GENEALOGY
HESLINGA
heslinga

Heslinga
(Hinnaard, Hidaard, Marsum)

Wapenregistraasje Fryske Rie foar Heraldyk 2016

Trochsnien, A. yn grien trije gouden klavers, pleatst 2 en 1; B. yn read in sulveren hús- of hânmerk yn ’e foarm fan in omwende 4, mei links en rjochts in skeane staak ûnder tsjin de stôk oan en rjochts in koarte fertikale staak geand troch de horizontale staak.
Helmteken: in griene klaver.
Helmkleed: grien, fuorre fan giel.
Boarne: laksegel (1679) fan Jacobus Claessen Heslinga (stoarn 1682/1696), boer te Boksum, meirjochter fan Menameradiel, ûndertr. Marsum 25-1-1663 Hainsck Mattheus Metsma (Hof van Friesland, bijlagen civ. sent. 78-24). Kleuren fan ynstoerders. It hús- of hânmerk wurdt (net omwend) yn farianten al brûkt troch syn pake en dy syn neiteam (1647, 1663).
It wapen fan Ynskje Sybrens Heslinga (1772-1814), frou fan Wybrandus Tjeerd van der Leij, notaris te Drylst, op har grêfstien fertoande de Fryske earn mei links trije klavers (1 en 2), sûnder merk (cf. T. Kingma, Bitgum (Ljouwert 1988), 289).
It wapen mei brûkt wurde troch de neiteam mei de namme Heslinga fan Sybrandt Hansz (pake fan Jacobus) einierd boer op Heslinga State te Marsum. De âldst bekende foarfaar is syn pake Jorryt Hansz te Hinnaard, neamd 1532-1538 (-1543?).
Ynstjoerders: Jan Tækele Anema, Vijverlaan 94, 3062 HM  Rotterdam en Stichting Erfgoed Fundaasje, Vredeman de Vriesstrjitte 59, 8921 BS  Ljouwert.
Publisearre yn Genealogysk Jierboek 2016, Fryske Akademy, Ljouwert 2016.

STAMRIGE

Boarnen û.o.:
Frysk Kertiersteateboek – Gerben Wartena en Goasse Brouwer: Brouwer-Damsma, Fryske Akademy, Ljouwert 1996
-T. Kingma: Bitgum – Skiednis fan Bitgum en Bitgummole, Fryske Akademy, Ljouwert 1988, side 289 e.f.

I Jorrit Hanses, 1511 te Ingelum, 1543 te Boksum, wennet ek te Hidaard, hat yn 1543 lânbesit yn Jorritsmasate te Easterwierrum, x
Rins N.

Soan:
II Hans Jorritsz * omstr. 1520 † nei 1597, boer op Altena te Hidaard (stim 3), easket yn 1569 fan Hottse Boetez 50 goudgûne skeafergoeding omdat dy him op ’e Boalsertermerk bewusteloas slein hie. It Gerjocht achte lykwols 6 gûne genôch, x foar 1543
Anna Ryoerdtsdr., libbet noch yn 1597

Soan:
III Sybrand Hanses Heslinga * Hidaard om 1575 hinne, libbet noch yn 1647 † nei 1640,  eigner en brûker fan Heslinga state (stim 3; keapet yn 1614 en 1616 oanparten dêryn)
x 1 Ydt Keimpes
x 2 Rixt Sywerdts † tusken 1616 en 1620

Soan út it twadde houlik:
IV Claas Sybrens Heslinga * omstrings 1602 † 1669 of 1670; eigner, brûker en ûntfanger te Marsum op Pinnema sate, x Ljouwert 27 sept. 1629
Tet Hobbes Hiddinga * Penjum 1604/05 † tusken 1678 en 1681

Soan:
V Jacobus Clases Heslinga † tusken 1692 en 1696, boer op Diorrema state te Bokum; assessor (=wethâlder) en meirjochter fan Menameradiel, x Boksum 1663
Hanck Mattheus Metsma *1663 † tusken 1718 en 1728, Hanck buorket yn 1698 op Heslinga state

Soannen:
VI
1
Petrus Jacobus Heslinga *1664, oer te Bitgum; doarpsrjochter te Boksum, x
Antie Gerrits.
2 Schelte Jacobus Heslinga *1674, boer te Marsum en Bitgum, x
Eelck Clases.