Cultura (1919-1922)

Non-koperators kopereare
De partikulieren ierdappelkeaplju fan ’e firma’s Braaksma, Hettema, Runia en Van der Schaaf hawwe yn ’e hannel in skalk each op koöperaasjes. Mar se arbeidzje – net frjemdgenôch – wol mei-inoar op. Dat binne foar in part ek hearen dy’t yn Huzum tahâlde en setelje yn hearehuzen, en troch sibskip en kundskip mienskiplike saaklike belangen beëagje.
Benammen in fertsjintwurdiger yn it bûtenlân dy’t syn talen ken is foar alle partijen fan belang. De promoasje fan ierdappels, mar ek fan flaaks en beane sjogge se sa fansels wol sitten. Se slaan de hannen yn-inoar. Oars binne it eins allegear mannen fan ‘Dat dogge wy sels wol!’, – gjin gedonder mei oerenlange bestjoersgearkomsten yn koperaasjeferbân, adviseurs dy’t it tsjil noch útfine wolle – goed bedoeld, dêr net fan, mar it past net. Nee, wy dogge itsels, effisjint, adekwaat en sûnder rûs. Mar alhoewol – nettsjinsteande dy ‘prinsipes’, se ha elk foar oar ferlet fan in fertsjintwurdiger yn ’t bûtenlân dy’t har ierdappels en as it even kin flaaks en beane yn ’e merk set – en wêr ha se yn ’t bûtenlân noch mear ferlet fan? Wy wolle wol leverje. In ûnbekende merk moat oanboard wurde. Dêr ha se mienskiplik har belangen by. En soks kinne se elk foar oar mar min foarelkoar krije en bestuiverje. Der moat foar har allegearre íén mienskiplike fertsjintwurdiger oansteld wurde, binne dizze yndividualistise partikulieren fan betinken. Ien dy’t foar allegearre goed prate kin, syn talen ken, hannelsgeast hat, aimabel is en suver op ’e graad – en der sin oan hat.  Dat beslút nimme se mei-inoar, dy eigensinnige Braaksma’s, dy Hettema’s, de Runia’s en de Van der Schaven -, de koöperative gearwurking krijt op praktise grûn syn beslach en resulteart yn maaie 1919 yn de ‘N.V. Handelsvereeniging ‘‘Cultura’’ – Handel in Landbouwproducten, Import-Export’, dy’t sit hat te Ljouwert – kommersjeel betocht en kedize, offisjeel plakhawwend likemin te Berltsum noch te Bitgum, dêr’t dizze hannelers har transaksjes dageliks útfiere.

cul fakt

It logo is artistyk, de belettering yn in soarte fan nije styl , en dan barok-achtich ynliste (argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert) De firmanten fan Cultura binne:
-Firma D.A. van der Schaaf Zn. te Ljouwert-Bitgum: dat binne Dirk Arjens van der Schaaf en syn soannen Doekle en Pieter
-Firma ‘P. & M. Braaksma Aardappel- en Groentenhandel, Import Export’, te Berltsum: de bruorren Pieter en Minne Braaksma
-H. Hettema, te Huzum: Hette Tjitzes
-T. Hettema, te Bitgum: Tjitze Hettes
-A.L. Runia, te Berltsum: Anne Leenderts (Berltsum 1870-)
-P.L. Runia, te Berltsum: Pieter Leenderts (Berltsum 1888-Ljouwert 1962).

De mannen kenne inoar mar al te goed, se komme út itselde fermidden, binne allegear grifformeard en A.R. (fan ’e Anti Revolutionaire Partij) en se binne óf famylje óf famylje fan famylje óf se wurde noch famylje (sjoch de ûnderskate fotoûnderskriften hjirnei). Soart siket soart. In útsûndering binne de Braaksma’s: dy hawwe gjin famyljebannen mei de Hettema’s, Runia’s en Van der Schaven. En se binne fan hûs út frijsinnich doopsgesind. Wie heit Ruurd meilibjend minnist, Piter en Minne reitsje wat yn ’e diaspora, seit pakesizzer Minne. Mar it akkordeart. Apart? By ien op ien werpt yndividualistise gearwurking yn kollektyf ferbân syn fruchten ôf. Tusken seniorferkeaper Tsjisse Hettema en junioarferkeaper Ruurd Braaksma resulteart dat yn lukrative hannelskontrakten – en freonskip.

CULTURA BOATSJEFARRE
Ruurd Minnes Braaksma en Piter Leenderts Runia oan it boatsjefarren by de âlde helling te Berltsum (1921) (foto: argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

SCHAAF DA3
Dirk Arjens van der Schaaf Sr. (Bitgummole 1844-Huzum 1923). Hy resideart sûnt 1913 yn ’e Ferlingde Skrâns te Huzum en letter oan ’e Huzumerleane (no nr 30), dêr rinteniert er net allinne: hy hannelet ek troch yn poaters, lykas syn jongere kompaan Hette Hettema dy’t dêr allyksa op ’e âlde dei warber tahâldt (foto: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte, Ljouwert)

SCHAAF DOEKLE EN ANNE
Doekle Dirks van der Schaaf (Bitgummole 1873-Ljouwert 1956) en syn frou Anna Leenderts Runia (Berltsum 1877-Ljouwert 1938)(foto: Obbema & De Bruin, Ljouwert/Snits).
Doekle wurdt de direkteur fan Cultura. Hy is ierdappelkeapman yn ’e Skrâns te Huzum, letter te Ljouwert en gemeenteriedslid en wethâlder foar de Anti Revolutionaire Partij fan Ljouwerteradiel en lid fan ’e Provinsjale Steaten. Anne is in suster fan de meifirmanten Anne en Piter. Har âldste dochter Yf trout mei Fokke Hettes Hettema.

SCHAAF PITER
Pieter Dirks van der Schaaf (Bitgummole 1880-1938) boer en ierdappelkeapman op syn âlderspleats (no J.H. van Aismawei 84) (foto: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte, Ljouwert)

BRAAKSMA RM
Ruurd Minnes Braaksma, Junior-ferkeaper fan Cultura. Hy krijt byles yn frjemde talen te Berltsum en Ljouwert en fierders is de praktyk syn bêste learmaster

HETTEMA HETTE TJ SR 60SM
Hette Tjitzes Hettema

HETTEMA TH 4h
Tjitze Hettes Hettema, Senior-ferkeaper fan Cultura. Junior-ferkeaper meldt dat er in soad fan Senior opstekt

cultura brief4
cultura brief1cultura brief2

It startkapitaal fan Cultura dat troch de firmanten mienskiplik ynlein wurdt is net minder as 200.000,00 gûne. Cultura hat in droegerij en pakhuzen by de âlde feiling yn Berltsum. De droegerij tsjinnet wierskynlik foar it droegjen fan beane, dêr’t neist flaaks en ierappels ek yn hannele wurdt.

Cultura ûntbûn
– en ferbûn: lekker ite
Set de stânfêstige ûndernimming Cultura breed út ein, de krigele firmanten ûntdekke geandewei dat se dochs wer saken foar eigen rekken dwaan wolle. Dizze yndividualisten ûntbine yn folsleine oerienstimming har koöperaasje op 1 juny 1922. Se gean wer har eigen wegen, allyksa oer de grinzen hinne. Sans rancune – as it sa útkomt skewiele se inoar yn ’e fierdere hannel.

Mei nocht en wille. Se geane mei-inoar tenei lekker út te iten. De eardere koöperators yn Cultura-ferbân litte it har goed smeitsje, mei-inoar as partikuliere keaplju en kwekers en mei oare kopstikken út de hannel. Yn it argyf fan Cultura, berêstend by Minne Ruurds Braaksma te Ljouwert, binne ytlike menukaarten bewarre.

menu3menu4 

Hjirboppe in menu út 1939 mei derachterop de hantekeningen fan: Tjitze Hettema, Pieter Braaksma, G.F. Elzinga fan Stiens, Erzo Gerrit Luttmer fan Stadskanaal, Sybren van der Schaaf fan Bitgummole, Hendrik de Haan, firmant fan ’e firma Siegersma & De Haan te Berltsum, Hilbrand Brandsma, fan H.J. Brandsma & Zn te Stiens, en Freerk H. Siegersma. Dy hantekeningen stean allegear deselde kant út, se ha deselde niging nei opgeand-meigeand-rjochts-omheech; yn hannelsopsicht: net wjerstribbich ûnderinoar, mei-inoar opereare. Tsjut dat op mienskiplike gesanten, of besibbe geasten? Fiif fan ’e acht ha in streek ûnder har statement set.

Yn ’e kantline wurdt noteard: Weer een weddenschap tussen Luttmer en Tj. Hettema (en wedzjen wie eins oars net sa wiis foar minnisten en grifformearden).

Erzo Luttmer (Sappemeer 1890-Ljouwert 1940) is ien fan ’e foaroansteande ierdappelpommeranten, hy is eksporteur fan ierdappels en sipels te Stadskanaal, benammen nei Ingelân en Dútslân en hy hat dêrneist in fleiswarefabryk.
MENU HANTEKENINGEN
Op ’e achterkant fan dizze menukaart is wer sprake fan in weddenskip. De hantekeningen binne fan: Erzo Luttmer, Tjitze Hettema, Sybren van der Schaaf, Ruurd Braaksma en Ritske Tulner fan Firma Tulner & Zn, letter Tulner & De Vries te St. Anne
BRAAKSMA MENU 1940BRAAKSMA MENU 1937 KRASNAPOLSKYBRAAKSMA MENU 1939
BRAAKSMA MENU 1933
Lekker ite en drinke, it goede libben ek yn krisistiid (1933) en likegoed mei in driigjende oarloch yn ’t fizier (1940)

Knipsel
De Cultura-keaplju c.s. binne fan ’e partij as de Nederlandsche Bond van Aardappelhandelaren in jubileum fiert yn 1927. Bestjoerslid Yme C. Schuitmaker (Frjentsjer 1877-Ljouwert 1961), ierdappelhanneler te Ljouwert, makket mannich lieten foar de feestjûn. Schuitmaker skriuwt neist syn wurk as ierdappelkeapman mear as fjirtich Fryske toanielstikken en revu’s, faak mei in maatskiplik fraachstik as tema
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

De eardere firmanten fan Cultura sitte foar in part en mei-inoar yn organisaasjes oangeande de ierdappelhannel, lykas yn de Stichting Nederlandsche Bond van Exporteurs van Aardappelhandelaars (B.E.A.). As de foarsitter G.C.C. Sievers yn 1944 yn Den Haach ferstjert, sette de bestjoersleden in advertinsje yn ’e lanlike kranten ‘Met groote droefenis geven wij hierdoor kennis’: J. Bekius (dir. fan de ZPC) te Ljouwert, Tjitze Hettema te Bitgummole, R.W. Janssen te Roosendaal, W. Oliemans te Hilligersberg en Ritske Hendriks Tulner te St. Anne.