BOELSTRA
OLIVIER BOELSTRA

FRAGMINTEN GENEALOGY

BOELSTRA5

Hynstefokker en pikeur Sieds Siebe Boelstra (VI.3.3) op Pegasus

Research and composition: Erfgoed Fundaasje/Heritage Foundation.
This genealogy is far from complete: being worked on. Additions and enhancements? See form.

Undersyk en gearstalling generaasjes I-III en dêrboppe-op:
Mr Jan T. Anema {JTA} te Rotterdam en drs Ype Brouwers {YB} te Ljouwert, en Dirk Douwes Osinga {DDO};
fierdere generaasjes: drs Goasse Brouwer – Erfgoed Fundaasje.
Dizze genealogy is noch lang net wat it wêze sil: wurdt oan trochwurke. Graach oanfullingen en ferbetteringen. Sjoch kontaktformulier.
Gâns gegevens hjirûnder binne mei tank oernommen út: S. Kok-Draijer, Kalma, Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, diel I en II, ISBN 90-9006206-8, Drachten, 1993.

~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried

SKEMA FRAGMINT GENEALOGY (provisoarys: wurdt oanpast neffens nije ynkommen ynformaasje)

 

 boelstra18

 

PAKE EN HEIT FAN
SYDS JOHANNES BOELSTRA, sjoch fierderop ûnder I

Syds Tjeerds † nei 1708, mr smid te Stiens, keapet yn 1688 in smidte dêr (keapsom 250,- goudgûnen); x Stiens 5-7-1685 Grietje Pyters *[Lekkum?] omstr. 1663 † [Jelsum?] 26-12-1759, yn it Lidmateboek fan Jelsum stiet:
Grietje Pieters moeder van Johannes smid te Cornjum, een vrou van hoogen ouderdom, sijnde in haar 97ste jaar. Sij wierd, wijlse leedemaat was, onderhouden van de Diaconiegoederen alhier. Stierf eindelijk den 26 December.
dr f. Pyter Tædes en Tziets Willems.
Bern:
1 Tieerd Sydses, folget letter
2 Johannes Sydses ~ Stiens 27-5-1688 † [jong] vóór 1690
3 Johannes Sydses, folget

Notysjes by Syds Tieerds:
1688 aug. 26 (keapbrief): Syds Tieerts tot Stiens b.b.c. op de koop van huisinge c.a. tot Stiens, belast met 28 st. grondpacht en een oord floreen. Piter Hommes Suden, Oedts Piters Noarden. Ferkeaper Tieerd Sydses widdo. Keapsom 250 goudgûnen (f. 350). [LWL (proclb. Q 6), fl. 64]
De oankeap fan dit hûs wurdt neamd yn 1640 yn proklamaasjeboek Q2. Dit is de smidte te Stiens. {JTA}
1696 aug. 1: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekennen schuldig aan Jan Tædes en Sioerdtie Dirckx, e.l. tot Finckum, de somma van 400 cargld., rente 4 1/2 %. Hypoteek op “huisinge tot Stiens bij ons bewoont”. Hy tekenet Syds Tjeerds, sy stelt in skeankrús as merk. Registreard 1702. [LWL V 19, fol. 122] {DDO}
1698 maart 24: Syds Tieerds, mr. smid tot Stiens, “voor mij selven ende … caverende voor Grytie Pyttersdr.” bekend skuldich oan Claas en Antie Wybrens tot Stiens resp. de Joure [=De Lytse Jouwer/Hiaure] de somma van 100 ggld. (f. 140). Hy stelt hypteek op ‘‘mijn bewoonde huisinge, smidsgereedschappen, huisgeraden, linnen en wollen bij ons wordende beseeten’’. [LWL (hypb. V 18), fol. 338] {DDO}
1701 juli 16: Syds Tierds, mr. smidt, en Grytie Pytters dchr., e.l. tot Stiens, bekennen schuldig aan Claas en Antie Wybrens, broeder en zuster tot Stiens en op de Joure resp.ve woonachtigh, de somma van 100 ggld., rent 5%. [LWL V 19, fol. 121vo] {DDO}
1702 jan. 5: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekenne boppe de foarige obligaasjee dd. 1 aug. 1696 dat se oan deselde krediteuren skuldich binne 250 cargld., rinte 4 1/2 %. Hypotheek op onse huisinge, ensfh. Tekene as earder.  [LWL V 19, fol. 122vo] {DDO}
1702 april 1 (keapbrief): Jan Tædes cum uxore tot Beetgum b.b.c. de koop van huisinge, afdack, hovinge, bomen en plantagie sampt smidterije tot Stiens in de Buieren, tegenwoordig door Syds Tiaards cum uxore bewoont, bezwaard met een ggld. grondpacht en een oord floreen. De kleyne wegh O., Pytter Hommes huisinge en hovinge Z., Heerewegh W., Harmen Dirckx N. Verkoper Arrien Dirckx Fonck neffens ferbaal fan 1 april 1702 ‘‘ij de crediteuren van Syds Tiaards voornt. geauthoriseert om het coopbrief wegens deselve te verteeckenen’’. Keapsom 375 ggld. 7 st. [LWL (proclb. Q 7), fol. 131vo] {DDO}
NB. Dizze lêste akte fan 1702 ferklearret wêrom’t yn it âldste Reeëlkohier (RC) fan Stiens (1725) Syds Tieerds net als eigner fan ûnreplik guod foarkomt. Wol wurde yn 1725 as eigners fan in hûs neamd de Erven fan Jan Tædes; hierder Lammert Caree, smid.
NB. Foargeande gong fansaken fynt ek syn wjerslach yn ’e Floreenkohieren fan Stiens, hûs nr. 1:
1700: Syds Tierds eygenaar ende gebruicker van sijn huisinge c.a., beswaart met een oord floreen (f. 0-7-0)
1708: eig. Jan Tædes, br. Syds Tiaards.
1718: eig. als earder, br. Johannes Sydses.
1728: eig. Gerke Johannes eig., br. Johannes Hendrix. (Gerke Johannes (1683-1758) wie de skoansoan fan Jan Tædes, cf. GJb 1987, Qu. P. Nieuwland nr. 276)

Johannes Sydses ~ Stiens 3-8-1690 † 1780/81, mr smid te Stiens oant 1-5-1717, te Koarnjum 1717-1772, dêrnei wenjend te Jelsum, x 1e (1e proklamaasje Stiens 28 juny, ûndertrou Ryptsjerk 28 juny, attestaasje nei Stiens 17 july) 1716 Reinou Sakes * te Ryptsjerk † foar 1717; x 2e Stiens 28-2-1717 Fokeltje Jans * Holwert † foar 1719, widdo fan Dirck Wygers; x 3e Koarnjum 12-11-1719 Sjuwke Bouwes ~ Britsum 29-3-1700, dr f. Bouwe Gerrits en Grietje Binnes; x 4e Koarnjum 3-7-1763 Antje Pytters * Koarnjum † nei 1774.
Bern út it tredde houlik:
1 Syds Johannes, folget I
de folgjende bern wurde hjir letter útwurke:
2 Grytje Johannes
3 Tjitske Johannes
Tryntje Johannes
5 Benne Johannes
6 Pyttje Johannes
7 Akke Johannes ~ Koarnjum 18-1-1733, x dêr 12-5-1754 Tæke Oebles * Koarnjum
8 Ymk Johannes ~ Koarnjum 11-3-1736, † [jong]
9 Ymkje Johannes.

 

EARSTE GENERAASJE MEI DE NAMME BOELSTRA

I Syds Johannes Boelstra ~ Koarnjum 1-9-1720 † [Stiens] 1782/83, mr smid te Bitgum [1742-] 1744-1753, kastelein yn ’t Wapen van Leeuwarderdeel te Stiens 1753-1765, x 1e Koarnjum 17-6-1742 Grietje Tieerds * Koarnjum † Beetgum 1751/52 [Speesje Kohier], x 2e Bitgum 11-7-1751 Tyttie Tjeerds * Stiens (in wike “na Pinksteren”, mar Pinkster foel yn 1721 op snein 1 juny. Dat Tytsje is òf in wike fóár Pinkster geboaren (omstr. 25 maaie), òf in wike nei Pinkster doopt (8 juny) ~ Stiens 1-6-1721, dr f. Tjeerd Pytters, skuonmakker te Stiens, en Janke Pyters.
Bern út it earste houlik:
1 Tjeerd Sydses ~ Bitgum 19-3-1752 † [foar 1756]
2 Sieuke Sydses ~ Bitgum 19-3-1752.
Ut it twadde houlik:
3 Janke Tjeerds ~ Bitgum 19-3-1752
4 Johannes Sydses, folget
5 Tjeerd Pytter Sydses ~ Stiens 1-2-1756 † [jong]
6 Tjeerd Pytter Sydses ~ Stiens 9-10-1758 † [jong]
7 Tjeerd Pytter Sydses, folget letter
8 Pytter Sydses ~ Stiens 28-9-1768.

Oer de namme Syds/Sieds: yn ’e earste generaasjes wurdt ek Syds skreaun, letter meast Sieds; útsprutsen as: Siis.
Yn dizze genealogy folgje wy fierhinne de offisjele stavering, dat is dy neffens de Boargerlike Stân. Wêrom? Soks is yn ’e sibbekunde wenst en it minsdom hinget oan it offisjele yn dizzen.

By de taljochtsjende teksten en de ûnderskriften by yllustraasje geane wy de folksgong en brûke wy meast de sprekfariant, dat dan skriuwe wy it fertroude Antsje ynstee fan Antje (dat net ien yn dit fermidden oait seit, noch sizze sil), en Tseard ynstee fan Tjeerd.

7
De herberch De Springende Paarden yn it tiidrek dat Piter Fierstra dy fan ’e Boelstra’s hiert (1857-1911). Mei en sûnder luifel; boppe de yngong fan ’e serre sit in boerd mei dy namme en twa stigerjende hynsten. (Sjoch: StienserVerhalen.nl)

Syds Jehannes Boelstra is hjir yn 1753 kastlein, dan hyt de herberh De Drie Romers.
De útspanning feroaret (soms tagelyk mei de eigner) ek gauris fan namme: yn 1697, 1721: De Roskam, 1753 De Drie Romers, 1765 ’t Wapen van Leeuwarderadeel, yn 1850 is ’t wer De Roskam. Neffens frou Smids-Hoekstra, widdo fan Oepke Smids, jierrenlang útbaters fan dizze herberch, lei der op souder in boerd mei de namme De Drie Paardjes. Reinder Brolsma hat it yn 1932 oer de Twa springende Hynsten. Neffens Pyt Bouma wie de oantsjutting Dêr’t it Springende Hynsder úthinge. Yn ’e tiid dat Fierstra hjir kastlein is, is ’t ek: Café Fierstra en letter Hotel Smids. Sûnt 1971, as Ingo Brandsma kafeehâlder is, hyt it hjir De Smalle Brug, mooglik ûntliend oan Zate annex logement Smallenburg: eardere herbergen op dit stee wurde trouwens net Smalle Brug of Smallenburg neamd.
Boarne: Ljouwerteradiel beneamd – Toponimen Ljouwerteradiel troch de ieuwen hinne, Documentatiestichting Leeuwarderadeel, Stiens 2011, ISBN 978-90-817247-1-5

Advertinsje Leeuwarder Courant, 4-9-1765:
De secretaris van Leeuwarderadeel zal ten huize van Sieds Johannes Boelstra, castelein in ’t Wapen van Leeuwarderadeel te Stiens bij boelgoed verkopen: 11 à 12 paarden, 10 koeien, 18 schapen, 5 beslagen wagens, 4 ploegen, 10 eggen, 2 aardkaren, 1 nieuwe Groninger wagen op riemen “mitsgaders een chais, beide curieus modern fatsoen”.

Berjocht yn ’e Leeuwarder Courant 17 april 1767: by kastlein Syds Jehannes Boelstra wurdt in hûs feild.

boe-1765

Notysjes by Syds Jehannes Boelstra
Syds is sa’t skynt nei syn earste houlik nei Bitgum tein, want by de oankeap yn 1744 fan ’e smidte yn ’e Hammeren dêr is er al hierder. Beëasten Bitgum lizze trije buorskippen: de Hamringen, Bij de Molen (Bitgummole) en Dyksterhuzen (dêr’t de dyk nei it suden bûcht). Ham, hem of him betsjut omheind gebiet, be-, omdike lân. Yn ’e 13e ieu wurdt de Langestraat-Hegedyk-Skreedyk oanlein fan Bitgum nei Koarnjum, de lêste ôfsluting fan ’e Middelsee oant it Bil bedike wurdt. Sadwaande de namme Hamringen.
It Personele Kohier (PC) meldt Syds te Bitgum 1747/51 mei in kapitaal fan 350 carg; op it Speesje Kohier (SpC) dêr 1748/50 mei 2 heale hollen, SpC 1751 de frou ferstoarn, 1752 wer 2 hh. en 1753 ferfearn nei Stiens. Op PC Stiens 1754, 1768 mei 350 carg.
Op RC Stiens 1753 stiet er als eigner-brûker fan in hûs (hierwearde f. 50), yn 1779 bewennet er syn eigen hûs, wearde f. 52-5 en is er eigner fan in smidte, ferhierd oan Jan Anthonij foar f. 50. Yn 1784 is syn widdo eigner fan ’e ferhierde smidte; it wenhûs is dan eigendom fan en brûkt troch Johannes en Tjeerd Siedses.
Yn 1752 lit Syds Jehannes trije bern dope te Bitgum, de jongste sa’t skynt út it twadde houlik (want neamd nei syn skoanmem), de beide oare út it earste boask.

1744 juli 7: Sjeds Joannis, mr. ijsersmid in de Hammeren te Beetgum, b.b.c. koop van huisinge, hovinge, bomen en plantagie c.a. in de Hammeren tot Beetgum, beswaard met een half floreen en drie off agt jaren huiringe de koper daaraan competerende. De koper zal bij het einde der huur op tauxatie moeten betalen de “nieuwe gemaakte smitterie met het gemaakte en ongemaakte ijserwerk alsdan in de winkel sijnde”. Ligging: “de dijck ten noorden”. Verkopers: Offe Jetses, hospes te Oosterwierum en Jan Gosses, huisman tot Engelum, elk voor de helft. Koopsom 385 cargld. [MEN (reces-proclb. A 25)]
1749: Sies Johannes, Beetgum, “gemeen”, 2+2 pers., f. 27-5-0 (kapitaal f. 700). [Kwotisaasje Kohier (QC)]
1753 mei 22: Gerben Jans te Marssum b.b.c. op de koop van huisinge en smitterije c.a. in de Hammeringe te Beetgum, beswaart met een halff floreen, per 12 May 1753 vrij van huuringe. Ferkeaper: Sies Johannes, mr. Groffsmid. Keapsom 604 carg.  [MEN A 26]
1752 okt. 21: keapbrief wêrby’t Sieds Johannes en Tjetje Tjeerds ‘e.l. onder Beetgum kopen een welgelegen huisinge en Herbergh bij het Kerckhoff tot Stiens bij den verkoper selvs bewoont, op den 12 May 1753 vrij van huirjaren, bestaande in een grote benedenkamer, nog een grote benedenkamer, een kelder, bovenkamer, solderinge, kelderkamerke, grote stallinge met Put en Bak, en hovinge, belast met een halff floreen en 3 cargld. jaarlijkse grondpacht aan de Pastorie, gekocht inclusief  “de Kroon off Kandelaar” foar 1990 carg. fan Tjeerd Pytters Hovinga en Sjoukjen Sipkes, man en frou te Stiens.
Op 12 maaie 1753 moatte keapers op taksaasjeûntfange de ‘Herbergiersgereedschappen en Drank, dog geen meer wijn als een anker’, (ensfh.). Neistlizzers: de feart eastlik, de Pastory westlik, Wytske Lieuwes c.s. besuden, ferkeapers sels noardlik.
1e procl. 16 dec. 1752. [LWL (proclb. Q 12), fol. 128]
1752 okt. 21: Sieds Johannis en Tjetie Tjeerds, e.l. te Beetgum, erkennen schuldig aan Tjeerd Pyters Hovinga en Sjoukjen Sipkes, e.l. tot Stiens, wegens koop van een herberg te Stiens, de somma van 1990 cargld.

Rojeard 1-6-1771.   [LWL (hypb. V 25), fol. 202vo] {YB, DDO}
1757 maaie 12: Sies Johannis en Tjittie Tjeerds e.l. tot Stiens erkennen schuldig aan de bijzitter Gerben Johannis Rinkhoudt tot Marrum, de somma van 326 cargld. 4 st. wegens “geleverde distelatie”.
Rojeard 1-6-1771. [LWL V 25, fol. 103vo] {YB DDO}

 

TWADDE GENERAASJE

II.1 Johannes Sydses (Siedses) Boelstra * Stiens 29-1-1754 † dêr 11-3-1811 [] Stienzer tsjerke, boer en hynstehâlder te Stiens, x Stiens 1-7-1787 Tytje Pieters * Stiens 20-11-1765 ~ op belidenis dêr 21-8-1796 † dêr 8-5-1857, dr f. Pieter Rein(d)ers, boer te Stiens, en Tietje Piers; Tytsy is in suster fan Sjouky (II.2).

17-11-1787: Johannes Sydses en Tjeerd Sydses binne neffens testamint fan [har beppe] Janke Pieters fan 9-11-1787 beneamd ta administratoaren en fersykje beneaming kuratoaren om skieding fan ’e boedel fan har mem en fan ’e noch net skeinde boedel fan Pieter Tjeerds. [LWL L 4, kl. #269][cf. GN 1972, 130]

Sjoch foar lânbesit fan ’e Boelstra’s ek: Kees Kuiken – Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012

Bern:
1 Tietje
Johannes Boelstra * Stiens 16-71788 † dêr 15-1-1856, x Stiens 13-5-1812 (achterneef en nicht) Binne Johannes Binnema * Koarnjum 24-4-1788 † Jelsum 21-12-1816, sn f. Johannes Binnes Binnema en Trijntje Doedes de Jong. Binne is in pakesizzer fan Binne Johannes, broer fan Syds Johannes (I)
Tytsy x 2e Ljouwerteradiel 8-1-1818 (neef fan har earste man) Doede Bavius Span * Ljouwert 18-10-1793 ~ dêr 6-11-1793  † 16-12-1854, sn f. Bavius Ruurds Span en Rinske Doedes de Jong
2 Janke Johannes Boelstra * Stiens 31-10-1790 ~ dêr 21-2-1790 † dêr 31-3-1851, x Stiens 10-3-1811 Pieter Pieters Brouwers * Britsum 9-9-1792 † Lj.dl 27-3-1860, sn f. Pieter Pieters Brouwers, boer te Britsum, en Janke Jochums Luxen
3 Sieds Johannes Boelstra, folget III.11
4 Sjoukje Johannes Boelstra, * Stiens 16 juli 1797, † dêr 9 april 1868, tr. Ljouwerteradiel 6-6-1825 Pieter Tjeerds Boelstra (III.3)

Advertinsjes Leeuwarder Courant:

boelstra-tietje-johs-1856

boelstra-tietje-piters-1857

II.2 Tjeerd Siedses Boelstra * Stiens 12-5-1762 ~ dêr 18-7-1762 † dêr 14-2-1848, kastlein en hynstefokker, boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân; hy is de earste fan seis generaasjes Boelstra op dit stee; Tseard keapet mei syn skoansuster Tytsy Piters dizze pleats yn 1824; Tseard en syn neisten hawwe sa’n 150 hektare yn eigendom, doe heel wat.
Sjoch foar lânbesit fan ’e Boelstra’s: Kees Kuiken – Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012.
x Stiens 11-1-1789 Sjoukje Pieters * Stiens 3-2-1769 ~ dêr 21-8-1769 † dêr 27-2-1848, dr f. Pieter Reinders, boer te Stiens, en Tietje Piers; Sjouky is in suster fan Tytsy (II.1).
Bern:
1 Tietje (ek neamd Pietje) Tjeerds Boelstra * Stiens 1789 † dêr 17-12-1866, x Ljouwert 31-5-1812
Jan Baukes Lettinga ~ Froubuorren 25-8-1787 † dêr 13-2-1841, boer te Froubuorren, sn f. Bauke Piers Lettinga, boer te Froubuorren, en Rixtje Jans
2 Janke Tjeerds Boelstra x (achter neef en nicht)
Doede Johannes Binnema, boer te Koarnjum en Britsum (1852)
3 Sieds Tjeerds Boelstra, folget III.2
4 Pieter Tjeerds Boelstra, folget III.3
5 Johannes Tjeerds Boelstra, folget III.4

It oannimmen fan ’e namme Boelstra
Yn 1811 moast elkenien neffens it keizerlik dekreet fan 18 augustus 1811 (nr 7178, Bulletin des lois nr 387) fan keizer Napoleon in achternamme oannimme. Yn Fryslân wie der ien persoan dy’t de namme Boelstra oannaam: Tjeerd Sydses te Stiens. Syn âldere broer, Johannes Sydses (1754-1811) wie earder dat jier ferstoarn; ek dy syn sân bern komme yn ’e Boargerlike Stân foar mei de namme Boelstra. Har heit fierde dy namme al earder: yn 1765 brûkte Syds Johannes Boelstra (1720-1782/83) syn achternamme, mar yn ’e wannel komme hy en syn beide soannen meastentiids inkeld mei it patronym foar.
De namme is grif ûntliend oan ’e Boelesyl/Boelezijl, in slûs yn ’e binnendyk tusken Koarnjum en Jelsum, op it plak dêr’t de Koarnjumer feart of de Koarnjumer mar by dy dyk útkomt. (De namme Boelstra hat sadwaande neat te krijen mei Boelema State te Stiens.)


Yn 1711 keapje Johannes Sydses en Foockel Jans,e.l. tot Stiens, de heit fan Syds Johannes Boelstra, mei syn twadde frou, een huisinge en smitte tot Cornjum aan de binnendijck bij Boelezijl. (LWL Q8, 184)
Oannommen kin wurde dat dit binnendykje yn in griis ferline de wetterkearing west hat, foardat de Stienzer Hegedyk of Breedyk (dêr’t de tsjintwurdige dyk fan Ljouwert nei Stiens rint) oanlein waard. Dy is trouwens al tige âld, mooglik wol 800 à 1000 jier. De Boelesyl bleau neitiid yn wêzen as binnenslûs.
Rienks en Walther neamen de slûs yn har standertwurk Binnendiken en slieperdiken yn Fryslân (2 dielen, Bolswert 1954) ‘Buorsyl’, útsprutsen as Boesyl of Besyl, mei de klam op it twadde wurdlid. Yn 1679 komt de slûs foar as Boersyl (O.c. mei ferwizing nei Provinsjale Bibleteek. Hânskrift 1080). Op ’e kaart fan Wopke Eekhoff (1849-59) stiet Bornzijl, lykas by in soartgelikense slûs by Raard (Raarderhim). De skriuwwize Born suggereart dat it hjir giet om de útwettering fan it rivierke de Boarn, mar Rienks en Walther achtsje dat foar Raard al net oannimlik, wylst dy namme by Koarnjum grif net op dy wize ferklearre wurde kin. Buorsyl by Raard komt yn 1630 foar as Boerlazijll en Boerlzijl, en liket dus deselde namme as de slûs by Koarnjum (Rienks en Walther., o.c., Diel I, 272, en Diel II, 77). De auteurs melde dat de bekende taalkundige Dr Pieter Sipma har meidield hat, dat it earste lid gearhinget mei buorren; Sipma syn útlis wurdt ûnderskreaun troch de nammekundige Dr Karel Ferdinand Gildemacher. Beide slûzen lizze bûten it doarp; oannommen mei wurde dat de slûs troch de bewenners fan ’e buorren, de ynwenners fan it doarp, ûnderhâlden wurde moast.
De -l- soe tafoege wêze om de kombinaasje -rz/rs makliker útsprekke te kinnen (meidieling fan Dr K.F. Gildemacher oan mr J.T. Anema 11-1-2012; sjoch it lemma boerzijl yn Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (De Gordyk/Ljouwert 2016, Diel I, 355).
It docht bliken dat der ûnderskate spuislûzen west hawwe, ornearre foar ôfwettering fan it lân nei de Middelsee, dy’t de namme Boerlezijl drage. Besuden fan it slúske ûnder Koarnjum stean trije húskes, fanâlds bewenne troch ambachtslju (kadastrale gemeente Jelsum, seksje B, nûmers 530, 531 en 531a en 532). It lêste, meast súdlike perseel (grut 6 are, 20 sintiare), wie yn 1832 eigendom fan ’e grofsmid Simme Johannes Binnema (1782-1860), pakesizzer fan Benne Johannes, smid te Koarnjum, en oerpakesizzer fan ’e keaper fan dy smidte yn 1711. Opmerklik dat de famyljeleden dy’t te Stiens en erges oars wenje, de namme Boelstra brûke, wylst de tûke dy’t yn ’t âlde smidshûs bleau te wenjen, de namme Binnema fiert, fan ’e foarnamme Binne of Benne.

Akte fan namme-oannimming, 28-12-1811: Tseard Sydses lit de namme Boelstra eins registreare: syn laach brûkte dy fan al lang:

It hynste-dekjild wûrdt ôfrekkene ûnder it hynstebier op ’e herberch fan Liuwe Vonk, hy hiert dy fan Tseard Sydses Boelstra (II.2).
Advertinsjes Leeuwarder Courant:

boelstra-tjeerd-zydzes-hynst-1819

BOELSTRA Hengstebier T.S. 1819

Tseard ferkeapet gersgewaaks by it Set oan ’e feart de Wurge:

BOELSTRA GERS T.S. 1834

Rouadvertinsjes:

BOELSTRA ADV TJEERD SIEDSES 1848

BOELSTRA ADV SJOUKJE PIETERS

 

TREDDE GENERAASJE

III.1 Syds (Sieds) Johannes Boelstra, * Stiens 11-5-1791 † dêr 12-7-1836, boer te Stiens; administrearend earmfâd fan it Earmhûs te Stiens; 1e luitenant by it Kader der Officieren bij den Landstorm in Vriesland, 1e Register; x It Bilt 22-9-1822 Grietje Johannes Andringa * Froubuorren 17-11-1797 † Stiens 29-8-1839; boelguod op 14-10-1839 oan it stjerhûs oan ’e Buorren te Stiens (sjoch de advertinsje hjirûnder); dr fan Johannes Nammens Andringa, boer te Froubuorren, en Sjoerdje Sybes.
(Sjoch: Andringa Werkgroep, Andringa, Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, 1983.)
Bern:
1 Johannes Siedses Boelstra, folget IV.1
2 Sybe Siedses Boelstra * Stiens 26-9-1824
3 Sybe Siedses Boelstra, folget IV.2
4 Sjoerdje Siedses Boelstra * Stiens 23-2-1826, x Ljouwerteradiel 8-5-1844 Joute Dirks van der Werff  * Koarnjum, sn f. Dirk Joutes van der Werf, boer te Koarnjum, en Baukje Brands de Jong.
Dizze Durk Joutes syn berteleppel (ynskripsje: Durk Joutes van der Werf is gebooren den 10 October 1792) is bewarre bleaun. Partikuliere kolleksje.
5 Pieter Siedses Boelstra * Stiens 24-2-1828

Advertinsjes Leeuwarder Courant:

BOELSTRA EARMFÂD S.J. 1835

BOELSTRA BOELGUOD S.J 1839

III.2 Sieds Tjeerds Boelstra, * Stiens 22-9-1797 † dêr 2-8-1885, boer te Jelsum op Haersma State en op Truerd (Truerderdyk 19) op it Stienzer Aldlân; tsjerkfâd te Jelsum oant septimber 1854; x Ljouwerteradiel 26-6-1823
Maaike Baukes Lettinga ~ Froubuorren 3-10-1793 † 5-1-1867, dr f. Bauke Piers Lettinga, boer te Froubuorren, en Rixtje Jans.
Bern:
1 Tjeerd Siedses Boelstra
2 Rixtje Siedses Boelstra
3 Bauke Siedses Boelstra, folget IV.3
4 Rixtje Siedses Boelstra * Jelsum 30-12-1834 † Stiens 3-2-1907; boer op ’e Swaarderterp ûnder Stiens; x Ljouwerteradiel 25-6-1857
Lourens Jans Olivier * Jelsum 8-12-1831 † Stiens (hûsnr. 27) 2-8-1895, boer  op ’e Swaarderterp ûnder Stiens; 1864 lid gemeenteried fan Ljouwerteradiel; 1878-† kommissaris departemintsspaarbank/Nutsspaarbank Stiens, 1879-1889 fise-foarsitter 1e ôfdieling (kanton Ljouwert) Friesche Maatschappij van Landbouw en Veeteelt, 29-9-1888 mei-oprjochter en bestjoerslid Coöperatieve Zuivelfabriek Stiens, sn f. Jan Lourens Olivier, boer te Jelsum, en Grietje Jetses Bottinga.
(Sjoch: Jhr. M.J. van Lennep, Olivier, Genealogysk Jierboekje, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 1967)
5 Sjouke Siedses Boelstra † jong
6 Jan Siedses Boelstra † jong.

Fan Siids Tseards Boelstra (III.2) is de geboarteleppel bewarre. Partikuliere kolleksje.
Ynskripsje: 
Sieds Tjeerds Boelstra geb. 22 Sept. 1797. Sjoch: Erfgoed FundaasjeGoud en sulver erfgoed – Kolleksje Boelstra-van der Werf(f)

boelstra-pleats-truerd

De pleats oan ’e Truerderdyk dêr’t Sieds Tseards en Maaike Baukes buorkje. De pleats is boud yn 1859, it weinhûs yn 1874. Boppe de doarren fan it weinhûs sit in stientsje mei it jiertal 1859 en de inisjalen STB en MBL: Sieds Tjeerds Boelstra en Maaike Baukes Lettinga.
Fan 1916 oant 1961 buorkje hjir Bauke Siedses Boelstra (V.3.2) en Richt Ruurds Osinga. Foto: Y. de Boer, Stiens. Kolleksje: Dokumintaasjestichting Ljouwerteradiel, 41511

Leeuwarder Courant 1836:

BOELSTRA LAAM Sieds Tjeerds 1835

Advertinsje Leeuwarder Courant 1846:

BOELSTRA HIER 1846

III.3 Pieter Tjeerds Boelstra * Stiens 28-11-1799, boer te Stiens; kommittearde Stienzer Polder; x Ljouwerteradiel 6-6-1825 (neef en nicht)
Sjoukje Johannes Boelstra * Stiens 16-7-1797, dr f. Johannes Siedses Boelstra (II.1), boer, en Tietje Pieters
Bern:
1 Tjeerd Pieters Boelstra
2 Johannes Pieters Boelstra, folget IV.4
3 Sjoukje Pieters Boelstra, x
Klaas Jetses Sinnema

Advertinsje Leeuwarder Courant:

BOELSTRA POLDER 1845

III.4 Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 22-6-1811 † dêr 25-12-1846, boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân
x Ljouwerteradiel 9-6-1836
Ytje Pieters Brouwers * Stiens 13-2-1817 † dêr 4-11-1879, dr f. Pieter Willems Brouwers, boer,
en Grietje Joutes van der Werff. (Sjoch: Erfgoed FundaasjeGenealogy Brouwers en Genealogy Van der Werff)

boelstra-sulver2
Geboarteleppel fan Ytsy Piters Brouwers, sjoch: Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed

Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget IV.5
2 Grietje Johannes Boelstra * Stiens 29-4-1841 † Jelsum 22-8-1908, x Ljouwerteradiel 7-5-1863 (har achterneef, sjoch II.1.1) Rindert Jans Keestra * Jelsum 17-4-1839 † Koarnjum 11-11-1927, bouboer te Jelsum, sn f. Jan Rinderts Keestra, boer, en Tietje Binnes Binnema 
3 Tjeerdje Johannes Boelstra * Stiens 12-12-1843 † 30-1-1915, x Ljouwerteradiel 7-5-1863 Pier Pieters de Boer
4 Tjeerd Johannes Boelstra, folget IV.6 

Yn syn roman Grûn en minsken hellet Reinder Brolsma de Boelstra’s oan:
Fan ’e Hegewei ôf lei wer in oar boerehiem op it gesicht, de súdhoeke yn dêr’t ien fan de oer-grutte en ferneamde Boelstra’s staach op wenne, de Aldlâns-keningen, mar ek wol fersile nei oare kriten ta.
En wa’t no dy kant útdikere seach in poer nijerwetsk reau, in dogkarre mei de stokken omheech, en in feint dy’t op ’e efterhûsstrjitte in rydhynder hoffene en roste. De sinne skynde fel op de âlde giele efterhûsmuorre; it joech suver ljocht werom, men koe hjirre wei de silen hingjen sjen en de hinnen weidzjen op ’e rûchskerne.
Mear nei foaren ta waarden skuorre en foarein wei yn heech âld beamte, mar no koe ommers elk fan tinken wol hawwe dt der yn de tsjernherne no de boer omstapte mei de rydjasse oan, en de boerinne de juwielen spjelden foarstiek, en dan jitris goed de spegel te baat naam, om har gnappe troanje te skôgjen ear’t hja de besite- of merkereis oangyngen nei hiem of herberch ta.
Men koe seis hynders om en by de klaverbak stappen sjen yn it skriele jisterke deun by it hiem, en dus witte, dat de pleats gâns bou hie en de hynders fûl yn it wurk sieten, en mûlk de oare moarns fjouwer oere alwer op ’e púndyk fottelen mei de ierdkarre efter it gat.

FJIRDE GENERAASJE

IV.1 Johannes Siedses Boelstra x Ljouwerteradiel 29-5-1851
Trijntje Dooitzes Damstra, dr f. Do(o)itze Fransen Damstra en Trijntje Wiemers van der Woude.
Bern:
1 Aaltje Johannes Boelstra, x Gjalt Andries van der War
2 Sieds Johannes Boelstra
3 Trijntje Johannes Boelstra * 1854, x Ferwerteradiel 7-6-1877 Hendrik Sjoerds de Walle, s. f. Sjoerd Hendriks de Walle, en Ytske Jans Hogendijk
4 Grietje Johannes Boelstra * 23-1-1856, x It Bilt 13-5-1875 Ype du Houx, sn f. Christiaan Carel Lochnaars du Houx en Fijke Zijlstra
5 Gelbrig Johannes Boelstra * 1857, x Ljouwerteradiel 29-5-1879 Adam Feddes Sonnema, sn f. Fedde Adams Sonnema en Rienskje Gerbens Douma
6 Sjoerdje Johannes Boelstra
7 Sieds Johannes Boelstra, folget V.1
8 Sjoerdje Johannes Boelstra
9 Sjoerdje Johannes Boelstra* 1868, x Ljouwerteradiel 22-4-1886 Frouke Jans Hiemstra, sn f. Jan Thomas Hiemstra, en Catharina Elisabeth Bosch. 

IV.2 Siebe (Sybe) Siedses Boelstra, * Stiens 1825 † Ljouwert 4-3-1916, boer te Berltsum; x Ljouwerteradiel 1-5-1851
Tjitske Rinderts Keestra, dr f. Rindert Jans Keestra, boer, en Truike Jacobs van Broek.
Bern:
1 Geertruida (Truike) Siebes Boelstra * Berltsum 1-2-1852 † Ljouwert 3-8-1931, x It Bilt 20-5-1875 Doede Sipkes Bouma * Froubuorren 24-11-1849 † St.-Jabik 24-6-1935, boer te Froubuorren, sn f. Sipke Pieters Bouma, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren, en Rinske Doedes Span. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Rindertje Bouma
2 jonkje Boelstra * en † Berltsum 2-4-1854
3 Grietje Siebes Boelstra * Berltsum
4 Grietje Siebes Boelstra * Berltsum 31-3-1859 † Ljouwert 30-5-1925, x It Bilt 12-5-1880
Auke Piers Algera * Ljouwert, sn f. Pier Aukes Algera, boer, en Klara Tjisses Koldijk.
5 Sieds Siebes Boelstra, folget V.2

boe-letterlape

Dizze letterlape keapet Sjouk Boelstra (VI.3.1.) út de ynboedel fan Ritske Tjeerds Velstra, feefokker en pikeur op Amarilla ûnder Marsum. It jiertal ûnder de namme G. Boelstra is 1868. Dat is tink Gryt Sybes Boelstra (IV.2.4), dy is njoggen as se dit borduerstik makket. Har dochter Clara Aukes Algera trout mei Rindert Jarigs Palsma, dochter Gryt trout mei Ritske Velstra en sa is dy lape dêr kommen. Hoe is Gryt Boelstra dêr dan wer famylje fan? No, dy is troud mei Auke Piers Algera, en dat binne de pake en beppe fan Auke hjirboppe.
Mei tank oan Pieter Sipke Bouma, Baukje de Jong-Koopal en Anne Sjouk Koopmans.  

Dit erfstik is troch Anne Sjouk Koopmans skonken oan Erfgoed Fundaasje.

IV.3 Bauke Siedses Boelstra * Jelsum 24-8-1829 † Stiens 11-4-1903; boer op Truerd ûnder Stiens, hynstefokker; Bauke Sydses hie in rinbaan by syn pleats oan ’e Truerderdyk 19; tsjerkfâd te Stiens; kommittearde Brandwaarborg Maatschappij van Menaldumadeel en Noorden van Leeuwarden en Leeuwarderadeel; kommittearde wetterskip Groote Oudlandsch Polder ûnder Stiens; x Ljouwerteradiel 11-5-1853
Jetske Jacobs Kalma * Marsum 15-7-1831 † Stiens 28-9-1906, dr f. Jacob Jetzes Kalma, boer te Marsum, letter te Jorwert, en Fetje Sipkes Feikema (Feikens).
(Sjoch: S. Kok-Draijer, Kalma, Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, diel I en II, ISBN 90-9006206-8, Drachten, 1993)
Bern:
1 Sieds Baukes Boelstra * Stiens 10-1-1855 † dêr 20-12-1861
2 Fettje Baukes Boelstra * Stiens 8-2-1859 † dêr 29-9-1926, x Ljouwerteradiel 6-5-1882
Jetze Ælzes Sinnema * Hallum 18-5-1857 † Stiens 18-5-1932, boer te Stiens, sn f. Ælze Jitses Sinnema, boer te Hallum, en Aafke Hiddes Hoekstra.
3 Sieds Baukes Boelstra, folget V.3
4 Jacob Baukes Boelstra, folget V.4

boelstra17
Bauke Sydses Boelstra (IV.3) en Jetske Jabiks Kalma

Rouavertinsje Leeuwarder Courant, 9-10-1906:

boe-jj-kalma

IV.4 Johannes Pieters Boelstra * Stiens 8-8-1831 † dêr 30-4-1894 [] dêr, boer te Stiens; eigener herberch De Smalle Brug dêr; wennet te Ljouwert 1857-1873; mei-oprjochter en bestjoerslid sûnt de oprjochting yn 1888 fan ’e Coöperatieve Zuivelfabriek Stiens; x Ljouwerteradiel 18-5-1854 Neeltje Ruurds van der Werf * Stiens 31-8-1830 † dêr 29-7-1903 [] dêr, Neeltsy borduert yn 1899 yn boekfoarm in koarte genealogy fan ’e famylje Van der Werf en de Boelstra’s mei oantrouden; dr f. Ruurd Joutes van der Werf, boer op it Tichelwurk ûnder Stiens, en Rixtje Meiles Miedema.

Jehannes Pieters Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Weard, Ljouwert.

Neeltsje Ruerds van der Werf. Foto: C.B. Broersma, Willemskade Noard Side F 12, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget V.5
2 Ruurd Johannes Boelstra, folget V.6
3 Joute Johannes Boelstra, folget V.7
4 Tjeerd Johannes Boelstra * Ljouwert 2-1-1866 † Reade See, oan board fan S.S. ‘Tabanan’ fan ’e Rotterdamsche Lloyd [] seemangrêf Reade See, stúdzje medisinen Ryks Universiteit Grins, nei sechstjin jier sûnder bull ophâlden, skipsarts


As bestjoerslid fan ’e studinte-iisklub ‘Doe wel en zie niet om’ set Tseard Boelstra op 8 febrewaris 1887 in reedriderswedstriid mei op tou. Op ’e foto is er wierskynlik de studint mei bolhoed sûnder snor. De oare mannen mei bolhoed sille syn konfrater-bestjoersleden wêze: Abraham Hesselink (mei snor) en Henricus Albertus Molema.
Yn it earste rydtúch sitte fierders de winner Wiebe de Vries (mei swarte mûtse en blommen yn ’e hân) en Jelte Binnes van der Meer (mei pet en sigaar). Yn it twadde rydtúch mooglik de starter en pommeranten fan ’e universiteit of fan ’e ‘IJsvereeninging Groningen’, op waans baan de wedstriid plak hie.
Foto: Johannes Gerardus Kramer (1845-1903), Grins. Blykber de fêste fotograaf fan ‘Vindicat’, want op ’e achterkant fan dizze en oare foto’s is fan syn hân it ynsynje fan ‘Vindicat’ te sjen. Boarne: Rinse van den Berg

Achterkant mei de hantekening fan Tseard Boelstra en syn mei-bestjoerders

Ynformaasje by dizze foto fan Rinse van den Berg:
De foto is makke nei ôfrin fan in koartebaanwedstriidreedriden organiseard troch de studinte-iisklub ‘Doe wel en zie niet om’, ûnderdiel fan ‘Vindicat atque Polit’, Grinzer Universiteit.
Dit wie in twakamp reedriden, yn dy tiid en nòch in net wenstige wedstriid, der binne altyd mear meidoggers. De reden dêrfoar wie, dat de Grinzer studinten de Fryske koartebaanrider Wiebe de Vries út Mûnein útnoege hienen om it tsjin de favoryt út har eigen fermidden Abraham Hesselink op te nimmen.
Hesselink hie goede risseltaten by oare reedriderswedstriden helle en de studinten sille tocht ha dat er in goede kâns makke om te winnen, oars hienen se soks net op poaten set. Se hienen nochal útpakt, sa wienen twa skûtlandauwers mei koetsier en in fotograaf ynhierd. Boppedat hienen se in swarte marmeren pendule mei losse sydstikken kocht en lieten se foar de winner Wiebe de Vries in sulveren medalje mei de tekst ‘IJsvereeniging te Groningen 18/2/1887 aan Wiebe de Vries’ meitsje.
It foel mei de fijannige gefoelens sa’t skynt wol wat ta. Nei de twakamp gong Wiebe mei syn sekondant Jelte Binnes van der Meer en de studinten noch trije dagen yn Grins oan ’e swier. Jelte wie al 21 jier troud, mar de frijfeint Wiebe moat doe tsjin him sein hawwe: ‘Wy moatte nei hûs, dit komt sa net goed!’
Foar safier bekend is dizze foto de earste dy’t bûten nommen is dy’t wat mei wedstriidreedriden te krijen hat. Fan in jier binne wol studio’s foto’s út Hamburch bekend, mar gjin bûtenfoto’s.
5 Johannes Johannes Boelstra * 1867
6 Johannes Johannes Boelstra * 27-10-1868, folget V.8
7 Sjoukje Johannes Boelstra * Ljouwert 6-5-1871 † 27-4-1946 [] Heemstede; x Ljouwerteradiel 10-5-1890
Mattheus Bernard Hoogeveen * Gythoarn 28-9-1863 † Haarlem 5-5-1941 [] Heemstede; haad Iepenbiere Skoalle Stiens 1888-1894, idem Hagenpoortskoalle Dimter 1894-1900, learaar Normaalskoalle Ynskede 1900-1903, idem Utert 1904-1910, direkteur. Rykskweekskoalle Leien 1910-1924; betinker fan it lêsplankje Aap Noot Mies.
Soan Douwe x (neef en nicht) Neeltje Johannes Boelstra (V.8.3)

Sjoukje Jehannes Boelstra. Foto: L.M. de Rijk, Oudegracht 96 W.Z., Utrecht.
Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Mattheus Bernard Hoogeveen. Foto: S. Goudsmit, Langestraat, Enschedé en Drienerstraat, Hengelo (O)


Sjoukje Boelstra en Mattheus Hoogeveen. Foto’s: Alphons Muns, Amsterdam-Zaandam

 

Sjoukje Boelstra. Foto: S. Goudsmit, Langestraat, Enschedé en Drienerstraat, Hengelo 


Mattheus Hoogeveen. Foto: G. Jochmann, Utrecht

boe-lesplankje

Lêsplankje fan Mattheus Hoogeveen (IV.4.7) út it erfskip fan Jan Siedses Boelstra (VI.3).
Dit is ien fan ’e earste ferzys fan it populêre learmiddel. Wêr is dat oan te sjen? No, Bok sjocht Kees hjir noch yn ’e kont. Op fabrikaazjes fan letter stean se inoar lyk foar de kop oan te sjen. 

IV.5 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 13-4-1839 † dêr 10-4-1904, boer te Stiens; kommittearde Steenhuister (ek Steenhuisder) Polder; bestjoerslid Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Bartlehiem sûnt de oprjochting yn 1893; x Ljouwerteradiel 5-6-1862 Janke Pieters Brouwers * Stiens 21-3-1842 dêr 25-10-1891, dr f. Pieter Pieters Brouwers, boer, en Sjoukje Doedes Binnema.
Bern:
1 Johannes Pieters Boelstra, folget V.9
2 Pieter Pieters Boelstra, folget V.10
3 Tjeerd Pieters Boelstra, folget V.11
4 Doede Pieters Boelstra, folget V.12
5 Sjoukje Pieters Boelstra * Stiens 5-2-1870 † Wânswert 23-8-1923, x Westdongeradiel 16-5-1895
Hessel Annes de Groot * Holwert 20-3-1865 † 6-7-1933, sn f. Anne Tietes de Groot, boer te Holwert, en Janke Hessels Jensma

Sjoukje Boelstra en Hessel de Groot. Foto’s: De Jong, Ljouwert, en J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
6 Ytje Pieters Boelstra * Stiens 27-1-1873 † Burdaard 30-5-1906, x Ljouwerteradiel 8-5-1897
Jan Doekes Oostra * Wurdum 2-4-1868 † Ljouwert 1-2-1949, boer te Stiens en Burdaard, sn f. Doeke Jolts Oostra, boer op de Him ûnder Wurdum (1862-’77), dêrnei yn it Weidumer Nijlân, en Durkje Jans de Boer; Jan Doekes x 2e Ljouwert 16-5-1911 Froukje Tromp * Wâldsein 15-10-1870 † Oosterbeek 24-3-1955, dr f. Leeuwke Ages Tromp en Tjaltje Klazes Breeuwsma
(Sjoch: Jolt R. Oostra – Familieboek Oostra-Stienstra -Voorouders en nageslacht van Jochum Wijbrens, eigen behear, Drachten, 1976)
7 Libbenleas soantsje Stiens 15-1-1880
8 Grietje Pieters Boelstra
* Stiens 31-3-1881, x Ferwerteradiel 9-5-1906 Dirk Willems de Vries * Aldtsjerk 25-10-1882, sn f. Willem Gaatzes de Vries en Atje Jitzes van der Heide.
Fan Gryt is in letterlape bewarre, dateard 1893. Sjoch rjochts hjirûnder. Borduerguod, kleedsjes, kastfersieringen, klean. Ut partikuliere kolleksje skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Piter Jehannes Boelstra (IV.5) en Janke Piters Brouwers. Kolleksjes Boelstra-Noordenbos en  T.H. Lettinga-Brouwers

boe-gesin-jp-en-awn3
Bern en oantrouden fan Piter Jehannes Boelstra (IV.5) en Janke Piters Brouwers:
Achter f.l.n.rj.: Jehannes Piters Boelstra, Hessel de Groot, Tseard Piters Boelstra, Doede Pieters Boelstra.
Foar f.l.n.rj.: Sjoukje Tjipkes Noordenbos, Sjoukje Piters Boelstra, Antsje Willems Noordenbos, Noentsje Baukes Letttinga, Rinske Piters Bouma


Gryt Boelstra en Durk de Vries. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Gryt Boelstra en Durk de Vries. Foto: De Jong, Ljouwert, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

 


Durk de Vries. Foto: Strüppert & Van Duyl, Ljouwert, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
boe-bartlehiem
Bestjoersgearkomste fan it Stoomsuvelfabryk te Bartlehiem yn 1899; 3e fan links: Willem Ulbes Noordenbos, skoanheit fan Jehannes Piters Boelstra (V.9); 4e fan links: Piter Jehannes Boelstra (IV.5)
Kurieus detailke: de kalken pipen fan dizze mannen binne – wonder boppe wonder – piip foar piip yn fergadering byinoar ongeskonden bewarre bleaun (Kolleksje Jouke Entsjes van der Ende)

V.6 Tjeerd Johannes Boelstra * Stiens 6-12-1846 † dêr 27-7-1900, boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân, x Ljouwerteradiel 20-5-1869 Trijntje Minnes Andringa * Menaam 29-1-1849 † Stiens 30-6-1912, dr f. Minne Aans Andringa, boer te Menaam, en Christine Jacobs Twijnstra.
Bern:
Johannes Tjeerds Boelstra, folget V.13
Minne Tjeerds Boelstra, folget V.14

sulver-4-1
Geboarteleppel fan Nynke Andringa. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed

boelstra-tjeerd-x-n-andringa

Tseard Jehannes Boelstra en Nynke Minnes Andringa

FYFDE GENERAASJE

V.1 Sieds Johannes Boelstra, * Stiens 11-1-1852, boer te Stiens, x Ljouwerteradiel 22-5-1880
Baukje Sybrens Andringa * Koarnjum 21-9-1849, dr f. Sybrens Aans Andringa, boer te Koarnjum, en Baukje Pieters Terpstra.
Bern:
1 Johannes Siedses Boelstra * Stiens 1-8-1880 (VI.1)
2 Frouke Siedses Boelstra * Hantum 7-3-1891
3 Frouke Siedses Boelstra * Hantum 1892, x Westdongeradiel 20-4-1918
Hiltje Gosses Heeringa, dr f. Gosse Rienks Heeringa en Klaaske Johannes Glas.

V.2 Sieds Siebes Boelstra * 1863 † Stiens 2-3-1948 [] Stiens, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren en op ’e Swaarderterp op it Stienzer Aldlân, x
Sjoukje Jans Postma * Stienzer Aldlân 28-12-1869 † 27-8-1961 [] Stiens, dr f. Jan Gerrits Postma, boer op it Stienzer Aldlân, en Tietje Pieters Brouwers.
boelstra-sieds

Dit is neffens de fotokolleksje fan Rindertje Bouma te Ljouwert in Sieds Boelstra. Is dit Sieds Siebes (V.2), of Sieds Jehannes * 1852 (V.1)? Of Sieds Baukes * 1863 (V.3)? Of noch in oare Sieds? Wa wit it? 

Bern:
1 Siebe Siedses Boelstra, folget VI.2
2 Jan Siedses Boelstra, folget VI.3

boelstra-t-j-fam

Sieds Siebes Boelstra, Jan, Sjouky Jans Postma en Siebe. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland

boelstra-sieds-siebes-en-sjoukje-postma

Sieds Siebes Boelstra en Sjouk Jans Postma, op ’e trouwerij fan Jetske Boelstra en Jentsje Hoogland yn 1942; foto nommen foar har hûs oan ’e Langebuorren te Stiens (letter wenje hjir Doede Bouma en Sytske Bearts Jensma; meidieling fan P.S. Bouma) 

As Sjouk Postma 76 jier is, krijt se in lokwinsk fan in muoikesizzer, op rym. Wa’t dy muoikesizzer is, hawwe wy noch net achterhelle. Erfgoed Fundaasje besiket dat út te sykjen. Kurieus is dat de pleatsen dêr’t Sjouk wenne hat by de lokwinsk tekene binne, en frij sekuer: Aldlân, Britsum, Súdhoek en it boargerhûs oan ’e Breedyk te Stiens. (Kolleksje Erfskip Jan Sibes Boelstra; skonken oan Erfgoed Fundaasje.)

28 December 1945

For Moeike op har jierdei dizkear hwat op pepier,
Want ik ken sels net komme lyk as ik wend hast wie.
Dus earst dan sà in lokwinsk! Ik ljeau as t sà trochgiet,
Sà warber en sa monter, dat moeike wol 100 wurdt!
Nou gekheit is mar geheit. Mar graech winskje ik Jjim ta:
,,Togearre noch hwat jierren, sa soun as jim ’t nou ha!’’

Al foelen der ek skaden oer ’t libbenspaed yn ’t roun,
Dochs hawwe Jim togearre in moaije libbensjoun!
Der kamen èn der giene, it Libben ken gjin halt
It wurk moat fuortgong hawwe, as t licht òf swier jin falt,
Mar dy t mei moed syn taek grypt; èk yn in tiid fen smert,
Dy fynt ek rounom segen; in frede for syn hert.

As Jimme ris tobeksjugg’ dy fiif en fyftich jier
Dy’t giene sûnt de Maeije, do t jimme kwyk en blier
Togearre it dan weagen de houliksboat mar yn
Dan sil Jim grif wol sizze: Ja, lang al is dat lyn
En dochs de tiid foel koart ús; mei wurk, mei ljocht en skaed,
Fleagen de jierren hinne, fen ’t lange houlikspaed.

Nou seis en santich jier lyn, op koarte winterdei
Stie op ’t Aldlân de widze, mei de poppe lyts en nij.
Inkele jierren letter gie ’t mei Mem nei Britsum ta,
En as jongfaem fen 20, woe in Súdhoek-boer se dêr ha!
Dêr bloeide ’t folle libben. Oant Jim de laeije oerdroegen
Oan soan en dochter dêrre, en sels nei rêst jim joegen.

Nou Moeike is dan it jounskoft kaem
Mar, hwat Jou warbre hannen diger diene
Elk dy t Jou nei stiet sil dat nea forjitte; yn har siel
Bliuwt al Jins soarch, yn oantins fêst foriene!

Wêz den Jou jountiid, lyk by ’t simmer
It sinneljocht ta rêst him set,
Yn mylde glâns en gloed! En wit dat jimmer
Jou in plakje hawwe yn ús hert!

8

9

Under de tekeningen stiet yn in oar hanskrift:

as’t net kin sa’t moàt,
dan moat it mar
sa’t ken!
S. [foar wa stiet dy S.?]

V.3 Sieds Baukes Boelstra * Stiens 10-7-1863 † Ljouwert 27-10-1930 [] Stiens, boer te Froubuorren en Stiens, x It Bilt 8-5-1886
Bregtje Meinderts Porte * Froubuorren12-10-1864 † Ljouwert 20-7-1929 [] Stiens, dr f. Meindert Jans Porte, boer te Froubuorren, en Aaltje Dirks Bruinsma.
Bern:
1 Aaltje Siedses Boelstra * Froubuorren 17-2-1887 † It Hearrenfean 12-8-1976, x Ljouwerteradiel 18-12-1909
Jacob Zijp * Beemster 4-4-1876 † Bloemendaal 9-10-1955, sekretaris Wetterskip Beemster, korrespondint Nederlandsche Bank, sn f. Klaas Zijp en Antje Schuitemaker.
2 Bauke Siedses Boelstra * Stiens 21-4-1891 † Tytsjerk 21-2-1969, boer op Truerd (Truerderdyk 19) op it Stienzer Aldlân 1916-1961, x Ljouwerteradiel 10-5-1916
Richtje Ruurds Osinga * Tytsjerk 18-10-1891 † dêr 9-1-1966, dr fan Ruurd Doekeles Osinga, greidboer, en Geertje Arjens Rienks.

graf5

10

V.4 Jacob Baukes Boelstra * Stiens 25-12-1866 † Seist 13-5-1928, keapman, x Ljouwerteradiel 16-5-1889
Hendrikje Eeltjes Borger * Froubuorren 14-6-1862 † Ljouwert 22-10-1921, dr f. Eeltje Borger en Trijntje Dijkstra.
Bern:
1 Bauke Jacobs Boelstra, folget VI.4
2 Eeltje Jacobs Boelstra * Hallum 23-11-1892 † Kúnre 13-12-1898
3 Jetske Jacobs Boelstra * Hallum 31-5-1896 † Voorburg 24-6-1967, x Arnhem 22-5-1919
Emmericus Carel Willem Adriaan Geuze * Nijmegen 13-5-1894 † Voorburg 23-5-1988, kolonel sjeny, sn f. Abraham Geuze, learaar wiskunde, en Colina Levina Koole.

Boelstra14
Jabik Baukes Boelstra (V.4) en Hinke Borger

boelstra15
Jetske Boelstra (V.4.3) en Emmericus Geuze

V.5 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 28-8-1855 † Ljouwert 5-7-1883, boer te Ljouwert, x Ljouwerteradiel 11-5-1878 Sytske Tjeerds Lettinga * Stiens 8-3-1858, x 11-5-1878, dr f. Tjeerd Jans Lettinga, boer te Stiens, en Saapke Pieters Brouwers.


Piter Jehannes Boelstra en Sytske Tseards Lettinga. Foto’s: D. Deinema, Stiens. Deselde foto fan Piter ek: J.H. Slaterus, Ljouwert. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Bern:
1 Neeltje Pieters Boelstra * 1880 † 1880
2 Neeltje Pieters Boelstra * 1882 † 1894 oan ’e Spaanse Gryp

Neeltsy Boelstra steand achterhûs te Stiens; links: G. Terpstra (letter troud mei Attema) en Sj. Slager (letter troud mei J. van Kampen). Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema


Borduerwurk fan Neeltsy Boelstra, ynliste troch har muoikesizzer Sytske Neeltje Heidema-Boelstra (VI.5.2)
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

3 Johannes Pieters Boelstra, folget VI.5 

V.6 Ruurd Johannes Boelstra * Ljouwert 16-11-1858 † dêr 1-1-1931 [] Jelsum, boer ûnder Ljouwert, sûnder berop dêr oan ’e Stienzerwei 59 (letter 17); bestjoerslid wetterskip Het Leeuwarder Oud- en Nieuwland; x syn nicht
Maaike Lourens Olivier * Jelsum 27-12-1860 † Ljouwert 28-12-1944 [] Jelsum, dr f. Lourens Jans Olivier, boer te Jelsum, en Rixtje Siedses Boelstra (III.2.4)


Ruerd Jehannes Boelstra en Maaike Lourens Olivier. Foto’s: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.4, Ljouwert.

Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Bern:
1 Lourens Ruurds Boelstra, folget VI.6
2 Rigtje (ek Richtje) Ruurds Boelstra * Jelsum 30-10-1887 † 1979 x Ljouwert 6-4-1911 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne, x Ljouwert 6-4-1911

Arjen Nannes Wassenaar (broer fan Jan V.8.2) * St.-Jabik 3-8-1888 † 1968 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; feefokker te Stiens, sn f. Nanne Arjens Wassenaar, feefokker te St.-Jabik, en Antje Atzes Hoekstra.

Richtsje Ruerds Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert
Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

  


Richtsje Ruerds Boelstra en Arjen Nannes Wassenaar. Foto’s: M. Büttinghausen, Spui 15, Amsterdam.

Jehannes Piters Boelstra, Arjen Nannes Wassenaar, Fokke Nannes Wassenaar, en
Anne Boelstra-van der Werf, Richt Wassenaar-Boelstra, Maartsy Wassenaar-Bonnema.
Foto: Snel-Photographie; Oranje Galery 59, Skeveningen

V.7 Joute Johannes Boelstra * Ljouwert 29-5-1862, boer te Stiens; bestjoerslid Stoomzuivelfabriek Stiens, x Ljouwerteradiel 9-5-1885
Rigtje Tammes Keestra * Huzum 1859, dr f. Tamme Rinderts Keestra, boer, en Tjeertje Douwes van der Slot.
Bern:
1 Johannes Joutes Boelstra (VI.7) * Stiens 25-5-1886 † Rotterdam 11-1-1951 [] Stiens, 1913 1e luitenant, 1914-1919 detasjeard yn Sweden as technys-kommersjeel amtner, 1928 reserve-kapitein by de Vrijwillige Landstorm Motordienst, funksje technise hannel,  wenne te Den Haach, letter Aerdenhout, 1942 haadkommissaris fan plysje te Rotterdam, 1943 dêr plysjepresidint, yn 1941 lid fan ’e N.S.B., lid Germaanse SS, foarkaam nazifisearing fan it Rotterdamse plysjekorps.
Sjoch: Wikipedia – Johannes Boelstra.
x Ljouwert  -4-1913

Alb. van Duijsen
2 Tamme Joutes Boelstra (VI.8) * Stiens 6-11-1887, boer en feefokker op Horne Zathe en op Swaarderterp (Harnsterdyk 9) ûnder Stiens; foar de helt eigner fan Horne Zathe, dat part ferkeapet er yn 1924 oan syn omke Jehannes Boelstra (V.8); pikeur, û.o. foar syn omke Jehannes (V.8); x It Bilt 19-5-1914 
Dirkje Pieters Hoogland * St.-Jabik 15-10-1890, dr f. Pieter Piers Hoogland, boer te St.-Jabik, en Trijntje Hayes Nauta. 

boel-johannes-en-tamme

Jehannes (V.7.1) en Tamme Boelstra (V.7.2). Foto: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong

boel-tamme-2
Tamme Joutes Boelstra (V.7.2) Foto: Atelier De Jong, Nijstêd 53, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong


Tamme Boelstra. Foto: De Jong, Nijstêd 53, Ljouwert, Lytssân, Snits.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

V.8 Johannes Johannes Boelstra * Ljouwert 27-10-1868 † Ljouwert 30-10-1947 [] Stiens, neamd nei syn heit, wurdt ‘de jonge Jehannes’ neamd; fee- en hynstefokker op Sate De Botermijn (Harnsterdyk 8) te Stiens, sûnt 1945 te Ljouwert; eigner fan ’e pleatsen Swaarderterp en Horne Zathe (Harnsterdyk 7); gemeenteriedslid fan Ljouwerteradiel foar de Vrijheidsbond 1897-1905; mei-oprjochter, bestjoerslid en foarsitter fan N.V. Friesche Sportclub (eksploitant fan ’e Wilhelminabaan te Ljouwert); stiet as biljerter bekend as ‘de leeuw van Leeuwarden’; x Ljouwerteradiel 10-12-1885 (neef en nicht)
Grietje Lourens Olivier * Jelsum 29-9-1866 † Stiens 24-7-1932 [] Stiens, dr f. Lourens Jans Olivier, boer te Jelsum, en Rixtje Siedses Boelstra (III.2.3)

Jehannes Jehannes Boelstra, ‘de jonge Jehannes’. Foto: De Jong, Nijstêd, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Bern: sjoch hjirûnder.

Jehannes wint op Duindigt gâns prizen mei syn hurddravers Kundry, Paul’s Pride en Adi K. Ek Kaptein leit him gjin wynaaien, al giet it mei it eedle dier op en del. Eksimpels út de Ljouwerter Krante: 

boelstra-jj-hynder

boelstra-johs-j-hynder2

boelstra-jj-hynder3

Jehannes is neist hynsteman ek feefokker. Ljouwerter krante 18-10-1909:

boelstra-fokken-jj

In baas biljerter is Jehannes allyksa, hy komt ûnder oaren út foar biljertwedstriden fan Het Noorden-Amsterdam.
Ljouwerter Krante 20-12-1909:

boelstra-joh-j-biljart
Bern fan Jehannes Boelstra en Gryt Olivier:
1 Pieter Johannes Boelstra* Ljouwert 24-12-1885 † dêr 29-12-1885
2 Rigtje (ek Richtje) Johannes Boelstra * Stiens op Sate De Botermijn 7-9-1893 † Ljouwert 26-4-1969 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; oplieding Middelbare Meisjes School Ljouwert, kostskoalle Lausanne, ‘Fininshing school’ Ingelân; is allyksa tekenares, krijt les op ’e keunstakademy Minerva te Grins fan ’e Grinzer bisteskilder Otto Eerelman, tekenet en filmet foar it F.R.S. (û.o. de wittenskiplike brosjuere Friesch vee: topografie en geraamte); feefokker op Vijverzathe te Jelsum; reizget dêrfoar û.o. nei Frankryk, Feriene Steaten, Súd Afrika en Argentinië; krijt besite yn dat ramt fan it keninklik hûs en de Sjah fan Perzië; drager fan ’e Hamayoun-oarder 3e klasse fan Iran; ridder Orde van Oranje-Nassau; rjochtet yn 1952 mei har suster Neeltsy – ‘de dames Wassenaar’ – de Boelstra-Olivier Stichting op, sponsor foar keunst en kultuer (de opkeamer fan De Botermijn docht tsjinst as regintekeamer).
Sjoch:
boelstraolivierstichting
-Kees Kuiken – Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012
-Wikipedia: Rigtje Wassenaar-Boelstra.
-Dokumintêre oer Richtsje Wassenaar-Boelstra, Omrop Fryslân
Friesland I, 1959 – film fan Rigtje Wassenaar-Boelstra, mei û.o. besite fan ’e Sjah fan Perzië oan Vijverzathe
Vorstelijk bezoek aan Friesland, 1959 – film fan Kleare Kimen yn opdracht fan it Friesch Paarden-Stamboek, mei û.o. besite fan ’e Sjah fan Perzië oan Vijverzathe.
Richt x Ljouwerteradiel 26-4-1916
Jan Nannes Wassenaar (broer fan Arjen V.6.2) * Ljouwert 2-4-1890 † Amsterdam 25-11-1958 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; feefokker op Vijverzathe te Jelsum, foarsitter Coöperatieve Zuivelfabriek Jelsum; foarsitter fan ’e Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken in Friesland (1941-’45, 1947-’51, 1954-’55); foarsitter fan it Friesch Rundvee Stamboek (1944-’58); lid fan fertsjinste fan ’e Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken; officier yn ’e Orde van Oranje-Nassau, officier Merite Agricola; 1960 plakette ta syn neitins yn it ardere F.R.S.-Hûs te Ljouwert; sn f. Nanne Arjens Wassenaar, feefokker te St.-Jabik, en Antje Atzes Hoekstra.
3 Neeltje Johannes Boelstra * Stiens 24-5-1902 Seist 20-10-1983 [] Heemstede, oplieding Middelbare Meisjesschool Ljouwert, kostskoallen yn bûtenlân; x Ljouwerteradiel 16-7-1931 (neef en nicht)
Douwe Mattheus  Hoogeveen * 4-31891 1976 † Haarlem 17-10-1976 [] Heemstede, literêr dr Leiden 1925; learaar âlde talen en keunstskilder te Haarlem, sn f. Mattheus Bernard Hoogeveen, skoallehaad te Stiens, idem Deventer, learaar Enschede, idem Utrecht, idem Rykskweekskoalle Leiden; betinker fan it lêsplankje Aap-Noot-Mies, en Sjoukje Johannes Boelstra (IV.4.7).


Richtsje en Neeltsje Boelstra. Foto’s: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

boelstra-rigtje-en-jan-wassenaar

Richt Jehannes Boelstra en Jan Nannes Wassenaar. Foto: Strüppert, Ljouwert; Kolleksje: T.H. Lettinga-Brouwers

Douwe Hoogeveen. Foto: Alphons Muns. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

boelstra-telkening-ko

Tekeningen út de brosjuere Friesch vee: topografie en geraamte: fan wittenskiplike presisy:

boelstra-tek3

boelstra-tek4

 

boelstra-tek2

Ljouwerter Krante, maaie 1969:

 boelstra-sinnema

boelstra-sinnema2

V.9 Johannes Pieters Boelstra * Stiens 14-11-1863 † Lekkum 15-3-1931, boer te Stiens en Lekkum; bestjoerslid sûnt de oprjochting yn 1889 fan ’e Stoomzuivelfabriek Stiens; x Ljouwerteradiel 1-5-1886
Antje Willems Noordenbos * Hallum 12-5-1865 † Ljouwert 28-7-1940, dr f. Willem Ulbes Noordenbos, boer te Hallum, en Fetje Jetzes Kalma.

Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget VI.9


Piter en Fetsje Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
2 Fetje Johannes Boelstra * Stiens 18-4-1888 † Berltsum (Berlingahiem) 5-3-1987, x Ljouwerteradiel 9-5-1909
Doeke Roelofs Oostra * Weidum 31-7-1887 † It Hearrenfean 15-8-1960, boer te Driezum, sûnt 1930 kafeehâlder te Gersleat, en fersekeringsynspekteur te Tsjalbert, sn f. Roelof Jolts Oostra, boer te Weidum, en Berber Minnes Dijkstra
(Sjoch: Jolt R. Oostra – Familieboek Oostra-Stienstra -Voorouders en nageslacht van Jochum Wijbrens, eigen behear, Drachten, 1976)
3 Janke Johannes Boelstra * Stiens 29-3-1890 † dêr 9-7-1891
4 Janke Johannes Boelstra * Stiens 15-8-1894 † Ljouwert/Stiens 16-3-1981 [] Wyns; x 1e Ljouwerteradiel 27-4-1918, houlik ûntbûn Arrondissemintrjochtbank Ljouwert 25-9-1930 Heert Wiebren Sybesma * Aldeouwer 8-10-1889, greidboer oan ’e Wânswerterdyk ûnder Wânswert, sn f. Anne Sybesma, greidboer te Haskerdiken, en Richtje Walstra; Janke x 2e Ljouwerteradiel 24-3-1934 Sake Idses Koostra * Damwâld 15-4-1887 † Giessen (Dútslân) 1-8-1957 (yn fakânsje ferûngelokke) [jiske] Wyns, yn 1934 feekeapman te Dokkum, letter oan ’e Stienzer Hegedyk ûnder Stiens, widner fan Johanna Prins, sn f. Ids Sakes Koostra en Pieterke Harmens Luurs
5 Sytsche Johannes Boelstra * Stiens 31-7-1901 † Ljouwert/Eastermar 20-10-1935, x Ljouwerteradiel 12-5-1921
Klaas Werumeus Buning * Eastermar 9-9-1896 † Ljouwert 21-11-1968, greidboer te Eastermar, sn f. Arnoldus Werumeus Buning en Maaike van der Berg.
Klaas 2e Tytsjerksteradiel 27-5-1937 Antje Harmens Vaartjes * Aldlemmer 11-6-1901 † Ljouwert 28-2-1977, earder húshâldster by har man, dr f. Harmen Vaartjes en Jantje Heida.

Foto’s yn dit skift: Kolleksje H. Visser-Oostra en Kolleksje Boelstra-Noordenbos

SONY DSCHúshâlding fan Jehannes Boelstra (V.9) en Antsje Noordenbos: Piter, syn frou Tætske de Vries, Atsje har dochter, Sytske, heit, Janke, mem, dêrachter Heart Sybesma earste man fan Janke, Anne Doekes Oostra, Doeke Oostra, Fetsje mei Berber Doekes Oostra op ’e skurte, 1913

famjohpboelstra1913-2

Janke, Jehannes, Piter, Fetsje, Antsje en Sytske, 1913 

antjeboelstranoordenbos1937
Antsje Boelstra-Noordenbos, 1937.
Har breed gouden earizer is har midden yn ’e oarloch op ’e dyk troch in Dútser fan har holle stellen  

groningerstrweglwd1930
Grinzerstrjitwei te Ljouwert, yn it hûs rjochts rinteniert Antsje Boelstra-Noordenbos, 1930

boe-sulveren-rjemmekom
Sulveren rjemmekom út de neilittenskip fan Jehannes Piters Boelstra (V.9). Jiertal en inisjalen: 17 J G 4 [?] 1 en M.J.S.
Fan wa’t dit sulver west hat wurdt troch Erfgoed Fundaasje ûndersyk nei dien.


Fetsje Boelstra, 1904 

My beautiful picture

Fetsje Boelstra, 1905 


Fetsje Boelstra en Doeke Oostra, 1909. Foto: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

beppefetsjejohannesjanke-1919
Fetsje Oostra-Boelstra mei Jehannes en Janke, 1919

visser-driezum
De stjelp op ’e Driezumerterp (1936) dêr’t Fetsje Jehannes Boelstra (sjoch de húshâlding hjirboppe V.9.2) en Doeke Oostra op buorkje, oant de krisisjierren. Dochter Hinke Visser-Oostra skriuwt dêroer yn har autobiografy:
Mei ús heit by de kij, de waarmte yn it bûthús en dan helpe by it sturtwaskjen. Of wat molke yn in buslid, sa út de ko, de tommen foar de gatsjes, en drinke mar. Salich!
De skuorre mei de kealtsjes, dy’t sa slimerich op myn finger sobje koenen yn it heafek. Dan wie der it húske bûten, mei in houten lid op in rûn gat yn in planke om op te sitten, boppe in djippe kûle yn ’e grûn. Der wie in skommel, dy’t heech woe. De bolle Roland, dy’t yn ’t lân oan it tsjoar stie, waard lilk en hy hat ús Roel omtrint te pakken hân. Heit moast him doe ôfsjitte. Heit skeat wol faker, einen en sa. En mem koe se dan tameitsje, lekker man! Of hy slachte in hoanne foar yn ’t sop. ‘‘Moatst sjen’’, sei er, ‘‘de kop derôf, en dan draaft er noch!’’ En it wie sa. Elk jier de ûngetiid, allegearre yn ’e rige oan ’t swyljen. ‘‘Toe mar Hinke!’’ Ik hie in lytse harke en mocht ek meidwaan. Alles wie fleurich dan. Yn it skoft plat op it gat, faak in stik bôle mei skieppetsiis en foar it wurkfolk wie der kofje yn de tsjettel. /…/
De gesellichste tiid wie winterdeis. De baarnende kachel yn ’e foarkeamer en ús Anne mocht dan spylje op ’e piano. Mei-elkoar songen we ‘aan het strand stil en verlaten’ en mear fan soks. /…/
Simmerdeis wie der yn it apelhôf fan alles te finen. Swarte, reade en krúsbeien en ek framboazen. Dy kamen op ’e bôle, der waard sjem fan makke en saus foar oer de pudding. No ik mocht se sa ek wol! Sneintejûns krigen we in aai op ’e bôle. Feest! In hiel inkelde kear kaam der in skepke sûker op je roggebrea. As der slachte waard, makke ús mem altyd hearlike ‘hoofdkaas’. We wienen der allegearre gek op. It slachtsjen barde yn it stiennen plak neist de keuken dêr’t de reinwettersbak ek wie en de molkbussen himmele waarden. De wask waard dêr ek dien. In kear ha ik sjoen, hoe’t ús heit in baarch de hals trochsnijde en hoe’t dat bloed dan opfongen waard. Sa’n byld ferjitte je noait wer. ‘‘Net balte fanke’’, se er, ‘‘skielk is ’t lekkere woarst.’’ Mar bloedwoarst ha ’k nea wer ite kinnen. As sa’n baarch dan ienkear ‘hong’, wie it net mear sa slim. Dan waard it ‘iten’ en kaam der in protte wurk foar ús mem en de faam. /…/
It wienen de krisisjierren en dy binne ús doar net foarby gien. Ik hie der alhiel gjin erch yn dat 1930-1931 in rare tiid wie. Ik fong wol ris wat op. ‘‘Doeke dit komt sa net goed’’ of ‘‘Ferdomme, hoe moat dit no?’’ We rekken alles kwyt, moasten fan de pleats en dat wie wol hiel frjemd foar my. Us heit syn bêste ko krige ek noch in kwaal, hy wie ‘blastich’ of sa. Dy moast ôfmakke wurde. No, dat kaam blykber tè bot oan, tink ik. Dat moat even de druppel west ha dy’t de amer oerrinnen die. Heit rûn mei in grut mes te swaaien. Ik wit noch dat er sei: ‘‘Dy ko dea? No, ik kin net mear! Dan ik ek mar dea!!’’ It wie in gjalp, dy’t my bybleaun is en ek dat se allegear raasden: ‘‘Nee heit! Nee Doeke!’’

It is goed gien mei heit. Fierder wit ik der neat fan. In pear dagen letter wie der boelguod. Heit en mem gûlden beide en telden wat se noch hienen. It hat foar harren heel slim west. Sésar is doe ek ferkocht, en dat hat my triennen koste, man wat wie ik ûnwennich! De piano ha we holden, dat wie dochs noch wat!
En ik waard fuortstjoerd. Ik ha in skoftke by omke Jolt en muoike Klas yn Easterlittens west. Der wie doe praat om my dan mar te adoptearjen, mar ik woe wer nei hûs en bin bliid dat dat net trochset is. 
Ut: Hinke Oostra – In minskelibben, eigen behear, Marsum, Copy Service Ljouwert (Einredaksje: Wytske en Rinze Visser).

doekefetsjeoostra1930
Fetsje Boelstra en Doeke Oostra, 1930

gersleat1936
Café-Biljard Oostra te Gersleat, 1936
Je kinne je dêr ek knippe en skeare litte. Der is in soad wille. As Atsje Boelstra (VI.9.1) dêr by omke en muoike útfanhûs is, treft se ûnder it dûnsjen har oansteande man Jan Berga.
En dan de oare kant: klanten fersûpe sneons har lean. Fetsje kin dêr betiden net oer en sit dan yn ’e achterkeamer te gûlen. Dochter Hinke rekket dêr as lyts famke sa fan ûnder yndruk dat se har hele lettere leven by de Blauwe Knoop wêze sil

pakedoekebeppefetje1956
Fetsje en Doeke, 1956

OLYMPUS DIGITAL CAMERA
Op it hôf te Gersleat 


Janke Boelstra (V.9.4), 1910. Foto: Strüppert & Van Duyl, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

sakejankekoostraboelstra1939
Janke Boelstra en Sake Idses Koostra, 1934 


Janke Koostra-Boelstra en Fetsje Oostra-Boelstra


Sytske Boelstra (V.9.5), 1913. Foto: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos 

sytscheboelstra-1913
Sytske Boelstra (V.9.5), 1913 

V.10 Pieter Pieters Boelstra * Stiens 12-3-1866 † Ljouwert 13-10-1929, boer te Wânswert; kommittearde wetterskip Polder Wanswerd; letter wenjend oan ’e Wybrand de Geeststrjitte te Ljouwert; x Ferwerteradiel 15-5-1890
Sjoukje Tjipkes Noordenbos * Wânswert 4-4-1868 † Ljouwert 10-10-1944, dr f. Tjipke Annes Noordenbos, boer te Wânswert, en Trijntje Pieters Brouwers.



Piter Piters Boelstra (foto: Strüppert & Van Duyl, Ljouwert) en Sjouk Noordenbos (foto: De Jong, Ljouwert). Kolleksje Boelstra-Noordenbos


Sjouk en Piter litte in stambeam fan ’e Boelstra’s skilderje mei as titel Stamboom van afstammelingen fan Doede J. Binnema en Janke Tj. Boelstra (II.2.2) dy’t by testamint skonken wurdt oan de Provinsjale Bibleteek te Ljouwert, ynpakt yn in fûdraal fan hout en hurdboard (Argyf Tresoar PL42, omstrings 1932) . Foto’s: Haye Bijlstra


De wapenskylden binne leech, it helmteken is in bile 

V.11 Tjeerd Pieters Boelstra * 1868 † 1933, boer, hynstefokker en pikeur; x Menameradiel 9-5-1895
Noentje Baukes Lettinga * Menaam 20-8-1874 † 1933, dr f. Bauke Piers Lettinga (ek Lettenga), boer te Menaam, en Berber Lammerts Dijkstra.
Bern:
1 Pieter Tjeerds Boelstra (VI.10) * Stiens 6-6–1897, twilling mei Berber, beide net x
2 Berber Tjeerds Boelstra * Stiens 6-6-1897.

Berber. Foto: W. en K. Heeringa, Dokkum. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Pyt en Berber Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

BOELSTRA15
Tseard Piters Boelstra (V.11). Kolleksje Rindertje Bouma, Ljouwert. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Fotoalbum Bouma I

BOELSTRA16
Noentsje Baukes Lettinga (V.11). Kolleksje Rindertje Bouma, Ljouwert. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Fotoalbum Bouma I

boel-p-t
It giet om en om: Lettinga en Lettenga. Sit dêr in oer neitocht systeem yn, of in adhoc gedachte achter? (Kolleksje Van der Werff-de Jong)

2
Deselden as boppe. Foto: Photographie De Jong, Grêftswâl 7, Ljouwert; Kolleksje T.H. Lettinga-Brouwers

boel-noen-mem
Noentsje Lettinga en har mem Berber Lammerts Dykstra. Foto: De Jong Ljouwert; Kolleksje T.H. Lettinga-Brouwers

boel-noen-adv
Ljouwerter Krante, 13-12-1907:

boe-tj-p-arb

Ljouwerter Krante, 4-10-1907:

boe-tj-p-hurddrav

Ljouwerter Krante, 22-11-1907:

boe-tj-p-kapitein

V.12 Doede Pieters Boelstra * Stiens 27-1-1876 † Ljouwert 29-2-1960 [] Stiens, greidboer te Stiens, x Ljouwerteradiel 13-5-1901 Rinske Pieters Bouma * Froubuorren 21-3-1874 † Ljouwert 20-7-1963 [] Stiens, dr f. Pieter Sipkes Bouma, boer yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren, en Fetje Johannes Binnema.
Bern:
Pieter Doedes Boelstra, folget VI.11

doedepboelstracs1910
Doede Piters Boelstra en Rinske Piters Bouma mei Piter, 1910. Kolleksje Visser-Oostra

V.13 Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 13-1-1872 † dêr 25-12-1943 [] dêr, x Ljouwerteradiel 6-5-1893, boer oan ’e  Truerdeykdyk ûnder Stiens, sûnt 1912 rintenier te Stiens dêr’t er in hûs sette lit oan ’e Langebuorren
Jetske Karsjens Kalma * Britsum 8-12-1872 † Stiens 9-3-1937, dr f. Karsjen Jacobs Kalma, boer op ’e Gasthúspleats (eigner Poptagasthûs Marsum) te Britsum, bûterhanneler en terpbaas, en Tietje (ek Detje) Pieters Brouwers.
Bern:
1 Trijntje Johannes Boelstra * Stiens 23-10-1896 † dêr 30-11-1946 [] dêr, x 23-5-1918, nei de betide dea fan har man hâldt Tryntsje boelguod, mei har dochter wennet se tenei yn by har heit en mem te Stiens, x 23-5-1918
Siebe Siedses Boelstra * Froubuorren 26-6-1892 † Stiens 20-12-1921 [] dêr, boer op ’e Bûtenskilwei 42 ûnder Stiens, sn f. Sieds Siebes Boelstra (V.2), boer te Stiens, en Sjoukje Jans Postma.
Bern:
1 Jetske (Jet) Siebes Boelstra * Stiens 19-9-1919 † 4-11-2011; oplieding: ûnder oaren Hofskoalle en M. H.B.S. Ljouwert; lid haadbestjoer Bond van Plattelandsvrouwen in Friesland (skathâldster 1966-’67, presidinte 1967-’68; ek foarsitster by it 50-jierrich jubileum yn maaie 1969 op It Hearrenfean); x 1e Ljouwerteradiel 15-4-1942
Jentje Tjepkes Hoogland * St.-Anne 24-4-1916 † Luwt 9-5-1945 [] Froubuurt (Attesweg), bouboer op Bordena Sate an ’e Nijebildtdyk onder St.-Anne, sn f. Tjepke Bienses Hoogland, graidboer an ’e Langhústerweg op Sate De Fenne in ’e Súdhoek fan St.-Anne, sont 1933 aigner en bouboer op Bordena Sate, en Aaltje Jentjes Hoogland. 
   Bern:
   1 Trijntje Aaltje Hoogland * Aldebiltsyl 8-11-1943, beukerliedster, x It Bilt 3-11-1967 (houlik ûntbûn 4-4-1991) Andries de Blaauw * De Lemmer 3-6-1942, skoallehaad te Nij Beets, sn f. Pieter de Blaauw, kantoarmeiwurker C.C.F. Ofdieling Reklame, en Hilgien Jantje Hilgenga.
Jet x 2e (neef fan har earste man) It Bilt 19-12-1946
Pieter Joutes Miedema * Mellingastate (Hege Hearewei 54) ûnder Feinsum te Stiens 26-5-1921 † Ljouwert 24-3-2010, boer ûnder Aldebiltsyl op Bordena Sate, sn f. Joute Pieters Miedema, boer op Mellingastate, en Baukje Jentjes Hoogland.
   Bern:
   1 Joute Pieters Miedema * Aldebiltsyl 4-12-1947, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk ûnder St.-Anne, x Ljouwerteradiel  14-7-1967 Renske Brolsma * Stiens 21-12-1946, dr f.  Johannes Roelofs Brolsma, keapman en greidboer te Stiens, en Baukje Lieuwes Kuipers.
sulver-5-1
Geboarteleppel fan Jehannes Tseards Boelstra: op ’e stâlkroan, in hynder, symboal fan ieuwen hynstefokkerij en -riderij.
Sjoch Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed

boelstra-johs-tjeerds
Jehannes Tseards Boelstra, hy rinteniert as er fjirtich jier is. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland

boelstra-kalma-2
Jetske Karsjens Kalma. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland

boelstra-kalma
Tryntsje Jehannes Boelstra (V.13.1) mei har dochter Jet en mem Jetske Boelstra-Kalma. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland 

boelstra-trijntje-johs
Tryntsje Jehannes Boelstra. Kolleksje T.A. Hoogland

BOELSTRA JETSKE SIEBES
Ferlovingsfoto fan Jet Sibes Boelstra (V.13.1.1) en Jintsy Tjepkes Hoogland. Foto: Modern, Ljouwert. Argyf Erfskip Jan Siebes Boelstra

boelstra-terskmasine
Terskmasine fan Jintsy Hoogland, Jintsy syn heit is op meganys gebiet by de tiid. Yn ’e oarlochsjierren hat dit reau noch in oare funksje: skûlplak foar Jintsy sels. Kolleksje T.A. Hoogland

boelstra-jet2miedema-pieter-joutes
Jet Boelstra en har twadde man Piter Joutes Miedema, omstrings 2009. Kolleksje T.A. Hoogland

V.14 Minne Tjeerds Boelstra * Stiens 29-3-1883 † dêr 3-8-1941 [] Stiens, greidboer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân 1904-1939, x Ljouwerteradiel 11-5-1904
Janke Jacob Jetzes Kalma * Stiens 3-10-1884 † Ljouwert 23-7-1964 [] Stiens, dr f. Jacob Jetze Karsjens Kalma, boer, en Grietje Simons Brouwers.
Bern:
1 Grietje Minnes Boelstra * Stiens 14-7-1907 † Slappeterp 28-2-1991, x Ljouwerteradiel 19-4-1928
Sijbrandus Hiemstra * Warns 23-2-1905 † Slappeterp 10-4-1987, boer te Menaam, sn f. Sijbout Hiemstra, húsdokter te Warns, en Johanna Wilhelmina Adolphina Kuipers Dijken
2 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn, folget VI.12.

Ljouwerter Krante, 14-5-1909:

boe-mt

 

SECHSDE GENERAASJE

VI.2 Siebe Siedses Boelstra * Froubuorren 26-6-1892 † Stiens 20-12-1921 [] dêr, boer oan ’e Bûtenskilwei 42 ûnder Stiens; bestjoerslid Stoomzuivelfabriek Stiens, x 23-5-1918
Trijntje Johannes Boelstra (V.13.1)* Stiens 23-10-1896 † dêr 30-11-1946 [] dêr, x 23-5-1918, dr f. Johannes Tjeerds Boelstra, boer, en Jetske Karsjens Kalma.
Bern:
1 Jetske (Jet) Siebes Boelstra * Stiens 19-9-1919, foarsitter Bond van Plattelandsvrouwen in Friesland, x 1e Ljouwerteradiel 15-4-1942
Jentje Tjepkes (ek Tjipkes) Hoogland * St.-Anne 24-4-1916 † Ljouwert 9-5-1945 [] Froubuurt (Attesweg), boer oan ’e Lanhústerweg in ’e Súdhoek fan St.-Anne, sn f. Tjepke Bienses Hoogland, boer, en Aaltje Jentjes Hoogland
Bern:
1 Trijntje Aaltje Hoogland * Aldebiltsyl 8-11-1943, beukerliedster, x It Bilt 3-11-1967 (houlik ûntbûn 4-4-1991) Andries de Blaauw * de Lemmer 3-6-1942, skoallehaad te Nij Beets, sn f. Pieter de Blaauw, administratyf meiwurker C.C.F Ofdieling Reklame, en Hilgien Jantje Hilgenga.
Jet x 2e (neef fan har earste man) It Bilt 19-12-1946
Pieter Joutes Miedema * Stiens, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk, sn f. Joute Pieters Miedema, boer op Mellingastate ûnder Feinsum, en Baukje Jentjes Hoogland.
   Bern:
   1 Joute Pieters Miedema * Aldebiltsyl 4-12-1947, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk ûnder St.-Anne, x Ljouwerteradiel 14-7-1967 Renske Brolsma * Stiens 21-12-1946, dr f. Johannes Roelofs Brolsma, keapman en greidboer te Stiens, en Baukje Lieuwes Kuipers.

boelstra-siebe-siedses-1
Siebe Siedses Boelstra (VI.2) foar de pleats op it Stienzer Aldlân, de Swaarderterp?

boelstra-sieds-siebes-x-t-j-b
Siebe Siedses Boelstra (VI.2) en Tryntsy Jehannes Boelstra, achter-achter-achterneef en nicht. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland

boelstra-pleats2
Hjir buorkje Siebe Siedses en Tryntsje Jehannes Boelstra oant 1921.
Foto: Y. de Boer, Stiens. Kolleksje: Dokumintaasjestichting Ljouwerteradiel, Stiens 11479 

boelstra-boelguod-s-s

boelstra-boereboelguod-1922
Boelguodboekje dêr’t yn opskreaun wurde kin wat bean wurdt, bygelyks foar (fette)kij , (kalf)rierren, hokkelingen, hynders en skiep. By de kij opjefte fan molkopbringsten, gemiddeld fet, bûteropbringst, melkdagen, en namme en tanamme: Noordenbosch (‘besprongen door stier Jan Pel’), Klaske, Kreeltje, Keestra, Leentje II, Wietske V, Saapke, Hinke. En boerereau: buggy, tilbury, heaweinen, benzinemotor 4 P.K., graanbrekker, bitesnijer, hakselmasine, waskmasine, ensfh., ensfh. Kolleksje T.A. Hoogland

VI.3 Jan Siedses Boelstra * 1901 † 20-6-1971 [] Stiens, boer, feefokker en hynstefokker yn ’e Súdhoek fan Froubuorren. Neist it Fryske hynder fokt er benammen Bovenlanders, bekende kampioenen: Erfdame en Ycola. Hy wurdt ferneamd troch de Ritta-stam, merrylijn NL-015, dat binne hurde hynders, geskikt om swier lânwurk te dwaan. Soms leinen se op ’e knibbels om troch te setten, en dat dienen en dogge se. Nei de Twadde Weareldoarloch fokt Jan Boelstra yn ’e kombinaasje BOG: Boelstra, Oosterbaan, Gerbens.
Jan Boelstra is sûnt 1936 bestjoerslid fan ’e feriening Het Friesch Paarden-Stamboek (dêrfan sekretaris 1938-1942); sûnt de oprjochting yn 1943 30 jier haadbestjoerslid (letter earelid) fan it hynstestamboek Noord-Nederlands Warmbloed-Paardenstamboek (N.W.P.) en dêrfan skriuwer foar de ôfdieling Fryslân oant de opheffing fan dy ôfdieling yn 1970; mei-oprjochter en bestjoerslid wetterskip De Hoge Dijkster Polder.
Sjoch: stal de hameren.
x Menameradiel 5-1-1922
Bottje Minnes Fokkema * Menaam 31-8- 1899 † 17-4-1987 [] Stiens, dr f. Minne Jouws Fokkema, boer te Menaam, en Dieuwke Gerrits Stapenséa.
(Sjoch foarâlden Fokkema: Erfgoed FundaasjeKertiersteat Antje Fokkes van der Meer)
Bern:
1 Sjoukje Jans Boelstra * Froubuurt 20-5-2016, hynstesportfrou; fôlesketser, hynstefokker (Stâl Sinaeda), mei-oprjochter Martena-ruters te Koarnjum, idem manege De Molenruiters te Froubuorren, x It Bilt 9-7-1952
Jarig Ouwes Koning * Ouwesyl 14-7-1927 † Ljouwert 18-9-2016, boer an ’e Attesweg 30, Ouwesyl, peerdefokker, sn f. Ouwe Jarigs Koning, boer te Ouwewsyl, en Grietje Sijbes Hoekstra
2 Djoeke Jans Boelstra, hynstesportfrou; x
Adriaan Koopmans, notaris op ’e Jouwer.
Bern:
1 Botje Trijntje (Botine) Koopmans
2 Anna Sjoukje (Anne Sjouk) Koopmans, hynstestâlhâlder en -ynstrukteur op stâl De Hameren yn ’e Súdhoek fan Froubuorren (op ’e pleats fan Sieds  Siebe en Jan Siedses Boelstra), x It Bilt 18-4-1984 Tæke Okkes Okkema * Boksum 9-8-1946, kredyt-adviseur agrarise sektor Alg. Bank Ned., hynstestâlhâlder , sn f. Okke Jacobus Okkema, greidboer te Boksum, en Dieuwke Jans Greidanus.
Anne Sjouk skonk it Argyf Erfskip Jan Siedses Boelstra oan Erfgoed Fundaasje.
3 Sietse Jan Koopmans
3 Sieds Siebe Jans Boelstra (VII.1) * Súdhoek Froubuorren 1-10-1933 † 19-3-2014, feefokker en bouboer oant 18-8-1971 (boelguod, sjoch advertinsje hjirûnder) op Schroorsmastate te Westernijtsjerk, de pleats fan syn skoanheit, dêrnei op syn âlderspleats’yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren; syn stamboekfeebeslach ‘Schroorsma’ hat de namme fan ’e  pleats yn Westernijtsjerk; skriuwer feriening Het Bovenlander Paard; x Ferwerteradiel 3-6-1965 (houlik ûntbûn dêr 1969)
Grietje (Kiek) Wybes Anema * Schroorsmastate Westernijtsjerk 4-3-1938, dr f. Wybe Minnes Anema, boer op Schroorsmastate te Westernijtsjerk, en Antje Teunis van der Meij.
Hja x 2e Ferwerteradiel 3-12-1971 Jan Postma * Readtsjerk 22-10-1931,boekhâlder by de C.C.L.B., wenjend te Holwert, sn f. Pieter Postma en Sietske Feenstra.

Foto’s en yllustraasjes yn dit skift: Argyf Erfskip Jan Siedses Boelstra, skonken oan Erfgoed Fundaasje troch Anne Sjouk Koopmans (VI.3.2.2).

boelstra-pleats-sudhoek-2
De pleats yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren

boelstra-jan-en-botje-fokkema
Jan Boelstra en Botsy Fokkema

boelstra-jan-25-jub
Jan en Botsy 25 jier troud: Sjouk mei har ferloofde doe Henk Heemskerk út Herwijnen, Jan, Sieds Siebe, Botsje, Djoeke en Adriaan Koopmans 

Lokwinsk oan Jan en Botsy by har 25-jierrige troudei 5 jannewaris 1947 fan Botsy har heit en mem:

 boelstra-brief-1947

BOELSTRA7
Feefokker Jan Siedses Boelstra (VI.3) mei kampioenbolle Adema… hoefolle?

boelstra-jan-en-4-hynders
Jan Boelstra mei it fjouwerspan Irade (links foar), Erfdame (rj.f), Tolly (links achter) en Natala, oktober 1939 

boelstra16
Ien fan ’e diploma’s foar hynstefokker Jan Siedses Boelstra (VI.3): merje Erfdame, keurd op 25 septimber 1946 te Veendam 

boe-madaljekast
In kast fol fokkerijgrutskens. Sa giet it fan heit op soan en fierder: Jan Siedses, Sieds Siebe Boelstra, Anne Sjouk Koopmans en Tæke Okkema en dy har bern.
Medallys foar priiswinnende geiten, skiep, kij en hynders te plak op Stâl De Hameren.
Sieds Siebe hie de medallykast yn ’t bûthús, Anne Sjouk hat him no yn ’e foarein

boe-medaljes
In greep út de hûnderten medaljes; rjochts, lizzend, ynskripsje achterkant: 2 October 1924   1e Prijs/Merrie ,,IJcola’’ No 3755B/Aangeboden door/Jhr. H. van Baerdt van Sminia/Gouden Jubileum/Veemarkt Leeuwarden/Rubriek: Stamboekmerriën/J.S. Boelstra/Lieve Vr. Parochie/

bord1

bord2
Yn ’e prizen: 1e priis keuring Friesch Rundvee Stamboek. Partikuliere kolleksje 
boelstra11
Sjouk Boelstra (VI.3.1), de earste froulike fôlekarmaster? (Foto Modern, Ljouwert)

boelstra-sjouk-en-jarig-koning
Sjouk Boelstra en Jarig Koning

2
In hele stoeterij. Troustoet by houlik Djoeke Boelstra (VI.3.2) en Adriaan Koopmans, op ’e Súdhoekstermiddelweg onder Froubuurt 

1
Troutsjinst fan Djoeke Boelstra (VI.3.2) en Adriaan Koopmans yn ’e Fermanje te Akkrum

BOELSTRA6
Hynstefokker Sieds Siebe Boelstra (VI.3.3) mei Tello op ’e Alde Feemerk te Ljouwert

boelstra-sieds-siebe-en-oaren
Yn ’e seas: Amy Jensma en Sieds Siebe Boelstra; 2de en 3de fan rjochts: Hessel Douwes Bierma en Sake Lanting op Pegasus

Advertinsje Leeuwarder Courant:

boelstra-s-s-1971

BOELSTRA4-2
Rjochts: bedriuwsliedster Hiltsje de Vries, dêrneist feefersoarger Jakkele Feenstra mei in beslach stamboekfee fan Sieds Siebe Boelstra op in keuring te Ljouwert (Foto: De Friese Veefokkerij, Snits).
Hiltsje de Vries is as jongfaam fan begjin tweintich al bediuwsliedster by Jan Boelstra.
Fan skoalle ôf kaam ik by de ZPC yn ’t wurk. Moarns healwei achten yn ’e loads yn ’e blombollen, lely’s. Hoe faak at ik wol net op ’t horloazje sjoen ha, sa miste ik it frije fjild. Doe kaam ik by Jan Boelstra en dy. Ik wie earst foar, mar ik wie leaver achter. De frou kaam noait achter, siet fansels alhelendal net ûnder in ko. Dat hearde der net by. Mar ik die neat leaver. Yn ’e hinnen, geiten en skiep omslaan. Myn lust en myn leven, benammen de kij en de fokkerij. Dat ik wie al gau hast altyd by ’t fokfee.
Doe’t in arbeider ophold, hoegde dêr net in oaren foar yn ’t plak te kommen. Hiltsje de Vries is de tredde generaasje op ’e pleats, har beppe Hiltsje wie dêr ek al mei yn ’e beage

3
Feefokkers Ate Oostenbrug, Gerrit Jan Wassenaar, Hiltsje de Vries en alheel rjochts Sieds Siebe Boelstra mei kampioen Schroorsma Hiltsje 105. Kampioen kwa ko en kwa moaiste jaar.
Hiltsje kin as iennichste froulike feefokker – doe in unikum – goed meidwaan. Se fertelt:

 VI.4 Bauke Jacobs Boelstra * Hallum 25-1-1891 † Den Haach 17-8-1968, assistin-residint Semarang Ned. Indië, yn 1938 wer yn Nederlân, dêr kaskontroleur by de PTT, Den Haach 6-7-1916
Jenny Albertina Wurfbain * Salatiga (Nederlâns Indië) 13-4-1895 † Den Haach 26-4-1977, dr f. Constant Philip Wurfbain en Albertine Constance Wilhelmine Swaving.
Bern:
1 Irma Albertina Hendrika Boelstra * Paree (N.I.) 27-4-1919, x 1e (ûntbûn)
Lex Tóth, * Hongarije.
Hja x 2e ? 

VI.5 Johannes Pieters Boelstra * Ljouwert 3-11-1883 (op in pleats by it eardere Bonifatius Hospitaal, dêr’t in gevelstien ynsiet fan de earste stienlizzing troch in Boelstra, meidieling fan A.A. Schuiling-Beintema) † St.-Jabik 6-12-1956 [] Stiens (noardkant), syn heit stjert fjouwer moanne foar Jehannes syn geboarte, hy is al jong wees, sadwaande wurdt Jehannes tenei syn hele libben ‘Jehannes de wees’ neamd, hy groeit op by syn beppe Boelstra yn Stiens, is sadwaande foluntêr en reizget fan ’e iene boer nei de oare, folget de Lânbouwinterskoalle te Ljouwert, feefokker en hynstefokker te Stiens, x Ljouwert 16-5-1906 Antje Sydses van der Werff * Ljouwert 14-11-1880 † 15-2-1964 [] Stiens (noardkant; op ’e grêfstien stiet Van der Werf mei inkeld f), by x sûnder berop te Huzum, dr f. Syds Joutes van der Werff, boer, 1906 rintenier te Huzum, en Trijntje Sjoerds Cuperus.
boelstra-johannes
Dit is neffens de fotokolleksje fan Rindertje Bouma, in Johannes Boelstra. Mooglik Jehannes Tseards (V.13). It kin ek Jehannes Pieters * 1863 wêze (V.9), of Jehannes Joutes * 1886 (V7.1), of Jehannes Pieters (VI.5). Wa wit it? 


Anne Siedses van der Werff. It earizer en sydsulver binne bewarre. Partikuliere kolleksje.

Foto: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Anne van der Werff en Jehannes Boelstra. Foto: Strüppert & Van Duyl, Foarstreek 270, Ljouwert.

Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Feefokkers oan it bier yn Berlyn, Berliner Eispalast. Links: Piter Jehannes Boelstra en Maartsy Wassenaar-Bonnema; rjochts: Anne Boelstra-van der Werff en Fokke Nannes Wassenaar, te Jelsum.
‘Se sitte net neist har eigen man. Je binne der even út. Dan kin dat.’
Foto: Kunstverlag Paul Kaufman, Wilmersdorf-Berlin.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Johannes Pieters (VI.5), Pieter Johannes (VII.2) en Johannes Pieters Boelstra (VIII.1)

img-20161008-wa0002
Ut dit staach Van der Werff is dizze sulveren tabaksdoaze sûnder ynskripsje bewarre bleaun. Partikuliere kolleksje. Sjoch: Erfgoed Fundaasje Genealogy Van der Werf/Van der Werff.
Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget VII.2
2 Sytske Neeltje Boelstra
, x 
Popko Wilte Heidema * Rasquert 4-1-1910 † Norg 31-5-1994, [] Baflo yn grêfkelder Heidema, boer te Baflo; gjin bern.


Syts en Piet Boelstra

Syts en Piet Boelstra. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Syts en Piet Boelstra, 22 augustus 1931 

 

VI.6 Lourens Ruurd Olivier Boelstra * Ljouwert 30-3-1882 † Amsterdam 3-2-1924 [] Jelsum, yn 1913 semy-arts te Ljouwert (Westersingel H12), arts-diploma 17-10-1914, wennet yn 1915 seis moannen yn Amsterdam, hat dêr wierskynlik ek wurke, yn 1915 beneamd as arts yn ’e gemeente Onstwedde wennet dan yn Stadskanaal, sûnt 12-5-1915 húsdokter te Onstwedde, yn july 1917 spesjalist yn Amsterdam. Fervent en gerenommeard skaker.
Lourens krijt 21-2-1884 by Keninklik Beslút tastimming ta nammeferoaring yn Olivier Boelstra. Dat is op oanfraach fan syn pake Ruurd Johannes Boelstra (V.6) (meidieling Gesina Quadrini-Olivier Boelstra VII.3.1)
x Ljouwerteradiel 11-4-1913 
Aukje Sybes Cuperus * Boksum 23-6-1881 † Amsterdam 13-9-1926 [] Jelsum, dr f. Sybe Douwes Cuperus, boer te Boksum, en Grietje Douwes Osinga.
Bern:
1 Ruurd Lourens Olivier Boelstra (VII.3)
2 Sybo Klaas Olivier Boelstra * Amsterdam 15-1-1922 5-12-1946, opnommen yn in ynrjochting foar ferstanlik beheinden.

Lourens Ruerd Olivier Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert


Aukje Sybes Cuperus. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

VI.9 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 29-1-1887 † Ljouwert/Bartlehiem 9-12-1935 [] Wyns, greidboer te Skearnegoutum, nei 1931 te Bartlehiem, x 1e Ljouwerteradiel 9-5-1910 Tætske de Vries * Aldtsjerk 21-7-1889 † Skearnegoutum 8-5-1926 [] Wyns, dr f. Willem Gaatzes de Vries, greidboer te Aldtsjerk, en Atje Jitzes van der Heide; Piter x 2e Ljouwerteradiel 18-4-1928 Tjitske van der Velde * Lekkum 14-4-1888 † Ljouwert 12-1-1974, dr f. Pier van der Velde en IJbeltje Kornelis Jansma.
Bern:
1 Atje Pieters Boelstra * Skearnegoutum 27-4-1911 † Boalsert (Bloemkamp) 28-10-1981 [jiske] Wyns, x Ljouwert 13-3-1937 Jan Berga * Gersleat 20-4-1913 † It Hearrenfean/De Jouwer 25-5-1989 [jiske] Wyns, ynspekteur Algemiene Ynspeksje Tsjinst Lânbou, fersekeringsagint, sekretaris wetterskip Toppenhuzen en makelder, sn f. Jacob Berga, greidboer te Gersleat, fokker fan hynders, kij, bargen en skiep (tachtich medaljes en eareprizen op keurings), bestjoerslid Friesche Maatschappij van Landbouw, idem wetterskip, tsjerkfâd, en Gerritje van Es.
Bern Berga:
1 Teatske Gerritje * Overschie 6-10-1938
2 Gerritje Grietje * Snits 13-5-1940
3 Wilco Pieter * Snits 8-9-1947


Piter Jehannes Boelstra (VI.9), 1903. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos 


Tætske de Vries. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Atsje. Foto: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

atjeboelstra1936
Atsje Boelstra (VI.9.1), 1936

johannesoostraatjeboelstra1937
Atsje Boelstra en har neef Jehannes Doekes Oostra, kwekeling, beppesizzers fan Antsje Boelstra-Noordenbos, dy’t oan ’e Grinzerstrjitwei 44 by har yn wennen, 1937


Atsje en Jan Berga troud, 1937. Foto: Duiker, Foarstreek 96, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos.
Ut de troujurk makket Atsje in jurkje foar har âldste dochterke Teatske Gerritje. Sjoch by IV.5.8, foto Tekstyl kolleksje (IV.5.8).

janbergaatjeboelstra1937-2


Jan Berga syn oplieding: M.U.L.O. op it Fean, (trije jier, 1937) ‘Handelsavondschool’, folontêr bûterfabryk te Lúnbert en yn Overschie, 1936-1938 ferifikateur en kontroleur by de ‘Nederlandsche Zuivelcentrale’, 1939 wurksum by de fabryks- en wykkontrôle melkstâl ‘Rust en Vreugd’, wurksum by de Centrale Crisis Controle Dienst (Departemint fan Lânbou en Fiskerij), wenplak Moarmwâld (lean 1-1-1942: f 182,50, letter f 215,83 yn ’e moanne), 1945 ‘onbezoldigd rijksveldwachter’, stânplak Snits (yn ’e kost op it Grutsân by skilder Volkers), te Snits kontroleur by de Algemene Inspectie Dienst (it eardere C.D.D.), 1958 earfol ûntslach; nei steatseksamens assurânsjebedriuw en fersekeringsagint yn 1964 beëdigd makelder yn huzen, bouterreinen, pleatsen en lân.
Grage riefreger troch broers en susters.
Jan syn frou Atsje Boelstra wurdt fan 1976-1981 fersoarge yn Bloemkamp te Boaldert. Jan siket har alle dagen op, mei yn ’e tas lekkers en fruit. Nei har ferstjerren keapet Jan in bungalow oan ’e Hurddraversdyk op ’e Jouwer, mei in grutte moestún efterhûs. Hy stjert nei in koart, mar slim siikwêzen yn it sikehûs op ’t Hearrenfean, as gefolch fan in komplikaasje ûnder in operaasje oan ’e búk.
Foto: S. Steensma, It Hearrefean. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

johannesoostra-cs1937
Janke Koostra-Boelstra, Atsje Boelstra, Jehannes Doekes Oostra, Lutske Berga (jongste suster fan Jan Berga) en Antsje Boelstra-Noordenbos. De foto is makke achter it hûs oan ’e Grinzerstrjitwei op ’e dei foardat Atsje en Jan Berga trouden; Atsje en Jehannes wennen dêr by Antsje yn

Jierdeislokwinsk fan beppe Antsje en pake Jehannes oan Atsje, 26-4-1927

Wyns, links boppe: Boelstragrêven. Foto: Lucht Foto Nederland. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

 

VI.11 Pieter Doedes Boelstra * Stiens 24-9-1902 † Ljouwert 13-5-1976 [] Stiens, greidboer op it Stienzer Aldlân, letter te Koarnjum, ynspekteur, x Tytsjerksteradiel 5-5-1926
Grietje Daniels de Hoop * Noardburgum 12-3-1905 [] Stiens; hie as earste frou yn Nederlân in dekstastasjon foar hynders; organisearde de earste Alvestêdetocht op hynders, allyksa it libben skaakspul mei hynders; dr f. Daniel de Hoop, greidboer, en Aaltje Oostenbrug.
In ferslach fan ’e Alvestêdetocht op hynders is yn 2015 opskreaun troch P.S. Bouma út de mûle fan in dielnimmer Tseard Kerstma, âld boer op de hierpleats Horne sathe (eigner Olivier Boelstra Stichting). De tocht begûn op it Koarnjumer Nijlân by (hoe kin it ek oars by in Boelstra) en einige op ’e Wilhelminabaan yn Ljouwert, no it WTC.
Boarnen: P.S. Bouma en Tseard Kerstma (ferslach mei foto’s en knipsels út de Ljouwerter Krante).

Pyt Doedes Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Bern:
1 Renske Aukje Pieters Boelstra * Stiens 2-7-1928 † St.-Anne 26-7-1991[] Stiens, x Ljouwerteradiel 17-10-1951
Hans Johannes Hoogland * St.-Jabik 12-2-1925, boer op Groat Mahu an ’e Ouwebildtdyk onder St.-Jabik, sn f. Johannes Wadzes Hoogland, boer op Groat Mahu, en Sietske Hanses de Groot.
2 Doede Pieters Boelstra, folget VII.4

VI.13 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn * Stiens 9-5-1912 † dêr 31-8-1992 [] Stiens, boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân 1939-1972; sy binne de fyfde generaasje Boelstra op dizze pleats, x It Bilt 17-5-1939
Grietje Douwes van der Staag * St-Jabik 31-5-1918 [] Stiens, dr f. Douwe Wytzes van der Staag, boer ûnder St.-Jabik, en Aukje Pylgrums (Pylgers) Miedema.
Bern:
1 Minne Tjeerds Boelstra, folget VII.5
2 Douwe Tjeerds Boelstra, folget VII.6

 

SANDE GENERAASJE

VII.2 Pieter Johannes Boelstra, * Ljouwert 20-3-1919 † Grins (ûnder in hynstekeuring yn it Stedspark) 29-1-1964 [] Stiens (2-persoans grêfkelder, noardkant), boer Aldebildtdyk (nr 723) ûnder St.-Jabik; hynstefokker; lântaksateur, bestjoerslid Grûnkeamer, idem Welsh Ponystamboek, idem Keamer fan Keaphannel, idem Wetterskip Het Nieuw Bildt, idem Wenningstichting; x Aukjen Anna Beintema * op Nij ter Lune op ’t eilân Bûtendyk ûnder Ingwierrum 5-12-1925; nei it ferstjerren fan har earste man yn 1964 set hja oant 1982 it bedriuw troch mei de buorker Jan Baukes van der Weg (It bedriuw docht yn 1965 it fee fuort), sûnt 1982 rintenier oan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik; dr f. Eesge Jans Beintema, boer op Nij ter Lune op ’t eilân Bûtendyk ûnder Ingwierrum, en Antje Jilles van der Meij.
Hja x 2e Mitselwier 24-5-1979 Thijs Roelof Dirks Schuiling * op Grut Lammema ûnder Minnertsgea 17-6-1917 † Ljouwert 28-12-2000 [] jiske, Stiens (2-persoans grêfkelder, noardkant),  boer op Haskerastate te Jelsum, letter oan ’e Aldebildtdyk; bestjoerslid Pachtkeamer, idem Tusken Waad en Ie, idem Wetterskip Binnen- en Bûtendyks; sn f. Dirk Kornelis Thijsses Schuiling, boer op Grut Lammema ûnder Minnertsgea, letter oan ’e Aldebildtdyk ûnder St.-Anne, en Jantje Pieters Hiddinga.
Thijs Roelof x 1e (houlik ûntbûn) Renske Maaike Arjens Wassenaar * 12-2-1920, dr f. Arjen Nannes Wassenaar, feefokker, en Rigtje Ruurds Boelstra (V.6.2).

Piet Boelstra. Foto Gevaert

Pieter Johannes Boelstra. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema

Troufoto fan Pieter Johannes Boelstra en Aukjen Anna Beintema. Foto Bleeker.

Piter Jehannes Boelstra op in hynst fan feefokker Hindrik Bolt (rjochts mei stôk), yn Grins. Piter Boelstra en Bolt dogge tegeare in soad yn ’e hynstehannel. Se helje û.o. skimmels fan ’t Amelân. Dy wurde ynskeept yn ’e Ballumer Bocht en komme oan lân by Swarte Hoarne.  Se wurde bytiden trochferhannele nei Ingelân, ûnder oaren oan ’e Keninklike Stâlen te Windsor

Yn in partikuliere kolleksje is porslein en sulver út de Boelstra en Van der Werf(f)-famylje, ûnder oaren fjouwer sulveren geboarteleppels mei ynskripsje:
K:B [dêrûnder:] J:R [dêrûnder:] 1777
Durk Joutes van der Werf is gebooren den 10 October 1792 (sjoch III.1.4). Sjoch Genealogy Van der Werf/Van der Werff 
-Sieds Tjeerds Boelstra geb. 22 September 1797 (sjoch III.2)
-T.M. 1800.
Erfgoed Fundaasje docht ûndersyk nei de persoanen achter de inisjalen en nei de sulversmeden.

Bern:
1 Johannes Pieter Boelstra, folget VIII.1
2 Anna Sietske Neeltje Boelstra * St.-Jabik 6-4-1953, x Franciscus (Frank) Theophile Romuald Maria Terwindt * Venlo 7-2-1946 † Barendrecht 18-4-2011, sivyl ingenieur, Barendrecht

Anneke Boelstra, Delft, okt. 1973
3 Lotte Titia Boelstra * St.-Jabik 20-9-1956, x Willem Peter van Tol * 16-10-1953, natuerkundich ingenieur, Aalst-Waalre

Lotte Boelstra

 

 

 

 

 


VII.3 Ruurd Lourens
Olivier Boelstra * Amsterdam 6-1-1915 † dêr 7-9-1986 [] Jelsum; wurdt as wees fan alve jier opbrocht by syn omke en muoike Arjen Wassenaar en Richtsy Boelstra (V.6.2) te Jelsum, wie ek faak by syn beppe Maaike Boelstra-Olivier (V.6) oan ’e Westersingel te Ljouwert; oplieding: H.B.S. Ljouwert, ûnder syn skoaltiid liedt er de Rudy ROB (R Olivier Boelstra) Band, oplieding Konservatoarium Amsterdam, pianolearaar te Amsterdam; hy sit dêr yn in rûnte fan muzikanten, û.o. mei syn nicht de sopraan Jouk Cuperus út Boksum; ponghâlder fan ’e Fryske Krite Amsterdam; x Burgum Trijntje (Nynke) Hornstra * Burgum 23-2-1919Haarlem 6-1-2016, dr f. Bontje Jens Hornstra, húsdokter te Burgum, en Gesina Geertruida Tijsma.

Bern:
1 Gesina Auckjen Olivier Boelstra * Amsterdam 3-10-1947, x Feanwâlden Bernard Quadrini * Parys 23-4-1948
Bern Quadrini:
1 Virginie Nynke Quadrini * Saint Maur 5-6-1975, w.m. Grégory Vicens * Nice 18-1-1984; dochter: Alessia Lieve Vicens * Levallois Perret 11-12-2013
2 Olivier Wilco Quadrini * Saint Maur 4-8-1978
2 Lourens Klaas Olivier Boelstra, folget VIII.2

VII.4 Doede Pieters Boelstra * Stiens 12-5-1932, folget de keunstakademy te Grins (ûntwerpt fersoargingshûs Skilhiem te Stiens), ûndernimmer yn etalaazjemateriaal en winkelynterieurs te Stiens, filmmakker (û.o. Stiens tusken doe en no, opfieringen 10-9-2016), x
Teetje (Tea) Schaafsma * Stiens 5-1-1931, dr f. Tjeerd Schaafsma, timmerman te Stiens, en Marijtje Hoekstra.
Bern:
1 Pieter Doedes Boelstra, folget VIII.3
2 Marijtje Doedes Boelstra * Stiens 1-3-1959, doktersassistint, x Ljouwerteradiel 26-10-1983 
Johannes Cornelis Bijlsma * Assen 31-5-1959, adj. distriksbestjoerder fakbûn (Horecabond FNV) te Eindhoven, sn f. Eerde Bijlsma, dir. alg. reklasearingsferiening Grinslân, en Ida van der Heide
3 Grietje Doedes Boelstra * Stiens 1-8-1962, dir. sekr. Vriesco te Ljouwert
4 Welmoed Aukje Doedes Boelstra * Stiens 24-9-1965
5 Rikst Doedes Boelstra * Ljouwert 27-12-1969 

VII.5 Minne Tjeerds Boelstra * Stiens 27-7-1941, bouboer te Eppenhuizen (Gr.), x Tytsjerksteradiel 17-7-1969 (houlik ûntbûn 24-4-1987) Dieuwke de Vries * Hurdegaryp 6-4-146, learares hantwurkjen, dr f. Douwe de Vries, boer, en Jacoba van der Veen
Bern:
1 Jacoba (Japke) Minnes Boelstra * Grins/Eppenhuizen16-6-1975, advokaat
2 Grietje Minnes Boelstra * Grins/Eppenhuizen 7-12-1977

VII.6 Douwe Tjeerds Boelstra * Stiens 3-5-1946 † 22-12-2014 [] Stiens, sûnt 1972 boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân; sy binne de sechsde generaasje Boelstra op dizze pleats, x ’t Zandt (Grinslân) 5-3-1948
Geertje Jantine Anne (Gerda) Arkema * Leermens (Gem. ’t Zandt) 5-3-1948, laborante, dr f. Sieuwert Arkema, boer, en Jantje Sietsia ter Borg.
Bern:
Tjeerd Johannes Boelstra, folget VIII.4 

boelstra-pleats3
Truerderdyk 24. Hjir buorkje Boelstra’s sûnt 1824. De skuorre is fan 1890. Foto: Y. de Boer, Stiens. Kolleksje: Dokumintaasjestichting Ljouwerteradiel, Stiens 41512 

ACHTSTE GENERAASJE 

VIII.1 Johannes Pieter Boelstra * St.-Jabik, Ouwedyk 723, 21-2-1950, stúdzje Farmacy Ryksuniversiteit Grins, ûnder stúdzje Senatus Fiscus fan ’e Senaat fan it Grinzer Studinte Corps Vindicat atque Polit 1970-1971, sûnt 1978 apoteker te Sappemeer; aktyf yn ûnderskate bestjoersfunksjes binnen de beropsferiening KNMP, lykas lid Haadbestjoer, lid Commissies Tarieven, Ziekenfondsaangelegenheden, Financien; 20 jaar frijwilliger by de pleatslike Brandweer; officiersopleiding oan it NIBRA, pleatsferfangend kommandant en officier fan tsjinst yn ’e regio Groningen Midden (ynklusyf Stad Groningen); bestjoerslid Pensioenfonds voor Openbare Apothekers, SPOA.
Rekonstruearde in pleats yn it hert fan Sappemeer ûnder tafersjoch fan ’e Rijksdienst voor Monumentenzorg en festige dêryn syn apoteek en wenhûs x Henderika (Rita) van Dijk* Grins 29-3-1951, stúdzje mr yn ’e rjochten Ryksuniversiteit Grins, wurksum by NASK en Gasunie.
Bern:
1 Cornelie Anna Boelstra * Grins 9-4-1979, stúdzje Beleid en Bestuur in Internationale Organisaties, Leiding en Organisatie (drs.), stúdzje International Law (master) Ryksuniversiteit Grins, beliedsmeiwurker KNMP-Koninklijke Nederlandse Maatschappij ter bevordering van de Pharmacie te Den Haach, wennet te Leidschendam, x Leidschendam 7 mei 2016 Axel Maarten Petrus Visser * Rotterdam 27-5-1980, stúdzje Technische Bestuurskunde Technische Universiteit Delft, consultant by Bearing Point te Amsterdam.
Bern:
1 Hanne Suuske Neeltje * Den Haach 6-11-2012
2 Lotte Rieke Sofie * Leidschendam-Voorburg 25-8-2015.
2 Henriette Marian Boelstra * Grins 25-1-1981, stúdzje Ekonomy Ryksuniversiteit Grins (drs.), register akkountant (RA), director Accounting and Reporting AkzoNobel Decorative Paints North West Europe, UK and Ireland, wennet yn Amersfoort, x 14 juni 2008 Kasper Edsko Koenraad Melinga * Grins 26-10-1979, stúdzje Technische Bedrijfswetenschappen (drs.) Ryksuniversiteit Grins, consultant by ING.
Bern:
1 Maurits Kasper Lodewijk, * Amsterdam 23-8-2011, ienaaiïge twaling mei:
2 Floris Pieter Benjamin * Amsterdam 23-8-2011
3 Charlotte Anne Sophie * Utrecht 19-11-2015.
3 Pieter Johannes Boelstra * Grins 22-11-1983, stúdzje Economische Geschiedenis (MA) Ryksuniversiteit Grins (cum laude); oplieding IT Audit & Advisory (RE) Erasmus Universiteit Rotterdam ûnder syn tsjinstbetrekking by PWC te Amsterdam, wennet dêr, x Bloemendaal 10-9-2016 Caroliene (Corien) Maartje Mellema * Leiden 23-7-1986, stúdzje Rjochten (Mr.) en Psychology (MSc) Ryksuniversiteit Grins, advokaat famyljerjocht te Amsterdam,
dr f. Mr. Sieto Robert Mellema, riedshear Hof Den Haach, en Prof. Mr Trijntje Jannigje Kranenburg, notaris.

Johannes Pieter Boelstra

Johannes Pieters Boelstra en syn achterneef Lourens Olivier Boelstra (VIII.2)

Johannes Pieter Boelstra
Cornelie Anna, Pieter Johannes, Henriette Marian Boelstra

VIII.2 Lourens Klaas Olivier Boelstra, x 1e (houlik ûntbûn),
w.m.
Jeanine van Bellen * Den Haach 21-11-1954.
Bern út it earste houlik:
1 Eelco Ruurd Olivier Boelstra * Heemskerk 21-8-1979, manager planning en purchaging, w.m.
Elsina Tjadens * Alkmaar 25-1-1984
Bern:
   1 Milou Amélie Olivier Boelstra * Beverwijk 26-3-2011
   2 Stef Lourens Olivier Boelstra * Beverwijk 10-4-2013
2 Joost Olivier Boelstra * Beverwijk 27-11-1982, ICT funksje, w.m.
Drita Boender

VIII.3 Pieter Doedes Boelstra * Stiens 14-9-1956, ûndernimmer yn etalaazjemateriaal en winkelynterieurs te Stiens.

VIII.4 Tjeerd Johannes Douwes Boelstra * Stiens 13-10-1975, húsdokter, x
Minke van Cruijsen, sûnt 2008 KNO-arts Martini Ziekenhuis Grins; promoveard Psychological aspects and stress-related hormones in Meniere’s disease (2006).
Bern:
Bente Boelstra
Fedde Douwe Boelstra * 31-2-2010
Hylke Boelstra.