(1898) Hannelshûs Hettema

Oanpakke en trochsette
Hette hannelet omraak. Syn setierdappels hawwe in bêste namme. Oare gernieren en bouboeren wolle dy wol ha. De hannel is allang gjin sinterse negoasje mear. Op in dei komt Anne út de stêd kâldwei thús mei in nij swart pak en in ‘garibaldi’ – in antrasite bolhoed. Se hat ek in dito gongelstok mei sulveren hantfet kocht.
‘Wat sil dit!’ ropt Hette ferstuivere.
‘Do bist no ierdappelkeapman jonge. Do moatst nei Dútslân. Dêr ha se fan dyn setters mear ferlet as hjir,’ seit Anne. Se jout him hûndert gûne yn ’e hân: it startkaptaal fan de multynasjonale ûndernimming.
Hette triuwt even letter hânsum yn in grutte hutkoffer meunsters fan dikke mûzen en oare rassen. Dêr komt syn nij pak oerhinne. Hy klapt it saakje ticht en jout syn wiif in stevige hân. Oer in lytse wike is er D.V. wer by honk. Mei in fleurich sin en moai waar stapt er fol fertrouwen de nije dei yn, op ’e tram nei Ljouwert. Dêr nimt er de trein rjochting Dútslân. As er weromkomt hat er allegear Dútse klanten yn ’e bûse. De hantekeningen swart op wyt. Hy hat flink ferkocht:  woartels, rapen en ierdappels.
Anne docht tenei de boekhâlding. Hette de hannel.

HETTEMA FLAGGE

Anne en Hette betinke har eigen hannelsmerk: in reade flagge mei dêr middenyn in pikswarte H yn in moaie sirkel-evenredige wite rûnte – op dizze primitive ôfbylding net te sjen, mar oars al. Yn Bitgum opperje arbeiders dat dy swarte H yn spierwyt stiet foar de rjochte grifformearde lear middenmank it reade gefaar fan ’e anargistise en sosjalistise Bitgumers. Soe it? Read is in sprekkende kleur en it swart-wyt kontrasteart dêr flink mei. Dat falt wol op. Dat komt mooglik tichterby de p.r.-gedachte achter it idee. En in flagge – sa net healstok – hat wat feestliks, wat útdaagjends, is yn alle gefallen net statys – as it teminsten net wynstil is. Guon doarpsgenoaten kinne Anne en Hette yn ’t begjin har sukses net fele. De iene seit dit en de oare seit dat. Trouwens, Hette mei ûnder it wurk op it lân graach debatteare mei syn sosjalistise arbeiders, en eins noch leaver mei dy anargisten. Oer prinsipes, oer en wer. Dy anargist mei syn selsbetochte wettise frije gedachten. En dêrtsjinoer Hette mei syn folkomen optochte dogma’s sûnt 1600. Inoar de wet foarskriuwe, se witte dat sels mar al te goed. Se laitsje inoar goedmoedich út, want se kenne inoar, fan hûs út.
Mar de ‘wiere’ frijtinkers bliuwe Hette it neist. Wa’t ‘wier’ is, makket Hette dat achternei by himsels toch noch út?

It offisjeel jier fan de grûnlizzing fan Hette en Anne har eigen Hannelshûs Hettema is 1898. Njonkenlytsen jout Hette de brui oan it ferhanneljen fan dy woartels en dy rapen nei it bûtenlân – oars mei freugde dien, mar dit haadstik is dan no wol ôfsletten. De ierdappels set er dêrhinne uteraard ek noch graach ôf, mar no benammen nei Flaanderen, Walloanië, Frankryk en Italië.

aansicht1
Hette stiet tenei te boek as keapman. Hjir krijt de húshâlding in stipe yn ’e rêch yn it swierich fynbeslipe hanskrift fan syn kollega-ierdappelkeapman Fokke Durks van der Meer- syn skoanheit (jannewaris 1910)

Hette hâldt him dêroan. Ik sil ierappelkeapman wêze.