(1922) Hettema Zonen

Tjitze Hettema en Geertruida Offringa

Tsjisse Hettema en Trui Offringa ferlove har. Trui is berne yn it saneamde Mantgumer húske oan ’e Swette ûnder Mantgum, de klokslach fan Easterwierrum (sjoch Hettema-stambeamke) .

En ik zeg het Heere. En ik kom.

trui

Se trouwe op 17 jannewaris 1917 te Ljouwert

trui2

hth1

trui8
It geniershûs yn Bitgum wurdt opknapt, boppe de foardoar troanet tenei in harkeniel. Neist it wenhûs komt in ierdappelpakhús, en letter noch ien. Op ’e foto  Trui (rjochts) mei lytse Djoke en in faam, dêr’t de namme net fan oerlevere is

hth5
It âlde wurdt fierhinne ôfbrutsen, wat brûkt wurde kin wurdt fansels brûkt en op ’e âlde fûneminten ferriist in heech wyt-bepleistere hearehûs. Op ’e foto Fokke (links) en Tsjisse Hettema. Se binne guon fan ’e earsten yn Bitgum dy’t in auto oanskaffe – of binne se de earsten? Ik haw it noch net útsocht, it kin my net safolle skele, mar je kinne it so wie so net faak genôch melde.

Dit is it bertehûs fan heel wat famylje: de bern fan Tsjisse en Trui (útsein Gosse), de âldste fjouwer bern fan Doekele en Anne en de trije bern fan Herman en Lyb en bern fan Piter Brouwer en Japke Graanstra

Der komt nij ljocht, in typmasine, in telefoan, in diktafoan – de foarrinder fan ’e bandrekorder. Tsjisse en Fokke leare mei dat apparaat in mûlfol Dúts en Frâns. Mei printkaarten wurdt reklame makke yn it Nederlâns, Dúts, Frâns en Italiaans (sjoch Hettema reklame).

Tsjisse wurket yntinsyf gear mei Fokke. Dy seit letter dat syn grutte broer syn bêste learmaster wie.
Foar syn trouwen yn 1930 wennet er in hoart by Tsjisse en Trui yn. De bruorren litte har jûns nei har sakelike besonjes graach troch Trui út stichtelike boeken foarlêze. Dy kristelike literêrebrije moat fan Trui trouwens wol wat om ’e hakken ha. Se ferdjippet har dêr mar wer ris yn. Se sjocht dy beide leave grutte jonges dy’t har mem betiid ferlearen oan har skurte sitten. Se kiest om de mannen temjitte te kommen bygelyks mei in oannimmelik net te dreech boek In Zijn arm de lammeren en jout dêr mei har sachtige mimyk en keunstige gedragen spraak in literêre draai oan, want dat kin se goed en dêr hat se no wol even nocht oan – en op dy keunstfoarm hat se yn har húsfroubestean ommers rjocht, fynt se sels. Se oefenet soks sá dat de triennen betiden by har beide skatten oer de wangen biggelje. En dat is de bedoeling. En dat behinderet dy kant fan ’e kâlde sakelju yn har ûnwittendheid gelukkich net, want it is hjir wol heel waarm fertroud by Trui. Se wit net fan ophâlden mei har keunstjes by dy foldongen keardels dy’t ûnder har eagen har mem ferlearen en by har ûnder har oangenaam tichteby fertellen bruorkes binne en bliuwe – Grutte en Lytse Broer, moatte se sels witte. Se binne itsels. En Trui hâldt dy Hettematsys foarduerend yn ’e gaten.
Dat is dan even hertslach op eventsjes hertslach? In patroan dat jierren wurket.

 

Anne ferstjert
Anne ferstjert yn 1926, sechstich jier.
Leen lit in onnoemmelik soad ôfdrukken meitsje fan sawol har memmes portretfoto as fan de foto fan har grêf, ornearre foar de fierdere famylje, freonen en kunde. Wat komme dêrfan nei hast hûndert jier noch in protte foar ’t ljocht út ferskillende hoeken, c.q. albums en doazen. Wat hat dat minske doe dêr op dat stuit in ferlet fan hân. En nei safolle desennia  komme de delslaggen dêrfan boppe.

aa
Foto: Obbema & De Bruin, Ljouwert

Gjin hier fan har holle
Op har stjerbêd lit Anne har dochters en skoandochter Trui belove om yn lingte fan dagen gjin hier fan har holle ôf te dwaan.
Yn ’e Bibel stiet beskreaun yn ’e brief fan Paulus oan de Korintiërs (Steatefertaling):
Want indien een vrouw niet gedekt is, dat zij ook geschoren worde; maar indien het lelijk is voor een vrouw geschoren te zijn, of het haar afgesneden te hebben, dat zij zich dekke. (1 Kor. 11: 6)
en:
Of leert u ook de natuur zelve niet, dat zo een man lang haar draagt, het hem een oneer is?
Maar zo een vrouw lang haar draagt, dat het haar een eer is; omdat het lange haar tot een deksel haar is gegeven? (1 Kor. 11: 14, 15)

Leen en Trui hâlde har libbenslang oan dat ûnthjit. Wat hie beppe Trui ôfgryslik lang hier – allinne de droegere puntsjes waarden wat byfike – mar net troch my fansels , dat die se sels tink. Wat roeken dy donkere lange hierren lekker as beppe dy op ’e âlde dei noch út de knot oer har rêch rûzjend los glydzje liet foar it op bêd gean.
By Minke rekket dy belofte yn ’e ferjittenis – en se lit har in kear knippe. As Leen en Trui dat elk foar oar mei in ferburgen skok oanskôgje sille se dat nea en te ninter ek mar mei ien inkeld wurd oan Minke fernimme litte. Wol oan inoar.

GREF

Anne krijt in moderne sark anneks belettering – nije styl. Lizzend, neffens tradysje yn Fryske boerefermiddens.
Guon fan ’e neiteam beneame sa’n bedekking as beswierlik: sa kin men der min wer ûnderút.

It grêfskrift:
RUSTPLAATS/VAN ONZE GELIEFDE/VROUW EN MOEDER/ANTJE V. D. MEER/ECHTGENOOTE VAN H. HETTEMA/GEBOREN TE MENALDUM/DEN 28 NOVEMBER 1865/OVERLEDEN TE HUIZUM/DEN 19 OCTOBER 1926/JOH. 14:1-3/

Nei Apeldoarn
Hette (63) trout in jier dêrnei – ta grut fertriet fan syn dochter Leen – mei de Noard-Hollânse dame Aafje Sluis (55) – fan ’Sluis Veevoeders, sinds 1823’ -, as widdo fan Jentjes Aukes Leenstra (earder skoallehaad op it Hearrenfean, sjoch Hettema-stambeamke). Mefrou Leenstra – foar de Hettema-bern, soms needtwongen , ’tante Aaf’ is ek festige oan ’e Huzumerleane. Mar needtwongen bedjippet dit hinnegean al gau yn ynbêde gollens, Aaf wurdt in wol hele leave leave frou foar har nije bern en har begearige tantesizzers  idem dito, mei útsûndering.

minke 19

Aaf lûkt – mei har trije bern – by Hette yn. Leen en Fokke fertrekke, se sette har nei wenjen oan de Fonteinstrjitte 75 yn Ljouwert.

Om Hette syn astmatise brongitis ferhúzje Hette, Aaf en har dochter Fien yn 1930 nei Apeldoarn. Hette keapet dêr in hûs oan de Koningin Hortenselaan, nûmer 9 (letter omnûmer nei 15). Hy beleit yn mear huzen: oan de Bas Backerlaan, de Loolaan en de Regentesselaan. By syn dea hat er op namme fan elk fan syn fjouwer bern in hûs yn Apeldoarn te stean – en in oargel, lykas beskreaun.

apel
Yn Apeldoorn, achterhûs op ’e Hortenselaan: Aaf en Hette mei de húshâlding fan dochter Minke. Fan links nei rjochts: pakesizzer Thom (op ’e rêch sjoen), tante Aaf, pakesizzer Hette, tante Leen Hettema, pakesizzers Maaike en Annie en dochter Minke Miedema-Hettema

bosk
By Apeldoarn yn 1932. Fan links nei rjochts: Hette Hettema, Thom en Maaike Miedema, Minke Miedema-Hettema, Annie en tante Aaf

tun
Wer in dei op stap, 11 augustus 1934: fan links nei rjochts: Tante Aaf, Leen Hettema, Annie Miedema, Gerrit Miedema (mei wite hoed), Hette Hettema (mei swarte hoed), Maaike, Hette, Minke Miedema-Hettema en Thom

Hette wol, ûnder oaren mei syn jierdei, al syn bern tagelyk rojaal útfanhûs hawwe kinne. Dêrfoar achtet er it hûs oan ’e Hortenselaan te lyts. De bern nimme har yntrek yn in hotel by sokke gelegenheden. Yn 1937 keapet Hette dêrom in royale filla, krêmkleurich mei restauraasje-grien houtwurk – dat fynt er moai, en hy lit it daliks fijn byhâlde -, oan de Regentesselaan nûmer 29.

regentlyts

Regentesselaan nûmer 29 yn ’e tritiger jierren. Oan ’e sydkant en achterkant is in serre.
It hûs hyt tsjintwurdich De Regentes. Oan ’e achterein is no in grutte útbou de tún yn. Under de namme Pluryn wenje dêr jongeren dy’t ortopedagogise begelieding krije. (Foto: Coda Archief & Kenniscentrum, Apeldoorn.) 

Dit is de lêste filla dy’t Hette en Aaf yn Apeldoarn bewenje. In gâns oar hinnekommen as Hette syn bertehûs en kreaze honk as boike yn Bitgum. Kreas: sjoch it haakte gerdyntsje en it kante stekje bygelyks. It is byhâlden.
(Sjoch ek haadstikje Ekonomys op-en-delgean.)

Hette ferstjert yn 1947 by syn dochter Leen te Ljouwert.

roubrief hette

Fokke regelet de útfeart fan syn heit. De garaazje fan Leen wurdt ynrjochte as roukeamer, de chapelle ardente. It begjin fan ’e lange plechtige begraffenisstoet fan ’e Vondelstrjitte nûmer 1 nei it tsjerkhôf Huzum nûmer 1 beslacht acht roukoetsen lutsen troch oerstarich traapjende Fryske hynders, alles mei swart beklaaid. It is deastil. No ja, útsein dy hoedene hoeven dan.
Yn ien fan ’e achterste gefolgen sitte Jannes Veenstra en Doekele Brouwer, hele oppassende oantroude pakesizzers yn spee, en yn har midden is tabetroud pake Hette syn leave pakesizzer Gosse. Under it riden binne de foarskriften dat it minsdom achte wurdt om – hast, mar dan ek hast – neat te sizzen. It is dus noch werkelik deadestil yn dat heimelike geheime donkere kombof. Mar de jonge Gosse begjint him te roeren, mear en mear beweechliker. Hy sjocht ynienen alles en alles as fermaaklik, skôget dy donkere kontoeren as hilarys. De foarsichtige fermoanningen fan syn oerdegelike oansteande famyljeleden op dizze útfeart fan syn eigen pake alhelendal. Hy skuort de deftige tichte pears-swarte kleedsjes mei de stive foarname kwastjes fan ’e tsjustere kabinesel samar fansiden. Resolút. Ljocht! Hy kipet gretich troch de behindige rútjes hinne en gaait lûd yn it mâle út, tsjin it tichte glês oan nei bûten ta. Wat er útropt fersteane Jannes en Doekele beide wol – net wurdlik.
As er ien fan de stiif ferkrompen troanys oan ’e oare kant fan ’e dyk yn syn eigenste earbiedich earbetoan – hoed ôf – lyk yn it oantlit skôget en ridendewei stadichoan foarbygean sjocht, is Gosse stil.

As Hette neigeraden neist Anne begroeven is, wurdt op ’e stien tafoege:
EN VAN ONZE GELIEFDE VADER/HETTE HETTEMA/GEBOREN TE MENALDUM/DEN 27 FEBRUARI 1863/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/DEN 4 JULI 1947/MAAR (BLIJ VOORUITZICHT DAT MIJ STREELT!)/IK ZAL, ONTWAAKT, UW LOF ONTVOUWEN,/U IN GERECHTIGHEID AANSCHOUWEN,/VERZADIGD MET UW GODD’LIJK BEELD./PS. 17:8./

Aaf ferfart yn maart 1948 – krapoan in jier nei Hette syn dea – nei Arnhem dêr’t har soan Piet wennet, se ferstjert dêr yn datselde jier by Piet en dy (Roemer Visscherstraat 7).
It opskrift op har tinkstien op It Hearrenfean is:
IN JEZUS ONTSLAPEN/ONZE LIEVE EN ZORGZAME/MOEDER/AAFJE SLUIS/1871-1948/KINDEREN LEENSTRA/

WURDT FUORTSET