GENEALOGY GOSLIGA

 

Eventually this page shall be translated into English.

In ferhaal fan:
-dy Goasliga’s binne dy Goasliga’s net
en
-brieven fan in onwennige doarmer oer de weareld

Undersyk: Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert
Ynljochtingen: Aukje Eijgelaar, De Rottefalle
(Argyf Eijgelaar-Gosliga); Tsjikke Andringa, Feanwâlden
Omballingen: Erfgoed Fundaasje

* = berne/born
~ = doopt/baptised
x  = troud/married
†  = ferstoarn/deseased
[] = begroeven/burried

By de Gosliga’s te Bitgummole waard grute, fóárûndersteld, sterker noch: se gongen der gewoan beslist fan út dat se ôfstamme fan ’e Gosliga’s op Gosliga State te Tsjalhuzum, want se hawwe deselde foarnammen en har famylje buorke yn dy omkriten, te Aldekleaster. En soks waard trochferteld en trochferteld, want dat wie sa.
Mar dat is dan no wol oer, want dat ferhaal giet net op. Ut ûndersyk fan Ype Brouwers docht bliken dat dy twa geslachten net opinoar oanslute. Hjirûnder wurdt alles breed útmetten.
Lykwols, hoe’t de Gosliga’s út Menameradiel dan oan har namme komme, bliuwt – foarlopich – in riedsel.

Hjirûnder:
-GENEALOGY GOSLIGA MENAMERADIEL
-BRIEVEN FAN IN SWERVER: PITER KLAZES GOASLIGA
-TAHEAKKE 1 – Wybe Klaases Gosliga syn komôf bliuwt tsjuster

TAHEAKKE 2 – Hiltje Jacobs Gosliga en har folk
-TAHEAKKE 3 – sibben Jacob Pieters
-TAHEAKKE 4 – Gosliga/Goslinga yn Wymbrits
-TAHEAKKE 5 – Genealogy Gosliga/Goslinga Wymbrits

De measte Bitgumer Gosliga’s wennen yn ’e buorskip By de Mole, letter Bitgummole – sûnt 1962 in selsstannich doarp. Yn dizze genealogy ha wy fanwege de geografise dúdlikens Bitgummole brûkt as de oanbelangjende persoanen op dat plak wennen en net de offisjele doarpsnamme Bitgum.

GENEALOGY GOSLIGA MENAMERADIEL – fragminten

I
Wybe Klaases Gosliga * [Marsum] omstr. 1738 † Marsum 30-9-1821, 83 jier, komt mei attestaasje fan Dronryp yn Marsum 23-5-1765, lidmaat dêr 1778; yn 1765 boer te Marsum, yn 1789 dêr arbeider.
x Marsum 19-5-1766 Hiltje Jacobs Gosliga * Jelsum 5-3-1744 † Marsum 9-10-1824 (80 jier), dan sûnder berop, by x fan Britsum, docht belidenis te Marsum 31-7-1788; tegearre lidmaten te Marsum 1809, ’20.
Ut dit houlik:
1 Klaas Wiebes Gosliga, folget II.1
2 Jacob Wybes Gosliga, folget II.2
3 Andries
 Wybes * Marsum 2-9-1780.

Wybe Clazes begjint syn bestean, ‘krekt troud’, yn 1765 op speesjenûmer 71 fan Marsum dat dêrfoar leech stie. Twa heale hoofden (twa persoanen mei fermogen ûnder de 600 karg.). Oars neat. Dat duorre mar koart: yn 1769 is er Wybe en Hil-en-dy komme yn 1765 op speesjenûmer 71 (twa heale hoofden, twa persoanen mei fermogen ûnder de 600 karg. Oars neat; yn 1769 is er ferfearn nei nr. 27 en dan hawwe se mar leafst ynienen twa skoarstienen, in húshâlding fan fjouwer folle hoofden, 15 kij en noch wat fee. Fan it iene jier op it oare sjitte hja dus troch de fermogensgrins hinne en blykber komme der dan ek in feint en faam yn ’e húshâlding. En dat bliuwt sa. Inkelde jierren mei tal kij: 1770 17, 1775 15, 1780 19. It buorkjen hat ek net hiel lang duorre: yn 1784 ferhuzet Wybe Clazes nei nr. 19, opmerkings: ‘uit de boerkerij’ en ‘geen knegt nog meid’. Dat kloppet: der binne no gjin bisten mear en de húshâlding bestiet wer út twa heale hoofden. Yn 1789 ferhuzing nei nr. 94. (Sjoch: Taheakken)

II.1
Klaas Wiebes Gosliga
, * Marsum 11-1-1772 † Aldekleaster 2-1-1825 (yn stjerakte neamd Goslinga, soan Wiebe, dy’t tsjûge is, tekenet Gosliga), boer te Aldekleaster (it eardere kleaster Bloemkamp by Hartwert, fuort by Tsjalhuzum), x Burchwert 4-6-1797 Hiltje Ruurds Former (ek: Vormer) * Jelsum 28-11-1769 † Hartwert 11-11-1826, yn 1826 boerinne te Hartwert, dr f. Ruurd Melis Former, boer op ’e tsjerkepleats fan Jelsum, en syn (achter)nicht Trijntje Jacobs Schuurmans.
It is helder dat Klaas Wiebes-en-dy fan Aldekleaster út Marsum komme (stjerakte Klaas Wiebes). Skoanheit Ruurd Melis wie op ’e Jelsumer tsjerkepleats grif yntroud mei Trijntje, berne 1735, dochter fan Jacob Pieters, de eardere boer op dy pleats. Sjoch foar Jacob Pieters c.s.: TAHEAKKE 3 hjirûnder.

Aldekleaster, it eardere Blomkamp, stichte yn 1191 troch de Bernardiner monniken of Skiere muontsen út Bolswert. Yn 1572 troch de Geuzen plundere en mei de grûn gelyk makke, mar it boerebedriuw bleau bestean

Ut dit houlik:
1 Trijntje Klazes * Aldekleaster 3-11-1799 † Easthim 5-4-1877, by x sûnder berop te Hartwert, Tryn ferkeapet mei har broer en suster Wiebe en Rutsje op 7-5-1840 in hûs en hiem te Arum, keapsom: f 1.200,00, x Hinnaarderadiel 25-5-1822 Jan Sjoerds van Wieren * Easthim 31-8-1795 † Achlum 19-12-1871, by x boerefeint te Hidaard, letter arbeider te Achlum, sn f. Sjoerds Jakobs van Wieren, arbeider te Easthim, en Gerritje Jans
2 Wybe KLazes * Aldekleaster 25-4-1802
3 Wybe Klazes Gosliga * Aldekleaster omstr. 1804, boer te Aldekleaster, yn 1840, ’42, ’46 en ’48 boer te Achlum, yn 1857 en ’59 wenjend te Mullum, yn 1861 te Arum, yn 1864 en ’65 te Easthim, 1876, ’78 en ’79 te Snits; tsjerkfâd te Achlum; x Wûnseradiel 18-5-1833 Tjitske Sybes Kuipers * Wommels omstr. 1806 † Mullum (hûsnr 94) 2-4-1858 (52 jier), by x faam te Hidaard, dr f. Sybe Baukes Kuipers, kleanmakker/tailleur te Wommels, en Attje Anskes Fokkens.
Yn ’e trouakte stiet Wybe te boek as Goslinga, hy tekenet sels Gosliga. Tsjitske skriuwt harsels Kupes, neffens útspraak: de r is yn dit gefal yn ’t Frysk stom).
4 Ruurdtje (ek: Rutje) Klazes Gosliga * Aldekleaster 11-2-1807 † Easthim 20-6-1884, boerinne te Easthim, x Hinnaarderadiel 14-5-1831 Anske Sybes Kuipers * Wommels 11-6-1802 † Easthim 24-2-1868, by x boerefeint te Easterein (wierskynlik by syn beppe), 1836, 1840, 1854 boer te Easthim, sn f. Sybe Baukes Kuipers en Attje Anskes Fokkens.
Yn berte- en trouakten wurdt Goslinga stavere, yn Rutsje har stjerakte Gosliga.
Anske is erfgenamt by in boereboelguod 30-4-1831 (fee, boerereau, meubels en húsrie: f 3.209,-; Hinnaarderadiel 1831, argyfnr 26, minútakten 1830-1831, ynventarisnr 140007, aktenr 00034).
Bern: 1 Hiltje Anskes Kuipers * Easthim 12-1-1836, x Wymbritseradiel 6-5-1854 Petrus Jentjes Greydanus * Burchwert, keapman te Easthim, sn f. Jentje Sybes Greydanus, ûntfanger, en Beitske Johannes Althuisius;
2 libbenleas bern 10-9-1840.

II.2
Jacob Wybes Gosliga
* Marsum 2-3-1774 ~ dêr 12-3-1774 Bitgummole 28-8-1824 [] Bitgum r. 12 gr. 10, 1824 gernier te Ingelum, x Bitgum 29-3-1801 Jeltje Klazes van Aisma * Menaam 22-1-1780 ~ dêr 13-2-1780 op Nij Grut Aysma Dyksterhuzen ûnder Bitgummole 13-4-1856 [] Bitgum r. 12 gr. 11, gernierske te Bitgummole, by ferstjerren sûnder berop, dr f. Klaas Everts, gernier ûnder Menaam, en Minke Johannes. As widdo wennet hja letteroan yn by de húshâlding fan har muoikesizzer Johannes Everts van Aisma.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje Genealogy Van Aisma
Bern:

1 Klaas Jacobs Gosliga, folget III.2
2 Wybe Jacobs Gosliga, folget III.3

3 Minke Jacobs Gosliga * Ingelum omstr. 1811 † Bitgum 14-8-1830 (hûsnr 92), 19 jier, x Menameradiel 5-5-1830 Arjen Doekes Hellema * Bitgum omstr. 1810 † dêr 3-12-1838, gernier te Bitgum, sn f. Doeke Arjens Hellema, gernier te Bitgum, en Jantje Pieters; Arjen x 2 Menameradiel 16-5-1832 Akke Oenes Wouda * Bitgum omstr. 1812 † dêr 26-1-1847, 35 jier, dr f. Oene Wytses Wouda, skipper te Bitgum, en Janke Foppes Fopma; Akke x 2 Menameradiel 13-4-1842 Auke Sipkes Bouma, yn 1832 gernier te Bitgum, 1849 arbeider dêr en by † boerefeint te Marsum, sn f. Sipke Sipkes Bouma, gernier te Ingelum, en Antje Aukes van der Wal; Auke is widner fan Tjamke Aukes Tolsma; Auke x 3 1860 Antje Jacobs Feitsma
4 Andries Jacobs Gosliga * Bitgum 1814 † Bitgum 6-12-1844, 30 jier 

5 Hiltje Jacobs Gosliga
* Ingelum 16-6-1818 † Bitgum 1-11-1848, x Menameradiel 18-5-1842 Bauke Gerbens Heslinga * Bitgum 19-9-1815 † dêr 8-3-1849 (hûsnr 103), gernier en boer te Bitgum; gjin bern; sn f. Gerben Jacobs Heslinga, boer, en Aukje Nannes Terpstra (yn trou-akte fan Bauke: Aukie, neffens útspraak) .

III.2
Klaas Jacobs Gosliga * Ingelum 17-9-1804 ~ dêr 7-10-1804 † dêr 21-2-1843 [] Ingelum rigel 18, grêf 9, gernier te Ingelum (hûsnr 20); Klaas hat net yn tsjinst west: ramplesant, x Menameradiel 13-5-1829 Trijntje Pieters Schiphof * Berltsum 4-2-1800 (by x ferklearje de tsjûgen dat de wees Tryntsje net doopt is: ‘verzuim van hare ouders’, mar dat hja har fan har bernetiid ôf kennen hawwe en dat hja sa âld is as se sels seit) 1844 [] Ingelum rigel 18, grêf 8, by x faam te Ingelum, dr f. Pieter Klazes Schiphof, arbeider te Berltsum, en Grietje Aukes.
It breidspear kin de kosten fan it opmeitsjen fan ’e akte sels net betelje.

Bern:
1 Grietje Klazes Gosliga * Ingelum 6-2-1830 † dêr 24-9-1837
2 Jacob Klazes Gosliga
, folget IV.1
3 Pieter Klazes Gosliga * Ingelum 28-10-1833 † Nueva Palmira, Colorado, Uruguay?, arbeider te Ingelum en Bitgum, yn 1862 sûnder fêst wenplak, yn 1862 feroardiele ta in jier gefangenisstraf foar mislediging en geweld (sjoch hjirûnder), ferfart nei Uruguay, dêr boerefeint, bouboer, skieppeboer en -hoeder, masjinist te Colorado; sjoch: Brieven fan in swerver, hjirnei 
4 Wybe Klazes Gosliga
* Ingelum 20-9-1838 † dêr 8-1-1839, 3 moanne
5 Wybe Klazes Gosliga 
* Ingelum 27-4-1840 † Dyksterhuzen (wenjend by syn beppe Jeltsy van Aisma) 15-12-1858 [] Bitgum rigel 36, grêf 2.

Piter Klazes Goasliga (III.3.3) wurdt op 10 septimber 1862 oanklage foar de Arrondissemintsrjochtbank te Ljouwert:
Pieter Klazes van Gosliga, [van Gosliga, is hjir in fersin, dat komt wol faker foar] oud 28 jaren, zonder vaste woonplaats, geboren te Beetgum, van beroep boeren arbeider, beklaagde, thans gedetineerd.
/…/ten einde te worden teregtgesteld ter zake van op den 17 Augustus 1862, des avonds, in de herberg van Jan Tjallings Jorna, te Irnsum,
1e aldaar gestationeerden rijksveldwachter Aart van Zuiligtem die zich bij gelegenheid der kermis aldaar op surveillance bevond, de woorden ‘blaauwe mug’ en ‘smeerlap’ te hebben toegevoegd,
2e den veldwachter aldaar Jan Hendriks Wijkkel, die mede aldaar surveilleerde, moedwillig in de rechterhand te hebben gebeten, waardoor bloeduitstorting is veroorzaakt.

Piter wurdt skuldich befûn oan:
1e belediging door woorden aan bedienend beambte in de uitoefening zijner functie aangedaan,
2e geweldadigheid tegen een bedienend beambte in de uitoefening zijner functie, welke verwonding en bloeduitstorting hebben ten gevolge gehad.
Hy wurdt feroardiele ta:
1e een geldboete van acht gulden en
2e tot een gevangenisstraf van een jaar en de lasten der procedure.
Presidint fan ’e Rjochtbank is Jhr. Mr Montanus de Haan Hettema, rjochters binne Jhr Frans Julius Johan van Eijsinga en C.E. le Maire.

BRIEVEN FAN IN SWERVER
Piter skriuwt út Uruguay wei trije brieven nei syn broer Jabik, skoansuster Durkje en bern; dat binne de iennichste libbenstekens dy’t de famylje fan him fernimt.
(De brieven binne hjir sûnder ferbetteringen transkribeard; de skeane strepen stean sa yn ’e brief, mooglik binne dy letter troch in oar oanbrocht.)

Piter syn earste brief
Taloorys Den 18 Mei 1871,
ferstjoerd fan it adres:
Don Eduardo Bertran
Estansia Concordia
Nueva Palmira, Banda Oriental
[=Eastside fan de rivier de Uruguay]
Sud America


Geachte broeder ik heb de pen weer eens op genomen om u eenige letters te schrijven ik ben door gods zegen nog vrijs en gezont en wens dat gy deze letters in gezontheid ontvangen moogt   ik heb in kwart geschreven en nu weet ik dat deze brief over zal komen / ik ben heden weer boeren knecht in zuyd amerika / twee jaar heb ik een stuk land had en duyzend schaappen om het vyrden part en het land om de helft maar den heer deed my geen regt doe ben ik weg gegaan doe heb ik acht maanden schaap herder geweest en zoo lang als ik hier ben heb ik een kamaraat had die is van Flensburg en verstaat zeven taallen en my verlaat elkander niet nu zal ik in de maand Feberary weer landbouwer worden en koeijen om te melken om boter en kaas te maken / ik ben by een duyze [Dútse] heer daar zyn dertig knechten en veif en twintig arbeiders wy heb een groot schyp met wol geladen die zou dat naar antwerpen brengen en die kon het almaal niet houde / ons heer heeft elf leekwa kamp een leekwa is drie kwarttier gaans lang en breed / ik ben daar ploeger en zaayjer en anders ry ik met de wagen en met de den heer en zyn vrouw met de figalonta [figilante, koets] en ik heb zelf elf peerden voor myn plazier te ryden maar het is hier altyd oorlog en de zoldaaten haal alle peerden weg twee hondert en veiftig peerden heb zy van myn heer gehaald alle rypeerden / zondags dan zyn wy heeren ryd naar de stad en eet en drynk in de grote hotels ik verdien veel.
veel veiftig gulden in de maand en ben veel nodig maar z00 het heden met my staat dan zal ik van voornemens te trouwen met een meid uit duyzeland die waart ook by myn heer en als dat doorgaat en ik getrouwd ben dan schrijf ik weer en wyl ons patreten ook oversturen / niews kan ik u niet schryven en dat ik scheif is waarheid en men is hier altid in levens gevaar want de ingebooren dat is een ruw volk en het is haar even veel als zy een beest of een mensch dood maak maar de heer die my tot hier toe bewaard zal my verder bewaaren en sluyt hier mee myn brief en de heer zegen u
doe de groetenis aan kooistra en zyn vrouw van my en ik verwacht een brief van u op het spoediste van u want ik heb groot verlangen naar u dat waaretig de waarheid de heer die myn gedachten weet doe my zoo en doe daar toe en dien ik bedrog schrijf de groetenis aan vrienden en bekenden zyt hartelik van my gegroet u broeder
P K Gosliga
J K Gosliga
D G van d Velde
en kinderen

myn kamaraat heeft het adres hier op gezet

Piter syn twadde brief
Conkoerdia Repeblik de banaritaal   21 September
Waarde broeder ik heb de pen weer eens op genomen om u eenige woorden te schreiven ik ben door gode zegen nog vris en gezont hoop van u de [?] het zelde en dat gy deze woorden in gezontheid moog ontvangen / ik heb de brief de 29 ocktober ontvangen van u en wens nu spoedig berigt  van u.  Maar daar ik toen van gesproken heb is niet gebeurd Die vrouw past my niet want aan deze tyd toe ben ik nog onbevlekt en god bewaar my daarvoor hoewel tot voorzorg [?] was aan de voeten gelegen maar de hand des heeren bewaar my daarvoor   ik ben een jaar bouw boer geweest en heb daar duyzend gulden verlooren nu ben ik met schaappen aan de gang myn heer wilde my niet weg laate die heeft my achhttyn hondert schaappen gegeven nu ben ik beter [?] hier maar dat is slegt in deze lande met de oorlog Dit jaar is goed en nu wyl de oorlog weer beginne en dat is maar paarde stele en koei slagten anders niet / Maar ik ben altyd voorzien van zes kogels en een zwaard en daar zyn ze bang van / voor een buytenlander want de uropayaan schiet regt door   Maar en is zyn leven niet zeker en ik houd onder dat ik zal zien om een vrouw en ik weet een protestanse godsdienst die is zes en twintig jaar oud en van bedrijf landbouw die past my de ander zyn twaalf jaaren niet ouder dan achttyn jaaren dan kattelik die mag ik voor myn oogen niet zien want die leef als de beesten en denk niet aan god. nog zyn gebod en ook veel [?] en wyl my verleiden / maar ik zeg myn god verkiest dat niet en laat liever zeven zwaardendoor myn hart gaan dan dat ik myn god zal smaadden en myn ziel schade lyden want ik heb hier tid om gods woord te overwgen en Jezus de zoon gods is myn uit legger dat als god gaf dat ik weer eens in holland kwam dan zouden de menschen dat niet denken omdat ik veracht ben in Holland / maar hier gaan ik met heeren aan de dis die zooveel hebbe als de dorp beetgum menaldum en marzum groot zyn en ben bekend in duysland en eggeland en noord ameerika als landbouwer en macinyst van de eerste klas anders kan ik u niet schrive dan dat waar is e dit is waar en hoop dat gy my Spoedig schrjft doe verder de groetenis aan alle vrienden en bekenden en aan K A Kooistra en A K Jepma en schrif aan hun dat hy mee in de brief gemeld wort. want y zyn als broeder en zuster in myn hart. de heer dan zegende u en doe de welvaart over holland bloeyen zyt hartelik gegroet van uwen broeder P: K Gosliga.
het adres is duyser geschreven van een duyzer van de broeder die myn kamaraat vier jaar is geweest de welke hier vermoord is tien werven van my af in het bos en ik kon hun niet gewar worden anders zou ik hun slaan   Vaarwel   Vaarwel 

Piter syn tredde brief
Concordia Juny den 9   1874
Geliefde Broeder en vermily
ik heb uwe brief in gezondheid ontvangen en daaruit verstaan dat gy allen ook vrys en gezont zyt het welk my zeer aangenaam is en hoop dat wy elkander ook zoo weer zyen maar ik kan niet vroeger als in 1876
ik ben de eerste 3 jaar alleen geweest doe ben ik 16 maanden knecht geweest by deze heer Antone Pranger en Heleema Lankhof: daar waar ik landbouwer en koe tyzer
[tysker = hanneler] en heb daar met 5 peerden voor de tylbrie gereden  met de jufvrouw en sta bekend als landbouwer en macinyst van de eerste klas / doe heb ik en plaattje van van 50 pondemaat bou van de heer gehad daar heb 1500 gulden dat jaar by verlooren dat bouwen gaat hier niet in dyt land. doe heb ik en huis met 2 kamers en 300 pondemaat land van den heer gekregen en 1800 schaappen daar heb ik 4 deel van en dat is dit jaar ook niet best gaan / maar ik heb nog 600 gulden schoon geld over houwden / ik ben myn eigen heeren en heb 4 paarden 32 kippen en 4 honden en een tuin voor aardappels en wat groente / bergen zyn hier niet / huvels / wy eete vlees en wat veriny en hard brood wy kleed ons als in urooppa  klompen zyn hier niet en peiten ook niet / van de hoeden / het vee loopt altyd in het land winter is hier niet.
de ingeboorne kleedt hem met pantje en syllipa   Godsdienst kattelik en prottestante kerk is hier niet dat ik heb in holland voor het laatst in de kerk geweest / een bijbel heb ik anders heb ik geen boek die heb ik van het schoenderschyp Gezia Margaretta Sconia genamt gekregen de 19 Feberary 1868 / de kapityn waar een van Espense haatten / de menschen zyn hier beschaafde heiden als zy en mensch op het zwaard neem als en beest dat is hier een / dat als de zo onder is dan steek ik  2 zweerden en een revolwer by myn gordel in en voor het schietten zyn zy bang want zy weet dat de uropyaan schiete kan / en de heer van hemel en aarde behoedt my want ik geen beste buurluy aan de eene zyde / de andere zyn duysdt die zyn van de het zwin daar kan ik goed met en hier verklaar zy my ook niet voor een zwerver gelyk in myn vaderland / en zoo ik verstaan heb in u brief niet het geloof / dan gelikt holland en vier jongeling die stouwt op zyn kracht de tugt moede is en nu met zyn eigen oogen zyn pad af meet / want zoo veel verstand als ik heb van de bijbel en testament dat de gezichten van daniel en van de openbaaring johannes en het vervullen is / maar ik geloof dat Jezus in geest en in het vlees verscheenne is geweest / maar gy wylt alles zoo wete wat hoe het hier is / myn huis staat 5 uuren van de plaats af / myn heer en vrouw hebben dchters / kermis is hier niet veeste ook niet  / het vlees de 25 pond 3 gulden de kipeiren de 12 : 75 cent / het jaar door de boter 1,25 cent en paar lazen voor zondags 38 gulden en de schoenen 15 gulden maar ik heb van 18 gulden en schoenen van 7 gulden en myn paarde zadel voor 120 gulden en daagse broek 11 gulden en poltoo 20 gulden in blouw hemd bosgroen 3 gulden en hoed 9 gulden de koffie 1 gulden het pond suyker 42 cent het pond en arbeide per dag 3 gulden en ik 5 gulden 25 gulden dt is myn hoogste geweest per dag in dit land mar die ander knechten die verstaan het werk zoo niet als ik en kan ook zoo veel niet doen en dan heb ik in de 4 dagen en vles Jenever van de heer / de knechten hier slaap op de paarde zadel / de heer en de vrouw op een beid de ander op een matras van wol en ik op een stro zak in de kryb / ik heb een tavel 4 stoelen / en myn eetlepels kost de 12 : 11 gulden en de vorken ook / steenen koemmen heb ik te koffy dien kan het ander is blijk goed om te eeten 3 yzenen potten en 3 ketels / 4 wollen de kans ik heb dat als in holland maar de arbeiders hier anders heb geen stoel en geen tavel zit maar op een stuk hout en de pan met eeten op de grond en neem met de hand en stuk vlees daar uit en eet zo maar zoo zyn de ingeboren hyer / en de menschen wil my een vrouw geve 13 jaar is de jongst en de ouste 19 jaar / ouder is my nog niet aan prescenteerd en als zy niet goed is dan kan ik haar verruyle aan een ander zuster en kan ook by de maand wel kregge maar ik wyl niet gelyk de beesten en dit is nog erger want een beest behout zyn zoo veel mogelik is en ik ben altyd alleen en heb met geen mensch wat te doen en eet drink daar ik lust toe heb en ryd alle dag op het paard daar zt zondags op reit gaan / en de maand apryl zyn hier 8 zondagen aan een maar de uropiyaan houdt die niet / zy speel hier ook nog met menschen beenderen gelik robinzon in zyn boek verhaalt / ik heb ook met slaven gearbeid in de broeilingen ik ben ook by inderyaanen geweest daar strande ik met de boot in de nacht / een maal ben ik met de boot omslagen door het onweder doe kwamen er 3 booten uit en redden my weer want het was dag ik waar der weer boven op klommen en dreef met de zee weg daar verloor ik een deken by maar nu hou ik my op het droge dat waar de boot van de kapetyn Kees Hoekstra van holwert ik heb nog 50 gulden voor gekregen en hy waar stukken / de fracht is hier niet zoo groot want dan waar men zyn leven niet zeker / voor een paar gulden steek zy hier een dood / de huyzen in de stad zyn van steen en plat dak van boven / en in de kamp van grond / maar de duyz heb allemaal ook steenen huizen in de kamp maar geen glazen vensters en alles is hier voor de nacht zwaar verzekert voor inbreken / turf is hier niet zy brand hier houwt en doozen en koemest en beenen en steenkool / het vee dat sterft blft op het and liggen de huyd wort er af haald / daar wat aan is zik of krupel wort niet ge eeten dat leeft zoo laag dat het sterft / de aardaapels is hier de 25 pond 27 50 cent
zik ben ik hier nog niet geweest en dit land / in gy hebt met u vrouw nog een dochter had
[Hendrikje (Hinke) * Bitgummole 31-12-1871 † dêr 1-9-1872] en is dood daarom broeder laat de dooden rusten. zie het schuldeloos wicht sloot voor daard haar oogjes digt, en ontwaakte aan beter kusten broeder troost u in uw lot, zie uw lievling is by god. ziet gy daar die lustprielen in dien eeuwgen, daar mag thans uw lievling zyn, ’t serafyntje dartlen spelen voor een duldeloos gewemel, voor de vrucht van later tyd, voor een langen levenstyd. koos uw zalig kind den hemel, broeder troost u in uw lot zie uw lievling is by god. en hier is de hollands spraak van my ook die in myn vaderland over my is uit geroepen. Verlaten vergeten de stof in myn hand toog ik door stad en door land en zwerver en vreemdling waar ’t lot my ook bracht was ’t veld vaak myn woning by dag en by nacht hoe dan was myn mantel, hoe sleeht [sleets?] was myn hoed, geen schoesel beschutte myn wanklenden voet, en stoof ook de koude my kyl om de been, myn pad was vooruit onverschillig waarheen, wie telde al myn noden myn liden myn wee, en toch was ik getroost en gedwee. en toch valt de zwerver het leven niet bang, maar zingt nog dikwerf een vrolyk gezang. dan zyng ik met vreedzaam en vrolik gemoed van god myn vader zoo liefdryk en goed, van kristus myn helper op’t moeilyke pad, myn hoop myn uitzigt naar eeuwige stad, ik weet van geen twist over ’t woord van den heer, ik kies geen paty in’t begrip van de leer, [Piter syn broer Jabik sit midden yn ’e striid tusken otterdoksen en frijsinnigen] wanner ik de blik op myn bybel slaan, dan vind ik voor myn lyden genoeg, zoo zwerf ik de zwerver en wie het bepaalt als uitest regtzinnig of hoogst liberaal, geloof my maar vry ik kom voor het eind van kruys by myn broeder te nog eenmaal te huis. de groetenis van my aan alle vrienden en bekenden vooral aan kooistra en Ake Jepma hartelyk van my gegroet uw broeder Pieter   Klazes :  Gosliga
De groetenis weer aan rensk w Niweschout
ik verwacht voor dat ik kom nog een brief van u
zyt nog maals gegroet god zegen u en de vamily

Dit is Piter syn lêste wurd oan ’e family. 

 

III.2
Wybe Jacobs Gosliga * Ingelum 1-5-1807 † Bitgum 30-8-1862, gernier en greidboer te Bitgum, x Menameradiel 31-3-1841 Antje Jacobs Hemrica * Bitgum 1810 † Bitgum 4-5-1861, dr f. Jacob Annes Hemrica, gernier te Bitgum, en Jetske Jelles Dijkstra, widdo fan Alle Thomas Dijkstra, gernier te Bitgum.
Bern:
1 Jacob Wybes Gosliga, folget IV.2

Ljouwerter Krante april 1858:

IV.1
Jacob Klazes Gosliga * Ingelum 3-6-1832 Bitgummole 16-6-1906 [] Bitgum rigel 12, grêf 11, gernier en keapman, 1872 winkelman/keapman, kastelein en rydtúchferhierder, 1880 fuorman by de Boarne te Bitgummole (hûsnr 87); tsjerk- en earmfâd, x 1855 Dirkje Gerhardus van der Velde * Wânswert 1831 [] Bitgum rigel 12, grêf 10, winkelfrou en tapperske te Bitgummole, dr f. Gerhardus Gillis van der Velde, skoalmaster te Wânswert, skoallehaad te St.-Anne, en Hendrikje Johannes Santhuisen, as widdo winkelfrou te St-Anne.
Jabik groeit as wees op by syn beppe Jeltsy van Aisma  op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole en by syn heites neef Johannes Everts van Aisma, boer op op Nij Grut Aysma state dêr.

Fan Jabik is in learboekje út 1845 bewarre bleaun. Hy hat it krigen op Sinteklaas 5 desimber 1846. De wiisnoas – hy is dan fyftjin jier – brûkt it omkaft foar syn wiisgearige skriuwoefeningen.
Beetgum den 5 December 1846
Hy poneart ûnder oaren:

Wat Gij beloofd/hebt moet Gij houden/al leed Gij er ook/schade bij Wilt Gij/dit niet gaarne, dan/moet Gij niet beloven./J. Gosliga/
Mar hy is noch net klear:
Het gebeurt somtijds dat neiging en pligt tegen elkander inloopen; dan moet neiging altijd voor pligt wijken.
Wees behoudzaam in het beloven, zorgvuldig in het nakomen
Wanneer men anderen tot het verrigten van iets goeds behulpzaan kan zijn moet men zich niet onttrekken
Hulp te verlenen waar men kan is altijd pligtmatig verdient lof en verwerft achting
Dikwerf brengt dit te doen zelfs voordeel aan doch het is de les anderen in het verrigten van iets goeds hulp te bieden waar men kan
een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam



Bibel fan Jabik Klazes Goasliga. Foto: Freek Zwart. Partikuliere kolleksje 

Rouadvertinsje yn ’e Ljouwerter Krante 19 en 22-6-1906:

IT KIN FERKEARE
Jabik Klazes Goasliga syn begjinjierren binne materieel pover. Syn mem is arbeidersdochter en al ier wees; syn heit en mem ha ’t sa krap dat se by har trouwen de kosten fan ’e akte net betelje kinne. Jabik is alve as syn heit stjert en tolve as syn mem weirekket. It boike komt by syn beppe yn ’e gernierkerij op Dyksterhuzen. Dy lûkt mei it jonkje yn by har muoikesizzer Jehannes Everts van Aisma, troud mei Ytsy Hartmans Hartmans, bouboer op Nij Grut Aysma op Dyksterhuzen, soan fan Jeltsy har broer Evert Klazes van Aisma, lâneigener, bouboer, wethâlder fan Menameradiel, tsjerk- en earmfâd, etc. etc. etc. Yn ’t doarp wurdt Jabik noch lang Jabik van Aisma neamd.
As er njoggenentweintich is, komt syn jongere broer Piter yn ’t kasjot en as dy frijkomt wurdt dy – neffens eigen sizzen – yn doarp en omkriten ferachte. Hy trekt de weareld yn.
Jabik wurdt in achtber man en krijt yn ’t stoffelike grûn ûnder fuotten. Hy is gernier, fuorman, winkelman/keapman en kastlein. Der sit njonkenlytsen wol wat modder by him oan ’e kloet, en sa wurdt er lid fan it ‘Burgerlijk Armenbestuur’. Yn it geastelike bout er yn Bitgum as ien fan ’e foaroanmannen wakker oan ’e Doleânsje.

Bern:
1 Hendrikje (Hinke) Jacobs Gosliga * Bitgummole 31-12-1871 † dêr 1-9-1872
2 Trijntje (Nynke) Jacobs Gosliga * Bitgummole 18 maart 1856  dêr 16 aug. 1936 [] Bitgum r. 16, gr.4, lizzende sark, grêfskrift:
HJIR LEIT/OAN’T DE DEI FAN DE OPSTANNING/IT STOFLIK OERSKOT/FAN US LEAVE MEM/TRIJNTJE JACOBS/GOSLIGA/WIDDO FAN R. G. BROUWER/BERNE18-3-1856/FORSTOARN 16-8-1936/TO BITGUM/EFZ.2:8/
x Menameradiel 13-5-1880 Reimer Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 31 des. 1856  Bitgummole 28 nov. 1929 [] Bitgum r. 16, gr. 3, lizzende sark, grêfskrift:
HJIR LEIT/OAN’T DE DEI FAN DE OPSTANNING/IT STOFLIK OERSCHOT FAN/REIMER GERBENS BROUWER/MAN FAN/TRIJNTJE JACOBS GOSLINGA/BERNE 31-12-1856/FORSTOARN 16-8-1936/TO BITGUM/JES. 26:19/
Gernier en ierdappelkeapman te Bitgum (doarpskom Bitgum, no Buorren 10), sûnt 1894 boer op Grut Fellingwurd op Fjouwerhûs te Menaam ûnder Bitgum, sûnt 1913 op har nij-boude pleats dêrneist; tsjerkeriedslid Grifformearde tsjerke Bitgum; foarsitter ‘Burgerlijk Armenbestuur’ fan Menameradiel foar Bitgum, skriuwer ‘Bewaarschoolvereniging Beetgum en omstreken’; sn f. Gerben Reimers Brouwer, gernier/boer op Bessebuorren te Bitgum, en Brechtje Folkerts Damsma
3 Gerhardus Jacobs Gosliga * Bitgummole 17-6-1857 † dêr 9-10-1857
4 Gerhardus Jacobs Gosliga, folget V.1


Nynke Jabiks Goasliga. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Gosliga


Nij Fellingwurd, dy namme hat eins net yn swang west – mar dat kin noch! De pleats oan ’e Menamerdyk (no Bitgumerdyk 23) dy’t Roimer en Nynke bouwe litte, en dêr’t yn 1913 de earste stien fan lein wurdt. Se moatte fan Grut Fellingwurd ôf (even besuden), want dêr sil de famylje fan ’e eigner sels wer op. Lykwols, Roimer hat it measte lân dêrfan yn eigendom, de huzing net. Dat sadwaande sette se har nij spul op âldlân fan harsels.
Foto: Lucht Foto Nederland. Kolleksje Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer, Bitgum


Roimer en Nynke keapje yn 1925 de eardere pastory fan ’e Grifformearde Tsjerke fan Bitgum (no J.H. van Aismawei 73) dêr’t se rinteniere en Nynke de septer swaait. Se rjochtet alles behoarlik lúksieus yn. Sa lit se troch sawat it hele hûs hinne fêste flierbedekking lizze, apart yn dy tiid. ’t Is readbrún en purper mei âldrôze en it wol net slite, sa’n kwaliteit. Guon stikken binne der no noch. Dy hat beppesizer Roimer van der Schaaf út kurioasiteit bewarre.
Pake Roimer fynt it allegear wol bêst. Hy bemuoit him allinne mei bûtenom. Earst lit er alles fervje troch ferver Fokkema. Dy doart neidat hy de put derút hat, hast net mei dy wol hele grouwe rekken oan te kommen. Nei ferrin fan tiid lûkt Roimer him op ’e dyk oan ’e jas: Fokkema, de rekken! As baas Fokkema syn jild bart, is er ferstuivere: oars net as allegear grutte biljetten.

Fokkema hat ek in klus útstean by de man dy’t de âlde grifformearde tsjerke (rjochts op ’e foto) kocht hat en troch him yn ’e ferve sette litten. Mar dy doarpsgenoat komt mar net mei syn sinten oer de brêge. Fokkema op syn beurt sjit him dêroer oan. Op ’t lêst komt de skuldner by him, en hy telt stoer foar stoer foar stoer del. Fokkema seit ferheard: Wolle jo dat hele bedrach yn stúórren betelje Jakkele? Ja! ropt dy. Of wolle jo se net ha Fokkema? 

As dochter Hinke Brouwer – neamd nei Nynke har jongferstoarne suske Hindrikje Goasliga – trout mei Sybren van der Schaaf lûke dy by Roimer en Nynke yn, it hûs is grut genôch. En se bliuwe dêr. No wennet pakesizer Durk van der Schaaf hjir, de tredde generaasje.
Boarne: Durk van der Schaaf. De foto is wierskynlik nommen by in doperij, dûmeny hat de poppe op ’e earm. Kolleksje Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer, Bitgum


IV.2
Jacob Wybes Gosliga
* Bitgum 3-6-1842 † Tearns 7-3-1892, yn 1867, 1869 gernier te Bitgum, 1870, 1873, 1874 kastelein te Baard, 1876 kastelein te Pitersbierrum, 1878, 1880 gernier te Bitgum, 1882 sûnder berop te Ljouwert, 1883 winkelman te Ljouwert, 1885 kastelein te Baard, 1887, 1890, 1891, 1892 komelker te Tearns, x Menameradiel 1-9-1866 (hja 17 jier) Aukje Maria Tjerks Oreel (Aukje Maria neffens berte-akte; Maria, de twadde namme, wurdt letter yn ’e measte akten net tafoege) * Koatstertille 14-9-1848 † Weinterp 9-2-1941 (92 jier), yn 1896 komelkerske te Deinum, yn 1900 feehâlderske dêr, yn 1906 bierhúshâldster te Weinterp, 1920, ’22 sûnder berop te Weinterp, dr f. Tjerk Clases Oreel, yn 1831 skippersfeint te Ljouwert, 1866 sûnder berop te Marsum, en Seike (ek: Sijke en Aukje) Hendriks de Boer.

As kastelein te Baard hat Jabik ek noch gerniersbelangen yn Bitgum, Ljouwerter Krante 8-7-1870:

Bern:
1 Antje Jacobs Gosliga * Bitgum 20-8-1867 † Smellingerlân 26-6-1944, x Ljouwerteradiel 26-11-1907, skieden Arrondissemintsrjochbank Ljouwert 29-6-1911 Dirk van der Weide * Jelsum, sn f. Douwe Dirks van der Weide en Margaretha Goud 
2 Aukje Jacobs Gosliga * Bitgum  30-7-1868, neffens Folkstelling 1949 wenjend Ferlingde Skrâns 80 te Ljouwert
3 Tjerk Jacobs Gosliga, folget V.2 
4 Wybe Jacobs Gosliga * Baard 29-11-1870
5 Sijke Jacobs Gosliga * Baard 21-3-1873, yn 1896 sûnder berop te Ljouwert, x Amsterdam 16-11-1899 Josephus Franciscus Tichelaar * Ljouwert19-6-1876, smid te Amsterdam, letter opsichter Gemeente Wetterlieding dêr, sn f. Benedictus Tichelaar, winkelman, letter organist te Ljouwert, en Everdina Veronica van der Werff, x 2 Amsterdam 24-2-1916 Catharina Elisabeth Brands.
Bern fan Sijke:
1 Benedictus Gosliga * Ljouwert 3-2-1896, by houlik erkend, hyt sûnt Tichelaar, x Louise Margaretha Catharina de Fost; twilling mei:
2 Josephus Franciscus Gosliga * Ljouwert 3-2-1896, by houlik erkend, hyt sûnt Tichelaar, x Antoinetta Renes
3 Everdina Lucia Josephina Tichelaar, x Isaac Merkelbach
6 Aukje Jacobs Gosliga
* Baard 31-10-1874 † Smellingerlân 23-3-1945, x Skoatterlân 11-5-1911 Bauke Gaastra * Aldegea (Sm.), boer te Mildaam, sn f. Roel Gaastra, greiboer te Mildaam, en Antje de Boer 

7 Jeltje Jacobs Gosliga * Pitersbierrum 24-5-1876 † Ljouwert 1-8-1950, x Ljouwerteradiel 10-10-1896 Lieuwe Jans Westra * Koarnjum, by x keapman dêr, dr f. Jan Lieuwes Westra, 1896 fuorman te Deinum, en Berber Geerts Kuipers; neffens Folkstelling 1949 wennet Jeltsje te Weinterp, nûmer 187
8 Jacob Jacobs Gosliga * Bitgum 12-7-1878 † Weinterp 22-12-1906, by † sûnder berop te Weinterp
9 Trijntje Jacobs Gosliga * Bitgum 12-2-1880
10 Anne Jacobs Gosliga * Ljouwert 14-2-1882
11 Jetske Jacobs Gosliga * Ljouwert 3-3-1883
12 Anne Jacobs Gosliga * Baard 26-3-1885, wennet neffens Folkstelling 1947 te Weinterp, nûmer 184
13 Jetske Jacobs Gosliga * Tearns 4-8-1887
14 Jacoba Jacobs Gosliga * Tearns 28-3-1890 † Deinum 1-9-1900
15 Auke Jacobs Gosliga * Tearns 13-12-1891, by x túnman op ’e Gerdyk, x Hylpen 25-5-1920 Trijntje Faber * omstr. Hylpen 1889, dr f. Obbe Faber, 1920 sûnder berop te Hylpen, en Froukje Dikken; Auke wennet neffens Folkstelling 1947 te Hengelo (O.), Krabbenbosweg 169; 3 bern.

V.1
Gerhardus (ek: Gerardus, Graddus, Gerryt) Jacobs Gosliga * Bitgummole 18-11-1860 dêr 16-3-1928 [] Bitgum rigel 12, grêf 11, gernier by de Boarne te Bitgummole, 1919 fuorman dêr, x Menameradiel 20-5-1886 Akke Harkes de Jong * Berltsum 26-12-1862 Bitgum 6-1-1923 [] Bitgum rigel 12, grêf 10, dr f. Harke Jitzes de Jong, kastelein te Bitgum, en Hylkje Sybolts Feenstra.
Graddus keapet 25-11-1908 ûnreplik guod te Bitgum fan syn achterneef Johannes Hartman van Aisma, keapsom: f 2.500,- (Notarieel argyf 1908, minútakte 28, ynventarisnr 015047, aktenr 04644); idem 15-12-1909 fan Reinder Jurjens Tolsma, keapsom f 1.850,- (Not.argyf 1909, minútakte 26, ynventarisnr 015048, aktenr 04795).

Graddus Jabiks Goasliga, Hyke, Jabik en Akke de Jong. Kolleksje Tineke Riedstra-van der Schaaf

Bern:
1 Hylkje (Hyke) Gerhardus Gosliga * Bitgummole 23-3-1887 † dêr 26-6-1972; yn ’t doarp wurdt Hylkje Hyke Gos neamd), x Menameradiel 12-5-1910 Dirk Douwes van der Schaaf * Bitgummole 15-4-1885 † dêr 30-5-1920, gernier te Bitgummole, sn f. Douwe Arjens van der Schaaf, gernier en ierdappelkeapman te Bitgummole, en Grietje Pieters Runia (sjoch: Erfgoed Fundaasje – Cultura en Promotor Ruurd Minnes Braaksma)
2 Jacob Gerhardus Gosliga * Bitgummole -1-1890 † dêr 1890 [] Bitgum
3 Jacob Gerhardus Gosliga
* Bitgummole 16-1-1891 dêr 20-2-1891 [] Bitgum rigel 11, grêf 9
4 Jacob Gerhardus Gosliga, folget VI


Hyke Graddus Goasliga. Kolleksje Erfgoed Fundaasje

V.2
Tjerk Jacobs Gosliga * Bitgum 8-1-1869 † Warkum 19-12-1930 [] Warkum by de tsjerke, yn 1891 keapman te Tearns, 1892, 1894, 1895 komelker te Lekkum, 1895 arbeider te Ljouwert, 1897 timmerman te Lekkum, 1912 fuorman te Ljouwert, yn 1921 wenjend te Huzum, 1922, ’30 sûnder berop te Warkum, x 1 Ljouwerteradiel 16-5-1891 (22 en 35 jier) Antje (ek: Anna) Hommes Dijkstra * Haskerdiken  12-5-1856 foar it twadde houlik fan har man , dr f. Homme Atzes Dijkstra, boer te Haskerdiken, en Dettje Simons (ek: Symens) de Jong; x 2 Warkum 1-2-1922 Pietrik Tjeerde * Warkum 23-9-1876 † dêr 2-12-1949 [], dr f. Dubbeld Theodorus Tjeerde, skuonmakker, winkelman en keapman te Warkum, en Reinouw Alberts Faber; Pietrik x 1 Warkum 2-8-1907 Schelte Jans Nauta * Warkum 23-6-1878 † dêr 3-3-1911, yn 1917 postrinner dêr, sn f. Jan Nauta, skipstimmermansfeint dêr, en Lieuwkje de Boer.


Tsjerk Jabiks Goasliga.
Foto’s yn dit skift komme út de Kolleksje Famylje Eijgelaar/Aukje Eijgelaar, De Rottefalle.
Sjoch: www.ossekopleeuwarden.nl/klaasey.html


Anne Hommes Dykstra. Foto: H.P.E. de la Roche Busé, It Hearrenfean.
De foto is nommen yn 1887, Anne is hjir 31 jier.
Yn ’e famylje libbet Anne troch as de bewende rike boeredochter dy’t winliken ûnder har stân troude. Der giet in sechje: as in boer fan Haskerdiken in kear mei syn tilbry op ’e dyk de grytman tsjinkomt (in Vegelin van Claerbergen?), ek mei syn reau, wol de boer mar net oan ’e kant gean. Dat is dy grytman net wend. Mar syn tsjinlizzer opperet:
Ik bin in boer fan Haskerdiken
Ik hoech foar nimmen út te wiken
ik haw in pleats mei tritich kij
en jou gjin byt om dy.


Pietrik Tjeerde, se is sân jier jonger as Tsjerk. Foto: Meijer & Co., Grins, Gedempte Zuiderdiep S 258.
Kolleksje Warkums Erfskip; Fotoalbum De Vries-Feenstra

Bern:
1 Aukje Tjerks Gosliga * Lekkum 2-3-1892 (by opjefte yn Befolkingsregister: godtsjinst gjin, letter doopsgesind) † Ljouwert 8-12-1965, x Ljouwert 31-7-1912 Klaas Eijgelaar * Ljouwert 29-7-1886 (doopsgesind) † Ljouwert 24-11-1949, by x kofjehúsfeint dêr, sûnt 1912 útbater fan it bierhûs ‘De Ossekop’ Uniabuurt 8 (de húshâlding wennet û.o. op ’e Grinzerstrjitwei R 18A, en sûnt 1912 Uniabuurt C 8boppe; op 10-5-1919 ferfarre se nei Oldemarkt (Kruisstraat 22B) en komme se werom yn Ljouwert op 27 oktober), sn f. Antoon Eijgelaar, kofjehúshâlder yn ‘De Poort van Cleef’ oan ’e Groate Hoogstraat te Ljouwert, en Ankje de Haas; Aukje wennet neffens Folkstelling 1947 te Lekkum.
Bern: Tjerk * 1913, Anna * 1917-1918 (9 moanne), Antoon * 1918, Nico * 1922, Auke * 1924, Willem * 1926.
2 Homme Tjerks Gosliga * Lekkum 10-2-1894 † Lekkum 9-2-1895
3 Dettje Tjerks Gosliga
* Lekkum 25-12-1895 (doopsgesind), x Ljouwerteradiel 14-10-1919 Jan Edzard Steinvoorte * Ljouwert 2-8-1891 (godstsjinst: gjin), keapman te Ljouwert, stukadoar dêr (ferhuzet 24-7-1913 nei Amsterdam, sûnt 1-11-1923 fytsehanneler te Huzum, sn f. Roelof Steinvoorte, skuonmakker te Ljouwert, en Harmke Heida; Detsje wennet neffens Folkstelling 1947 te Ljouwert, Bildtsestrjitte 8; bern: 1 Harmina Anna Steinvoorte * 1920, 2 Anna Elisabeth Steinvoorte * 1924
4 Jacoba Tjerks Gosliga* Lekkum 19-8-1897, yn 1921 wenjend te Swolle. 


Aukje Tsjerks Gosliga. Foto’s yn dit skift komme út de Kolleksje Famylje Eijgelaar/internet

De âlden fan Klaas Eijgelaar jouwe gjin tastimming foar syn houlik mei Aukje  (seis jier letter krije Klaas en Aukje in soan dy’t se Antoon neame, dat it sil wer betijd wêze):


Klaas is nei syn skoalletiid in skoft kelner yn ‘Zaal Van der Wielen’, no ‘Zalen Schaaf’ en hy runt mei syn suster Tjits in skoft ‘De Poort van Cleef’, kafee en restaurant. As Aukje en Klaas ferlove ha se it plan om in kafee te begjinnen. Se ha it each falle litte op Uniabuurt nûmer 8. Aukje trunet har heit Tsjerk oan om dat te keapjen. En dat docht er, yn april 1912 binne se eigner fan ‘De Ossekop’ – ‘Bierhuis Proeflokaal Tapperij’, neamd nei de eardere Oksemerk dêr. De keap wurdt sletten mei Herman Schrage, hanneler yn túggerei foar hynders en learguod. Tenei stiet it kafee bekend as ‘Café Eijgelaar’.

Soan Willem nimt de saak yn 1949 oer. It ynterieur is sûnt 1912 amper feroare. Sterke drank wurdt net skonken. It giet om it bier, en dat bier is bysûnder: de skomkraach is tsjûk as slachrjemme, mar lekkerder witte de echten. Willem Annee, troud mei Willem syn dochter Lody, tapet dat sûnt 1996. 
Sjoch: www.ossekopleeuwarden/klaasey.html


Klaas en Aukje ferloofd


Foto nommen by de ferloving fan Klaas en Aukje; fan links nei rjochts: Jacoba? en? Detsje, har man Jan Edzard Steinvoorte, Aukje en Klaas


By Tsjerk Gosliga en Anne Dykstra yn ’e tún. Fan links nei rjochts: Aukje, Detsje, Tsjerk mei Tjerk Eijgelaar, Pytsje Dykstra (* Haskerdiken 1839 † Ljouwert 1927) suster fan Anne, Anne Dykstra, Jacoba en Klaas Eijgelaar


Klaas oan ’e stamtafel (twadde fan links) mei klanten achter it bier, de skomkraach is der ôf


Aukje Gosliga, Tjerk, Antoon, Aukje en Klaas Eijgelaar, 1916 

VI
Jacob Gerhardus Gosliga * Bitgummole 28-5-1895 † dêr 3-12-1951, gernier te Bitgummole (nûmer 295), x 1 Menameradiel 22-5-1919 Froukje Tjeerds Koopmans * Menaam (Bitgum) 25-1-1894, dr f. Tjeerd Sytzes Koopmans, timmerman en oannimmer te Bitgum, en Jetske Crispinus Carels Knoll, x 2 har suster Aafke Tjeerds Koopmans * Bitgum 7-5-1897 † 1961.  
Bern út it earste houlik:
1 Jetske Jacobs Gosliga, x Jan Attema         
2 Hylkje (Hieke) Jacobs Gosliga * 11-7-1930 6-5-2014, Gouda, x Barend de Jong, administrateur sikehûs Leiderdorp; Hyke wennet neffens Folkstelling 1947 te Bitgummole (nûmer 309); bern: Chris, Jim, Manja * 1961.
4 Gerardus Jacobs Gosliga, folget VII.1 
4 Tjeerd Jacobs Gosliga * Bitgummole 14-6-1923 † 22-11-1997 [] Assen, Boskamp, x Bareldina (Diny) Westerhof * 15-6-1925 † 24-11-2000 [] Assen, Boskamp
5 Sytse Jacobs Gosliga, gernier oan ’e Lytse Dyk te Bitgummole, ferfart nei Kalifornië. x Rie.

VII.1 
Gerardus
(Gerry) Jacobs Gosliga * Bitgummole 17-12-1920 † Addison, County Vermont 28-5-2001, x Gré (letter) Grace Zylstra * Eanjum 13-9-1921 † Addison, County Vermont 24-11-2012, dr f. Lubbert Zijlstra en Wietske; Graddus is mei 13 jier al ierappelgernier te Bitgummole; neffens Folkstelling 1947 te Bitgummole 291; de húshâlding emigreart yn desimber 1949 nei Minnesota, feeboer dêr, letter achterienfolgjend te Kalifornië, New York en Addison (County Vermont); bestjoerslid Creck Rural Conservation District of Middlebury.

Grace Gosliga-Zylstra

GOSLIGA/GRACE /SEPT. 13. 1921/MAY 28. 2001/GERARDUS/DEC. 17. 1920/NOV. 24. 2012/Precious in the sight of the Lord is the/death of his saints      Psalm 14:6

Bern:
1 Jacob Gosliga, x Kristie J. Poe

Jacob Gosliga
2 Bert Gosliga
3 Gerardus Gosliga
4 Jonathan Gosliga
5 Martha Gosliga
6 Laura Gosliga
7 Lubbert Gosliga
8 Alice Gosliga 

 

Wurdt fuortset
TAHEAKKE 1 – Wybe Klaases Gosliga syn komôf bliuwt tsjuster
Wybe Klaases
 (I) komt net foar yn weesargyf, proklamaasje- en hypteekboeken (prokl. oant 1795). En datselde jildt foar de twa kandidaat-heiten Claas Wybes en Claas Jacobs. Gjin hâldfêst op te krijen dus. Mar lykwols:
Wybe Clazes begjint syn bestean, ‘krekt troud’, yn 1765 op speesjenûmer 71 fan Marsum dat dêrfoar leech stie. Twa heale hoofden (twa persoanen mei fermogen ûnder de 600 karg.). Oars neat. Dat duorre mar koart: yn 1769 is er ferfearn nei nr. 27 en dan hat er mar leafst ynienen twa skoarstienen, in húshâlding fan fjouwer folle hoofden, 15 kij en noch wat fee. Fan it iene jier op it oare binne hja dus troch de fermogensgrins sketten en blykber kamen der doe ek in feint en faam yn de húshâlding. En dat bliuwt sa. Inkelde jierren mei tal kij: 1770 17, 1775 15, 1780 19.
Dat wie fansels oanlieding foar ûndersyk yn de stimkohieren en ek personele kohieren. Yn dy boarnen lykwols gjin spoar fan de man. En it buorkjen hat ek net hiel lang duorre:
Yn 1784 ferhuzet Wybe Clazes nei nr. 19, opmerkings: ‘uit de boerkerij’ en ‘geen knegt nog meid’. Dat kloppet: der binne no gjin bisten mear en de húshâlding bestiet wer út twa heale hoofden. Yn 1789 ferhuzing nei nr. 94. Dêr wurdt er yn 1798 foar it lêst sinjalearre en dêrnei swije de speesjekohieren oer ús man.
Net in stimpleats dus, dêrom ek it floreenkohier fan 1778 troch west. It risseltaat is kurieus want in man mei 19 kij moat wol lân hierd hawwe. Lykwols komt er yn it floreenkohier likemin foar.
Mei Wybe syn frou Hiltsje Jabiks Gosliga hiene wy sukses troch it folgjen fan beide kandidaat-heiten; hoe liket dat hjirre?
Mooglikheid 1:
Claas Wybes, stoarn Menaam 18.6.1742, tr. Menaam 25.6.1732 Tziets Clases, beide by houlik fan Menaam.
Claas docht belidenis Menaam 14.5.1734.
Bern, doopt te Menaam:
1 Rinske, 23.8.1733.
2 Claas, 6.11.1735.
3 Wybe, 25.1.1739.
Fan net ien fan dy bern tref ik yn Menameradiel houlik of lidmaatskip oan.
Mooglikheid 2:
Claas Jacobs, tr. Marsum 13.6.1723 Rinske Jacobs.
Sy docht belidenis Marsum 13.11.1733; beide binne hja dêr lidmaten 1740.
Bern, doopt te Marsum:
1 Auk, 21.12.1727.
2 Auck, 2.4.1730.
3 Ype Klaassen, doopt Marsum 20.9.1733, dêr begr. 26.9.1796, tr. Marsum 4.12.1757 Klaaske Hendryks, fan Bitgum, tinklik doopt Inglum 8.2.1732, dochter dan fan Hendrik Keimpes en Grytje Jans.
Ype Clasen begjint yn 1760 op speesjenûmer 45 fan Marsum, wie dêrfoar frijfeint. Twa heale hoofden, gjin bisten, en dat bliuwt sa. Yn 1764 ferhuzing nei nr. 63. En dêr is yn 1770 de frou stoarn en fuort wurdt Ype ûnderholden. It is syn lêste spoar.
Ype Klaases, turfmjitter, docht belidenis Marsum 28.4.1795.
Bern, berne te Marsum:
1)  Rinske, 29.3.1759.
2)  Grietje, 3.2.1764.
4 Gerben, 23.5.1734, twaling mei
5 Jeltie, 23.5.1734.
6 Wybe, 6.2.1739.
Ek hjir is it risseltaat meager: fan net ien fan de bern fierdere spoaren yn Menameradiel útsein fan Ype Klaassen. Dy moat eins wol de soan fan Claas Jacobs west hawwe.
It falt op dat de twaling wol hiel hastich nei Ype doopt is, moanne as acht. Ik hâld it der op dat Ype al wol in jier âld wie by syn doop.
Yn alle gefallen liket Claas Wybes en famylje (lykas Jacob Eelses) samar fertrokken fan de ierdboaijum wylst dus rille wis ien bern fan Claas Jacobs wol fierder bestiet. De kâns dat dan ek ús Wybe Klaases út dat nest komt wurdt hjirmei jusjes grutter mar oertsjûgend is it noch net.

Menameradiel gearfetsjend
It wie even hiel spannend doe’t Wybe Clazes yn 1769 sa’n sprong foarút makke. Grif hie er wat erfd, wie it tinken, miskien wol fan in Gosliga. En der binne dan krekt personele kohieren want dy begjinne yn 1768. It foel dus hurd ôf dat der yn dy boarne net in leuk kaptaaltsje op syn namme skreaun waard, wat men wol ferwachtsje soe.
Fierder lit Wybe yn de reguliere boarnen fan dy gritenij net fan him hearre en itselde jildt foar in twatal mannen dy’t kâns meitsje as heit fan Wybe. Yn Menameradiel wol it net opsjitte.
TAHEAKKE 2 – Hiltje Jacobs en har folk
Hoe ferrifeljend kin dit folkje wêze!
Stammem Hiltje is neffens har stjerakte berne yn Jellum. Dat haw ik op in piipfol, dat moat in fersin west hawwe foar Jelsum. En by houlik is hja ôfkomstich fan Britsum. No, dan hawwe wy it moai foar it kiezen.
Sy is ~ Britsum 20-10-1743, dr f. Jacob Eelses en Hiltje Jans,
of
* Jelsum 5-3-1744, dr f. Jacob Pieters (boppeneamd) en Antie Andries.
Yn beide gefallen dus kreas 80 jier by ferstjerren.
Stamheit Wybe, syn earste spoar rint nei Dronryp, neffens stjerakte * Marsum.
~ dus te Menaam 25-1-1739, sn f. Claas Wybes en Tziets Clases,
of
~ Marsum 6-2-1739, sn f. Claas Jacobs en Rinske Jacobs.
Skilt twa wiken, yn beide gefallen 82 jier by ferstjerren.

Hawar, it probleem fan stammem Hiltje is oplost. Sjoen de namme Andries like it stel Jacob Pieters + Antie Andries fansels al it gaadlikst. Dêr komt by dat der (om 1744 hinne) twa famkes Hiltje Jacobs doopt binne wylst der yn de wide omkriten net mear as ien Hiltje Jacobs (om 1765 hinne) troude.
It stel Jacob Eelses + Hiltje Jans wie troud Feinsum 1729 en der kamen fan 1731-’47 yn Britsum en Stiens 9 bern fan. It lêste spoar fan har is yn de folkstelling fan 1744, te Britsum mei 9 persoanen. Gjin spoar yn de quotisaasje fan 1749 mar ek fan al dy bern fierder gjin spoar yn de omkriten, gjin houlik of soks.
Dêr foaroer stiet dus it stel Jacob Pieters +  Antie Andries. Ek fan harren bern mar inkelde spoaren mar it kaam wol fêst te stean dat harren dochter Hiltje yn 1764 noch yn libben wie, yn Jelsum of dy omkriten. Dan wie sy dus dy iene Hiltje Jacobs dy’t (twa jier letter) troude.
Fierder sille wy sjen dat yn Hiltsje har famylje de namme Schuurmans húsriem wie. Ek dat is winst foar ús want dêrmei wurdt dúdlik dat de namme Gosliga fan syn, Wybes, kant komme sil.

 

TAHEAKKE 3 – sibben Jacob Pieters
Jacob Pieters, berne om 1693 hinne, húsman op de tsjerkepleats fan Jelsum, yn 1744 dêr mei 9 persoanen, yn 1749 ‘boer zonder beslag’ te Jelsum, húshâlding fan 4 boppe en 4 ûnder de tolwe, oanslach 30 karg., dêr stoarn (een seer oppassend man .. laat verscheide oppassende kinders na .. 68 jier) 25.9.1761, tr. Antie Andries, st. Jelsum (aan een sukkelende en uitteerende siekte) 18.5.1762.
Jacob Pieters ferkast mei attestaasje per 23.12.1731 fan Huzum nei Jelsum. Dêr docht Antje Andries op 2.5.1734 belidenis, hja binne dêr lidmaten 1752.
Op 29.5.1762 wurde Teeke Wymers Renema, húsman te Marsum, en Geert Geerts, húsman te Jelsum, oansteld as fâden oer Claaske, yn har 24ste, Jelle, yn syn 22ste, en Hiltie, 19, weesbern fan Jacob Pytters en Antie Andries, te Jelsum ferstoarn.
Op 17.3.1764 ferfangt Ruird Melis, húsman te Jelsum, de ferstoarne Teeke Wymers Renema as fâd.
Ut dit houlik:
1 Houkje Jacobs, tr. omstr. 1748 Eeltje Doekes, yn 1749 arbeider te Lekkum.
Op 24.10.1761 wurde op oanstean fan Doeke Eelties te Hallum, pake fan heitekant, Thijs Douwes, húsman te Jelsum, en Minne Doekes, keapman te Wyns, oansteld as fâden oer Klaaske, 12, weesdochter fan Eeltje Doekes silger by Houkje Jacobs fanwege is ferstjerren fan Jacob Pytters, pake fan memmekant, húsman te Jelsum, dy’t op 22.9.1761 testamint makke.
2 Lysbert Jacobs, doopt Huzum 16.3.1727.
3 Lysbert Jacobs, doopt Huzum 10.10.1728.
4 Pyter Jacobs, doopt Huzum 3.12.1730.
5 Trijntje Jacobs Schuurmans, doopt Jelsum 17.4.1735, tr. Stiens 14.5.1758 Ruurd Melis Former, boer op de tsjerkepleats fan Jelsum 1769. Harren dochter Hiltje Ruurds Former tr. 1797 har neef Klaas Wiebes Goslinga.
6 Claaske Jacobs, berne Jelsum 12.5.1739.
7 Jelle Jacobs Schuurmans, berne Jelsum 8.5.1741, st. Wergea 15.4.1823, tr. Ingelum 2.4.1769 Grietje Jacobs. Hja dogge belidenis te Tsjalberd 1780 en binne fan dêr dat selde jier fertrokken nei Wergea.
8 Hiltie Jacobs Gosliga, x  = 3.

 

TAHEAKKE 4 – Gosliga/Goslinga yn Wymbrits
Dan fan ’e oare kant ôf besocht: famylje Gosli(n)ga yn kaart bringe en sjen of dêre romte is foar dy fan Menameradiel. Folle DTB’s hat Wymbrits net (wol in prima weesargyf oars) en de bêste kâns om ferbân te krijen yn in ferskaat oan Goslinga’s leit dêr yn de stimkohieren. Benammen Nanck Bauckes Teppema, widdo fan Claes Annes Goslinga, hie yn it begjin fan de 18de ieu moai wat besit yn in tsiental pleatsen. Om krekt te wêzen: Tsjalhuzum stim 3, Skearnegoutum stim 25, Goaiïngea stimmen 19, 21, 22 en 24, Gau stim 3 en Offenwier stimmen 5, 9 en 10.
Al dy pleatsen binne útwurke fan 1640-1758 mar ik folstean no mei in summier oersicht want it fret oars tiid om fan dat alles sekuer ferslach te dwaan.
Acht fan dy pleatsen wiene âld Teppema-besit. De ferdieling yn 1698 wekselt mar wy kinne der wol út opmeitsje dat yn 1698 de Teppema-neikommelingen binne: ús Nanck, Birde Tjeerts Buma fanwege syn bern, Eelck Wybrens, Hette Annes fanwege syn frou en de bern fan Freerk Folckerts. Op dy Birde kom ik aansens werom.
De pleats te Skearnegoutum wie yn 1640 fan it lânskip, yn 1698 foar de helte fan Namck.
Dy te Tsjalhuzum wie yn 1640 fan Anne Wybes (Goslinga dus) en is yn 1698 yn trijen ferdield ûnder Namck fanwege har bern, Andries Romckes fanwege syn frou en Jeltie Annes Goslinga, widdo fan Romcke Rommerts.
Dan soe men sizze dat Anne Wybes trije bern neilitten hat. Dat komt noch efkes oars, de Goslinga’s folgje hjirnei.
Yn Menameradiel hawwe wy de nammen Wybe en Klaas yn de Gosliga-famylje. De namme Wybe is hjir no dus ek al en wolle wy hjirop oanslute kinne dan is de kâns fierhinne it grutst dat soks dan fia soan Claes Annes Goslinga fan Anne Wybes rinne sil. Dus moatte wy no noch besjen wer’t de neilittenskip fan Nanck Bauckes Teppema, widdo fan dy Claes, keard is. Oant en mei 1748 stiet suver hast al dat besit noch op namme fan ‘Namck Claeses’ (Namck Claes’ widdo dus). Yn 1758 is dat alles ferdield ûder har erven. Grutte brokken hearre dan ta oan Paulus Annes en oan de bijsitter I. F. Reenstra. De pleats yn Skearnegoutum jowt dan de moaiste ferdieling. Fan it part fan Namck heart dan de helte ta oan Ids Fransen Reenstra en de oare helte oan Jantjen Miekes, Claas Botes en de tsjerke fan Friens. It liket der dus op dat ien neikommeling yn Friens wenne en ta earmoed (ûnder de diakony) rekke is.
Op basis fan dit totaal oan gegevens komme wy ta it (folsleine, liket it) Goslinga-oersjoch.

Teppema
Trijntje Baukes Teppema, berne 1640, st. 23.1.1671, begr. Abbegea, tr. Birde Tjeerds Buma, st. Abbegea foar 1714, soan fan Tjeerd Sybolts Buma en Johantie Paulusdr.
Bern:
1 Tjeerd Birdes Buma
Bern:
1 Burde Tjeerds, te Skearnegoutum, tr. foar 1739 Ybeltje Jacobs > Bauk, Tjeerd.
2? dochter, troud mei Cornelis Clases Gosliga.
Goaiïngea stim 22 hat yn 1698 Birde Tjeerds Buma as mei-eigner (fanwege syn bern), yn 1728 de weesbern fan Tjeerd Birdes en yn 1738 Cornelis Clases Gosliga en Burde Tjeerdts.
3? Wybe Birdes Buma.
Op 15.2.1724 wurdt Cornelis Clases Gosliga te Ysbrechtum oansteld as fâd oer de weesbern fan Wybe Birdes Buma silger en frou.
Dat is genôch foar ús doel. Fan belang is fansels dy Cornelis Clases Gosliga dy’t skoansoan wêze sil fan Burde Tjeerds mar dy’t ik fierder noch net thúsbringe kin. Dat is te’n minsten in Gosliga mei de namme Claes der by yn.

 

TAHEAKKE 5 – Genealogy Gosliga/Goslinga Wymbrits

I
Anne Wybes
Bern ûnder II.

II.1
Jeltje Annes Goslinga, fan Tsjalhuzum, tr. Boalsert 30.10.1656 Romcke Rommerts, brouwer.
II.2 Douwe Annes Goslinga, tr. 1. om 1652 hinne Antje Hanses; tr. 2. foar 1669 Hylk Ulbesdr.
Yn 1669[1] ynventaris stjerhûs fan Antie Hanses, frou fan Douwe Annes Goslinga dy’t op ’e nij troud is mei Hiltien Ulbes. Bern: Ettie yn har 17de, Anne, yn syn 5de.
Yn 1674[2] oerleit Claas Annes Goslinga in rekken fan syn fâdij (sûnt omtrint 1670) oer de weesbern fan Douwe Annes Goslinga by Hylk Ulbesdr, tegearre te Tsjalhuzum begroeven.
Yn 1675[3] oerlizze Claas Annes Goslinga en de erven fan Ede Hansisz in rekken fan de fâdij oer Anne, weessoan fan Douwe Annes Goslinga by Antje Hanses. Anne en syn suster Ettje Douwes hiene yn 1664 in memmediel fan 2190 goudg. tawiisd krigen. Ettje wie yn 1672 stoarn.

[1] RA WYM O1 22.2.1669.

[2] RA WYM Q12 82.

[3] RA WYM Q12 190.

[4] GJb 2003 45.


Ut it earste boask:
1 Ettje Douwes, berne 1653, st. 1672.
2 Anne Douwes, berne 1665.
Ut it twadde boask:
3 bern, berne foar 1670.
Miskien binne alle bern wol stoarn foar 1698.

II.3
Claes Annes Goslinga 1630-1685, tr. Nanck Bauckes Teppema 1630-1707, widdo fan Cornelis Pytters,[4] dochter fan Bauke Wybes Teppema. Beide begr. Tsjalhuzum.
Yn 1670[5] oerlizze Sibren Clasen Heringa en Claas Annis Goslinga te Ysbrechtum in rekken fan harren fâdij sûnt 1665 oer Janke en Oene, weesbern fan Cornelis Pytters silger by Nank Baukes Teppema. Nank is no frou fan neamde Claas, soantsje Oene is al stoarn.
Yn 1672[6] ôfrekken troch Claas Annes Goslinga en de widdo fan Sibren Clasen Heringa fan harren fâdij oer Janke Cornelis
Bern ûnder III

III.1
Anne Claeses Goslinga 1661-1722. Hy sil stoarn wêze sûnder bern nei te litten.

III.2
Hiltje Clases Goslinga, fan Ysbrechtum, tr. Grou 6.11.1692 Bote Idses Nijdam, st. Grou 22.8.1717, soan fan Ids Birdes en Sij Boothes Nijdam. Hy tr. 2. 1715 Trijntje Jaspers, fan Jirnsum.
Bern, doopt te Grou:
1 Ids, 3.5.1696.
2 Zijke, 3.7.1698. In dochter, en dat moat dan dy Zijke west hawwe, tr. Jantien Minkes, húsman te Raard.
Dopelingen: Anke 30.3.1721, Ids 3.12.1724, Klaaske 31.8.1727, Trijntie 16.7.1730, Antie 2.11.1732, Klaas 30.5.1734.
3 Ids, 21.1.1700.
4 Claas Botes Nidam, doopt Grou 3.7.1701, tr. Grou 4.3.1725 Pierke Keimpes Hansma.
5 Naantj/Nanke Botes Nijdam, doopt Grou 14.1.1703, tr. Friens 6.4.1721 Bouwe Abrahams, skoalmaster en ûntfanger te Friens.

III.3
dochter, tinklik in Baukjen, tr. Frans Sibles Reenstra, doopt Lytsewierrum 22.7.1660, te Turns 1698, soan fan Sible Idses Reenstra en Antie Fransen Heringa; hy tr. 2. Ysbrechtum 13.3.1707 Jissel Louws.
Ut dit boask:
1 Nantz Franses, fan Ysbrechtum, tr. Toppenhuzen 7.2.1723 Paulus Annes, fan Twellegea.
Bern: Baukjen 1723, Anne 1733, Uilkjen 1735.
2 Ids Fransen Rienstra, yn 1749 bijsitter en welgestelde boer (oanslach 63 karg.), tr. Ysbrechtum 25.11.1731 Jeltie Paulus.
Bern, doopt Ysbrechtum en Skearnegoutum: Frans 1733, Baukjen 1735, Paulus 1737, Acke 1746.

III.4?
Cornelis Clases Gosliga, te Ysbrechtum 1724.
Op 15.2.1724 wurdt Cornelis Clases Gosliga te Ysbrechtum oansteld as fâd oer de weesbern fan Wybe Birdes Buma silger en frou.
Mar dan sil ek dy Cornelis weirekke wêze sûnder bern.
Troch in earder ûndersyk kaam ik op it spoar fan dochter III.3. Ik lit hjir noch even de famylje fan har man folgje, miskien kin men der nochris wat mei:
-Sible Idses Reenstra, te Lutkewierum, Oosterend en Scharnegoutum, trouwt Lutkewierum 23.9.1660
-Antie Fransen Heringa, beiden bij huwelijk afkomstig van Rien onder Lutkewierum. Zij hertrouwt (eerste proklamatie Wommels 31.10.1675) Pyter Doekes, van Wommels.
In 1676[7] wordt oom Sjoerd Idzes Reenstra te Lutkewierum aangesteld tot voogd over Frans, 16 jaar, Foekjen, 14, Antie, 11, en Webeltie, 9, de weeskinderen van wijlen Sible Idzes Reenstra bij Antie Fransen Heringa die opnieuw getrouwd is met Pyter Doekes. Volgt inventarisatie van het vastgoed: ¼ van een sate te Scharnegoutum, groot 68 pm, gemeenschappelijk bezit met de overige erfgenamen van Ids Sibles, ¼ van ¼ van Reenstrasate te Rien, gemeenschappelijk als voren; 1/3 van 14 pm te Wommels dat de moeder geërfd had van haar grootvader Gosse Watses Heringa, 1/3 van 40 pm in Staperts sate aldaar, ¼ van 72 pm te Tirns dat de moeder geërfd had van haar moeder Sibbeltie Bonnes Lyklama. Voorts ¼ van 4 pm te Itens, ¼ van 1/3 sate te Oosterlittens van 65 pm, ¼ van 10 pm te Exmorra, ¼ van 1/6 sate van 50 pm te Goutum; van Antie Franses: ¾ van 3 pm te Nijland en 1/3 van 16 pm te Burgwerd, geërfd van haar oom Valerius Heringa.
Vervolgens wordt in 1682[8] een weesrekening opgemaakt. Zoon Frans heeft dan venia aetatis (handlichting) verkregen, dochter Foekjen is dan vrouw van Tjeerd Sietses Galtema te Loënga en stiefvader Pyter Doekes, dorprechter te Tirns, treedt op voor Antie en Webeltie Sibles Reenstra.
Uit dit huwelijk:
1 Frans Sibles Reenstra, ged. Lutkewierum 22.7.1660 (doophefster is moeders moeder), te Tirns 1698, trouwt 1. een dochter van Claes Goslinga; trouwt 2. Tirns 13.3.1707 Jissel Louws.
2 Foekjen Sibles Reenstra, ged. Lutkewierum febr. 1662 (doopheffer is grootvader Ids Sibles Reenstra), trouwt 1. voor 1682 Tjeerd Sietses Galtema; trouwt 2. Sioucke Joukes Gronsma, weduwnaar 1698.
Op 12.4.1697 worden Heert Dirx te Scharnegoutum en Frans Sibles Reenstra aangesteld tot voogden over Sibbeltje, 14 jaar, weesdochter van Tieerdt Siedsis en Foekjen Sible Reenstra, beiden overleden.
3 Sibbeltie, ged. Oosterend 20.9.1663, overl. voor 1676.
4 Antie.
5 Webeltie Sibles Rienstra, ged. Oosterend 31.3.1667, trouwt Sioerdt Reins Dyxtra, te Ysbrechtum.

Dwaalspoar
Yn 1775 ferhiere Claas Gosliga c.s. in sate te Wolsum oan Wopke Yebs.[9]
Om ’e tiid kin dat de (âlde) heit fan ús Wybe Klaases west hawwe.
It stimkohier hat op stim 9 fan Wolsum yn 1768 brûker Wopke Yebs en in 1778 dy syn widdo. Dat moat dus de bedoelde pleats west hawwe mar wy fine hjir gjin Gosliga as mei-eigner. Eigner yn 1768 is de skepen C. Eekema, yn 1778 Gerben, Pytter en Trijntje Eekema en ds. Haga fanwege syn frou. Dy dûmny ken ik wol en sa komme wy ta in oersjoch:
Claas Eekema, skepen, soan fan Gerben, tr. Snits 21.5.1747 Aukjen Gosliga, tinklik dochter fan Pieter Tialkes Gosliga dy’t (berne yn It Feen) yn 1731 boarger fan Snits wurdt.
Ut dit houlik:
1 Grietje 1748.
2 Pytter 1749.
3 Grietje Eekma, doopt Snits 21.8.1750, st. 1816, tr. Snits 1773 ds. Hermannus Haga (1749-1804).
4 Gerben 1751.
5 Trijntje 1756.
Yn ’e akte fan 1775 is dus Claas Eekema bedoeld, man fan Aukjen Gosliga. En dy minsken binne foar ús net fan belang want nammen as Aukjen, Pieter en Tialke hearre net yn ús famylje thús.

Dan tref ik noch oan:
Johannes Gosliga, berne Snits 1663, predikant, st. Abbegea 1729, fan Easthim, tr. 1687 Bockjen Harda, fan Snits. Soan Hermannus Gosliga ek predikant. Mar it liket der net op dat hjir in ferbining mei Marsum út fuortkomme kin.

Konklúzje:
It liket my ta dat wy de Goslinga-neikommelingen fan Anne Wybes no wol fierhinne en dy fan Claes Annes (wierskynlik) folslein yn byld krigen hawwe. Dat hâldt dan yn dat wy net in streekrjocht ôfstamming fan Wybe Klaases út dit folk ferwachtsje meie.

[1] RA WYM O1 22.2.1669.

[2] RA WYM Q12 82.

[3] RA WYM Q12 190.

[4] GJb 2003 45.

[5] RA WYM Q11 34.

[6] RA WYM Q12 1.

[7] RA WYM Q13 22.

[8] RA WYM Q13 20, 37, 55, 138.

[9] RA WYM O 12.11.1778.