FOAROP

Stúdzje en registraasje merktekens: Jan Schipper www.zilverstudie.nl
Sulverfotografy: Het Hoge Noorden-Jaap Schaaf www.hogenoorden.nl

Yn in protte famyljes is goud en sulver oerurven, benammen earizers en geboarteleppels. Achteleas yn doeken bewuolle yn ’e tsjustere spelonken fan ’e linnenkast, foar waar en wyn bewarre. Of koestere, en mei grutskens pontifikaal útstald yn ’e glêzen fitrine, ta freugde foar alle dagen. Lykwols, dit erfgoed fan it plattelân is amper systematys beskreaun. Dat yn tsjinstelling ta tsjerkesulver en dat fan ’e ‘boppelaach’: de adel en de patrisiërs.

Erfgoed Fundaasje beljochtet goud en sulverguod sa’t it lân it opjout. En dat is heel wat. It giet om behoarlik útienrinnende foarwerpen: it evangely rynsk beslein mei tredde karaats goud, oant in himpen psalmboekje mei in tige behindich slotsje, mar fan earste gehalte edelmetaal. Berteleppels oerdiedich opsiere mei gâns dreaun sulver, oant dito dimmen mei hast gjin opskik, allinne in ynskripsje. Koartsein, moai guod fan boere-adel mei – neffens de Wet fan Malthus – twa bern en grou twahûndert pûnsmiet en lânhonger. Oant en mei dat fan ’e lytste gernier-widdo, mei tsien bern en krapoan twa moargen en jit har bibelsulver yn ’e hân op ’e grins fan Hongerlân. Tekens fan kontrastearende sjosjale omstannichheden. Spegels fan de begoedige wolstân en dêroan fêst ferbûn de klearebare earmoed.

Erfgoed Fundaasje hellet it guod út ’e kast en jout it in gesicht: dit goud en sulver wurdt traseard en fakkundich dokuminteard. Sadat it fêstleit foar it neigeslacht. It kin gean om in inkeld earizer, mar ek om gruttere kolleksjes fan geboarteleppels, tabaksdoazen, brandewynskommen, snúfdoaskes, horloazjes, ensfh., ensfh.
Faak fersillet by ferstjerren sok kostelik histoarys erfskip witwêrsanne. Op dizze wize wurdt it teminsten net wei, en ha oaren der ek wille fan.

Erfgoed Fundaasje beneamd de erflitters, de goud- en sulversmeden en leit de ferbannen, lit de histoarise persoanen en fermiddens útkomme. Sadat de betsjutting dêrfan helder wurdt en it deade foarwerp begjint te libjen: it is ynienen mear as samar in djoerabel stik sulver fan in onbekend fier famyljelid, oeral en nerges. It wurdt kostber yn in hele oare sin.
Wolle jo ek jo goud en sulver registreare en beskriuwe litte? Dat kin tsjin kostpriis. Nim kontakt op:
e-mail: info@erfgoed-fundaasje.nl of 058-212 00 35, of stjoer it formulier op.

Yn ’e lette santjinde en yn ’e achttjinde ieu wurde sokke leppels yn Fryslân mear en mear ta oantinken skonken. De measte saneamde memoaryleppels wienen húsriem yn ’e njoggentjinde ieu, skriuwt prof. dr. Johan R. ter Molen yn it trijedielich wurk Fries goud en zilver  (Diel I, s. 31; Ottema-Kingma Stichting, Bornmeer, De Gordyk 2014).
Neffens sulversaakkundige Jan Schipper rint it hjir yn ’e njoggentjinde ieu mei-inoar yn ’e tûzenen. En dan benammen by greidboeren, by bouboeren minder. Men soe sizze: klaaikluten hienen ornaris mear te ferstowen. Yn dy tiid koste in leppel sa’n fiif oant seis gûne, in wyklean fan in trochsneed arbeider. Hergebrûk kaam – dêrtroch? – wol foar. De lju dy’t it har permitteare koenen, kochten per gewicht. Yn ’e 18e en 19e ieu koste 1 kilo fyn sulver sawat f 100,00. (1 gram fyn sulver f 0,9; it materiaal fan ’e leppel f 4,50; it wurklean f 1,00).
In geboarteleppel is sûnder mis Frysk eigen – ek hjoeddedei: yn ûnderskate famyljes is ’t noch wakker gewoante. Yn sokke fermiddens wurdt oan alle pake en beppesizzers in geboarteleppel tabetroud, nij of fererve. It is al mei al frjemd dat dit âld en libbene gebrûk oan no ta net yn ’e Fryske kanon opnommen is. (Yn Grinslân wie it jaan fan in berteleppel gjin gewoante,  yn Noard-Hollân amper en yn Amsterdam ûnder inkelde famyljes, mooglik ymport en ûnder ynfloed fan Fryske sulversmeden dêre.)

Wat de symbolyk fan ’e foarstellings oangiet: de eventuele (of ferûnderstelde) betsjutting of oantsjutting fan ’e ôfbylding wie by dejinge foar wa’t de leppel yn dy tiid bedoeld is, lang net altyd bekend, noch relevant. De lju keapje faak al in besteande leppel, oan te skaffen neffens wat se te besteegjen hawwe. De foarstelling is dan keazen neffens wat de sulversmid foarhannen hat. De ynterpretaasje fan ’e figueren en sa binne – letter – ek gauris romantiseard.
Hjirûnder – foar de aardichheid – wat beskriuwingen oangeande de Kolleksje Boelstra-Boelstra, mar tink derom: se binne fierhinne út ’e folksmûle fan ’e kâlde klaaigrûn!
Leppel 1:
-madonna mei bern: suverens
-putto, dat is in mollich bernefiguerke (in gerubyntsje, mar dan sûnder fleugeltsjes): hjir ûnskuld anneks deugd, tink
-sfinks: wachter fan ’e sinne.
Leppel 2:
– wetterput: bibels, as boarne fan libben wetter (Jeh. 4: 1-42); germaans, as yngong fan ’e ûnderweareld, fal deryn en je hawwe tagong ta ûnderbewuste gebieten
– iepen roas: ierdske en spirituele leafde; ek geheimhâlding, stilswijendheid (sub rosa)
– beam: libbenskracht
– ynsiedde lân fan trije lagen: nij libben, en trije kin stean foar it folsleine, teken fan it godlike, de totaliteit
– mei fiif útkommende fruchten: nij libben en fiif kin tsjutte op genede, barmhertigens en geunst
– swevende widze: oergean nei de ivichheid.
Leppel 3:
– in healdraak kin stean foar de bringer fan fruchtberens, mar dêrfoaroer allyksa as de gefaarlike knauwer oan ’e libbensbeam.
Leppel 4:

– wetterkrúk: bibels, libben wetter (Gen. 24), bewarring foar neikommende geslachten (Eks. 16:2); ek faaiens fan it libben (Preker 12:6), en Gysbert Japicx seit:
Sa giet de krúk wol lang te wetter
M
ar rekket yn de ein te pletter.
Leppel 5:

– it hynder sil stean foar de hynstefokkerij en -riderij fan ’e Boelstra’s fan âlder op âlder.
Leppel 6:
– frou mei palmbeam: frede

– in sater kin stean foar moedigens, tierigens.