stiens; 
x Ljouwerteradiel 16-4-1941, 27 en 26 jier, Wybren Hogerhuis * Hijum 13-7-1914; bakker te Hijum; sn fan Wybren Wybrens Hogerhuis, by syn trouwen yn 1914 bakkersfeint te Sumar, dêrnei bakker te Hijum, en Hinke Jans de Moor, bakkerinne te Hijum

V.8 Gerrit Baukes Jousma * Wyns 18-6-1874 † Hallum 25-12-1945, 71 jier, [] Hallum; by trouwen en yn 1900 arbeider te Stiens (hûsnrs 254, 480); sûnt Alde Maaie 1901 idem te Hijum (nr 131); yn 1924 oant syn ferstjerren gernier te Hallum;
x Ljouwerteradiel 21-5-1898, 23 en 26 jier, Aafke Sytzes Malda * Holwert 23-4-1872 † Hallum 12-4-1952, 79 jier, [] Hallum; by trouwen faam te Hallum; dr fan Sytse Johannes Malda, arbeider te Holwert, en Tytje Gerbens Veldman, Sytze en Tytsje kinne net skriuwe
Bern:
1 Tytje Gerrits Jousma * Stiens 17-7-1900
2 Aurelia Gerrits Jousma
* Hijum 1-7-1902 † 6-2-1980, 78 jier, [] Hallum, selde grêf as har suster Hiltsje
3 Gelske Gerrits Jousma 
* Hijum 1-11-1903 † 1972; by trouwen sûnder berop te Hallum;
x Ferwerteradiel 8-5-1924, 20 en 26 jier, Popke Smit * Hallum 23-8-1897; by trouwen plysjeman te Den Haach; sn fan Jan Popkes Smit, yn 1891 keapman te Hallum, yn 1897 dêr arbeider, yn 1924 dêr bôlesutelder, en Marijke Wobbes Boonstra
4 Hiltje Gerrits Jousma
* Hijum 6-2-1909 † 10-3-1980, 71 jier, [] Hallum, selde grêf as har suster Aurelia
5 Bauke Gerrits Jousma
* Hijum 20-3-1912 † 22-9-1970. 58 jier, [] Hallum; by trouwen winkelman te Hallum;
x ferwerteradiel 20-7-1939, 27 en 24 jier, Jitske Thijsseling * Hallum 22-3-1915 † 18-5-1952, 37 jier, [] Hallum; by trouwen sûnder berop te Hallum; dr fan Herman Ottes Thijsseling, keapman te Hallum, en Cornelia Andries Andrée
Ljouwerter Krante, 10 en 11-3-1980:

Ljouwerter Krante, 23-9-1970:

GENERAASJE VI
VI.1 Egele Jans Jousma * Ingelum 21-8-1874 † dêr 23-10-1957, 83 jier; by trouwen en yn 1902, ’07 arbeider te Ingelum (hûsnr 92), dêr frachtrider (hûsnr 52); yn 1934 dêr gernier (hûsnrs 92, 56);
x Menameradiel 8-5-1902, 27 en jier, Antje Reinders Terpstra * Bitgum 27-2-1879; sûnt Alde Maaie 1899 ynwenjend faam op Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum; ferfart mei har trouwen dêrwei nei Ingelum; dr fan Reinder Klazes Terpstra, yn 1863 arbeider te Menaam, yn 1869 idem te Bitgum, yn 1869 idem te Menaam, yn 1877 idem te Froubuorren, yn 1879 idem te St.-Anne, sûnt te Bitgum oant syn ferstjerren yn 1897, en Grietje Meintes Ringia
Egele wurdt op 12-12-1893 keurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst; sinjalemint: 1 Meter, 722 Millimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: rond; Oogen: grijs; Neus: ord[inair=gewoan]; Mond: id[em]; Kin: rond; idem: Haar: licht blond; Wenkbraauwen: id
Bern:
1 Grietje Egeles Jousma
* Ingelum 10-5-1903 † dêr 21-5-1903, 11 dagen
2 Jan Egeles Jousma, folget VII.1

Egele Jans Jousma en Aukje Reinders Terpstra mei Jan. Fotograaf: André Lorié, Foarstreek A 332, Ljouwert. Kolleksje Hoppinga:

Egele Jousma syn frachtriderij rydt ek op Ljouwert. Boppe de stjoerkabine: E. JOUSMA ENGELUM. Op ’e laadbak makket er reklame foar de blommesaak fan S. Haven, Nijstêd 34 – grif in fêste klant fan him.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole:


VI.2 Jan Jans Jousma
* Ingelum 20-12-1869 † dêr 16-8-1948, 78 jier; by trouwen en yn 1899 fuorman te Ingelum; arbeider, gernier, boer en winkelman te Ingelum (hûsnrs 19, 17); yn 1924 gernier, yn 1928 dêr greidboer;
x Menameradiel 14-5-1896, 26 en jier, Gelske Meikes Elsma * Marsum 5-11-1872 † Ingelum 11-3-1952, 79 jier; by trouwen faam te Ingelum; dr fan Meike Pieters Elsma, sûnt Alde Maaie 1870 arbeider te Hilaard; dêrnei idem te Boksum; yn 1872 idem te Marsum (hûsnr 90); yn 1896 gernier te Bitgum, en Grietje Klazes van der Wal
Bern:
1 Libbenleaze jonge Jousma *-† Ingelum 12-3-1899
2 Grietje Jans Jousma
* Ingelum 17-3-1900 † dêr 15-10-1922, 22 jier
3 Aukje Jans Jousma * Ingelum 12-3-1901; by trouwen sûnder berop te Ingelum;
x Menameradiel 28-8-1924, 23 en 29 jier, Dooitze Jans van der Leij * Berltsum 29-7-1895; gernier te Berltsum; sn fan Jan Dooitzes van der Leij, arbeider, letter gernier te Berltsum, en Martzen Wybes Boomsma, gernierske te Berltsum
4 Jan Jans Jousma, folget VII.2
5 Maaike Jans Jousma * Ingelum 5-12-1904; wennet yn 1948 te Ingelum

Jan Jans Jousma en Gelske Meikes Elsma. Kolleksje Hoppinga:

Ljouwerter Krante, 18-8-1948:

Hjirûnder Gryt, Aukje en Maaike Jans Jousma. Kolleksje Hoppinga:



VI.3 Catharinus Jans Jousma (ek: Jouwsma; tekenet sels: Jousma) * Ingelum 25-6-1888 † dêr 21-8-1975, 87 jier, [] Ingelum; by trouwen arbeider te Ingelum, dêr letter gernier (nrs 59, 81, 4); tsjerkfâd te Ingelum;
x Menameradiel 30-4-1914, 25 en 20 jier, Antje Ritskes Fierstra (Anne) * Bitgum 3-8-1893 † Berltsum, Berlingahiem, 2-4-1980, 86 jier, [] Ingelum; by trouwen sûnder berop te Bitgum; ferhuzet mei har trouwen dêrwei nei Ingelum
Bern:
1 Ype Catharinus Jousma * Ingelum 13-8-1914 † 30-4-1977, 62, jier, [] Ingelum; gernier te Ingelum
2 Jantje Catharinus Jousma * Ingelum 6-5-1919 † 3-3-2004, 82 jier, [] Ingelum;
x Sjirk Jouws Hoppinga * Ingelum 30-6-1921 † 17-1-1998, 76 jier, [] Ingelum; arbeider te Ingelum, dêr letter gernier; sn fan Jouw Sjirks Hoppinga en Janke Jans Bosma, gerniers te Ingelum
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hoppinga
– VI.3

Catharinus Jans Jousma en Antje Fierstra – fan dizze portretten binne ek lytsere makke. Fotograaf: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Hoppinga:


Catharinus Jans Jousma en Antje Fierstra. Fotograaf: Foto Modern, Ljouwert. Kolleksje Hoppinga:

It gerniers- en komelkersspul oan ’e Buorren 4 te Ingelum, dêr’t Ketrinus Jousma en Anne Fierstra mei soan Ype op buorkje; nei it ferstjerren fan syn âlden gernierket Ype dêr fierder, sûnder kij. Pakesizzer Jo Sjirks Hoppinga en de húshâlding wennet dêr letter. Kolleksje Hoppinga:

Ketrinus en Anne krije fergunning foar in rûchskerne op it hiem. Kolleksje Hoppinga:

Ype Jousma. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert. Kolleksje Hoppinga:

Ype Jousma mei syn skimmel oan it eidzjen yn ’e Ingelumer Mieden. Kolleksje Hoppinga:

Ype Jousma mei pensjoen. Kolleksje Hoppinga:

Jantje Catharinus Jousma. Kolleksje Hoppinga:

Jantje Catharinus Jousma en Sjirk Jouws Hoppinga. Kolleksje Hoppinga:

VI.4 Wopke Baukes Jousma * Marsum 30-11-1893; by trouwen arbeider te Marsum; yn 1943 molkfeint te Aulendorf, Dútslân;
x Menameradiel 11-5-1926, 32 en 26 jier, Wiebrigje Jacobs Dijkstra * Aldehaske 19-12-1889 † Berltsum 15-12-1961, 72 jier; by trouwen tsjinstfaam te Marsum; dr fan Jacob Jans Dijkstra, feehanneler te Aldehaske, en Tjitske Siebolts Ykema
Bern:
1 Jacob Wopkes Jousma * Marsum 1920; by trouwen fabryksarbeider te Huzum;
x Ljouwerteradiel 5-5-1943, beide 23 jier, Hinke de Boer * Hantumhuzum 1920; by trouwen faam te Ljouwert; dr fan Johannes Doedes de Boer, yn 1916 lânarbeider te Hantumhuzen, yn 1943 idem te Holwert, en Jetske Dirks Sloterdijk
2 Libbenleas famke Jousma *-† Marsum 31-3-1923

 

GENERAASJE VII
VII.1 Jan Egeles Jousma * Ingelum 23-4-1907 † 27-3-1989, 81 jier, [] Ingelum; frachtrider te Ingelum;
x Menameradiel 31-5-1934, 27 en 20 jier, Wytske Murks Papa * Hallum 7-10-1913 † 30-10-1976, 53 jier, [] Ingelum; by trouwen faam te Ingelum; dr fan Murk Teunis Papa, yn 1912 arbeider te Hurdegaryp, yn 1913 idem te Hallum, te Froubuorren, sûnt Alde Maaie 1917 te Wânswert, sûnt 1923 te Bartlehiem, yn 1934 arbeider te Ingelum (hûsnr 226), en Tietje Tjeerds Reitsma
Bern:
1 Tietje Anna Jans Jousma * Ingelum 27-12-1937 † 22-3-2001, 63 jier, [] Ingelum;
x Rinze Bruinsma * Menaam 15-8-1936 † 2-2-2006, 70 jier, [] Ingelum; túnker te Ingelum

Jan Egeles Jousma. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert. Kolleksje Hoppinga:

§ Jan Egeles Jousma hast 50 jier frachtrider
As Jan Egeles fiifensechstich jier is, jout er nei 48 jier it frachtriden deroan. Ljouwerter Krante april 1972:


Lês fierder: Erfgoed Fundaasje – Galerij Jousma – Ynhâld ferskaat 1

VII.2 Jan Jans Jousma * Ingelum 13-7-1902; by trouwen greidboer te Ingelum (nr 31); de húshâlding ferhuzet dêrwei op 9-5-1934 nei Kollum; wennet yn 1948 te Bûtenpost
x Menameradiel 10-3-1928, 25 en 24 jier, Jacomina Jans Bosma * Deinum 27-8-1903; by trouwen sûnder berop te Deinum; dr fan Jan Jans Bosma en Rinske Hendriks van der Meer, yn 1897 komelkers te Deinum, yn 1903, ’28 dêr greidboeren
Bern, twilling:
1 Rinske Jans Jousma * Ingelum 31-8-1930
2 Grietje Jans Jousma * Ingelum 31-8-1930