GENEALOGY DE JONG – BITGUM

Troch Akke de Jong-Terpstra te Bitgum (Genealogy II.2) is op 25 febrewaris 2009 it wiidweidich Famylje- en bedriuwsargyf De Jong-Bitgum skonken oan Erfgoed Fundaasje. Yn it ramt fan it noed stean foar bedriuws- en famylje-erfgoed yn ’e Klaaiboustreek wurdt ek fan dit slachte it argyf beskreaun, argiveard en digitaliseard troch Erfgoed Fundaasje. Dat is foar de takomst feilichsteld en wurdt neffens oerienkomsten bewarre yn klimaat-behearske kluzen by de gemeente Waadhoeke. De argiven binne dêr op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje foar ûndersyk te rieplachtsjen.
De stambeam hjirûnder is opset as in parenteel, dat wol sizze dat de neiteam dy’t net de namme De Jong draacht wol opnommen is.
Folslein wurdt soks noait, mar hjirûnder stiet noch wol in heel soad iepen. De boarne is fierhinne de stambeam dy’t opnommen is yn Forslach fan ’e Brouwersjoun 1970. Oanfullingen wurde sadwaande op priis steld.
Sjoch: Oer ús– info@erfgoed-fundaasje.nl

Bedriuw Leanbedriuw De Jong Bitgum
Leanbedriuw De Jong Bitgum klear om nei ’t lân. Op ’e bok fan ’e ierdkarre Sjoerd Martens de Vries en Bettus Jitzes de Jong. Wa wit wa’t de oare njoggenentweintich Bitgumers binne? info@erfgoed-fundaasje.nl

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/living together
sk=skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien

Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Wurk yn útfiering.

STAMRIGE

Johannes Jitzes † Holwert omstrings 1803; bakker te Holwert;
x Holwert 24-6-1798, beide fan Holwert, Pietje Bartels Faber;
Pytsje x 2 Tjebbe Cornelis Peizel, bakker en keapman te Holwert

Jitze Johannes de Jong * Holwert 14-1-1801 ~ dêr 8-2-1861 † Ternaard 23-6-1885; by trouwen bakkersfeint te Holwert; Mr breabakker te Wierum; yn 1885 bakker te Ternaard; 
By dopen: Jitze, by trou-akte ynskreaun as: Jetze;
Jitze wurdt yn 1820 keurd foar de militêre tsjinst en hoecht net yn tsjinst: /…/uit hoofde van ongeschiktheid tot den dienst finaal is vrijgesteld;
sinjalemint: lingte: 1 el, 72 sm; oantlit: lanwerpich; foarholle: rûn; eagen: blau; noas: ord[idinair] (=gewoan); mûle: grut; kin: rûn; hier: brún; wynbrauwen: brún; merkbere tekens: gjin;
x Westdongeradiel 13-5-1823, 22 en 21 jier, Taapke Hotzes Boom * De Rottefalle 10-9-1801 ~ dêr 31-1-1802 † Ternaard 3-12-1878, 77 jier; dr fan Hotze Johannes Boom, skipper yn ’e Rottefalle, en Jantje Eeuwes Boom

Harke Jitzes de Jong * Wierum 6-4-1833 † Bitgum 22-12-1906, 73 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 9; by trouwen smidsfeint te Ternaard, ferbliuwend te Dokkum; sûnt 1855 grofsmid te Berltsum (nr 33); sûnt 27-2-1867 taper, kastlein yn By de Greate Pomp te Bitgum (nr 10, 2, 9), rydtúchhâlder, hat sûnt 1881 in feartsjinst op Ljouwert, gernier te Bitgum (nrs 302, 168), en Hylkje Sybolts Feenstra;
x Menameradiel 10-5-1855, beide 22 jier, Hylkje Sybolts Feenstra * Ikkerwâld 18-4-1833 † Bitgum 24-12-1903, 70 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 8; dr fan Sybolt Douwes Feenstra, ûnderwizer te Burgum, sûnt 11-6-1827 haadmaster te Ikkerwâld, en Klaaske Sytses Kooistra;
Sybolt Feenstra hat as trakteminte te Ikkerwâld f 190,00, skoallejild en frij wenjen; yn 1864 en 1865 wurdt er frege as haad fan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te Dokkum, dêr’t er twaris foar bedankt; hy giet op 1-7-1868 mei pensjoen.
Bern:
1 Taapke Harkes de Jong * Berltsum 13-3-1856 † wierskynlik Noard Amearika; har húshâlding is earst Nederlâns Herfoarmd, letter Doopsgesind; sûnt har trouwen bakkerinne te St.-Jabik; ferfart dêrwei op 9-6-1898 mei man en trije bern nei Noard Amearika: ‘unidentified region‘;
x Menameradiel 15-11-1883, 27 en 24 jier, Willem Gerrits Buisman * Bitgum 14-7-1859† wierskynlik Noard Amearika; foar syn trouwen bakkersfeint; ferfart út Bitgum op 3-11-1879 nei St. Nyk; komt 22-11-1880 dêrwei yn Baaium (nr 5a, ynwenjend by bakker Jarig Sjoerds Winselaar en Janke Jans de Jong); ferfart dêrwei op 4-6-1881 nei Bitgum; by syn trouwen dêr bakker, sûnt bakker te St.-Jabik; sn fan Gerrit Raggers Buisman, bakker te Bitgum (nrs 230, 128, 156), en Maaike Klazes Wassenaar
Bern, allegearre berne te St.-Jabik:
1 Maaike * 28-10-1884; 2 Hielkje * 12-11-1885 † dêr 26-12-1885; 3 Harke * 11-2-1888; 4 Hielkje * 17-7-1890 † dêr 11-10-1890; 5 Gerrit * 8-7-1891
2 Klaaske Harkes de Jong * Berltsum 6-4-1859 † Bitgummole 13-1-1941, 81 jier, [] Bitgum, rigel 22, grêf 2; har húshâlding is respektivelik Nederlâns Herfoarmd, gjin tsjerkegenoatskip, Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 13-5-1880, 21 en 24 jier, Johannes Jans Tuinhof * St.-Anne 16-9-1855 † Bitgummole 26-6-1935, 79 jier, [] Bitgum, rigel 22, grêf 2; tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum; by trouwen sûnder berop te Menaam, sûnt dêr gernier; sûnt Alde Maaie 1890 gernier op Bessebuorren (nrs 139a, 253); sûnt 1894 [?] te Bitgummole; sn fan Jan Sjoerds Tuinhof, bouboer te St.-Anne, en Antje Pieters Havinga
Bern:
1 Harke Tuinhof * Menaam 15-10-1881 18-6-1961 [] Bitgum; gernier oan ’e Menamerdyk te Bitgummole (nr 255),
x Ferwerteradiel 15-7-1911, 29 en 22 jier, Ida Steen * Stiens 14-6-1889 † 15-5-1974 [] Bitgum; komt 4-9-1911 út Marrum yn Bitgummole; dr fan Gerrit Popkes Steen, timmerman te Stiens en Marrum, en Korneliske Heerkes Westra
2 Hielkje Tuinhof * Menaam 1-10-1883 † Ljouwert 30-1-1961; sûnt 7-9-1914 húshâldster te Ljouwert (Van der Kooistrjitte M7); by trouwen húshâldster by har man;
x Menameradiel 7-4-1915, 31 en 39 jier, Gijsbertus Roukema;
Gijsbertus x 1 Elisabeth Kielema; x 2 Rigtje Douwes van der Schaaf, dr fan Douwe Arjens van der Schaaf en Grietje Tjeerds Runia
Sjoch: Genealogy Van der Schaaf – IX.4
3 Jitze Harkes de Jong, folget I
4 Akke Harkes de Jong, sjoch Genealogy Gosliga – V.1
5 Syboltje Harkes de Jong, sjoch Genealogy Fierstra – VI.4

GENEALOGY 

GENERAASJE I
I Jitze Harkes de Jong
* Berltsum 26-10-1860 † Bitgum 17-1-1951, 90 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 10; bouboer en fuorman by It Tiltsje te Bitgum; 1907 lid tariedingskommisje wetterskip De Trije Doarpen, sûnt de oprjochting yn 1911 dêrfan bestjoerslid;
x Menameradiel 25-10-1888, 24 en 27 jier, Folkje Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 22-7-1864 † Bitgum 27-1-1939, 74 jier, [] Bitgum rigel 20, grêf 10; bouboerinne te Bitgum; lid Dames Commissie Nuttige Handwerken
Sjoch: Genealogy Brouwer 1 – XII.1.4

Folkje Gerbens Brouwer
Folkje Gerbens Brouwer. Fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert

Bern:
1 Harke Jitzes de Jong * Bitgum 21-3-1890 † dêr 30-5-1933, 43 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 9; túnder te Bitgum
2 Gerben Jitzes de Jong * Bitgum 28-6-1897 † Menaam 23-9-1975, 76 jier, [kremeard Goutum]; bouboer en fuorman te Bitgum; boargemaster fan Menameradiel 1941-’45;
x Menameradiel 25-10-1947, 50 en 37 jier, Hermina Dijkstra (Mien) * Koudum 26-2-1910 † Bitgummole, Menamerdyk, 1-7-1974, 64 jier; foar har trouwen húshâldster by har man; dr fan Uilke Evert Sieks Dijkstra, greidboer te Koudum, en Wytske Jans Nieuwenhuis
3 Hielke Jitzes de Jong, folget II.1
4 Bettus Jitzes de Jong, folget II.2

GENERAASJE II
II.1 Hielke Jitzes de Jong * Bitgum 4-6-1903; gernier, kweker en túnder te Bitgum;
x Menameradiel 25-10-1927, beide 24 jier, Dieuwke Fokkema * Menaam 15-2-1903; dr fan Fokke Jouws Fokkema, greidboer te Menaam, en Antje Andries Andringa
Bern:
1 Antje de Jong, folget III.1
2 Folkje de Jong, folget III.2 
3 Jitze Hielkes de Jong, folget III.3
4 Fokje de Jong, folget III.4 

II.2 Bettus de Jong * Bitgum 5-9-1905; bouboer en fuorman te Bitgum;
x Menameradiel 22-5-1930, 24 en 19 jier, Akke Terpstra * Froubuorren 11-6-1910; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Meinte Reinders Terpstra, arbeider te Froubuorren en Bitgum, en Klaaske Jacobs Bouma
Bern:
1 Jitze Bettus de Jong, folget III.5
2 Klaaske de Jong, folget III.6
3 Meinte de Jong, folget III.7

 

GENERAASJE III
III.1 Antje de Jong (Annie) * Bitgum 24-2-1929; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 25-10-1950 Gabe Werkhoven * Berltsum 23-5-1973; greidboer oan ’e Blikfeart ûnder St.-Anne; sn fan Folkert Gabes Werhoven, gernier te Berltsum, en Lieuwkje Tækes Schiphof
Bern:
1 Dieuwke Werkhoven, folget IV.1
2 Folkert Werkhoven, folget IV.2
3 Lieuwkje Werkhoven, folget IV.3 

III.2 Folkje de Jong * Bitgum 20-6-1930
x Menameradiel 12-6-1952 Jacob van Loon * St.-Anne 16-8-1928; by trouwen monteur te Bitgum; sn fan Klaas Siebes van Loon, yn 1923, ’52 arbeider te Bitgum, en Maaike Baukes de Vries
Bern:
1 Klaas van Loon, folget IV.4

2 Dieuwke van Loon, folget IV.5
3 Hielke van Loon, folget IV.6

III.3 Jitze Hielkes de Jong * Bitgum 8-3-1941
x Menameradiel 27-6-1962 Klara Kooistra * 12-10-1943; dr fan Jacob Annes Kooistra, yn 1936 timmerfeint te Marsum, en Johanna Piers Sinnema
Bern:
1 Johanna de Jong, folget IV.7
2 Hielke de Jong, folget IV.8
3 Jacob de Jong, folget IV.9

III.4 Fokje de Jong * Bitgum 2-4-1942; ferkeapster boekhannel;
x Menameradiel 2-2-1961 Wiepke Auke Algera * Jorwert 5-4-1941; by trouwen greidboer te Jorwert; dir. ynstallaasjebedriuw Algera Beetgum; sn fan Meindert Wypkes Algera, greidboer te Oerterp en Jorwert, en Tjitske Folkerts Binnema
Bern:
1 Meindert Wiepke Algera, folget IV.10
2 Dieuwke Algera, folget IV.11
3 Tjitske Algera, folget IV.12

III.5 Jitze Bettus de Jong * Bitgum 15-1-1934; fuorman te Bitgum; dir. Firma B.J. De Jong;
x 6-7-1961 Johanna Doutje de Jong * Froubuorren 7-2-1938; dr fan Klaas Johannes de Jong, bouboer ûnder Froubuorren, en Trijntje Pieters Prins
Bern:
1 Gerben Jitzes de Jong, folget IV.13
2 Klaas de Jong, folget IV.14
3 Menno de Jong, folget IV.15

III.6 Klaaske de Jong (Klaske) * Bitgum 21-7-1937; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 21-12-1961 Simon Brouwer * St.-Anne 16-12-1938; by trouwen leadjitter te St.-Anne; sn fan Sjoerd Cornelis Brouwer, yn 1933 gasfitter te St.-Anne, yn 1960 dêr sjef gasfitter, en Grietje Simons Boorsma
Bern:
1 Akke Brouwer, folget IV.16
2 Sjoerd Brouwer, folget IV.17
3 Bettus Brouwer, folget IV.18

III.7 Meinte de Jong * Bitgum 28-7-1940; by trouwen leanwurker te Bitgum, yn ’t bedriuw fan syn heit-en-dy; dir. oaljehannel;
x 11-8-1960 Geertje Eisma * Ljouwert 2-7-1939; by trouwen kantoarfaam te Bitgum; dr fan Petrus Alles Eisma, kafeehâlder te Ljouwert, fabrikant fan gedistilleard, en Jantje Martens Siderius
Meinte en Geartsje binne achterneef en nicht; Geartsje is in beppesizzer fan Jantje Gerbens Brouwer;
Sjoch:
-Johannes Woudstra, Siderius – De Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002 ISBN 90 9015705 0   – XIV.429.602
Genealogy Brouwer 1 – XII.1.3 
Bern:
1 Bettus de Jong, folget IV.19
2
Petrus de Jong, folget IV.20
3 Jitze de Jong, folget IV.21

 

GENERAASJE IV
IV.1 Dieuwke Werkhoven * 6-7-1952

IV.2 Folkert Werkhoven * 3-3-1954; greidboer oan ’e Blikfeart ûnder St.-Anne; eigner kamping De Blikfeart;
x Afke Jorritsma

IV.3 Lieuwkje Werkhoven * 18-5-1961

IV.4 Klaas van Loon * 11-10-1952

IV.5 Dieuwke van Loon * 25-12-1955

IV.6 Hielke van Loon * 5-4-1961

IV.7 Johanna de Jong * 5-12-1961

IV.8 Hielke de Jong * 15-4-1964

IV.9 Jacob de Jong * 13-2-1968

IV.10 Meindert Wiepke Algera * Jorwert 4-7-1961; c.v-monteur; dir. ynstallaasjebedriuw Algera Beetgum;
x Boarnsterhim 28-6-1985 Elise Veenstra * Grou 2-5-1965; fakturist; dr fan Taeke Arend Veenstra, produksjemeiwurker, en Jantje Wouda
Bern:
1 Sandra Algera * Bitgum 21-7-1987

IV.11 Dieuwke Algera * Jorwert 25-1-1963; administratyf meiwurker juridyske saken Postbank, Ljouwert

IV.12 Tjitske Algera * Jorwert 20-11-1964; administratyf meiwurker Weidelco (kuoltechnyk) Bitgum;
x Ljouwert 27-5-1987 Hubertus Georgius Johannes Rolf * Ljouwert 29-4-1963; fertsjintwurdiger Weidelco; sn fan Georgius Petrus Johannes Swiebertus Rolf, dir Weidelco te Bitgum, en Everdina Maria Helena Broekman, administratyf meiwurkster

IV.13 Gerben Jitzes de Jong * 17-11-1962; piloat K.L.M.

IV.14 Klaas de Jong * 13-1-1965; dir. fuormanderij Fa. De Jong, Bitgum

IV.15 Menno de Jong * 14-2-1968

IV.16 Akke Brouwer * 18-11-1962

IV.17 Sjoerd Brouwer * 10-7-1964

IV.18 Bettus Brouwer * 17-11-1966

IV.19 Bettus de Jong * 9-1-1961

IV.20 Petrus de Jong * 13-9-1962

IV.21 Jitze de Jong * 13-3-1964