GENEALOGY HAADSMA
BYLAGE EARSTE GENERAASJES

KERTIERSTEAT HAADSMA

Undersyk fan drs. Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert.
Dat ûndersyk bout fuort op earder sneupwurk fan Gerben Rientses Wartena en Goasse Doekeles Brouwer, û.o. publiseard yn de Kertiersteat Brouwer-Damsma-Frysk Kertiersteateboek, Fryske Akademy, Ljouwert, 1996 [Genealogysk Wurkferbân] ISBN 90-6171-813-9.
De nûmers hjirûnder binne deselde as yn dy kertiersteat.

 5
-Jantje Rinses Haadsma x Reimer Gerbens Brouwer
-Tane Rinses Haadsma x 1e Aaltje Feijes Reitsma; x 2e Aaltje Arjens Hulstra
-Age Rinses Haadsma
x Rindertje Sybes Osinga
-Frans Rinses Haadsma
x Geertje Sybes Osinga
10 Rinse Ages Haadsma
11 Botje Tanes Faber (Botsje har suster Beitske stiet te boek as Tjeslinga
20 Age Andries
21 Jantje Jans
22 Tane Gerrits ~ Easterbierrum 16-8-1733
23 Froukje Pieters
40 Andries Ages
41 Yttje Melles
42 Jan Gerryts, lidmaat te Seisbierrum op 25-1-1728, x Seisbierrum (3e proklamaasje 5-5-1726)
43 Grietje Haytses
44 Gerrit Jelles ~ Easterbierrum 6-10-1700, yn 1728 boer te Easterbierrum op Haardastate (stim 9), x
45 Antje Tanes ~ Easterbierrum 23-11-1704. Foar Antsy har foarâlden sjoch: Kertiersteat Brouwer-Damsma.
46 Pyter Dirks ~ Tsjummearum 23-6-1702, lidmaat dêr op 1-2-1732, x foar april 1728
47 Beitske Hessels ~ op belidenis Tsjummearum 1-2-1732
88 Jelle Tjeerds, ek Jelle Bakker * foar 1659 † Easterbierrum koart foar 21-3-1716; hy wie yn 1694 noch bakker,  yn 1698 boer op Haerda, stim 9 fan Easterbierrum, tsjerkfâd Easterbierrum 1709 (De Walle 4982). Op 19-7-1692 wurdt Jelle Tieerdts, mr. bakker te Easterbierrum, fâd oer Pier Rienicx; x om 1690 hinne
89 Bottje Anes, docht belidenis as jongfaam Tsjummearum op 29-1-1686.
Wierskynlik is de âldste dochter:
1 Reintje Jelles, x Hendrik Japers ~ Minnertsgea 29-10-1682, boer te Easterbierrum 1749, soan fan Jasper Jacobs en Jetske Hendricks; dochter Jetske ~ Easterbierrum 18-11-1708.
Fierder:
2 Trijntje Jelles, x 1e om 1714 hinne Eelke Annes ~ Seisbierrum 1-1-1694, sn f. Anne Eelkes en Gryttie Jans; 2e om 1717 hinne Claas Jochems (yn 1726 fâd by de nûmers 176/177.4 y dizze kertiersteat), boer te Easterbierrum (syn widdo 1749).
Op 30-3-1735 wurdt styfheit Claes Jochums oansteld as fâd oer Eeltje, weessoan fan Eeltje Annes en Trijntje Jelles. Bern, ~ Easterbierrum eks 1.: Eelke 1715; eks 2.: Saakjen 1718, Bottje ’21, Antje ’23, Jochem ’25, ’26, Jelle ’29, Reintje ’32.
En dopelingen te Easterbierrum (doopboek begjint 1694):
1 Tjeerd ~ 26-5-1695.
2 Ane ~ 18-7-1697, foarfaar fan Jan Taekeles Anema, sjoch Kertiersteat J.T. Anema Genealogysk Jierboekje.
3 Gerryt (yn dizze kertiersteat nr 44) ~ 6-10-1700.
4 Riemer ~ 3-2-1704.
Genealogieonline hat ek noch in soan Nolle Jelgers. De gearstaller dêrfan hat net yn ’e gaten dat Jelger in oare namme is as Jelle. En ek net dat r.k.-minsken yn Boalsert wat oars is as menisten/grifformearden yn Barradiel. De Nolle Jelgers dy’t hy op it each hat is in soan fan Jelger Ippes en Monnyka Nolles, alles r.k. te Boalsert.

90/91 en fierder: sjoch Kertiersteat Brouwer-Damsma.

176  Tieerd Jelles † Easterbierrum maaie/juny 1684, menist, bakker te Wjelsryp, sûnt 1654 te Easterbierrum

Yn 1654[1] keapje Tieerd Jelles en Reyntie Reyns, bakkers, oant dan te Wjelsryp, ‘huysinge, backerije ende backersgereedschappen’ c.a. te Easterbierrum fan Trijntie Claeses, widdo fan Jacob Pyters, te Harns foar 290 goudg.
Yn 1656 (RA BAR V9 58v) binne Symen Simens te Easterbierrum en Antie Sipckes 50 karg. skuldich oan Tiaert Jelles en Reyntie Reyns dêre.
Yn 1658[2] keapje Tieert Jelles en Reyntie Reynties te Easterbierrum hûs c.a. dêrre, sels neistlizzer ten easten, fan Sicke Gatses en Welmoedt Reyners te Tsjummearum foar 360 goudg.
Yn 1662[3] keapje Tieerd Jelles en Reintie Reins te Easterbierrum 3 pm greide, ‘de bosschen’ fan Pals Harckes en Jetscke Douwes te Seisbierrum foar 616 goudg. (n.b. Pals hie dat lân yn 1659[4] kocht foar 224 goud. per pûnsmiet fan ’e erven fan Trijntie Wybes).
Op 16-6-1684 wurdt smakskipper Sipke Johannes te Easterbierrum oansteld as fâd oer de minderjierrige Geertie Tieerds, jongste fan de fjouwer bern fan Tieerd Jelles silger, bakker te Easterbierrum, dy’t op 24-5-1684 testamint makke hie, yn presinsje fan de mearderjierrige soan Jelle Tieerdts.

176 x foar 1654
177  Reintie Reins.
Ut dit houlik:
1 Trijntie Tieerdts, x 1e om 1680 hinne Meindert Wybes; x 2e Jan Freercx.

Op 30-3-1698 wurdt Jan Freercx te Easterbierrum op fersyk fan syn folle omke Jelle Tieerdts te Easterbierrum oansteld as fâd oer Meindert, omtrint 16, weessoan fan Meindert Wybes en Trijntie Tieerdts, beide stoarn.

Ut it twadde boask, ~ Easterbierrum: Reintje 1695, Trijn ’98.
1 Jelle = nûmer  88 yn dizze kertiersteat.
2 N.N.
3 Ge(e)rtie Tieerds, * nei 1659, op belidenis ~ Easterbierrum 4 febr. 1698, x foar 1698 Freerk Nannes, húsman dêr; hy x 2e 1712 Grytie Jans.

Op 31-12-1714 wurdt folle omke Jelle Tieerds, húsman te Easterbierrum, oansteld as fâd oer Nanne, yn syn 10de, en Tieerd, yn syn 6de, weesbern fan Freerk Nannes, húsman te Easterbierrum by Gertie Tieerds silger; de man is op ’e nij troud mei Griettie Jans.
Op 22.1.1726 wurde Claas Joghums en Tjeerd Jelles te Easterbierrum oansteld as fâden oer Nanne en Tjeerd, de bern út it earste houlik fan Freerk Nannes.
Dopelingen te Easterbierrum: Reintje 1699, Nanne 1701, ’03, Tjeerd ’06.

178 Ane Riemers * foar 1619 † koart foar 30 maart 1698; meirjochter fan Barradiel 1655, dyksfolmacht fan Tsjummearum, lidmaat dêr 1678, x 1e Frouck Geles, dochter fan Gele Gerryts te Dronryp; x 3e (tredde prokl. Winaam 18-6-1665) Aafke Jelles.

Yn 1658[5] keapje Aene Riemers en frou te Tsjummearum 4 pm dêr fan de erven fan Gerben Pytters en Maetie Sybes te Peins foar 117 goudg. per pûnsmiet.
NB Yn 1642[6] keapje Gerben Pytters en Maertien Sybes te Peins omtrint ½ pm te Tsjummearum fan de erven fan Jan Fransen foar 57 goudg.
Yn 1666[7] treft Griet Jisbransdr, widdo fan Gerben Gerryts, te Dronryp, as beppe fan de fiif bern ntl. Jisbrant, Gerben, Trijntie, Riemke en Bottie Anes fan har dochter Bottie Gerbens silger, de twadde frou fan Ane Riemers te Tsjummearum, sy, Griet, bystien troch har soan Jisbrant Gerbens en dochtersmannen Foecke Jacobs en Rienck Douwes, in regeling mei widner Ane Riemers dy’t op ’e nij troud is mei Aefke Jelles. De sate fan 70 pm mei fee ensfh. wie, by de eardere skieding mei de bern út it earste houlik mei Frouck Geles, taksearre op 19.600 karg. Aene hie, tegearre mei syn broer Sybe, 6½ pm erfd fan healbroer Eme Riemers. De trije, noch net troude, bern by Frouck Geles komt 3000 karg. ta plus 750 karg. fan harren pake Gele Gerryts. It memmegoed, fan Bottie dus, komt út op 5000 karg., dat is foar elts 1000 karg.
N.B. Gele Gerryts libbet noch yn 1653 yn ’e Puollen ûnder Dronryp. Hy is in broer fan Gerben Gerryts (358).
Op 30-3-1698 wurdt oerienkomstich it testamint fan Ane Riemers silger, húsman te Tsjummearum, dy syn skoansoan Wopke Anes oansteld as fâd oer Tryntie, omtrint 23, en Doutsen, omtrint 22, bern fan Gerrit Anes by syn earste frou Hycke Doeckes, beide ferstoarn, en ek oer Vrouck, omtrint 14, Douwe, omtrint 13 en Hycke, omtrint 10, bern út it twadde houlik fan Gerrit Anes mei Gatske Douwes. Jelle Tieerdts te Easterbierrum wurdt dan oansteld as fâd oer Brechtie, omtrint 15, en Bottie, omtrint 14, bern fan Ruyrdt Haenties by Tryntie Anes silger.
Op 21-3-1716 ferfangt omke Gerben Anes, húsman te Tsjummearum, de ferstoarne Jelle Bakker, húsman te Easterbierrum, as fâd oer de onnoazele Bottie Ruirds, dochter fan Ruird Haantjes silger.
Op 22-3-1729 wurdt Ytte Wopkes húsman te Tsjummearum, oansteld as fâd oer de onnoazele Bottie, dochter fan Ruird Haenties, en oer Dirk, weessoan fan Ysbrand Anes. Beide krigen in legaat fan Gerben Anes.
Op 5-6-1737 wurdt Tjeerd Jelles, húsman ûnder Seisbierrum, oansteld as fâd oer de onnoazele Bottje Ruirds en op 4.6.1738 Ane Jelles, ek húsman ûnder Seisbierrum.
Yn 1698 binne eigners fan Stedda, stim 6 fan Tsjummearum: Gerben Anes ¼, Wopke Anes fanwege syn frou ¼, Jelle Tjeerdts fanwege syn frou Bottje Anes ¼ en Claes Gerrits fanwege syn frou Froukjen Anes ¼. De ‘holtphester’ Tjerck van Heerma is eigner yn 1664.
Yn 1728 binne eigners: Gerben Anes ¼, Wopke Anes fanwege syn dochter ¼, Bottje Anes, widdo fan Jelle Tjeerds, ¼ en Ytte Wopkes fanwege syn frou (dat is Titie Claeses) ¼.

x 2e
179 Bottie Gerbens.
Bern, út it earste boask:

1 Gerryt Aenes † foar 1698, fan Tsjummearum, húsman te Mullum, x 1e (attestaasje fan Minnertsgea 26-5-1669) Hylck Doeckes, fan Minnertsgea, dochter fan Doecke Jansen en Sytske Reinders; x 2e (dan fan Mullum) Winaam 5-8-1683 Gaatske Douwes, fan Winaam. Soan Doecke ~ Minnertsgea 1671, Tryntie 1675, Doutsen 1676; eks 2.: Vrouck 1684, Douwe 1685, Hycke 1688.
2 NN
3 NN
Ut it twadde boask:
4 IJsbrant Aenes, x Geertje Dircks. Dopelingen te Tsjummearum: Dirck 25-10-1691, Dirck 12-2-1693.
5 Gerben Anes, húsman te Tsjummearum 1716, stoarn (koart foar) 1729.
6 Trijntie Anes, x foar 1683 Ruyrdt Haenties. Bern: Brechtie, Bottie. Hy x 2e Imkjen Jans; sy komme mei attestaasje per 15-11-1695 fan Easterbierrum yn Bitgum.
7 Riemke Anes, x Wopke Anes, húsman te Tsjummearum; ien dochter.
Yn 1694[8] keapet Riempcke Anes, frou fan Wopcke Anes, húsman te Tsjummearum, 5 pm bou te Furdgum fan notaris Claes Buckman en fan Bodtie Anes, frou fan Jelle Tieerdts, mr. bakker te Easterbierrum, foar 500 goudg.
8 Bottie = 89.

Ut it tredde boask:
9 Froukjen Anes, x Claes Gerrits. Dopelinge Aafke, Tsjummearum 1696, fierder: Titie.

Genealogieonline jout mem Bottie Gerbens en har fierdere famylje de tanamme Wiersma (letter ek wol Wierstra, it stekt blykber net sa nau). It is wol yn te sjen wêr’t dy kolder wei komt. De soan Gerben Anes is fertiisd mei dy syn neef/nammegenoat fan Seisbierrum, dy’t him by houlik Wiersma neamt. Us Gerben hat lykwols wierskynlik nea net troud west, hie te’n minsten gjin bern. It leit dan mear foar de hân om de folsleine famylje fan heit Ane Riemers ek mar Wiersma te neamen, mar der is by Genealogieonline foar keazen om dat mei de famylje fan de mem te dwaan sadat dy famylje moai oansletten wurde koe oan in (ek fiktive?) famylje Wierstra yn Grou of dêromtrint.
Myn grutste probleem by dit folk wie de fraach of Bottie Anes (89) no út it twadde of tredde boask kaam. Wy moatte fansels mei har mem net op in ferkeard spoar útkomme. Mei de fynst fan ’e akte fan 1666 waard dúdlik dat der yn alle gefallen in Bottie wie út it twadde boask. Wie dy Bottie miskien jong stoarn sadat der út it tredde boask op ’e nij in Bottie kaam is? Dat sil net it gefal west hawwe. Bottie eks 2. libbe noch yn 1666. As der in twadde Bottie kaam wie, dan wie dat net foar 1667/68. En dat is dochs wol ryklik let foar in famke dat yn jannewaris 1686 belidenis docht.

354 Reyn Douwes, x
355 Geertyn Jelmers; sy x 2e 1634 Tierck N.

Op 2-7-1634 wurdt Nanning Cornelis oansteld as fâd oer Reyntyn, weesdochter fan Reyn Douwes silger by Geertyn Jelmers.
NB 1632[9] Namme Cornelis en Griet Euerts te Tsjummearum. Ek 1628.
Fierder miskien fan belang:
Yn 1622[10] keapet Jelmer Sybez te Sint Jabik hûs etc. útsein de ‘backovens’ fan Meynert Johannes, mr. bakker te Minnertsgea foar 400 goudg. Keaper mei it hûs oan in bakker trochferkeapje.
Yn Barradiel libbet in Jelmer Sybes dy’t wierskynlik nochal wat jonger is, troud om 1630 hinne. Wat dat betreft kin dy keaper fan 1622 in oaren en âlderen-ien west hawwe. Om’t wy hjir de kombinaasje Jelmer/bakker oantreffe dochs mar efkes yn ’e efterholle hâlde as moochlike heit foar Geertyn. It liket net ûnmoochlik dat Tierck en Geertyn nei Wjelsryp rekke binne. Tierck heart net ta de famylje Remeda dêre.

Bern:
1 Reintje = 177.
2?  miskien Hendrick, weessoan fan Reyn Douwes, op 3-4-1631 troch Claes Riurs ~ te Seisbierrum.
Ut har twadde boask:
3 Jelmer Tierckx, weinmakker, fan Tsjummearum, x (attestaasje fan Frjentsjer 8-11-1660) Lolck Siouckes, fan Frjentsjer.
Op 21-1-1680 wurdt oantroude omke Tieerd Jelles, menist, bakker te Easterbierrum, oansteld as fâd oer Sioucke, yn it 18de jier, iennichst weesbern fan Jelmer Tiercx en Lolck Siouckes te Tsjummearum, beide stoarn.

356  Riemer Anes, te Furdgum, stoarn koart foar 6.4.1647, x 2e Houckie Sybedr; x 3e Furdgum (tredde prokl. Wommels juny 1629) Tetske Imes; x 4e Itscke Jans (sy x 2e Poppe Jans), x 1e
357  Hill Olpherts † tusken 1616 en ’19.

Yn 1616[11] keapje Riemer Aenes en Hill Olfertsdr te Furdgum 1 pm 2 eins bou dêrre fan de (in hiele swik) erven fan Jouck Douwedr te Easterbierrum foar 70 goudg.
Op 13-2-1628 wurde de oantroude sibben Riemer Anes te Furdgum en Minck Jansen te Tsjummearum oansteld as fâden oer Pyter Doedes, yn syn 20ste, en Brecht Doedes, omtrint 14. Sjoch fierder ûnder 1430/31-3.
Yn 1625[12] keapje Riemer Anes en Houckie Sybedr te Furdgum 9 pm dêr fan Rintse Ottis en Ebel Wybedr te Tsjummearum foar 190 goudg. (it pm); dyselde deis keapje Gerben Anes en Trijn Pyters te Furdgum 4 pm bou dêr fan harren foar 117 goudg. it pûnsmiet.
Houckie (wy kenne no lang om let har namme) komt fan Berwert/Sweins, hat in broer Andries en suster Maertie:
Yn 1643[13] is Gerben Pyters yn Peins, widner fan Tyedtske Jueckesdr, op ’e nij troud mei Maertie Sybesdr.
Op 8-4-1661 wurdt op it gritenijhûs it testamint toand fan Gerben Pyters silger en Maertien Sybes yn Peins fan 15.6.1653 dêryn hja der op oanstean dat Pyter Gerbens en Sybe Riemers yn Furdgum fâden wurde sille oer Tieske en Sybe, de weesbern fan harren broer Andries Sybes. Mei ynstemming fan steeheit Feycke Jobs wurdt no Sybe Riemers oansteld as fâd.
Yn 1661[14] oerleit Sybe Reymers yn Furdgum, ien fan de fâden oer Sybe en Tieske, de weesbern fan Anderies Sybes yn Sint Jabik, in rekken fan syn behear fan de neilittenskip fan harren muoike Marrytie Sybes, lêst frou fan Gerben Pyters yn Peins. Neffens it resiproke testamint fan Gerben en Marrytie erfje dy weesbern ¼ fan 22 pm 11 eins yn Berwerder sate yn Sweins. Sybe Reymers, dy’t foar de helte erfgenamt wie fan Marrytie Sybes, hie 200 goudg. oan legaten útkeard oan Jucke Gerbens en Houckien Rimmers en fanwege de weesbern wie 100 goudg. útbetelle oan Houckien Rimmers.
Sybe Riemers wie foar de helte erfgenamt fan Maertie-muoi en dêrmei stiet fêst dat hy de iennichste soan wie út Riemers twadde boask mei Houckie.
Yn 1630[15] keapet Riemer Aenez te Furdgum 3 pm bou te Minnertsgea fan Hobbe Andrys te Tsjom en Philips Philipsz te Sint Jabik foar 174 goudg. per pûnsmiet.
Yn 1632[16] keapet hy 1 pm 8 eins te Tsjummearum fan Otto Rinses (silger?) te Kleaster Lidlum foar 225 goudg. en 5 pm fan Focke a Rommerts foar 245 goudg. per pûnsmiet.
Yn 1640 is Riemer Anes eigner en brûker fan Haytsma sate, stim 4 fan Furdgum. Eigners yn 1698 binne: Lolckjen Wiltjes ½, Abeli van Echten te Ljouwert 1/8, Ipe Jentjes, Riemerus Jentema en Jan Jentjes 1/8, Jan Riemers 2/3 fan 1/8, Ype Jentjes c.s. 1/3 fan 1/8 en Van der Laen te Weidum, Pyter Hendriks en Jancke Meinders it lêste 1/3 (lês: 1/8) part.
Yn 1640 is Riemer Anes eigner en brûker fan stelle 10 fan Furdgum; Gerben Anes widdo is dan boerin op stim 5 dêre.
Yn 1659[17] meitsje Houckien Riemers, frou fan Jentie Yppes, en Aene en Sybe Riemers as fâden oer Jan, Riemke en Jan Riemers en Cornelis Cornelis, widner fan Tetske Riemers, bern fan Riemer Aenes silger by Itske Jansdr te Furdgum in skieding mei mem Itscke, no op ’e nij troud mei Poppe Jans. De sate te Furdgum fan omtrint 40 pm dêr’t Poppe en Itscke no buorkje komt oan Itscke foar ½ en oan de bern foar ½. Ynbring fan Poppe wie 900 goudg., ynbring fan Ytske de helte fan neamde sate. Yn 1663 sil it jongste bern 18 jier wurde.
Yn 1664[18] oerlizze Ane en Sybe Riemers, bruorren te Tsjummearum en Furdgum, in rekken fan harren fâdij oer healbroer de jongste Jan Riemers en Riemcke Riemers sûnt 1660. Dy twa hiene erfd fan harren healbroer Yme Riemers en folle broer en suster Jan Riemersz de oldste en Taetske Riemersdr. Skieding fan it goed fan oldste Jan wie op 12-7-1660. Riemke is no frou fan Folckert Jansen, jongste Jan is 19 jier, wurdt sterke troch steeheit Poppe Jansen. Hy kiest syn sweager Jentie Ippes, weinmakker te Wytmarsum, as nije fâd.

Bern, út it earste boask:
1 Ane = 178.
Ut it twadde boask:
2 Sybe Riemers, te Furdgum. Hy x foar 1661 Gretske Gerbens, * om 1631 hinne, dochter fan Gerben Pyters en Tydtske Jueckes (sjoch Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema: www.erfgoed-fundaasje.nl)

Yn 1658[19] Sybe Riemers te Furdgum.
Yn 1666[20] wurdt te Furdgum de neilittenskip beskreaun fan Sibe Riemers; widdo Gretske Gerbens is op ’e nij troud mei Marten Gerbens. Ane Riemers te Tsjummearum en Jentie Ippes te Wytmarsum komme op foar it iennichste bern Riemer Sybes; present binne Poppe Jansen te Furdgum en Pyter Gerbens te Stiens, broer fan Gretske.
It weesbern komt ½ ta fan 6½ pm bou te Tsjummearum dat heit Sibe erfd hie fan syn healbroer Ime Riemers (Ane Riemers erfde de oare helte), ¼ fan sawat 23 pm yn Berswerder sate te Sweins, neilitten troch Maertie Sybes (wylst ek Gretske Gerbens 1/6 fan dy 23 pm erfd hie).
By skieding fan 6-4-1647 tusken de erven fan Riemer Aenes wie heit Sybe 3559 goudg. tafallen fan syn mem en beppe en 802 goudg. fan syn heit; fan syn healbroer Eme hie Sybe noch 71 goudg. erfd. Ynbring fan Gretske Gerbens wie neffens akte fan 11-7-1650 1210 goudg. fan har memmediel. Har heit buorke te Peins (eigner fan in pleats dêre?).
De soan Riemer Sybes, lânmjitter te Dronryp, x foar 1677[21] Siouckien Sioerds.
Yn 1681[22] keapje Riemer Sybes en Siouckien Sioerds te Dronryp 2 pm yn in stik fan 6 (dêr’t hja al eigners binne fan 4) fan Marten Gerbens te Tsjummearum foar 110 goudg.

Ut it tredde boask:
3 Ieme Riemers * om 1631 hinne †1655.

Yn 1648 wurdt Aene Riemers oansteld as fâd oer syn broer Eme Riemers, 17 jier.
Yn 1655[23] oerleit Ane Riemers in rekken fan syn fâdij oer healbroer Ieme Riemers, no folwoeksen. By skieding kaam it bern 7402 goudg. ta plus foar 5300 goudg. oan lannen. Der wiene yn 1654 sân jier oan hierynkomsten.
Yn 1655[24]  ferdiele Aene Riemers, meirjochter fan Barradiel, Sybe Riemers en Itscke Jans as mem fan Houck, Tietscke, Jan, Riemcke en noch in Jan by Riemer Aenes silger de neilittenskip fan harren ferstoarne broer Ieme Riemers. Itscke is no frou fan Poppe Jans; Gerben Pyters te Peins en Claes Jansen te Bitgum binne fâden oer har fiif bern by Riemer. Fêstgoed fan de ferstoarne: 1 pm te Wommels, 4 pm te Penjum, 6½ pm te Tsjummearum en 9 pm te Furdgum.

Ut it fjirde boask:
4 Houckien Riemers † foar 1682, x Jentie Yppes, weinmakker 1664 en húsman 1672 te Wytmarsum. Bern: Ipe, Riemerus en Jan Jentjes.
5 Tetscke Riemers † foar 1659, x Cornelis Cornelis; gjin bern.
6 Jan Riemers, berne nei 1634 † sûnder bern yn/foar 1660.
7 Riemcke Riemers † foar 1682, x 1e Folckert Jansen, te Tsjummearum † foar 1672, soan fan Jan Folckerts en Jeltie Scheltes; x 2e (att. fan Ingelum 19.1.1673) Rienick Tjercks, fan Ingelum, te Tsjummearum.

Yn 1672[25] lient Riempke Riemers, widdo fan Folckert Jansen, te Tsjummearum 400 karg. fan Gerben Laessen en Hincke Seerps dêrre; datselde jier lient hja jitris 1000 karg. fan Rinse Johannes Roorda en Douwtien Bauckes te Tsjummearum.
Yn 1672[26] wurdt de neilittenskip beskreaun fan Folckert Jansen; widdo Riempke Riemers is op ’e nij troud mei Rienicx Tiercx. Oantroude omkes Wybe Ulbes en Jacob Reinders (x Tietie Jans) te Almenum wurde fâden oer Gretie, 9, en Jan, yn syn 5de, Folckers. Jan Riemers, húsman te Furdgum is omke. Beskreaun wurdt sulverwurk mei ynisjalen FJ en RR mei harren wapens. Brûkt wurde in sate fan 121 pm.

8 Jan Riemers, berne om 1645 hinne, húsman op Haytsma sate te Furdgum.

Yn 1672[27] keapet Jan Riemers, frijfeint te Foudgum, 3 pm yn syn sate dêr’t earder Poppe Jansen en frou wennen, fan Jentie Ippes, húsman te Wytmarsum, en fan Rempke Riemersd, widdo fan Folckert Jansen, te Tsjummearum; 6 pm fan Jentie Ippes as heit fan syn bern by Houckien Riemers en 5½ pm fan syn suster Riempcke Riemers, alle oankeapen foar 200 goudg. per pûnsmiet.
Yn 1674[28] keapet dyselde Jan 5 pm yn syn sate fan Riemcke Riemers, frou fan Rienck Tieercx, te Tsjummearum foar 142 goudg. per pûnsmiet.
Yn 1678[29] lient Jan Riemers, húsman te Furdgum, 600 karg. fan Rinse Johannes Roorda en Douwtien Bauckes te Tsjummearum. Yn de marzje: is ôfbetelle yn 1682 troch de keapers fan Jan syn lân en oanpart huzing.
Yn 1682[30] keapet Lolckien Wilties, widdo fan Sipke Sipkes Sasma, ¾ sate te Furdgum fan 40 pm neamd Haitsma mei oanpart fan de huzing (it oare ¼ part heart ta oan Jentie Ipes fanwege syn bern, oan de bern fan Riempke Riemers en ferkeaper) fan Jan Riemers, húsman te Furdgum, foar 180 goudg.
NB tikje slordige akte, liket it. De priis sil wol 180 goudg. per pûnsmiet west hawwe. It is ek mar de fraach of hja wol ¾ kocht en net ¼. Yn 1698 besit sy de helte fan ’e pleats.

358  Gerben Gerryts, te Dronryp, x
359  Griet Jisbransdr.

Yn 1681[31] wurdt te Dronryp de neilittenskip skieden fan Griet Ysbrands, widdo fan Gerben Gerrits, tusken Wietse Ruurds te Dronryp as fâd oer bernsbern Botje Fokes, Ane Riemers te Tsjummearum, Antje Ysbrand Gerbens’ widdo te Furdgum en Herre Douwes te Menaam as fâd oer de wezen fan Rienk Douwes.

Bern:
1 IJsbrant Gerbens, te Furdgum, x Dronryp 28.5.1671 Antie Cornelis, fan Jelsum, dochter fan Cornelis Pieters en Griet Atzes;[32] sy x 2e 1684 Gerrit Gerrits.

Op 6.10.1684 wurdt memme’ broer Pyter Cornelis, húsman te Minnertsgea, oansteld as fâd oer de fiif bern fan Antie Cornelis by IJsbrant Gerbens silger te Furdgum; sy op ’e nij troud mei Gerrit Gerrits, yn presinsje fan neiste sibbe Aene Riemers, erfgeseten te Tsjummearum. 

2 Sieuwke Gerbens, x Frjentsjer 23-3-1659 Foecke Jacobs, te Dronryp.

Yn 1678[33] wurdt Wietse Ruurds te Dronryp oansteld as fâd oer Botje, yn har 11de jier, weesdochter fan Foeke Jacobs te Dronryp by Sieuwke Gerbens silger.
Yn 1685[34] oerleit Wietse Ruurds te Dronryp de ôfrekken fan syn fâdij oer Botje, dochter fan Foeke Jacobs silger, no frou fan Andries Jorisz.

3 Tjaardje Gerbens, x om 1662 hinne Rienck Douwes, te Boksum.

Yn 1679[35] wurde de omkes Ysbrand Gerbens te Furdgum en Hero Douwes te Menaam oansteld as fâden oer Griet, yn har 16de, en Gerben, yn syn 12de, weesbern fan Tjaartje Gerbens silger by Rienk Douwes te Boksum, dy’t op ’e nij troud is mei Frouk Jans. Weesrekken yn 1681.[36]

4 Bottie = 179.

712 Ane N., x
713 N.N.

Op 1-2-1625 wurde Heyn Duyckes en Jacob Pyters te Tsjummearum en Riemer en Gerben Anes te Furdgum oansteld as fâden oer de wezen fan Jan Nysies te Tsjummearum.
NB Heyn Duyckes [Sinaeda] en Bauck Jentiedr te Tsjummearum 1627.[37]
Jacob Pyeters x foar 1620 Aefcke Folckerts (JTA Wiersma).

Yn 1630[38] keapje Gerben Aenes en Trijn Pitersdr te Furdgum 9 pm 8 eins dêr en keapet Riemer Aenes te Furdgum 8 pm 9 eins dêr fan Dyrck Rinckez, meirjochter fan Barradiel, en Aecht Cornelisdr te Minnertsgea foar 186 resp. 205 goudg. (per pûnsmiet, tink).
Riemer en Gerben Anes kochten faker tagelyk besit en tegearre wiene hja yn 1625 fâd. Dêrmei stiet no wol fêst dat hja twa bruorren binne.

Bern:
1 Riemer = 356.
2 Gerben Anes, te Furdgum † foar 1640, x Trijntie Pyters.

Yn 1667[39] skieding tusken de erven fan Gerben Anes en Trijntie Pyters: Ane Gerbens, Tethie Gerbens, frou fan Claes Claessen, te Furdgum, Jan Gerbens te Minnertsgea, Marten Gerbens te Dronryp en Gerben Gerbens te Furdgum. Yn 1666 wie boelgoed holden.

In soan is:
Aene Gerbens, x foar 1657 Attie Pytters, te Seisbierrum. Bern: Gerben, Tieerdt, Leucke, Rienick, Riemer, Pytter, Gerben. Yn 1698 eigners fan Ottema, stim 8 fan Seisbierrum.

Yn 1663[40] keapet Ane Gerbens, húsman te Seisbierrum, 1 pm dêrre fan Hendrick Beerns te Frjentsjer foar 240 goudg. en (yn nearkeap) 4½ pm dêr fan Douwe Sipkes te Easterbierrum foar 200 goudg. it pûnsmiet.

714 Olphert Nannez, te Furdgum † tusken 1610 en ’19, x foar 1585
715 Trijn Pietersdr.

Op 13-5-1619 wurde de omkes Cornelis Jelles te Minnertsgea en Sybren Pieters te Tsjummearum oansteld as fâden oer Gerben, yn syn 20ste, en Folcku, yn har 18de, Olpherts ta skieding mei de oare erven fan Olphert ntl. Pieter Olpherts, Aeff Olpherts, frou fan Fem Cornelisz, en Ane Riemers, soan fan Riemer Anes by Hill Olpherts silger.

Bern:
1 Hill = 357.
2 Pieter Olpherts.

Op 25-9-1620 wurde op It Bilt de neven Tyaert Jelles en Pyter Olpherts te Tsjummearum oansteld as fâden oer Lolcke, 16, Folckou, 14, en Pyter, weesbern fan Jelle Lolckes en Taets Pyters. Sjoch fierder 1430/31.4.
Dy Tyaert Jelles kin pake west hawwe fan ús Tjeerd Jelles (176, ik tink fan net).

3 Aeff Olpherts, x om 1611 hinne Fem Cornelisz; x wierskynlik 2. gerjocht It Bilt 19.11.1627 Symen Ariens.[41]

Op 8-5-1626 wurde op It Bilt Daem Cornelis Femmes en Pyter Olpherts oansteld as fâden oer Sibbel, yn har 14de, mei fanwege har twa jongere bruorren, en Maek, 12 jier, weesbern fan Fem Cornelis en Aecht (lês Aeff) Olpherts.
Op 15-4-1633 wurdt (op It Bilt) sweager Jacob Lenerts oansteld as fâd oer Olphert, yn syn 13de jier, weessoan fan Fem Cornelisz en Aeff Olpherts. Sweager Arien Cornelis Gelder ferfangt dyselde dei Daem Cornelis en Pyter Olpherts as fâden oer syn folle broer Cornelis, 17. 
Jacob Lenerdts, x Froubuorren 14.6.1629 Sibbel Femmesdr.
Aeryen Cornelis Gelder, x Froubuorren 21.5.1631 Maeik Femmesdr.
NB Der is earder, ik leau troch R.S. Roarda, alris stúdzje makke fan de Femmes-famylje fan It Bilt. Min werom te finen.

4 Gerben Olpherts, berne om 1600 hinne.
5 Folcku Olpherts, berne om 1602 hinne.

NB In Folcku Olphertsdr, fan Wytmarsum, x gerjocht Wûnseradiel 15-11-1621 Gerben Mircks. Sy is nammegenoat, dochter fan Olphert Dircx en Taets Sickes.
Noch ien kear dy genealogieonline, dan haw ik myn bekomst. Gearstaller hat ûntdutsen dat ek yn Poppenwier yn dy tiid in Olphert tahold en dat hat er skerp sjoen. Dy man hie blykber te krijen mei kleaster Engwerd, haw ik my no net yn ferdjippe, dus dat is goed foar in kreaze skaainamme. Dus hat er dit folk út de omkriten fan Furdgum mar út Poppenwier komme litten. Hat der fansels gjin weet fan dat Poppenwier en Furdgum twa nochal ferskillende doarpen binne.
It bliuwt oars opfallend dat gearstallers werjefte fan de kertieren fan Bottie Anes fierder aardich sekuer is. It is my net dúdlik wurden wer’t er dat wei hat. Miskien fan frou Poelstra-Faber; dy hat yn ’e tachtiger jierren wol mei dit folk yn de ’e slach west.

716 Gerryt Gales, x
?717 Siu Gerrytsdr. Sy x 2e foar 1616 Jacob Martens. Sy kin in twadde frou west hawwe.

Yn 1616[42] wurdt te Dronryp de neilittenskip beskreaun fan Gerryt Gaelez. Bientze Riuerts Bantert en Albert Outgers binne fâden oer de bern; widdo Siu Gerrits is op ’e nij troud mei Jacob Martens.
Yn 1617 en 1620[43] oerlizze Biense Ruerdtz Bantert en Albert Outgers rekkens fan harren kuratele sûnt 16.11.1616 oer de bern fan Gerrit Gales te Dronryp.
Yn 1628[44] oerlizze Gerben en Gaelle Gerryts in rekken fan harren fâdij sûnt 13.3.1623 oer harren susters Antie en Rixt. Antie x foar 1629 Lickle Pieters; Rixt is stoarn foar 8.11.1637, frou fan Jan Claessen.

Bern:
1 Geele Gerryts, heit fan Frouck Geeles (sjoch 178/179).
2 Gerben = 358.
3 Antie Gerryts, x foar 1629 Lickle Pieters.
4 Rixt Gerryts † foar 1637, x Jan Claessen.

1430 Pieter Eemckes, x
1431 Folcku N., widdo Tsjummearum 1585.

Yn 1585 (HvF YY15 89, net ynsjoen) Folcku, widdo fan Pieter Eemckes, te Tsjummearum en Olphert Nannez mei syn frou.
Yn 1602[45] keapje Olfert Nannez en Trijn Pietersdr te Furdgum 4 pm 7 eins siedlân te Minnertsgea fan Here Johannesz en Beyts Pietersdr te Tsjummearum foar 483 goudg.
Yn 1605[46] keapje dyselden ¼ fan 17 pm te Minnertsgea fan Sibren Pieterz, Hero Jansz, Doede Pierz en Jelle Lolckez fanwege harren frouwen Beyts, Brecht en Taets Pieters foar 746 goudg.

Ut dit houlik:
1 Trijn = 715.
2 Beyts Pietersdr, x om 1601 hinne Here Johannesz/Jansz, te Tsjummearum.

Op 11-1-1620 wurde Jaen Cornelis Lamminga te Tsjummearum en Jan Wybrens oansteld as fâden oer Pieter, yn syn 19de, en Folcku, yn har 16de, Heeris yn plak fan de ferstoarne Sybren Pieters (widdo is Joost Nannedr).

3 Brecht Pieters, x om 1598 hinne Doede Pierz.

Mooglik: Doede Piers te Peins 29-8-1602 (RA BAR E5), dan 32 jier.
Op 11-1-1620 wurdt Rentse Rentses Roordema te Tsjummearum, menist, oansteld as fâd oer Tryn, yn har 22ste, Pieter en Brecht Doedes yn ferbân mei it ferstjerren fan Sybren Pieters, dy syn widdo is Joost Nannedr.
Op 13-2-1628 wurde de oantroude sibben Riemer Anes te Furdgum en Minck Jansen te Tsjummearum oansteld as fâden oer Pyter Doedes, yn syn 20ste, en Brecht Doedes, omtrint 14.

4 Taets Pieters, x 1. om 1603 hinne Jelle Lolckez; x 2. stêdhûs Ljouwert 1.2.1615 Jurien Halbes (dan te Britsum/Stiens).

Op 25.9.1620 wurde op It Bilt de neven Tyaert Jelles en Pyter Olpherts te Tsjummearum oansteld as fâden oer Lolcke, 16, Folckou, 14, en Pyter, weesbern fan Jelle Lolckes en Taets Pyters, beide stoarn; styfheit is Jurien Halbes.
Folckou Jelles x Minck Jansen, boer op stim 27 fan Tsjummearum.

5 Sybren Pieters † foar 1620, x Joost Nannedr (suster fan Olphert?).

Yn 1610[47] keapje Olfert Nannez en Trijn Pietersdr te Furdgum ¼ fan 5 stikken lân te Minnertsgea fan Sibren Pieters en Joost Nannedr te Tsjummearum foar 271 goudg.
Proklamaasjes BAR trochlêzen 1600 o/m 1632 (Q5 160) en 1651 (Q6 206) o/m 1685 (Q9 65).

[1] RA BAR Q7 2v.

[2] RA BAR Q7 94v.

[3] RA BAR Q7 242.

[4] RA BAR Q7 134.

[5] RA BAR Q7 93.

[6] RA BAR Q6 220v.

[7] RA BAR O2 375.

[8] RA BAR Q10 57.

[9] RA BAR Q5 116, Q4 197.

[10] RA BAR Q4 56.

[11] RA BAR Q3 51.

[12] RA BAR Q4 146v.

[13] RA FRL Y2 531.

[14] RA FRL AA3 232.

[15] RA BAR Q5 20v.

[16] RA BAR Q5 94, 94v.

[17] RA BAR O2 50.

[18] RA BAR O3 39.

[19] RA BAR Q7 82.

[20] RA BAR O2 356v.

[21] RA MEN I46 1.

[22] RA BAR Q8 436.

[23] RA BAR O1 370.

[24] RA BAR O1 383.

[25] RA BAR V12 62, 71v.

[26] RA BAR O3 291.

[27] RA BAR Q8 205v, 206.

[28] RA BAR Q8 256v.

[29] RA BAR V12 71.

[30] RA BAR Q8 442v.

[31] RA MEN I32 412.

[32] De Jelsumer Hoekstra’s 31.

[33] RA MEN I31 73.

[34] RA MEN I35 84.

[35] RA MEN I31 515.

[36] RA MEN I32 241.

[37] RA BAR Q4 183. Ook 1630 BAR Q5 37v, 78.

[38] RA BAR Q5 20, 21, 21v.

[39] RA BAR O4 11.

[40] RA BAR Q7 242, 248.

[41] GJb 2009 226.

[42] RA MEN I4 334.

[43] RA MEN I4 629, I6 339.

[44] RA MEN I10 197.

[45] RA BAR Q1 47v.

[46] RA BAR Q1 112.

[47] RA BAR Q2 60v.