GENEALOGY
HELLEMA
CLOECK HELLEMA

Ut de neilittenskip fan Doeke Wygers Hellema (1766-1856, IV.3) binne gâns dokuminten bewarre bleaun. Erfgoed Fundaasje ynventariseart en beskriuwt dy, sadat elkenien der wat oan ha kin. Hjirboppe in Nijjierslokwinsk út 1793. Kolleksje Hellema

Research and composition: Erfgoed Fundaasje/Heritage Foundation.
This genealogy is far from complete: being worked on. Additions and enhancements? See form.

Dizze genealogy is noch lang net wat it wêze sil: wurdt oan trochwurke. Graach oanfullingen en ferbetteringen. Sjoch kontaktformulier.
Gâns gegevens hjirûnder binne mei tank oernommen út:
Doeke Wygers Hellema – Dagboeken – Historisch Centrum Leeuwarden
Jochum Hoekstra, Minne Hoekstra – De familie Hellema, eigen behear, 1999
Ir. F.Th.H. Nauta – Een geslacht Hellema en aanverwante geslachten: Beekhuis, Vlaskamp, Sinninghe Damsté, Cloeck, n.d., 1991
Christina Hellema – Stamboom Hellema, n.d.
Hellema
, genealogy, n.n., n.d.
Simon Wierstra – Hellema, ûnderskate yngongen op internet
Stichting Erfskip Terpdoarpen
Ferskillende hanskriften oangeande genealogiën Hellema, argyf Hellema
Sjoch ek: Erfgoed Fundaasje – Hettema – Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema.


~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried

 

I

Baucke Pytters † foardat syn frou stoar, timmerman te Hallum, lidmaat Hallum 1682, âlderling yn 1712 en 1720, x Hallum 20-9-1696 Trijntje Harmens Adema ~ Hallum 24 des. 1665 (komt fan Frjentsjer), † Hallum jan./maart 1738, dr f. Harmen Eelckes Adema, timmerman, yn 1657 te Amsterdam, letter te Stiens en Hallum, yn 1687 in hoartsje yn Ljouwert, komt itselde jier yn Hallum werom; dêr diaken 1670, en Antje Gerrits.
Bern:
1 Pyter Bauckes ~ Hallum 27-10-1697 † foar of yn 1730, x Fetje Ates, hja hertroud yn 1730.
Bern:
   1 Bauke Pyters * Hallum 25-8-1726
2 Harmen Bauckes ~ Hallum 16-7-1699, x -9-1723 Antje Hylkes
Bern:
   1 Bauke Harmens * Hallum 16-10-1724
en noch fiif bern
3 Doeke Bauckes Hellema, folget II.1

II

II.1 Doeke Baukes Hellema ~ Hallum 22-10-1702 † Ferwert fóár 9-12-1762, eigenerfd boer op Hillema state (yn 1738 brûker fan stim 74; yn 1748 eigner en brûker fan Jansma state, ek brûker fan stim 22,60 en 61; yn 1758 eigner en brûker fan stim 32 en brûker fan stim 60 op Jousmabuorren of Jousterbuorren ûnder Hallum; yn 1754 bysitter (=wethâlder) fan Ferwerteradiel, frederjochter fan Ferwerteradiel; bierbrouwer te Hallum; lidmaat op belidenis te Hallum 6-5-1729; op lidmatelist 1734 en 1758; x 1 Hallum 23-5-1728 Emke (ek: Imkje) Aukes ~ Marrum 22-11-1705 † Hallum 1736/1737, dr f. Auke Sybrands, mr. skuonmakker te Marrum, en Antje Nob; x 2 14-12-1738 Ytje Wygers ~ Hallum 24-2-1715 † Hallum 1754/58, Ytsje stiet net op ’e lidmatelist fan Hallum; dr f. Wyger Johannes en Maaike Doedes.
V1744: Doeke Baukes te Hallum, húshâlding 10 persoanen, 12-0-0.
Q1749: D.B. te Hallum, ‘welgestelde boer’, 7+4, 75-3-0 + 14-3-0.
FER 39 d.d. 6-11-1730: Doeke wurdt mei syn broer Harmen kurator oer de bern fan har broer Pieter Baukes, dy’t fertige is. De widdo Fetje Ates sil wer trouwe.
FER 39 d.d.18-3-1738: Doeke syn mem Tryntje Harmens is ferstoarn; erfgenamten binne Harmen Baukes foar 1/3, Doeke Baukes foar 1/3 en de twa bern fan Pieter Baukes foar elk in sechsde part.
FER 39 d.d.3-6-1740: Doeke is kurator oangeande de neilittenskip fan ’e ferstoarne Sietse Johannes op Jouwsmabuorren ûnder Hallum. Sietse is in omke fan Doeke syn frou.
FER 49 d.d.9-12-1762: nei syn ferstjerren wurde Bouwe Montes Boersma en Hans Folkerts te Hallum beneamd as kuratoaren oer syn minderjierrige bern: Wieger, 22 jier, Pieter, 19 jier en op reis nei Indië, Anne, 16 jier, Trientje, 14 jier, Aaltje, 11 jier en Gerrit, 8 jier. Dêrnei folget in ynventarisaasje dêr’t ek de fjouwer bern út it earste boask by belutsen binne.

De Hillema’s en Hellema’s yn dizze genealogy ha har achternamme grif ûntliend oan Hillema of Hellema state op Jousmabuorren ûnder Hallum.
Yn 1511 húsmannet Lieuwe Hillema dêr, yn 1531, 1544 en 1554 wurdt dat stee bewenne troch Meynert Hillema, folmacht foar Ferwerteradiel en yn 1540 rjochter te Hallum. Omstrings 1615 binne Meynert en Hille Hillema dykplichtigen fan ’e Monnikebiltdyk. By dat plak wurdt in stik leech lizzend lân it Hillema- of Hellemerleech neamd.
De hearskippen yn ’e stambeam hjirûnder stamme net ôf fan dy 16e ieuse Hillema’s of Hellema’s. 
        

Bern út it earste houlik:
1 Bauke Doekes ~ Hallum 30-10-1729 † Rie 1780/88, 1758 lidmaat te Hallum, belestingûntfanger te Rie, x Hallum 22-2-1761 Baukje (ek: Baauwkje) Gerrits, libbet noch yn 1794, ferfart yn 1788 fan Rie nei Hallum, dr f. Gerrit, ûntfanger te Rie.
Bern:
  1 Imke Baukes Hellema (ek: Ymkje) ~ Hallum 15-12-1761 † Hjerbeam 22-7-1810, x Rie 30-5-1784 Yme Ruurds Hellema * Rie 21-4-1761 † Frjentsjer 14-7-1815, soan fan Ruurd Ymes en Tjitske Minnes (fan Yme syn broer Minne stamme de Braaksma te Berltsum), yn 1788 boer op stim 5 fan Wânswert, letter te Jislum, oant 1811 boer op Ongeboer ûnder Hjerbeam, dan skipper te Frjentsjer, Yme x 2 Hjerbeam 17-2-1811 Hyke Epkes Tichgelaar.
Sjoch foar skaai fan Yme: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Braaksma
Yme en Ymkje dogge belidenis te Rie 25-3-1785 en ferhúzje mei attestaasje per maaie 1786 nei Wânswert. Yn 1805 komt Ieme Ruurds fan Jislum nei Hjerbeam op speesjenûmer 8. Hy hâldt dan 9 kij, 4 rieren en 6 hynders.
Yme hat de skaainamme fan syn earste frou oernommen en dy lit er yn 1811 te Fjentsjer befestigje, mei foar de bern Tjetske, 25 jier, te Boalsert, Baukje, 24 te Hjerbeam, Geertje, 23 te Mullum, en Ruurd, 16 jier.
   2 Tjitske Baukes Hellema ~ Hallum 18-12-1763 † Bitgum 13-10-1820, x Rie 8-2-1784 Jan Jans Jouwsma † Hallum 28-2-1813, gernier te Bitgum, sn f. Jan Jansen en Mintie Pieters.
Mooglik hat Jan Jouwsma syn fan ûntliend oan Jousmabuorren ûnder Hallum, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.
   3 Antie Baukes Hellema * Rie 10-6-1773 † Frjentsjer 22-12-1821, Wyk 50 nr 88, by † arbeidster te Frjentsjer, x 1 Hallum 30-11-1794 Sas Klazes Jepma, sn f. Klaas Kornelis Jepma en Taetske Sasses.
Bern Jepma:
1 Klaas Sasses Jepma x 1 Gretske Sakes Wijma; Klaas x 2 Menameradiel 4-6-1828 Lolkje Sjuks Hettema, widdo Wynhout Joukes Hoekstra; Klaas x 3 Menameradiel 12-5-1836 Neeltje Willems Hoitsma;
2 Baukje Sasses Jepma * Hallum 19-3-1797; 3 Doetje Sasses Jepma * Hallum 1-2-1801.
Antsje Baukes Hellema x 2 1800 Jan Pieters Pietersma † Koaningsbuurt ûnder Mullum 17-8-1821, koaltsjer dêr
2 Auke Doekes Hellema ~ Hallum 20-4-1732, boer ûnder Hallum, net troud.
3 Arjen Doekes Hillema, folget III.1
4 Antje Doekes Hellema * Hallum 22-4-1736, docht belidenis te Huzum op 28-2-1767, x Wânswert 28-6-1761 Hendrik Bartels Idzerda * Heech, komt 4-4-1763 fan Wânswert yn Huzum, ferfart 19-8-1768 nei Grou, skoalmaster te Grou; Antsje en Hindrik krije gjin bern; Hindrik x 1 Wânswert 21-5-1752 Trijntje Minnes Steinstra (ek: Steenstra, Stienstra) † Wânsert omstr. 1759; bern: Bartel Hendriks Idserda * Wânswert 14-1-1753; Minne Hendriks Idserda * Wânswert 3-5-1757   
5 Pyter Doekes ~ Hallum 18-5-1739 † dêr fóár 1743
6 Wyger Doekes Hellema, folget III.2
7 Pyter Doekes * Hallum 8-12-1743, jong †
8 Anne Doekes Hellema, folget III.3
9 Trijntje Doekes Hellema ~ Hallum 1-12-1748, x Andries Johannes Andriessen, te Suderdrachten, 1777 klokmakker te St.-Anne; bern: 1 Joukjen * Suderdrachten 17-10-1769; 2 Doeke * Suderdrachten 11-9-1771; 3 Ytje * Suderdrachten 12-4-1777; 4 Antje * St.-Anne 8-2-1777
10 Aaltje Doekes Hellema ~ Hallum 4-4-1751
11 Gerrit Doekes Hellema ~ Hallum 7-4-1754, wennet foar syn trouwen te Wânswert, x Húns 27-3-1780 Jeltje Johannes Twijnstra fan Húns; gjin bern.

III

III.1 Arjen Doekes Hillema ~ Hallum 28-3-1734 † Bitgum 18-12-1807, boer ûnder Huzum, x Hallum 20-4-1766 Rebecca Klazes † Bitgum 6-12-1787, (yn ’e stjerakte fan har dochter Tryntsje wurdt Rebekka Bieke neamd), yn 1766 te Huzum.

Arjen Doekes neamt him Hillema, syn neiteam Hellema. Dit ‘Bitgumer’ laach is yn manlike lijn útstoarn yn 1882 mei Skelte Klazes Hellema (IV.2.1).

Bern:
1 Doeke Arjens Hellema, folget IV.1
2 Klaas Arjens Hellema, folget IV.2
3 Antje Arjens Hellema * Hallum 15-12-1772 † Berltsum 3-6-1853, lid op belidenis te Berltsum 4-6-1838, yn 1824 dêr sûnder berop, x Jelle Gosses de Vries † Berltsum 6-3-1824
4 Pietje Arjens Hellema
* Hallum 15-11-1774  Wier 21-9-1840, 1840 genierske te Wier, x Ate Hendriks Boersma * Wier omstr. 1770  dêr 17-3-1828, nr 15, gernier dêr, sn f. Hendrik Ates en Antje Arjens
5 Trijntje Arjens Hellema * Hallum 7-8-1776  Wjelsryp 4-11-1846, 1824, 1833 winkelfrou te Wjelsryp, x Reinder Hessels Reinsma * Dronryp omstr. 1774  Wjelsryp 12-10-1829, arbeider te Wjelsryp, sn f. Hessel Reinders Reinsma en Dieuwke Lolles
6 Titie (ek: Tietje) Arjens Hellema * Hallum 14-11-1781 Wier 15-2-1837, wennet yn 1817 te Mantgum, x 1 Cornelis Dirks Groeneveld † Wier 31-1-1812, gernier te Wier; x 2 Menameradiel 3-12-1814 Sikke Hendriks Hiemstra * Burdaard 31-10-1781  Wier 6-7-1858, 1814 arbeider te Jannum, 1815 gernier te Wier, 1837 gernier/winkelman te Wier, 1858 dêr arbeider, sn f. Hendrik Klazes Hiemstra, timmerman te Burdaard, en Baukje Sikkes.

III.2 Wyger Doekes Hellema ~ Hallum 12-3-1741  dêr 1778, komt omstr. 1762 yn ’e kost by syn sweager Hindrik Bartels Idserda, skoalmaster en organist te Wânswert, x Wânswert  16-6-1765 Grietje Lykles (Hellema) * Surhusterfean 20-12-1733  op belidenis Wânswert 19-6-1791  Wânswert 30-12-1822, nr 3, dr f. Lykle Dirks, arbeider en skipper te Surhústerfean, en Grietje Jans.
Bern:
1 Doeke Wygers Hellema, folget IV.3
2 Ytje Wygers Hellema * 1770  1831, x Hallum 18-11-1789 Tjitze Gerrits Memerda, boer op ’e Hallumer Mieden.
Bern Memerda:
1 Wyger * 1811, x Jantje Egberts Gaikema
2 Grietje, x Dirks Mients Veldstra, arbeider te Aldtsjerk
3 Pieter, te Aldtsjerk
4 Wytske, x Pier Baukes Lettinga, boer op it Stienzer Aldlân
5 Doeke, boer te Boarnwert en Rinsumageast, komelker ûnder Wânswert, x Baukje Dirks Boonstra
6 Jan, kleanmakker te Hallum, Ferwert en Wânswert
7 Tjerk, boerefeint te Jannum
8 Lykle, boer te Menaam en Froubuorren, x 1 Klaaske Klazes Reitsma, x 2 Rinske Taekes Boersma.
Tsjisse Memerda hat trije foarbern, û.o.: Tjitske, x Sipke Tjeerds Hoogterp, boer ûnder Rinsumageast

Ytsje Hellema x 2 Ferwerteradiel 31-5-1832 Hendrik Tyssens Huizinga, boer ûnder Hallum
3 Trijntje Wygers Hellema * 1772, net troud, op âldere leeftyd blyn
4 Sytske Wygers Hellema * 1774  1814, x 11-5-1800 Sipke Wopkes Overdijk, * omstr. 1777, boer ûnder Goutum; 4 dochters, 1 soan
5 Lykele Wygers Hellema, folget IV.4

III.3 Anne Doekes Hellema * Hallum 24-3-1746, x Jieskje Fokkes.
Bern:
1 Ytje Annes Hellema * Achlum omstr. 1781  dêr 22-8-1857, nr 19,  boerinne te Achlum op Grut Dearsum, wennet yn 1829 te Mullum, by ferstjerren sûnder berop te Achlum, x 1 Wybren Fongers Oosterbaan † Achlum 29-3-1821; yn 1802, 1805 boer te Burchwert, letter op Grut Dearsum te Achlum; Ytsje x 2 Barradiel 26-5-1829 (op houlikse betingsten, Notarieel Argyf Barradiel nr 26, ynvnr. 105007, aktenr 00049) Jan Piers Draisma * Achlum 1792  Harns 28-7-1852, eigenerfd boer op Grut Ludum (ek: Luidum) ûnder Achlum, sn f. Pier Aukes Draisma, boer oan ’e Grienedyk (Slachtedyk) tusken Arum, Kimswert en Achlum, sûnt 1790 op op Grut Ludum (earst hierder, letter eigener), by syn ferstjerren âldst gemeenteriedslid fan Frjentsjerteradiel, en Tjitske Ulbes Haitsma.

Ljouwerter Krante, 28-8 en 4-9-1857:

Jan Piers Draisma skinkt syn pleats Grut Ludum oan ’e tsjerke fan Achlum, ek draacht er by oan ’e skinking fan it oargel, fermeld op in tinkplaat.
As er deropútgiet docht er dat mei in djoerabel reau mei twa gelikense wite skimmels derfoar, dy binne f 400,- wurdich. Yn 1839 keapet er it reau foar f 280,-, foar it túch telt er f 78,- del.


Tinkstien yn ’e tsjerkemuorre te Achlum.
Jan Piers Draisma is in broer fan Ulbe Piers Draisma, de oprjochter fan de Brânassurânsje Maatskippij Achlum 1811, foarrinner fan Achmea
Boarne
www.vandervelde.net

IV

IV.1 Doeke Arjens Hellema ~ Hallum 8-3-1767  Bitgum 10-10-1836, nr 92, gernier te Bitgum, x Jantje Pieters.
Bern:
1 Arjen Doekes Hellema, folget V.1

IV.2  Klaas Arjens Hellema (sn.f. III.1) ~ Hallum 6-11-1768  Bitgum 20-5-1843, gernier te Bitgum, x Wijke Scheltes Heslinga † Bitgum 17-8-1846, dr f. Schelte Gerbens Heslinga, boer ûnder Bitgum, en Geertje Gerbens (Geartsje komt soms ek foar mei de achternamme Heslinga: mooglik nimt se sels betiden dy fan har man oan, of oaren jouwe har dy.)
Bern:
1 Schelte Klazes Hellema * Bitgum 3-2-1799  Ljouwert, wenjend te Bitgummole 29-1-1882 [] Bitgum rigel 4, grêf 6, gernier mei syn suster Geartsje op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; net troud
Ljouwerter Krante 18-6 en 8-7-1870:

2 Geertje Klazes Hellema * Bitgum 1800 † Dyksterhuzen ûnder Bitgummole 21-4-1856, gernierske mei har broer Skelte; net troud
Meidieling tink fan Jabik Keimpes Dykstra te Bitgummole: Dy Hellema’s – Skelte en Geartsje dan – hienen ienichsins in gerennommearde namme troch har foarnaamachtige foarm fan leven.
3 Trijntje Klazes Hellema * Bitgum 3-8-
1806 [] Bitgum rigel 34, grêf 3, x Menameradiel 21-5-1835 Reimer Baukes Heslinga * Froubuorren omstrings 1806 † Bitgum 16-4-1878, hûsnr 213 [] Bitgum rigel 26, grêf 16, by x arbeider by syn heit, letter oant syn dea gernier te Bitgum, sn f. Bauke Jacobs Heslinga, boer ûnder Froubuorren, en Wintje Reimers Koopal.
By de bern út de húshâlding fan Klaas Arjens Hellema en Wijke Skeltes Heslinga – beide fan begoedige komôf, mar by tsjinslaggen fan ûnder oaren jerappelwurgens en wat dies meer zij gjin fersekerings – binne de ferskillen ekonomys grut: de âldsten Skelte en Geartsje kinne it oant op har âlde dei mei har fertsjinste út de grutte gernierkerij as rinteniers goed dwaan, deropút yn ’e sjees. Tytsje en Nammen rêde it op. Ymkje en Piter buorkje behoarlik. Dêrtuskenyn komme Tryn en Bauke oan ’e krapperein. Dat kin men ek sjen oan de lêste reis fan dy har omskot: dat wurdt byset oan ’e goedkeapere noardkant fan it Bitgumer hôf. It stoflik oerbliuwsel fan frou en man komt dêr net byinoar te lizzen, nee, it stoflike fan Tryn leit in heel ein fan dat fan Bauke sines ôf. Lit stean ‘yn ’e earmen fan it foargeslacht’, sa’t Doeke Wygers it sa moai beneamt. Dat kinne Tryn en Bauke net betelje.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Heslinga, Genealogy Koopal/Koopmans
4 Tietje Klazes Hellema [] Bitgum rigel 4, grêf 14, by x faam te Bitgum, gernierske, x Menameradiel 12-5-1824 Nammen Gerbens Ferwerda * Stiens † Bitgum 21-4-1856 (hûsnr. 40) [] Bitgum rigel 4, grêf 15, by x ovenfeint te Bitgum, letter gernier oan ’e Langestraat; âlderling Christelijk Afgescheiden Gemeente Bitgum, sn f. Gerben Sjoerds Ferwerda, arbeider te Feinsum, en Pietje Nammens Lap (ek: Lipstra, yn stjerakte fan har soan Nammen)
Tytsje ferkeapet op 7-5-1877 boulân oan har muoikesizzer Klaas Pieters Hoogland (sn f. Imkje IV.2.5); keapsom: f 3.750,-; Men.dl. Minútakte 1877, argyfnr 26, ynvintarisnr 037064, aktenr 02153

Ljouwerter Krante 17, 24, 31-10 en 7-11-1856: 


5 Imkje Klazes Hellema * Bitgum 8-9-1813  dêr 9-12-1864 [] Bitgum rigel 5, grêf 13, x It Bilt 16-5-1833 Pieter Bienzes Hoogland * Ferwert 28-5-1807  Menaam 24-8-1889 [] Bitgum rigel 5, grêf 14, sn f. Biense Pieters Hoogland, boer op Elsma state ûnder Ferwert, letter te St.-Anne, en Antje Jans Boersma.

IV.3 Doeke Wygers Hellema * Wânswert 3-4-1766 † 17-12-1856, x 11-4-1796 Lijsbert Hendriks Palsma * 18-3-1767 † 13-4-1810; x 2 Dieuwke Klazes Nicolai * 4-2-1792.



Skriuwoefeningen fan Lysbert Hindriks, as se tsien jier is. Kolleksje Hellema 


De Oranje-gesinde Doeke Wygers is yn ’e Frânse tiid ûntfanger fan ’e belestingen en aksynzen. Hy ken syn Frâns. Kolleksje Hellema

Oanbefelingsbrief fan Doeke Wygers foar sy doarpsgenoat Marten Tymens Jelgersma as doarwarder.
Kolleksje Hellema

Bern:
1 Wyger Doekes Hellema, folget V.2
2 Grietje Doekes Hellema * 15-7-1798 † Wierdsma state op ’e Noardermieden ûnder Hallum 4-12-1835, x Hette Pieters Hettema
3 Dieuwke Doekes Hellema * 13-1-1800 † 11-2-1892, x Pieter AElzes Hiemstra * 1-5-1796 † 15-2-1877
4 Hendrik Doekes Hellema * 22-4-1802 † 30-11-1802
5
 Hendrik Doekes Hellema, folget V.3

IV.4 Lykele Wygers Hellema * Wânswert 29-10-1775 † dêr 23-4-1861, oannommen as lidmaat te Wânswert op 8-2-1804, âlderling 1834-1848, folget yn 1792 syn broer Doeke op as skoalmaster en organist te Wânswert, dêr belestingûntfanger, x Wânswert 1802 Jeltje Sybrens Feitsma * Wânswert 31-1-1778 † dêr 21-11-1859, dr f Sybren Jans Feitsma, boer ûnder Wânswert, en Akke Annes Noordenbos
Bern:
1 Wyger Lykeles Hellema * Wânswert 6-3-1803 ~ dêr 3-4-1803 † Ljouwert 28-9-1877, yn 1826 winkelfeint te Ljouwert, letter hanneler yn koloniale waar dêr, x Saakje Greidanus * Mantgum 14-9-1795 † Ljouwert 8-12-1875, dr f. Ausonius Greidanus, Ned. Herf dûmeny, en Metje Pluim
2 Akke Lykeles Hellema * Wânswert 5-5-1805 ~ dêr 26-5-1805 † Jannum 3-5-1863, x Ferwerteradiel 19-5-1825  Sytse Hanzes Kroodsma * Suwâld 11-4-1803 ~ dêr 19-5-1803 † Jislum 23-2-1891, by x boer ûnder Wânswert, yn 1855 arbeider te Burdaard, 1863, 1865, 1878 slachter te Jannum, by ferstjerren sûnder berop, sn f. Hans Sytses Kroodsma, boer te Suwâld, letter te Wânswert oan ’e Streek, en Grietje Benjamins de Klein.
Bern Kroodsma: Hans * 1826 † 1826, Jeltje * 1828 † 1885, Grietje * 1831 † 1908, Sytske * 1835 † 1888, Antje * 1838 † 1856, Saakje * 1845 † 1880, Hans * 1848 † 1923
3 Grietje Lykeles Hellema
* Wânswert 31-10-1807 ~ dêr 22-11-1807 † Kollum 19-12-1849, x Ferwerteradiel 9-5-1838 Anne Bartels Radema * Kollum 22-8-1809 ~ dêr 3-9-1809, grôtmakker, ferkeapet 30-12-1850 in hûs en grôtmakkerij anneks skuorre, tún en hiem te Kollum, keapsom: f 3.425,-; soan fan Bartel Oedzes Radema, juwelier te Kollum, en Ytje Baukes Postma.
Bern Radema: Ytje* 1839, Jeltje * 1841, Gooitske * 1843 † 1900, Lykele * 1845, Sybrigje * 1848 † 1886.
4 Wytske Lykeles Hellema * Wânswert 24-7-1810 ~ dêr 19-8-1810 † dêr 25-7-1812
5 Wytske Lykeles Hellema * Wânswert 4-5-1813 † Dokkum 12-2-1895, Wyk C, nr 22, komt op 2-10-1843 yn Wânswert mei attestaasje fan Nes, yn 1869 sûnder berop te Wânswert, yn 1878 idem te Ljouwert, wennet sûnt 26-12-1875 by har broer Wyger te Ljouwert, se komt dan út Dokkum.
Ferkeapet in hearehûs te Ljouwert oan Pieter Johannes Romijn, keapsom: f 7.200,00 en in winkelhûs dêr oan Johan Sjerps, keapsom: f 2.900,00.;
x 1 Ferwerteradiel 12-6-1841 Henry Bierman * Den Haach 9-8-1819 † Nes (Westdongeradiel) 31-5-1843, genês- heel- en froedmaster dêr, sn f. Hendrik Bierman, ryksûntfanger te Stiens, en Mary Gowland.
Bern Bierman: Hendrik Lykele * 1842; Wieger Henry * 1843, x 1869 Martha Leenderts Hansma
x 2 Eastdongeradiel 19-11-1850 Douwe Hendriks Boersma * Ferwert 13-1-1796 ~ dêr 31-1-1796 † Wânswert 10-2-1869, by x yn tsjinst by de Mobile Skutterij (2e Bataljon, 2e Ofdieling Friezen)te Ferwert, lânmjitter by it Rykskadaster te Wâldsein, yn 1851, ’54, ’56 Rykskommys te Ingwierrum, grossier te Wânswert, sn f. Hendrik Geerts Boersma, Mr linnenwever te Ferwert, en Trijntje Douwes; Douwe is widner fan Mattje Siedses Rienks * Ferwert 9-1-1807 † Wâldsein 25-4-1834, by ferstjerren naaister te Wâldsein, dr f. Sieds Johannes Rienks, boer te Ferwert en letter optys en fisys ynstrumintmakker te Leiden, en Grietje Dirks Hellinga, naaister te Wâldsein.
Bern Boersma: Syberen Lykele * 1851; Trijntje * 1854; Lykele Wieger * 1856, wynhanneler te Ljouwert, x Tjeerdje Jaarsma
6 Sybren Lykeles Hellema * 25-3-1816 † Wânswert 5-10-1847, belestingûntfanger te Wânswert
NB Yn guon genealogiën wurdt oan Sybren neiteam taskreaun, mar dat is in famylje Hellema dy’t ôfstamt fan Sybren Tjepkes en Rinske Joekes; soan: Tjepke Sybrens Hellema * omstrings 1755  † Hjelbeam 14-8-1824 x Jantje Pieters, soan: Sybren Tjepkes Hellema, x Marijke Lammerts Mulder.
Wêr’t dy har namme Hellema wei hawwe is noch net bekend. Oan no ta is der troch ús gjin besibbens fêststeld mei de Hellema’s fan Hallum
7 Sytske Lykeles Hellema * Wânswert 20-11-1818 † dêr 1-10-1826.

V

V.1 Arjen Doekes Hellema † Bitgum 30-12-1838, gernier te Bitgum, x 1 Menameradiel 5-5-1830 Minke Jacobs Gosliga * Ingelum 1811 † Bitgum 14-8-1830, dr f. Jacob Wybes Gosliga, gernier te Ingelum, en Jeltje Klazes van Aisma, gernierske op Grut Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgum.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Aisma, Genealogy Gosliga
Arryn Doekes Hellema x 2 Menameradiel 16-5-1832 Akke Oenes Wouda, yn 1832 faam te Bitgum, 1846 dêr sûnder berop, dr f. Oene Wytzes Wouda, skipper te Bitgum, letter dêr arbeider, en Janke Foppes Fopma.
Bern:
1 Doeke Arjens Hellema * Bitgum 1-6-1833 † dêr 8-6-1846
2 Janke Arjens Hellema * Bitgum 15-3-1837, by x faam te Tsjummearum, x Barradiel 31-12-1864 Jacob Jacobs de Witte * Tsjummearum, arbeider te Tsjummearum, sn f. Jacob Jacobs de Witte, arbeider te Tsjummearum, en Jantje Meinderts Dijkstra
3 Jantje Arjens Hellema * Bitgum 26-4-1838 † 2-5-1864, 1859 faam te Bitgum, x Menameradiel 9-6-1859 Harmen Harmens Hager * Berltsum 14-3-1827 (syn heit is dan al stoarn) † dêr 30-7-1875, nr 331, 1859 arbeider te Menaam, Harmen x 2 Zwaantje Klazes Buwalda; sn f. Harmen Dirks Hager, gernier te Berltsum, en Hiltje Klazes Hof.
Jantsje is krapoan acht moanne as har heit stjert, se is pupil fan har omke Klaas Gerbens Brouwer, fuorman (man fan Akke Oenes Wouda), en fan Schelte Klazes Hellema, gernier (neef fan har heit). Har man wurdt geboaren as syn heit al stoarn is. Beide wezen groeie op sûnder de fersekering fan in arbeidzjende heit: út ’e krapperein

V.2 Wyger Doekes Hellema * Barhûs ûnder Wurdum 4-2-1797 † Wurdum 19-3-1869, oplaat ta skoalmaster, ûntfanger fan ’e Direkte Belestings te Wurdum, gearder fan ’e Provinsjale Belestings op it Gemaal te Wurdum, tolgearder, yn 1852 dêr keapman, yn 1866 winkelman, x 14-5-1818 Jetske Ottes Idzerda * Reduzum 13-4-1797 † Wurdum 25-1-1866, dr f. Otte Idzerda, ûntfanger fan ’e Direkte Belestings te Reduzum, en Tjitske Douwes.

(Even tusken heakjes: opmerklik is dat Otte Idzerda it patronym Aalderts sels noait brûkt, en dat komt by him allyksa net foar yn akten fan ’e Boargerlike Stân, trouwens wol yn tsjerklike registers. Yn dy tiid is dat in útsûndering yn sokke fermiddens. Wat soe dat betsjutte? Hat it te krijen mei stân? Of mei ôfstân nei syn heit ta?) 

Wyger Doekes Hellema en Jetske Ottes Idzerda, pastel op paniel, makker noch net bekend.
Partikuliere kolleksje

Wyger Doekes wurdt beneamd ta tolgearder te Wurdum. Kolleksje Hellema


Beneaming ta skoalmaster

Brief fan Wyger en Jetske oan har âldste dochter Tsjitske. Kolleksje Hellema

Brief fan Otte oan syn heit en mem. Kolleksje Hellema

Bern:
1 Tjitske Wygers Hellema * 13-1-1819 † 30-6-1900, x Meile Meintes Miedema * Lytsewierrum 17-1-1815 Wurdum 22-5-1894, boer te Wurdum, âlderling Ned. Herf tsjerke dêr, sn. f. Meinte Gerrits Miedema, boer te Lytsewierrum, en Tetje Freerks, as widdo boerinne te Lytsewierrum; Meile x 1 Hinnaarderadiel 15-4-1832 Antje Feites Sytenga † Wurdum 6-9-1842, dr f. Feite Hettes Sytenga en Sytske Sijes Algera
2 Doeke Wygers Hellema * 29-1-1821 † 26-3-1882
3 Otte Wygers Hellema * 17-1-1823 † 26-3-1877
4 Hendrik Wygers Hellema, folget VI.1
5 Lijsbeth Wygers Hellema * 1-5-1826 † 1880, yn 1880 sûnder berop te Wurdum, x Klaas Rinses Brink
(Dochter Grietje Louisa x Ljouwerteradiel 20-5-1880 har neef Doeke Meiles Miedema, keapman te Wurdum)
6 Folkert Wygers Hellema, folget VI.2
7 Aaldert Wygers Hellema, folget VI.3
8 Grietje Wygers Hellema * 6-12-1832 † 9-9-1865
9 Trijntje Wygers Hellema * 13-5-1835 † 27-3-1929
10 Andele Wygers Hellema, folget VI.4

V.3 Hendrik Doekes Hellema * Barhûs ûnder Wurdum 6-9-1803 † 17-10-1880, x Magdeltje (Machteld) Willems Beekhuis * 24-3-1804 † 6-4-1876.
Bern:
1 Doeke Hellema, folget VI.5
2 Janke Hellema * 1830 † 1833
3 Willem Hellema, folget VI.6
4 Wijger Hellema, folget VI.7
5 Janke Diderica Hellema * 26-9-1836 † 19-12-1921
6 Lijsbeth Hellema * 8-2-1839 † 24-11-1898
7 Jan Steven Cloeck Hellema, folget VI.8

VI

Soan fan V.2
VI.1
Hendrik Wygers Hellema  * Wurdum 15-3-1824 † dêr 16-4-1882, hûsnr 217, yn 1865 boade Brânassurânsjemaatskippij, 1868 klokmakker, tsiiskeapman oant syn ferstjerren, x 1 16-5-1857 Trijntje Douwes Bakker * 30-4-1833 † Wurdum 15-11-1865, dr f. Douwe Gerrits Bakker, boer te Tsjalhuzum, en Trijntje Eeltjes Rollema; Hindrik x 2 (nicht fan syn earste frou) Baarderadiel 17-12-1868 Trijntje Eeltjes Bakker * 1-12-1834 † Wurdum 21-4-1877, dr f. Eeltje Douwes Bakker, boer, en Yfke Gerkes Schaafsma.
Bern út it earste houlik:
1 Boukje Hendriks Hellema * 11-4-1858
2 Jetske Hendriks Hellema * 10-5-1863
3 Wyger Hendriks Hellema * 30-6-1864
4 Jantje Hendriks Hellema * 21-7-1865
Bern út it twadde houlik:
5 Ifke Hendriks Hellema * 9-2-1871
6 Eeltje Hendriks Hellema * 14-3-1873
7 Otte Hendriks Hellema, folget VII.1

Soan fan V.2
VI.2 Folkert Wygers Hellema
* 31-10-1827 † 18-1-1863, ûnderwizer te IJsselstein, te Dokkum, letter oan ’e Frânseskoalle op ’e Jouwer, x Constantia Nederveen [] Westermar, De Jouwer
Bern:
1 Jacobus Hellema
, folget VII.2

Soan fan V.2
VI.3 Aaldert Wygers Hellema * Wurdum 20-8-1830 † Wurdum 16-10-1882, klerk te Wurdum; boekhâlder Brânassurânsjemaatskippij, skathâlder Vereeniging tot bevordering Christelijk Nationaal Onderwijs te Wurdum (op 20-3-1868 wurdt troch dy feriening te Wurdum in hûs oankocht fan Pieter Eelzes Hiemstra; 2e skathâlder is dan Hendrik Jacobs Palsma, en 2e foarsitter Andele Jacobs Palsma, achterneven fan Aaldert; keapsom: f 2.000,00), Aaldert is op 19-6-1882 legataris fan in hûs en pakhûs te Wurdum wearde f 5.800,00, legatant is syn suster Tjitske Wygers Hellema; x Ljouwerteradiel 12-4-1862 Maaike Montes van Slooten * Harns 12-5-1835 † Ljouwert 9-1-1912, wennet de lêste 6 moanne foar har trouwen te Ljouwert, yn 1894 te Rotterdam, yn 1894 te Huzum, dr f. Monte Thomas van Slooten, seeman en beurtskipper te Harns, en Stijntje Geerts van der Woude; hja x 2e Leendert Bol, boer.
Bern:
1 Stijntje (Tine) Aalderts Hellema * Wurdum 24-3-1863 † Ljouwert 16-11-1939, wennet de lêste 6 moanne foar har trouwen te Amsterdam, x (har achterneef) Ljouwerteradiel Andele Eelzes Hiemstra * Wurdum, notarisklerk te Wurdum, sn f. Eelze Pieters Hiemstra, sekretary-amtner te Wurdum, en Trijntje Doekeles Andringa
2 Jetske Aalderts Hellema * Wurdum 28-3-1865
3 Wyger Aalderts Hellema
* Wurdum 12-5-1868 † Boeton (Ned. Indië), sersjant Keninklik Ned. Indys Leger
4 Aaltje Aalderts Hellema * Wurdum 22-9-1870 † Hilversum 1942 [] Hilversum, Bosdrift, x Aris Hogenbirk, te Hilversum

Soan fan V.2
VI.4 Andele Wygers Hellema * Wurdum 23-2-1838 † Hallum 28-10-1887, banketbakker te Hallum, x Baarderadiel 11-5-1861 Trijntje Jans Rienstra * Boazum 14-10-1841 † Hallum 31-7-1892, dr f. Jan Ymkes Rienstra, keapman te Boazum, en Gerritje Douwes Bakker (suster fan Tryntsje, sjoch VI.1).


Andele Wygers Hellema. Foto: S. Goudsmit, Folkingestraat, Grins. Kolleksje Hellema

Tryntsje Rienstra. Foto: C.B. Broersma, Ljouwert. Kolleksje Hellema

Bern:
1 Gerritje Andeles Hellema * Hallum 25-7-1862 † dêr 23-10-1890
2 Wieger Andeles Hellema
, folget VII.3
3 Jetske Andeles Hellema * Halllum 7-8-1866 † dêr 16-12-1883
4 Tjitske Andeles Hellema * Hallum 9-7-1868
5 Lykeltje Andeles Hellema * Hallum 14-10-1870
6 Grietje Andeles Hellema * Hallum 27-6-1873
7 Pietje Andeles Hellema * Hallum 1-12-1875
8 Jan Andeles Hellema, folget VII.4
9 Doeke Andeles Hellema * Hallum 25-8-1880 † dêr 13-2-1881
10 Trijntje Elisabeth Hellema * Hallum 28-5-1882 † dêr 8-4-1894

Soan fan V.3
VI.5 Doeke Hellema Hzn, x Janke Diderika Vlaskamp

https://historischcentrumleeuwarden.nl/…/Hellema/autobiografie-doeke-hendriks-hellema

Hellema, Doeke Hendrik – Begraafplaats Groenesteeg

Bern:
1 Magdeltje Hendrika Hellema
2 Gerrit Foppe Hellema
, folget VII.5
3 Hendrik Duco Hellema
4 Aleida Hellema

Soan fan V.3
VI.6 Willem Hellema, boargemaster fan Achtkapspelen, notaris te Damwâld, tsjerkfâd Ned. Herf. tsjerke dêr, Voske Kuipers
Bern:
1 Elsje Diderica Hellema
2 Hendrik Willem Hellema, folget VII.6
3 Dirk Jan Jacob Hellema
4 Dirk Jan Jacob Hellema, folget VII.7

Soan fan V.3
VI.7 Wyger Hellema * Achlum 25-9-1833 † Warkum 31-7-1906 [] Warkum, studzje Teology Unversiteit fan Grins (mei in talage út it Tjaardemalien). Ned. Herf. dûmeny te Eext, 1870 Feerwerd (dêr befestige troch syn sweager Jacobus Smede Sinninghe Damsté), Woldendorp, Abbenbroek, x 27-4-1859 Martha Beekhuis Damsté * Vriescheloo 2-8-1835 † Oude Pekela 12-12-1930 [] Warkum
Bern:
1 Mina Catharina Hellema, x W.F. ten Bokkel, hypteekbewarder te Appingedam, Zutphen en Alphen aan den Rijn
2 Hendrik Doeke Hellema, Ned Herf. dûmeny te Oude Pekela
3 Magdeltje (ek Machteld) Hellema * 26-4-1866 † Arnhem 30-12-1932 [] dêr Moscowa, nr enkel 3382

Soan fan V.3
VI.8 Jan Steven Cloeck Hellema * Achlum 22-4-1842 † Warfhuizen 21-3-1913, Ned Herf. dûmeny te Koekange, 1870 te Akkrum (befestige troch syn broer Wyger), 1881 Warfhuizen x 30-6-1868 Anna Aleida Sinninghe Damsté † Bergen op Zoom 4-1-1928
Bern:
1 Magdeltje Hendrika Cloeck Hellema
* Koekange 5-8-1869 † Ede 1929, x S.J. van Roijen, dir. Homeopatys Sikehûs Utrecht; op inisjatyf wurdt yn 1898 de Vereeninging van Homeopatische Geneesheeren in Nderland oprjochte (yn 1887 4 homeopatise artsen, yn 1902 17)
2 Jan Pieter Cloeck Hellema
* Akkrum 23-8-1870 † dêr 8-7-1871
3 Immina Catharina Cloeck Hellema * Akkrum 12-2-1872
4 Janke Diderika Cloeck Hellema
* Akkrum 26-11-1874 † dêr 15-6-1875 
Hermina Cloeck Hellema
* Akkrum 1872 † Semarang (dêr’t se útfanhuzet by har dochter), x J.Th.N. de Vries Reilingh, notaris te Leens
5 Jan Pieter Cloeck Hellema * Akkrum 19-6-1876 † dêr 14-1-1877
6 Hendrik Willem Cloeck Hellema * Akkrum 20-1-1878 † dêr 6-3-1879
7 Catharina Gezina Cloeck Hellema * Akkrum 27-1-1879, x H. de Jonge, Ned Herf. dûmeny te Peize, Andijk, Kimswert en Bergen op Zoom
8 Lijsbeth Jacoba Cloech Hellema * Akkrum 27-7-1880
9 Martha Christina Cloeck Hellema * Warfhuizen 22-1-1882 † Wassenaar 25-11-1965, x Leens 6-6-1906 Kornelis Heijbroek, * ’s Graveland 1884, sn f. Willem Heijbroek en Cornelia Wilhelmina van de Vijsel; wurksum yn Ned. Indië. Gjin bern.
5 Jan Hendrik Cloeck Hellema, folget VII.8

VII

VII.1 Otte Hendriks Hellema * 21-4-1877 † 11-9-1937, x 21-5-1903 Uilkje Smilde * 1-1-1877 † 30-11-1957.
Bern:
1 Christina Hellema * 6-7-1904 † 3-8-1994
2 Trijntje Hellema * 10-2-1907 † 1986
3 Maria Hellema * 18-9-1908 † 10-11-1992
4 Hendrik Jan Hellema * 11-5-1910 † 17-2-1967, x -5-1935 Cornelia Stouthamer
5 Janette Hellema * 17-1-1916, x Jan Cornelis de Ridder * 9-2-1921

Soan fan VI.2
VII.2 Jacobus Hellema, x Jikke de Vries
Bern:
1 Folkert Hellema
2 Jarich Hellema
3 Jacobus Johannes Hellema
, folget VIII.15

Soan fan VI.4
VII.3 Wieger Andeles Hellema * Hallum 10-5-1864 † Apeldoorn 5-4-1938, banketbakket te Saandam, dir. kristlik mingd sjongkoar dêr, x Maria Jacoba Cornelia Luitingh * 12-6-1868 † 3-9-1938
Bern:
1 Andele Wieger Hellema
, folget VIII.2
2 Jan Cornelis Hellema, folget VIII.3 
* 16-4-1890x 8-4-1916 Aletta Petronella de Kieviet * 2-2-1889
3 Cornelis Arnold Johan Hellema
, folget VIII.4
4 Johan Dirk Anton
, folget VIII.5
5 Herman Jan Hellema
, folget VIII.6

Wieger Hellema en Marie Luitingh, it net alheel wis oft se dit wol binne. Foto: J.J. Bes, Saandam. Kolleksje Hellema  

Wieger Hellema, Marie Luitingh en Andele en Jan. Foto: A. Greiner, Amsterdam. Kolleksje Hellema


Soan fan VI.4
VII.4 Jan Andeles Hellema, banketbakker te Hallum, x Ferwerteradiel 8-10-1903 Fokje AEdzers Hiemstra, dr f. AEdzer Lammerts Hiemstra, timmerman te Hallum, en Fokje Hylkes Posthumus

Soan fan VI.5
VII.5 Gerrit Foppe Hellema x Christina Wilhelmina van der Velden Erdbrink

Soan fan VI.6
VII.6 Hendrik Willem Hellema x Hendrika Helder 

Soan fan VI.6
VII.7 Dirk Jan Jacob Hellema x Wilhelmina Johanna Römer

Soan fan VI.8
VII.8 Jan Hendrik Cloeck Hellema
 * Warfhuizen 13-12-1887 † Bloemendaal 1954, haadynspekteur by de Direkte Belestings te Ljouwert, x 17-11-1913 Frowina Jantina Ebels

Jan Hendrik Cloeck Hellema. Foto: Iconografisch Bureau, Den Haach

Bern:
1 Essina Frouwina Cloeck Hellema
* 27-6-1915
2 Anna Aleida Cloeck Hellema
* 3-11-1917

VIII
Soan fan VII.2
VIII.1 Jacobus Johannes Hellema
, x Jetje Dijkstra

Soan fan VII.3
VIII.2 Andele Wieger Hellema x Alida Cornelia Veen

Soan fan VII.3
VIII.3 Jan Cornelis Hellema 
* 16-4-1890x 8-4-1916 Aletta Petronella de Kieviet * 2-2-1889
Bern:
1 Maria Jacoba Cornelia Hellema x Wim van Aardenne

Soan fan VII.3
VIII.4 Cornelis Arnold Johan Hellema x Antje Blees

Soan fan VII.3
VIII.5 Johan Dirk Anton Hellema x 1 Dina de Boer, x 2 Maria Jacoba Herman

Soan fan VII.3
VIII.6 Herman Jan Hellema x Jacoba Adriana van ’t Lindenhout

 

Wurdt fuortset