Famylje-oersjoch Velleman c.s.

Nei oanlieding fan ’e Velleman kronyk wurde hjirûnder famyljegegevens werjûn oer de ferteller Lou Velleman en syn sibben.
Foarearst wurdt dat dien oan ’e hân fan in koarte kertiersteat.
De lju yn dizze kertiersteat binne sawat allegearre keaplju. Fakentiids kinne se net skriuwe, mar wol út ’e holle rekkenje, ynherint oan har hannel. Se binne mobyl, by har is in heel soad kontakt tusken Ljouwert-Harns en Amsterdam, en fierderop.
Foarâlden binne oer de lânsgrinzen hinne te finen. In stamheit is geboaren yn Lippstadt [nr 32], oaren komme út Sögel [9, nr 1.8], Wildau [720], Sochazcew, Poalen [721], Hongarije [34]. En dy assimileare fierhinne yn har nij lân. Se prate Harlingers, Lemsters (in fariant fan ’t Súdwestkoeks), Luwarders en Snekers. Se nimme no en dan Fryske nammen oan: Feikje [8 en 9, twadde houlik nr 1], Fokeltsje Turksma [6], Froukje [8 en 9 nr 1] – alles mei behâld fan har Joadse idintiteit: it Jiddisch, it Israelitys geloof.
Brûk de sykfunksje en je sille fersteld stean.

Kertiersteat Velleman

Wat is in kertiersteat?
 * = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried
De godtsjinst is meast Nederlâns Israelitys

Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Op termyn wurdt dizze side oerset yn ’t Ingels.
Foar oanfullingen en ferbetteringen, foto’s en oare yllustraasjes, sjoch formulier

Undersyk:
-Erfgoed Fundaasje, Ljouwert
Sjoch ek – Erfgoed Fundaasje stiet net foar dy gegevens yn -: Leo Simoskie – Joden van Friesland


1 Levi VELLEMAN
(Lou, Loutje) * Snits 4-2-1935; juny 1955 diploma Steds Gymnasium Snits; advokaat te Amsterdam; fjirde advokaat Weinreb; advocatus diaboli Satanstsjerke te Amsterdam
x 1 Amsterdam 1963, skieden Amsterdam 1967
Tinie MAAS * Eindhoven 1934; maatskiplik wurkster op Schouwen-Duiveland
x 2 Amsterdam 29-1-1970, skieden Amsterdam 1984
Denise Simone DE VRIES ROBLES * Bussum 27-3-1945; byldzjend keunstner-skilderjen en tekenjen; dr f. Dolly Clementine de Raaij, boekhâldster te Amsterdam, en Sylvain de Vries Robles, dir. fuortset ûnderwiis te Amsterdam; x 2 De Rijp (Noard Hollân) 11-10-2004 Roland van Dijk (Ron) * Amsterdam 5-12-1944; ûndernimmer; sn f. Rosette Benvenida Vleeschhouwer (Rozet) en Maurice van Dijk, plysjeman te Amsterdam
Bern:
1 Hadassa VELLEMAN * Amsterdam 8-2-1971, Centraal Israelitisch Ziekenhuis; learaar Ivryt en Ingels en Joadse filosofy High School te Saint Lewis Park-Minneapolis
x Naarden 1996, tsjerklik Amsterdam, Portugese Synagoge 1997 Joram Slager * Naarden 3-9-1972; farmo gemikus, wittenskiplik ûndersiker op medikaasje
Bern:
1 Toviya Slager; folget in oplieding ta rabbyn, studint ekonomy en psychology
2 Raphaëla Slager
3 Daphne Slager
2 Jaïr VELLEMAN * Amsterdam 22-7-1973; enterpreneur; ûndernimmer te Castricum
relaasje mei Kiona HEIJMINK * Millingen a/d Rijn
x 2 Muiden 2-9-2017 Annelies LEEK * Edam 29-4-1985; administratyf meiwurkster; dr f. Atie de Koning, apotekersassistinte, en Jan Leek, grienteman te Edam
Bern:
út de earste relaasje fan Jaïr:

1 Pyron VELLEMAN * Rotterdam 12-12-1998; skoalgonger en ferkeaper
út it houlik fan Jaïr en Annelies:
2 Mizsty VELLEMAN * Amsterdam 7-12-2017

2 Salomon VELLEMAN (Sam) * Snits 23-3-1899 † dêr 19-3-1971, 71 jier, [kremeard Grins]; wenjend ûnder oaren Priorstrjitte 33 en Emmastrjitte 18 Snits; rjochtet 17-7-1919 mei Salomon Machiel Blindeman de Fa. M. Blindeman op; giet letter syn eigen wei ûnder de Fa. S. Velleman;
aktiviteiten yn ’e sportsektor:
-45 jier fuotbalskiedsrjochter;
-learaar kursussen skiedsrjochter (ûnder oaren oan de arbiter Piet Slippens te Snits, sûnt 1933 te Ljouwert)
-learaar (sûnt 1916) en eksaminator teoretise spulregelkennis;
-23-12-1921 mei-oprjochter skiedsrjochtersferiening Sneek en Omstreken; dêrfan 15 jier bestjoerslid, foarsitter en earelid;
-1932 mei-oprjochter, bestjoerslid, letter haadbestjoerslid en earelid Centrale Organisatie van Voetbalscheidsrechters, de C.O.V.S., dêrfoar ûnderskieden mei gouden spjeld;
-redakteur De Scheidsrechter, dêrfoar ûnderskieden mei gouden ynsynje;
-bestjoerslid Koninklijke Nederlansche Voetbal Bond, de K.N.V.B., earder Friesche Voetbal Bond, F.V.B.;
-1913 lid alvetal-komminsje Friesche Voetbalbond ;
-foarsitter Kommisje Skiedsrjochters Friesche Voetbalbond;
-bestjoerslid, foarsitter en earelid Friesche Voetbalbond;
-1920 bestjoerslid Friesche Motorclub;
-1923 lid tolvetal-kommisje Friesche Korfbalbond;
-1955 sprekker oer taal, lân en kultuer fan it Beloofde Lân nei in Israelreis, û.o. oan ’e Frouljusgroep Snits fan ’e P.v.d.A (okt. 1955) en de Algemene Grafische Bond ôfdieling Snits (nov. ’55)
1961 foarsitter sportfoarum by it 40-jierrich jubileum fan Sneek en Omstreken;
1970 bridzje-kampioen Fryslân
x Snits 31-5-1933 (op houlikse betingsten)
3 Hester WOLF (Heddy) * Den Haach 27-1-1903 † Snits, Parkflat Stadsfenne 5-3-1973, 70 jier, [kremeard Grins]; keapfrou te Snits; rjochtet 15-9-1933 de N.V. Lompen en Metaalhandel voorheen S. Velleman op; redakteur De Scheidsrechter, dêrfoar ûnderskieden mei gouden ynsynje
Op 24-7-1919 binne Salomon Velleman, Salomon Blindeman en de Fa. M. Blindeman skulners by Elisabeth Frank, widddo fan Machiel Blindeman (sjoch hjirûnder), te Snits foar f 28.000,00; op 3-12-1920 binne deselden skuldners by de N.V. Friesche Bank te Ljouwert foar f 8000,00

Underdûkerskaarten fan Heddy Velleman-Wolf en Sam Velleman:



Rouadvertinsjes Ljouwerter Krante, 20-3-1971:


Ljouwerter Krante, 20-3-1971:

Ljouwerter Krante, 7-3-1973:

 

4 Levi VELLEMAN * Snits 26-10-1854 † dêr 28-11-1940, 86 jier; keapman te Snits; bestjoerslid Chezed Weëmeth, Leafde en Trou (1936)
x Harns 2-6-1898, 45 en 28 jier
5 Johanna PAIS (Hanne, Hanneke) * Harns 10-3-1870 † Snits 6-4-1957, 87 jier; kin net skriuwe (set lykwols wol har hân ûnder akten); merkertinster; ferfart 26-1-1889 nei Schylge, is dêr kreamerske; by trouwen keapfrou te Harns, dêrnei te Snits
Sjoch foar har reis nei Londen: Velleman kronyk – In reis sûnder adres

Opa Levi en Omoe Hanna ha in tefreden houlik, mei har trije jonges. Se prate Snekers.
Opa hat in hele moaie hân fan skriuwen. Gâns Snitsers komme by him om in brief foar har op te stellen.

Opa is in wat minne, sinnige, tiere iter.
‘Toe Levi, yt nou wat.’
‘Hanneke ik hew gyn trek.’
Nei wat geseur set Opoe steefêst in grut board mei in kop derop foar syn noas. Dat yt Opa dan helendal op.
In kear is Opoe siik en fersoarget in dochter fan nicht Dieneke Pais út Harns Opa. 
As it smoarch fanke in miel foar him opskept, opperet Opa: ‘Meiske, ik hew helendal gyn trek.’
‘Blief gesond Oom Levi!’, seit it flarde, en se hellet resolút it board foar syn toet wei.
Opa bedarret protteljend sûnder iten op bêd.
Dat wurdt in sprekwurd yn ’e famylje: Blief gesond Oom Levi!
It fanke komt yn Auschwitz om.
(Meidieling Lou Velleman, 23-4-2019)

Bern:
1 Salomon Velleman, sjoch 2
2 Joseph Velleman (Jo) * Snits 31-8-1900, hannelsreizger by tabaksfabrikant Koninklijke Theodorus Niemeyer te Grins;
x Rebecca Mok * 2-8-1912
3 Jacob Machiel Velleman (Japie) * Snits 26-12-1907

Hantekeningen ûnder de trou-akte: Levi Velleman, Johanna Pais en har heit Joseph Pais. Levy hat in bedreaune hân fan skriuwen. Yn ’e famylje wurdt fan Johanna sein dat se analfabeet is, dat har skriuwfeardigens sil fierhinne bleaun wêze by it setten fan har hân


Underdûkerskaart fan Hanna Pais

6 Joseph WOLF * Den Haach 17-5-1874 † Sobibor, fermoarde by in deademars, 2-8-1943; arbeider, meubelmakker en portier te Den Haach 
x
7 Naatje POONS * Den Haach 8-8-1877 † dêr 17-5-1939
Opa Jozef Wolf is yn alle silen mak, in tûzenpoat: knúsker, timmerman, los-arbeider; hy hat gjin fêste baan. De húshâlding heart ta it Joads proletriaat, ’t is eins in heel earm gesin. Op in kear docht opa in ferhuzing foar de direkteur fan ’e Rotterdamsche Bank. Dat klikt wol. Der komt in baantsje frij as portier by dy bank yn Den Haach. Opa krijt de tip om dêr in smeet op te dwaan. Dat wurdt him. Tenei is er de richard, de rike man yn ’e famylje, want hy hat in fêste baan.
Boarne: Lou Velleman, 2 april 2019


8 Salomon Levi VELLEMAN
 (ropnamme Sam) * Ljouwert 4-5-1820, dêr besnijd 12-5-1820 troch Mozes Joseph Drogischt, sandak (= dejinge dy’t de jonge ûnder it besnijen op ’e knibbel hâldt): Mozes Turksma, † Snits 19-6-1857, 36 jier, hûsnr 1046; yn Sam syn trou-akte stean Sam en syn heit te boek as VELMAN, mei dêrby de oantekening: ‘zich noemende Velleman’; keapman te Snits
x Snits 19-5-1850, 30 en 18 jier
9 Mietje MENDELS * De Lemmer 29-5-1831 † Snits 5-12-1897, 66 jier, hûsnr 1046 [] Snits, Joads tsjerkhôf; by trouwen tsjinstfaam yn ’e Lemmer; yn 1876, ’88 sûnder berop te Snits;
Mietje x 2 Snits 18-11-1860, 24 en 29 jier, Salomon Machiels Blindeman (ropnamme: Sam) * Ljouwert 4-11-1836 † Snits 1-12-1895, 59 jier [] Snits; sn f. Machiel Elias Blindeman, keapman te Ljouwert, en Feikje Mozes Wolf

Fan Mietje Mendels is in portret bewarre dêr’t se in gouden earizer draacht (dy foto is op ’t stuit yn Minneapolis en wurdt hjir letter pleatst). Joads-Fryske froulju hiene in foarleafde foar it Frysk kostúm mei earizer en tipmûtse, want oars moasten se in sjeitel , in prúk op ha, en dêr koenen se dan sa mei ferdrach ûnderút.

Bern út it earste houlik:
1 Froukje Velleman (ek: Vrou(w)kje(n)) * Snits 11-3-1851 † De Lemmer 8-7-1923, 72 jier;
sjoch oer har reis nei Ingelân: Velleman Kronyk – In reis sûnder adres
x Lemsterlân 3-9-1876, har neef, Marcus Davidson * De Lemmer 12-11-1852, keapman yn ’e Lemmer; sn f. Salomon Davids Davidson * Haarlem omstrings 1817 † De Lemmer 6-12-1885, 68 jier; keapman yn ’e Lemmer; en Betje Marcus Mendels * De Lemmer 16-3-1821 † dêr 24-2-1913, 91 jier (suster fan Mietje, nr 9 yn dizze kertiersteat)
Marcus Davidson is in pakesizzer fan:
David Salomon Davidson, keapman te Amsterdam, en Mina Mozes Manheim; en fan Marcus Mendels en Froukje Mozes Blog (nrs 18 en 19)
Bern fan Marcus Davidson en Froukje Velleman, allegearre * yn ’e Lemmer:
1 Salomon Davidson * 4-9-1876, in dei nei de troudei fan syn âlden
2 Mietje Davidson * 21-4-1878 † fermoarde Sobibor, Wlodawa, Lublin, Voivido, Poalen 9-4-1943;
x Lemsterlân 17-11-1908, 30 en 26 jier, Eliazer Wittenburg * Amsterdam 24-8-1882 † fermoarde Sobibor, Wlodawa, Lublin, Voivido, Poalen 9-4-1943, 60 jier; by x keapman te Amsterdam, seis moanne dêrfoar yn ’e Lemmer; sn f. David Wittenburg, keapman te Amsterdam, en Eva Wijnschenk

3 Bettje Davidson * 5-5-1880
4 Mina Davidson * 22-5-1882 † fermoarde, Auschwitz 25-1-1943, 60 jier
5 Esje Davidson * 13-3-1884;
x Lemsterlân 16-11-1906, 22 en 28 jier, har neef, Emanuel Mendels * Wolvegea 2-12-1878 † fermoarde, Birkenau 1-1-1944, 65 jier, namme op tinkstien Noardwâlde]; by x keapman te Wolvegea, eigner eksportslachterij, (benammen fan bargen dy’t yn Ingelân ôfset wurde: Londense barchjes); wenjend Van Helomaleane Wolvegea; sn f. Abraham Mendels, keapman te Wolvegea, en Mina Davidson (suster fan skoanheit Marcus), winkelfrou te Wolvegea

6 Jacob Davidson * 7-5-1886 † Londen?
7 Feikje Davidson * 29-7-1888 † fermoarde, Auschwitz 10-9-1945, 54 jier;
x Lemsterlân 10-4-1913, 24 en 26 jier, Joseph Philippus van Bergen * Weesp (Noard Hollân) 14-7-1886 † fermoarde, Auschwitz 10-9-1945, 56 jier; by x keapman te Oudewater, dêr manufakturier yn ’e Korte Havenstraat 22; sn f. Philippus Hartog van Bergen, yn 1887 keapman te Weesp, yn 1913 te Oudewater

8 Sara Davidson * omstrings 1892;
x Lemsterlân 19-3-1931, 39 en 31 jier, Carl Meyer * Sögel (Dútslân) omstrings 1900; by x keapman te Sögel; sn f. Meyer Meyer, yn 1931 keapman te Sögel, en Bertha de Levie

9 Machiel Davidson * 21-7-1893
10 Keetje Davidson * 18-9-1896
Marcus Davidson keapet en ferkeapet gauris huzen, winkelpanden en pakhuzen yn ’e Lemmer, fariearend fan f 698,00 oant f 1250,00, yn ’e jierren 1880 (in hûs foar 800,00, fan Abe van der Sluis, túnman te Ychten), ’93, 1900 (in hûs en hiem foar f 825,00, fan Harmen Nieveen, stoomboatkaptein yn ’e Lemmer), ’07, ’08 (trije huzen foar f 808,00), ’13, ’15, ; yn 1893 keapet er in fiskaak foar f 690,00; op 14-2-1880 lient er f 800,00 fan Jonker Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen, boargemaster fan Gaasterlân te Riis; op 31-1-1908 hat er in skuld fan f 1200,00 by Jan Klaasesz, kandidaat notaris yn ’e Lemmer 
2 Marcus Velleman * Snits 23-1-1853, keapman te Snits; wennet yn 1888 te Amsterdam
x Skoaterlân 1-12-1887, 34 en 42 jier, Schoontje van Praag * Amsterdam omstrings 1845; kin net skriuwe; by trouwen winkelfrou op ’t Hearrenfean; dr f. Jacob Marcus van Praag, keapman te Amsterdam, en Lea Samuel Sody;
Schoontje x 1 Samuel Mozes Blok * It Hearrenfean 18-11-1847 (wettelik erkend 30-11-1851) † dêr 26-9-1886, 38 jier; keapman op ’t Fean; sn f.  Mozes Samuels Blok, keapman op It Hearrenfean, en Betje Vellekoper (ek: Esther), sutelster op ’t Hearrenfean
Schoontje en Marcus ferkeapje op 3-11-1888 in winkelhûs mei bleekfjild en hiem oan ’e Dracht op ’t Hearrenfean foar f 2350,00
3 Levi Velleman = nr 4 yn dizze kertiersteat
4 Jacob Velleman (Japie) * Snits 14-11-1856 † dêr 16-1-1927, 77 jier; keapman te Snits; koster
x Snits 22-7-1888, 31 en 21 jier, Judic Vroman * Amsterdam omstrings 1867; by trouwen sûnder berop te Rotterdam en ferbliuwend te Snits; yn 1928 sûnder berop te Amsterdam; suster fan Jacob, Joël en Salomon, sjoch nrs 1, 4 en 5 hjirûnder; dr f. Samuel Jacob Vroman, sutelder te Amsterdam, dêr keapman en te Rotterdam, en Rachel Sijes
Bern út it twadde houlik nr 9:
1 Feikje Blindeman (ek: Fijke) * Snits 1-11-1861 † Den Haach 24-5-1936, 74 jier;
x 1 Snits 30-8-1885, 23 en 22 jier, Jacob Vroman  * Amsterdam 1863 † Rotterdam 30-8-1885, 22 jier; broer fan Judic, sjoch nr 4 hjirboppe, en Joël, nr 4 hjirûnder en Salomon, idem nr 5; sjoch nr 6 hjirûnder; sn f. Samuel Jacob Vroman, sutelder en keapman te Amsterdam, yn sûnder berop te Rotterdam, en Rachel Sijes;
x 2 Samuel van Emmen * Meppel 29-5-1863 † Delft 18-4-1922, 58 jier; keapman; sn f. Levie van Emmen en Alida Meijer;
Samuel x 1 Haarlem 13-12-1883, 20 en 22 jier, Jansje de Vries * Haarlem 1861 † dêr 20-8-1920, 51 jier; dr f. Isaac Mozes de Vries en Rosette Goldsmit
2 Emanuel Blindeman * Snits 4-1-1864 † dêr 3-1-1866, 2 jier
3 Machiel Blindeman * Snits 27-1-1866 † dêr 3-12-1918, 52 jier; keapman yn lompen en âldizer te Snits;
keapet 20-4-1903 in pakhús te Snits foar f 3100,00; ferkeapet dêr op 14-12-1916 twa winkelpanden foar f 10.000,00
x Stienwikerwold 31-5-1893, 27 en 23 jier, Elisabeth Frank (Betsje) * Wolvegea 5-11-1869 † Amsterdam 8-4-1961, 91 jier, [] Muiderberg; keapfrou, yn 1923 te Amsterdam; dr f. Roelof Frank, feedokter te Wolvegea en Tuk, en Sophie Feitje Elte
Bern:

1 Mietje Blindeman (Meta) * Snits 18-10-1897 † fermoarde, Auschwitz (Oswiecim, Oświęcim, Voivode), Poalen 28-1-1944, 46 jier; pensionhâldster te Amsterdam; wurtd mei har man Rooms Katolyk; fersetsstriidster
x Amsterdam 16-7-1925 Regnerus Josephus Ignatius Visser * Snits 14-1-1894 † Amsterdam 26-3-1941; keapman te Amsterdam; sn f. Rudrikus Sjouke Hendrikus Visser, keapman, eigner kofjebranderij De Drie Mollen (sûnt 1818) te Bolswert en Snits, en Johanna Gerarda Bernarda Meddens
Bern Visser, Rooms-doopt:
1 Michiel Rudirikus Ignatius Visser (Chiel, Chieltje)

2 Johanna Elisabeth Theresia Visser (Joke)
Sjoch:
Velleman kronyk – Rooms-doopt
Earelist fan har dy’t foelen
-Libbensbeskriuwing Meta Visser-Blindeman


2 Salomon Machiel Blindeman (Sam) * Snits 15-3-1899 † fermoarde, Sobibor 1943; mei-firmant mei syn neef Salomon Velleman yn ’e Firma M. Blindeman; letter keapman op it Rokin 61 te Amsterdam
3 Sophie Blindeman (Sonja, Zus, Tante Zus, oannommen as twillingsuske fan Roelof [nr 4 hjirûnder] * Snits 31-8-1910 † Amstelveen 11-5-2002, 91 jier; fersetsstriidster
x Amsterdam 28-3-1935 Max Arnold Souget * Amsterdam 20-5-1904 † 13-1-1987, 82 jier; arts te Amsterdam, Gelderse Kade 75, nimt de praktyk fan syn heit oer; sn f. Aron Souget, 1896 artseksamen, promoveart yn 1903 te Gent; arts Amsterdam, en Betsij Jacoba Bosman
Bern fan 3:
1 Alfred Aron Souget (Frits) * Amsterdam 17-3-1937 † 23-10-2003, 66 jier;
x Margaret Rose van der Goes (Margalith Ruth) * Carshelto, London, Surrey, Ingelân 24-3-1946 † deasketten troch Hamas, Hebron 17-5-1994, 48 jier; dr f. Frederik Adrianus van der Goes, yn 1931 masjinist te Arenalus, Argentinië, en Beatriz Lola (ek: Lola Zamora)

2  Elisabeth Meta Souget (Els, Elsje) * Amsterdam 1950; x Michael Reiss
Sjoch :
-J.H. Coppenhagen, Anafiem Gedoe‘iem. Overleden joodse artsen uit Nederland 1940-1945, Rotterdam 2000, side 138
-Oantinken oan Sophie Souget-Blindeman troch Dineke Stam: Dineke Stam – Sophie Souget-Blindeman
-Libbensbeskriuwing Sophie Souget-Blindeman: Joods Amsterdam – Sophie Souget-Blindeman
4 Roelof Blindeman (Broer, Oom Broer, as twillingbroer keppele oan Sonja, Tante Zus) * Snits 1-9-1910  † Amsterdam 13-2-1962, 51 jier;
x Amsterdam 15-6-1950, skieden Amsterdam 12-7-1954 Maria Helene Theodorine Stossberg * Maastricht 25-9-1914 3-9-2000, 85 jier; dr f. Johann Joseph Stossberg en Maria Antoinette Pieters 

Ferfolch bern út it twadde houlik nr 9:
4 Elisabeth Blindeman * Snits 23-3-1870 † Amsterdam 15-2-1933, 62 jier;
x Snits 19-6-1897, 27 en 32 jier,
Joël Vroman * Amsterdam 11-4-1865 † Den Haach 23-9-1933, 68 jier; keapman te Snits en Den Haach; sn f. Samuel Jacob Vroman, sutelder en keapman te Amsterdam, yn 1897 sûnder berop te Rotterdam, en Rachel Sijes


5 Schoontje Blindeman * Snits 7-12-1874 † Den Haach 3-8-1931, 56 jier;
x by folmacht, Rotterdam 19-9-1901, 26 en 31 jier, Salomon Vroman * Rottterdam 13-5-1870 † fermoarde, Oswiecim, Oświęcim, Voivodeship, Poalen; broer fan Judic 1e houlik nr, 4 hjirboppe, en Jacob en Joël, 2e houlik nrs 1 en 4; Samuel Jacob Vroman en Rachel Sijes 
6 Emanuel Blindeman * Snits 4-4-1868 † Hilversum 18-12-1928, 60 jier; yn 1894, ’95, ’98, 1918, ’19 keapman te Snits; yn 1896 dêr winkelman; yn 1918 dêr hannelsreizger; yn 1901, ’2, ’11, ’16, ’17, 19 keapman te Bolswert; wennet yn 1919 te Hilversum; bestjoerslid Nederlands Israelitische Gemeente Bolswert;
x Oldenzaal 2-5-1894, 26 en 28 jier, Juda Minco (ek: Menco; yn 1918 yn Notarieel argyf is de tanamme: Menua) * Oldenzaal 1-7-1865 † Hilversum 10-1-1932, 66 jier; dr f. Salomon Minco, keapman te Oldenzaal, en Elisabeth Nathans


10 Joseph PAIS
* Amsterdam 31-3-1834 † Harns 9-1-1921, 86 jier; yn 1858, ’60 arbeider, letter keapman te Harns (hûs F228, F221);Joseph x 1 Harns 23-12-1858 Leentje Pais * Harns 3-4-1836 † dêr 31-8-1859, 23 jier; kin net skriuwe; dr f. Binjamin Raphaels Pais (omkesizzer fan nr 40 yn dizze kertiersteat), keapman te Harns, (kin net skriuwe), en Kaatje Samuels Cohen;

Joseph x 2 Harns 28-6-1860, 26 en 22 jier
11 Sara SPEYER (ek: Saartje; en: SPEIJER, SPIJER) * Harns 10-9-1837 † dêr 27-3-1915, 77 jier; kin net skriuwe

16 Levy Nathan VELLEMAN (ek: Levie) * Ljouwert 6-2-1792, dêr  17-2-1792 besnijd troch Mozes Joseph Drogischt; sandak: Aron Gumpich van Dam † Snits 10-3-1867, 75 jier, hûsnr 814; yn 1818, ’20, ’23, ’25 keapman te Ljouwert; by syn trouwen dêr kastlein (‘kroeghouder’); oant syn ferstjerren keapman te Snits; wennet yn 1829 tusken de Silen;
Levy x 2 Snits 3-2-1834, 41 en 27 jier Betje Mozes Veltman (ek: Bettje, en: VELDMAN) * Ljouwert -6-1806 † Snits 22-5-1894, 87 jier, Wyk 4 nr 78; by trouwen yn 1834 sûnder berop op ’t Hearrenfean; dr f. Mozes Salomon Veldman en Engel Levi Korper, keaplju te Ljouwert en op ’t Fean; kinne net skriuwe;
Betje x 1 Skoaterlân 20-6-1824, 29 en 17 jier, Wolf Mozes Locher * Amsterdam omstrings 1795 † It Hearrenfean 13-11-1826, 29 jier, hûsnr 180; by trouwen ûnderwizer op It Hearrenfean, yn 1825, ’26 dêr kreamer; sn f. Mozes Levie Locher en Martje Marcus Levie, keaplju te Amsterdam
Levy x 1 Ljouwert 30-1-1825, 32 en 25 jier
17 Froukje Marcus BOOM * Ljouwert omstrings 1797 † Snits 16-9-1833, 36 jier, Wyk 9, nr 52; neffens har dea-akte is Froukje berne yn Den Haach; by trouwen keapfrou te Ljouwert
Bern út it earste houlik:
1 Marcus Levie Velleman
2 Salomon Levie Velleman = nr 8 yn dizze kertiersteat
3 Klara Levie Velleman * Ljouwert -11-1843; tsjinstfaam te Ljouwert by Salomon Samuel Sarlui, godtsjinstûnderwizer (Wyk 43 nr 286) en yn 1844 by Jacob Jacobs van der Woude en Hanna Velleman (har omke en muoike, sjoch nr 32.7 yn dizze kertiersteat), slachters (Wyk 40, nr 75) 
4 Hanna Levie Velleman * Ljouwert 1827 † Snits 7-3-1837, 10 jier, Pol Wyk 9 nr 52
5 Samuel Levie Velleman * Snits 22-3-1828 † dêr 19-3-1841, 13 jier, Wyk 9 nr 51
Bern út it twadde houlik:

6 Nathan Levie Velleman * Snits 21-11-1834;
x Snits 3-11-1861, 26 en 36 jier, Fokeltje Izak Turksma (ek: Fogeltje, Fokje, Vogeltje) * Ljouwert 31-12-1824 † Snits 15-6-1910, 85 jier; by earste houlik keapfrou te Ljouwert, nei twadde boask te Snits; kin net skriuwe; dr f. Isak Salomon Turksma, keapman te Ljouwert, en Anna Meijer de Groot (ek: Hanna, Johanna, Chana)
Fokeltsje x 1 Snits 11-12–1853, 20 en 28 jier, Salomon Mello * Amsterdam 18-9-1833 † Ljouwert 3-1-1860, 26 jier; by trouwen keapman te Snits, letter te Ljouwert; sn f. David Mozes Mello, keapman te Amsterdam, letter te Snits, en Rachel Salomon van Gelder (ek: Naatje)
7 Mozes Levie Velleman * Snits 5-2-1837
8 Joseph Levie Velleman
* Snits 7-5-1839 † dêr 18-11-1924, 85 jier;

9 Engeltje Levie Velleman * Snits 28-11-1841 by x sûnder berop te Snits; x Ljouwert 15-10-1871, 25 en 29 jier, Levie Keizer * Ljouwert; by x keapman te Ljouwert; sn f. Philip Nathan Eliazer Keizer, keapman te Ljouwert, en Sara Nathan de Leeuw 
10 Jacob Levie Velleman
* Snits 1845 † dêr 9-1-1847, 2 jier
11 Yzak Levie Velleman * Snits 21-4-1847 † Snits 5-5-1847, 13 dagen, Pol Wyk 9 nr 54

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Levy en Froukje; Froukje en har mem kinne net skriuwe; Levy syn mem tekenet yn ’t Hebriusk:


Levy en Froukje ha in nijsgjirrige útfanhûzer, Ljouwert Krante, 13-10-1829:

Ljouwerter Krante, 5-9-1848: in jonkje fan N. Velleman wurdt rêden fan ’e drinkeldea. Mooglik fersint de ferslachjouwer him en giet it hjir om Nathan [16, nr 6], soantsje fan Levy en Betsje, de data klopje dêrneffens, Nathan is yn 1848 14 jier


18 Marcus MENDELS
* Amsterdam omstrings 1780 † De Lemmer 3-7-1845, 65 jier; by syn ferstjerren wurdt in Certificaat van Onvermogen ôfjûn; yn 1818 sutelder (venter) yn ’e Lemmer; yn 1819, ’22, ’23, ’24, ’25, ’31 dêr keapman; yn 1829 dêr sûnder berop; yn 1844 dêr as berop opjûn:
foarsjonger;
x Lemsterlân 19-4-1818, 38 en 30 jier
19 Vroukje Mozes BLOG (ek: Froukje) * De Lemmer omstrings 1788 † dêr 23-1-1875, 87 jier; kin net skriuwe; yn 1818, ’50 keapfrou, yn 1845, ’49 ynlâns kreamerske yn ’e Lemmer
Yn ’e trou-akte fan har soan Emanuel wurdt Froukje Bloq neamd
Sjoch: Gesins-oersjoch


Hantekening fan Marcus Mendels, in bedreaune hân fan skriuwen

20 Benjamin Joseph PAIS * Amsterdam 22-7-1803 † Harns 30-4-1861, 57 jier; yn 1860 keapman te Harns
x Harns 28-11-1833
21 Hanna Samuel KANIS (ek: Naatje) * Den Haach 18-1-1808 † Harns 24-11-1890, 82 jier; kin net skriuwe
Sjoch: foarâlden Kanis

22 Abraham Aron SPEYER  * Amsterdam 30-9-1803 † Harns 10-3-1850, 46 jier, Wyk G 136; yn 1841, ’42, ’50 keapman te Harns;
Abraham x 2 Harns 15-9-1842, 39 en 27 jier, Frederika Beerends * Ljouwert 13-9-1815 † Harns 15-4-1895, 79 jier, Wyk G; kin net skriuwe; keapfrou te Harns (û.o. Wyk A 225); dr f. Wikje Beerends, breidster en keapfrou te Ljouwert;
Frederika x 2 Harns 14-10-1852, 25 en 37 jier, Izaak Levi Duist * Amsterdam -4-1828 † Harns 14-7-1858, Wyk G 136, 30 jier; yn 1852 keapman te Amsterdam; komt op 5-8-1856 út Amsterdam te Harns, dêr keapman; sn f. Levi Simon Duist en Vogeltje Mozes Groen, keaplju te Amsterdam;
Frederika x 3 Harns 26-5-1859, 44 en 43 jier, Israel Benjamin Boas * Amsterdam 26-2-1815 † Harns 6-12-1891, 76 jier; keapman en frijwillich matroas yn Rykstsjinst te Harns; sn f. Benjamin Samuel Boas en Sara Jacobs Roos, keaplju te Amsterdam;
Israel x 1 Harns 28-4-1836, 21 en 20 jier, Ester Jacob Pais * Amsterdam 1816 † Harns 19-3-1859, 43 jier; keapfrou te Harns; dr f. Jacob Benjamin Pais (broer fan Joseph, nr 40 yn dizze kertiersteat) en Grietje Salomon Schuytevoerder;
Abraham x 1 Harns 26-9-1833, 29 en 26 jier
23 Marianna Abrahams COHEN * Ljouwert 13-8-1807 † Harns 4-9-1841, 34 jier (Laanen F140); yn 1841 keapfrou te Harns

32 Nathan Salomon VELLEMAN * Lippstadt omstrings 1768 † Ljouwert 24-10-1821, 53 jier, hûs 227K; keapman te Ljouwert; kreamer yn manufaktueren
x Ljouwert (Galileër tsjerke) 25-11-1790
33 Rijkje Salomons (VELLEMAN) (ek: Riekje) * Ljouwert omstrings 1762 † dêr 4-9-1842; keapfrou te Ljouwert, oant har ferstjerren op tachtichjierrige leeftyd
Rijkje komt yn akten meast foar sûnder de skaainamme Velleman, mar yn har dea-akte wurdt dy tanamme wol taheakke en gauris ek yn dokuminten oangeande har neiteam.
Rijkje tekenet yn ’t Hebriusk as Rijkje Salomons, sûnder Velleman




Akte fan namme-oannimming op 8-1-1812. Nathan nimt de namme Velleman oan foar him en syn kroast Levy, Salomon, Meijer, Jacob, Grietje en Hanna. Eins is dit in befestiging fan ’e achternamme, want Nathan fiert syn fan al.
Voor ons Maire
[=oantsjutting foar boargemaster yn ’e Napoleontise tiid, yn dit gefal Gemme van Burmania] der gemeente van Leeuwarden, Canton/
Arrondissement Leeuwarden, Departement Friesland/
gecompareerd zijnde Nathan Salomon Velleman, wonende/
te Leeuwarden, heeft verklaard dat hij anneemt de naam van/
Velleman voor Familienaam en voor Voornaam die van Nathan Salomon.

Bern:
1 Levy Nathans Velleman = nr 16 yn dizze kertiersteat
2 Jeltje Nathans Velleman * Ljouwert 1794 † dêr 5-1-1869;
x Ljouwert 27-6-1819, 34 en 25 jier, Jacob Philippus de Vries * Ljouwert 1785 † dêr 28-12-1846, 61 jier; sn f. Philippus Abrahams de Vries en Feikje Salomons
3 Salomon Nathans Velleman * Ljouwert 1798 † dêr 5-8-1827, 29 jier;
Salomon wurdt yn ’e trou-akte fan syn dochter Rachel (1824) oantsjut mei de tanamme Felman
x Ljouwert 17-11-1822, 24 en 19 jier, Ester Jacobs de Boer (Essie; suster fan Mietje, sjoch nr 5 hjirûnder) * Amsterdam 1803 † Harns 10-10-1857, 54 jier; kin net skriuwe; dr f. Jacob Michiels en Rachel Isaaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
Ester x 2 Ljouwert 20-1-1833, 29 en 30 jier, Jacob Philippus Feitsma * Medemblik 1804 † Ljouwert 31-3-1860, 56 jier; sn f. Philip Asser Feitsma en Hanna Salomons van Gelder
4 Meyer Nathans Velleman * Ljouwert 1801 † dêr 27-6-1879, 77 jier;
x Ljouwert 20-6-1838, 36 en 21 jier, Ester Sadock Vellekoper (Betje) * Ljouwert 10-9-1816 † dêr 20-5-1885, 68 jier; dr f. Zadok Elias Vellekoper (healbroer fan Sara Elias ZADOCKS, nr 47 yn dizze kertiersteat) en Sara Michiels Polack
5 Jacob Nathans Velleman * Ljouwert 18-7-1802 † dêr 5-8-1851, 49 jier;
x Ljouwert 25-9-1836, 34 en 23 jier, Mietje Jacobs Levie * Grins 12-12-1812 (suster fan Ester, sjoch nr 3 hjirûnder); dr f. Jacob Machiel Levi en Rachel Izaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
6 Grietje Nathans Velleman
7 Hanna Nathans Velleman * Ljouwert 1808 † dêr 7-9-1858, 50 jier; kin net skriuwe
x Ljouwert 18-6-1837, 31 en 29 jier, Jacob Jacobus van der Woude * Wolvegea 1806 † Ljouwert 17-1-1891, 85 jier; slachter te Ljouwert; skutter 1e Bataljon, 1e Ofdieling mobile Fryske Skutterij; sn f. Jacobus Jacobs van der Woude, slachter te Wolvegea, en Vogeltje Salomons Weezel (ek: van Weissel)

34 Marcus Jacobs BOOM * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 12-6-1818, 62 jier, hûsnr 75K; keapman te Ljouwert
x Utrecht 1796, 40 en 42 jier
35 Hanna ISRAELS * Dútslân (neffens dea-akte plak net bekend) omstrings 1754 † Ljouwert 16-6-1828, 73 jier, hûsnr 76K; keapfrou te Ljouwert, yn 1825 en by ferstjerren sûnder berop; kin net skriuwe;
Hanna x 1 1790, 34 en 36 jier, Michiel Marcus Boom * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 4-11-1791, 35 jier; broer fan Marcus, har twadde man
Yn Hanna har dea-akte wurdt opjûn dat har âlden net bekend binne. It liket dat Israels as patronym brûkt wurdt yn 1814, ’25 en ’26, respektivelik yn ’e trou-akten fan har bern Aaltje, Froukje en Barend, en as achternamme yn 1818 yn ’e trou-akte fan har soan Marcus en yn har eigen dea-akte

36 Emanuel Levie
x
37 Rebecca Rubens

38 Mozes Salomon BLOG (ek: Salomono) * omstrings 1730 † De Lemmer 6-11-1811, 81 jier; keapman yn ’e Lemmer
x
39 Johanna Mozes BLOG (ek: Anna en Hanna) * Stienwyk omstrings 1738 † De Lemmer 26-1-1828, 90 jier; yn 1818 en by ferstjerren sûnder berop yn ’e Lemmer

40 Joseph Benjamins PAIS * Amsterdam omstrings 1777 † Harns 19-1-1841, 64 jier, Wyk G, nr 38; keapman te Harns
x
41 Rachel Isaac DE GROOT
(ek: Racheltje) * Amsterdam omstrings 1754 † Harns 9-2-1847, Heiligeweg Wyk G, nr 38; by ferstjerren fan Joseph sûnder berop, letter keapfrou te Harns oant har ferstjerren op 93-jierrige leeftyd;
Rachel x 1 1798 [?] Jacob (Michiels [?]) de Boer * omstrings 1770
Yn ’e trou-akte fan har soan Binjamin wurdt Joseph Joseph van Binjamin Pais neamd.
Yn ’e dea-akte fan Joseph wurdt Rachel
Rachel Jacobs Isaaks neamd, dat Jacobs kin ferbân hâlde mei har earste man.
Joseph besit yn 1832 in hûs (perseelnr 1617, 36 kante meter, klaase 1, belesting 27)

42 Samuel Abraham KANIS * Den Haach omstrings 1786 † dêr omstrings 1840
x 1809
43 Aaltje Levy GARNADE * Amsterdam omstrings 1789

44 Aron Salomon Zalman SPEYER * Amsterdam omstrings 1765 † dêr 5-3-1811
x Ljouwert 26-7-1790, hy fan Amsterdam, sy fan Ljouwert
45 Clara Elkan LEVIE KAN (ek: Claartje, Klara; en: Elkenkan) * Ljouwert omstrings 1774 † Amsterdam 25-11-1811, 37 jier
Fan Clara har broer Mozes Elkan Levie Kan stamt ôf Wim Kan – kabaretierSjoch ekWillem Cornelis Kan
Sjoch: Aron Speyer en Clara Levy Kan

46 Abraham Benjamins COHEN * Maarsseveen (Utrecht) omstrings 1757 † Ljouwert 5-9-1828, 71 jier; keapman te Ljouwert, ek noch by syn fertsjerren
x Ljouwert 29-7-1784, beide fan Ljouwert
47 Sara Elias ZADOCKS  * Ljouwert omstrings 1764 † dêr 1-12-1844, 80 jier; keapfrou te Ljouwert
Sara Elias wurdt gauris neamd sûnder achternamme, ek nei 1811/’12. Mei tanamme komme ûnder oaren fierders de folgjende farianten by har foar:
ELIAS, 1819, 1834
LOODER, 1823 yn trou-akte fan har soan Benjamin
VELLEKOPER, 1835 yn trou-akte fan har dochter Maike
VELLEMAN, 1831 yn trou-akte fan har dochter Roosje
ZADOK, 1784 by eigen trouwen
ZODECHS, 1823 yn trou-akte fan har soan Benedictus

64 Salomon Nathans
x
65 Hanna Abrahams

66 Salomon Benedictus
x
67 Jeltje Meyers

68 Jacob Berents BOOM
x
69 Froukje Mozes

72 Benjamin Abraham COHEN
x
73 Judik Jacobs

78 Mozes Jesajas BLOK † De Lemmer [?]
x
79 Sara Salomons
† De Lemmer [?]

80 Benjamin Nathans PAIS
x
81 Ester Swella SAGUI

82 Isaäc Abrahams DE GROOT
x
83 Akke Levij

86 Levij Jacob GRENADE * Amsterdam 0mstrings 1756 † Den Haach 29-3-1848, 92 jier; x 2 Rachel Joseph van Lier * Amsterdam omstrings 1772 † Den Haach 22-8-1862; dr f. Joseph Mozes van Lier en Sara Israel Boas
x
87 Hesje BRESLAU † Amsterdam 21-7-1796

88 Salomon Josephs SPEYER (Zalman ben Joseph SPEYER) * Amsterdam omstrings 1732 † dêr 26-10-1810, 78 jier (by fersin opjûn 68 jier?), [] Muiderberg; boekhâlder chevra kedosha Gemiluth Chasadim te Amsterdam (organisaasje foar ritueel waskjen foar en nei ferstjerren)
x Amsterdam 1755
89 Judith Isaac Aron VAN COLLEM SOFER * Amsterdam omstrings 1730 † dêr 22-6-1803, 73 jier, [] Muiderberg
Sjoch: Salomon Speyer en Judik van Collem

90 Elkan Isaaks LEVY KAN (ek: KAN-LEVY) * Ljouwert omstrings 1746 † Snits 21-4-1825, 79 jier, ferdronken tusken Ljouwert en De Lemmer [] Ljouwert; keapman te Ljouwert
x
91 Mietje Eliazer LEVIE (ek: Mink; en: KANIS; ek: LIEPMAN LEVIE-KANES) * Amsterdam omstrings 1745 † Ljouwert 16-2-1834, 89 jier, Wyk F 348
Sjoch: Elkan Isaaks Levi Kan en Mietje Eliazer Kanes

92 Benjamin Abrahams COHEN
x Ljouwert 1770
93 Judik Jacobs

94 Elias Zadocks VELLEKOPER (ek: Eli; by trouwen yn 1789 en grêfskrift[?]: VELLEKOPER; postúm[?] VELLEMAN) * Ljouwert omstrings 1736 † dêr 29-3-1816, 80 jier [] Ljouwert, grêfskrift 0402; ‘joode coopman’ te Ljouwert, wennet yn Wyk J 77;
x 2 Ljouwert, Galileër tsjerke, 13-8-1789 (ûndertrou Amsterdam), hy fan Ljouwert, sy fan Amsterdam, 53 en 37 jier, Hendrikje Isaac Cohen * Amsterdam omstrings 1752 † Ljouwert 2-9-1842, 90 jier; keapfrou te Ljouwert; dr f. Isaac Cohen en Hester Abrahams
x 1 1762, 26 en 34 jier,
95 Rosa Meijer COHEN (ek: Roosje, Rooske) * omstrings 1728 † Ljouwert 1788, 60 jier [?]
De húshâlding wennet ûnder oaren op ’e Nijebuorren en op ’t Pottersbakkersplak te Ljouwert

Yn ’e dea-akte stiet Elias as Elias Sadock te boek; dêr wurde syn âlden net neamd, syn earste frou likemin.
Elias syn pakesizzer Elias Sadoks nimt yn 1812 te Ljouwert de namme Velleman oan foar him, syn bern en bernsbern (fan sa’n tsien dêrfan wit er de namme net) 

Op 29-7-1773 wurdt troch Fokeltje Tjommes, frou fan Tjomme Pieters, skipper te Boazum, oanjefte dien fan oplichting troch ‘de jood Elias Sadok’. Op ’e selde dei sit Elias yn detinsje op it Riedhûs en wurdt er fertocht fan it stellen fan twa horloazjes, fan respektivelik Oene Heimans en Everwinus Wassenbergh
Sjoch fierder: Leo Simoskie – Joden van Friesland

172 Jacob Saul GARNADE
x
173 Sara David KLEERKOPER
† Den Haach 28-1-1826

176 Joseph Salomon Zalman SPEYER * Amsterdam omstrings 1700 † dêr -2-1758 [] Zeeburg, 27 Shevat 5518
x 1 Amsterdam foar -11-1730 Sara Kalman * Aurich omstrings 1706 † Amsterdam -11-1730 [] Zeeburg, 1 Kislev 5491
x 3 Amsterdam omstrings 1738 N.N. † Amsterdam -3-1757 [] Zeeburg , 26 Adar 5517
x 2 Amsterdam -5-1731
177 Clara Gelle Jacob * ’s Heerenberg omstrings 1703 † Amsterdam -9-1737 [] Zeeburg, 3 Elul 5497
Sjoch: Joseph Speyer en Clara Jacob

178 Isaac Itsak Aron VAN COLLUM (by []: de âlde Itsak [ben Aron?] Ykuthiel KOLE-SOFER; ek: KOLLEM SOFER) * Amsterdam? omstrings 1694 † Amsterdam -9-1778 [] Muiderberg, 18 Elul 5538
x Amsterdam 1721
179 Bassa Abraham
* Amsterdam omstrings 1701 † dêr 1781 [] Muiderberg, 16 Chesvan 5542
Sjoch: Isaac van Collem en Bassa Abraham

180 Isaac Joseph LEVY KAN (ek: Itsak; en: Yisghua-Heschel; en: HALEVIE KAN) * Ljouwert omstring 1723 † dêr 11-12-1780; wennet yn ’e Groate Hoogstraat te Ljouwert; parnas (=tsjerkmaster, tsjerfâd yn ’e Synagoge)

181 Alida Abrahams FLES 
(ek: Aaltje, Edil, en: FLESCH) * Den Haach omstrings 1725 † Amsterdam 22-6-1782, 57 jier [] Muiderberg, 10 Tammuz 5542;
Aaltje x 2 Amsterdam 4-7-1781 Josua Levie Mossel
Sjoch: Isaak Joseph Levi Kan en Alida Abrahams Fles 

182 Eliazer Mozes LEVY KANES 
(by []: Liepman ben Moshe LEVIE KANITH) * Amsterdam omstrings 1709 † dêr 1785 [] Muiderberg, 23 Elul 5545
x
183 Judith Jetta Joseph DE METS MAARSEN (ek: Judik Abrahams) * Amsterdam omstrings 1712 † dêr 21-10-1787 [] Muiderberg
Sjoch: Eliazer Levy Kanes en Judith de Mets Maarsen

188 Zadok Abrahams VELLEKOPER * Ljouwert omstrings 1713 † Amsterdam nei 1773;
x 1 Hester Heijmans;
op 8-2-1743 ferklearret Jacob Levi, huoddeskjinmakker te Ljouwert, dat Zadocq Abrahams trout mei Hester Heijmans, dy ferlitten hat en no libbet mei in Hendrickje Levi te Amsterdam  
x 2 omstrings 1745
189 Hendele LEVY
(ek: Hendrikje Jacobs LEVIE)
In Joadse omswindeler, Elias Davids, geboaren yn Amsterdam, dy’t yn East-Fryslân wenne hat en dêrwei swervjend yn Fryslân kommen is, hat yn Ljouwert yn novimber 1762 trije wiken ûnderdak fûn by Zadock Abrahams.
Fanwegen biddelerij wurdt er in hoart opsletten yn ’t Hûnegat en freget er om wat te lêzen, dêrta jout de dochter in Hebriuws boekje fan har heit mei.
Nei syn frijlitting docht Elias in roofmoard op in boerefamke dêr’t er de deastraf foar krijt.

352 Salomon Shlomo-Zalman Jacob SPEYER
* Spiers/Speyer omstrings 1657
x Amsterdam omstrings 1680
353 Abigael Bele Bonele Jacob GENZCHEN-LEVIE
* Amsterdam omstrings 1662
Sjoch: Salomon Speyer en Abigael Genzchen-Levie

354 Jacob N.N.

356 Aron Coenraad Yekuthiel VAN COLLUM (by []: Aron ben mohr”r Yekuthiel) † Amsterdam 1732 [] Muiderberg, 18 Kislev 5493
x
357 Ester Philip uri-PEIS 
† Amsterdam 1754 [] Muiderberg, 21 Adar 5514
Sjoch: Aron van Collem en Ester uri-Peis

358 Abraham Abraham-Abba DAVID (by []: Abraham ben David ben Juda) † Amsterdam -3-1742 [] Muiderberg, 12 Adar II 5502
x
359 Chaiche † Amsterdam -2-1749 [] Muiderberg 25 Shevat 5509
Sjoch: Abraham ben DAVID en Chaicha

360 Joseph Adams HALEVIE FLESH (ek: Joseph Levi; en: Joseph Levi DE JONGE; en: Joseph Yoshua-Heschel Adam Chaim LEVIE) * Amsterdam omstrings 1691 † Ljouwert 17-10-1752, 60/61 jier [] Joadetsjerkhôf; keapman; komt 1708 út Amsterdan te Ljouwert; wennet yn 1738 op ’e Dûbele Piip mei frou en fiif bern
x Ljouwert omstrings 1717
361 Clara Jonas Josephs VAN EMDEN
(ek: Klere EMDEN) * Emden [?] omstrings 1695 † Ljouwert 22-2-1764, 69 jier [] Ljouwert (grêfskrift 0409)
De nammen fan Joseph en Clara binne yn 1803 graveard yn it Thoraskyld oan ’e sjoel yn Ljouwert (skonken troch Adam Drielsma en syn frou yn 1727)
Sjoch: Joseph Halevie Flesch en Clara van Emden

362 Abraham Elkan LEVIE FLES * Amsterdam omstrings 1702 † dêr 2-4-1781, 79 jier;
x 2 Amsterdam 1750 Ester Marcus † Amsterdam 19-1-1766; widdo fan Isaac Levie
x 1 Amsterdam 1723
363 Sara Lazarus WOLF OPPENHEIMER
* Frankfurt omstrings 1705 † Amsterdam omstrings 1750, 45 jier

364 Mozes LEVIE-KANES
Sjoch: Mozes Levie-Kanes 

366 Joseph Jacob Moshe-Jacob DE METS MAARSEN * Amsterdam omstrings 1680 † dêr 31-8-1754 [] Muiderberg; printer en útjouwer te Amsterdam
x Amsterdam omstrings 1700
367 Feile Eliazer LEIZER † Amsterdam 21-8-1746 [] Muiderberg
Sjoch: Joseph de Mets Maarsen en Feile Leizer

376 Abraham VELLEKOPER

706 Jacob Benjamin GENZCHEN-LEVIE * Poalen omstrings 1640 † Amsterdam 27-11-1679 [] Muiderberg, 23 Kislev 5440
x Amsterdam 1670
707 Judith Jeras David TEVLE GENTSCHEN * Vredenburg omstrings 1645 † Amsterdam 12-7-1694 [] Muiderberg, 19 Tammuz 5454
Sjoch: Jacob Genzchen-Levie en Judith Tevle Gentschen

720 Adam Samuels HALEVIE (by []: R’Chaim ben Zanwil Levie) * Wildau (Dútslân) omstrings 1652 † Amsterdam 27-3-1695, 43 jier, [] Muiderberg, 11 Nissan 5455
x Amsterdam 24-8-1674 (Rebecca soe dan 15 jier wêze, Adam 22)
721 Rebecca Eliazer SJOCHETSHOVER (by []: Rivka bat Elieser Shochetshover) * Sochazcew (Poalen) omstrings 1659 † Amsterdam 19-7-1739, 80 jier, Muiderberg
Sjoch: Adam Samuels Halevie en Rebecca Eliazer Sjochetshover

722 Jonas Jonathan Joost Joseph VAN EMDEN (by [] fan Clara: Jonathan EMDEN)
x
723 Clara Gelchi Michiel Yechiel LEVIE † Amsterdam 1742 [] Muiderberg, 9 Ijar 5502
Sjoch: Jonathan van Emden en Gelchi Levie

724 Elkan Levie FLES * Frankfurt a/d Main † Amsterdam nei 1729
x Amsterdam 1693
725 Marianne Isaacs COHEN
(ek: Matje) * Amsterdam 1673

726 Lazarus WOLF OPPENHEIMER

732 Jacob Moshe-Jacob Arend Maharam DE METS MAARSEN (by []: Jacob ben Maharim MAARSEN) * Maarssen omstrings 1644 † Amsterdam 11-8-1698 [] Muiderberg, 4 Elul 5458; skoalmaster te Amsterdam. wennet op Vloenburg
x Amsterdam 17-5-1669, 25 en 17 jier
733 Bele Jochem JOCHANAN (By x: Belitie) * Amsterdam omstrings 1652 † dêr 23-3-1718 [] Muiderberg
Sjoch: Jacob de Mets Maarsen en Bele Jochanan

1414 David Tevle Mozes GENTSCHEN (ek: GENZCHEN; by []: Tevle GANZ) * Poalen? † Amsterdam 18-5-1684 [] Muiderberg, 5 Sivan 5444
x
1415 Eva CHAVA † Amsterdam  27-1-1681 [] Muiderberg, 8 Shevat 5441
Sjoch: David Gentschen en Eva Chava

1440 Samuel Zanwil Elkan HALEVIE * Wildau (Dútslân) omstrings 1625 † Amsterdam 3-11-1702 [] Muiderberg
x
1441 Freida N.N.
† Amsterdam 1708 [] Muiderberg, 19 Ijar 5468
Sjoch: Samuel Elkan Halevie en Freida

1442 Elieser SJOCHETSHOVER (by [] fan Judik: Leizer SOCHESWEID), wennet 1650, ’58, ’59 te Sochazcew, Poalen
x
1443 Judik Gitche KALMAN
(ek: Judith) † Amsterdam 8( of 12?)-2 (of 12?)-1702 [] Muiderberg
Sjoch: Elieser Sjochetshover en Judik Kalman

1444 Joseph Juzpa EMDEN
x
1445 Jechiel LEVIE

1450 Isaac Salomons COHEN * Warschau 1646 † Amsterdam 1716, 70 jier
x Amsterdam 1668
1451 Hendrikje Alexanders
* Amsterdam omstrings 1650 † dêr 1723, 73 jier

1464 Aron Maharim Jacob DE METS MAARSEN † Amsterdam -6-1690 [] Muiderberg, 25 Sivan 5450
x
Maharim † Amsetrdam -9-1683 [] Muiderberg, 10 Elul 5443
Sjoch: Aron de Mets Maarsen en Maharim 

2902 Alexander Barends † Amsterdam 1707
x
2903 Judik Abrahams † Amsterdam 1708