GENEALOGY BROUWER
St.-Anne – Bitgum 

Kom, kom, allegear merakels, allegear merakels!
Siswize fan Gerben Klazes Brouwer (1777-1818, X)

STAMRIGE

* = berne
~ = doopt
x  = troud
†  = ferstoarn
[] = begroeven

Boarnen û.o.:
-generaasjes I-VII: Genealogysk jierboekje 1989 – Pieter Nieuwland: Meylema – Genealogy, Fryske Akademy, Ljouwert, 1989
Frysk Kertiersteateboek – Gerben Wartena en Goasse Brouwer: Brouwer-Damsma, Fryske Akademy, Ljouwert 1996
-ûndersyk Erfgoed Fundaasje.

I Pier toe Meylahuus * omstrings 1465? † foar of yn 1534; yn 1494 en 1512 neamd yn de Snitser resesboeken; yn 1511 yn ’e oanbring fan Easterein; yn 1534 is der skeel oer syn testamint; mooglik sn f. Sywrd Piersz, x
N.N.

Soan:
II Wattye Piersz. * omstr. 1490 † 25 des. 1542 (‘kerstheijlige daegh’); neamd yn 1494, boer te Wjelsryp, wierskynlik op Lamckama, x 1
N.N.
Watse x 2
Wick Reinsdr. † Wjelsryp koart foar 17 maaie 1563; Wick x 2 Jettze Pieckesz.,  libbet noch yn 1571

Soan út it twadde houlik:
III Tyalling (ek:Tzalinck) Watsesz. Meylema * omstr. 1535; yn 1561 boer op Eckema te Wjelsryp, yn 1568 boer te Seisbierrum yn 1568, yn 1571 op Lamckama Tsjeppenboer ûnder Wjelsryp, dêr’t er foar in part ek eigner fan is. Wennet dêr noch yn 1585. Yn 1598 is syn frou Rieme Jarichsdr. widdo, x foar 1563
Rieme Jarichsdr., wennet as widdo te Dronryp en libbet noch yn 1615; dochter fan Jarich Martens, boer op en mei-eigner fan Grut Lopens te Kubaard (1529, 1560) en fan Syts Abbedr.

Soan:
IV Watse Tjallingsz. * omstrings 1570 † Stiens begjin 1615, boer te Stiens, x 1
Foeckel Pietersdr.
Watse x 2
Anna Tjallingsdr. † Stiens 8 febr. 1635, dochter fan Tjallingh Sipkesz., boer te Stiens op in pleats fan it kleaster Genaerd, en fan Frouw Gerrytsdr. Hja x 2 Peter Gerrits. Hja x   3 Stiens 23 jan. 1620 (3de proklamaasje) Jarich Jansz, fan Britsum

Soan út it twadde houlik:
V Pieter (ek: Pijtter) Watses * Stiens 1610 ~ dêr 17 april 1620 (dan is syn heit al stoarn en syn mem wertroud; nei alle gedachten wie syn heit minnist) † Aldtsjerk 25 nov. 1702, 92 jier; lidmaat Herf. Tsjerke Oentsjerk 24-2-1665; lid tsjerkeried; lidmaat te Aldtsjerk 26-8-1683; boer te Oentsjerk (1640 op stim nr 14), letter wierskynlik rintenier te Aldtsjerk.
x 1 Stiens 10 april 1631 (3de proklamaasje)
Trijn Auckes fan Oentsjerk (de earste en tredde frou fan Pytter Watses hawwe deselde namme)
Piter x 2 1650
Barber Meyles
Piter x 3 Oentsjerk 26 sept. 1675 (1e proklamaasje)
Trijntje Auckes  fan St.-Anne; lidmaat te Oentsjerk 10-12-1675 mei attestaasje fan ‘Annakerck’
Piter x 4  Aldtsjerk 25 des. 1683
Maeicke Jans fan Aldtsjerk

Soan út it earste houlik:
VI Watse Pieters * Oentsjerk omstrings 1645 † Boarnwert foar 1705; Watse Pieters en syn earste frou binne 9 juny 1671 ynskreaun as Herf. lidmaten te Oentsjerk.
Se buorkje earst te Oentsjerk, neffens hieropsizzingen yn 1685, 1687 en 1689 op Bornmeer ûnder Wânswert (stim nr 17) oant 1689; op 18 aug. 1689 binne Watse en syn twadde frou, oerkommen fan Wânswert, as lidmaten ynskreaun te Aldtsjerk. Yn 1698 is Watse hierder fan stim 5 te Aldtsjerk. Hy wurdt yn 1698 neamd as ien fan de mannen dy’t it tafersjoch hat oer de stimgerjochtigden te Aldtsjerk; boer op Boarnwerterhuzen te Boarnwert;
x 1 Oentsjerk 26 febr. 1671 (1e proklamaasje)
Grietie Wiegers (ek Wiggers) fan Wânswert, † Oentsjerk; ynventarisaasje fan it stjerhûs 29 des. 1680; dochter fan Wigger Sybes, boer te Wânswert, en fan Reinu Jaspers; Gryt is widdo fan Pier Wopkes
Watse x 2 Oentsjerk 21 maaie 1682 (1e proklamaasje)
Imck Dircks fan Wânswert, † nei 1705, widdo fan Tjaerd Jarichs.

Soan út it earste houlik:
VII Pier Watses ~ Oentsjerk 25 des. 1671 † Ferwert nei 2 okt. 1709, ynventatisaasje fan syn guod 26 maart 1711; boer te Wânswert oant 1697, dêrnei op ’e kleasterpleats ‘De Flappe’ te Ferwert, stim nr 37; x Wânswert (?) 1691/92
Antje Jarichs * Wânswert ~ Ferwert † Ferwert nei 1744; lidmaat te Wânswert 16 april 1690, mei har man lidmaat te Ferwert 8 aug. 1697; dochter fan Jarich Fokes, boer te Stiens en Jislum, en fan Trijntje Meinerts; Ant trout twad omstrings 1711 Bote Tjammes, mei wa’t hja it bedriuw fan har man fuortset.

Seis bern bekend:
1 Gerben Piers ~ Wânswert 5 april 1693
2 Gerben Piers, folget VIII
3 Jong ferstoarn
4 Jarich Piers Ferwerda * Wânswert 1697 † Ljouwert 19 april 1775; boarger fan Ljouwert 16 sept. 1722, boargerfaandrich 1735-1738, boargerhopman 1739-1744, froedsman 1744-1775, boumaster 1756-1759; master bierbrouwer dêr; x 1 Ljouwert, Westertsjerke 13 juny 1723 Hendrikje Cornelis
Jarich x 2 Ljouwert, Jakobiner tsjerke 22 febr. 1764
Martien Alberts Mijer []Ljouwert, Aldehoustertsjerkhôf 19 juny 1783; Martien x 2 1776 Gijsbertus Krips
5 Grytie Piers ~ Ferwert 25 sept. 1701 † nei 1773; x
Tjepke Hendriks, boer op Onghe state te Ferwert (stim nr 2)
6 Watse Piers ~ Ferwert 2 july 1707, boer op Lyts Sminia oan ’e Seedyk ûnder Ferwert (stim nr 21) en brûker fan hoarnleger nr 19 en 20 dêr, x
Saapke Pieters ~ Ferwert 11 des. 1712; dêr lidmaat op belidenis 13 maaie 1747; dochter fan Pieter Pieters en fan Antje Sipkes.
Fan har stamt ûnder oaren de famylje Hoogland ôf, yn Ferwerteradiel, Menameradiel, It Bilt.
Sjoch: Genealogysk jierboekje 1962 – J.IJ. Feenstra: Het geslacht Hoogland; Genealogysk jierboekje 1987 – Pieter Nieuwland: Kertiersteat fan Pieter Nieuwland, Fryske Akademy, Ljouwert 1962 en 1987.

VIII Gerben Piers ~ Wânswert 17 juny 1694 † Bitgum, by de Mole, 24 maart 1783, 89 jier [] Bitgum rigel 16; omstrings 1725 boer op ‘Zwettehorne’ (B nr 20) yn it Bitgumer Nijlân; omstr. 1730 boer by de Mole te Bitgum, Schwartzenberg-pleats, stim nr 4 (44 pmt); yn 1738, 1748 boer op Dyksterhuzen, Stedspleats, stim nr 17, letter nr 14, (66 pmt), yn ’e 19de ieu neamd ‘Zomerzorg’, no Dyksterhuzen nr 34; yn 1758 boer op Grut Alsert, stim nr B19, nij nr B16, (128 pmt), no Ingelumerdyk nr 6; yn Kwotisaasjekohier wurdt er ‘welgesteld’ neamd; x Bitgum 8-5-1729
Wijke Scheltes Heslinga * wrsk. Bitgum ~ wrsk. Bitgum nov. 1708, dan wurdt doopt ‘soontje van Schelte Jacobs genaamd Wiltje’, nei alle wierskyn is dit in fersin en waard Wijke doe doopt, † Bitgum 1805 (foar 21 maaie) [] Bitgum rigel 16; lidmaat op belidenis Herf. Tsjerke Bitgum 9 maaie 1735; lidm. dêr 1739, op Dyksterhuzen; lidm. idem 1765, by de Mole; nei de dea fan har man boerinne op Grut Alsert, letter rintenierske te Bitgum(mole); dochter fan Schelte Jacobus Heslinga en fan Eelck Clases, op Buma state op Dyksterhuzen (no nr 1).
Fan Wijke Skeltes wurdt de ynventaris en skieding fan ’e neilittenskip opmakke op fersyk fan ’e bern en bernsbern (Weesboek Menameradiel nr 51, 21 maaie 1805).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 1

Fan Germ en Wijke binne alve bern bekend:
1 Pier Gerbens ~ Bitgum 12 febr. 1730, x Bitgum 12 maaie 1754, dan beide fan Dronryp
Aafke Theunis
2 Pieter Gerbens ~ Bitgum 1 juny 1733, x Bitgum 18 april 1762
Baukje Baukes
3 Schelte Gerbens Heslinga * omstrings 1735 † foar 8 nov. 1810, gernier oan ’e Stienzer Hegedyk ûnder Bitgum, yn 1758 boer op in ‘Heslinga-pleats’ oan ’e middelste dyk yn it Nijlân, B 8; diaken te Bitgum; x Bitgum 1 juni 1755
Geertje Gerbens (Heslinga), fan Jelsum, as lidmaat op belidenis oannommen te Bitgum 12 nov. 1769
4 Haantje Gerbens ~ Bitgum 13 july 1738
5 Antie Gerbens ~ Bitgum 29 nov. 1739 [] Snits 22 jan. 1777
6 Klaas Gerbens Brouwer, folget IX
7 Jacob Gerbens Heslinga ~ Bitgum 12 maaie 1743 † dêr 25 aug. 1814, boer te Bitgum; x Bitgum 23 maaie 1768
Aafke Baukes Heslinga * Bitgum † dêr 6 jan. 1819, dochter fan Bauke Jacobs en Giltje Baukes
8.Eeke Gerbens ~ Bitgum 3 july 1746, x
Dirk Hendriks Bosje † foar 21 juni 1804
9 Akke Gerbens Bitgum ~ 12 nov. 1747, x Bitgum 28 sept. 1777, dan beide fan Bitgum
Jan Fokes
10 Jarich Gerbens ~ Bitgum 25 jan. 1750, gernier te Hallum, x Bitgum 29 aug. 1779
Yebeltje Rienx, fan Bitgum (út dit houlik trije bern bekend: Yetske, Weike en Antje)
11 Grietje Gerbens ~ Bitgum 16 july 1752, x (har neef) Dronryp 19 juny 1774
Klaas Mattheus Heslinga * Boksum, boer ûnder Dronryp, sn f. Mattheus Scheltes Heslinga, boer te Boksum, en fan syn tredde frou Trijntje Gerrits.

IX Klaas Gerbens Brouwer (yn akten foarnamme ek stavere as Claes/Claas, hy skriuwt syn namme sels as Klaas) * omstrings 1741 † Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum 18 nov. 1800 [] Bitgum r. 16; Mr. bierbrouwer te St.-Anne (hoeke Warmoesstraat/Van Harenstraat), 1788 boer op Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum (kadastraal nr 71, letter 49, no Langhústerwei nr 4); brûker fan sawat 190 pmt; lidmaat Herf. Tsjerke St.-Anne 24 april 1769; diaken dêr 22 aug. 1784-5 aug. 1787; tsjerkfâd en earmfâd (foar it suderkertier) 23 july 1794-27 maaie 1796

Klaas Gerbens wurdt as bierbrouwer al mei de achternamme Brouwer oantsjutten, dat is de fan foar him en syn beide bern Aaltsje en Gerben al foar de offisjele oannimming/registraasje fan famyljenammen yn 1811. Klaas syn bruorren Skelte en Jabik neame har Heslinga, nei har mem. Wie Klaas foar 1811 net al mei Brouwer oantsjut, dan hie er him mooglik ek mei de fan Heslinga ynskriuwe litten. 
Sjoch: Erfgoed Fundaasje Heslinga – Genealogy

Klaas x 1
Hendrikje Alberts † St.-Anne 31 okt. 1769
x 2 (syn achternicht) St.-Anne 29 juli 1770
Tætske Sipkes Heslinga * Hitsum 2 aug. 1743 † Sate 3 Súdhoek St.-Anne 12 aug. 1825 (neffens stjerakte 81 jier âld, kloppet net mei opjefte bertedatum) [] Bitgum r. 16, dr f. Sipke Jans, boer te Hitzum (wrsk. op nr 8), en fan Pietje Petrus Heslinga.
Tætske is nei de dea fan har man (foar in trije-fjirde part ) eigner en brûker fan Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne. Hja buorket dêr mei har beppesizzer Klaas en wierskynlik Reimer, se is dêr ek stoarn; har skoandochter Aukje Reimers Koopal ferfart yn 1821 nei St.-Anne, nei alle gedachten wenje dy har jongere jonges Sipke, Wop en Jelle by har.
Bûten in oanpart yn ’e pleats Sate 3 besit Tætske: eene Hovinge, groot een en negentig roeden, vijf en tagtig ellen, en een en negentig palmen vierkant, gelegen ten oosten aan en onder St Anna Parochie.
Hja lit op 8 augustus 1825 – fjouwer dagen foar har ferstjerren – by opbod de appels, parren en wâlnuten dêrút ferkeapje, de opbringst is dan f 271,50.

By it oangean fan syn twadde houlik lit Klaas Gerbens de ynboel beskriuwe foar syn dochter Aaltsje (It Bilt Weesboeken R.A.-H 33).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 2

Klaas Gerbens Brouwer en Tætske Sipkes Heslinga litte har testamint opmeitsje op 17 nov. 1800 (It Bilt – Notariële Archieven 559).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 3

Tætske Sipkes Heslinga testamintet as widdo op ’e nij op 31 july 1824. Nei har ferstjerren wurdt har ynboel ynventariseard en takseard yn it stjerhûs op 25 augustus en op 24 septimber 1825 (It Bilt – Notariële Archieven 885).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 4

Op 4 desimber 1825 wurdt troch de erfgenamten fersocht ta publike ferkeaping fan ’e huzinge, it lân en de ynboel omreden (neffens in oantekening by it ûndersteande stik).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 5

brouwer-sate-3

Sate 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum, hjir buorkje trije generaasjes Brouwer.
Foto: Bauke Postma. Kolleksje Erfgoed Fundaasje

Ut it houlik fan Klaas Gerbens Brouwer en Hendrikje Alberts binne twa bern bekend:
1 Gerben Klazes ~ St.-Anne 28-7-1765 † foar 29-7-1770
2 Aaltje Klazes Brouwer ~ St.-Anne 7-9-1766 † Kollum 25-11-1849, 83 jier, 24.30 oere, hûsnr 114, wyk A; oerkommen mei attestaasje fan Ljouwert nei Herf. Tsjerke Kollum 5-6-1796; inkelfrou te Kollum yn 1834; yn 1849 sûnder berop dêr, x
Anne Lubberts Kloosterman * omstr. 1756 † Kollum 4-4-1814, 58 jier, 13 oere, hûsnr 110, wyk A; keapman te Kollum, sn f. Lubbert Annes en Trijntje Theunis.
Neffens akte fan nammeregistraasje yn 1811 nimt Anne Lubberts de namme Kloosterman oan foar him en syn seis bern, út de doopboeken binne fiif bern bekend:
1 Lubbartus Annes Kloosterman * Kollum 23-8-1798 ~ dêr 9-9-1798 † dêr 18-6-1821
2 Trijntje Annes Kloosterman * Kollum 27-11-1800 ~ dêr 7 des. 1800, x Kollum 27 sept. 1834 Haye Tjerks Hacquebord * Ljouwert, touslachter te Kollum, sn f. Tjerk Hayes Hacquebord, touslachter te Ljouwert, sûnt 1802 te Kollum oan ’e Westerdjipswâl mei in twadde touslachterij te Dokkum, en fan Tietje Feddes de Mol, winkelfrou dêr
3 Hendrik * Kollum 25 maaie 1803 ~ dêr 5 juny 1803
4 Theunis * Kollum 23 april 1806 ~ dêr 15 maaie 1806
5 Gerben * Kollum 11 febr. 1810 ~ dêr 4 maart 1810.

Ut it houlik fan Klaas Gerbens Brouwer en Tætske Sipkes Heslinga binne twa bern bekend:
3 Gerben Klazes Brouwer ~ St.-Anne 21-7-1771
4 Gerben Klazes Brouwer, folget X

X Gerben Klazes Brouwer * St.-Anne 2 juni 1777 ~ St.-Anne 15 juni 1777 † Sate 3 Súdhoek ûnder St.-Anne 24 juny 1818, 20 oere [] Bitgum r.16, lizzende sark, oarspronklik grêfskrift:
1818 DEN 24 JUNIJ IS OVERLEDEN/GERBEN KLASES BROUWER IN LEVEN/HUISMAN IN DE ZUIDHOEK ONDER ST ANNE/IN DEN OUDERDOM VAN 41 JAREN EN 3 WEKEN/EN LIGT ALHIER BEGRAVEN/

Gerben Klazes is eigenerfd boer op Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum. Hy stiet op ’e list fan ’e heechstoansleinen op it Bilt (11 april 1812).
Hy is tsjerk- en earmfâd Herf. Tsjerke St.-Anne 7 juny 1808-5 juny 1818; folmacht fan wetterskip ‘Het Oud Bildt’ foar St.-Anne 5 juny 1810-17 juny 1813; lid municipale rie foar St.-Anne 1 jan. 1812-1 okt. 1816; pleatsferfangend skout (foar 1814 wie de beneaming adjunkt maire/loko boargemaster) dêr 21 jan. 1814 oant syn ferstjerren.

Sate nr 3 leit yn ’e gemeente It Bilt en heart ûnder de klokslach fan St.-Anne. Gerben Klazes is as Biltker in skoft adjunkt-maire en as Sint Annebuorster tsjerk- en earmfâd fan St.-Anne. Mar it deistich libben fan ’e Brouwers is rjochte op Bitgum. Sa binne se dêr tsjerklik ynskreaun, wurde de bern dêr doopt en begroeven en gean dy dêr ek nei skoalle ta.

Gerben x St.-Anne 5 nov. 1797
Aukje Reimers Koopal, ûnder akten tekenet hjasels: Koop=al, * Froubuorren 16 nov. 1775 ~ dêr 25 des. 1775 † Bitgum 13 des. 1856 [] Bitgum r. 31, gr. 1.; dr f. Reimer Sjoerds Koopal, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren, tsjerk- en earmfâd dêr, en fan Jeltje Wopkes Tolsma, as widdo eigneres en brûkster fan lân ûnder Froubuorren.
Germ en Auky dogge belidenis op 38 en 36 jierrige leeftyd neffens de Lidmatelist Herf. Tsjerke Bitgum: 1816 Den 11 Februarij zijn tot lidmaten van ons Kerkgenootschap, na afgelegde Geloofsbelijdenis, voor den Kerkeraad aangenomen: Gerben Klazes Brouwer & Aukje Reimers Koopal Echtelieden/…/
Neffens it lidmateregister fan Bitgum ferfart Aukje Reimers – mei tsjûchskrift fan Herf. Tsjerke Bitgum – nei St.-Anne 7 nov. 1821, se wennet dêr sûnder berop, letter te Bitgum.

Neffens oerlevering út ûnderskate stagen fan syn neiteam, gong Gerben Klazes in kear yn tsjerke yn Bitgum midden ûnder de preek stean en rôp er: Kom, kom, allegear merakels, allegear merakels!
Opmerklik is dat dit sizzen – dat as sprekwurd by it neigeslacht beklonken is – sels oerlevere wie troch de ‘Indise Brouwers’ (de neiteam fan Meindert Wopkes XII 33.). Maria Martha Warners-Brouwer  – in oer-oerpakesister – koe dizze siswize noch yn it Frysk neifertelle (simmer 1973). En ek dit: Gerben Klazes kaam letter net mear yn tsjerke. Doe’t ien him hifke oangeande de reden, sei er: Wat men oan ’e siele wint, ferliest men oan it lichem. It wie yn tsjerke altyd sa kâld. Syn neiteam naam tenei de betsjutting sawol letterlik as figuerlik op.

Fia deselde boarne waard út Indië wei it folgjende trochjûn: Gerben Klazes mocht graach in slokje en sa kaam er wolris beskonken thús. Ien fan dy kearen rôp er syn frou. Mar dy woe fan nidigens net komme. Hy sil tocht ha: Asto net by my komst, dan kom ik wol by dy. En sa stoep er op it hynder de keamer yn.

’t Ferhaal gaat ok dat doe’t Germ en Auky trouden, Germ teugen Auky saai: Jou my de poat Auk. Dêr hest ’m Gerrem. Dutselde dee him ok foor soa’n seuventig jaar eerder bij Tsjalling Camstra en Auck Haersma: Jou my de poat Auck. Dêr hast him Tsjalling.
Sou ’t ferhaal dêr wegkomme?

Ut it houlik fan Gerben en Aukje binne trettjin bern bekend, fiif dêrfan wurde folwoeksen. De earste Jeltsje wurdt fjirtjin jier, de earste Klaas sawat ien jier, de earste Tætske hast fiif moanne, de twadde Tætske oardel jier, de tredde Tætske sân jier en acht moanne, de earste Jelle sân moanne, de twadde Jeltsje oardel jier, en de tredde Jeltsje fiif moanne.
Yn 1818 ferstjerre Gerben Klazes en twa fan ’e bern. Krekt foar Gerben syn dochter Tætske fan sân jier, en oardel moanne nei him Jeltsje fan fiif moanne.

(Hjirûnder is de stavering fan ’e foarnammen oanhâlden sa’t dy yn ’e doopboeken stiet.)
1 Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 1 maaie 1798 ~ St.-Anne 27 maaie 1798 † Súdhoek St.-Anne 5 maaie 1812, hûs nr 3
2  Klaas Gerbens * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28 april 1800 ~ Bitgum 8 juny 1800 † foar 21 des. 1801
3 Klaas Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 21 des. 1801~ Bitgum 31 jan. 1802 † Menaam (Bitgum) 23 sept. 1878 [] Bitgum r 14
Rouadvertinsje Ljouwerter Krante 27 sept. 1878:
Overleden te Menaldum, Klaas G./Brouwer, oud circa 77 jaren./23 September ’78./Geheel eenige kennisgeving./
Klaas is hierder fan syn famylje op syn âlderspleats yn ’e Súdhoek ûnder St.-Anne sûnt 7 jan. 1823 (36 bunder en 74 fjouwerkante roeden; 13 bunder greide en 23 bunder boulân); letter fuorman te Bitgum (hûs en hiem B22);  x St.-Anne 1 juny 1823
Maaike Oenes Wouda * Bitgum 22 des. 1801~ dêr 3 jan. 1802 † dêr 4 juny 1870 [] dêr r.14, gr. 11; yn 1823 faam te St.-Anne, dr f. Oene Wytses Wouda, skipper te Bitgum, en fan Janke Foppes Fopma
Dit sechje gong yn Bitgum: Earst boer, dan kastlein, dêrnei mei ’t gat op ’e fuormanswein en dan as arbeider nei d’ ein. KLaas en Maaike hawwe alle stadia net meimakke.
In fariant te Froubuorren-Stiens, meidield troch Pieter Sipke Bouma te Stiens: Earst boer, dan kastlein, dan mei it gat yn ’e fuormanswein, hynder dea en de wein ynein.
Noch wer in oare – net folle lichtere fariant: Earst boer, dan kastlein, it kret stikken en de weinyn ein, as arbeider nei d’ ein.
4 Reimer Gerbens Brouwer, folget XI 1
5 Theedske Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 des. 1806 ~ Bitgum 1 febr. 1807 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 26 maaie 1807 [] Bitgum r. 16
6 Sipke Gerbens Brouwer, folget XI 2
7 Teertske Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 1 febr. 1809 ~ Bitgum 12 maart 1809 † foar 18 sept. 1810 [] Bitgum r. 16
8 Theetske Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St. Anne 18 sept. 1810 ~ Bitgum 7 okt. 1810 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 maaie 1818, 20 oere (yn stjerakte foarnamme stavere as: Tææske) [] Bitgum r. 16
9 Wopke Gerbens Brouwer, folget XI 3
10 Jelle Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 26 aug. 1813 ~ Bitgum 26 sept. 1813 † Sate nr 3 Súdhoek St. Anne 15 maart 1814, 8 oere [] Bitgum r. 16
11 Jelle Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 17 febr. 1815 ~ Bitgum 19 maart 1815 † Berltsum 8 jan. 1897, 9 oere
Rouadvertinsje Ljouwerter Krante 12 jan. 1897:
Heden overleed onze waarde Oom/Jelle Gerbens Brouwer, in den/ouderdom van ruim 81 jaren./Berlikum, 9 Januari 1897.G.R. Brouwer./Kennisgeving aan Familie, Vrienden en/Bekenden./
Gernier yn ’e Súdhoek fan St.-Anne, mei syn broer Wopke eigner fan in bunder lân ûnder St.-Anne; yn 1890 sûnder berop ynwenjend by in skuonmakker te Dronryp; wennet nei 1891 yn it Bitgumer earmhûs, sûnt 1 april 1894 yn it Berltsumer earmhûs
12  Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28 maaie 1816 ~ Bitgum 23 juny 1816 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 des. 1817 [] Bitgum r. 16
13 Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 3 febr. 1818, 8 oere † dêr 29- juny 1818, 21 oere [] Bitgum r. 16

XII 1. Reimer Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28 des. 1802 ~ Bitgum 30 jan. 1803 † Sjoelema state Menaam ûnder Bitgum 16 sept. 1871 [] Bitgum r. 16, gr. 4
Fan him is in sulveren hazzesprong (tabaksútheller foar de piip) bewarre bleaun en syn sulveren geboarteleppel

image5

Hazzesprong mei in hûn op ’e kop: symboal fan trou. Foto’s: Freek Zwart 

image3 image4

Geboarteleppel mei oan ’e bûtenkant fan ’e bak trije generaasjes Reimer Gerbens Brouwer: 1802, 1856 en 1915. Oan ’e binnenkant: Rense Ulbe 1 dec. 1980 (soan fan Jehannes Ulbe Reimers Brouwer)

brouwer-sjoelema-2

It eardere hoarnleger fan Sjoelema state oan ’e Sânwei ûnder Menaam, mei noch in stik fan ’e grêft. De pleats stie op ’e terp Koutum. It is noch in krunige hoeke: mei de ruilferkaveling is dit histoarys stee net sljochte. Op ’e achtergrûn de buorskip Paulus-tille.
As Reimer Gerbens-en-dy dêr buorkje wurdt Sjoelema state ‘de Brouwerspleats’ neamd, mei de Brouwersgrêft, -opfeart en –reed; en it Brouwerslân, dat noch lang sa neamd wurdt, grif omdat har neiteam dat oant yn ’e fyfde generaasje nei him noch brûkt.
Foto: Bauke Postma. Kolleksje Erfgoed Fundaasje

Reimer Gerbens is feint en gernier op syn âlderlike pleats (1825), sûnt (wierskynlik) 1828 boer op Sjoelema state (M51, sa’n 70 pm).
x Menaam 12 nov. 1828
Jantje Rinses Haadsma * Easterbierrum 7 jan. 1806 ~ dêr 2 febr. 1806 † Skrâns ûnder Huzum 2 des. 1878 [] Bitgum r. 16, gr. 3; Roimer en Jantsy  gean 19 okt. 1838 mei attestaasje fan Bitgum nei Menaam. Nei Roimer syn ferstjerren is Jantsy rintenierske yn ’e Skrâns ûnder Huzum; dr f. Rinse Ages Haadsma, boer te Easterbierrum, letter Minnertsgea, sûnt 1818 op Donia state (ek neamd Hemmema) te Menaam ûnder Bitgum, tsjerkeriedslid te Bitgum, en fan Botje Tanes Faber.
Sjoch:  Erfgoed Fundaasje Haadsma – Genealogy
Bern:
1.Gerben Reimers Brouwer, folget XII 11
2 Botje Reimers Brouwer
* Sjoelema state Menaam ûnder Bitgum 24 aug. 1831† dêr 8 nov. 1851, 2.30 oere [] Bitgum r. 16
3 Aukje Reimers Brouwer, folget XII 12
4 Rinse Reimers Brouwer, folget XII 13
5 Jeltje Reimers Brouwer
, folget XII 14
6 Froukje Reimers Brouwer
, folget XII 15
7 Klaas Reimers Brouwer
* Sjoelema state Menaam ûnder Bitgum 15 jan. 1846, 5 oere † dêr 13 maart 1869, 12.30 oere [] Bitgum r. 16, gr. 5
Fan Klaas Roimers is in sulveren tabaksdoaze bewarre bleaun, ynskripsje: K.R.B./1861.
Foto: Freek Zwart
image2image-1

XII 11 Gerben Reimers Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 10 nov. 1829, 11 oere † Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 1 july 1914 [] Bitgum r. 16, gr. 5
Rouadvertinsje, Leeuwarder Courant 4 en 6 july 1914:
x Menaam 11 maaie 1853 (op houliksbetingsten)
Brechtje Folkerts Damsma * Zomerzorg Dyksterhuzen ûnder Bitgum 7 jan. 1831 † Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 14 maart 1921 [] Bitgum r. 16, gr. 6, earder grêfskrift:
RUSTPLAATS/ONZER GELIEFDE/MOEDER, GROOT- EN OVERGROOTMOEDER/BRECHTJE FOLKERTS DAMSMA,/WED. GERBEN REIMERS/BROUWER,/OVERLEDEN TE MENALDUM/DEN 14 MAART 1921/IN DEN OUDERDOM VAN/90 JAREN/
Brechtsje docht belidenis te Bitgum op 27 maart 1850; lid bestjoer ‘Dames Commissie Nuttige Handwerken’; dr f. Folkert Hendriks Damsma, boer en keapman op Dyksterhuzen op Zomerzorg (B17), gemeenteriedslid fan Menameradiel (1856-1877), boekhâlder en kommitearde wetterskip Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland, tsjerkfâd Herf. Tsjerke Bitgum, en fan Maartje Dirks Koopmans, eigenerfd boerinne op Dyksterhuzen.

brouwer-gerben-reimers-sr

damsma-brechtsje

Germ Reimers Brouwer en Brechtsy Folkerts Damsma.
Se skinke by har 60-jierrige troudei oan Bitgum de keatspriis de Nije Gripe.
Foto: Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Kolleksje Erfgoed Fundaasje 

brouwer-nije-gripe-3

brouwer-nije-gripe-2

brouwer-nije-gripe-1

Sjoch û.o.: Tusken Gripe & Telegraaf – histoaryske kronyk oer it keatsen yn Bitgum en Bitgummole fan 1895-1995 – Goasse Brouwer: Yn ’e greep fan ’e Gripe, OKK Bitgum, Koperative Utjowerij, 1995

 

Wurdt fuortset