HAADSMA
FRAGMINT GENEALOGY

Gearstaller: Goasse Doekeles Brouwer (ôfstammeling fan III1) 
Oan in wiidweidich genealogys oersjoch wurdt wurke. Op termyn komt der in Ingelse fertaling.
Oangeande foarâlden sjoch ek: Frysk Kertiersteateboek, Kertiersteat Brouwer-Damsma, Fryske Akademy, Ljouwert, 1996 en de Bylage Earste generaasjes-Genealogy Haadsma

Eventually this Haadsma-genealogy will be translated into English. Improvements and additions are very welcome.

GENERAASJE I
Andries Ages
x Yttye Melles ~ Easterbierrum 2-8-1704, dr f. Melle Rieniks en Rinske Cornelis
Bern:
1 Trijntje Andries ~ Minnertsgea 10-1-1723
2 Lysbet Andries ~ Easterbierrum 4-11-1725
3 Rinske Andries ~ Easterbierrum 11-4-1728
4 Aage Andries ~ Easterbierrum 23-10-1729
5 Aage Andries ~ Easterbierrum 19-9-1734
6 Age Andries, sjoch II

GENERAASJE II
Age Andries ~ Easterbierrum 30-9-1736 † dêr 23-2-1806
x 1e Pitersbierrum 13-5-1764 Jantje Jans ~ Seisbierrum 27-10-1737 † Easterbierrum 14-12-1779, dr f. Jan Gerrits en Grietie Haytses
x 2e Easterbierrum 29-7-1781 Pijtje Jelles, fan Winaam; yn 1816 rintenierske te Easterbierrum
De bern út dizze húshâlding nimme yn 1811/12 allegearre de namme Haadsma oan.
Bern út it earste houlik:
1 Yttje Ages Haadsma ~ Easterbierrum 23-6-1765 † Seisbierrum (hûsnr 33) 10-6-1825, x Johannes Berends Steensma, timmerfeint te Seisbierrum
2 Grietje Ages Haadsma ~ Easterbierrum 31-1-1768, x Easterbierrum 1790 Gerrit Jelles
3 Andries Ages Haadsma ~ Easterbierrum 17-12-1769 † Seisbierrum 20-12-1806; by namme-oannimming ynskreaun as Haatsma;
x 1769 Jaike Pieters † Easterbierrum 7-10-1818, dr f. Pieter Freerks en Geertje Willems
4 Jan Ages Haadsma * Easterbierrum 7-1772 ~ dêr 26-7-1772 † dêr (hûsnr 39, ‘leggende met zijn scheepje te Oosterbierum’) 22-6-1812, potskipper
5 Rinze Ages Haadsma , sjoch III
Bern út it twadde houlik:
6 Rinske Ages Haadsma * Easterbierrum 21-2-1783 ~ dêr 23-3-1783, x Easterbierrum 1805 Ale Alderts
7 Neeltje Ages * Easterbierrum 21-2-1783 ~ dêr 23-3-1783
8 Klaas Ages Haadsma * Easterbierrum 25-8-1791 ~ dêr 9-10-1791 † dêr (hûsnr 55) 14-4-1855, yn 1819 arbeider te Easterbierrum, yn 1829 keapman, yn 1847 beurtskipper, yn 1852, ’55 skipper
x Barradiel 19-5-1819 Klaasje Jarigs Donker, yn 159, ’64 sûnder berop te Easterbierrum, dr f. Jarig Jobs en Lieuwkje Annes
9 Lysbeth Ages Haadsma * Easterbierrum15-10-1794 ~ dêr 9-11-1794 † dêr (hûsnr 2) 14-12-1867
x Barradiel 12-12-1821 Tæke Baukes Tækema, yn 1821 koaltsjer (= ferbouwer fan koal , in beneaming fan it berop túnder, spesjaliseard yn koal) te Easterbierrum, yn 1867 dêr arbeider, sn f. Bauke Tækes Tækema, koaltsjer te Easterbierrum, en Jeltje Lolles

GENERAASJE III
Rinse Ages Haadsma * Easterbierrum 26-6-1776 † Doniastate Menaam ûnder Bitgum 8-9-1826, 1806 te Easterbierrum, 1808 te Minnertsgea, sûnt 1816 boer op Doniastate (earder Hemmemastate) te Menaam ûnder Bitgum (it stee wurdt no neamd: ‘Achte binnen de Poarte’); diaken en âlderling te Bitgum
x Easterbierrum 27-5-1804 Botje Tanes Faber (Botsy har suster Beitske stiet te boek mei de achternamme Tjeslinga) * Easterbierrum 21-2-1775 † Doniastate Menaam ûnder Bitgum 24-12-1835, dr. f. Tane Gerrits en Froukje Pieters, bernsbern fan Gerrit Jelles, boer op Haarda ûnder Easterbierrum (stim 9), en Antje Tanes.
Sjoch bylagen: Kertiersteat Botsy Taans Faber en Genealogy fan Gerryt Jelles.
Oerbernsbern fan Jelle Tjeerds, ek Jelle Bakker * foar 1659 † Easterbierrum koart foar 21-3-1716, hy wie yn 1694 noch bakker, yn 1698 boer op Haerda, tsjerkfâd Easterbierrum 1709 (boarne: De Walle 4982), x om 1690 hinne Bottje Anes, docht belidenis as jongfaam te Tsjummearum 29-1-1686.
Sjoch foar fierdere foarâlden ek: Haadsma-Bylage earste generaasjes.

HAADSMA NAMME 2

Register fan Famyljenammen Minnertsgea, Furdgum, Tsjummearum (Tresoar, argyfnr 29, ynvintarisnr 0048). Rinse Ages nimt de namme Haadsma oan:
Voor ons Maire der Gemeente van Minnertsga, Canton Frane
ker,  Arrondissement Leeuwarden, Departement Vriesland, gecom
pareerd zijnde Rinse Ages wonende te Minnertsga, heeft dezelve ver
klaard dat hij aanneemt de naam van Haadsma voor familie
naam dat hij heeft het volgend getal zonen en dochters te weten
Tane oud drie Jaren, Age oud drievierde Jaar en Jantje oud zes Jaren,
wonende alle bij den Comparant in huis en heeft deze met ons verte
kend den drieentwintigsten Augustus Achttienhonderttwaalf.

          Rinse Ages Haadsma
Bij Abzentie van de Maire
S.P. Anema Adjunct Maire [Seerp Pieters Anema]

De namme Haadsma is wierskynlik ûntliend oan de pleats Haarda ûnder Easterbierrum.
De r wurdt yn ’t Frysk yn dit klankfermidden net útsprutsen (fergelykje: hurdrinne), dat ferklearret Haadsma sûnder r. (In Bitgumer deagraver woe dit ‘manko’ ferhelpe en plichte yn it grêfregister Haardsma te skriuwen.)

Bern:
1 Jantje Rinses Haadsma * Easterbierrum 7-1-1806 † Skrâns ûnder Huzum (hûsnr 143) 2-12-1878 [] Bitgum r. 16, gr. 3; nei de dea fan har man rintenierske yn ’e Skrâns ûnder Huzum
x Menameradiel 12-11-1828 Reimer Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28-12-1802 † Sjoelemastate 16-9-1871 [] Bitgum r. 16, gr. 4; boer op Sjoelemastate op Koutum ûnder Menaam, sn f. Gerben Klazes Brouwer, eigenerfd boer yn ’e Súdhoek fan St.-Anne op Sate nr 3, lid Municipale Rie (gemeenteried) fan It Bilt, adjunkt maire (lokoboargemaster) fan It Bilt, tsjerk- en earmfâd foar St.-Anne, en Aukje Reimers Koopal (Sjoch foar genealogy Koopal/Koopmans: www.erfgoed-fundaasje.nl/Koopal/Koopmans-Genealogy)

Ljouwerter Krante, 6-12-1878:

HAADSMA JANTJE R+

HAADSMA JANTJE GREF

   Bern Brouwer:
BROUWER GERBEN REIMERS SRDAMSMA BRECHTJE FOLKERTS (Fotograaf: C.B. Broersma, Willemskade Noord Zyde F12, Ljouwert; foto’s: Erfgoed Fundaasje)

1 Gerben * Sjoelemastate Menaam 10-11-1829 † Bessebuorren Bitgum 1-7-1914 [] Bitgum r. 16, gr. 5, gernier-boer op Bessebuorren ûnder Bitgum, terpbaas (eigner en ôfgraver fan ’e terp Bessum), x Menameradiel 11-5-1853 Brechtje Folkerts Damsma * Zomerzorg Dyksterhuzen 7-1-1831 † Bessebuorren Bitgum 14-3-1921 [] Bitgum r. 16, gr. 6; skinkers fan ’e keatspriis de Nije Gripe; dr f. Folkert Hendriks Damsma, boer en keapman op Zomerzorg, gemeenteriedslid fan Menameradiel, tsjerkfâd, bestjoerslid wetterskip Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland, en Maartje Dirks Koopmans.
2 Botje * Sjoelemastate Menaam 24-8-1831 † dêr 8-11-1851 [] Bitgum r. 16, gr. 4
Aukje * Sjoelemastate Menaam 29-3-1835 † Bitgum 23-5-1884 [] Bitgum r. 16, gr. 6, x Menameradiel 29-3-1862 Jentje Dirks Siderius * St.-Jabik 4-8-1838, keapman, gernier en boer te Rie, Doanjum en St.-Jabik, sûnt 1892 boer te Chicago, letter te Ashton, Sth Dakota, sn f. Dirk Dirks Siderius, boer te St.-Jabik, en Reinou Klazes de Groot; Jintsy x 2e Ljouwerteradiel 26-2-1898 Rinske Gerrits Plantenga * Stiens 1-6-1850, by x winkelfrou dêr, widdo fan Wytze Botes Hiemstra, arbeider te Stiens; dr f. Gerrit Gerrits Plantenga, arbeider en gernier te Stiens, en Bootje Jacobs Damsma (ek Damstra).

4 Rinse * Sjoelemastate Menaam 21-6-1838 † Menaam 8-7-1924 [] Menaam, boer op Sjoelemastate ûnder Menaam, letter gernier te Menaam, x 1e It Bilt 10-5-1866 Jantje Feikes van Schepen * Froubuorren 20-9-1839 † Sjoelemastate Menaam 13-6-1871 [] Menaam, dr f. Feike Joukes van Schepen, boer ûnder Froubuorren, tsjerk- en earmfâd dêr, dyksfolmacht fan Het Oud Bildt, en Rinske Pieters Tuininga; x 2e Menameradiel 7-9-1882 Janke Michiels Grypma * Menaam 20-6-1850 † dêr 6-9-1930 [] dêr, widdo fan Paulus Johannes Hoekstra, arbeider te Menaam; dr f. Michiel Jacobs Grypma, gernier te Menaam, en Henderina Pieters van der Wal.
5 Jeltje * Sjoelemastate Menaam 30-12-1840, x Menameradiel 9-5-1866 Gerrit Foppes de Vries * Bitgum 12-5-1838 † ûnder Huzum 2-9-1877, smidsfeint by syn heit en broer, skipper te Bitgum en Ljouwert, by † arbeider ûnder Huzum, sn f. Foppe Pieters de Vries, grofsmid te Bitgum, en Rinske Jacobs Hiemstra.
BROUWER FROUKJE REIMERS en VRIES de AESGE YPES (Foto: Erfgoed Fundaasje)

6 Froukje * Sjoelemastate Menaam 20-3-1844 † St.-Jabik 14-9-1928 [] dêr r. 4/50, x  Hinnaarderadiel 17-2-1864 Æsge Ypes de Vries * Wommels 7-2-1843 † St.-Jabik 14-2-1929 [] dêr, r. 4/50, kastleinen te St.-Jabik yn ‘De Brouwerij’ (de namme fan ’e herberch soe ûntliend wêze oan Frouky har achternamme); sn f. Ype Ypes de Vries, bakker te Wommels, en Ymkje Annes Roorda.
7  Klaas * Sjoelemastate Menaam 15-1-1846 † dêr 13-3-1869 [] Bitgum r. 16, gr. 5.

2 Tane Rinses Haadsma * Minnertsgea 17-4-1807 † dêr 10-5-1807.
3 Tane Rinses Haadsma, sjoch IV1
4 Age Rinses Haadsma, sjoch IV2
5 Frans Rinses Haadsma * Doniastate Menaam ûnder Bitgum 1817 † Menaam ûnder Bitgum 2-5-1897 [] Bitgum , r. 9, gr. 10, boer te Menaam ûnder Bitgum, yn 1848 en 1879 gernier neamd, by † sûnder berop
x Menameradiel 20-5-1846 Geertje Sybes Osinga * Menaam 27-3-1824 † Menaam ûnder Bitgum 14-2-1859 [] Bitgum, r. 9, gr. 10, suster fan Rindertsy, sjoch V2
Bern:
1 Rinse Franses Haadsma * Bitgum 21-2-1847 † Menaam (hûsnr 182) 17-5-1870 [] Bitgum, r. 9, gr. 11; by † sûnder berop
2 Jetske Franses Haadsma * Bitgum 15-4-1848 † Menaam 1-1-1871; by † sûnder berop
3 Bottje Franses Haadsma * † Menaam 28-2-1852 † dêr 16-12-1854 [] Bitgum, r. 9, gr. 9
4 Sybe Franses Haadsma * Menaam 7-6-1854 † dêr 7-7-1879 [] Bitgum, r. 9, gr. 9
5 Botje Franses Haadsma * Menaam 1857 † dêr 18-12-1879 [] Bitgum, r. 9, gr. 10

 

HHAADSMA TABAKSDOAZE1

Sulveren tabaksdoaze fan Frans Rinses Haadsma, urven troch syn omkesizzer Gerben Reimers Brouwer (III1-1) – de fererving is symboal fan syn dierbre oantinkens oan omke Frâns; de skynber simple doaze is letteroan fererfd oan Doekele Gerbens Brouwer, en troch dy syn erfgenamten skonken oan Erfgoed Fundaasje.

Frans hat gjin neiteam, as er ferstjert hat er syn frou, trije dochters en twa soannen oerlibbe.

HAADSMA TABAKSDOAZE2

Op ’e binnenkant fan it deksel stean de inisjalen fan Frans: F. R. H., en it jiertal dat de doaze makke is: 1839 (foto’s: Freek Zwart, Schylge)

HAADSMA GEERTJE SYBES+

Ljouwerter Krante 14 en 27-5-1870:

HAADSMA SYBE F+

Ljouwerter Krante 6 en 11-1871:

HAADSMA JETSKE F.+

Ljouwerter Krante 9 en 11 juli 1879:

HAADSMA SIJBE F+

It wie wenst dat de famylje fan ’e ferstoarne rouklean droech, hoe neier besibbe hoe donkerder de klean en hoe langer de tiid dat dy droegen waarden. Sa kaam it foar dat ek jongerein, bygelyks de neven en nichten fan Sybe, lang yn ’t swart rûn. Dat die him yn dizze famylje foar troch it grutte oantal stjergefallen. Rinse (sjoch de rouadvertisnsje hjirboppe) en Sybe woe dy gewoante trochbrekke, oars soenen syn sibben heel lang yn donkere klean rinne.

Ljouwerter Krante 23-12-1879:

HAADSMA BOTJE F+

HAADSMA FRANS EKSEKUTEUR

Ljouwerter Krante 21-5-1897:

HAADSMA FRANS KREDITEUREN

De erven dogge replik guod fan har omke Frâns yn ’e ferkeap. Ljouwerter Krante 2, 20 en 26-7-1897:

HAAD FR 1897

Ljouwerter Krante 20, 27-2 en 5-3-1880: 

HAAD FR 1882 HIER

Ljouwerter Krante  en 27-1-1882:

HAADSMA FR HUN

Ljouwerter Krante 24-6-1887:

HAAD FR 1887 GERS

Ljouwerter Krante 5-11-1889:

HAAD FR 1889 HIER

 

Ljouwerte Krante 15, 18 en 22-10-1895:

HAAD FR 1895 HIER hier

GENERAASJE IV
IV1 sn f. III3 Rinse Ages Haadsma
Tane Rinses Haadsma * Minnertsgea 8-9-1808 † Bitgum 19-6-1892 [] Bitgum, r. 11 gr. 14, boer yn it Hoarslân ûnder Menaam op ’e saneamde ‘Taanpleats’,  wennet yn 1829 neffens it Bitgumer lidmateregister yn ’e ‘Havenbuurt’
x 1e Menameradiel 18-5-1831 Aaltje Feijes Reitsma (ek Reidsma, alsa neffens grêfstien ûnder oaren) * Bitgum omstr. 1806 † dêr 22-1-1847, 41 jier, dr f. Feije Jans Reitsma, timmerman te Bitgum, en Hyke Lumes Groeneveld
x 2e Menameradiel 15-11-1854 Aaltje Arjens Hulstra * Froubuorren 13-10-1815 † Menaam 19-1-1902, gernierske te Menaam; sûnt 4-9-1843 widdo fan Bokke Ydes Hiemstra, gernier te Menaam; dr f. Arjen Johannes Hulstra, winkelman op Aldeleie ûnder Feinsum, en Janke Bokkes Osinga.

huis muur

Ljouwerter Krante 15 en 18-11-1879:

HAADSMA TR 25JIER

Ljouwerter Krante 28-11-1879:

HAADSMA TR 25TANK

Ljouwerter Krante 21 en 25-9-1888:

HAADSMA TR 80JIER

Ljouwerter Krante 23-10-1885:

HAADSMA T HÛN

Ljouwerter Krante 24-6 en 1-7-1892:

HAADSMA TR+

Ljouwerter Krante 8-7-1892:

HAADSMA TR++

Sark op it Bitgumer hôf, rigel 11, grêf 14:
Rustplaats/van/TANE R. HAADSMA/geliefde echtgenoot van/AALTJE A. HULSTRA/in leven rustend landbouwer/geb. te Minnertsga/8 Sept. 1808/overl. te Beetgum/19 Juni 1892/Vroeger wedn. van/AALTJE F. REIDSMA

HAADSMA GREF TAAN

Ljouwerter Krante 6 en 9-9-1892:

HAADSMA TR BOELGUOD

Ljouwerter Krante 11-6-1883. Taan Rinses, Frâns Rinses en Frâns Tanes Haadsma, har omkesizzer en neef Gerben Reimers Brouwer en oare frijsinnigen binne foar it liberaal keamerlid Lieftinck:
Franciscus Lieftinck (1865-1917) is dûmeny te Boyl en Kimswert. Dizze Lieftinck is antymilitarist. Dat binne de hearen dy’t dizze advertinsje pleatse litte heechstwierskynlik perfoarst net. Lieftinck is lid fan ’e Liberale Partij yn ’e Twadde Keamer fan 1879 oant syn ferstjerren. Hy fertsjintwurdiget ûnderskate Fryske kiesdistrikten. As keamerlid is er spesialiseard op it terrein fan ûnderwiis en fiskerij. Hy is foarsitter fan ’e lânbouferiening yn Fryslân en allyksa foarsitter fan ’e Hollânse Maatskippij fan Lânbou.

HAADSMA AR LIEFTINCK

Taan hannelet sa no en dan yn ûnreplik guod, yn 1885 ferkeapet er in smidte te Bitgum, mooglik is er dêr oan hingjen bleaun mei strykjildskriuwen, dat die er (meidieling fan Jacob Keimpes Dykstra, Bitgummole).
Ljouwerter Krante 11-9-1885: 

HAADSMA TR HOEFSMEDERIJ

Ljouwerter Krante 3, 6 en 9-6-1890:

HAADSMA TR GERS3

(Sjoch foar mear oankundigingen yn ’e Ljouwerter Krante: Haadsma – Bylage advertinsjes en krantestikken.)

Bern:
1 Rinse Tanes Haadsma, sjoch V1

2 Hyke Tanes Haadsma * Bitgum 12-11-1834 † Bitgum 12-3-1889 [] Bitgum, r. 3 gr. 3
x Menameradiel 7-5-1856 Sytse Ritserts Jager * Ljouwert 28-9-1833, gernier op Bessebuorren te Bitgum ûnder Menaam, sn f. Ritsert Sytses Jager, kastlein te Ljouwert, letter te Bitgum, en Grietje Willems Breidsma.
   Bern Jager:
Bottje * Menaam 22-1-1860 † dêr 11-2-1943, x Menameradiel 26-5-1887 Jurjen Lykeles Algra * Menaam 13-12-1857  † dêr 12-4-1927, arbeider te Menaam, sn f. Lykele Jurjens Algra, gernier te Menaam, en Baukje Franses Holwerda.

Ljouwerter Krante 18, 22 en 26-3-1889:

HAADSMA HYKE+
3 Feije Tanes Haadsma, sjoch V2

4 Botje Tanes Haadsma * Menaam 21-3-1840 † dêr (hûsnr 141) 13-5-1840.

5 Frans Tanes Haadsma * Menaam 4-10-1844 † dêr 22-3-1896, boer te Menaam
x Menameradiel 23-5-1874 Trijntje Douwes Poelstra * Menaam (hûsnr 118) 8-3-1840, dr f. Douwe Pieters Poelstra, (greid)boer te Menaam, en Trijntje Franses Gerbens.

Tryntsje Douwes Poelstra, widdo fan Frans Tanes Haadsma ûnderhâldt de famyljebetrekkingen mei har muoikesizzer Aaltsy-en- dy (V1-3) ek mei kaartsjes:
Aan/afgezonden door/Weduwe/F Haadsma/en/Geertje Slots mijn/beste Meid/te/Menaldum/

HAADSMA FEIJE WIDDO LOKWINSK HAADSMA FEIJE WIDDO 2

By it sulveren jubileum fan Piter en Aaltsy yn 1909:

HAADSMA FEIJE LOKWINSK 25 JIER  HAADSMA FEIJE WIDDO KAARTSJE 3

 

 

6 Jan Tanes Haadsma * Menaam 17-12-1846 † dêr 16-10-1919 [] Bitgum, r. 11 gr. 14, yn 1886 arbeider te Froubuorren, yn 1919 gernier te Menaam
x It Bilt 3-6-1886 Pietje Tjeerds Wassenaar * St.-Anne 9-4-1844 † dêr 22-5-1926, dr f. Tjeerd Arjens Wassenaar, kastlein te St.-Anne, en Ariaantje Dirks Tanja.

IV2 sn f. III3 Rinse Ages Haadsma
Age Rinses Haadsma * Minnertsgea 30-9-1811 † Bitgum 9-1-1880 [] Bitgum, r. 9, gr. 6, boer op Doniastate te Menaam ûnder Bitgum
x Menameradiel 13-5-1843 Rindertje Sybes Osinga * Menaam 2-8-1818 † Bitgum 17-6-1891 [] Bitgum, r. 9, gr. 7, dr. f. Sybe Klazes Osinga, boer te Berltsum en Menaam, en Jetske Nannes Kuperus.

HAADSMA AGE RINSES SR 2OSINGA RINDERTJE SYBES 2
Age Rinses Haadsma en Rindertsy Sybes Osinga (fotograaf J.H. Slaterus, Weerd G nr 35, Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

Ljouwerter Krante 13, 16 en 20-1-1880:

HAADSMA AR+

Ljouwerter Krante 19 en 23-6-1891:

HAADSMA RINDERTJE SYBES OSINGA+

osinga

Rindertsy Sybes Osinga op wat lettere leeftyd as de foto hjirboppe (foto: Argyf Peter Haadsma) 

Ljouwerter Krante 15-5-1868 (de redaksje hat Rindertje ‘ferdeftige’ ta Rendertje en Osinga yn Ozenga):

HAADSMAAR+JA TROU

Age Haadsma hannelet yn terpgrûn. Foarbylden fan syn advertisnes yn ’e Ljouwerter Krante 28-4-1871; 7-3-1873; 25 en 28-4-1873:

HAADSMA AR TERPHAADSMA AR TERP3HAADSMA AR TERP4

Age Rinses en syn skoansoannen Gerben Lammerts Dykstra en Jan Gerryts Deinema wolle gjin aaisikers op har lân ha.
Ljouwerter Krante 25 en 27-4, en 3-5-1879:

HAADSMA AAISYKJEN

Bern:
1 Rinse Ages Haadsm
a, sjoch V3

2 Sybe Ages Haadsma, sjoch V4

3 Jetske Ages Haadsma * Menaam 4-1-1848 † dêr 26-2-1922 [] Menaam, r. 26; fan 1890-1922 bebuorket hja Lyts Fellingwurd mei har soan Age.

HAADSMA JETSKE AGES 2
(Fotograaf: E. Fuchs, Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

x Menameradiel 13-5-1868 Gerben Lammerts Dijkstra * Menaam 18-7-1844 † dêr 15-4-1890 [] Menaam, r. 26, boer op Lyts Fellingwurd ûnder Menaam, sn f. Lammert Jacobs Dijkstra, eigenerfd boer te Menaam, gemeenteriedslid fan Menameradiel, en Klaaske Gerbens Gerbens.

DYKSTRA GERBEN LAMMERTSHAADSMA JETSKE AGES

Gerben Lammerts Dykstra en Jetske Ages Haadsma (fotograaf: J.H. Slaterus, Weerd K13, Ljouwert; foto’s út dit skift: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

Ljouwerter Krante 18-4-1890:

HAADSMA GLDYKSTRA+

HAADSMA JETSKE A GRÊFSTIENDYKSTRA G.L. GRÊVEN

Dykstra-grêven op it hôf te Menaam:
RUSTPLAATS/VAN/GERBEN LAMMERTS/DIJKSTRA,/GEBOREN TE MENALDUM/DEN 18 JULI 1844/OVERLEDEN ALDAAR/DEN 15 APRIL 1890./ECHTGENOOT VAN/JETSKE AGES HAADSMA./IN LEVEN LANDBOUWER TE MENALDUM./
RUSTPLAATS/VAN/AGE GERBENS DIJKSTRA/GEBOREN TE MENALDUM/DEN 3 AUGUSTUS 1870/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/DEN 20 AUGUSTUS 1947/
Fierderop de sarken fan Germ syn broer Jabik Lammerts Dykstra en sibben.

HAADSMA LYTS FELLINGWURDLinks: Lyts Fellingwurd, bebuorke troch Gerben Lammerts Dykstra, syn frou Jetske Ages Haadsma, en har soan Age Gerbens Dykstra; dêrnei troch Joute Ytzens van der Werff, beppesizzer fan Rindertsy Gerbens Dykstra (IV2-3-4), no is dêr boer Theo van der Werff.
Rjochts: Grut Fellingwurd, dêr’t Reimer Gerbens Brouwer op buorke, beppesizzer fan Jantsy Rinses Haadsma (III1).
Tekening fan Ids Wiersma. De bochten yn ’e dyk binne der no wol út. It is sljochtwei makke.

   Bern Dykstra:
DYKSTRA LAMMERT GERBENSOOSTRA JELTJE ROELOFS x LGD  (Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert; foto’s yn dit skift: Argyf  Rindertje Bouma, Ljouwert)

1 Lammert * Menaam 7-5-1869 † 29-12-1960, boer te Dronryp, x Baarderadiel 8-5-1893 Jeltje Roelofs Oostra * Dronryp 9-2-1871 † dêr 28-6-1930, dr f. Roelof Jolts Oostra, greidboer te Weidum, en Berber Minnes Dijkstra. 

DYKSTRA AGE GERBENS (Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert)

2 Age * Menaam 3-8-1870 † dêr 27-8-1947, boer op Lyts Fellingwurd ûnder Menaam. 

DYKSTRA KLAAS GERBENSSCHAT ELIZABETH DOUWES (Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert)
3 Klaas * Menaam 13-1-1872 † Hitsum 17-7-1942, greidboer te Froubuorren, letter te Hitsum, x It Bilt 25-5-1899 Elisabeth Douwes Schat * Minnertsgea 14-1-1870 † Hitsum 8-12-1956, dr f. Douwe Klazes Schat, boer te Froubuorren en Minnertsgea, en Baukje Jetzes Veeman. 

WERFF VAN DER JOUTE YTZENS x R.GDYKSTRA RINDERTJE GERBENS (Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert)
4 Rindertje * Menaam 4-8-1873 † Koarnjum 9-1-1955, x Menameradiel 21-5-1898 Joute Ytzens van der Werff * Koarnjum 10-2-1869 † dêr 14-10-1920, greidboer te Koarnjum, sn f. Ytzen Dirks van der Werff, boer te Koarnjum, en Trijntje Pieters Miedema.
5 Klaaske * Menaam 31-8-1875 † Ljouwert 15-2-1960, x Menameradiel 9-5-1899 Pieter Piers de Boer * Stiens 1-10-1871 † dêr 17-3-1948, greidboer te Ljouwert, letter te Stiens, sn f. Pier Pieters de Boer, boer te Stiens, en Tjeerdtje Johannes Boelstra.
(Boarne: Jan B. Lettinga, Genealogie van de Menaldumer familie Dijkstra, Menaam, eigen behear, 1993)

HAADSMA JETSKE + DOCHTERS
Jetske Ages Haadsma en har dochters Rindertsy (midden) en Klaske (fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits; foto: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

4 Libbenleas famke, Menaam 17-3-1850

5 Botje Ages Haadsma * Menaam 7-11-1853 † dêr (hûsnr 69) 11-9-1862

6 Lolkje Ages Haadsma * Menaam 21-1-1856 † dêr 29-10-1885 [] Bitgum, r. 9, gr. 8
x It Bilt 23-5-1878 Jan Gerrits Deinema * Hallum 11-8-1855, boer op Doniastate te Menaam ûnder Bitgum, nei him is by dat stee it Deinemalân ferneamd; sn f. Gerrit Jans Deinema, boer te Hallum en St.-Jabik, en Elisabeth Metteken Geerts Wieringa; op 12-5-1890 ferfart de húshâlding fan Jan en Pytsje út Bitgum nei Noard Amearika.
   Bern Deinema:
1 Rindertje * Menaam 16-10-1878.
2 Elisabeth.

Jan x 2e Menameradiel 11-5-1887 Pietje Jans van der Weg * St.-Jabik 10-6-1861, dr f. Jan Rochus van der Weg, gernier, boer en kastlein te St.-Jabik, en Oetske Jans (Glastra) van Loon.
HAADSMA LOLKJE EN JETSKE
Lolkje Ages Haadsma (sittend) mei (wierskynlik) har suster Jetske (fotograaf: H.P.E. de la Roche Busé, Ljouwert, Bolswert; foto: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert) 

Ljouwerter Krante 2-11-1885:

HAADSMA LOLKJE+

GENERAASJE V

V1 sn f. IV1 Tanes Rinses Haadsma
Rinse Tanes Haadsma * Bitgum 14-2-1832 † Hallum 10-12-1903 (ferdronken yn ’e Hallumerfeart) [] Bitgum, r 3, gr. 3; gernier te Bitgum, boer te Minnertsgea 1859-1887, Rinse en Riemke ferfarre mei har dochter Akke op 28-5-1887 nei Hurdegaryp, dêr boer; de húshâlding ferhuzet yn 1892 nei Swichum, yn 1893 nei Aldebiltsyl en Hijum, yn 1897 te Feinsum;
x Menameradiel 29-4-1857 Riemke Lieuwkes Visser * St.-Anne 15-12-1832 † Feinsum 19-12-1897 [] Bitgum, r 3, gr. 1, dr f. Leeuwke Hylkes Visser, boer (op ’e earste pleats besuden de Súdhoekstermiddelweg tsjin de Suderweg fan St.-Anne nei Berltsum), en Akke Willems Spoelhof.

Ljouwerter Krante, 29-11-1897:

HAADSMA RIEMKE VISSER +

HAADSMA RINSE TANES JR ROUBRIEF

Ljouwerter Krante 24 en 25-10-1884: 

HAADSMA RT MGEA ÔFBRAAK

Ljouwerter Krante: 

HAADSMA RT MINNERTSGEA PLEATS

HAADSMA RT PLEATS FERHIER

HAADSMA RT HURDEGARYP

Bern:
1 Tane Rinses Haadsma * Bitgum 1-12-1858; wennet te Lollum, yn 1888 te Hurdegaryp, ferfart op 19-4-1892 nei Swichum, op 5-5-1893 nei Aldebiltsyl, op 3-6-1901 nei Dútslân. Hy is dêr neffens syn skriuwen molkfeint yn 1907 te Büttgen by Wilhelm Daniels en yn 1915 te Grefrath by Krefeld, gemeente Nordrein-Westfalen, Kreis Viersen by Johan en Matihas (Matthias?) Pootenland.

As Tane nei Dútslân fertrokken is, komme der noch wat kaarten fan him. Bewarre binne in jierdeislokwinsk mei syn suster Aaltsy har 45ste yn 1907 en trije nijjierskaarten (Kolleksje Jouke Entsjes van der Ende, Hijum; skonken oan Erfgoed Fundaasje).
Dêrnei nei bliuwt it stil. Taan is ferdwenen.

 

HAADSMA TANE R. JR KAART 1907 2

HAADSMA TANE R. JR KAART 29-10-1907

Buttgen, 29-10-1907:
Waarde Zwager en/Zuster Ik woon nu/Buttgen Bij den Heer/Wilhelm Daniels ge/Zondt en Wel ben ik ik/heb tegen woordig een/leven als een Heer die Heer/gaat daar weg/Ik heb maar 9 Koeijen/te Melken/Ge Groet van mij Tane/Haadsma/
[Achterkant:]
/het/is al lang/Ge leden/dat wij een met/mel kaars/spreken/jij zul wel/kom kwaad [?]/ik uw/eens op/zoeken/
Ge Groet van mij/aan uw Dochters/Nog twee Maanden/ 

HAADSMA TANE R. JR KAART 11-1-1910

Grefrath bei Grefeld, 27-3-1915?:
27 Maart ben ik weer aan/ge vangen te Ar beiden/weer bij de zelfde boer bij/Matihas Pootenland weer/Grefraht bij Grefeld alle dag/en Warmen en Veel on weer in/Junij kunt gij mij ver wachten./ik  heb het ge lezen er is een Stiens/dood ge slagen ik kon hem wel/

HAADSMA TANE R. JR KAART 3 HAADSMA TANE R. JR KAART 4

Grefrath bei Grefeld,  29-12-1915:
Ik woon nog bij de/zelfde Boer Johan/Pooten Land weer/Grefraht bij Grefeld/Ge Groet van mij/Tane R Haadsma/

HAADSMA TANE R. JR VERGISS MEIN NICHT HAADSMA TANE R. JR KAART VERGISS MEIN NICHT 2

Net dateard:
Vergiss mein nichtOkee Taan, grou hûndert jier letter by dizzen dan.

Achterkant:
af    Zen der Tane Haadsma
Fierders hat Taan dizze kaart onbeskreaun litten; hy hie in moaie hân fan skriuwen.

Yn it blêd ‘Antiek’, okt. 1970, wurdt in pipekop neamd mei de namme Tane Haadsma derop, it giet om dizze Taan, mar de datum dêrby is net korrekt; de piip is yn ’e pipekeamer fan it Douwe Egberts Museum te Utrecht.

 

2 Lieuwke Rinses Haadsma (ek Leeuwke) * Minnertsgea 20-10-1860 † dêr (hûsnr 120) 12-3-1863  [] Bitgum, r 10, gr. 13

Ljouwerter Krante 20 en 27-3-1863:

HAADSMA LIEUWKE+

3 Aaltje Rinses Haadsma * Minnertsgea 30-10-1862 † Stiens 27-1-1938 [] Stiens, r. 13
x Ljouwerteradiel 1-5-1884 Pieter Siedses Brouwers * Stiens 19-2-1860 † dêr (op syn jierdei) 19-2-1935 [] Stiens, r. 13, fan 1884 oant 1918 greidboer, feekeapman en strykjildskriuwer op ûnder Stiens op ’e Hijumer Mieden (no Mieddyk 4), sn f. Sieds Pieters Brouwers, boer dêr, en Grietje Klazes Keuning.
BROUWERS PIETER SIEDSES 1  HAADSMA AALTJE RINSES
Piter Sydses Brouwers en Aaltsy Rinses Haadsma (foto’s yn dit skift: Kolleksje Jouke Entjes van der Ende te Hijum, skonken oan Erfgoed Fundaasje, lykas ek de oare foto’s yn dizze ôfdieling)

HAADSMA BESITEKAARTSJE P.S. BROUWERS

Besitekaartsje

Oerpakesizzer en -beppesizzer Jouke Entsjes van der Ende te Hijum skriuwt 22-1-2016:
Pieter Siedses Brouwers en Aaltje Haadsma hâlden yn 1918 boelguod. Ik tink dat hun opfolger skoansoan Sierd Stienstra al in beslach fee hie, dat wie in readbûnt beslach stamboekfee fertelde ús heit wolris. Pake en beppe binne toen nei Stiens gien te wenjen, oan ’e Uniawei bij de iisbaan, se hienen dêr doe noch frij útsicht oer it fjild, want ús oerbeppe koe dêr út har hûs wei de Minneskeaster tsjerketoer sjen en dat fûn se altyd tige moai omdat se dêr yn ’e buert berne wie.
Us heit en syn broer Pyt kamen altyd graach bij hun pake en beppe yn Stiens. Pake hat de mannen it roken leard en at se dan wat bleek om ’e holle waarden, sei pake: Jim moatte mar even yn ’e tún sjen.
Oerpake Brouwers wie boer, feekeapman en ek strykjildskriuwer. Hy bleaf ek wolris oan in stik lân hingjen sa’t men dat neamde. Op ’t lêst hie hij mear as fyftich pûnsmiet yn eigendom op acht ferskillende plakken, ûnder oare op it Stienzer Aldlân, de Noardermieden ûnder Hallum, op ’e Hegebeintumermieden, op ’e Hijumermieden en oan ’e Slachtedyk bij Feinsum. Safolle lân wie wol moai, want no hie hij folop plak foar syn weidkij. Hij skriuwde alles wat hij ferhandele netsjes op en oan it ein fan it jier rekkene er út wat er per pûnsmiet fertsjinne of ferlern hie. 

Us heit en syn broer hawwe fan hun pake beide in Lips brânkast krigen.
Dy opskriuwboekjes binne troch Jouke van der Ende skonken oan Erfgoed Fundaasje.

Hjirûnder de pleats op ’e Hijumer Mieden dêr’t Piter en Aaltsy buorkje, Mieddyk 4. Har dochter Gryt en skoansoan Sierd Stienstra komme der yn 1918 op; yn 1941 Pieter van der Ende en Hiltje Oostwoud en yn 1977 Johannes Hoornstra en Meintje Noordenbos.
Oan ’e Mieddyk by Hijum stienen seis pleatsen, de fjouwer fiersten foelen oant sawat 1920 ûnder it doarpsgebiet fan Stiens.

HAADSMA PLEATS 2

HAADSMA PLEATS PSB 1

 

HAADSMA AALTJE EN PSB
Piter Sydses Brouwers en Aaltsy Rinses Haadsma yn ’e tún achterhûs oan ’e Uniadyk te Stiens.
It is al heel wat dat dit kykje út dy tiid der no noch is, wat seit de kwaliteit fan ’e foto dan noch

HAADSMA BRIEF VAN DER ENDE

Kondoleânsebrief fan Ynskje van der Ende-Kuperus oan Aaltsy Brouwers-Haadsma by it ferstjerren fan har man

 

HAADSMA AALTJE R. ROUBRIEF

graf3
Op it tsjerkhôf te Stiens, rigel 13:
RUSTPLAATS/VAN ONZE GELIEFDE OUDERS/PIETER SIEDSES/BROUWERS,/GEB. TE STIENS 19 FEBR. 1860,/OVERL. ALDAAR 19 FEBR. 1935./EN/AALTJE RENZES HAADSMA,/GEB. TE MINNERTSGA 30 OCT. 1862,/OVERL. TE STIENS 27 JAN. 1938./HUNNE KINDEREN./

   Bern Brouwers:

BROUWERS RIEMKE PIETERS 1

1 Riemke Pieters Brouwers Brouwers

BROUWERS RIEMKE PIETERS TROUFOTO
Troufoto fan Riemke en Jouke Entsjes van der Ende
(Fotograaf: De Jong, Ljouwert)
1 Riemke * Stiens 22-4-1885 † Feinsum  21-2-1955, x Ljouwerteradiel 4-5-1912 Jouke Entjes van der Ende * Dronryp 6-9-1883 † Feinsum 21-8-1951, boer te Hijum, sn f. Entje Jans van der Ende, boer te Dronryp, en Ynskje Jans Kuperus.

BROUWERS GRIETJE PIETERS 1  (Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert)
2 Grietje * Stiens 3-4-1886 † Hijum 29-5-1935 , x Ljouwerteradiel 25-5-1910 Sierd Nannes Stienstra * Hallum 13-10-1884 † dêr 6-10-1941, sûnt 1918 greidboer op it Stienzer Aldlân, Hijumer Mieden (Mieddyk 4), te Hijum op ’e pleats fan Gryt har heit en mem, sn f. Nanne Sjoukes Stienstra, greidboer te Hallum, en Hiltje Sierds de Wilde.

BROUWERS RINSKE PIETERS 1
3 Rinske * Stiens 26-6-1889 † dêr 3-5-1914, ferloofd mei Pieter Pieters Hoogland * St.-Anne 31-3-1889, boer op ’e Hijumer Mieden, sn f. Pieter Pieters Hoogland, boer te St.-Anne, gemeenteriedslid fan It Bilt, en Adriaantje Thijsses Schuiling; Pieter x Ljouwerteradiel 14-2-1917 Liesbeth Jacobs Stienstra * Feinsum 24-1-1896.
HAADSMA RINSKE BROUWERS GRÊF
Op it tsjerkhof te Stiens, rigel 13:
TER GEDACHTENIS/AAN ONZE LIEVE DOCHTER, ZUSTER/EN VERLOOFDE RINSKE,/OVERLEDEN TE STIENS/DEN 3E MEI 1914, IN DEN/OUDERDOM VAN 24 JAREN./P.S. BROUWERS,/A. BROUWERS-/HAADSMA./KINDEREN EN VERLOOFDE./

Jouke Entsjes van der Ende skriuwt 21-1-2016:
Aaltje Haadsma en Pieter Siedses Brouwers hun jongste dochter Rinske soe trouwe mei Pieter Pieters Hoogland fan St.-Anne. P.P. Hoogland hie al in pleats hierd fan de famylje Twijnstra flakbij de âlderlike pleats fan Rinske. Mar it rûn oars.
Rinske kaam te ferstjerren op 3 maaie 1914. P.P. Hoogland is letter troud mei Lysbeth Stienstra fan Feinsum. Rinske har heit en P.P. Hoogland skilden in generaasje, mar binne yn dy tiid freonen wurden en dat letter altyd bleaun. Se diene wol feehandel tegearre en weiden tegearre kij. De freonskip gie safier dat doe’t op 2 maaie 1914 bij Rinske har suster Riemke in jonkje berne waard P.S. Brouwers derop oanstie dat it jonkje Pieter neamd waard, nei P.P. Hoogland syn foarnamme. P.S. Brouwers hiet self ek Pieter, mar der waard altyd bij sein dat it jonkje echt nei Pieter Hoogland ferneamd wie.
Toen P.S. Brouwers yn 1935 en Aaltje Haadsma yn 1938 kamen te ferstjerren stiene beide kearen de nammen fan P.P. Hoogland en Lysbeth Stienstra derbij op ’e roubrief.
De pleats dy’t P.P. Hoogland hierde is Mieddyk 2 te Hijum, dêr wenje no Entsje Jouke van der Ende en Wietske van der Meer.

Om better te wurden hâldt Rinske yn Amsterdam ta, se kuert by de widdo C. Schmidt oan ’e Wetering Schans 33. Brieven oan har binne bewarre bleaun. Hjirûnder in fragmint fan har mem:

HAADSMA AALTJE R. BRIEF 8-6-1913 - 1

          Stiens 8 Juni 1913.
              Lieuwe Rinske 

Gisteren met groot verlangen en blijdschap u brief ontvangen wij zijn O zoo blij dat gij niet onwennig zijt, Nu is het Zondagavond Vader en die aan ’t melken nu denk ik nu moet ik maar eens even aan R. schrijven morgen is het ongetijd het staat er weer slecht voor met het weer, min zou er al tegen op zien maar dat helpt ook al niets maar met moed er maar op los en dan zal de tijd het wel leeren: Ons koe Sietsche heeft Vrijdag nacht gekalfd geen een heeft er bij geweest Vader had er die nacht eens keer geweest alles nog bij het oude, toen zij de Morgens aan ’t bed kwamen toen was het al gebeurd 2 koe kalfjes 1 met een hart voor de kop en de andere een mooije bles prachtig haar een paar goede, daar zijn wij zoo wijs mee, zij zitten aan ’t touw buiten deur zij zijn zoo vleurig willen zoo drinken wij zullen zoo op haar passen; Vader heeft vrijdag naar stad geweest op de fiets is weer met Wassenaar gereden
P. [=Pieter, Rinske har ferloofde] was niet keer die was aan ’t hooijen/…/
Vader heeft nachts nog veel last van pijn in den mond en dan is hij zoo kwaad hij moet er uit maar daar ziet hij ook nog tegen die pijn aan hij wil hem er pijnloos uit hebben/…/

Nu Rinske nu weet ik niet meer te schrijfen, Vooral goed oppassen en U best doen dat is de Wensch van Vader en Moeder
Ik hoop dat gij deze letteren in de beste welstand moogt ontvangen. Zijt hartelijk Gegroet
     van U Vader en Moeder
A. Brouwers-Haadsma

Is yn ’e oanhef lieuwe in tuskenfoarm fan lieve en leave?

Hjirûnder in fragmint fan ferloofde Pieter Pieters Hoogland, Rinske is dan wer thús op it Stienzer Aldlân.
St.-Anne, 1 april 1914

HOOGLAND P.P. BRIEF 1-4-1914

Nu schatje ik moet noch even een paar machinemessen naar Papa [fansels sei Piter net papa, mar ûnder ynfloed fan syn Hollâns skriuwen sil er dit sa op papier set ha] toe brengen en ’t verveelt me hier ook alleen, want o engel je weet hoe dat ik op je ben nu ontvang duizend kussen van uw man
P Hoogland.
je schrijft noch even terug dierbaar alles

Fierdere brieven sjoch: Bylage Brouwers-Haadsma          

BROUWERS PIETER S. + P.P. HOOGLAND
Pieter Siedses Brouwers en Pieter Pieters Hoogland op ’e Nijstêd te Ljouwert. Piter Piters wie in oansteande skoansoan en waard in libbenslange freon fan Piter Sydses, se skeelden in generaasje (en twa koppen, sa’t liket op dit kykje)

psb

Koperen tabaksdoaze fan Piter Sydses Brouwers. Kolleksje Jouke E. van der Ende

4 Lieuwkje Rinses Haadsma (ek Leeuwkje) * Minnertsgea 29-3-1867 † Grins 11-3-1942
x Voorschoten 1-2-1895 Jacobus Verhoog * Voorschoten 2-7-1865, feekeapman, widner fan Marijtje Amelia Marbus, sn f. Ari Verhoog en Catharina Steenveld.

HAADSMA AALTSY OF RIEMKE
Dit is Lieuwkje Haadsma of har suster Aaltsje. Wa kin it sizze?
 

 Bern Verhoog:
1 Riemke Catharina * Voorschoten 5-2-1896, x  Leiden 15-7-1925 Jan Tietes Homan * Grins 11-11-1891, winkellju Hearestrjitte 77, Grins. 
2 Catharina * Zoeterwoude 14-10-1897 † Utrecht 28-11-1959, x Leiden 4-5-1921 Johannes Bartholomeus van Ulden, sigarewinkellju Potterstraat 24,Utrecht, sn f. Petrus van Ulden en Huberta Zandvliet.
3 Jacobus  * Leiden 2-9-190 † Leiden 12-6-1939, boer Haarlemmerweg 43, Leiden, x  Oegstgeest 29-11-1922 Clasina Ciggaar * Oegstgeest 12-1-1901.

Jierdeis-lokwinsk fan Lieuwkje Rinses Haadsma oan har suster Aaltsy:
(Kolleksje Jouke Entsjes van der Ende, Hijum; skonken oan Erfgoed Fundaasje)

HAADSMA LR BRIEF 27-10
      Minnertsga de 27 Oct [?]
                  Geachte Kinderen,

Schoon ver van u gezeten
Kan ik u niet vergeten
Op uw verjaaringfeest
Die u gespaard heeft en behoed
Met een tot dank ontvonkt gemoed –
En bidt hem de Alzegenaar
Dat hij u nog jaren spaar –
Een levensjaar is weer vervlogen
Gekroond door zegen uit den hoogen
Verschoond van al te drukkend kruis
Blijf nog jaren in ons midden
God verhoor het hartlijk bidden
Dat het tot zijnen zetel rijst
Nu het hart Gods goedheid prijst
O Blijf tot aan den rand van ’t graf
Het meest gewenscht geluk genieten
God zij in de ouderdom uw staf
Uw heil blijft als een beekje vlieten
Welks water helder als kristal
U sterken en verfrisschen zal,
En is uw levenstaak volbracht
Roept God u tot een hoger leven
Schud dan de dood uw peluw zacht
Waar op ge uw jongste snik zult geven
Streef dan uw ziel met vromen zin
Den u verworven Hemel in –
O wat u daar treffen zal
In het slingerend levensdal
Zij en blijve hij u staf
Tot den rand van ’t gapend graf
Zeker zegt ge zulk een taal
Vind bij mij een goed onthaal
Nu zuster wij feliciteeren u allen, hoop dat gij er nog vele jaren in gezondheid bij moogt krijgen, En het goed voor de kleine meid hoop ik als ook maar goed past, Gij moet het ons niet kwalijk nemen dat wij ze u niet schoon thuis brengen want de tijd was te kort
Ik hoop nogmaals dat dit berigt in Gezondheid tot u komt, Gelijk bij ons ook heel best alles is
van ons allen Gegroet   Lieuwkje Haadsma

5 Akke Rinses Haadsma * Minnertsgea 9-10-1870 † It Hearrenfean 31-10-1946
x Skoatterlân 29-5-1898 Gerrit van den Berg * It Hearrenfean 11-11-1867 † dêr 2-3-1956, lettersetter, sn f. Wieger van den Berg en Sara Gerrits Huizinga.
   Bern Van den Berg:
1 Sara * It Hearrenfean 4-6-1901, x It Hearrenfean 20-1-938 Martinus Leenes * Wolvegea 13-11-1907, stoffearder, sn f. Kornelis Willems Leenes en Agatha Riksma. 
2 Rinse Wieger * It Hearrenfean 4-5-1903, útfoerder boubedriuw, x Utingeradiel Minke de Vries * Akkrum 19-10-1903, dr f. Sijmn Tjommes de Vries en Fokje van der Vlugt. 
(Gegevens út Carel Bouma: Het voor- en nageslacht van Hijlke Wiegers Visser en Riemke Leeuwkes Hoekstra, landbouwers op de ‘Valbrug’ te St-Anna-Parochie, eigen behear, 4-4-1905, Emmeloard)

Brief fan Akke Rinses Haadsma oan har muoikesizzer Riemke en har oankommend sweager Jouke by ’t foarnimmen om te trouwen:
(Kolleksje Jouke Entsjes van der Ende, Hijum, skonken oan Erfgoed Fundaasje)

HAADSMA AKKE BRIEF 3-5-1012
Heerenveen 3 Mei 1912
          Waarde R en J

     Van ons allen van harte geluk gewenscht met deze gewichtige stap op uwen levensweg die het wel en zoo van u beiden voor geheel uw volgende leven als het ware gaat bezegelen. Wij wenschen dat deze een voorspoedige moge zijn en dat ge het goed met elkaar moge kunnen vinden.
Wat er alzoo in ’t huwelijk ligt op gesloten willen we nu maar niet over spreken, maar wenschen dit het huwelijk scheepje maar steeds in de goede koers mag blijven en dat het beiden steeds deze wel moge gaan en dag voor u een onvergetelijk gelukkige mag blijven.
Ook de verdere familie van harte met uw hartelijk gefeliciteert

Wij mogen ons allen in een goeden welstand verheugen en dat ook dien welstand door u allen gedeelt moge worden en hopen dat wij eens iets naders van uw allen mogen vernemen

   Nu hartelijken groet van
      ons allen teekenen wij

          A. van den Berg Haadsma
               G van den Berg
                        en Kinderen

6 Botje Rinses Haadsma * Minnertsgea 6-4-1873 † dêr 26-5-1876 [] Bitgum, r. 3, gr. 1

Ljouwerter Krante, 2 en 9 juni 1876:

HAADSMA BOTJE RT+

HAADSMA BOTJE RINSES GREF 2

Sarkstientsje foar Botje Rinses Haadsma, foarhinne op it hôf te Bitgum. It kurieuze sarkje is spitichgenôch yn stikken slein, guon famyljeleden hienen it wol op it hiem hawwe wollen (foto: Klaas Abe Kamstra, tsjerkhôfbehearder Bitgum)
RUSTPLAATS/VAN/BOTJE RINSES HAADSMA/GEBOREN TE MINNERTSGA/DEN 6 APRIL 1873, EN ALDAAR/ OVERLEDEN DEN 26 MEI 1876./

V2 sn f. IV1
Feije Tanes Haadsma * Bitgum 11-4-1838 † -11-1920 [] Bitgum, r 11, gr. 15, gernier te Bitgum, yn 1873 arbeider te Peins, yn 1890 te Minnertsgea, yn 1894, ’96, ’99 idem te Rie, yn 1899 te Frjentsjer
x Menameradiel 7-5-1863 Wytske Folkerts Damsma * Bitgum 3-9-1843 † By De Stiennen Ulebuorden -6-1933 [] Bitgum, r 11, gr. 15, dr f. Folkert Hendriks Damsma, boer en keapman op Zomerzorg op Dyksterhuzen ûnder Bitgum, gemeenteriedslid fan Menameradiel, en syn twadde frou Fettje Pylgers Wiedema.
Bern:
1 Tane Feijes Haadsma * Bitgum 11-4-1864 † Minnertsgea 13-7-1890 [] Bitgum, r 11, gr. 15, by † sûnder berop te Minnertsgea.
2 Folkert Feijes Haadsma, sjoch  VI1
3 Fettje Feijes Haadsma * Bitgum 12-8-1867 † dêr (hûsnr 46) 18-11-1874 [] Bitgum, r 11, gr. 15.
4 Aaltje Feijes Haadsma * Bitgum 16-8-1869 † dêr 21-8-1872.
5 Aaltje Feijes Haadsma * Bitgum 3-6-1873 † Peins 7-8-1958 [] Peins; by x faam te Rie
x Frjentsjeradiel 23-5-1896 Jan Heerkes Miedema * Peins 26-7-1873 † 18-7-1950 [] Peins, arbeider te Peins by Zeinstra (de broekjeboer); sn f. Heerke Jans Miedema en Grietje Sjoukes Zondervan, arbeiders te Peins.
   Bern Miedema:
1 Fettje * Peins 10-3-1903, x Frjentsjerteradiel 16-5-1925 Thomas Hiddes Schoonbergen * Wytmarsum 30-1-1898, sn f. Hidde Jentjes Schoonbergen, arbeider te Wytmarsum, en Geertje Tjipkes Hoogstra.
2 Heerke * Peins 23-12-1904, x G. Brouwer.
3 Grietje * Peins 22-9-1908, x B. Pols.

6 Fetje Feijes Haadsma * Bitgum 3-1-1875 † Bolswert (wenjend te Frjentsjer) 26-5-1902
x Frjentsjer 9-4-1899 Hendrik Hessels van der Meulen * Frjentsjer 8-12-1872, arbeider te Frjentsjer, sn f. Hessel Oenes van der Meulen, arbeider te Frjentsjer, en Baukje Johannes Kramer; Hendrik x 2e Menameradiel 31-3-1904 Klaaske Pieters Grijpma * Menaam omstr. 1872, widdo fan Paulus van der Ploeg, dr f. Pieter Michiels Grijpma, arbeider te Menaam, en Pietje Feijes de Wit.
   Bern Van der Meulen:
1 Hessel * Frjentsjer 7-4-1900, arbeider te Frjentsjer, x Frjentsjerteradiel 12-6-1926 Ettje Sytzes Rienstra * Hitsum 24-3-1904, dr f. Sytze Sytzes Rienstra, arbeider te Hitsum, en Antje Durks Durkstra. 
2 Feye * Bolswert yn in keet (wenjend te Frjentsjer) 3-5-1902 † Bolswert (wenjend te Frjentsjer) 21-5-1903.

V3  sn f. IV2 Age Rinses Haadsma
Rinse Ages Haadsma (ek Rinze) * Menaam  † Huzum 18-11-1919 [] Menaam, rigel 22; boer te Menaam ûnder Bitgum, 1989 sûnder berop, 1906 rintenier yn ’e Nije Skrâns te Huzum; tsjerkfâd te Bitgum, gemeenteriedslid fan Menameradiel
x 1e Yttje Piers Lettinga * Stiens 22-3-1833 † Menaam 24-2-1888 [] Menaam, r. 11 (op grêfstien Lettenga); widdo sûnt 1868 fan Jacob Tiedes Tiedema, eigenerfd boer te Menaam op ’e pleats ‘Tiedeboer’ yn it Hoarslân ûnder Bitgum, dr f. Pier Baukes Lettinga, boer te Stiens, en Wytske Tjitzes Memerda.
HAADSMA RINSE AGESLETTINGA YTTJE PIERS
Rinse Ages Haadsma en Ytsy Piers Lettinga, skoanmem fan har styfsoan Sybe Ages Haadsma (V4)
(fotograaf: J.H. Slaterus, Weerd K13, Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

Ljouwerter Krante 27 en 28 febrewaris, en 2 maart 1888: 

HAADSMA YTJE P LETT+

HAADSMA RINSE A. JR GRÊF

Op it tsjerhôf te Menaam, rigel 11:
Rustplaats/van/YTTJE P. LETTENGA/geboren te Stiens/22 Maart 1833,/echtgenoote van/R.A. HAADSMA./voorheen van/J.T. TIEDEMA./overleden te Menaldum/24 Februari 1888./Door haar werkzaam leven/en haren stillen omgang/was zij eene edele vrouw./

As rintenier lit Rinse Ages in hûs sette yn Bitgummole (no J.H. van Aismawei 18). Soan Age leit de earste stien, tekst tinkstien:
DEN 3 SEPTEMBER 1878 AAN DIT GEBOUW DEN EERSTEN STEEN GELEGD,/DOOR AGE R. HAADSMA JR, GEBOREN 12 JULIJ 1871

HAADSMA RINTENIERSHÛS

Letter rinteniere hjir Johannes Aukes de Haan en Saapke Heins Veeman, hjir foarhûs, dy’t buorken ûnder Bitgum oan ’e Berltsumerdyk. Yn it skuorke rjochts sit no in kapsalon (foto: Argyf Aldfaars Erf, feriening foar doarpsskiednis te Bitgum)

HAADSMA GEVEL

 HAADSMA GEVEL 2

Age Rinses Haadsma x 2e Menameradiel 28-4-1898 Antje Cornelia Luurs (ek Kornelia, skriuwt sels Cornelia) * Stedum 1863 † Vries 27-6-1940, by x sûnder berop te Bitgum, seis moanne earder te Aldemardum; dêrfoar húshâldster by har man; dr f. Geert Sanders Luurs en Antje Jans Kuipers; Antsje en Rindertsje ferfarre op 12-5-1926 út Huzum nei Vries (Dr.)

HAADSMA RA HÚSHÂLDSTER

HAADSMA RINSE AGES 2LUURS ANTJE CORNELIA

Rinse Ages Haadsma en Antje Luurs (hoffotograaf: C.B. Broersma, Willemskade Noordzyde F18, Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert) 

Ljouwerter Krante, 22-11-1919:
Hedenavond omstreeks tien uur
overleed, na een langdurig lijden,
onze lieve man en vader
Rinze Ages Haadsma,
in den ouderdom van ruim 75 jaren,
na eene gelukkige echtvereeniging
van 21 1/2 jaar.
   Nieuwe Schrans bij Leeuwarden,
      18 November 1919.
A.C. Luurs, wed. R.A. Haadsma.
S.A. Haadsma.
R.R. Haadsma.
   Geen bezoek.

Op it tsjerkhôf te Menaam, rigel 22:
RUSTPLAATS/VAN/ONZEN GELIEFDEN ECHTGENOOT/EN VADER/RINZE A. HAADSMA,/WEDNR VAN Y.P. LETTENGA,/GEB. TE MENALDUM,/OVERL. TE HUIZUM 18 NOV. 1919./IN DEN OUDERDOM VAN 75 JAREN,/A.C. HAADSMA-LUURS/SYBE AGE/RINDERTJE./

Bern út it 1e houlik:
1 Age Rinses Haadsma * Menaam 12-7- 1871 † Falkenstein (Dútslân) 10-5-1900 [] Menaam
x Menameradiel 17-5-1894 Wytske Baukes Lettinga (ek Wietske, en Lettenga) * Menaam 17-8-1872 † Ljouwert 28-4-1965 [] Menaam, dr f. Bauke Piers Lettinga, boer op de Liemterp op ’e Finnen ûnder Menaam, en Berber Lammerts Dijkstra
Wytske x 2e Menameradiel 26-10-1905 Bente Willems Wassenaar * St.-Jabik 4-9-1867 † Ljouwert 21-6-1933 [] Menaam, boer, 1903-1909 gemeenteriedslid fan It Bilt foar de Liberale Partij, sn f. Willem Bentes Wassenaar, boer oan ’e Alddyk ûnder St.-Jabik, dykgraaf wetterskip Het Nieuw Bildt, gemeenteriedslid en wethâlder It Bilt, en Trijntje Johannes Olivier.

HAADSMA AGE RINSES 3LETTINGA WIETSKE 2
Age Rinses Haadsma (fotograaf: Th. M. Staas, Willemskade W.1, Ljouwert) en Wytske Baukes Lettinga (fotograaf: M. Scheepstra, Grêftswâl U 131, Ljouwert; foto: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert) 

HAADSMA AGE RINSES JRLETTINGA WIETSKE
Deselden as boppe op âldere leeftyd (hoffotograaf: C.B. Broersma, Willemskade Noordzyde F12, Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert) 

1

Bente Willems Wassenaar yn 1927 (Kolleksje Tineke Lettinga-Brouwers)

3

Wytske Baukes Lettinga yn 1927 (Kolleksje Tineke Lettinga-Brouwers)

4

HAADSMA AGE R. JR GRÊF

Op it tsjerkhof te Menaam:
RUSTPLAATS/VAN/AGE R. HAADSMA,/GEB. TE MENALDUM 12 JULI 1871,/OVERL. TE FALKENSTEIN 10 MEI 1900;/BENTE W. WASSENAAR,/GEB. TE ST. JAC. PAR. 4 SEPT. 1867,/OVERL. TE LEEUWARDEN 21 JUNI 1933./WIJTSKE LETTENGA/GEB. TE MENALDUM 17 AUG. 1872/OVERL. TE LEEUWARDEN 28 APRIL 1965./

2 Libbenleas soantsje 15-6-1872
HAADSMA RA LIBBENL. BERN+

Bern út it 2e houlik:
3 Sybe Age Rinses Haadsma, sjoch VI2
4 Rindertje Botje Rinses Haadsma * Bitgum 27-10-1900 † Ljouwert (wenjend te Bitgum) 25-1-1901 [] Bitgum r. 9, gr. 6

Ljouwerter Krante 28-1-1901:

HAADSMA RINDERTJE BOTJE +
HAADSMA RINDERTJE BOTJE GREF 2

Sarkstien foar Rindertsy Botsy Haadsma, bewarre op it hiem fan Tsjisse Doekeles Brouwer, Liuwesingel 6 te Bitgum (foto: Klaas Abe Kamstra, tsjerkhôfbehearder Bitgum)

5 Rindertje (Rinnie) Rinses Haadsma * Huzum 14-7-1906 † Assen, Nieuw Graswijk, 12-6-1993 [krem.] De Boskamp Assen, wenne te Vries (Dr.)

HAADSMA RINDERTJE RINSES JR
Dit is wierskynlik Rindertsje Rinses Haadsma (fotograaf: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte W14, Ljouwert; foto: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert)

V4  sn f. IV2 Age Rinses Haadsma
Sybe Ages Haadsma * Menaam 3-4-1846 † dêr 28-6-1873 [] Menaam, r. 22, gernier te Menaam
x Menameradiel 10-8-1872 Baukje Jacobs Tiedema, dr f. Jacob Tiedes Tiedema, eigenerfd boer te Menaam, en Yttje Piers Lettinga
Baukje x 2e Menameradiel 1-11-1877 Hessel Adzers de Vries * Burgum, haadûnderwizer te Menaam en Toppenhuzen, sn f. Adzer Hessels de Vries en Sjoukje Thijsses Feenstra.
   Bern De Vries:
1 Adzer * Menaam 2-10-1878.
2 Yttje * Menaam 21-6-1880.
Bern:
1 Rindertje Sybes Haadsma * Menaam 27-8-1872 † Toppenhuzen 17-7-1891, sûnder berop.
2 Sybe Age Sybes Haadsma * Menaam 7-1-1874 † Toppenhuzen 26-6-1895, stúdzje gymnasium Snits, studint letterkunde.

Ljouwerter Krante 1, 4 en 8 july 1873:

HAADSMA SYBE A+

Op it tsjerkhof te Menaam, rigel 22:
RUSTPLAATS/VAN/SYBE AGES HAADSMA,/ECHTGENOOT VAN/BAUKJE JACOBS TIEDEMA/OVERLEDEN DEN 28 JUNIJ 1873,/IN DEN OUDERDOM VAN RUIM 27 JAREN./

Ljouwerter Krante 6-11-1877:

HAADSMA BL TIEDEMA X

Ljouwerter Krante 20 en 24-7-1891:

HAADSMA RINDERTJE SYBES+

Ljouwerter Krante 29-6 en 2 en 8-7-1895:

HAADSMA SA++++

HAADSMA SA TANK+

GENERAASJE VI
VI1 sn f. V1
Folkert Feijes Haadsma * Bitgum 2-3-1866, by x arbeider te Rie, letter idem te Doanjum, dêrnei opperman te Ljouwert; de húshâlding komt út Bitgum yn Ljouwert op 15-6-1901 (adressen: Olde Galileën Kloasterbueren P25, Harnzer Trekwei X40e, Hoekster Achterom A23, Olde Galileën De Steenhouwerij P11, Singelstrjitte Y27, Snitsertrekwei N11, Grinzerstrjitwei P13), op 12-6-1912 ferfart it gesin nei Lekkum
x Menameradiel 15-5-1869 Tietje Dirks Hager * Kleaster Anjum 21-12-1869, dr f. Dirk Theunis Hager, arbeider te Bitgum en Kleaster Anjum, en Attje Tjeerds Bosma.
Bern:
1 Feije Folkerts Haadsma * Doanjum 22-7-1894
2 Attje Folkerts Haadsma * Doanjum 4-9-1895
3 Dirk Folkerts Haadsma * Doanjum 5-5-1897
4 Wytske Folkerts Haadsma * Bitgum 29-12-1898
5 Tane Folkerts Haadsma * Ljouwert 3-4-1902
6 Theunis Folkerts Haadsma * Ljouwert 10-3-1903
7 Fetje Folkerts Haadsma * Ljouwert 25-3-1905
8 Fokje Folkerts Haadsma * Ljouwert 18-6-1907
9 Tjeerd Folkerts Haadsma * Ljouwert 2-10-1908
10 Aaltje Folkerts Haadsma * Ljouwert 28-9-1910
11 Sieds Folkerts Haadsma * Ljouwert 28-9-1910.

VI2 sn f. V2
Sybe Age Rinses Haadsma
* Menaam 20-4-1899 † Assen 1-  -1944, gemeentesekretaris
x 1924 Aaltje van der Wal, dr f. Pieter van der Wal, skoallehaad, en Janke van Veen.

HAADSMA SYBE AGES 2HAADSMA SYBE RINSES 1HAADSMA SYBE AGE RINSES 3
Trije kear Sybe Age Rinses Haadsma op portret (1 en 2:hoffotograaf C.B. Broersma, Willemskade 12, Ljouwert; nr 3: J.H. Slaterus Ljouwert; foto’s: Argyf Rindertje Bouma, Ljouwert) 

Bern:
1 Rinze Age Haadsma * Vries, wittenskiplik meiwurker Instituut voor Romaanse Talen te Grins
2 Pieter Jan Haadsma, sjoch VII1

GENERAASJE VII 
VII1 sn f. VI2 Sybe Age Rinses Haadsma

Pieter Jan Haadsma
x Marjorie van der Molen
Bern:
1 Peter Haadsma, sjoch VIII1
2 Maaike Laura Haadsma
* 18-1-1978.

 

GENERAASJE VIII
VIII1 sn f. VII1
Peter Haadsma * 28-12-1974
wennet mei Annemarie van Hoorn.
Bern:
1 Ruben Pieter Haadsma * 18-3-2004.
2 Minke Saakjen Haadsma * 15-8-2005.
3 Jelmer Cornelis Haadsma * 14-2-2007.