Minke Hettema en Gerrrit Thomas Miedema

Minke Hettema trout te Huzum op 8 maaie yn 1918 mei mei Gerrit Thomas Miedema, soan fan Thomas Meinderts Miedema en Maaike Karsjens Kalma, dy’t buorkje te Blessum (sjoch Hettema-stambeamke).

’d Ogen houdt mijn stil gemoed
opwaarts om op God te letten

minke 1

Ferloving Minke en Gerryt (Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert)

minke2
Troufoto Minke en Gerryt (Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert)

Minke en Gerryt buorkje op in bouboerspleats, Herema state op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole (no Sirtemawei 6, ûnder Ingelum). Gerrit bout ek tulpen en hy hannelet allyksa yn ierdappels.
Op Dyksterhuzen wurde har bern geboaren: Thomas (Thom), de twilling Antje (Annie ) en Hette, Maaike (Zus) en Magdalena (Lenie).

hus11

Op ’e foto: f.l.n.rj.: Gerrit Thomas Miedema, Minke Hettes Hettema mei de lytse poppe – de âldste – Thom en omke Fokke Hettema.
(Foto: Jac. Bollegraf, Boschstraat 119, Winschoten)

minke5

Minke Miedema-Hettema, Thom, Hette, Maaike en Annie op Dyksterhuzen

minke 6
Hette, Thom, Annie en Maaike oan it gekjaaien

De húshâlding ferfart yn 1928 nei Oosterfroma op Westerhorn ûnder Lutjegast yn Grinzerlân, in greidpleats, mei bou.

minke11
Maaike en Annie op Oosterfroma, de molkbussen moatte nei Fisflyt, it hynder wit wêr’t dat is

minke 13
Hette yn ’e ierdappels, hy bekwaamt him letter yn it tulpekweken

minke7

minke9