Koldijk, Trijntje Martens – 1807

Foarwerp: sulveren sierleppel mei tinkopskrift
Ynskripsje: oan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn
skriuwletters:
Trijntje Martens Is Gebooren Den 14 Augustus 1784
yn ’e midden ûnder de rottetonge, sintreard:
en zij is/Overleden den 10 May/1807 zij was in den/Ouderdom van 22 Jaar/18 weken en 3 Dagen/Na eenEgtverbintenis/van 3 Jaar en 18 Dagen/Gjalt Sjoerds
Stâltype: ornamintstyl Loadewyk XIV, oan beide kanten bewurke
Stâlbekroaning: bierbrouwer
Lingte: 17,9 sm.
Gewicht: 50,6 gram.
Masterteken: A [skieden troch in blom] A = Andele Andeles, Ljouwert, wurket 1709 [] 1754
Jiermerk: 2de fearnsjier 18de iuw
Bysûnderheden: boppe-oan wjerskanten fan ’e rottetonge stean twa seisblêdige blomkles. De leppel hat mooglik te krijen mei it Ljouwerter Brouwersgilde en hat miskien in geskink oan de famylje west dy’t him in iuw letter werbrûkt as tinkleppel. Sa’n stik sulver hie in yntrinsike wearde, bygelyks as der tefolle yn kas wie. Mar de leppel kin ek op ’e sweef west hawwe.
Bewarring:
A.B. Kramer-de Boer (2019)
Fotograaf: Jaap schaaf / Hogenoorden
Klolleksje: Van Gelder