Yn ’t jier dat Lou Velleman geboaren wurdt, komme der seis Joadse bern yn Fryslân te wrâld. Dat is yn 1935. As Lou twa is dûkt er mei syn Pa en Moe ûnder. De Twadde Weareldoarloch sit er yn Snits op solder. Us oarlochsskiednis mei net fergetten wurde – Lou hat der ferlet fan om dêroer te fertellen en giet nei de bern, by skoallen lâns. Yn bernhaftige libbensgloed betocht en eventueel foldien – de frijdom.
Erfgoed Fundaasje fettet syn libbensferhaal  yn Lou syn eigen fizy yn in koarte kronyk. Dy oerwrede oarlogggen hâlde gjin ein, oeral en nerges – dy oarloch yn ús.
Yn fazen wurdt Lou syn ferhelling oer syn belangen op dizze side pleatst – en werskepen, yn boppetoan en ûndertoan – sa binne wy. Altegear frij hertaald en -ferteld út it Nederlâns, mei neigeraden in Ingelse oersetting, sjoch: Velleman chronicles.

Dit projekt wurdt útfierd neffens de winsk fan Sytske Kingma-Rienks (1935-2019) – silger neitins – freondinne fan Lou Velleman.

De folgjende ûnderwerpen passeare dizze rûzige revu:
Wat is yn de namme Velleman? – It berop fan kattemeppen
Gjin ivige frijgesel – Opa Levi fynt it bêst by mem
In reis sûnder adres – Muoike Froukje is it paad te Londen bjuster
Sintese negoasje? – Pa syn hannel yn lompen floreart
Lompen yn ljochte lôge – In útslaande brân yn ’e saak
Sam fluitet alles yn ’e stringen – Pa as pionier en ferneamd skiedsrjochter
Goud wurdich – Sam dekoreard, eare wa’t eare takomt
Baas bridzjer – ‘Do dochtst mar wat’
Rooms-doopt – Joads giet mei katolyk
Oannommen twillingskip – In bern wurdt berne
Unfersetlike Tante Zus – Skets fersetsstriidster Sophie Sonja Souget-Blindeman
Dûke of net dûke – De passiviteit, wêrom?
Keiwerowes – Begroeven by de foarâlden
By de Levers – Sy fermoarde, wy behâlden
Op ’e solder fan ’e Rappers – Ienkear nei bûten ta
Net bang – Twa kear Grünen, lykwols yn betroude hannen
Griis gebiet – Wat is fout?
Moe har eigen lesmetoade – De priveeles docht fertuten
It NSB-bankstel – Noch jierrenlang genot
Op ’e freudiaanse bank – Spikergek yn tearapy
Hy bliuwt in Tedeske – In brulloft mei grús en dissonanten
Wês ús genedich, Heare – Gjin momint foar ’t monumint
Advokaat fan fernederden – Opkomme foar dwylsinnigen
Pro psychiaters – ‘Moatte wy dy Velleman ek net opnimme litte?’
De affêre Weinreb – De dôfpot yn
Advocatus diaboli – Ferdigener fan ’e Satanstsjerke
Ut ’e Keunst – Byldzjend wurk is ytber
Yn ’e Geunst – As keunstner arriveard en yn trewyn
In Frysk fersintsje – Frysk auteur? In gotspe
Frysk Keunstners Inisjatyf -Keunst yn ’e merk
In gebochelde pop – By Kanarykweken kinne je net werom.

Foar adekwaat edukatyf gebrûk en fierder ûndersyk kin trochklikt wurde op ûnderwerpen en begripen. De nûmers tusken kante heakken [] achter de persoan ferwize nei de nûmers yn it Famylje-oersjoch Velleman.
Brûk de sykfunksjes op jo kompjûter.

*=berne, †=stoarn, []=begroeven
Sjoch ek:

Velleman chronicles
Spoaren fan Joads leven in Sneek
-Frysk Fersetsmuseum


Reaksjes, oanfullingen en ferbetteringen? Graach! Sjoch formulier of info@erfgoed-fundaasje.nl

 

Wat is yn de namme Velleman
Yn ’t jier dat ik geboaren bin, komme der seis Joadse bern yn Fryslân te wrâld. Dat is yn 1935. Dêrfan bin ik de iennichste dy’t de oarloch trochkomt. Tanksij de ûnderdûk. Us beppe fan heiteskant en Pa en Moe en ik oerlibje it. Mar de famylje fan ús memmeskant yn Den Haach net. En dy fan beppe fan heiteskant – de Paisen út Harns – foar ’t grutste part likemin. Ik sil jim dêr ferslach fan dwaan.
Mar earst even wat oer it Velleman-komôf. Wy ha de namme fan it kattemeppen. Yn foarige iuwen binne der fierstentefolle wylde katten. Dy rove wat se te pakken krije kinne. Dat wurdt in pleach. De lju binne der finaal mei oan. Der is ferlet fan folk dat regaad yn dy bisten makket. Myn foarâlden sjogge dêr brea yn. Dat se fange oan mei ’t kattemeppen. At se de kat deakneppele ha, strûpe se de hûd derôf. Se ferkeapje it filde feltsje. Sadwaande ús achternamme: Velleman.
Pa [4] hat it fillen oars noch wol krekt meimakke, mar allang net mear yn ús laach as professy. Hy hat wol wurke mei slachtôffal, dat allinne. Ik ha as jonkje nei de oarloch noch âlde boeren troffen dy’t ien kennen hienen dy’t it berop fan kattefilder útoefene.


Gjin ivige frijgesel
Us bet-oer-oer-oarreheit (pake syn pakes pake) Nathan Salomon Velleman [32] komt ein 18de iuw út Dútslân yn Ljouwert. Hy is dan al gjin ‘felleman’ mear, mar hy hat dan allang oare goedkeape negoasjes, hy is kreamer yn manifaktueren. De man is om 1768 hinne geboaren yn Lippstadt. De Vellemans sitte yn ’t earste fearnsjier fan ’e 19de iuw noch yn Ljouwert en ferfarre dan nei Snits. Se binne dêr fjouwer generaasjes keapman. Meast yn fodden en âldizer. It is de langst libjende Joadse famylje te Snits; oant Oom Jacob, dy’t de oarloch oerlibbe en yn 1946 ferstoar.

Oerbeppe Mietje Mendels [9] nimt as widdo, mei fjouwer halzen dy’t fuorre wurde moatte, kostgongers. Ien fan har is Salomon Blindeman, se krije wat mei-inoar en trouwe. Salomon komt yn ’e saak. By him krijt Mietje noch seis bern [nûmer 9, twadde houlik]. De húshâlding wreidet út en sadwaande de saak ek.
Pake Levi [4] is in ivige frijgesel en wennet by syn mem yn. Dat fynt er bêst. Syn bruorren en susters [nûmers8 en 9, earste houlik] binne allegear allang it hûs út en syn twadde heit is jit ferstoarn. As er 43 is, rekket syn mem wei. Hy bliuwt allinne oer en it húshâlden leit him net sa tige. Hy sjocht om him hinne en trout in healjier letter. Mei in Joads jongfaam, Johanna Pais út Harns. Hanna is dan 28, sechstjin jier jonger as hy. Foar har trouwen is se marsekreamerske, se sutelet út Harns wei op Flylân en Schylge mei jern en bân. At se dêr letter werris komt, is se slim teloarsteld dat de lju har dêr net mear kenne. Se is analfabeet en in hele goeie sakefrou en mem. Pa hat dêr in leave heit en mem oan hân.
Se binne net benearjend otterdoks. Mar de jonges wurde fansels besnijd en as it Pesach is bygelyks, moat de ko wol yn ’e panne molken wurde, dan is ’t koosjer. Dat àl.

 

In reis sûnder adres
Opa syn âldste suster Froukje is troud mei Marcus Davidson [nûmers 8 en 9, earste houlik nr 1]. Har soan Joop ferfart mei de húshâlding nei London. Dy nûget syn mem út om útfanhûs te kommen. Muoike Froukje sil dêrhinne. Se nimt de Lemmerboat nei Mokum en giet oan board nei Ingelân. Se komt yn Londen oan. Dêr stiet se dan op ’t stasjon. O heden! No is se it adres kwyt! Se klamt in gentleman oan, se freget oft dy ek wit wêr’t Joop Davidson erges wennet. Dat wurket net. De man hat gjin idee wêr’t se it oer hat. Froukje kin allinne mar Lemsters. Ut har maneuvels kin er likemin wiis wurde. Dat frommis is ’t paad foargoed bjuster, sil er tocht ha. Hy bringt har nei de stasjonssjef. Dy besjoert Froukje nei ’t plysjeburo. Nei lang hinne en wer maneuveljen en koarte wurden, wurde se gewaar dat Froukje út Fryslân komt. Dat leit yn Nederlân. By eintsjebeslút witte se it plak ek: De Lemmer. Se stelle har yn ferbining mei de Nederlânse ambassade. Dy nimt kontakt op mei de boargemaster fan Lemsterlân. Dy lit in omke fan Froukje komme. Omke kin fertelle wêr’t Joop krekt tahâldt. Alles kits. Lang om let wurdt Froukje fan ’t buro helle.


Sintese negoasje?

De hannel sil útwreide wurde moatte. Pake Levi sil needtwongen mei yn de nije firma, de foddehannel, oan ’e Oasterkade. De âldste soan út oerbeppe har twadde houlik – Machiel Blindeman [nûmer 9, twadde houlik nr 3] – wurdt de sakeman. Pake is net sa saaklik en lit dat part mar leaver oan syn healbroer oer. Nei ferrin fan tiid komt Machiel syn soan Salomon derby en Pa ek, dy mear as assistint. No sitte der twa neven by har heiten yn it affearen – Salomon Machiel Blindeman en Salomon Velleman, Sam B. en Sam V. De offisjele namme Salomon wurdt yn ús famylje altyd feroare yn ’e ropnamme Sam. Dan ferstjert Machiel. De jonges moatte no mei-inoar fierder. Twa tsjinoerstelde karakters, rûchwei steld: meigeand en bikkelhurd. Se krije yn ’e koartst mooglike tiid de grutste heibel. Pa stapt út ’e firma en begjint foar himsels. Ik mei fan Pa tenei net mear nei Oom Sam ta.

Pa is der mei in karre op út – Fodd’n! Fodd’n! Hy wurdt in bekende Snitser en dat fynt er jofel: Dach Kóópman!
Hy hat it fak fan syn omke Machiel leard en hannelet dêrneffens, benammen yn lompen, mar ek yn âld papier en âldizer. Dat wurdt sorteard yn syn pakhúske. Hy keapet jitizer en in soad âlde kachels op, dy slaan se  yninoar.

Ljouwerter Krante, maart 1950:

Pa hiert altemets in skûtsje fan skûtefaar Wybren Kroyenga, foar my oom Wybren, en syn frou Sotsje. Sotsje kin lêze noch skriuwe. As se mei Wybren yn Amicitia in film sjocht, lêst Wybren skipperske de ûndertiteling mei bolderjend skûteboerslûd foar, yn in omtrint mûsstille bioskoop, dêr’t oars allinne de filmprojektor evenredich sûzet.
Simmers ûnderferhiert Pa dat skipke foar fertier oan syn ôfnimmers. It wurdt fiks útbjind, der komme noflike kessens en matrassen yn, dat it sit en leit no mar geryflik op it wetter. Klantebining. Ik bin sawat fiif en mei mei klanten út te poeren. Ik ha in belangrike funksje: útsjen at de plysje der ek oankomt. En dan de fisk rikje. Hearlik.
Pa plichtet ek wolris in boatsje fan Swarte Hannes te pachten, dat is Jehannes van Aalderen; in neef fam him is Rooie Hannes, neffens de kleur hier – Van Alderens, allegearre Snitser skippers.
Pa begjint earst yn ’e trochreed fan Jikke Ozinga, neist har hotel oan ’e Lemmerwei 8. Ik neam har tante Jikke. It duorret mar even, of de klanten rinne nei Pa ta. Fansels omdat Oom Sam Blindeman net by útstek de meast klant-freonlike man is. Mar hy kin oars wol wat, sa is er in hoart foarsitter fan ’e Nederlandse Handel-Maatschappij, Sian; hy leard him in hele taspraak yn it Thai oan, dat dom is er net.

Sam en Sam hâlde ek wol fan keetskoppen. It is in skoft yn ’e moade om plast-rûntsjes, nepfrontsjes, foar te dwaan; dat binne fan dy boardsjes, faak mei styfsel bestevige, dy’t froulju foar op it boarst op ’e jurk drage en manlju op ’t oerhimd ha. De gein fan Oom Sam en Pa is om earst in pear hûnen te fangen. Dy hingje se sa’n frontsje om, dan stekke se de bisten jûkpoeier yn ’e kont en dy drave dan stapelgek de merk op.

Letter krijt Pa in nij pakhús op ’e Dryltsterkade by de Geeuw lâns, want Jikke seit op in kear: ‘Velleman, dou mutst derút, ’t wordt un garazy’. Pa hat by dat nij bedriuwsgebou in terrein dêr’t er it âldizer opslacht en ek koper. Hy kin dat keapje, want hy hat noch wat jild fan oandielen achter de hân. Dy hat er yn Koninklijke Olie en hy der oan it begin fan ’e oarloch gjin heil yn om dy te hâlden. Hy draacht se fertroulik oer oan Thom Zandstra, de fabrikant fan redens. Dy is doopsgesind en neffens Pa kin er op de man oan. Zandstra hat der keurich op past. Sadwaande kin Pa syn nij pakhûs oanskaffe.
[Zandstra fungeart as in soarte fan bewariër, dat is in arys persoan dy’t yn ’e oarloch guod foar joaden bewarret.]
Foar de oarloch hat Pa in NV, in Naamloze Vennootschap: N.V. Vellemans Lompen en Metaalhandel. Yn ’t begjin fan ’e oarloch keapet er al syn foarrieden op en hy set dat jild apart. De fennoatskip dûkt er op. Yn sokke saken krije sakelju in Verwalter oansteld. Pa sines fernimt der neat fan dat Pa jild oan ’e kant set. Pa brûkt dat om de ûnderdûk te beteljen fan Omoe Velleman, heit syn beide broers, Oom en Tante Wolf út Den Haach en dy har bern en ús eigen ûnderdûk, en ik leau foar in part ek noch fan Tante Zus en Oom Sam.
Mar ein 1944 is er troch dy sinten hinne. Hy krijt dan stipe fia ûndergrûnse kontakten mei de regearing yn Londen, soks is ûnder oaren regele troch Walraven van Hall. [Finansjele bydragen foar ûnder oaren ûnderdûkers út it Nationaal Steunfonds]
Nei de oarloch krijt Pa in belestingoanslach oer de jierren 1942, ’43 en ’44 omdat er it bedriuwskapitaal – it ûnderdûkersjild, kinne je ek mei tapassing úthâlde – brûkt hat foar partikuliere doelen, wylst it yn ’e fennoatskip heart. Nee, de Belestingtsjinst hâldt net botte rekken mei de omstannichheden. Pa leit belestingynspekteur Wisselink de saak út en seit: Ast beslach leist, dan betelje ik dy it folsleine bedrach kontant út, mar dan stiet de komplete parse der wol op ’e noas by.
Wisselink bedraait it dan sa, dat er in te hege oanslach makket en dy ferrekkenet mei de oanslaggen oer de jierren 1946 en ’47. Dêr is Pa dan ek wer lilk om. Mar hy lit it sitte, want hy wol Wisselink net yn swierrichheden bringe. It Belestingkantoar te Snits wie in sintrum fan ferset en Wisselink hat yn ’e oarloch heel goed west. Wisselink iepenet letter in grut belesting- en advysburo yn Amsterdam, dat wurdt oernommen troch syn soannen Jan en Arnold.

De hannel feroaret. Nei de oarloch is âld papier ynienen roversguod. En rubber, âlde autobannen. It bedriuw floreart, Pa hat seis oant acht minsken yn tsjinst. Syn jongere broer Japie [4 en 5, nr 3] sit ek yn ’e saak. Dy rekkenet it lean út dat de wurknimmers alle wiken yn in leanpûdsje meikrije. Oom Japie hat de Mulo, dat sadwaande.

Ljouwerter Krante, 13-5-1966:


Yn ’e santiger jierren feroaret de negoasje wer: de foddelhannel rint hurd tebek, want de opkomst fan wol en katoen mei keunststof dêryn ferarbeide is funest. De âld-papierhannel wol noch al, lykas ek de ferro-metalen.

Ik groei op yn in middenklasse-gesin – well to do, om sa te sizzen. Moe fertsjinnet foardat se troud is gâns mear as Pa. Mei tolve jier nimt se in baantsje by in menear Price, in rike Ingelsman dy’t hannel driuwt op Ingelân en Amearika. Se moat Ingelsk skriuwe. Wat in ellinde. Elke brief moat oer. Nei in moanne of sa hat se ’t yn ’e fingers. Tritich jier letter korrespondeart se wer mei menear Price.
Nei de firma Price komt se by Müller, fan Kröller-Müller. Dêr skeakelet se om nei it Dútsk. Dêrnei komt se by Loesberg, ymport fan medisinen. Dêr giet alles yn it Frânsk. Se krijt it dêr hyltyd mear foar ’t sizzen. De Alde Loesberg giet, de Jonge Loesberg komt. Mar dy rêdt it net op. Moe driuwt de saak. Mear as de legere skoalle hat se net.

Moe is ferloofd mei in neef fan Pa, in Vroman leau ’k. Sa komt se yn ’e kunde mei Pa. Pa slagget deryn om har fan dy jonge ôf te troggeljen.
Moe is wat in wyldenien. Se groeit op yn ’e tritiger jierren en Pa is har fjirde offisjele ferloofde. Fjouwer kear yn dy tiid, dat is wol wat. Mar se is oan Pa plakken bleaun en trije-en-tritrich jier mei myn âlde hear troud. Op houlikse betingsten. Pa hat har jild likegoed hânsum ynpikt en brûkt foar syn bedriuw.

Wy ha altyd in faam. lykas Bettie Hottinga. It fanke is net sa min, mar trochleare is der yn har grifformeard fermidden net by. En Trijnie, in hele goeie hurdrydster op ’e koarte baan, dêr’t se faak mei yn ’e prizen falt. Yn 1945 docht se war om it my te learen, mar nee.
Wy ha ek ien dy is heilssoldate, en in Jehovagetuge. Dêrneist is der in waskfrou, frou Schild. Dy komt yn ’t foar- en neijier ek foar it húshimmeljen. Dan wurdt myn keamer drastys úthimmele, en opromme. Freeslik, alles yn dusoarder. Elk boek moat ik wer te plak sette.

 

Lompen yn ljochte lôge
Op in kweade dei slacht de flam yn Pa syn lompen. It pakhûs leit yn ’e jiske. It fjoer is oerslein út it meubelfabrykje fan Schumacher dêrneist. Yn ien fan ’e kranten stiet it krektoarsom, mar de tadracht witte se dan noch net. Oannomen wurdt dat Pa syn âld papier de oarsaak is. Dat is lykwols perst papier, dêr’t alle lucht út is en sadwaande net baarne wol. Pa lit it sjen, hy hâldt der in lúsjefers ûnder en sjoch: it fjoer krijt der gjin fet op. Mar Pa syn lompen stienen yn ljochte lôge.

Ljouwerter Krante, 18-7-1958:




 


Sam fluitet alles yn ’e stringen

Pa hat altyd wol wat in sportman west. As er in jier as fjirtjin is keapet er in Sun, in motorfyts. De wet is noch net sa strikt. Yn 1914 komt de earste ronde fan Nederlân op ’e fyts, de etappe Swolle-Ljouwert. Pa fytst nei ’t Hearrenfean om dy te sjen en hy besiket it peleton by te hâlden, dat slagget oan Akkrum ta, dan is ’t gebeurd.
Nei de oarloch hat Pa in hege T-Ford. dêr kin er mei dûnsje. Op moaie dei is er mei Opa en Omoe deropút. De T-Ford ferûngelokket en Opoe falt flau. Opa syn hoed leit ferknûkele witwêrsanne: Dy hoed salst betale! Opa is eins in non-valeur.
Pa is yn syn frije tiid in goede hurdrinner en hy docht ek oan atletyk.
Hy kin net fuotbalje, mar hy is in fameus fuotbalskiedsrjochter, hy fluitet earste klas wedstriden. Net ynternasjonaal, want hy ken eins allinne mar Snekers. By de kompetysjes yn it noarden is dat gjin probleem. Hy fluitet bygelyks de finale fan ’e fuotbalbeker as Velocitas út Grins dêryn spilet, om 1933 hinne. D6er is in heel spektakel by: de spylbal wurdt út in lyts fleantúchje goaid en myn ouwe hear heint de bal op!


Pa kin ek goed organiseare. Mei oaren rjochtet er yn 1932 de COVS op, de Centrale Organisatie van Voetbal Scheidsrechters. Yn dy rûnten hat er in soad freonen. Oant syn dea ta is er mei Ad van Emmenes redakteur fan it COVS-bûnsblêd De Scheidsrechter, yn gearwurking mei drukker Weissenbach te Snits. Pa bekwaamt himsels yn ’t redaksjewurk, mar Moe redigeart mei. Nei de oarloch lit er op it earste alftal fan LSC (Lycurgus Sparta Combinatie te Snits) syn teoriën los oer hoe’t se it bêste fuotbalje kinne. It hele alftal komt by him thús om har foardiel dêr mei te dwaan. Omdat er yn sokke dingen opgiet, is er sa bekend.
Sam syn nammegenoat en folle neef Sam sr is in ferneamd fuotballer, dy stiet as back op ’e boppeste foto.

 

Goud wurdich
Foar syn fertsjinsten as mei-oprjochter, bestjoerslid en earelid fan’e Koninklijke Nederlansche Voetbal Bond krijt Sam Velleman de heechste ûnderskieding fan ’e K.N.V.B.: de gouden spjeld. Ek fertsjinnet er dito fan ’e skiedsrjochtersferiening Sneek en Omstreken: de gouden skiedsrjochters-ynsynje.

Ljouwerter Krante, 27-12-1966:

Fuotballer Anne van der Werf en skiedsrjochter Meijer binne beide learlingen fan Sam Velleman yn LSC-ferbân

Ljouwerter Krante, 27-12-1961:

 

Baas bridzjer
Pa is ek in baas bridzjer, hy wurdt mei syn maat dokter Ubbink kampioen. En letter ek mei in fjouwerspan.
Hy britst mei Jules Rouffaer, gerenomeard wynkeaper te Snits. Dat klikt. Pa spilet sa’t him útkomt en dat is Rouffaer wol bêst. Mar dy sûpt himsels dea. Dan wurdt Gerard Ubbink bernedokter yn Snits, in Grinslanner. Dy hat yn Grins in hele goede bridzgemaat: Blinzinga, in apoteker en eardere stúdzjegenoat. Ubbink siket yn Snits in nije partner; op nivo, lykas Blinzinga. Pa is beskikber. Gerard seit: Do kinst goed bridzge, mar do dochtst mar wat. Do moatst it systéém leare.
Nei trije jier hat Pa in aardich systeem yn ’e kop. Syn eigen, dat wol. Se binne jierrenlang kampioen yn it Noarden. Ek as Snitser fjouwertal: mei Zandstra, fan ’e redens, en Vis, gruthanneler yn sûker en oare koloaniale waar.

Ljouwerter Krante, 23-3-1970:


Rooms-doopt

Omke Machiel [nûmer 9, twadde houlik nr 3] is troud mei tante Elisabeth Frank út Wolvegea – Tante Betsje. Har famylje hat in eksportslachterij. Se ha in dochter: Mietje, neamd Meta. Dy krijt ferkearing mei in katolyk, in Visser. Ien fan de Snitser lju fan kwizekwânsje, fan ’e kofjebranderij De Drie Mollen, bekend as de kofjefissers. Meta wurdt mei har man katolyk. Se krije twa bern, Joke en Chieltje, offisjeel Michiel, nei syn pake. Dy wurde rooms doopt en opbrocht. Meta har man ferstjert. Dan is it oarloch. De bern wurde ûnderbrocht by in katolike famylje. Mar nei de kwestje fan doe noch aartsbiskop, letter kardinaal De Jong fan ’t Amelân, komt der in razzia op rooms-doopte Joaden. De Jong nimt in bûtengewoan anty-nazi stânpunt yn. Se pakke him net op, dêr’t hy oars wol op rekkene hat. Se ha it lef net har hannen net oan hìm te baarnen. As repressaille arresteare se dêrfoaroer de rooms-doopte Joaden, dy’t noch frij omrinne. Meta ek. Se komme allegearre om. Meta yn Auschwitz.
As Joke en Chieltje nei de oarloch wer yn kontakt komme mei har Joadse famylje, wurde se wer Joads. Oom Chiel giet nei de opperrabyn en freget dy oft er wer Joads wurde kin. Dat kin net, seit dy, want dat bist al. Chiel lit him dan op syn tweintichste besnije. Joke en hy fefarre nei Jeruzalim. Chieltje hat letter op ’e Golanhichte in grutte hinnefokkeroij en hy fokt tagelyk rashûnen. Der falle nochal wat deade hinnen en dêr kinne je de hûnen mei fuorje.
Sjoch: Famylje-oersjoch Velleman Kertiersteat nr 9, 2e houlik nr 3 > nr 1 > nrs 1 en 2

 

Oannommen twillingskip
Op in stuit menstrueard Tante Betsje net mear, se is al oer de fjirtich en tinkt dat se yn ’e oergong is. Se giet ris even nei dokter en dy seit dat se swier is en se krijt in twilling, teminsten…
Tante Betsje-en-dy ha in tsjinstfaam, se komt út in grifformeard gesin.  De faam wurdt swier. It is net fan Machiel, mar de lju prate der skealik oer. Machiel seit: Se sêge dat ’t kyn fan mij is. Dat se dat sêge, fyn ik niet so slim. Maar dat ut niet waar is, dàt fyn ik erch!
Trouwens, as de faam yn ferwachting rekket, wurket se al net mear by Oom Machiel en Tante Betsje, mar is se it kreaze keamerfamke yn Toppenhuzen, de baas dêre sit by har ûnder de skelk.
It bern fan ’e faam moat pleite, want dy skande! Machiel wol dat foarkomme, hy kin dat goed bespylje. Hy ken har âlden noch as âlde buorlju. De faam bernet op 31 augustus 1910 in famke: Tante Zus, ynskreaun as Sophie. Betsje krijt in dei letter in jonge: Roelof.
Betsje en Michiel nimme Tante Zus as eigen bern oan en litte har Arys ferklearje. Dat Sophie stiet tenei te boek as twillingsuske fan Roelof.

Yn ’e geboarte-akte wurdt Sonja oanjûn as Sophie Blindeman, bern fan Machiel Blindeman en Elisabeth Frank. Fraude mei in goed doel. De namme Sonja komt der letter by.

Ik bin al yn ’e tritich as ik derachter kom dat Tante Zus ek Sonja neamd wurdt. Dat hear ik tink fan Pa, of fan har soan Frits.
Roelof en Sonja binne trettjin jier jonger as har suster Meta. Dy ‘lette’ bern neame wy Oom Broer en Tante Zus. Dat leit wol wat yn ’e reden: se binne twilling, as broer en zus oaninoar keppele en sà jong.
Oom Broer docht yn ’e oarloch de stjer ôf en wurdt oer de grins hinneholpen. Oom Broer is in behoarlik skaker – kampioen fan Grinslân – hy fertsjinnet syn brea dêrmei yn kafee’s, yn onbeset Frankryk, Spanje, Gibraltar. Dan stekt er oer nei Ingelân. Mei de Prinses Irenebrigade komt er yn befrijd Nederlân werom.
Tante Zus trout mei Max Souget [sprek út: Sûget, dat betsjut yn it Hebriuws slachter], húsdokter yn Amsterdam. Se komme de oarloch troch en krije twa bern: Frits en Elsje, dy is nei de oarloch geboaren, dat wie in chique dametsje, geweldich moai, se wol perfoarst mei in dokter trouwe. Frits en ik wurde dikke freonen en bliuwe dat oan syn dea ta. Frits is ynternist, mar dat fynt er mar neat. Hy wurdt psycho-terapeut.
Frits is oanmerklik handiger by famkes. Hy hat moaie froulju om him hinne. By my duorret dat helte langer.
Frits trout mei Margaret, sa gek as in doar. Se krije in stik of fjouwer bern en skiede. Margaret wurdt letter deasketten troch de Hamas. Frits trout wer mei in aardige frou en skiedt op ’e nij. Dan giet er yn ’e lange hier mei in folle jongere dame en dy wol perfoarst in bern ha, fan him. Mar dêr is Frits net foar. Lykwols wurdt in bern op steapel set, dat komt. De mem krijt hommels in hurd-wurkjende foarm fan kanker. Se stjert. Gjin jonge frou, wol in bern. Frits makket himsels fan kant.
Sjoch: Famylje-oersjoch Velleman  Kertiersteat nr 9, 2e houlik nr 3 > nr 3 > nrs 1 en 2
Oom Max komt út in nochal deftige Joadse famylje, grutboargerliker as wy binne. It is in hear. Hy wurket earst as skipsarts en nimt letter de praktyk fan syn heit oer. Hy hat in hele grutte dokterspraktyk op ’e Gelderse Kade ûnder hoeren en hoererinners. Hy docht dat oan syn dea ta, as er achter yn ’e tachtich is. Ik moat der net oan tinke. Allinne al àl dy treppen op en ôf . Ek hat er in soad Sjinezen as pasjint. Hy ken gjin Sjinees, mar Sjinezen hat er wol yn ’e smizen, se sizze net folle tsjin him. Har karakter ken er lykwols mar al te goed, seit er: Je drukt maar en je kijkt of het au doet en je weet wat het is. Ik gean wol mei him in einhinne de Sjinese buert yn. As se witte dat ik in omkesizzer bin, krij ik lekker Sjinees iten. Op in kear bedarje wy yn in spylhol, dêr wurdt gokt om grou jild, je komme dêr as Europeaan oars absolút net yn.
As ik yn 1955 yn Amsterdam kom om te studearen bin ik oates en toates by de Sougetten thús; in lekker fergees miel, de geselligens en Frits is myn freon, oant syn dea.

 

Unfersetlike Tante Zus
Tante Zus skarrelet yn ’e oarloch har biologise mem op – de eardere faam fan Oom Machiel Tante Betsje, har Pa en Moe – en giet mei har by alderhanne ynstânsjes lâns om ‘bewizen’ te krijen dat se in bern fan dy faam is.
Ek Arie de Froe en Cornelis Ubbo Ariëns Kappers dogge wiidweidich ûndersyk nei de ‘rasskaaimerken’ en dat smyt foar Tante Zus ‘geen joodse kenmerken op’. Mar as de offisjele korreksje by de gemeente hast klear is, wurdt se op 26 maaie 1943 by in razzia yn Amsterdam oppakt. Se slagget deryn te ûntkommen en dûkt ûnder en krijt nei ferrin fan tiid har net-Joadse persoansbewiis.

Ja, Tante Zus wurdt Arys ferklearre, se wurdt ‘ge-Calmeyerd’. Se krijt in saneamd Calmeijer-stimpel. Calmeijer is in promoveard jurist út Ossnabrück. Yn ’e oarloch is er amtner yn Dútse tsjinst en sjef fan syn Bureau Calmeyer. Hy set him dêrfoar yn om Joaden te rêden. Hy helpt grou 3700 lju oan syn stimpel. Rauter, de sjef fan ’e SS is troch alles hinne, dy tinkt dat er troch Calmeyer bedondere wurdt. En dat is dus sa. Mar hy krijt der net in finger achter, want syn baas Seyss Inquart fynt dat Rauter te bot de baas spilet en wurket him sadwaande tsjin, ek hjiryn. Calmeijer moat o sa oppasse, likegoed foar Seyss Inquart as Rauter, want dy binne beide fûleindich antysemyt.
It Niod lit har skealik oer Calmyer út, want hy wurke foar de Dútser. Yn Ossnabrück is koartlyn in jurist op him promoveard en dy wjerleit frij yngeand wat it Niod oer him bewearde. Nei de oarloch sit Calmeyer oardel jier fêst. Dêrnei is er wer advokaat te Ossnabrück. Letter krijt er de Jad Vashem-ûnderskieding, Rjochtfeardige ûnder de Folken.

Tante Zus giet mei Meta, har âldere suster, yn ’t ferset. De susters wurde arresteard en yn it Oranjehotel yn Skeveningen fêstsêt. Tante Zus komt nei fiif moannen frij.
Meta skriuwt op 17-12-1943 op in fodsje: Zus, help mij. Ik ben naar Westerbork vervoerd, help vlug in Godsnaam. Kus mijn geliefden Meta.
Tante Zus kin Meta net rêde. Dat tôget se har hele libben mei. Meta wurdt yn jannewaris yn Auschwitz fermoarde.
Lês fierder:
-Oantinken troch Dineke Stam: Dineke Stam – Sophie Sonja Souget-Blindeman
[Yn dat stik wurdt Tante Zus har mem Pietsje neamd.]
-Libbensbeskriuwing: Joods Amsterdam – Sophie Sonja Souget-Blindeman


Razzia op 26 maaie 1943 op ’e Geldersekade. Achter de lantearnepeal rint Tante Zus mei haar tas f0l ‘arisearings’-papieren.
Foto H.M. van der Meulen. Kolleksje Anne Frank huis, Amsterdam


Tante Zus portetteard yn 1999, op 88 jierrige leeftyd troch Erwin Olaf, foar syn seary Pin Ups fan passionearde âlderen. Oant yn ’t lêst giet Lou mei Tante Zus om

 

Dûke of net dûke
De Snitser Joaden rêde it der yn ’e oarloch better ôf as dy yn Harns en Ljouwert. Seker de helt oerlibbet de Holocaust, [dat is út it Gryks: de folsleine ferbrâning] De helte, dat is in soad. In oarsaak dêrfan is dat de yllegaliteit yn Snits al oan ’t begjin fan ’e oarloch sterk stiet en trochdat de Joaden ûnderdûke wolle. Foargonger en sakeman Abraham Kuyt, neamd Bram, riedt har oan om dat te dwaan. Mar it rint ek wol falikant ferkeard, lykas mei de Snitser Pino’s dy’t yn Súd Hollân ûnderdûkt binne. De boargemaster dêr komt te witten dat erges yn syn gemeente Joaden har beskûl hâlde en hy wol witte hoe’t dat krekt sit. Mar wat hy net betocht hat, is dat by sokke gefallen altyd twa plysjes ynskeakele wurde. En dy’t er frege doocht wol, mar de twadde dy’t derby helle wurdt net. De Pino’s wurde ferret. Troch dy stommiteit fan him, hy wurdt nei de oarloch ûnslein as boargerfader.
Mar as de tinkstien yn Snits foar har dy’t omkamen ûnthuld wurdt, docht bliken dat twa fan dy Pino’s der libbensliif by stean. De iene wie fia Switserlân flechte, de oare fia Spanje. Se sieten no beide yn ’e Feriene Steaten.

De Joaden út Ljouwert krije it advys fan opperrabyn Levisson om mar nei Poalen te gean. Hy giet sels ek op transport. De befrijing belibbet er dêr noch, yn Tröbitz, mar hy is der sa min oan ta dat er it net oerlibbet.

Oer de passiviteit by ûnderdûken skriuwt histoarikus Piter Wijbenga: 
Daliks nei de kapitulaasje hawwe tsientallen Joaden har libben en dat fan har húsgenoaten mei eigen hân ferkoarte, omdat se net it slachtoffer wurden woenen fan in pogrom. Yn Ljouwert die dat ek in famylje. Mar mr. Herzberg hat ek gelyk as hy skriuwt, dat wat de Dútsers te wei brochten gjin eigentlike pogrom wie. Wy freegje ús ôf, oft de Joaden ek , mr. Herzberg sels, dat yn 1940 al begriepen. O seker, der soe Joads bloed floeie; de hauk soe delsjitte yn ’e swarm en slachtoffers meitsje; sa hie it altyd west. Mar wie it doe al dúdlik, dat de hiele flecht finzen wurde soe yn in hast ûnûntkomber net? Wisten de Joaden dat har in effisjint wurkjende oarlochsmasjine te wachtsjen stie, dêr’t it produksjeskema al fan fêst stie, mar allinne it tempo fan ’e oanfier noch fêststeld wurde moast troch de politike taktyk?
Wy stelle dizze fragen twifeljend en wifelje mei ús antwurd. Mar der binne in oantal oanwizings, dy’t hast ta in negative beäntwurding fergje, as wy alteast ôfgean op wat der yn Fryslân plak hân hat. Dêr wie de Joadse Rie te Ljouwert, ûnderôfdieling fan dy te Amsterdam, dy’t him ynskeakelje liet by de ‘oanfier’. It is ûntinkber dat dy leden wisten wat de slachtoffers te wachtsjen stie – oars soenen it krimilnele misdiedigers wêze. Wy ha oanstriid om dyjingen by te fallen, dy’t nuanseard oer dy Rie oardielje – wa binne wy dat wy him feroardiele kinne en meie? Yn ’t begjin koe it lykje dat der noch wat dien en rêden wurde koe. Wat lykwols ûnbegryplik bliuwt, is it trochgean oant de lêste Joad, noch lang neidat Joadehelpers der folslein fan oertsjûge wienen dat de letterlike útroeiïng begongen wie. Dêr wie opperrabyn Levisson, dy’t lang, al te lang ûnderdûken mei klam ôfrette. God kin ús yn Poalen allyksa beskermje, sei er doe’t in gemeentelid ôfskie naam foar de dûk. Jawol, wie it antwurd, mar Elia flechte ek om oan Izebel te ûntkommen. By einbeslút slagge it Sjoerd Wiersma fan ’e Jouwer om de opperrabyn oer te heljen om syn frou en bern ûnderdûke te litten. Sels gong dizze moedige hoeder mei syn skiep mei. [Wijbenga, Diel I, side 210] 
Wêr moat de passiviteit by it meartal fan ’e Fryske Joaden oan taskreaun wurde? Wy hawwe der al op wiisd, dat hja oer it generaal ta de ortodoksy hearden en dat opperrabyn Levisson lange tiid út Godsbetrouwen ûnderdûken ôfwiisde, sûnder acht te slaan op de âldtestamintyske foarbylden fan Jacob en Elia, oant it foar in soad te let wie. Sa ek fytsehanneler Velleman [út ’e fierte famylje]: ‘Wat God oer ús besletten hat, sille wy oanfurdigje.’ Inkelde weromkommen sionisten dy’t wy dizze fraach foarleinen, wite dy navrante berêsting benammen oan in soarte fan ‘ghettogeast’ dy’t yn Ljouwert hearske. De saak leit lykwols komplekser. Yn 1942 waard drok debateard oer ûnderdûken, mar de lju waarden it net iens. Bakker Lubinski en syn frou, berne yn Poalen, wienen pikeard as dêroer praat waard: ‘Poalen is in lân lykas alle oare lannen; it is helendal net slim as wy dêr hinne moatte.’ Elkenien besleat op ’t lêst persoanlik. In protte doarden net omdat se bang wienen foar in streekrjochte dea nei opspoaring troch de Dútsers; sommigen woenen net út oertsjûging; oaren hienen gjin jild en woenen frjemden net ta lêst wêze. Dat lêste spile folle sterker as in soad tinke. [Wijbenga Diel I, side 223]
P. Wijbenga – Bezettingstijd in Friesland I, II, III, Fryske Akademy nr 801, De Tille, Ljouwert 1995 ISBN 90.65.53.120.3; oerset út it Nederlâns.

Ype Schaaf skriuwt dêroer:
Waarom de joden in zo groten getale gingen? De meeste joden van Leeuwarden waren orthodox. Dat betekende dat bij hen de vraag speelde in hoeverre de Almachtige hen strafte met de onderdrukking door de nazi’s.
Willem Velleman [fierôf famylje] uit de fietsenwinkel van de Nieuweburen mocht van zijn vader niet bij een christenbuurman onderduiken, want de Almachtige had beschikt dat ze naar Polen moesten. Ze zouden er wel hard moeten werken, maar wie weet werd het hun gegeven om de beproevingen te overleven. Willem is in Auschwitz omgekomen. [Schaaf, side 233]
Ype Schaaf – Laarzen op de Lange Pijp – Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog, Ujouwerij Van Wijnen, Frjentsjer 1994, ISBN  90 5194 104 8

De Joaden út Harns binne op ien nei allegearre ferdwûn. Ik tink dat se te goed fan fertrouwen west ha. It grutste part fermoarde. De famylje fan ús beppe, de Paisen, ek. Beppe hat in jongere suster, Dieneke. Dy wint in dochter, Eva Boaz. Eva is mingd troud mei omke Willem van Wijk, se runne in CO-OP yn Frjentsjer. Eva wint by Willem wer in dochter, Dieneke, se wennet yn Harns. Dat is frij fierôf famylje, mar wy hawwe toch wer in bân. Der binne ommers fierders amper sibben mear.

Guon fan ’e Paisen binne trouwens emigreard. In neef fan Pa, Feli Pais, folút Felix tink, seach it swurk driuwen en is al fóár de oarloch nei New York tein en dêr ek bleaun. In oare neef wenne yn Saandam en hat dêr in tagryn foar skipsark. Syn hûs hat de namme Pais: Vrede. It binne fanâld Sefardyske Joaden, wol from. Minister Arie Pais stamt ek út dat laach.

Moe har famylje út Den Haach komt allyksa fierhinne om. ‘Nei Poalen! Wat hurder wurkje, mar dat giet wol wer oer,’ is it devys yn Den Haach. Dy’t dêr al it advys krije om te dûken, fine dat te gefaarlik.
Opa dûkt wol ûnder, mar trochdat de yllegaliteit dan noch sa dilettantistys is, wurdt er oppakt en komt er om by in deademars. Gegriem yn ’e fersetsbeweging, sadat it adres te foarskyn komt. Opoe is yn 1939 al ferstoarn, oan diabetis. Moe is ien fan trije fammen en twa jonges. De susters oerlibje, de bruorren mei har gesinnen net.
Op Opa syn jierdei sit Moe tenei steefêst te gûlen.

Oom Jo [4 en 5, nr 2], Pa syn middelste broer dy’t hannelsreizger is by tabaksfabrikant Koninklijke Theodorus Niemeyer te Grins, en syn frou en har beide bern oerlibje de oarloch.

Underdûkerskaarten fan Jo Velleman en syn frou Rebecca Mok

Oom Japie [4 en 5, nr 3], de jongste broer fan Pa, wennet oan ’t begjin ’e oarloch noch hyltyd yn ’e Kleasterstrjitte 12, dêr’t er opgroeid is. Hy dûkt moedersielallinne ûnder by de Radsma’s en letter yn Makkum.

Underdûkerskaart fan Japie Velleman 

 

Keiwerowes
Pa en Moe wurde kremeard, mar fan gâns famyljeleden is it omskot op it Joads begraafplak fan Snits begroeven, yn ’e keiwerowes, As dat om 1840 hinne kocht wurdt, betingje de Joaden dat it noait ûnteigene wurde mei. Mar by de útwreiding fan ’e stêd  yn 1948-’50 leit de útgong oan ’e Ljouwerterdyk yn ’t paad. Mei de gemeente wurdt oerlein; ús heit is ien fan ’e ûnderhannelers en ik stean dêr as jonge fan trettjin by. Se komme oerien dat de gemeente tenei it ivichduorjend ûnderhâld op har nimt, mar dat dêrfoaroer it metaarhúske ôfbrutsen wurde mei. Yn sa’n húske is in romte oan ’e rjochterkant om yn te skûljen en oan ’e linkerkant kin de Kohanym, de hegepryster, stean; dy mei it begraafplak net op en folget de staasje troch in rút. Dy Kohanym is fan ’e hegeprysterlike stam, lykas de Cohens.

Opoe Mietje en Salomon, har twadde man, binne dêr neistinoar begroeven, opiensteapeling mei net neffens de Joadse wet. Oerpake Salomon Levi Velleman [8], Mietje har earste man moat dêr ek lizze. Hadassa, ús dochter, frege my lêsten wêr’t ik begroeven wurde wol en doe ha ik om pake syn grêf socht, mar ik ha ’t noch net fûn.
In jier as tweintich lyn sjoch ik dat it hôf der fertutearze byleit. In gemeente-amtner seit dat foar ôpknappen gjin jild is. Ik dûkelje it kontrakt op. Spylje dat troch oan dy amtner, dy swaait dêrmei nei de wethâlder en tenei sjocht it der kreas út.
Nei de oarloch wurdt de Schul, of sjûl, opheft en de synagoge ferkocht. It leuke frontsje wurdt der yn 1949 foarwei ôfsloopt en dêr komt in winkelpei foar yn ’t plak. No sit der in boartersguodterij yn.

Yn 2010 wurdt neist it Joads begraafplak in Joads monumint delset as oantinken oan it eardere Joadse libben yn Snits. 

 

By de Levers
Pa is dik befreone mei Casper Ras, ‘Kappie’, boekhâlder by glêshannel Houwink. Mar Kappie giet by de N.S.B. Dy jonge fielde himsels heel bot ferhûddûke, tink ik. Hy prestearde oars o sa mei hurdrinnen. Mei syn heit en noch twa atleten foarmje se yn ’e tweintiger jierren in estafetteploech dy’t ferskriklik lang it Frysk rekord 0p 4 x 100 meter binnenhelje. Likegoed, op foto’s sjogge je Kappie as in knoeide, kwetste kweajonge. Ik tink dat er út in minderweardichheidskompleks by de nazi’s gongen is. Mar Pa nimt him dat o sa kwea-ôf, hy wol niks mear mei him fan dwaan ha. Hy kapt mei Kappie.
In oare hele goeie goazer fan Pa is Bart Tromp. Se gean flak foar de oarloch noch mei-inoar op fakânsje en sa. Bart hat op in stuit in grut portret fan Hitler op syn keamer te hingjen. Pa is lilk en tryst, en brekt mei Bart – nei de oarloch teminsten. Letter sit ik op ’t gymnasium yn ’e klasse by Bart syn soan Hylke, de lettere politikolooch. Nee, ik fiel gjin wrok of soksawat.

Us ûnderdûk begjint op Hurdsyldei 1942. Dan bin ik sân.
Oom Sal en Tante Suze en har bern Bettie en Jopie, in omke en muoike fan ús memmeskant út Den Haach, moatte haljetrawalje ûnderdûke. Se komme op ’t adres dat foar ús ornearre is en oerlibje de oarloch yn Makkum en Drylts.
Sadwaande komme wy ûnferwachs by de Levers, in heel gefaarlik plak, dat wy kinne dêr net lang bliuwe. It binne swier grifformearde minsken, lid fan ’e A.R.P, en heit Henk* en syn soannen Jan en Henk sitte djip yn ’t ferset, se steane bekend ûnder de namme Groep Lever. Wy rêde it libben derôf, mar de jonges en heit sille har ynset foar ús folk mei de dea bekeapje – Henk en Jan wurde yn 1944 troch de Dútser deasketten, heit wurdt yn 1945 yn Dachau fermoarde. Frou en mem en dochter en suster Meta en de oare neisten libje sûnder har troch.
Fan heit Lever lear ik it Us Heit. Hy giet alle dagen lûdop foar, dat ik ha dat al gau yn ’t ûnthâld. En datgebed kin sa troch Joaden bidden wurde.
Nee, de Levers evangeliseare net. Lit stean dat se ús bekeare wolle. Op net ien fan ús ûnderdûkplakken is dat it gefal.
De grifformearden komme net sasear foar de Joaden op omdat se yn har eagen it Utferkeazen Folk binne. It idee dat in Nasjonaal Sosjalisme út kristlik eachpunt net doocht, is tink ik de kearn fan har ferset. Der binne ek grifformearden dy’t niks hawwe moatte fan ’e yllegale aksjes. Har betinken is dat men gesachsgetrou wêze moat.

De Levers wenje yn in grut hearehûs oan it Kleinsand, no is dat in part fan ’t Frysk Skipfeart Museum. Dêr wenje dan fjouwer húshâldings. Wy húsmanje by de Levers foar, op ’e earste ferdjipping. As wy dêr in wike of fjouwer fiif sitte, slacht fersetsstrider Leo Walda** alarm. Hy is op ’e fyts nei ús tareesd. De Grüne komt deroan! Oer in kertier. In razzia. Wy stowe hals oer de kop dwarsoer nei de achterkeamer op ’e selde ferdjipping, nei de Stegenga’s***. Leo fuort. Krekt op ’e tiid. Fiif minuten letter falt de Grüne ús foarkeamer yn. Se sykje net fierder!
De Stegenga’s binne te fertrouwen, Willem hat dan al meidien oan in oerfal op in distribúsjekantoar op ’e Jouwer. Dêr ha se bonnen mei wei ratst. Willem is in wyldeman, in echte knokploeger, letter docht er mei oan ’e oerfal fan ’e Blokhúspoarte te Ljouwert.
Leo Walda is sa’n tsien jier âlder as my en hy sit by de radioferdeling. Syn heit, Roel Walda, set al ier de foarstap ta it regionaal ferset, wurdt de lieder en hy is lid fan ’e O.D.***, de Ordedienst. Hy is útbater fan in hotel-kafee-restaurant yn Hylpen, no De Eekhoorn.

*Hendrik Jakob Lever sr. * Grins 16-6-1891  Dachau 8-3-1945; soan fan Jan Lever, boekhanneler te Grins, en Martha Alberts.
**Leo Walda syn heit Roel R. Walda is  C.H.U.-man en giet daliks nei de oarloch mei yn ’e Trochbraak yn Partij van de Arbeid-ferbân. Hy is wethâlder fan Hylpen en wurdt nei de oarloch boargemaster fan ’t Amelân (1945-1955) en dêrnei fan Idaarderadiel.
***Willem Stegenga * Gorichem 5-10-1912 † Rotterdam 19-10-1972, 60 jier; grifformeard; timmerman; soan fan Herre Stegenga, assistint-direkteur Boerebûterfabryk Zevenaar, yn 1908 dir. Stoomsuvelfabryk Vriezenveen, yn 1912 te Gorkum, sûnt 1930 te Snits, en Maaike Douma; x 1 Snits -10-1939, 27 en 22 jier, skieden 10-4-1947, Hermanna Frederika Fransiska Ringnala; x 2 -3-1950, 37 en 26 jier, Hermanna Kok (Miny), fan Grins
***De O.D. komt al gau nei de ynvaazje fan ’e grûn: lanlik yn maaie 1940 en yn Fryslân yn augustus en bestiet benammen út eks-militêren dy’t de kapitulaasje net samar oer har kant gean litte. In soad fan har dûke ûnder en dy nimme har wapens mei. Sy foarmje de earste fersetskearnen yn Nederlân. Soks ferklearret wêrom’t de besetter ûnderskate maatregels trochfiert om eks-militêren wer yn kriichsfinzenskip te krijen. De OD wurdt oprjochte út it optimistys idee dat de besetting wol rillegau foarby wêze sil. Der is diskusje oer de hâlding dy’t oannommen wurde sil en oer it nut fan wapene ferset.
De kearn fan ’e lanlike OD wurdt al ier oprôle, 3 maaie 1942 wurde 72 leden fusilleard yn kamp Sachsenhausen, en 23 maaie nochris 24. Dat jout de OD yn Fryslân ek in fikse klap en fan ’e organisaasje bliuwt mar in bytsje oer. Flak foar de befrijing wurdt in berop dien op ’e tehavene en amper warbere OD. Op befel fan prins Bernhard út Londen wei, sil de organisaasje oan it haad komme fan de nij op te rjochtsjen Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten (N.B.S.). Gâns fan ’e liedingjaande figueren krije wer in wichtige funksje.
Yn Fryslân binne by de OD fan ’t begjin ôf oan belutsen: A. Bergsma (skûlnamme ‘Nico’), B. Brokken (‘Groen’), Sietse Camping (‘Pake’), , P.T. van der Herberg (‘Servaas’),  Arie Meijer ( ‘De Boer’) en Roel Walda (‘Van der Meer’, letter meast ‘Vander’). 

Dea-akte fan Henk Lever Sr

 

Op ’e solder fan ’e Rappers
By de Stegenga’s kinne wy net bliuwe, dat is ek te gefaarlik. Wy sitte dêr in wike, dan bûnzet ein oktober 1942 Willem Santema op ’e doar. Hy himet dat wy daliks fuort moatte. De Grüne komt deroan! Al wer. Ien út it ferset is oppakt en it is net wis oft dy trochslein is of trochslaan sil. Achterôf docht bliken dat de man him de toet hâlden hat.
Wy bedarje mei kûgelsfeart by Douwe en Rika de Rapper-Schurer* yn ’e Kruzebruorrestrjitte 33. Dy ha krekt in lytse poppe krigen – Frouwkje. Heit Douwe is dêrom wat twifelriedich, mar Rika seit resolút: Lit se mar komme.
It dûken sil hjir mar tydlik wêze, oant oar plak fûn is. Wy sitte dêr de hele oarloch.
Se binne herfoarmd, sa fier’t ik wit. Heit Douwe de Rapper hat in muzykhannel, Het Huis met de Notenbalk; hy ferkeapet harmoaniums en blêdmuzyk. Hy knapt ek oargels op. Ik rûk de lym noch, dy rook krong troch it hele hûs hinne.
Nei de oarloch wol Oom Douwe graach de saak útwreidzje. Der komt in folle grutter Huis met de Notenbalk, oan ’e Wide Noarderhoarne. Oom Douwe kin dat keapje mei syn stipe fan Pa. Myn ouwe hear is al wer goochem keapman en hat al gau jild om hannen. Trouwens ek troch syn reservesinten, de oandielen dêr’t Zandstra troch de oarloch op past hat, sa’t ik fertelde.

*Douwe de Rapper * Burgum 19-3-1905  Snits 5-5-1991 [] Tsjalhuzum; soan fan Marten de Rapper, koperslachter te Burgum, sûnt 11-5-1910 molktaper te Ljouwert, sûnt 18-7-1911 te Snits, en Tjitske Douwes Lourens; x Henderika Schurer (Rika, Rike) * Snits 3-10-1908  dêr 20-10-1988 [] Tsjalhuzum; dochter fan Anne Alberts Schurer, masjinist te Snits, en Trijntje Alberts Smid.

Ljouwerter Krante 22-10-1988:

Ljouwerter Krante 4-5-1991:

 

Net bang
By sokke ynfallen witte wy net wêr’t wy keare moatte, mar ik kin my fierders net te binnen bringe dat ik yn dy tiid bang west haw. It is sa fertroud. Oom Douwe is o sa frysksinnich en kin moai fertelle. Bygelyks oer wêr’t se har namme wei ha. De Rapper komt fan it Ingelse Draper. Ien fan dy lju wie hjir kommen om de Oranjes út it slop te helpen. Yn dy geast binne de De Rappers no eins wer yn ’t ferset, tink ik. Soks mei-inoar ferdivedeart wat. Oars ha wy eins gjin perspektyf, mar ik bin te jong dat it my bekrûpt. Ik ha no yn myn sliepkeamer noch in pastel te hingjen mei ús letterlik beheind útsicht fan doe derop, nei de oarloch makke yn opdracht fan Pa troch in artyst, in learaar oan ’e Snitser ambachtskoalle en in klant fan Pa.

Wy ha it goed fan iten en drinken, der is altyd wol moal en molke; wy lije gjin momint honger. Tante Rika, siert it iten, lekker.
Pa hâldt syn kondysje wat op peil troch it draaien oan ’e graanmole. 
Foar foar Pa en Moe komme der noch wolris minsken oer de flier. Germen van Houten *, dy’t by it Snitser tabaksfabryk arbeidet. Of Oom Moos, Louïs, út Amsterdam, dy’t op in fyts mei kusjebannen de Ofslútdyk oerkomt. In hele moaie man, dy’t doe’t er jong wie in bekend skriuwer is en de koloany Walden fan Frederik van Eeden mei-oprjochtet. Dêr wie er bakker. En Piet Fijlstra**, dy’t in rol spilet yn ’e anargistise beweging. Fan hûs út Snitser, mar eins in globetrotter. Dy ferskine dan op ’e solder, Pa bliid. Oom Jan de Rapper, bringt bonkaarten. Salang’t er libbet komt Santema by ús.
Roel Walda komt ek wol. En Omme Douwe syn jongere broer Jan de Rapper. Dy is by de Binnenlânse Striidkrachten en fersoarget bonkaarten, hy is filiaalhâlder fan Willem Santema syn saak yn elektra, radio, gas- en wetterlieding.
It is in lyts ploechje dat it wit. Wêr’t se it oer hawwe? Gjin idee.
Pa is wol wat op ’e hichte troch Oom Douwe, mar wat der ûnder ús yn ’e winkel gebeurt hawwe wy eins gjin sjoege. Wy ha in lyts radiootsje mei in Ingelse sinder. Pa hat in lânkaart mei flachjes dêr’t er de militêre manoeuvres oan ’e frontliny’s mei byhâldt. Hy skriuwt wolris wat stikjes foar in yllegaal bledsje: BBC-news. Dat is in rubrykje ûnder de titel: Zo spraken zij eens, útspraken fan Dútsers út 1940, ’41. Pa skriuwt soks nammeleas.

*Gerben van Houten * It Hearrenfean, tabakskerver te Snits; soan fan Wietse van Houten, los arbeider te Snits, en Saakje van der Pol; x Snits 18-7-1925, beide 21 jier, Martha Margaretha Huhle * Kreischa, Saksen, Dútslân; dochter fan Hermann Richard Huhle, meubelmakker te Quohren, en Margaretha Marie Selma Miszbach.

**Piet Fijlstra is administrateur fan De Wapens Neder – Maandorgaan van den Internationale Anti-Militaristische Vereeniging in Nederland. Hy seit oan ’t begjin fan ’e oarloch: Ik ha libbenslang striden tsjin Churchill en Stalin, mar wat de joaden no oandien wurdt is sa ferskriklik dat ik no oan har kant stean.

Wy ha net in hele goeie skûlkelder. Yn ’e sliepkeamer fan Frouwkje is in loaze romte, dêr makket Oom Douwe in skûlplak fan. Oan ’e binnenkant sit in klep, sadwaande sjogge je neat fertochts. Dêr sitte wy net faak yn. Razzia’s binne der net faak by ús en by ûnrie wurdt op ’e tiid warskôge. Ien kear beljen betsjut: stil wêze. Twa kear: stilte oer. Trije kear: skûlkelder.

Twaeninhealjier jouwe de De Rappers ús op har solder beskûl. Pa hâldt dy hele tiid in deiboek by en dat hawwe wy bewarre. [Dat wurdt hjir letter publiseard]
Ik ha mar ien kear bûten west. Dat wie nei Opoe Velleman, dy sit ûnderdûkt by molkboer Rusticus. Pa slûpt dêr by donker wolris hinne, hoe gefaarlik ek. Opoe hat har yn ’e holle helle dat ik oppakt bin. Dêr kin se mar net oer ophâlde. Dan nimt Pa my in kear mei nei har ta: it libbene bewiis.

Opoe hie har soargen makke dat der foar har gjin ûnderdûkadres wêze soe. Se stapt op ien fan ’e twa grifformearde pastory’s ôf. Dûmny en mefrou wenje dêr yn in kast fan in hûs en ha gjin bern. Mar dûmeny seit: Nee, U kunt hier niet onderduiken, maar als u naar Polen moet, kan U een Bijbeltje meekrijgen. De oare Snitser grifformearde dûmeny is de oare kant oer en rint gefaar. Hy beart dat er kierewyt is en dûkt ûnder yn in gekkegesticht.
Opoe krijt beskûl by de string grifformearde Rusticussen. Nei de oarloch moat ik dêr op syn tiid mei Pa en Moe hinne foar in besite út fatsoen. Dêr sit ik dan mei myn tolve jier tusken dy hele beste minsken, steile riddenearders oppript neat te dwaan, net leuk.

 

Griis gebiet
Foar de oarloch hawwe wy yn Snits as boargemaster de grifformearde Poppinga, mar dy wurdt ôfset. Foar Poppinga yn ’t plak krije wy boargemaster Schut, in N.S.B.-er, earder frijsinnich herfoarmd dûmeny te Skingen, as ’t my net mist. Dy is net heel min, Schut hat lju om him hinne dy’t er fertrout, lykas Rasterhoff. Rasterhoff is gemeentesekretaris en sit yn ’t ferset – en dat wit Schut. Rasterhof kin syn gong gean. It ferset hat dêr gjin muoite mei. Schut moat nei de oarloch leau ’k sân jier sitte. Rasterhoff folget him op as boargemaster fan Snits.
Yn Schut syn tiid hat Snits as iennichste resjerseur de gemeenteplysjeman Dick Brouwer. Dy sit swier yn ’e yllegaliteit, ûnder de namme Bontsje. Oan ’e oare kan fan ús ûnderdûkplak stiet in lyts pakhúske yn in steechje dat útrint op ’e Prins Hendrikkade. Dêr sit in yllegaal slachterijke yn en dêr wurdt swart fleis ferkocht. Us heit sit wer ris by nacht te koekeloeren en sjocht dat dêr in ynfal dien wurdt. De hannel wurdt yn beslach nommen. De slachters dogge oanjefte. Mar dêr wurdt neat mei dien. Resersjeur Brouwer lost dat net op, hy is der sels by belutsen.

Oare grize gefallen.
Yn Snits is in lytse besettingsmacht ûnder lieding fan in ûnderoffisier. De twadde man dêrby is Feldwebel ‘Dútse Peter’, sa’t er troch de Snitsers neamd wurdt. Net ien wit wat syn achternamme is. Dútse Peter tipt de yllegaliteit as der in razzia driget. De fersetsmannen hawwe it oer him as se by ús op solderbesite binne.
Nei de oarloch komt Dútse Peter noch geregeldwei yn Snits. Ik wit no nóch net hoe’t er krekt hyt.

It Wynpaleis te Snits. dat yndertiid opset is troch wyn- en drankhanneler Veen, wurdt kocht troch de grifformearde dokter Dethmers. Dokter hat allinne konfesjonele pasjinten, mar oan ’e ein fan har libben frekwenteart Omoe him ek.
Yn ’e oarloch jouwe dokter syn dochters, de dames Dethmers, yn dat grut hûs fan har twa Joadse jonkjes beskûl. As in razzia op hannen is, ferdwine dy yn ’e krûpromte. Under de grutte tafel is it lûk mei in tapijke deroerhinne, gjinien dy’t it skûlplak gewaard wurdt.
Op in kear is der wer hússiking. In Dútser lit syn each op it persys kleedsje falle, hy hifket dat in amerij yn syn lange fingers, lûkt dat nijsgjirrich wat fansiden, ferwideret de losse planke en sjocht in lizzende jonge plat op ’e rêch, lyk yn ’e eagen. Se stoarje inoar oan, in eagenblik. De Dútser skoot temûk lûk en kleed te plak en seit dat er neat fine kinnen hat. Ich habe nichts gefunden.
Ik hear dat fan dy jonge sels. Hy is letter it freontsje fan Denise wurden.
It wienen net allegear nazi’s. Dat is it gekke natuerlik.

’t Huus fan dokter Dethmers, syn dochters en onderdukers. Foto: Frysk Skipfeart Museum, Snits

 

Moe har eigen lesmetoade
Ik krij alle dagen op stelde tiden les fan Pa en Moe. Pa jout rekkenjen, ierdrykskunde en skiednis, Moe taal en sjongen. Op solder meitsje wy oars gjin muzyk, wy sjonge sacht, de buorlju soenen wat hearre kinne.
Pa en Moe hawwe foar alle klassen fan ’e legere skoalle learboeken meinommen.  Moe sjocht lytsachtsjend nei dy learboekjes, se hat it net op dy nijmoadrige stof en rieplachtet leaver har eigen skoallekennis fan froeger en se hat har eigen metoaden. Ik krij stevich priveeles, sa’t sy tinkt dat it heart. Se liedt my troch Koning Knuts familiezwak fan Aad Bogaers, de fjirtjin kûpletten moat ik redekundich ûntlede kinne:
De booswicht had gebrand, geroofd,
vermoord wie zich teweer dorst stellen:
nu hing de straf hem boven ‘t hoofd,
hem en zijn snode vloekgezellen:- 
hij was op heterdaad gevat:
de rechtdag kwam, de vierschaar zat
om vonnis naar de wet te vellen.
[Sjoch: Willem van den Berg en Hanna Stouten – De duinen gillen mee!Koning Knuts familiezwak fan Adriaan Bogaers * Den Haach 1795 † Spa 1870, rjochter te Rotterdam, patriot; dichter en letterkundige]

Pa leart my knap út ’e holle rekkenjen, dat ken er sels by útstek, ynherint oan syn foddefakmanskip. Neist de lessen ferdjipje ik my op mysels yn skiednis en ierdrykskunde. Oom Douwe hat der niget oan dat ik sekuer wit wêr’t Timbûktû leit, mar fan Skearnegoutum gjin weet ha. Ien fan ’e dingen om te lêzen is it ierdrykskundeboek Europa van 1853. Dat lear ik helendal út ’e holle. Jierren letter as ik rjochten studear, ha wy it oer it Dútse Bûn, hoefolle leden hat dat? Ik sis: 53. Hoe wit Velleman dat? Ik sis: Moat ik se opneame? Dat hat as resultaat dat ik in skripsje skriuwe kin en gjin eksamen op dat stik hoech te dwaan.
Ik ûntwikkelje mysels ta in lêsbeest, of mooglik wie ik dat al – ik bin ’t yn alle gefallen bleaun. Soks docht fertuten. Nei de oarloch kin ik sá wol nei de fyfde. Mar ik doch raar. Ik kom de klasse yn en rin der wer út as it my útkomt. Dat is steurend foar de les. Meester Glimmerveen hat each foar myn soares en lost it prima op. Ik hóéch net te kommen, mar ás ik op skoalle bin, moat ik dat skoftsje ek meidwaan. Dat wurket. En it giet hyltyd better. Underwilens gean ik nei in klasse foar jonges dy’t klearstoomd wurde foar de H.B.S.
Ik ken yn dy snuorje gjin bern, behalve Frouwkje, de âldste fan ’e De Rappers. En letter de oare bern fan omke Douwe en tante Rike. Mei Frouwkje en har suske Simkje ha ik no noch in hechte bân. In dikke freonskip. Ik beskôgje Frouwkje as myn lytse suske, al is se twa koppen grutter.
Frouwkje har alderearste wurdsje wie: Pyt. Dat bin ik. Myn skûlnamme is Piet de Boer, Pa sines Jan de Boer en Moe harres Griet de Boer. Dy nammen binne keazen foar it gefal dat Frouwkje har ris fersprekke soe. De De Rappers hawwe famylje dy’t ek sa hite, dat dan koe dat gjin kwea, foar it gefal dat. Mar hoe’n lyts ding at Frouwkje ek wie, se hat har noait ferpraat.
Nei de oarloch kin ik gjin kameraten krije. Yn dy kategoary ha ik allinne Frouwkje. En dat is my genôch. Maten bin ik net wend, en hoech ik net. Nei de befrijing wol ik eins it leafst de solder wer op.

 

It NSB-bankstel
Nei de oarloch ha wy sprekwurdelik noppes niks. Wy krije wy in hûs fan in NSB-gesin tawiisd oan ’e Emmakade, kompleet mei meubilêr, it bankstel ûntbrekt. Oom Jo-en-dy krije ek sa’n NSB-hûs, yn ’e Noarderhoek, mar dy hawwe al in bankstel en ha no ynienen twa. Oom Jo jout har NSB-bankstel oan ús. Alles wurdt ynspekteard. De doarwarder komt derachter en ûnderstiet Oom Jo dêroer. Dy kaffer mei syn kapsoanes makket stennis: Dit mag niet volgens de wet. Oom Jo seit: Man, wat mut ik in ’e goedichheid met twee bankstellen?
Dan brekt dy miesgasser sawat by ús yn: In naam der Koningin… en hy sil it NSB-bankstel yn beslach nimme. Dy nakketikker nimt Pa yn ’e houtgreep. Pa ferset him. Yn ’e gong hinget de glimmende swarte tillefoan net foar niks. Moe grypt rislút de hurd bakkeliten hoarn derôf en slacht doarwarder dêrmei op syn kop. De man beswykt en docht in fikse bult op. Pa fjocht nei it plysjeburo, dat is net sa fier: Metkomme, metkomme! Se rove mien huus leeg! In stik of trije smearissen stowe achter Pa oan, trijerisom bewapene mei revolvers. It is foargoed Wild West.
Alles rint mei in skamper ôf. Doarwarder drupt ôf sûnder bút. Uteinlik is allinne de tillefoan stikken.
De reperateur konstateart dat it membraam skuord is. Dat ha ’k no noch noait earder sjoen, seit er. Moe sjocht him oan en opperet: Hoe sou dat nou komme?
Nee, wy ha der noait gjin muoite mei om op dat NSB-meubilêr te sitten en sa. It is in knap-achtich deeglik bankstel mei reid, en de bank leit lekker. Wy ha der noch jierren genot fan hân.

As Pa fuort nei de oarloch syn saak wer iepenet, komt der in ‘official’, in amtner om syn offisjele papieren.
Ja, die hew ik fanself nog niet, is Pa syn replyk.
Dan moet U de zaak sluiten.
Pa wurdt lilk, skuort út syn bult âld-izer in flinke stang en driget de burokraat fan ’t hiem ôf.
Hy krijt de plysje op syn dak. Mar troch boargemaster Rasterhof krijt dit akkefytsje yn Pa syn foardiel in sturtsje. Rasterhof bryfket it foarfal troch oan mr Haan. Haan is nei de befrijing waarnimmend Kommissaris fan ’e Koaningin en dy soarget derfoar dat Pa oansteld wurdt om provinsjaal de fergunningen fan Hannelers yn Offalstoffen te regeljen. Dat is noarich, want dy penoaze moat oanpakt wurde, it geteizum derút en alles sil tenei sekuer kontroleard wurde, troch myn ouwe hear.
Haan ken Pa allang, hy hat in advokatekantoar te Snits en dêr is Pa al jierren klant yn tastannen. Haan wit presys hoe’t Pa syn saken docht. Yn 1941 stjoert er Pa gjin rekken mei it each op ’e oarlochsomstannichheden, sa is de ferhâlding.
Haan hat it kantoar oernommen fan syn grifformearde broeder Piter Sjoerds Gerbrandy. Gerbrandy is de advokaat fan Pa foardat Haan syn saken behertiget. Gerbrandy ken myn ouwelui sadwaande goed.
Pa, Moe en ik sitte in kear yn in kafee op it Binnenhof en dêr komt Gerbrandy deryn, even út de Twadde Keamer om in bakky.
Hé Sammetje, ropt er nei Pa, Jo hjir ek? Dan sit ik dêr mei dy trije kofjesloarpjende bolleboazen myn limenade op te sûgen.
Moe is sljocht op selskip. Wy hawwe faak útfanhuzers, famylje en freonen. En âlde Snitsers fan froeger, lykas Sam de Wolf, dêr hikke en tein. Hy is in bekend ekonoom en hat presys de krisis yn 1920 foarsein, sels krekt op ’e dei ôf leau ’k. Wy ha op itselde gymnasium sitten. Myn earste lessen yn marxisme krij ik fan him. Sýn learmaster wie Bernstein, de learling fan Engels, Marx syn meitinker. Dat de trêden op ’e treppen fan my nei Marx binne jit in pear en dy trep is koart.
Op Nijjiersdei komt in gemelleard selskip by ús oer de flier: fuotballers en skiedsrjochters fan LSC, de bridzjers – de Snitser begoedige boargerstân fan doe -, de ûndergrûnse, de heale yllegaliteit, de feinten en klanten fan Pa, de skipperkes en de buorlju.
Dan sit skipper Wybren te prûmkjen neist dokter Ubbink. Letter ha ik faak tocht hoe fijn at dat doe wol net wie.

 

Op ’e freudiaanse bank
Nei it gymnasium wit ik net wat ik wol en ik begjin Politikology te studearen. Nei in jier kom ik derachter dat soks neat is en stap op Rjochten oer. Al nei in jier is dat ek net tof. Ik gean mei gjinien mear om, doch neat, sit helendal fêst. Ik tink dat ik spikergek wurdt en rin nei in psychiater, Herman Musaph, in otterdokse freudiaan. Hy leit my op ’e sofa en ik mei trije kertier kletse. Dat is wol lekker, want no is der teminsten ien mei wa’t ik kontakt ha. Mar ik wurd dêr net folle better fan. Herman seit: Der is hjir yn Amsterdam krekt in Filmakademy oprjochte, meld dy oan.
Dat slagget. Dêr sitte leuke jonges op, lykas Franz Weiss, de lettere filmregisseur. Ik reitsje dêr dik befreone mei en kom frij faak by har oer de flier. Ik begjin wer normaal mei te draaien. Franz en ik studeare tagelyk ôf, yn 1960. Ik krij wurk by in reklameburo om tv-reklame te meitsjen, mar dy jonges ha net yn ’e smizen dat de Twadde Keamer it beslút nimme sil dat der op ’e tillevyzje gjin reklame mei. Ik skeakelje ter plekke om ta korrektor

Op ’e Filmakademy kom ik ek myn earste frou tsjin, Tiny. Se komt út in uterst otterdoks gesin, Grifformearde Bond te Schiedam. Ik herken har noch fan ’e Folkshegeskoalle yn Havelte. Ik wit har namme net mear, mar har adres wol. Want ik wie noch altyd fan doel om har te skriuwen, mar dat kaam der mar net fan. Tiny is wennet mei twa freondinnen. Ien – hoe hite se ek hast – spilet letter yn in Nederlânse film fan Franz, as Moeder-overste. It oare fanke is Reina Ascherman, feminist en skriuwer.
Tiny falt op my. Dêr komt it op del. Ik bin trijenentweintich en ha noch noait in famke hân. Ik kom by har thús en ik wol wol wat. Mar ik wit net hoe’t je soks oanpakke.
Wy binne op har keamer en ik sis: Tiny, doch dyn klean út.
Tiny seit: Moat dat no?
Ja, dat moat, hear ik mysels sizzen.
Dan docht se dat.
Dat rint út op sân jier frijen en trije jier houlikse steat.

Tiny is yn Amsterdam fan ’e Sosjale Akademy skopt omdat se net geskikt is, sizze se dêr. Se wurdt laborante by ’t farmaseutys bedriuw Philips-Duphar yn Weesp. Se kin goed mei de ynstruminten dêr omgean. Mar se hat der in freeslike spyt fan dat se net op ’e Filmakademy bleaun is.
Ik sis: Do moatst weromgean. Se wurdt wer oannommen. Ik studear mei en skriuw har skripsje, want se blokkeart, lykas sa folle. At se klear is, wit ik ek aardich wat fan maatskiplik wurk ôf .
Underwilens helje ik myn kandidaats Rjochten. In hele ferfelende stúdzje, nei ’t kandidaats wurdt it pas leuk.
Tiny krijt in baan as tsjerklik maatskiplik wurkster op Schouwen-Duiveland. Wy komme terjochte tusken alle dûmenys, want dêr wurket Tiny mei gear. Wy moatte nei tsjerke yn Renesse. Ik leau der net folle fan, Tiny wol en dêr ha ik gjin muoite mei. Ik gean altyd mei op nei Sion. Al dy psalmen en gesangen, dêr moat ik oan wenne. Likegoed, ik fermeitsje my wol tusken dy fertsjusterjende frouljushuodden en bestive swarte pakken.

Wy sjonge:
Neem mijn zilver en mijn goud
dat ik niets daarvan behoud’,


Sy sjonge:
Neem mijn kracht en mijn verstand
tot een werktuig in Uw hand
.

Ik sjong:
Geef me dan subsidie heer, 
anders red ik het niet meer.

[Gesang 228, 4e kûplet – Psalmen en Gezangen voor den Nederlandsche Hervormde Kerk, Amsterdam, 1938
Neem mijn leven, laat het Heer, toegewijd zijn aan Uw eer.]

En al dy lange preken. Yn Renesse stiet dûmeny Van Liere. As dy in kear om Sinteklaas hinne foar giet, galmet er wol tsien kear fan ’e preekstoel ôf: En we zingen en springen en we zijn zo blij, want de Heer komt dichterbij. Of naderbij, dêr wol ’k ôf wêze.
Nee wier, de man is bloedserieus! Ik bleau der sawat yn. ’t Is frij kranksinnich.
Mei in inkelde dûmeny ha ik mear. Mar dat is fansels dan altyd in yntellektueel, teminsten ien dy’t sels syn ferstân brûkt.
Op Renesse regisseur ik de pleatslike tonielklub. Dêr sitte ek tsjerkeminsken op, dat mocht dêr blykber. Renesse is wol rjochtsinnich, mar net sa swier.
Siuws krij ik net ûnder de knibbel, mar ik ferstean ’t wol fansels. De ôfwikende wurdskat is nijsgjirrich. As in ‘kacheltje’ yn ’e jister omhoallefoallet, is dat in fôltsje en in kikkert is in ‘puut’.

Ik doch myn doktoraal Rjochten en helje myn earste rydbewiis foar de motorfyts. Ik sjees op myn twataktke 250 CC Java-motorke nei Leiden, far mei it pontsje nei Sint Philipsland, Noard-Brabân troch, grutte dyk fan Antwerpen ôf, it Hollands Diep oer, fia Dordrecht, Rotterdam, eastkant Den Haach. In flinke reis. Twa kear yn ’e wike. Ik sliep meastentiids ien nacht yn Leiden, twa dagen kolleezjes.
Myn bul helje ik mei Sinteklaas yn 1966, krekt op ’e lêste dei fan it D66-kongres, dêr’t ik ek yn sit. Ik krij in tip dat ik sollisiteare moat by it Ministeary fan Justysje, troch tadwaan fan in heechlearaar fan my, tink ik. It is foarkôke en ik krij de baan yn ’e skurte wurpen. Dêr bliuw ik oardel jier, it hele jier 1968 en in heal jier yn 1969. Freselik. It wurk net, mar de sfear en dy minsken. De sjef fan ’e ôfdieling jout op Koaninginnedei in ferplichte borrel wei, hy heft syn oranjebitter en ropt: Dat zij leve! En alleman ropt him nei: Hoera! Hoera! Hoera! Dat is foar my sá ûnmogelik. Nei oardel jier gean ik dêr aardich mesjogge wei. Ik fertrek nei myn ouwelui yn Snits.

As ik myn oanstelling yn Den Haach krij, seit Tiny: Ik wol skiede. Miskien kin se net mear oer my. Dat kin ik my yntinke. Ik bin sa’t skynt net maklik mei om te gean. In oare reden is mooglik it grutte kultuerferskil. Tiny bliuwt nammentlik leauwich. Dat fyn ik prima en – dat sil dúdlik wêze – ik doch braaf mei. Mar sy kin min fertarre dat ik dêr oars oer tink. Lykwols, dat binne ‘after thoughts’, dy komme faak pas jierren letter. Gelukkich hawwe Tiny en ik gjin bern.

Wylst ik by myn âlden bifakkear, is der in folksdûnsgroep út Seattle. Dy dogge net moeilik – square dances. Ik slút my by har oan en gean mei op toernee. Sûnder fertsjinst, ik ha in útkearing. Sy yn ’e bus, ik yn myn autootsje – in Moskwitz, dat de minne East-Europese wegen wol treast is. Nei Bulgarije, Sophia en Pleven yn it noarden. Dêr is in dûnsfeest foar jongerein. In lid fan ’e kommunistise partij sjocht deropta dat alles goed giet, dat de bern har korrekt kommunistys gedrage. Hy fernimt dat ik ek yn ’e polityk sit en wol krekt witte hoe en wat. Hoe lizze je oan sa’n man D66 út? Ik ferdúts dat ik de Kommisje Jeugdsaken foarsitterje, Président pour la Jeunesses, of sa. Dat is geweldich. Hy organiseart fuortendaliks in grut diner mei de upper ten fan Pleven, foar my, seit er. By alle de toasten kream ik myn erbarmlik Slavysk út, dat wurdt tige by tige op priis steld.
Yn Jûgoslavië is it achenebbisj, klearebare earmoed om ús hinne. Sjofel en somber, ik sjoch dat sa foar my. De minsken binne fleurich, want se sjogge in famyljelid fan har alheledendal út Amearika dy’t by ús dûnsploech heart. Se stoke har eigen jajem, slivovitsj, prommebrandewyn makke mei mear as 50 prosint alkohol, want dêr is it om begongen. Op in doarpsfeest giet ien glês al mar rûn, ûnfersteurber byfuld en byfuld. Op in stuit binne se my kwyt. Se sykje oeral, sa fier’t se dat noch by steat binne. Ik bin yn ’t hinnehok bedarre en lis dêr langút yn ’e loarum.
Tsjecho-Slovakije sit op dat stuit midden yn ’e krisis, mar wy fernimme dêr op ús toer evensagoed neat fan. Wy achtsje Istanbul in gaoatise stêd, yn ’e blauwe moskee, de Aya Sofia, dûnsje wy alles derôf; yn Dijon suver mear fan ’t selde op in wynfeest. Allegear gouden oantinkens.

 

Hy bliuwt in Tedeske
Denise, myn twadde frou, lear ik troch myn neef Frits Sauget kennen. As der by in freon fan Frits, Wolf Stein, yn Mokum in seiderjûn is – it begjin fan it Joadse Pesach – freget er my mei. Dêr sil ek in Denise wêze. Mar as Frits my oan har foarstelt, bin ik har namme kwyt. Se leit dêr moai te wêzen op ’e divan yn in prachtich pakje. Ik bin hoteldebotel en lústerje Frits yn ’t ear: Ik wil naar Helleentje. Hy wit presys wat ik bedoel en jout my Denise har adres. Ik de oare deis daliks deropôf. It rekket oan. Us frijerij is frij ferheftich. Op dat stuit wit ik net dat Denise it freondintsje fan Wolf is. Dêr kom ik pas in pear wike letter achter, raar. Ik bin oars heel netsjes en pik gjin freontsjes ôf. Mar dan is it al fierste fier hinne. Der moat troud wurde. Ik wol neat leaver.
Mar Denise en har heit reitsje yn swier waar. Denise wol perfoarst yn ’e sjûl trouwe, har heit fielt dêr gjin flikker foar. Wy sitte op in stuit mei ús trijen yn syn grut hûs oan ’e Parnassuswei. Denise en har heit binne wer oan ’t bekfjochtsjen. Sy wol har heit by ús trouwen ha, hy ferdomt dat. It wurdt slaande deilis, Denise stoot poer de doar út. Dêr sit ik allinne mei Pa, want sa neam ik him al.
Ik sis: Pa, ik begryp jo beswieren en ik respektear dy. Mar as ik kieze koe tusken prinsipes en in bloedlibbene dochter, dan wist ik it wol. It komt der toch fan.
Underwilens giet it net goed mei it swierwêzen. Denise is fan hûs út Sefardys Joads en ik bin fan Asknazys komôf. By de Sefardyn gean famkes as se trouwe yn it rituele bad, it mikwe. Dokter Cohen seit dat er dat by Denise net fertroud. Dat is dan net sa bêst, want benammen by de Sefardyn kinne je dêr net omhinne. Mar as Denise dat oan ’e foargonger fertelt, nimt dy dat gelukkich lakonyk op: Dan giest toch net yn it mikwe.
It wurdt in sobere brulloft yn ’e prachtige Portugese synagoge. Wy ride yn ús swarte brulloftsauto’s nei it Jonas-Daniel Meijerplein. Dêr stiet Wolf, alhelendal yn ’t swart mei in anjer op syn boarst. Hy hat tolve gabbers om him hinne, mei elk in 18de iûs gewear. Denise is alheel yn panyk. O god, dy sille my skake. Myn Pa heart dat. Hy hat krekt in ûngemak hân, mar is dochs mei Moe út Snits hjirhinne reizge, want hy wol dizze brulloft foar gjin goud misse. Hy sil nettsjinsteande syn makkes Wolf oanfleane, mei syn tabaksdoaze. Frits keart dat op en soarget derfoar dat Wolf en syn goochemerds yn ’e gaten hâlden wurde.
Mar wy fernimme fierstentefolle letter dat Wolf fierders allinne mar sit te skriemen en de tige brulloftgongers hearre en sjogge dat er sacht foar him út sit te jeremiearen en te holleboljen: Myn frou trout hjoed, myn frou trout hjoed en myn frou trout hjoed.

Der binne mear dissonanten yn dizzen – wat dat betsjut?
De sjammes, de koster, is by sokke gelegenheden ek chazzan, foarsjonger. Mar dy is siik en de sekretaris fan ’e kille, Lopez de Vega, nimt it foarsjongen waar. Dy ken wol alle oanbelangjende lieten, mar hy sjongt freselik fals.
De droosj – dat is Jiddys foar foarsjonger, yn ’t Hebrius is ’t darascha of drascha – hat jicht en kin amper rinne. Mar hy hâldt lykwols syn droosj, syn preek, en wol mei de tapaslike tekst: Eerst dwaan en dan tinke. Dat ‘moetje’, ik ha dêr al mei al in soad wille fan.
As brêgeman moatte je yn ’e Portugese gemeente in gleske op ’e grûn oan barrels goaie. Myn gleske rekket net nei de gallemiezen, de twadde kear likemin. By de Heechdútse Joaden is it gebrûk om it glês stikken te traapjen. By myn tredde besykjen om it oan gruzeleminten te krijen, pas ik dy technyk dan mar ta. Ik jou it in fikse wâld, it grús krast ûnder myn foet. Dan smûzet de misjpoge, it omsittend laach: Sjoch, hy bliuwt toch in Tedeske, in Dútse Joad.
Pa De Robles, Denise har heit, biedt nei al dy foarmelikheden anneks rituelen in ekskize diner oan yn in sjyk ding. Denise hellet it dessert net. Se krijt in blieding en moat hals oer de kop nei hûs, plat op bêd. Ik gean mei har broer Alexander nei syn souderkeamer, in ferdjipping heger, en wy sitte dêr tegearre in flesse whiskey leech te drinken. Myn sweagerke leit dan sawat yn in skieding mei Els. Dêrnei trout er mei in hele leuke sigeunerin, dy sjongt geweldich. Mar dêr giet er ek fanôf, hie er noait dwaan moatten. Dan komt in loeder fan in frou út Jamaika yn ’t spul, kin ik net mei troch de bocht. Dy is fan Halleluja, Prijs den Heer, datsoarte fan Kristendom. De fjirde kin ik wol mei opsjitte. Alexander ferstjert yn maaie 2019, 72 jier. Fan ús trouwen ôf oan ha ‘k him syn hele leven meimakke, begryplik hoe.

 

Wês ús genedich, Heare
Te Snits wurdt yn 1995 in tinkstien oprjochte foar har dy’t omkamen, sa’n tweintich Joaden – har nammen stean der allegear op. Nammers ek de namme fan in man dy’t eins net ophelle, mar letteroan ferstoarn is. En ek dy – yn dizze deade letter fette –  twa wolwêzende Pino’s, lykas ik earder ferhelle.

Tabe Radsma hat o sa kreweart foar dat monumint en freget my om in passende psalmtekst yn ’t Hebriuws:

Wês ús genedich, Heare, wês ús genedich, want wy binne de fernedering mear as sêd.
Psalm 123:3

Tabe syn heit joech ûnderdûkers plak en Tabe makket dat as jonkje mei.
De stien komt foar de âlde sjûl te stean, in tapaslik plak om te betinken. En dêr komt folk, in soad minsken kinne der even by stilstean, wurdt tocht. Mar der wurde al gau fytsen tsjinoan oangoaid – net sa chique. Dêrom wurdt it monumint yn 2002 mar ferpleatst nei de besletten tún fan ’t stedhûs.

 

Advokaat fan fernederden
Nei myn rjochtenstúdzje oan ’e Universiteit van Amsterdam wurdt ik yn 1969 ûnderdirekteur fan it Joads Maatskiplik Wurk, de Stichting tot opleiding voor Sociale Arbeid, in oplieding op HBÛ-nivo foar maatskiplik wurker en dan spesifyk ôfstimd op sosjale tsjinsten. Dat ha ’k in pear jier dien en doe bin ik der útstapt. Je hearre dat jesels yn it twadde jier hyltyd deselde grappen meitsje. Op in stuit rôlje ik troch nei it kranksinnigewurk.
As advocaat ferdigenje ik noait echte oarlochsmisdiedigers. Foar de Saak Menten wurd ik frege, mar nee, dat ha ik toch mar net dien.
Ik pleitsje wol foar útkearings oangeande de Wet Utkearing Ferfolgingsslachtoffers, de W.U.V. Dat wie in heel grut lichem, it is no lytser. Ik ha dêr sels ek noch in útkearing fan en myn eks allyksa. En de twadde man fan myn twadde hat him ek. Dy is heal joads troch syn heit. Hy tôget it oarlochsferline noch o sa mei, want syn muoike Ans van Dijk, waard troch de Dútsers oppakt, sloech troch en wurke as ynfiltrant foar de poep. Nei de oarloch wurdt se eksekuteard.

Juristewurk dat mei de oarloch te krijen hat  is foar my wol ekstra nijsgjirrich, mar dat jildt evensagoed as jin bemuoie mei de rjochten fan fan sosjaal-swakkeren en dwylsinnigen, psychiatrise pasjinten. Dêr begjin ik om 1975 hinne mei, ik ha kantoar yn Amsterdam-Noard.
Ik sil in mannich praktykfoarbylden ferdútse.

-Yn ’e tachtiger jierren wurdt yn Zandvoort in fanke út de ynrjochting ûntslein. Se hiert in keamer en krijt wykliks in wurkleazensútkearing, WW. Dat rint ôf en se hat dan rjocht op in moanlikse talage, mar dêr moat se op wachtsje, dat se hat gjin sint te bikken. De útkearingsynstânsje hat sein: In foarskot? Dêr kinne wy fansels net oan begjinne. Wy binne gjin foarskotferiening, gean do mar nei de Bystân. De Bystân lit it ek ôfwitte.
Wat no? freget se my. In Koart Geding, sis ik, en ik jou har – net offisjeel – f 25,00, foar iten.
De jûns gean ik mei in fleske cognac achter de kompjûter en dy nacht sit ik in Koart Pleit-daging yninoar te rammeljen. Op ’e iere moarn nei Utrecht. Ik sis: Dit moat as de wjerljocht nei de prokureur. Om in oere as fiif op bêd. Derôf en belje mei de rjochtbank. Se ha ’t beslút nommen dat der gjin daging komt en fuortendaliks kontakt opnommen mei it Buro Befoarskotting. Se binne har sa’t skynt deaskrokken. It fanke krijt deselde dei har jild. Se stiet in oerke letter foar myn doar om my minent werom te jaan.

-Yn Maastricht sit Jezus Christus yn it gekkehûs. Oft ik him dêr ek út krije kin. Ik ha tastimming om mei him de stêd yn. Dat rint goed. Wy komme by in krúsbyld. Liket it net? seit er. Ja, dit is in kundich byldhouwer, in goede artyst, sis ik. Ik krij Kristus frij.
Trije jier letter komt er by my op kantoar yn Mokum mei in Ingels krante-artikel yn ’e bûse en dat moat ik sjen. In lady fermakket nei har ferstjerren har fermogen oan Jesus Christ, as dy weromkomt. Myn kliïnt wol ha dat ik dy saak foar him bepleitsje, want Hy is ommers weromkommen. Mar Hy hat konkurrinten: de neibesteanden fan dy dame kinne ek oanspraak meitsje op har grou jild as se har tsjin de werkomst fan Kristus fersekerje, by Lloyds. Ik sjoch dy saak net sitten. Ik ha him letter noait wer sjoen; spitich, in wie in bysûnder man.
Wêrom’t er opnommen is? Hy is net suïsidaal, likemin agressyf. It iennichste dat er misdien hat, is him op ’e hoeke fan ’e strjitte neaken útklaaie en de ferlossing preekje, as Jezus Kristus die, net?

-Dan is der in jonge dy’t folslein skizofreen is, mar konservatoarium piano hat – mei glâns en gloarje behelle, in steatseksamen. Dat talint hat alle rjocht op in WUV-útkearing. Dêrfoar moat in medys attest komme. Mar neffens de maistro is er it slachtoffer fan parapsychologise researchspionaazje fan ’e CIA. Troch dat komplottinken krijt men him ûnmooglik nei de dokter. De CIA sit oeral, wit er. Fan him moat ik útsykje wêr’t de CIA nèt komme sil, en dêr kin er dan hinne foar in medise kontrôle. Hysels is der op in helder eagenblik fan oertsjûge dat soks yn Albanië feilich is. De reis dêrhinne kin ik alfêst tariede. Albanië giet net troch, mar hy fangt syn WUV.

-Soms rint it my oer de fûst of sjoch ik gjin heil yn in pleit. Sa krij ik in saak fan in famke dat mient dat se de ferloofde fan Prince is en dêr rjochten oan ûntliene kin. Dêr ha ’k net in soad yn betsjutte kinnen.
-In oar famke moat binnenbliuwe omdat se de hele tiid allinne mar neuke wol. Se moat oan in prippil, mar dat wol se net en se skeart harsels fan ’e weromstuit de dolle holle keal. It kliïntebûn wol har lykwols frij ha. Dat liket my net ferantwurde.
-Likemin as in Michelle, dy’t swier is, de dingen trochinoar hinne hellet, gâns kokaïne opnommen hat en segene is mei âlden dy’t fuortby wenje, mar it spoar foargoed bjuster binne.

-Yn ’e Rykspsychiatrise Ynrjochting, de R.P.I., sit ien in healjier yn ’e isolearsel. Ja, in healjier. Alle lju dêr‘t se dêre gjin rie mei witte, triuwe se dêr yn. Dat ik nei Eindhoven. Dêr meie jo net by, is ’t replyk, dy is te gefaarlik. Nei hantsjeklappen wurd ik by de man talitten. Tusken ús en him is in glêzen wand mei dêrachter allegear befeiligers. It is net maklik. Hy skrommet gjin geweld. Mar hy moat hjir út. Ik freegje om oerpleatsing. Dêr wurdt earst om lake. Ik skeakelje in psychiater yn en ûnder goede medikaasje kin er nei in oar plak dêr’t er adekwaat behannele wurdt.

-Saken oangeande froulju mei anoreksia ha ik navenant in soad. Anoreksia-ferskiningen fyn ik wol oantreklik. Ien fan sokke famkes sit frijwillich yn in ynrjochting, sûnder behanneling. De neisten wolle in machtiging oanfreegje om it fanke derút te heljen en skeakelje my yn. Ik soargje dat se thús komt en regelje in saakkundige sieledokter foar dizze oandwaning. Mei dy syn help wurdt se harsels fierhinne wer.
Psychiaters ha uteraard har eigenaardige foarkar en dêrneffens feardichhheden. Guon wearzgje fan anoreksia, mar binne sljocht op saken fan gewelddiedigen. Op ’t lêst ha je der wol sjoege fan wa’t je hawwe moatte.

Ljouwerter Krante, 12-11-1982. Advokaat Velleman stiet yn ’e bres foar âlden fan bern dy’t net nei skoalle meie.
Dit Koart pleit is my kompleet ûntsketten. Ek by it sjen fan dit krante-artikel komt der neat by my op. Mar dy advokaat Velleman, dat bin ik, sûnder mis.



Wat is yn in ‘sigeunerin’?
Ljouwerter Krante, 30-11-1983:

De pleats fan greidboer Kramer te Wolsum baarnt yn 1980 út. Kramer krijt gedonder mei de banken. In konflikt dat jierren trochsleept. Mr Velleman is pleiter.
Ljouwerter Krante, 11-8-1994:

 

Pro psychiaters
Ik bin de earste yn Nederlân dy’t op ’en nausten gearwurket mei psychiaters. Sadwaande ha ’k saken troch it hele lân hinne, fan Assen oant Maastricht, mar it measte yn Amsterdam. Omdat soks nij is, ha guon ynrjochtingen in skalk each op my. Yn Zandvoort is by de yngong in slachboom. De portier mei elkenien trochlitte, behalve mr Velleman. Ik belje de Offisier fan Justysje. Dit kan niet! opperet de magistraat. It opperhaad pakt op syn beurt de tillefoan – en de slachboom giet yn omhegen.
Nee, yn dy tiid kin in psychiater net oerwei mei in advokaat. Ik ha geregeldwei in oanfarring mei in haadpsychiater yn it opfangsintrum fan ’e Vrije Universiteit yn Amsterdam. As se lang om let oan my wend is, kinne wy behoarlik oparbeidzje. Se seit: Wy ha op in stuit bepraat: Moatte wy dy Velleman ek net opnimme litte?

Wat saken oangeande kranksinnigen oanbelanget, dy rinne yn ’e santiger jierren foar in grut part noch fia de kantonrjochter, dat is in neidiel. Boppedat kin men  minsken sielesyk ferklearje en opslute sûnder dat se dêr sels in stim yn hawwe. Yn opdracht fan ’e Orde van Advocaten advisear ik lju hoe’t se it bêste mei dwylsinnigen omgean kinne. Njonkenlytsen wurdt de Wet Krankzinnigen ôfskaft, dy jout tefolle spylromte. Om dy wet te feroarjen ha ik in saak by de Hege Rie, dy’t ik lykwols ferlies. Do hast gelyk, mar formeel kinne wy dy dat gelyk net jaan, is de útspraak. Ik tekenje kassaasje oan, dat is neffens de merites eins net de bedoeling, mar ik doch it al. De útspraak is wer: Gelyk, mar it kin net.
Mar de nije wet is spitichgenôch net in ferbettering, dy is fierstente detailleard, mei as gefolch te stiif. Ik ha dêr in stik oer skreaun yn it tydskrift foar Geastlike Sûnenssoarch. Mar oft it helpt?

 

De affêre Weinreb
De oarloch spilet yn myn libben fansels altyd in rol. As advokaat ha ik de Weinreb-affêre yn myn hannen hân. Weinreb hat Joaden rêden en ferret. In penibele en grutte saak. Safier’t ik oait mei de weareldskiednis te krijen hân ha, is dit it. Ik ha wol mear bysûndere minsken yn oarlochsferbân ferdigene, mar net sa’n opfallende man.
De earste dy’t dy saak oankaart is Jacques Presser yn De ondergang. Dy takseart dat it fûnis oangeande Friedrich Weinreb te swier west hat.
Yn opdracht fan it Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje, [it RvO, RIOD, letter NIOD] skriuwe Hans van der Leeuw en de jurist Daan Giltay Veth in rapport oer de kwestje. Dêryn ferklearje ûnderskate tsjûgen dat Weinreb him skuldich makke hat oan kalloboraasje en ferried. Mar tagelyk stelle getugen dat troch syn tadwaan op syn minst 36 minsken it libben derôf rêden hawwe. Lykwols is dat rapport neffens guon noch deadlik foar Weinreb, want de einkonklúzje is dat it Gerjochtshôf net fier genôch gongen is yn har feroardieling. Weinreb stiet yn in kwea deiljocht. De man sels sit sûnt 1968 yn Zürich om syn straf te ûntrinnen en hy is bang dat troch dy oantigings syn ferbliuwsfergunning yn gefaar komt. Hy wol syn namme frij fan blaam ha. Mar de grutte advokatekantoaren wolle har fingers net oan him brâne, bang foar gelazer mei it Ryksynstitút, it RIOD. [Sjoch: Gerard Aalders – Het Institút]
Underwilens hawwe W.F. Hermans en Renate Rubinstein in polemyk oer dizze kontroversjele kwestje. Hermans is fûl anty-Weinreb, Rubinstein fûleinich pro; se is tagelyk âld-studinte politikology fan Presser en sels Joadinne.
Aad Nuis, D66-politikus, letter keamerlid en steatsikretaris, is befreone mei Renate Rubinstein – it is allyksa syn eks. Weinreb hat Nuis frege om in advokaat foar him op te spoaren en Aad komt by my. Hy nûget my út foar in lunch mei him en Renate.
Ik ken him troch in proses tsjin de dichter Breiten Breitenbach. Ik sit dan in pear wiken yn Pretoria om te besjen oft dy saak wol earlik ferrûn is en bin dan ôffurdige troch The International Commission of Jurists, tsjin onkostefergoeding, mar ik fyn ’t in hele eare om te dwaan.
Afijn, Aad en Renate freegje my om Weinreb te ferdigenjen. De lunch is treflik en Renate fynt my mar niks, ik bin ‘een niemendal’, in nimmen net. Dat se my net mei, bin ik net sa gefoelich foar. Renate is ‘ook geen lieverdje’, se kin der wat fan. Trouwens har Hedendaags feminisme fûn ik wol prachtich.

Mar se hawwe net in oare reewillige advokaat. Se redendiele. It moat dan mar.
Ik wit net oft ik it dwaan kin. Earst moat ik dat rapport fan twatûzen siden kompakte literatuer trochwrakselje. En ik sil ris yn ’e Haachse argiven omsneupe. In foardiel is dat Moe dêrwei komt, ik ken it paad dêr wol wat.

Wer even in sydspoar: troch dat rapport bin ik yn earste ynstânsje fan slach. Net troch Weinreb syn dwaan en litten, mar troch heel wat oars. Myn eardere learaar drs J.M.I.J. Haan komt dêr yn foar as ûnderkommandant fan Kamp Westerbork.
Op it Kristlik Lyseum yn Snits ha ik muoite mei Gryks en Latyn en krij ik in pear jier byles fan him. Haan rekket befreone mei myn âlden. En ik slagje mei flagge en wimpel.
Ik fyn út dat Haan no yn Veenendaal wennet en belje him op. Hy fertelt my wat dat ik helendal net wist. Westerbork is twa jier foar de oarloch opset troch de Nederlanners foar flechtlingen út Dútslân. As wurkleas klassikus nimt Haan dêr yn 1938 in baantsje. Yn juny 1942 nimt de SS mei foute Hollanners de saak oer. Haan stiet abslút net oan ’e Dútse kant, hy sollisiteart subyt erges oars en pakt syn biezen.
Ik freegje Haan: Wêrom ha jo ús dit noait ferteld?
Haan seit: Dyn Pa en Moe soenen der wat ferkeards fan tinke kinnen ha.

It moat dan mar. En ik nim it beslút om de saak op te pakken. In fjirtjin dagen sit ik yn Switserlân om mei Weinreb de grommilige feiten út te plúzjen. Wy hawwe sa’n tsien petearen. Denise, de bern en ik sille der in fakânsje fan meitsje. No ja. Denise fermakket har mei de bern yn Oben Aegeri, in geheel besnijd doarp fuortby Zürich. As ik dêr al by bin, langlauf ik der mar wat hinne. Sy skië, mar dat kin ik net.

Ik fyn wat, dat it rapport behoarlik oantaastet. Weinreb rôp dat yn 1942 in grutte razzia plak hân hie en Van der Leeuw seit yn it rapport dat Weinreb dat lycht. It gegeven fan dy razzia is yn dizze saak krusiaal. Ik fyn twa oerlibjenden dy’t dy razzia befestigje kinne en dat ûnder in eed ferklearje wolle. Dat binne Jopie Wurms en Oom Sjonnie Poons, offisjeel Lyon, in neef fan Moe, dy’t mei syn dochter Auschwitz oerlibbe hat, syn frou komt dêr om.
Ik sis tsjin Aad dat ik byt ha en gean troch. Der komt in foarriedich tsjûgenisferhoar, dat wol sizze: getugen dy’t de saak nei alle gedachten net oerlibje sille, wurde earder heard. Dat gebeurt by de Rjochtbank yn Den Haach, ik leau yn 1998, ’99. Ik stel dêrta in foarriedige tsjûgeferklearring op. Der komme ferklearrings kompleet mei data. De tsjinstdwaande rjochter makket dêr in ferslach fan.
Dat liedt ta in ferheftige reaksje fan Van der Leeuw, de man is poer. Mar ja, oan it ferhaal fan him mankeart fan alles en it part fan Giltay Veth is nei myn betinken sûnder wryt of slyt, en trouwens ek prachtich skreaun. Van der Leeuw hat net goed socht, wierskynlik meisin. Giltay Veth is in kundige jurist en ik fyn him net befoaroardiele. Van der Leeuw is in typyske Niod-man, Gilthay Veth net. Myn stik moat wjerlein wurde, dêrfoar bin ik noch op stap mei Van der Leeuw en Giltay Veth, nei Den Haach en Westerbork. Lykwols, op dat stik fan my komt fan har kant in soarte fan oanfulling dêr’t winliken neat nijs yn stiet. It Niod falt harsels net ôf, dat sit ynbakt yn har struktuer en stiet heaks op suver wittenskiplik ûndersyk.
It einresultaat is dat Weinreb syn ferbliuwsfergunning ferlingd wurdt. Dat, wat ik dien ha, hat effektyf west. Weinreb wol de saak fierder net trochsette, gjin gesoademiter mear, hy is ’t sa sêd as spuid spek. En hy meldt dat oan Aad – en Aad oan my. En dan? As de kliïnt ho seit, dan is ’t ho. Begryplik.
De saak bedarret foarlopich yn ’e dôfpot. Der binne ek net in soad pro-Weinreb-lju, en dat binne dan meast learlingen fan Presser. Presser hat it in ein hinne goed sketten, ja. Weinreb wie net koosjer, mar ek net sa ferkeard. Achterôf is ’t maklik praten. Yn 1941-’42 tochten de lju – Weinreb allyksa – dat de oarloch yn 1943 wol ôfrûn wêze soe. Lou de Jong, Van der Leeuw syn baas, jout dat letter ek ta. [Sjoch ek: Lou de Jong en Weinreb] As dat gebeurd wie, hie Weinreb in held west. Mar de deportaasjes gongen troch oant septimber 1944.
Nee, Presser hie net helendal gelyk. It fûnis oangeande Weinreb kin wol goed wêze. Weinreb hat minsken rêden en mooglik lju ferret. Mar dan ûnder grutte druk. Dat koe hast net oars, kin men sizze. Syn ferrie is troch Van der Leeuw fierstentefolle oanset. En hy skriuwt dêroerhinne slachtoffers oan Weinreb ta dêr’t de man net ferantwurdlik foar steld wurde kin. Ja, syn wittenskip is foar in grut part ûnsin. Aad Nuis beklaget him dêr letter oer yn syn boek, mei rjocht en reden. [Het monster in de huiskamer, 1979]

Weinreb is in echte kameleon. Mei wa’t je him tsjinkomme, dêrneffens syn kleur. Mar hy is bysûnder goed by. Hy komt út súd-Poalen en is it Dúts goed machtich. Dat is belangryk foar syn karriêre. Hy leveret op in stuit Sperren. Dat binne ferklearrings foar minsken dy’t ynhâlde dat se net nei Westerbork hoege, se krije dêrta in stimpel. Weinreb fertelt oan ’e Dútsers dat er dat docht yn opdracht fan in Dútse generaal. Hy ferkeapet himsels en syn praktiken yn feilleas Dúts. Sadwaande wurdt er yn earste oanlis leaud, en aksepteard.
Yn 1941 en ’42 sjocht er kâns om in hele soad Sperren út te skriuwen. Mar geandewei wurde de Dútsters erchtinkend. Se dogge ûndersyk nei dy generaal, Weinreb syn opdrachtjouwer. Dy SS-ers en Hollanners mei deselde ideeën, lykas in sekere Krot, litte dan it opspoaren fan ûnderdûkte Joaden even sitte. Mar dy generaal is net te finen. Logys, want dy figuer hat Weinreb sels skepen. Weinreb wurdt yn Westerbork fêstset, mei frou en bern. Om syn eigen hachje en dat fan syn neisten te rêden hinget er in optocht ferhaal op en dêrby hat er dúdlik minsken ferret. Hy en syn gesin wurde frijlitten. Hy wurdt wer pakt, giet yn Den Haach de bak yn. Wer wurket er gear mei de Dútser, mei as gefolch dat wer in pear omkomme. Wer frijlitten, dûkt er erges yn ’e Betuwe ûnder. Mar hy wurdt op ’e nij pakt en wer ferriedt er lju om sels frij te kommen. Dat gebeurt oan trije kear ta. Alles ûnder swiere pressy, mar de straf fan it Gerjochtshof is neffens my wol terjochte. Hy krijt fiif jier – en graasje as Wilhelmina abdiseart en Juliana de troan bestiicht.
Dêrnei is er heechlearaar Ekonometry yn Ankara en yn Indonesië. En hy kin syn hantsjes net thúshâlde en jout him út foar frouljusdokter. Net offisjeel fansels, sa ferstannich is er wol. Mar froulju komme wol by him as se in gynekolooch rieplachtsje wolle. Hy skriuwt dêrneist oer Joadse mystyk en dêr wurdt er aardich bekend mei. Hy skriuwt syn kontroversjele memoires. It earste diel is prachtich. It twadde twifelachtich, net sa bêst. It tredde is naatje, dat kin gjin kant út.
In smoarrike Switserse oanhingster docht him in filla kado yn it djoerste part fan Zürich en der stjert er. Ik koe goed mei him opsjitte.

Se binne allegearre dea: Hermans, Renate, Aad, Van der Leeuw, Presser, Weinreb sels – allinne ik net.
Hermans en Renate hawwe min ofte mear har persoanlike fete útfochten oer de rêch fan Weinreb. Sa soenen je dat wol sizze kinne, ja. Teminsten wat de ferûngelike Hermans oangiet.
Mei myn foarriedige tsjûgeferklearring is noait wat dien. Dy mateary soe nochris kritys hifke wurde kinne. Mar dan troch in jurist, net troch in sjoernalist.

De saak Weinreb is ûnder oaren yn 1999 beljochte troch René Marres. Sjoch ek dy syn: Frederik Weinreb – verzetsman en groot schrijver.
Sjoch fierders ûnder oaren Weinreb syn memoires, ferskynt yn ’e trilogy Colaboratie en verzet. De earste bân hat in oplaach fan
6000 stiks, de twadde en tredde elk 2000.

Flak nei de affêre Weinreb doch ik in soad echtskiedingen. Dat is myn deistich brea, sil ik mar sizze. Ien kear ha ik in fallissemint as saak, mar dat wurdt my net wer gund. Dêr bin ik net goed yn en dêr fyn ik ek neat oan.
Fierders behannelje ik strafsaken. Ien wurdt beskuldige fan fjouwer moarden en moat TBR ha, no TBS. Mar dat wegeret er. Ik sis dat er it dêrmei dreech krijt. Hy sit swier ûnder de heroïne en nimt dêr alle dagen in literke jenever by yn. Hy hat der sels gjin aan mear fan wat er oanrjochtet en it giet oeral en nerges oer. Syn ferklearringen foar de rjochter riere igge noch seame. En dêr hat er dan wer spyt fan.
De earste moard is in dûbelde. Syn hantlangers binne fertrokken nei Suriname. Hy wurdt frijsprutsen, want it bewiis is net rûn te krijen. De tredde deade is ien dêr’t er by ynwennet, dêr wurdt er foar feroardiele en hy krijt fjirtjin jier. De fjirde is in frou fan sa’n santich. It lyk skoot er ûnder syn bêd. Nei fjirtjin dagen sizze syn mei-bewenners: Wat rûkt it hjir. Hy seit tsjin de rjochter: Ik roek it net, want ik wie ferkâlden.
Mar it kin noch gekker. Op it lyk fan it slachtoffer wurdt sperma fûn. De ûndersyksrjochter freget dêroer: Kin it ek wat oars wêze? Blomkoalstip of sa?
No ja. It sied hâldt gjin frucht, dat it kin net fan myn kliïnt wêze. Ik sykje him noch in pear kear op yn ’e bajes te Skeveningen. As er net brûkt en sûpt is ’t in hele aardige jonge. En ik ha my by him noait beneare field.

 

Advocatus diaboli
De Satanstsjerke yn Mokum is in heel oar ferhaal. Wat yn ’e kranten stiet lit ik fierhinne foar wat it is. Dy skriuwe mar wêr’t it gros it leafst de bek op set. Sa soe ik kompanjon yn ’e Satanstsjerke west ha. Feit is, dat ik har advokaat wie.
Op in stuit komt satansman, Maarten Lamers, by my mei twa kompanen. Trije hearen, helendal klaaid yn ’t swart. Se wolle dat ik har advokaat wurdt. Gjinien fan ’e Amsterdamse grutte jonges dy’t har saak ek mar mei in tange oanpakke wol.
De kwestje is dat Lamers syn affearen oanrekkene wurdt as BTW-plichtich. Hysels beächtet syn bedriuw as in tsjerkegenoatskip. En in tsjerke is net BTW-plichtich. Ik stel ien betingst by it oannimmen fan syn saak: gjin tichte doarren, alles iepenbier.
Yn ’e Nederlânse jurisprudinsje kin ik neat fine oer de tsjerklike status fan in satansbedriuw, soks hat hjir net earder oan ’e oarder west. Yn Amearika wol. Mar yn ’e Satanic Bible, opsteld troch Anton LaVey, de oprjochter en grutmaster fan ’e Church of Satan, stiet likegoed niks oer it begjinsel tsjerke. Sa’n epistel moat foar ús saak noch opsteld wurde. Ik freegje Lamers om dat sels te meitsjen, mar dy is dêrta fierstente gaöatys. Ik stel him út oft er it goed fynt dat ik dat dan mar doch. Dêr giet er mei akkoart.
De juridise grap is dat iksels alles optinke moat. Is hjir sprake fan in wiere tsjerke of fan gekoanstekkerij? Moai juristewurk. De krante skriuwt letter dat iksels alles út de tomme sûgd ha. Ja, dat kloppet dan, ja.
Beharkje: De Kerk van Satan – Het Evenement – VPRO, 7-5-1987

Yn sekere sin wurdt it proses in grut sukses. De Rjochtbank bepaalt dat Lamers syn bedriuw net BTW-plichtich is, it is yndied in tsjerklike ynstânsje. Der is gjin reden om in straf of boete op te lizzen: pleitfrij. Mar se moatte tenei wol belesting betelje. Dus, dat ha ’k goed dien.
It Iepenbier Ministeary is pissich op Lamers en begjint toch in strafproseduere. Dêr krij ik frijspraak. Dat is in grutte triomf, moat ik sizze.
De saak draach ik letter oer oan Hans Hentenaar. Dat hie ik net dwaan moatten, it is foar him te heech grepen. Yn in ferfolchproses hat er de mateary net helendal begrepen en wurdt Lamers noch feroardiele, trouwens net mei in hege straf.
Maarten Lamers fertrekt op in stuit nei syn kastiel yn ’e Pyreneën. Ik ha ik dêr wolris by him west, mei fakânsje. De krante skriuwt dat ik nei Frankryk útnaaid bin. Joadekoek! Lamers is fierders oan ’e gong mei it krijen fan in fergunning mei gokken op internet, stânplak Monako. Ik besykje om him dêrby te helpen. Soks kin regele wurde yn Poalen. Ik reizgje nei Warschau mei de gemikus Roeland Otto Beydorff. Mar it docht letter bliken dat dy regeling net nedich is.

Troch Roel Beydorff kom ik wol moai telâne yn in miljeu-affêre, yn ’e Stichting voor Toegepaste Ecologie, de S.T.E. Nijsgjirrich. Wouter van Dieren fan ’e Klub fan Rome is ek fan ’e partij. Hy is direkteur, mei Roel. Ik wurd bestjoerslid en sekretaris. Wy binne yn myn eagen sa’n bytsje de earsten dy’t hjir yn Nederlân it miljeu behoarlik yn diskusje bringe, op wittenskiplik nivo dan. It is leafdewurk en âld papier. Finansjeel leveret it my neat op, mar wol geweldich moaie feesten: as der by grutte opdrachten winst is, dineare wy rynsk mei sjampanje.
Roel en Wouter krije deilis; ik kies foar Roel, want dat is myn maat. Ein ferhaal, foar my.

*De Stichting Toegepaste Ecologie komt yn 1979 fan ’e grûn. Wouter van Dieren wol dêrmei de systeemdynamyk fan it World3-model as feroaringsproses maatskiplik ynsette. De STE giet yn 1985 oer yn it Instituut voor Milieu- en Systeemanalyse, it IMSA, in ûnôfhinklik advysburo en tinktenk op it mêd fan duorsumens en ynnovaasje. Van Dieren wurdt direkteur. Hy makket fierders yn Nederlân de earste tillevyzjeprogramma’s oer it miljeu en is foaroanman by aksjes tsjin de ôfsluting fan ’e Easterskelde, plannen om parten fan ’e Waadsee yn te polderjen en de Markerwaard droech te lizzen. Hy is yn 1970 mei-oprjochter fan Milieudefensie, yn 1974 fan ’e Bezinningsgroep Energie en yn 1979 fan it Centrum voor Energiebesparing (CE) te Delft.

Underwilens ha ik in folle praktyk. Maarten Lamers wol de populêre Amsterdamse sekstint anneks gokpaleis Casa Rossa keapje fan Maurits de Vries, alias Zwarte Joop. Lamers freget my om dêryn te bemiddeljen. Ik ha dan genôch wurk om hannen, mar fungear by de oerdracht al as syn advokaat. Dat binne betreklik hele tastannen. Zwarte Joop wennet yn Loosdrecht oan it wetter yn in fraaie filla. Ik sjoch him op ’e bank sitten, rin op him ta en sis: Goedemidddag meneer De Vries. Ik ha it tsjin in lapen pop, makke neffens menear De Vries syn eigen byld. Menear de Vries sels stiet achter de doar te gnizen. Twa jier letter is er dea, oan kanker. Neffens sizzen is er oars bûtengewoan sterk, fjouwer plysjes is er yn ien raam treast.

Nijsblêd fan it Noarden, 12 en 22-3-1985:

Ljouwerter Krante, 27-12-1988:

 

Ut ’e Keunst
Neigeraden reitsje ik alhelendal oer myn toeren. It is midden 1985 en ik stap út myn advokatepraktyk. Ik stoart yn, fal yn in swart gat. Ek omdat Denise by my weigiet. Dat is de twadde kear dat ik tsjin myn wil skied.
Us twa bern, Jaïr fan tolve en Hadassa fan sechstjin, bliuwe by my. Jaïr is op skoalle en thús op ’t lêst net mear te hantearen. Hy giet nei in ynrjochting, troch bemiddeling fan in befreone ortopedagooch dy’t mei sokke bern wurket. Ik ken har fan ’e Satanstsjerke. Jaïr bedarret yn in saneamde biezemklasse, en foldocht sadwaande oan syn learplicht. No is er in súksesfol sakeman.

Ik gean fallyt, myn hûs wurdt feild, ik wurd skorst. Myn kollega Hans Hentenaar hat kunde oan in âlde skoallemaat fan my, Sikke Doting, en dy seit: Lit him hjir mar komme. Hans rydt my nei Warkum en dêr hat Sikke in pesjontsje foar my regele en dat is goed. Ik ha teminsten ûnderdak. Ik krij in útkearing út de WUV, Wet Uitkering Slachtoffers. It docht bliken dat ik dêr al jierren rjocht op ha. Ik ha him noch. Sikke syn frou Hanna Homan bridzjet en dy freget my om foar har yn te fallen. Dêr tref ik Sytske Kingma en dat wurdt yn lingte fan dagen myn brigzjemaat, want Hanna wol der mei ophâlde. Sa kom ik der wat tusken, yn ’e Súdwesthoeke.
Yn dy tiid kom ik middenyn in keunstnersbinde telâne. Yn Warkum stiet in âlde skoalle leech, letter is dat in lege masinefabryk. Warkumer artysten wolle dêr in Keunsthûs fan meitsje, mei útstallings oer byldzjende keunst. De gemeente jout tastimming om it âld kring dêrta te ferbouwen. Ik doch mei. De masinegatten moatte ticht. Alle wurk dogge wysels, mei stipe fan Bouw75 út Warkum. Fan dy jonges krije wy materiaal en advizen. Ik stean mei myn advokatehantsjes te semintmeitsjen. Myn maat John Leenen hat eins de lieding. Der moat in suppoost komme. Gjinien fielt dêr foar, ik ha toch niks te dwaan, dat ik krij dy oanstelling.
Wy ha in skitterende útstalling oer berneboartersguod: Turijn-Warkum-New York. Dy tentoanstelling soe fan Turyn nei New York en wy soargje derfoar dat dy by ús in tuskenstop hat. Ik kom alderhanne keunstners te kennen. De measten strike út Hollân wei hjir del yn in goedkeap optrekje. Mies Delgorge, Koosje van Keulen, Jan Leewis, Herma Bovenkerk, Grietje Huisman en Henk de Boer, dy brêgewipper dy’t dy pimelfontein makke hat yn ’t ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Guon fan har miene dat ik ek keunst meitsje moat. En dat doch ik.
Ik montear lusifersdoaskes út alderhanne bûtenlannen moai op in ovaal stikje glês en boartsje dêrby wat mei kralen en toutsjes om, sadat de doaskes bewege wolle. Je kinne se ek noch yn ferskillende stannen ophingje. De iene sa heech, de oare justjes minder, sjoch mar. Ik rop dat it autootsjes binne. Sa is Svalan út Sverige in Opel, uteraard. Klearklinkende ferrifelderij fansels, mar as je kullerij heel moai meitsje, is dat prachtich.
Yn in oare útstalling stel ik tolve sjabloanen ten toan mei deselde ôfbylding yn elk in oare kleur, kreas ynliste, dan liket it heel wat. Ik betink pakkende titels en dy set ik derop: Sint Juttemis of de ûntdekkingsreis nei de boarnen fan ’e Boarn en De wûnderbaarlike genêzing fan ’e ynfluenzalijer.
By in grutte útstalling yn ’e prestizjeuze hal fan it Ljouwerter Stedskantoar hingje ik in wyt fel op, kompleet blanko mei myn eigen echte hantekening sinjeard, ûnder de titel: Virtuele cirkel en virtuele driehoek op wit vlak.
Minsken witte by god net wat se dêr mei moatte. Sjoch dy gesichten. Wat keunstners dêrfan fine? Echte keunstners laitsje derom. En dy’t my kenne alhelendal, want dy witte wol dat ik net tekenje kin.
Hoefolle ik ferkocht ha? Twa, no ja ferkocht… Dat sit sa. Us projekt draait earst goed – mar net lang nee. De jildsjitter, in Harnzer oaljehanneler, lûkt de stekker derút. Boppedat wurket de gemeente net mei. De polityk fjochtet oer oarmans rêch in ynterne kwestje út – oer it plak fan ’t stedhûs fan Nijefurd. It CDA wol Koudum ha, de PvdA hat syn sinnen op Warkum set. Under dy reboelje rint ús ûndernimmen op ’e non.
John hat ús skathâlder – ien fan in gerenommeard akkountantskantoar – net yn ’e stokken hâlden en wy sitte mei in fiks tekoart. Wy fine in stichting ree om it gat te tichtsjen. Mar by ôfrekkening krije wy noch in achterstallige rekken fan itselde akkountskantoar dêr’t ús penningmaster by sit. De direksje wurdt útlein dat wy gjin sint mear ha en ek hoe’t dat komt. As kompinsaasje nimt dat kantoar dan genoegen mei twa fan myn keunstwurken út myn Kolleksje Sint Juttemis. Sûnder skuld, alles foldien.
Op it plak fan ús Keunsthûs stiet no it Jopie Huismanmuseum.

Ljouwerter Krante, 11-7-1995:



Yn ’e Geunst
Ljouwerter Krante, 26-11-1998:

Ljouwerter Krante, 4-12-1998:

Ljouwerter Krante, 11-8-1994. Lou Velleman eksposeart op ’e Jouwer ûnder de titel: ’n Heiligen leven. Hy arriveart tusken oare keunstners. Syn keunstbroer en doarpsgenoat John Leenen priziget it wurk fan syn hannen oan.

Ljouwerter Krante, 14-10-1999:

Lou Velleman beskilderet mei syn konfrator John Leenen op fersyk fan Jo Bosma, boargemaster fan Nijefurd, in doek fan 2,50 x 10 meter. Dat yn it ramt fan Jazz Lemmer.

In Frysk fersintsje
Ik stean te boek as Frysk auteur. Dat sit sa. It is in jier as fiifentweintich jier lyn, ik bin befreone mei de keunstner John Leenen yn Koudum. Wy lûke alle dagen mei-inoar op, as in siamese twalling. John arbeidet op mei de keramist Mies Delgorge, se wolle ‘ ytbere keunstwurken’ meitsje. De katalogus komt yn ’e foarm fan in itensiedersboekje. De resepten skriuw ik, yn ’t Hollâns fansels, it Frysk bin ik skriftlik net machtich.
By Keunstwurk kinne wy jildlike stipe krije. Dat soe betsjutte: in boekje foar Mies en in boekje foar John. Mar dy útjeften wurde dan wol heel tin. Oplossing: wy meitsje se twatalich. It plan wurdt goedkard. Ik freeje Klaes Bruinsma, dy’t ik fan ús klassike tale-rûnte ken, om myn resepten oer te setten. Klaes is syn klassikers wend, it liket him wol op fleanen. Ik set in poarum fan: Help! Klaes is om en hy fertaald myn teksten.
Mar de Afûk makket in fersin: ik ha mazzel, se neame my in Frysk auteur. In gotspe. By dizzen.

Yllustraasje by it resept fan Sinesappel bavarois. Oaljeferve fan John Leenen. Boarne: Leenen – Ut ’e romte tarre – Luchtige gerechten. Fotografy: Tom Aartsen, Bitgum. Galery De Zandloper, Eastermar 1995,  f 35,00. Orizjineel: Kolleksje Hadassa Velleman, Minneapolis.
De útjefte Ut ’e romte tarre hat twa boekjes meo elk tolve resepten en byldzjend wurk fan John Leenen út syn rige Identified Flying Objects en keramys wurk fan Mies Delgorge. Dat wurk wie útstald yn Galery De Zandloper te Eastermar. 


Frysk Keunstners Inisjatyf

Yn 1999 rjochtsje John Leenen, Martha Kalma, Tom Aartsen en ik it Frysk Keunstners Inisjatyf op. Martha is ûntwerper en byldzjend keunstner en Tom is fotograaf. Wy wolle dat it wurk fan Fryske keunstners de promoasje krijt dy’t it fertsjinnet en stevich yn ’e merk set wurdt troch kontakten mei it bedriuwslibben.
Wy organiseare in grutte tentoanstelling fan wurk fan Fryske byldzjend-keunstners yn it ramt fan Fryslân 2000. Yn ’e prestizjeuze Harmonie te Ljouwert. Keunstwurk hat tagelyk in útstalling. Beatrix moat kieze hokker se iepenje sil. Se kiest foar dy fan ús. In opstekker, foar ús.

Ljouwerter Krante, 22-10-1999:

In gebochelde pop
Ut ’e nederklits wei hâld ik getrouwe hûnen foar my oan ’e grûn. En ik stoart my op fûgelfrije fûgels – yn ’e koai. Ik kweek fanatyk kanarys. Kanarys mei in bochel – offisjeel: ‘Kanaries met een gebogen houding’, of ‘postuerkanarys’. Dat wurdt no myn spesjalisaasje. In heel ôfgelegen hoekje yn Kanarylân. Ik besit in kast fol kanaryprizen. Resintlik bin ik dêr mei ophâlden. Spitich, want ik ha de Weareld Kampioenskippen Kanaryfokken krekt net helle. Dêr wurde fûgels – net samar even fansels wat blyf – talitten yn tûzenen rassen en soarten, fan mânshege papagaaien oant de alderlytste pytsjes. Mar kanaryfokke is swier lichaamlik wurk, dat kampioenskip kin ik net mear folbringe.
Troch myn freon Jos bin ik der ynrekke. Dy sit heel djip yn de kanaryklub en is ek gedegen karmaster. Alles wat je keure, moatte jesels ek kweekt ha, is syn betinken. Hy hat it hûs grôtfol mei hûnderten en hûnderten fûgels fan alderhanne slach. Myn sliepkeamer by him is dêr ek fol en oerfol mei bewante. Nachts binne se nei myn ynlibbingsfermogen oan ’e kant, ûnder de fearren tink. Mar simmers, as se ier en betiid yn eigenste fûgelgedachten útdommelje, dikkentsjes útsakje, fleanigje wolle en begjinne te kriezen, kin ik it der net ûnder hâlde.
Jos seit: ‘Wy ha te min leden. Ik meitsje dy lid Lou. En do moatst ek kanaryfokke.’
Ik sis: ‘Goed Jos.’
Sa kom ik op in – yn myn eagen – hele belangrike kanarybesichtiging en ik sit twifelriedich deunoan in kante spitshoekige doaze. Komt der in fokker op my ôf en dy freget: ‘Sitte dêr poppen yn?’
Ik sis: ‘Nee, se libje echt leau ’k.’
De fokker sjocht my oan as wie ik gek wurden.
In froutsjefûgel neame se yn dy weareld in pop. Jos seit dat ik ien fan syn boekjes lêze moat foardat ik wer mei kin. Dat is it oerbegjin.
De twadde kear freget ien: ‘Wat kwekest?’
‘Kanarys,’ sis ik – mar ik bin natuerlik noch net mei kweken begongen. Ik liich om bestwil.
‘Watfoar?’
‘Watfoar?’
‘Ja, watfoar kanarys?!’
No moat ik derom tinke – ik moat heel goed trochlige. ‘Gele,’ sis ik – dat kin toch noait fout wêze?
‘Watfoar gele?’
‘Kanarygele.’
De man drupt ôf.

Yn ien fan Jos syn safolleste boekjes stiet in mantsjekanary, mei in bochel, bertrout sjocht dy fan syn papier my oan. ‘Dy dan mar,’ sis ik. Jos keapet ien, en hy nimt dêr dan dus ek mar in pop by. Dêr komt in lyts gebocheld kanaypytsje fan, it leit even yn myn skurte. Dêr fal ik op. En dat popke falt yn ’e prizen – ja, op it Nederlâns Kampioenskip. Dan kinne je net mear werom.
Ik ha no noch in seebrafinkje – en ien kanary. Dat is it dan wol.