Keapmanskip betûft bedreaun?

húshâlding
Hette en Anne, Leen (links) en Minke. En de lettere ‘Hettema Zonen’: Tsjisse (rjochts) en Fokke
(foto: Atelier De Jong, Nijstêd 53, Ljouwert – It Hearrenfean)

fokke
Neikommerke Fokke komt noch even apart op ’e foto. Wie er niis by it nimmen fan ’e groepsfoto noch wat ferlegen, no lit Fokkefintsje him as in selsstannich blier baaske sjen. It falt op dat fan dit portretsje nochal wat ekstra ôfdrukken makke binne, sa wiis binne se blykber mei him. It opperteurke wurdt wol wat oer ’t hynder tild troch heit en mem, syn susters en syn grutte broer. Fokke hat letter ûntsach foar Tsjisse – en net allinne yn saken

Anne komt út in laach fan gernieren, arbeiders, skippers en yn eardere generaasjes ek (Billt)boeren (sjoch Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer). De measten fan har foarâlden binne nei de reformaasje herfoarmd, mar der ferkeare allyksa minnisten ûnder, yn dat selskip in doperse learaar. As dochter fan in gernier-ierdappelkeapman hat se sa’t skynt hannelsgeast yn har fermogen. Mei har winkelnearing yn koloniale waar en oar krudeniersguod docht se goede saken. Op har toanbank stean steefêst twa blikkerjende glêzen bokalen mei fergees snobbersguod – klantebining. Mar oan dy bining sitte sa’t liket ek skealike kanten.

Yn ’e 19e, begjin 20e ieu is it by de measte arbeiders earmoed troef yn Bitgum. Dy kinne net altyd daliks ôfrekkenje en moatte needtwongen by Anne wol even yn ’t kryt stean. Dat kin. Yn dy tiid wurdt dan ornaris op in swart buordsje mei wyt kryt set wat de skuld is. Dat giet oan ’e hân fan tekens: fjouwerkantsjes, trijehoekjes en rûntsjes. As de arbeiders dan lang om let betelje sille, rekkenet Anne mei dûbeld kryt. Dat wol sizze, de skuld wurdt fermannichfâldige mei in faktor dy’t Anne echt binlik achtet, al nei persoan, cq húshâlding.
Dat fertelt sawat fiifensantich jier neitiid Gryt, ien fan har klanten, mei fûle eagen en in skel lûd. Dy wennet as famke fan in jier of sân om 1910 hinne yn in krotwente achteryn it Bitgumer Hoarslân, mei in hele smite bruorren en suskes, mei har mem dy’t de hannen fol oan har kroast hat en in heit dy’t as los arbeider amper wat fertsjinnet, hele wiken betiden niks mei niks, wylst de man syn uterste bêst docht – en hy is oertsjûgjend anargist, dat sil him ek net helpe: by party gerniers en boeren hoecht er mei sokke stânpunten net op ’t hiem oan te kommen.
As Gryt mei har suskes en bruorkes nei skoalle rint, dogge se dat op bleate fuotten yn ’e berm lâns om sokken en klompen te sparjen. Se lûke dy oan foardat se it doarp yn binne, sadat net ien har sa sjocht. Se ite alle dagen trije kear ierdappels mei wat kowefet. Wat fleis krije se amper, allinnich as de needslachter wat oer hat. Dat hellet har mem dan by tsjuster, om de skamte te bedekken. As se har jierdei ha, ferswije se dat op skoalle en se hoopje o sa dat juf der net oer begjinne sil, want se ha neat om op te traktearen – soks wurdt oars yn dy tiid omraak dien, de bern fan ´e winkelman ha drop en suertsjes, de bakkersbern komme mei koekjes en dy fan ’e slachter mei woarst, de bern fan ´e boer mei appels en parren.
Safier yn koart bestek dit jammerdearlik ferhaal fan dizze arbeidersbern – netsjes yn ’e klean, de ferrinde gatsjes binne troch mem mei har net gouden mar blikken-koperachtich earizer op, mei dêroerhinne de kantene fine floddermûtse, soarchfâldich ferholpen en stoppe – se hat har lytse mantsjes en wykes himmel optúgd yn ’e leafdefolle frijtinkerige geast fan heit en mem. Wat echt is. As je de film De dream fan Pieter Verhoeff besjogge krije je in heel oar byld fan ’e earmoed yn Bitgum, dêr sjogge dy arbeidersfrouju derút as ûnnoazele dwile fodzen, it hier rûch om ’e kop, dat froufolk dêr op dat skerm baarnt bûtendoar samar yn it wyld freugdefjoeren op, wylst se yn ’e praktyk har eigen beskuttende bedsdoarren út ’e hûs sloopten om waarm te bliuwen. Mar soks, opsnolke mei fulgêre seks, ferkeapet oan netwittenden.
Wat in earmoed, soe Gryt wol fersuchte.

Leen, de dochter fan Anne, hat in heel oar ferhaal as Gryt. Neffens har is har mem beslist net út op it oppotten fan woekerkapitaal oer de rêch fan Gryt en har heit en mem hinne. Se hat gjin lêst fan jildfergarderij, lit stean fan jildkoarts. Sy en Hette litte de sinten rojaal rôlje foar nije ynvestearingen yn ’t belang fan har sels ferwurven keapmanskip: se skaffe as ien fan ’e earsten yn Bitgum foar de hannelskontakten tillefoan oan – benammen ek foar de hannel nei ’t bûtenlân – en in diktafoan om de soannen hannelstalen leare te litten, se wreidzje it hûs út mei plak foar kantoar, litte twa nije pakhuzen sette, en om soks op te bouwen binne se foar harsels heel sunich. En it jild floeit op ’en doer nei it wurkfolk werom, binne Leen har heit en mem fan betinken. Se leverje ommers aloan mear wurkgelegenheid. ‘Hettema’ wurdt de grutste wurkjouwer yn Bitgum en omkriten.
Mar stean bliuwt de earmoed by oaren.

As de saaklike saak by Anne har beppesizzers te praat komt, wurdt dit as fansels oppeneard: beppe Anne hat mei har ekonomys ynsicht fiks bydroegen oan it op ’t kleed bringen fan ’t begjinkaptaal fan ‘Hettema’, mar se wie beslist net ynklauwerich en deun, krekt konsjinsjeus en eins ek wol gol-achtich foar har beppesizzers – en: beppe wie in leave frou en mem, en foar ús in héle leave beppe.
Oer alles hinne, from en gedwee: har betrouwen op God stiet fêst en giet troch. Har psalm: Want ik sil Him jitte loovje, de mannichfâldige ferlossing fan myn oanlit, en myn God, klinkt noch by de begraffenis fan har beppesizzer Dieuwke Hellema-Hettema op 16 juny 2014 te Hallum.

Noch in oar faset is dit: Hette en Anne meie graach mei oaren oer dat leauwen redendiele. Ek mei dy fan ‘de oare kant’. Sa komt de frijsinnich-herfoarme dûmeny Jan Sevenster [Skingen 1869-Epe 1949] dêr geregeldwei te jûnpraten. Se binne noch jong – en leeftiids genoaten. Sevenster wurdt besjoen as in Tolstojaan, lykas Leo Tolstoi wol er de Berchrede yn praktyk bringe – en dat wolle Hette en Anne ek, mar se binne leaver net folgers fan in weareldse lieder of in sterke of foarbyldich man as sadanich. Dûmeny ek net. Hy is himsels, hy is Tolstoi net, hy giet lykas Gryt har heit troch foar anargist, de goegemeente hat sa’t skynt yn alle lagen ferlet fan it opplakken fan in etiket. Anargist betsjut dochs wér striid, tsjin dit of dat. Gryt har heit, Sevenster en Hette en Anne wolle frij wêze. ‘Frijtinker’, is dat wat, etiketteplakkers?

As de tsjerkeried deroer kedize moat as se Sevenster wol of net beroppe sil, nimt syn foargonger Leendert de Baan – de reade dûmeny – it foar him op en hâldt dy út dat Sevenster dan wol net folle heil yn wetten sjocht, mar dat er him net mei polityk bemuoit. Dûmeny De Baan oertsjûget dêrmei de tsjerkerie en Sevenster wurdt sadwaande dochs oansteld as dûmeny yn Bitgum. Hy krijt de namme as  ‘jong modern’ of ien fan ’e ‘malkontenten’. Want Jan Sevenster jout him der net by del sa’t de weareld derhinne leit, hy leit de klam op ’e neifolging fan Kristus en safier binne wy noch lang net – dat belide Hette en Anne allyksa fansels, se wolle it ek oars ha en ek mei-inoar om har hinne de dingen dele. Har goede boeken binne fanâlds al generaasjes lang De navolging van Christus fan Thomas á Kempis en Christenreis naar de eeuwigheidfan John Bunyan. Jezus as foarbyld, seit dûmeny, ja én as ferlosser sizze Hette en Anne. Se komme dizze reade opljochter sa no en dan op ’e dyk tsjin, se geane dizze wiisnoas net út ’e wei – sa’t de measte fine grifformearden en de sogenaamde liberalen dogge – se ha ’t deroer. Se wolle mear faninoar witte.Roblox HackBigo Live Beans HackYUGIOH DUEL LINKS HACKPokemon Duel HackRoblox HackPixel Gun 3d HackGrowtopia HackClash Royale Hackmy cafe recipes stories hackMobile Legends HackMobile Strike Hack

Dûmeny is tsjin geweld en ropt midden yn ’e Grutte Oarloch yn 1915 mei syn kollega’s ds. Leendert de Baan (dan te Oentsjerk) en ds. J.F. van Dobben (fan Pietersbierrum) yn in Manifest op ta tsjinstwegerjen (yn septimber ûnderskreaun troch 178 minsken, in healjier letter troch 700). De trije dûmenys moatte òf in boete fan 75 gûne betelje òf in moanne sitte. De tsjerkfâdij wol de boete wol foar har rekken nimme, mar de mannen kieze foar de gefangenis. Sevenster ferklearret mei syn sachte krachten folút yn syn ferdigeningsrede: Als iemand vraagt: Wat moet ik als Christen doen in deze oorlogstijd: dan zeg ik – allereerst dat wapen wegdoen. As er yn juny 1916 frijkomt wurdt er mei jûchhei ynhelle en huldige op ’e boppeseal fan ’e Bitgumer herberch.  Soe er dat sels wol fijn fûn ha, al dy pûha? Pûha? Lit it folk asjeblyft gewoan feestfiere.

Hette en Anne hâlde har fier fan dy, yn har befining, ropperige populistise jûchheierij, oe se moatte der net oan tinke, se grize derfan – sokke stive minsken at wy ynwindich binne Goasse, seit har dochter Leen as jonge tsjin my. Wêrom wolle en kinne wy no nóch net dûnsje? – Wol allinne út ússels, en dan ek noch heel útbundich, mar net mei-inoar. Allinne allinne, omdat de oare net it echte antwurd dat wy hearre wolle jout? Dat is no nochris in echte kultuerfraach.
Hette en Anne betinke en oerwege oarsom by harsels yn har eigenste binnenkeamer stilwei en temûk: as wy dat yn praktyk brochten, alderearst dat wapen fuortdwaan. In oar teminsten net as rivaal sjen. En as wy dat allegearre mei-inoar opklearre ha feestfiere, dûnsje yn der ivichheid, wy kinne it ommers ek evensagoed dan tenei net litte.
Heare, de ‘saak’ is fan ús allegear mei-inoar.

Soe dûmeny ek Der Einzige und sein Eigentum fan Max Stirner (1844) of soksawat lêze? En soks oan Hette en Anne foarlizze? Hy rikkommandeart har wol ferskillende fan sokke boeken oan. En dy lêze se ek fan him, foar in part, net alhelendal út, de einkonklúzjes wol, en se nimme yn har op wat dûmeny har dy middeis even fluch meisin oanwiisd hat – want dizze aardige begeastere jonge fint wol it der gau mei har oer ha, jûn noch of moarnetejûn. Dy stikken lêze se jûns let wer – want se binne beide deis praktys mei har eigen hannel oan ’e gong.
Hette ken in mûlfol Dúts, troch syn saken. Mooglik ferdútst er syn Anne yn ’t Frysk wat dy Stirner foar ’t ferstân hat. Stirner opperet: Was soll nicht alles meine Sache sein. Vor allem die gute Sache, dann die Sache Gottes, die Sache der Menschheit, der Wahrheit, der Freiheit, der Humanität, der Gerechtichkeit /…/ endlich gar die Sache des Geistes und tausend andere Sachen. Nur meine Sache soll niemals meine Sache sein. Pfui über den Egoisten der nur an sich denkt!
Is de gemoedstastân fan ’e befynlike oerdwelmjende blydskip fan tapassing troch sa’n waarachtige geastelike neilittenskip – is dat sa.

Geandewei de 19e ieu is der op ’e nij in djippe kleau ûntstien tusken frijsinnigen en otterdoksen, grou en fyn. Min ofte mear – mar wer heel oars – lykas yn ’e 17e ieu tusken de rekliken en de presisen. De grouwen neame de finen ‘sa fyn as poppestront’. Oarsom ha de finen it oer ‘dy false tsjerke’ fan ’e grouwen. En wat dies meer zij. Se komme lang letterlik en figuerlik net byinoar. Hite hollen en kâlde herten. De twaspjalt yn ’e doarpen betsjut in ravyn fan wrok en haat en niid tusken besibbe minsken – bruorren en susters yn flesk en bloed en geast – yn alle opsichten.
Wat in selsskepen lijen.

Om dat lijen te trochbrekken wurdt betiden romte skept foar helder tinken en debat, of earst: harkjen nei-inoar. Sa ek yn it otterdokse hûs fan Hette en Anne, as se dy frijsinnige dûmeny Sevenster jûns geregeldwei op ’e praatstoel ha. As Anne – as frou sijnde – de wurden fan dizze beminnelike man sa iepenhertich ta har nimt en har eigen betochte beskamsume sieleroersels feilich by him stelt – en sy by harsels euvels weinimme kin as er har foarsichtich útleit dat it is ommers sawat fan je eigen goede sels is. En as Hette – as man sijnde – dizze proastige yn syn eagen aartsanargist ferheftich fan syn grifformeard replyk tsjinnet – dat komt oer. Sokke petearen binne hurd en tear. En dogge sear, mar helpe. En ferhelderje. Dat kin, omdat it betroud is en omdat dizze minsken inoar ynsjoch jouwe – en inoar troch de foaroardielen hinne werkelik kenne wolle. O wat skerpje dy inoar op. Tsjisse en Leen sitte der oan it begjin fan ’e jûn op har iepenst by, Minke hat har earkes op skerp – en Fokkebaaske boartet der krûpendewei no noch wat om hinne, hy moat ek hast op bêd, mar dat wol er net – letter wurdt dat jonkje de ynternasjonale matsjedoar fan ‘Hettema’.

As Sevenster yn 1918 nei in oare gemeente giet, komt er by har om ôfskie te nimmen. Tsjin Hette seit er: ‘Jo woenen oertsjûgje.’ En tsjin Anne: ‘Jo tsjûgen allinne.’
Lykwols, om even flink te generalisearen: Hette is yn ’e grifformearde doarpskultuer oer it generaal minder ‘wetich’ yn it geloof as syn mei-mannenbroeders fan ’e ‘Lytse tsjerke’ – op ’e drege klaai yn Bitgum, se binne net oeral gelyk. En Anne hat in selsbewust eigenaardich eigen plak, ûnôfhinklik binne je noait – mar sa die se wol. Oars soe sa’n útsprutsen frijsinnige dûmeny by Hette en Anne ek net geregeldwei oer de flier komme, tink. Hette is op himsels allegeduerigen in frjemde apostel, sa’t fierderop yn dit epistel wol bliken dwaan sil – keapman-kalvinist en eins yn ’e grûn frijtinker, kin dat? En Anne?

Deselde niget oan debat is oerdroegen oan dochter Leen bygelyks. Se hat desennia letter in skalk each op ’e, neffens har betinken, belearende haadartikels fan Hindrik Algra yn it Friesch Dagblad, dy’t oars de toan set by de otterdokse kudde, Algra is de ‘paus’ fan ’e folchsume otterdoksy. Oer religy en dêrmei anneks machtsmeganismen, dy’t yn dizze rûnten oars gewoanwei as sadanich net beneamd wurde, wol Leen mei har neisten op ’e tekst: se wol witte hoe’t it sit, hoe belibbet dy oare dat, of bin ík dan sa apart? Se hat sa’n skerp sicht fansels – oaren neame soks achterdochtich – op sokke mannelike foaroansteanders, omdat dy sa wetich binne – mar se wol it sels ek mar al te goed witte, al wol se dat fan harsels net ha. Se freget: Wat tinksto dêr no fan? Hoe dochsto dat dan no yn ’e praktyk Goasse? Dêr is se noait mei ophâlden, gelukkich net. Se is sa’t skynt aldergeloks beslist net konsekwint yn har skalk each op wetige mantsjes.
Noch in iensidich foarbyld. Sa hat se har omkesizzer Doekele – ús heit, yn mannich each it protoptype fan in mannenbroeder – ek paradoksaal genôch al lang fan te foaren sketten en yn har hert sletten. Wylst dyselde bygelyks op advys fan dyselde Hindrik Algra syn âldste bern Geartrude en Gerben twingend ynstrueart om beslist net de boeken fan Gerard Kornelis van het Reve en Jan Wolkers ta har te nimmen. De arguminten dy’t syn kwekelingebern – se sitte dan beide op ’e kweek Marienburch te Ljouwert – oandrage oangeande algemiene ûntwikkeling skoot Doekele yn syn onfolkomen opwekke angst op gesach fan ’e grifformearde besonjes fan Algra eventjes radikaal fan tafel. Dat makket fansels dat dy boeken troch de gretige oankommende pedagogen deste better stik foar stik alhelendal útlêzen wurde, benammen dy passaazjes- yngeand. Oe wat binne dy op ’e hichte, gâns adekwater as Algra, lit stean as Doekele. En dat wit Doekele – mar al te goed. Der is yn dit stik fan saken helendal gjin sprake fan ûnoprjochtens oer en wer hear. Je witte it wol fan inoar, mar je sizze it mar net, no noch net, teminsten. Grou tsien jier letter hat Doekele syn stânpunten by syn jongste bern falikant bysteld, hy trochsjocht dy goedbedoelde bangpraterij yn dizzen dan al lang. Mar it spannende is der dan eins ôf. En it ferfeeld. It is foar oprjochte grifformearden plat genôch. Mar it literêre hâldt dy grifformearde geast mei dy geastige humor trochgeandewei yn beslach.

Oarsom hat Doekele as selsstannich tinker – hy wit likegoed dat je dat winliken noait wêze kinne – neat mei de religieuze en politike ideeën fan sokke opperteurs as Algra, al hoe graach as er dy persoanlik ek lije mei, hy is ommers sels ek sa, se binne beide fan de sabeare oprjochten en sadwaande heel beslist foar it iepenbiere debat en sa.  Mar rjochtstreeks kalvinisme stiet heaks op Doekele syn eigenste oekûmenise ynboarst.
Muoike Leen trochsjocht al ier har skerp bernebrein bewittende in soad bewustwêzen, tink. Wêrom is Leen mei har heldere kop en begearich liif en har grou stik jild eins noait in boask oangongen? En wêrom is Anne mei Doekele troud? Sa frijpostich en tagelyk sasear timide. Dy leafdefolle fitaliteit – dat je mei-inoar ien binne, ek bûten in houlikse steat. En geast is geast en bloed is bloed en ierdappels binne ierdappels en besit is mar besit.
Dat soe ik no noch wol ris witte wolle.