It earizer en de p.r.

Har saaklike en nochteren ynstelling makket dat Anne yn har generaasje ien fan ’e earsten is dy’t brekt mei it earizer, se sil dat net opsette. It earizer is net allinne in statussymboal yn arbeiders- en boerefermiddens it is ek in soarte fan mytise ferbining mei de foarâlden en it ferline. Mytys is in grut wurd, mar net te grut yn dizzen: yn testaminten krijt it earizer betiden apart omtinken. En net om de wearde fan it goud allinne, mar om de fererving dêr’t de erflitter in sin by hat. It earizer koe trouwens ek fan sulver, koper en blik wêze, yn ’e Hettemafamylje trouwens wer net yn de tiid dêr’t wy it no oer ha, dan wie ’t wol fan goud. Wizânsje is dat de âldste beppezizzer it earizer fan har beppe erft, lykas in âldste namgenoat-muoikesizzer it erft fan har muoike, as it ienichsins kin, hottefyljen dêroer hat dan ek gjin sin.
Yn Anne har tiid is de oergong fan it dragen fan it earizer nei it ôfsetten dêrfan al wol oan ’e oarder. Mar yn Anne har famyljerûnte dan noch net: har suster en skoansusters toaie har dêr noch wol mei. Al sette guon dêrfan it om 1930 hinne ek ôf. Anne is har tiid foarút. Frjemde frou yn har fermidden.

meer1
(foto: J.F. Lomans, Ljouwert)

Neffens Anne har dochter Leen docht Anne it earizer net op omdat se it net passend achtet by har status as keapmansfrou. Om p.r.-redenen soenen je no sizze. En dat spilet net allinne as se letter oan ’e deftige Leane yn Huzum wennet, se hat it noait op hân. Op dit portret hat se in modieus huodsje yn ’e hân, dat is yn dizze ensenearde entûraazje mei wenstige attributen yn ’e fotostudio net fan ’e fotograaf mar fan harsels – en sokke fan har huodsjes binne noch lang bewarre, op ´e souder by har dochter Leen.

kostúm2
Ek út p.r.-beweechredenen stekke oarsom in heale ieu letter Anne har âldste beppesizzers Djoke en nammegenoat Annie har krekt ál yn âld-Frysk kostúm, kompleet mei sydsulver en gouden earizer. De fammen sette har op dizze wize mei alle nocht yn – en litte har ynsette en sa – by de ierdappelreklamekampanje fan Hettema Zonen. (Djoke hat it earizer fan har beppe Djoke op. It nij-Frysk kostúm is dan noch yn ’e maak, oars hienen Djoke en Annie dat grif oanlutsen.)

kostúm3
Op it terras fan ’e Twa Damkes te Bitgummole

fleantúch
Djoke en Annie yn Frysk kostúm yn selskip fan setierdappelhannelers en -eksporteurs

KRASNAPOLSKY 3
Bûnsfeest fan de Nederlansche Bond van Exporteurs van Aardappelen yn Krasnapolsky te Amsterdam. Oan ’e linker tafel links yn ’e midden: Djoke Hettema, rjochts wat mear nei achteren: Annie Hettema, beide wer yn Fryske klaaiïng. Sieuse froulju yn Sieus kostúm binne ek fan ’e fan partij, mar foar dy is it noch har deistige dracht

RUNIA JANKE
Earder stekt ek Janke Leenderts Runia (Berltsum 1884-1954) har yn Frysk kostúm, nei alle gedachten allyksa yn it ramt fan ’e setierdappelpromoasje, yn har rûnten wie it dragen doe al út de moade. Hjir spilet mooglik p.r. yn Cultura-ferbân (1919-1922). Janke har bruorren Anne en Piter binne beide ierdappelhannelers en lid fan ’e Firma Cultura, har sweager Doekle van der Schaaf is dat allyksa (sjoch fierderop)
(foto: J.H Slaterus, Ljouwert)