GENEALOGY BRUINSMA – BARRADIEL

Stamrige en fragmint stambeam

Dit projekt is yn útfiering. Graach oanfullings en ferbetteringen, sjoch formulier

* = berne
~ = doopt
x  = troud
w.m. = wennet mei
†  = ferstoarn
[] = begroeven

Undersyk:
-Dirk Wildeboer, Bûtenpost, 1995
-Erfgoed Fundaasje
www.familiepraat/fam-bruinsma
-De neiteam fan Durk en Baukje (út  weinmakkers ta keaplju en oare fûgels) Dirk Arjens van der Schaaf en Baukje Doekeles de Boer, eigen behear, Bitgum 1986
-S. Kok-Draijer: Kalma, I en II, Drachten 1993

I
Hilbrand Jelles (de namme Hilbrand komt yn dit laach ek foar as Hillebrand, en alderhanne oare farianten), x Hylpen 1712  Gryttje Martens

Bern:
1 Jelle Hilbrands, folget II
2 Marten Hilbrands
* 1716
3 Willemke Hilbands
* 1717, x Yppe Andries
4 Pijtter Hilbrands
* 1719
5 Attje Hilbrands
* 1720, x Homme Jentjes
6 Griettie Hilbrands
* 1723
7 Griettie Hilbrands
* 1725, x Tjalling Deddes

II
Jelle Hilbrands * Bolswert 23-10-1714 ~ dêr 24-10-1714 † Kubaard tusken juny 1792 en juny 1793, boer en Mr timmerman, de húshâlding ferfart nei Eksmoarre, dêr gering boer (1748, 1758); sûnt 1760 boer en timmerman op Grut Loopens te Kubaard (1768, 1788); x 1742 Sybrig Pytters Felsen † Kubaard 5-7-1807, dr f. Pytter Jans Felsen, boer en fisker te Allingawier, en Trijntje Wybes. As Sybrig har heit yn 1752 ferstjert, wurdt de buorkerij troch har âldste broer oernommen. Dy lit fêstlizze dat er syn bruorren en susters elk 100 karoligûne en trije sulveren leppels betellet as har part fan ’e erfenis.  Yn 1728 keapje Sybrig har heit en mem in hûs fan 100 karoligûne.

Groot-Loopens

Bern:
1 Hilbrand Jelles, folget III
2 N.N. * omstr. 1745
3 Pieter Jelles * Eksmoarre 1747 † Kubaard 17-11-1812, x Geertje Jans
4 Marten Jelles * Eksmoarre 23-5-1749 † fóár 1792
5 Trijntje Jelles ~ Eksmoarre 26-7-1750
6 Trijntje Jelles * Eksmoarre 5-9-1751 † Harns, wierskynlik 1798, x Djurre Hendriks
7 Attje Jelles * Eksmoarre 5-3-1750, libbet noch yn 1792x 1e Jan Claasses; x 2e Durk Sipkes.

Jelle en Sybrig betelje te Eksmoarre 30 caroligûne en 5 stuorren belesting.
1746: Jelle Hilbrands, meester timmerman, en Sybrigh Pieters Felsen te Eksmoarre binne 100 karoligûne skuldich oan Fedde Heslinga en Geeltie Egberts te Bolswert, fanwegen houtwaar; ûnderpân is har fee en timmerark.
1750: Jelle Hilbrands, meester timmerman, en Sybrig Pytters te Eksmoarre binne 1.100 karoligûne skuldich oan Oene Rintjes en Moey Ulbes te Arum, fanwegen de keap fan tsien kij.

III
Hilbrand Jelles Bruinsma
* Eksmoarre omstrings 1743 † Lollum 26-11-1824, boer te Kubaard, letter te Lollum, dêr diaken 1782-1788, âlderling  1795-1806, sûnt 1775 doopheffer: befestige om bern te dopen; x 1 Tsjom 22 (of 8?)-4-1770 Eeke Rommerts (de Boer) * Tsjom 17-11-1746 ~ Lollum, op belidenis, 2-4-1779 † Lollum 28-8-1783, dr f. Rommert Feikes en Corneliske Jochums; Hilbrand x 2 Lollum 18-9-1785 Willemke Johannes Noordhof * Grypstsjerk 1761 † Tsjom 28-6-1838 (hûsnûmer 90), by x boerinne te Arum, dr f. Johannes Gerrits Noordhof en Lysbeth Reinders.
Bern út it earste houlik:
1 Rommert Hilbrands Bruinsma * Tsjom 24-2-1770 † Harns 18-11-1835, x 1 Maaike Miedema; x 2  Geertruida Koopmans
2 Sybrig Hilbrands * Tsjom 9-8-1772
3 Jelle Hilbrands Bruinsma * Lollum 19-6-1775 † Dronryp 22-9-1863, 1 Trijntje Hilverda; x 2 Aukje Jans Tækema
4 Korneliske Hilbrands * Lollum 10-11-1777 † Wommels 13-5-1811, x Age R. Agema
5 Neltje Hilbrands * Lollum 1-5-1780 † dêr 6-8-1780
6 Feike Hilbrands Bruinsma, folget IV 
Bern út it twadde houlik:
7 Lijsbeth Hilbrands Bruinsma * Lollum 6-11-1786 † dêr 28-4-1854, x Jacob Strikwerda
8 Johannes Hilbrands Bruinsma * Lollum 19-5-1788 † Grins 6-4-1813
9 Sybrigje Hilbrands Bruinsma * Lollum 11-2-1791 † Tsjom 12-9-1872, x Willem de Vries
10 Marten Hilbrands Bruinsma * Lollum 28-10-1792 † Arum 1-7-1865, x Klaaske Boersma
11 Pieter (by oanjefte: Pijtter) Hilbrands Bruinsma * Lollum 28-5-1796 † Waaksens 30-1-1871, x 1 Foekjen Tiemersma; x 2 Fokeltje Wiersma
12 Reinder Hilbrands Bruinsma * Lollum 7-7-1803 † Achlum 31-7-1859, x Dirkje Tilstra.

Oerlevere (fia Piter Post):
Ien fan ’e Brúnsma-jonges focht ûnder Napoleon oan ’e Beresina. Doe’t er nei jierren by nacht en ontij op ’e pleats weromkaam wie elkienien al op bêd. Hy makke gjinien wekker en kroep daliks ûnder de wol. De oare moarns waard er stilwei  gewaar dat ien fan syn bruorren de pleats ûnderwilens oernommen hie. Doe teach er deselde deis nei Arum en waard dêr boer. Wie it Marten?

IV
Feike Hilbrands Bruinsma * Lollum 5-6-1781 ~ dêr 8-7-1781 † Tsjummearum 13-2-1835, belidenis 9-3-1798; skipper te Arum, tusken 1815 en 1820 wurdt er boer op de Kampen ûnder Tsjom, dêrnei boer op ’e Tsjummearumer Mieden (hier: 744,- yn ’t jier; € 7.849 euro), x Wûnseradiel 23-4-1810 Tietje Jans Bangma * Arum 25-5-1788 ~ dêr 8-6-1788 † Tsjummearum 9-5-1827, dr f. Jan Sikkes Bangma, boer te Arum, en Geertje Jacobs Tichelaar (ek: Bangma).

Akte fan namme-oannimming, Frjentsjer 3-1-1812:
Voor ons Maire van de Gemeente Tzum, Canton/Franeker Arrondissement Leeuwarden, Depar-/tement Friesland gecompareerd zijnde/Feike Hilbrands Schipper te Tzum, heeft/deselve verklaard dat desselfs vader/Hilbrand Jelles Bruinsma Huisman/onder Lollum, nog in leven is. En heeft/deselve met klaard ons getekend op dezen/den derden Januarij Agttienhonderd/Twaalf/
F H Bruinsma   S Alma
Mei oare wurden: as heit de namme Bruinsma oannommen hat, dan hyt ik ek sa.


De tsjerkepleats op de Kampen ûnder Tsjom, no Wommelserdyk 49, dêr’t Feike en Tytsje buorkje

Yn 1824 wurdt Feike arresteard wegens de verkoop van 1/4 vat boter, waarin een groote hoeveelheid stinkend witte smeerboter was omgeven. Hy wurdt feroardiele ta trije moanne gefangenisstraf en f 25,- boete (€ 270,-).

Oerlevere fia Sjerp Roels Brúnsma:
Feike Hilbrands Brúnsma ferfuze hommels by nacht  mei al syn folk, húsrie, reau, ark, hynders en kij fan syn pleats te Tsjom nei de Tsjummearumer Mieden?
Wêrom? Soe ’t te krijen hawwe mei syn arrestaasje?

1 Hillebrand Feikes Bruinsma * Tsjom 1810
2 Hillebrand Feikes Bruinsma, folget V.1
3 Jan Feikes Bruinsma
, folget V.2
4 Geertje Feikes Bruinsma * Tsjom 22-4-1821 † Minnertsgea 30-3-1864, x Pieter Johannes Vogel

5 Kornelis Feikes Bruinsma * Tsjom 25-4-1827 † dêr 25-11-
Sjoch: Kwartierstaat van Aaltje Jelles Post

V.1
Hillebrand
(meast: Hilbrand) Feikes Bruinsma * Tsjom 14-1-1812 † Arum 3-1-1-1874, sûnt 16-3-1831 yndield by it Regimint Grenadiers, docht mei oan ’e Tiendaagse Veldtocht tsjin België, bliuwt letter ferbûn oan dat rezjimint; by de keuring is in sinjalemint fan him beskreaun: Lengte: 1.74 (2 El, 7 Palmen, 2 Strepen); Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: rond; Neus: ingevallen; Mond: klein; Kin: rond; Haar: licht bruin; Wenkbrauwen: licht bruin; Merkbare Teekenen: geen.
Boer Op Galema state op Baarderbuorren ûnder Arum; Hilbrand hiert maaie 1842 twa perselen grûn te Arum, hiersommen f 54,- en  52,- yn ’t jier (omrekkene € 993,- op jierbasis. Yn 1843 hiert er in perseel grûn te Arum foar 142,- yn ’t jier (omrekkene € 1.464,-); x Wûnseradiel 28-4-1838 Antje Johannes Kooistra * Arum 14-11-1819, as widdo boerinne mei har soan Jan op Galema state te Arum oant maart 1881 (sjoch advertinsje hjirûnder), dr f. Johannes Broers Kooistra, boer te Arum, en Sytske Sjerps Takema (neffens Boargerlike Stân: Tacoma, tekenet sels: Takema, soch hjirûnder), boerinne te Arum.
Bern:
1 Sytske Hilbrands Bruinsma * Arum 11-11-1838 † dêr 4-5-1844
2 Feike Hilbrands Bruinsma * Arum 23-2-1840 † dêr 31-3-1916
3 Johannes Hilbrands Bruinsma
* Arum 25-1-1843 † dêr 27-5-1893
4 Jan Hilbrands Bruinsma
* Arum 11-1-1846 † St.-Jabik 24-9-1903
5 Sytske Hilbrands Bruinsma
* Arum 15-7-1848 † Tsjom 29-4-1931, x Frjentsjerteradiel 1876 Ulbe Ages Hannema; sjoch: Erfgoed FundaasjeGenealogy Hannema
6 Jelle Hilbrands Bruinsma * Arum 31-12-1856 † Marion County, Indiana USA 16-11-1928

Hantekeningen fan Hilbrand,  Antsje en Sytske Sjerps Takema ûnder trou-akte:


Hilbrand wol net dat uterlike tekens fan rou droegen wurde. Dat komt faker foar: as yn ’e famylje in soad stjergefallen wienen, rekken de sibben noait wer út ’e rouklean


De ferkeappriis fan Galema state anneks terp wurdt f 3.383,- (omrekkene € 35.828 euro).

V.2
Jan Feikes Bruinsma * Tsjom 7-9-1814 † Seisbierrum 27-2-1885 [] dêr, boer op ’e Tsjummearumer Mieden (oriïnteard op Minnertsgea, dêr’t syn frou weikomt), sûnt 1846 op Liauckama State Seisbierrum (hy keapet dan de pleats fan ’e natarisfamylje Hanekuijk te Harns, dy’t 91 of 99 pleatsen yn Fryslân hat – se kinne net hûndert ha: yn ferbân mei in wredere belestingkategoary; yn ’e Bjirmen binne fanâlds yn ferhâlding ta oare parten yn ’e Klaaiboustreek navenant mar in stikmannich eigenerfde boeren); Jan Feikes is earmfâd te Seisbierrum; yntekener op in skiednisboek oer Fryslân, x Barradiel 25-4-1840 Aaltje Seerps Anema * Minnertsgea 1-4-1817 † Seisbierrum 9-7-1871 [] dêr, dr f. Seerp Pieters Anema, boer en sûkereifabrikant te Minnertsgea, en Jetske Paulus Ennema.
Bern:
1 Feike Jans Bruinsma * Seisbierrum 20-1-1841 † dêr 8-8-1861
2 Jetske Jans Bruinsma * Seisbierrum 8-6-1842 † dêr 30-7-1842
3 Seerp Jans Bruinsma, folget VI.1
4 Jetske Jans Bruinsma * Seisbierrum 19-6-1845, opnommen yn psychiatrise ynrjochting te Frjentsjer
5 Tietje Jans Bruinsma * Seisbierrum 15-11-1846 † Bitgum 17-2-1893, x Barradiel 22-9-1870 Heerke Jans Palsma * Bitgum 9-4-1846 † dêr 4-10-1909, bakker te Bitgum, sn f. Jan Hendriks Palsma en Hendrika Heerkes Dijkstra; fiif bern
6 Hilbrand Jans Bruinsma, folget VI.2
7 Antje Jans Bruinsma * Seisbierrum 16-6-1851 † dêr 26-8-1920, x Barradiel 16-8-1884 Paulus Ennema; x Barradiel 5-6-1890 Sijtse Hendriks Sijtsma * Mullum 9-7-1856, túnder te Seisbierrum, sn f. Hendrik Sytses Sytsma, boer te Mullum, en IJnskje Gerbens Faber; fiif bern
8 Pieter Jans Bruinsma * Seisbierrum 15-1-1853 † dêr 17-1-1855
9 Paulus Jans Bruinsma * Seisbierrum 21-12-1853 † dêr 8-8-1865
10 Jelle Jans Bruinsma * Seisbierrum 27-12-1854 † Frjentsjer 21-7-1930, boer op Vredenoord oan ’e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum; Vredenoord stiet net op in âld hoarnleger, de eardere pleats dy’t by dit lân heart stie op in hichte in ein fierderop; Jelle en Jetske rinteniere sûnt 21-5-1915 (Alde maaie) te Frjentsjer, omkesizer Jan Feikes Bruinsma (VII.7) folget har op Vredenoord op; x Barradiel 17-5-1883 Jetske Wiltjes Mulder * Frjentsjer 14-8-1853 † dêr 2-9-1935, dr f. Wiltje IJges Mulder, boer te Frjentsjer, en Antje Dirks Lont; gjin bern
11 Aaltje Jans Bruinsma * Seisbierrum 7-7-1856 † dêr 17-10-1947 [] dêr, koaltsjer te Easterbierrum, sûnt 1888 boer te Seisbierrum, x Barradiel 17-5-1883 Sybren Jentjes Post * Easterbierrum 10-2-1859 † Seisbierrum 24-11-1934, sn f. Jentje Watses Post, boer te Easterbierrum, en Nieske Sybrens Smith; sjoch Genealogy Post
12 Geertje Jans Bruinsma * Seisbierrum 31-1-1858 † dêr 2-1-1862
13 Feike Jans Bruinsma, folget VI.3

VI.1
Seerp Jans Bruinsma * Seisbierrum 5-6-1843 † dêr 2-1-1918, koaltsjer te Seisbierrum (hûsnr 9), sûnt 13-5-1872 boer op Gratama state te Mullum, x Barradiel 1-6-1866 Aafke Gerrits Koudenburg * Seisbierrum † dêr 24-6-1921, dr f. Gerrit Jans Koudenburg, yn 1845 te Seisbierrum, yn 1846 kastlein dêr, yn 1849 dêr boer, en Geertrui Elisabeth Hermanus Out Joha.


Sjerp Brúnsma en Aaf Koudenburg. Boarne foto’s: www.familiepraat – bruinsma

Seerp wurdt goedkeurd foar militêre tsjinst, mar syn lot wurdt net oproppen. Sinjalemint by de keuring: Lengte 1 el 727 strepen ( 1 meter 72); Aangezigt: rond; Voorhoofd: smal; Oogen: blaauw; Neus: normaal; Mond: normaal; Kin: spits; Haar: blond; Wenkbraauwen: blond; Merkbare teekenen: geene.

Hantekeningen ûnder de trouakte:

Handtek Seerp en Aafke

Sjerp keapet 10-2-1872 in hûs en hiem (nr 93) yn Mullum; keappriis: f 606,- (€ 6.123.,-). Dat ferkeapet er op 6-2-1915 oan syn soan Jan; keapsom: f 450,- (€ 4.081,-).
Yn 1876 keapet Sjerp mei Wybren de Jong út Mullum in perseel bou (nr 1076) te Rie; keapsom: f 3.696 (€ 37.701).
Op 8-12-1914 keapet er in hûs te Seisbierrum fan Jouke Andries Gerbens; keapsom: f 2.100,- (€ 21.902).

Bern:
1 Geertrui Elisabeth Seerps Bruinsma * Seisbierrum 12-7-1867 † Mullum 1-8-1872
2 Aaltje Seerps Bruinsma * Seisbierrum 17-9-1869 † Mullum 5-1-1870
3 Aaltje Seeps Bruinsma * Seisbierrum 25-10-1870 † Mullum 21-11-1901, x Johannes Halma
4 Hinke Seerps Bruinsma * Seisbierrum 27-9-1871 † Harns 3-2-1950, x Freerk Anema
5 Geertrui Elisabeth Seerps Bruinsma * Mullum 23-4-1873 † Naaldwyk 28-7-1939
6 Jan Seerps Bruinsma * Mullum 4-5-1874 † dêr 19-9-1874
7 Jan Seerps Bruinsma * Mullum 30-7-1875 † dêr 20-10-1875
8 Jetske Seerps Bruinsma * Mullum 11-11-1877 † Seist 3-5-1961, x Jacob Strikwerda
9 Jan Seerps Bruinsma * Mullum 28-8-1879 † dêr 2-9-1879
10 Jan Seerps Bruinsma, folget VII.1
11 Sara  Regina Seerps Bruinsma * Mullum 24-7-1882 † IJmuiden 8-8-1959, x Frjentsjerteradiel 26-8-1909 Tæke Wiepkes van Popta * Drylts 7-1-1882 † Sachsenhausen 21-1-1945 (oan dysentery yn it kamp), ûnderwizer, skoallehaad Groen van Prinstererskoalle IJmuiden, foarsitter A.R.-kiesferiening, ensfh; troch fersetsdieden finzen yn kamp Vught en konsintraasjekamp Sachsenhusen, sn f. Wiepke Eiberts van Popta, boer te Drylts en Adorp, en Elisabeth Jelles Wynia. Sjoch foar in wiidweidige libbensbeskriuwing: www.familiepraat – sara regina bruinsma

VI.2
Hilbrand
Jans Bruinsma * Seisbierrum 3-4-1849 † Easterbierrum 17-5-1912; yn 1875 gernier en keapman te Easterbierrum, sûnt 1-7-1883 boer op Gratama state te Easterbierrum (hûsnr 153, letter omnûmere 162), gemeenteriedslid fan Barradiel, x Barradiel 21-5-1874 Gerbentje Sjoerds Lettinga * Gratama state te Easterbierrum 9-2-1854 † dêr 25-8-1894, dr f. Sjoerd Roelofs Lettinga, boer op Gratama state te Easterbierrum, gemeenteriedslid fan Barradiel, mei-oprjochter ‘Bewaarschool’ te Easterbierrum (1879), en Antje Gerbens Ouwrensma.

Om foar him yn ’t plak de militêre tsjinst te folbringen keapet Hilbrand in ramplesant: Jan Grauw -; Hilbrand syn sinjalemint wurdt by de keuring yn 1869 beskrean, hy wurdt dan ‘boerenleerling’ neamd: Lengte: 1 El (=meter) 656 Strepen (= mm), dus 1 meter 65; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: hoog; Oogen: blaauw; Neus: ordinair (=gewoan); Mond: idem; Kin: idem; Haar: blond; Wenkbraauwen: blond; Merkbare Teekenen: geene.

Hilbrand komt yn 1870 op Gratema state by syn oansteande skoanheit en dy syn twa ongetroude dochters Roelofke (27 jier) en Gerbentje (16 jier). Geb rekket swier fan him yn ’e maityd fan 1874, se trouwe yn maaie.
Hantekeningen fan Hilbrand Brúnsma, Geb Sjoerds Lettinga, Jan Feikes Brúnsma en Sjoerd Roels Lettinga:

Handtek. Hilbrand

Oktober 1875 hiert Hilbrand de 23 meast westlike stikken boulân ûnder “Klooster Lidlum aan de korte zeven” foar f 140,50 (omrekkene € 1.522) yn ’t jier. (Yn ’e keapakte wurdt menear Hillebrand neamd.
By it ferstjerren yn 1870 fan Sjoerd Roelofs Lettinga is it erfskip op namme fan Hilbrand:
Huisgeraden en meubelen: f 99,50; manslijfsdragt f 20,-; bed en tafellinnen f 10,-; zilverwerken f 7,-; timmergereedschap f 52,70; fermogen f 5.105, 63; contanten f 34.53; totaal f 5,329,63 (omrekkene € 73.296).

Yn 1883 keapje Hilbrand en syn broer Jan út de fallite boedel fan Wybe Dirks Anema te Furgum: it 4e perseel foar f 163,- (€ 1.853), it 25e perseel foar f 140,50 (€ 1.592) en it 37e perseel foar f 79,06 (€ 898). Op alle trije stikken stiet weet.
Yn novimber 1888 hiert Hilbrand yn ’e mande mei Klaas Pasma twa perselen boulân fan syn omke Jouke Seerps Anema, ‘op de Hoeven onder Oosterbierum’ by de Slachtedyk.  (92 are en 20 sintiare en 84 are.) Hierpriis: f 184,18½ (€ 2.394).
Yn 1899 hiert er in stik boulân ‘gelegen ten westen van- en aan den Slagtedijk’ ûnder Easterbierrum; hierpriis: f 55,12½ (€ 756,-) yn ’t jier. Juny 1900 keapet er in perseel boulân te Easterbierrum fan Jan Pieters Koopman; keappriis: f 1.094 (€ 14.516,-). Yn augustus 1900 keapet er ‘twee percelen bouwland en een perceeltje weiland nabij den Slachtedijk onder Oosterbierum’ fan Rients Koopmans te Frjentsjer; ferkeappriis: f 1.650,- (€ 21.893,-).
Hilbrand keapet yn oktober 1904 perseel nûmer 31 ûnder Easterbierrum fan Johan Hora Adema te Den Haach; keappriis: f 735,- (€ 9.093,-). Yn desimber 1904 keapet er ‘een stuk weiland genaamd Wobbevijf onder Oosterbierum’, ‘de oostzijde bezwaard met een weg’ fan Douwe Douwes Anema; 1 hektare, 72 are, 70; keappriis: f 2.745,85 (€ 33.962).
Sjoch: www.familiepraat – bruinsma

Bern:
1 Jan Hilbrands Bruinsma, folget VII.2 
2 Sjoerd Hilbrands Bruinsma, folget VII.31
3 Seerp Hilbrands Bruinsma * Easterbierrum 16-10-1877 † dêr 2-2-1878
Seerp Hilbrands Bruinsma, folget VII.4
4 Paulus Hilbrands Bruinsma, folget VII.5
5 Antje Hilbrands Bruinsma * Gratema state Easterbierrum 26-1-1886 † dêr 20-10-1886
6 Roelof Sjoerd Hilbrands Bruinsma, folget VII.6
7 Antje Hilbrands Bruinsma * Gratema state Easterbierrum 5-2-1892 † Seisbierrum 6-12-1946, x 1 Barradiel 15-4-1915 Harmen Pieters Westra * Seisbierrum 29-3-1889 † dêr 22-11-1976 [] dêr, firmant Westra & Zn, ierdappelhannel te Seisbierrum; Harmen x 2 Jantje Wagenaar * 22-10-1901 † Seisbierrum 20-3-1988 [] dêr; sn f. Pieter Harmens Westra en .
Harmen skreau syn koarte memoires (Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Westra en Westra Kronyk 
8 Aaltje Hilbrands Bruinsma * Gratema state Easterbierrum 4-4-1893 † Seisbierrum 19-1-1950, x har neef Jan Feikes Bruinsma (VII.7) * 1891; sûnt 21-5-1915 boer op Vredenoord oan ’e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum (folget dêr syn omke Jelle Jans Bruinsma op, sjoch V.10)

bruinsma-fam
Steand fan links nei rjochts: Anne Bruinsma, Jan Feikes Bruinsma, Janne Reitsma, Roel Bruinsma, Lutske Magré, Sjerp Bruinsma, Swaantsje Anema
Sittend: Aaltsy Bruinsma, Sjoerd Bruinsma, Bauk van der Schaaf, Gjet Kalma, Jan Hilbrands Bruinsma, Harmen Piters Westra.
De ôfdruk fan dizze foto is fan strieminne kwaliteit, letter better

Doleânsje
Hilbrand Brúnsma giet mei de doleânsje. Hy is âlderling fan ’e Herfoarme tsjerke fan Easterbierrum en hoewol’t dy gemeente rjochtsinnich is, giet it him en syn mei mannenbroeders net nei ’t sin, se ha allang krityk op ’e Herfoarme Synoade. Fjouwer âlderlingen – neist Brúnsma, ek Van Keimpema en Jelle Zijlstra (de pake fan ’e lettere A.R.P.-minister-presidint) – skriuwe in brief oan ’e gemeente: se wolle har yn ien beweging mei alle bruorren en susters yn ’e Heare bekeare en dus doleare. Dat slagget net. Nei ryp berie en stevich bidden doleart it grutste part toch, yn 1887. De offisjele doleânsje hie al plak yn 1886, dat de sûndige tastân hat al in jier te lang bestien. Se hâlde har tsjinsten yn in grutte keamer by Sybren Post en Aal Brúnsma ûnder Eatsrebierrum, letter yn in timmerwinkel. De Brúnsma’s fan Lieauckama state en Vredenoord út Seisbierrum rinne dêr sneins ek twa kear hinne. Underweis komme dy de Ofskiedenen tsjin dy’t te gean nei hár Sion te Seisbierrum tsjogge. Letter komt der in dolearende tsjerke yn Seisbierrum, de Nederduits Gereformeerde Kerk. Dy’t yn 1892 fuseard mei de Christelijk Afgescheiden Kerk.
In ieu letter fertelle Herfoarme neikommelingen noch dat de kwestje ferskriklik west hat foar de Herfoarme Tsjerke fan Easterbierrum, want ‘It bloed wie derút helle’.

VI.3
Feike Jans Bruinsma 
* Seisbierrum 4-7-1864 † dêr 2-7-1951 [] dêr, boer op Liauckama State ûnder Seisbierrum, x Barradiel 5-6-1890 Jantje van Wijngaarden * Tsjom 14-7-1868 † Seisbierrum 21-1-1941 [] dêr, dr f. Rients Tjipkes van Wijngaarden, boer, en Aukje Joukes Hijlarides.

bruinsma-feike-jans
Feike Jans Brúnsma. Foto: Peter Kuiper, Harns. Kolleksje Post-Westra

Bern:
1 Jan Feikes Bruinsma, folget VII.7
2 Maaike Feikes Bruinsma * 1893, x Hendrik van Houten
3 Rients Feikes Bruinsma * 1895
4 Aukje Feikes Bruinsma * Seisbierrum 25-11-1896 † Ljouwert 2-2-1984 [] Seisbierrum; x 1 Barradiel 15-5-1919 Rients Pieters Westra * Seisbierrum 1-12-1895 † Dútslân 30-11-1944 [] herbegroeven Seisbierrum op 4-9-1953, sn f. Pieter Harmens Westra, boer en ierdappelhanneler op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en Maria Mathijs Bakker; Aukje x 2 Lubbert van Urk * Urk 16-12-1891 † Ljouwert, Bonifatiushospitaal 1-5-1973, grifformeard dûmeny te Westmaas (1919), Seisbierrum (1923) en Haastrecht (1950-1957), lid deputaatskippen Grifformearde Synoade, rintenier te Ljouwert, dêr’t er noch faak preket, sn f. Albert Meinderts van Urk en Jannetje Alberts Asma; Lubbert x 1 Urk 21-11-1919 Ettje Nieuwhuis * Urk 8-9-1892, dr f. Henderikus Timen Nieuwhuis, ûnderwizer op Urk, en Grada Johanna Gerritsen
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Westra
5 Aaltje Feikes Bruinsma * 1899, x Philippus Bakker
6 Rients Feikes Bruinsma, folget VII.8
7 Jelle Feikes Bruinsma * 1904
8 Botje Feikes Bruinsma * 1906, x Rienk Sybrandi
9 Jelle Feikes Bruinsma * 1909

VII.1
Jan Seerps Bruinsma 
* Mullum 27-11-1880 † Naaldwyk 30-5-1937 [] dêr , boer te Mullum, giet fallyt en wurdt sigarehanneler te Harns, letter túnarbeider te Naaldwyk, Menameradiel 26-5-1904 Leentje Dirks van der Schaaf * Bitgummole 4-4-1882 † Naaldwyk 27-8-1957 [] dêr, kosthúshâlderes te Harns, letter te Naaldwyk, dr f. Dirk Arjens van der Schaaf, boer en ierdappelhanneler te Bitgummole; tsjerkeriedslid, earmfâd, bestjoerslid ‘Engelumer Polder’, skathâlder ‘Plaatselijk Belang’, en Baukje Doekeles de Boer.

bruinsma-jan-seerps
Jan Sjerps Brúnsma, ‘de fjirde Jan’, trije binne him foargongen.
Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

bruinsma-leen-vdschaaf1
Leen van der Schaaf. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

bruinsma-leen-vdschaaf2

Leen van der Schaaf. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

Fallyt
Yn ’e tritiger jierren gean yn it Brúnsmaskaai fjouwer boeren fallyt:
-Jan Seerps Brúnsma (VII.1), boer te Mullum
en syn neven, de bruorren:
-Jan Hilbrands Brúnsma (VII.2), boer te Easterlittens
-Paulus Hilbrands Brúnsma (VII.3), greidboer te Wommels
-Roel Hilbrands Brúnsma, boer op Gratama state ûnder Easterbierrum, de âlderlike pleats.
Omdat se boarch foarinoar stean, is ’t as in dominospul: de iene falt mei de oare om.
Jan Feikes Brúnsma troud mei syn nicht Aaltsje Hilbrands Brúnsma, en dus sweager fan trije fan ’e mannen kin him steande hâlde, mar hat der yn ’e sydline materieel en ek oars knap fan te lijen. En oaren mei him. 

Bern:
1 Baukje Jans Bruinsma * Mullum 21-9-1905, ferpleechster, enkestrise, x 1e Den Haach 16-7-1941 Hermanus Alkema * Harns 28-5-1905 † Neuengamme (Dútslân) 15-2-1945, manufakturier te Harns; x 2e Den Haach 11-7-1962 Wyger Miedema * Marsum 6-6-1899 † Den Haach 11-11-1963; 3 soannen Alkema
bruinsma-bauk-jans
Baukje Jans Brúnsma. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. 

2 Aafke Jans Bruinsma * Mullum 24-4-1907; byldzjend keunstner, x Naaldwyk 26-9-1933 Menze de Vries * De Lemmer 26-8-1908 † Den Haach 28-1-1950, ryksamtner; 2 soannen
3 Aaltje Jans Bruinsma * Mullum 10-6-1909 † Wassenaar 9-6-1959
4 Maaike Jans Bruinsma * Mullum 15-2-1911 † dêr 21-12-1915

bruinsma-maaike-jans
Maaike Jans Brúnsma.
Foto: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma
bruinsma-leen-vdschaaf-bauk
Leen Durks van der Schaaf en Maaike, dy’t fjouwer jier wurde sil.
Soksoarte kykjes wienen frij populêr, se wurde nommen ûnder it winkeljen wei, hjir op ’e Nijstêd te Ljouwert.
Foto: De Witte Beer, Nijstêd 121, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

5 Hinke Jans Bruinsma
* Mullum 5-6-1914, x Naaldwyk 11-6-1936 Willem Kuyvenhoven * Naaldwyk 17-4-1913, direkteur houtfabryk; 2 soannen, 2 dochters
6 Seerp Jans Bruinsma, folget VIII.1
7 Dirk Jans Bruinsma, folget VIII.2 

VII.2
Jan Hilbrands Bruinsma * Easterbierrum 7-1-1875 † Frjentsjer 2-4-1960, boer te Easterlittens en Minnertsgea, giet fallyt, letter peteroaly-sutelder te Minnertsgea, en mei syn frou kosthúshâlders te Dokkum, x Ljouwert 15-5-1901 Geertje Karsjens Kalma * Baard 1-4-1875 † Dokkum 3-4-1942, dr f. Karsjen Sjerps Kalma, keapman en boer te Boksum, en Aukje Jans Kingma.
Bern:
1 Hilbrand Jan Jans Bruinsma, folget VIII.3
2 Karsjen Sjerp Jans Bruinsma, folget VIII.4
3 Roelof Sjoerd Jans Bruinsma, folget VIII.5

VII.3
Sjoerd Hilbrands Bruinsma 
* Easterbierrum 8-5-1876 † Mullum 31-10-1933 (Sjoerd sakke op ’e dyk yninoar en dea wie er) [] Easterbierrum, boer op Banthús ûnder Winaam, letter op Gratama state te Mullum; tsjerkeriedslid, foarsitter A.R.-kiesferiening ‘Almenum’, gemeenteriedslid fan Frjentsjerteradiel, bestjoerslid wtterskip, foarsitter bûterfabryk Seisbierrum, foarsitter geitefokferiening Mullum, lid bestjoer Shefferskoalle Harns, x Menameradiel 23-4-1903
Baukje Dirks van der Schaaf * Bitgummole 11-3-1878 † Harns 31-8-1963 [] Easterbierrum, nei it ferstjerren fan har man kosthúshâlderes te Harns, dr f. Dirk Arjens van der Schaaf, boer en ierdappelhanneler te Bitgummole; tsjerkeriedslid, earmfâd, bestjoerslid ‘Engelumer Polder’, skathâlder ‘Plaatselijk Belang’, en Baukje Doekeles de Boer.
bruinsma-sjoerd-hilbrands2

Sjoerd Hilbrands Bruinsma. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma
bruinsma-bauk-vdschaaf
Bauk Durks van der Schaaf. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

image-1

image-2

Sjoerd Hilbrands Bruinsma en Baukje Durks van der Schaaf.
Foto’s: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Zondag-Westra, skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

bruinsma-fa-sjoerd

Fan links nei rjochts: Geb, Sjoerd Hilbrands Brúnsma, Durk, Hilbrand, Bauk.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

Sulveren piipúthimmelder fan Sjoerd Hilbrands Brúnsma. Skonken troch Fam. Zondag-Westra oan Erfgoed Fundaasje yn ’e Kolleksje Bruinsma
feestboekje-titel
Tagelyk feest: SULVER en GRIEN. Dat fertsjinnet in feestboekje.
Der stiet in soad Frysk yn: fan ’e njoggen bydragen seis, en dan ek noch de langsten. Dat is opfallend foar dy tiid, en yn dit otterdoks grifformearde fermidden.  Twa fan ’e trije psalmen – der stiet net ien fan ’e ‘29 Eenige gezangen’ yn – binne yn ’e Tale Kanaäns. Dy is it eigenst. Frysk wurdt yn tsjerke hast net brûkt. Mar dizze redaksje is net fan betinken dat it Frysk de Heare in grouwel is, lit stean dat God gjin Frysk ferstiet. Lykwols, de skiedsline tusken Frysksinnigens en anty-Fryskens rint betiden ek by dizze sibben troch alles hinne. Guon mannenbroeders sille besiden alle linige koartswyl de kiezzen gestring opinoar hâlden ha by it sjongen fan ‘‘’k Slaen nei de bergen ’t smachtsjend each, Hwêr komt my blide dei, Mei sterke stipe wei?’’
De redaksje is yn hannen fan Sjoerd syn broer Roel, syn neven Jelle Post (soan fan Sybren Post en Aal Jans Brúnsma, V.11) en Jabik Sytsma (soan fan Sytse Sytsma en Anne Jans Brúnsma, V.7). Dy krije stipe fan Harm Westra, heit fan Mathys en troud mei Sjoerd syn suster Anne, VI.5), Germ Roimers Brouwer (troud mei Anne Durks van der Schaaf, suster fan Bauk) en Hindrik Buikhuizen.
Sjoch foar de folsleine ynhâld de Bylage: Feestboekje
Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma


bruinsma-3-geslacht-baukje
Trijegeslacht Baukje: Bauk Durks van der Schaaf, Baukje Mathys Westra, Bauk Sjoerds Brúnsma.
Foto: Hommema, Frjentsjer, Harns. Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Westra

Bern:
Baukje Sjoerds Bruinsma, x Mathijs Pieters Westra
bruinsma-bauk-sjoerds
Baukje Sjoerds Brúnsma.
Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Westra
2 Gerbentje (Geb) Sjoerds Bruinsma
bruinsma-bauk-en-geb-sjoerds
Geb en Baukje Sjoerds Brúnsma.
Foto: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Bruinsma

3 Hilbrand Sjoerds Bruinsma, folget VIII.6
4 Dirk Sjoerds Bruinsma, folget VIII.7

VII.4
Seerp Hilbrands Bruinsma * Easterbierrum 4-8-1880 † Ljouwert 14-1-1962, boer te Achlum, x Zwaantje Joukes Anema, dr f. Jouke Seerps Anema, boer, en Pietje (ek: Tietje) Nannes Osinga.
Bern:
1 Hilbrand Seerps Bruinsma, folget VIII.8
2 Jouke Seerp Hilbrands Bruinsma * 1908
3 Jan Hilbrands Bruinsma * 1911
4 Pietje Hilbrands Bruinsma * Achlum 17-9-1913, x  Ljouwert 27-4-1938 Karsjen Ytzens Tamminga * Ljouwert 19-1-1914, feefokker te Mullum, letter te Ljouwert, sn f. Ytzen Karsjens Tamminga, greidboer ûnder Ljouwert, en Jitciae Symens de Vries; 3 dochters, 2 soannen
5 Sjoerd Hilbrands Bruinsma * 1916

VII.5
Paulus Hilbrands Bruinsma * Easterbierrum 30-7-1883 † Kanada 1960; greidboer te Wommels; tsjerkeriedslid, de Wommelsers neame him om syn religieuze belêzenens ‘Paulus Professor’ of ek wol ‘Paulus profeet’; lântaksateur (ûnder oaren yn ’e Twadde Weareldoarloch foar it Ryk om te beoardieljen oft greide skuord wurde kin); giet fallyt en emigreart yn 1927 nei Kanada dêr’t er koster is by de Christian Reformed Church, x Hinnaarderadiel 14-5-1908 Janna Yebs Reitsma, dr f. Yeb Tjallings Reitsma, greidboer te Wommels, en Gerbrig Foekes Wynia.
Bern:
1 Gerbrig Paulus Bruinsma * 1909
2 Gerbentje Paulus Bruinsma * 1911
3 Yep Paulus Bruinsma * 1914
4 Anna Paulus Bruinsma * 1917
5 Hilbrand Paulus Bruinsma, folget VIII.9

VII.6
Roelof Sjoerd Hilbrands Bruinsma * Gratema state Easterbierrum 5-12-1890 † Frjentsjer 30-10-1956, boer, giet fallyt, dêrnei boekhâlder te Frjentsjer, x Barradiel 15-4-1915 Lutske Andries Magré * Mullum 4-1-1891 † 21-9-1984, dr f. Andries Jans Magré, yn 1887 tasker (=masterfeint op in tichelwurk) te Fjentsjer, 1891 idem te Mullum, letter stienbakker en -fabrikant op Kiestersyl, en Beitske Gerkes Haima.

Meidielingen fan Piter Post oer syn omke Roel:
Dat wie in stúdzjeman, benammen op godtsjinstich gebiet. Yn ’e skuorre hie er in kantoarke, yn dy tiid apart, mooglik brûkte er dat ek om him oan lêzen te wijen. Al ier hie er in auto – T-Ford? Dat wie allyksa útsûnderlik. Muoike Luts neamden se yn ’e famylje in wat wyt hynder – oarsaak fan it fallissemint dus. It wie foar de famylje wol moai dat se íén de skuld jaan koenen.
Omke koe mear, mar hy waard boekhâlder te Frjentsjer, benammen foar de famylje en oare – al of net fallite – boeren. De boekhâlding fan syn sweager Jan Feikes krige er net: dy hie foar syn sweagers tefolle jildsjitter west en dan toch al dy fallisseminten derachteroan. Dat hat foar Jan Feikes te bot west, it siet te djip.
Roel syn soan Sjerp hie graach trochleare wollen, mar dêr wie gjin jild foar.

Koen Zondag fertelt: Roel Brúnsma wenne foaroer ús heit-en-dy te Frjentsjer. Op in kear hearde ik dat er tsjin ús heit sei: Zondag jo moatte It Jubeljier fan Simke Kloosterman ris lêze! Dat wie myn earste kear dat ik as lyts jonkje wat oer in Frysk boek te witten kaam. Brúnsma wie och sa belêzen.

Bern:
1 Hilbrand Roelofs Bruinsma
, folget VIII.9
2 Andries Roelofs Bruinsma
, folget VIII.10
4 Seerp Roelofs Bruinsma
, folget VIII.11
5 Beitske Roelofs Bruinsma 
* 26-12-1924 † 10-10-1992, x Æger Bouma * 28-4-1926 † 10-9-2005; gjin bern
6 Paulus Roelofs Bruinsma 
* 10-7-1927 † 8-4-2010, x Aaltje Houtsma * 3-9-1930; gjin bern.

VII.7
Jan Feikes Bruinsma * 1891, boer sûnt 21-5-1915 op Vredenoord oan ’e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum (folget dêr syn omke Jelle Jans Bruinsma op, sjoch V.10), x syn nicht Aaltje Hilbrands Bruinsma * Gratema state Easterbierrum 4-4-1893 † Seisbierrum 19-1-1950
Bern:
1 Paulus Jans Bruinsma, boer op Vredenoord, x Epkje Cnossen

VII.8
Rients Feikes Bruinsma, x Klaasje Bouma
Sjoch:
2650 Fam. Bruinsma – Oud Tzummarum
Bommen op Saakstra’s brug: oorlog en bevrijding in Noordwest-Friesland
1 Verraad loert overal Verzet in Friesland, H. van de Berkt

De Liauckema State te Sexbierum – Stinsen in Friesland

VIII.1
Seerp Jans Bruinsma * Mullum 4-2-1917 † Den Haach 8-11-1973, direkteur glêshannel, x Naaldwyk 31-3-1942 Hendrika Valstar * Naaldwyk 29-5-1918; hja x 2e Den Haach 7-3-1975 Elbert Carel Johan Cusell * Den Haach 22-9- 1912 /Den Haach/
Bern:
1 Jan Seerps Bruinsma, folget IX.1
2 Cornelia Seerps Bruinsma * Den Haach 8-2-1946, x Vlaardingen 30-8-1968 Cornelis Hendrik van Alderwegen * Den Haach 30-6-1945, haadamtner Ministeary fan Underwiis
3 Leendert Dirk Seerps Bruinsma * Den Haach 22-4-1948 , direkteur IP B.V.
4 Dirk Jan Seerps Bruinsma, folget IX.2
5 Seerp René Seerps Bruinsma, folget IX.3

VIII.2
Dirk Jans Bruinsma
* Mullum 2-7-1920 † Delft 12-3-1984, túnder te Monster, x 1e Neeltje Catharina Boon * Monster 14-6-1922 † dêr 17-11-1962; Durk x 2 ’s Gravesande 1-5-1964 Margaretha Adriana Vreugdenhil * Naaldwyk 9-8-1925.
Bern:
1 Leentje Alida Bruinsma * Monster 20-6-1944, sosjaal-kultureel wurkster, x Monster 30-12-1969 Pieter Johannes Goedhart * Rotterdam 23-7-1946, amtner Ministeary fan Underwiis; 2 dochters, 1 soan
Adrianus Bruinsma * Monster 5-10-1945 † dêr 4-5-1948
3 Willem Bruinsma, folget IX.4
Baukje Afke Bruinsma
* Monster 11-7-1950, groepsliedster bernebeskerming, x Rotterdam 18-9-1978 Ivan Gavrilovski * Skopje (Joegoslavië) 20-8-1943, skipfeart ekonomm; 1 dochter
5 Seerp, folget IX.5
6 Maria Anna Bruinsma * Monster 9-12-1954, ferpleechster
7 Adrianus Bruinsma * Monster 9-7-1957 † Den Haach 18-4-1976.

VIII.3
Hilbrand Jan Bruinsma * Easterbierrum 12-9-1902 † Harns (Dukdalf) 7-10-1990 yn ’t lêstoan blyn, x Sauwerd 20-5-1926 Baukje Brouwer * Easternijtsjerk 6-10-1903 † Achlum 18-2-1989, dr f. Andries Brouwer, boer, en Tietje Dijkstra.
Bern:
1 Jan Bruinsma, folget IX.6
2 Andries Bruinsma
, folget IX.7
3 Karsjen Seerp Bruinsma
, folget IX.8
4 Gerrit Bruinsma
, folget IX.9
5 Geertruida Bruinsma
* Mitselwier 17-8-1934, x Frjentsjerteradiel 2-5-1956 Jan Siebenga * Aldegea (Sm.) 6-12-1929 sjauffeur, sn f. Siebe Siebenga, arbeider,en Elske Wester
6 Meindert Bruinsma
, folget IX.10  

VIII.4
Karsjen Seerp Bruinsma * Easterbierrum 5-3-1906 † Lacombe-Kanada 6-2-1966, boer te  Minnertsgea, Frjentsjer en Lacombe-Kanada, x Barradiel 5-6-1930 Reinskje (Renée) Andringa * Tsjummearum 6-8-1907, dr f. Geert Harmens Andringa, boer op Koehoal ûnder Easterbierrum, en Pietje Sippes Harkema; hja x 2e Lacombe (Alberta)-Kanada 8-4-1978 Henri Albertus Salomons * De Krim (gem. Gramsbergen) 21-10-1909, eigner boekhannel, diggelguod, izerwaar, ensfh.; sn f. Jan Salomons, boer, en Roelina Feddes
Bern:
1 Geert (George) Harmen Bruinsma * Minnertsgea 21-10-1931, wurksum yn ’e boskbou, fruitkweker
2 Jan Bruinsma * Minnertsgea 18-12-1932 † Frjentsjer 25-12 1942
3 Pietje (Pearl) Sijke Bruinsma * Minnertsgea 3-5-1934, x Cornelis Nienhuis; 2 dochters, 1 soan
4 Geertje (Gay) Aukje Bruinsma * Frjentsjer 10-10-1935, x William J. Thurner/Lanley (Britisch Columbia)/; 2 dochters
5 Hilbrand (Herman) Roelof  Bruinsma * Frjentsjer 3-1-1937, x Martina Rijnsburger/te Edmonton (Alberta-Kanada)/
6 Roelof (Ralph) Sjoerd Bruinsma * Frjentsjer 13-5-1938, x Jane Priscilla Ellen/Lethbridge-Kanada/
7 Ane (Andrwe)  Bruinsma * Frjentsjer 28-9-1940, x Loretta Lee Wetstein/Redlands-Kalifornië/
8 Jantje (Joanne) Bruinsma * Frjentsjer 5-4-1942, x Ronald John Huisman * Lethbridge 30-5-1942, boer, sn f. Klaas Huisman, boer, en Annabell Simantor/Beiseker-Alberta-Kanada/; 2 dochters
9 Jan (John) Bruinsma * Frjentsjer 13-7-1946, konsjerzje oan in universiteit/Edmonton-Alta-Kanada.

VIII.5
Roelof Sjoerd Jans Bruinsma * Easterbierrum 3-1-1919, boer te Condor, Alta, Kanada, x Arnhem 23-7-1948 Cornelia Johanna Fritz * 19-6-1921.
Bern:
1 John Ralph Bruinsma * 3-7-1951, karmaster by de regearing, x Jeanette de Wit
2 Mary Louise Bruinsma
* 21-11-1953, x Yellowknife okt. 1980 Daniel (Denny) Savic; 3 soannen/Yellowknife-N.W.Territories-Kanada/
3 Caraline Gay Bruinsma
* 27-5-1955, x 27-6-1975 Tyrone Faechner * 20-3-1952; 2 dochters/Spruce Grove-Kanada/

VIII.6
Hilbrand Sjoerds Bruinsma
* Winaam 16-10-1911 Seisbierrum 11-8-1975, boer te Mullum, letter restauranthâlder yn it eardere stasjon dêr, x Harns 26-8-1937 Käthe Emmi Brüggemann * Hamburch 25-11-1913
Bern:
1 Wilhemina Bruinsma
* Mullum 28-7-1938, x Frjentsjeradiel 27-6-1963 Ids Sytsma * Frjentsjer 26-2-1936, boer te Mullum; 1 dochter, 1 soan
2 Sjoerd Bruinsma
* Harns 30-11-1939, bedriuwslieder Horeka
3 Heinrich Bruinsma
, folget IX.11 
4 Baukje Bruinsma
* Harns 19-2-1943, Barradiel  20-12-1968 Jacob Tjeerd Kuperus * Winaam 29-4-1942, dir. transportbedriuw te Winaam; 1 dochter, 2 soannen
5 Martha Christina Bruinsma
* Harns 25-3-1949, Frjentsjerteradiel 23-8-1968 Gerhard Reineking * Bönhryp (Dútslân) 8-10-1938; 1 dochter, 1 soan.

VIII.7
Dirk Sjoerds Bruinsma * Mullum 14-4-1916 Harvey-West Australië 12-12-1978, boer te Perth-Australië, x  It Bilt 16-4-1942 Jantje Plat * Easterbierrum 25-11-1916.
Bern:
1 Wilhelmina Bruinsma* Mullum 16-1-1943, Brunswick 16-3-1962 Willem Louw * Amersfoort 3-4-1939, grientekweker te Perth-Australië; 4 bern
2 Baukje Bruinsma * Mullum  24-1-1944, Perth 15-2-1964 Hendrik Kruize * Grins 13-12-1939, eigner ‘driver’ te Perth; 4 bern
3 Gerritje Bruinsma * Mullum 27-1-1945, Perth 21-9-1968, Jan van Es * 14-11-1937, ‘lawnmover contractor’ te Perth1; 3 bern
4 Gerbentje Bruinsma * Mullum 25-2-1946, Perth 13-1-1968 Gijsbert (Bert) Bajema * Alkmaar 6-7-1945, ‘national tecnical service manager’ te Melbourne; 4 bern
5 Sjoerd Bruinsma, folget IX.12

VIII.8
Hilbrand Seerps Bruinsma * 1906 x, Rigtje de Vries.
Bern:
1 Seerp Bruinsma
, folget IX.13
2 Janke Bruinsma
* 1943, x Willem Hultink
3 Zwaantje Bruinsma
* 1946, x Engbert van der Wal
4 Pietje Bruinsma *
1948, x Wytze Boonstra

VIII.9
Hilbrand Bruinsma * 31-12-1917   9-10-1969, x Christina Margré Withaar * 6-3-1922 † 6-2-2016.
Bern:
1 Roelof Sjoerd Bruinsma
, folget IX.14
2 Arend Barteld Bruinsma
, folget IX.15
3 Paulus Hilbrand Bruinsma
, folget IX.16

VIII.10
Andries Bruinsma * 3-2-1920  22-6-2003, x Lijsbert (Lize) Aartsma * 19-6-1921 † 11-8-1993; freondin fan Andries Bruinsma sûnt juny 1994 Pietje Zijlstra * 6-5-1922 † 27-4-2015, widdo Rozema.
Bern:
1 Roelof Sjoerd Bruinsma, folget IX.17
2 Sytse Bruinsma
, folget IX.18 

VIII.11
Seerp Bruinsma * 17-2-1923  11-3-2013, x Akke Mollema * 11-2-1938 .
Bern:
1 Anna Lutske Bruinsma 
* 1-4-1963.
Bern:
   1 Hielke Daniël Boersma * 14-9-1995
   2 Marith Petronella Akkelien Bruinsma * 13-11-2005.
2 Roelof Sjoerd Bruinsma
, folget IX.19
3 Beitske Arendina Bruinsma 
* 5 -2-1966; bern: Levi van Gelder * 26-10-1993
4 Anne Seerp Bruinsma
* 3-3-1970 † 12-4-1970
5 Anne Maaike Bruinsma
* 5-6-1971, x Andries Veendorp * 26-4-1966; bern: 1 Ruben Andries Veendorp * 8-3-2000; 2 Deborah Anne Veendorp * 3-12-2002; 3 Esther Seerske Veendorp * 24-2-2005; 4 Damaris Ina Veendorp * 24 febr. 2005
6 Hilbrand Seerp Bruinsma
, folget IX.20

VIII.12
Paulus Jans Bruinsma
, boer op Vredenoord, x Epkje Cnossen

IX.1
Jan Bruinsma
 * Den Haach 5-4-1943, haad automatisearing Ryks Wettersteat, x Heemstede 23-8-1974 Gerardina Johanna Eskens * Haarlem 22-4-1946/Wassenaar/
Bern:
1 Nienke Bruinsma * Amsterdam 7-7-1977
2 Seerp Bruinsma * Den Haach 17-6-1980
3 Wijnand Bruinsma * Den Haach 12-8-1980

IX.2
Dirk Jan Bruinsma
* Den Haach 20-5-1955, beliedsmeiwurker Ministeary fan Lânbou, x Den Haach 18-8-1981 x Anna Helena Maria van Haarlem * Den Haach 22-9-1958, ferpleechster

IX.3 
Seerp René Bruinsma
* Den Haach 22-1-1963, medys analist, x Margarith Padmos

IX.4
Willem Bruinsma
* Monster 13-10-1948, túnder te Monster, x dêr 14-4-1978 Gerritje Antje van Baalen * ’s Gravesande 27-7-1951, maatskiplik wurkster.
Bern:
1 Dirk Jan Bruinsma * Monster 21-12-1981
2 Clasina Neeltje Catharina Bruinsma * Monster 23-9-1979

IX.5
Seerp Bruinsma
* Monster 24-1-1953, ynspekteur fan plysje, x Monster 20-8-1976 Annette Christine van der Meer * ’s Gravesande 17-10-1956, maatskiplik wurkster.

IX.6
Jan Bruinsma
* 1927, x Anna Steenbergen

IX.7
Andries Bruinsma * 1928, x Neeltje van Randen

IX.8
Karsjen Seerp Bruinsma * 1929, x Grietje Rienstra

IX.9
Gerrit Bruinsma * 1931, x  Elisabeth van der Woude

IX.10
Meindert Bruinsma * 1937, x Elisabeth Swart

IX.11
Heinrich Bruinsma
* Harns 21-3-1941, útfierder wegenbou, x Barradiel 29-6-1966 Margareta Charlotte Anne Speerstra * Winsum (Gr.) 31-3-1945.
Bern:
1 Hilbrand Bruinsma * 22-4-1967
2 Margareta Helena Adelheid Bruinsma
* 9-12-1968

IX.12
Sjoerd Bruinsma * Harns 13-12-1948, timmerman te Melbourne, x Dandenong 20-6-1972 Fytje Michelsen * Den Burg (Tessel) 24-4-1949.

IX.13 
Seerp Bruinsma * 1941, boer ûnder Akkrum, x Minke Tijseling, dr f. Ale Tijseling, gernier te Hallum, en Berber Arjens van der Schaaf

IX.14
Roelof Sjoerd Bruinsma * 3-3-1952, x Dulce Commenencia * 22-4-1952.
Bern:
1 Hilbrand Bruinsma * 12-6-1989, w.m. Stefanie […] * 23-11-1994
Bern:
Zion Bruinsma * 24-11-2010.

IX.15
Arend Barteld Bruinsma * 25-6-1953, w.m. Tineke Kistemaker * 31-12-1956.
Bern:
1  Douwe Bruinsma * 161-12-1991
2 Roel Bruinsma * 4-10-1995.

IX.16
Paulus (Paul) Hilbrand Bruinsma * 22-7-1959

IX.17
Roelof Sjoerd Bruinsma * 30-4-1949, x Maria (Riet) Ploeger * 3-2-1950.

IX.18
Sytse Bruinsma * 8-12-1952, x Welmoed Oda Post * 20-5-1960 † 29-11-2014.

IX.19
Roelof Sjoerd Bruinsma * 19-6-1964, x Ingrid Busz * 23-8-1972.
Bern:
Jinte Bruinsma * 7-6-2004
2 Tobe Bruinsma * 15-11-2005
3 Dillen Bruinsma * 7-3-2008.

IX.20
Hilbrand Seerp Seerps Bruinsma * 30-4-1974, w.m. Dienke Keizer * 22-1-1982.

 

 

Wurdt fuortset