In greep út de kolleksje fan Erfgoed Fundaasje

Klik op de foto’s om mear te sjen (brûk de pylkjes)

Foto’s: Anne Rodrigues

1
een goed geweten is voor de ziel wat
deez zondheid is voor het lichaam

Learboekje fan Gerben Reimers Brouwer
(* Sjoelemastate ûnder Menaam 1829 † Bessebuorren 1914),
de plaatsjes binne der by de drukker mei de hân ynkleure: full colour yn 1839.

Learboekje fan Jacob Klazes Gosliga (Bitgummole 1831-1906),
út 1846, de wiisnoas is dan 15 jier.

Op it omkaft Jabik wiisgearige skriuwoefeningen:
Wat Gij beloofd hebt moet Gij houden al leed Gij er ook schade bij
Wilt Gij dit niet gaarne dan moet Gij niet beloven.
Het gebeurt somtijds dat neiging en pligt tegen elkander inloopen; dan moet neiging altijd voor pligt wijken.
Wees behoudzaam in het beloven, zorgvuldig in het nakomen
Wanneer men anderen tot het verrigten van iets goeds behulpzaan kan zijn moet men zich niet onttrekken
Hulp te verlenen waar men kan is altijd pligtmatig verdient lof en verwerft achting
Dikwerf brengt dit te doen zelfs voordeel aan doch het is de les anderen in het verrigten van iets goeds hulp te bieden waar men kan
een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam

2
Tsjerkebibeltsje

anneks psalmboek út 1883 fan Antje Fokkes van der Meer
(* Menaam 1865 † Huzum 1926).
Antsje, neamd Anne, wurdt hjir deftich as Anna skreaun.

3
Selsmakke gedicht

Poezyalbum út 1905 fan Magdalena Hettes Hettema
(* Bitgum 1890 † Ljouwert 1977).
Hjir in selsmakke Frysk fers fan Leen har omke Nammen Jeltes de Boer (* Boazum 1858 † Menaam 1912), ferwer te Menaam. Hy hat syn eigen stavering.

Oan Leen!

Wat sil ik dij doch schrouwe
Mien allerbeste Nicht!
Wol mij nou toch ris ljouwe
Want ik hef gjin gedicht.
’k Hef alle winschen neitocht,
Die’t ien dit boekje stean.

Maar t jouwt mij dan gjin ljocht
En ’k tocht het sil net gaen
Der het men heit en mem en minke
Sa goed ken ’k net betinke
En tsjisse en fokke der noch bij
Ik riem net hael sa goed as sij
’k Soe sisse nim het best er uut
Dat winskje ik dan ta besluut

Nammen de Boer

4
Deiboek

fan Magdalena Hettes Hettema. Leen skreaf tsientallen skriften fol.

5

Gerben Reimers Brouwer (Bitgum 1886-1961), redigearde histoarise optochten, hjir in drukte folchoarder. Grutte Pier wurdt in Van Heemstra neamd, doe wie blykber noch net bekend dat de man in Donia wie.
Ek skreaf Gerben histoarise tonielstikken. Hjir in fragmint oer Wigle van Aytta.

6

Opskriuwboekje mei dêryn in taspraak fan Reimer Gerbens Brouwer
(* Bessebuorren 1856 † Bitgummole 1929), hâlden yn 1920 doe’t er fjirtich jier troud wie mei Trijntje Jacobs Gosliga (Bitgummole 1856-1936).
Yn eigen stavering:
Ik tochte nies sa aan Vader Jakob die zeit doe hij wer om kaam van Padden Aram en doe hij zeeg al dat geene wat hij verkriege hie, mei myn stok bin ik oer deze rivier tein doe’t ik hinne gong en nou’t ik wer om kom ben ik tot twa Heiren.
Ik bin voor 40 jier ek hinne tein en dat net za fier ou, tichte bij, hier bij de Borne. Mien reis wie doe om Nienke van Jakob en Durkje. Nou die waar doe oen mij oustien. Ik moast belove goed op har te passen. Ja dat hiene ze sels ek dien.

7

Notysjeboekje oer it gemaak.
Lesboekje fan Pieter Douwes van der Schaaf. ‘En die het houdt dat is een schellem. Is het zoo niet?’ skriuwt de bysfeint.
 
Lokwinskbrief út de famylje Hannema. De ôfstjoerder en ûntfanger binne net bekend, mar likegoed net ûnbemind. Nei har identiteit wurdt noch speurd.

Dêrneist in keninklike ûnderskieding foar Johannes Hannema.

5
Skriuwstel

fan Antje Dirks van der Schaaf.

6
Hantekeningstimpel

fan Tjitze Hettes Hettema (* Bitgum 1889 † Ljouwert 1957).
As Tsjisse op hannelsreis wie, koe syn broer Fokke of ien fan it personiel de brieven ûnderstimpelje.

7
Lakstimpel

fan Hette Tjitses Hettema (* Bitgum 1863 † Ljouwert 1947).
Skonken oan Erfgoed Fundaasje troch de erven Maaike Veenstra-Miedema te Noarch.

 

10
Tabaksdoaze

fan Frans Rinses Haadsma (* Hemmemastate ûnder Menaam 1817 † Menaam ûnder Bitgum 1897), boer, troud mei Geertje Sybes Osinga (* Berltsum 1824 † Menaam ûnder Bitgum 1859).
Oan ’e binnenkant fan it deksel de inisjalen F.R.H. en 1839.

Doe’t Frans ferstoar wienen syn frou en syn fiif bern him foargongen. (Rinse, 23 jier âld, Jetske, 22 jier, Bottje mar 2 jier, de twadde Bottje, 22 jier en Sybe, 25 jier âld)

Sybe (Bitgum 1854-1879), syn lêste soan, naam it beslút dat nei syn dea gjin uterlike tekens fan rou mear droegen wurde moasten, oars soe de famylje neffens de bewende fêststelde tradysje erflik swarte klean drage moatte.

Binnenkant deksel tabaksdoaze de inisjalen F.R.H. = Frans Rinses Haadsma, en it jiertal 1839.
Sulvermerken:
Binnenkant deksel yn hoeke: masterteken DK dêrûnder 2
Midden: kantoarteken = minervakop (skildknaap mei yn syn muts in letter) dy letter stiet foar it plak. De letter is hjir ûnlêsber, wierskynlik Ljouwert.
Boaium binnenkant: jierletter E: = 1839
Midden: gehalteteken = rinnende liuw. Hjir 2de gehalte sulver, dat is 835 tûzenste dielen gram op in kilo; 165 tûzenste dielen gram is koper.

2
Fotoalbum

út de neilittenskip fan Geertruida Hermanus Offringa
(* Mantgum 1891 † Ljouwert 1974 ).
Om yn te sjen.

3
Ik wil voor U strijdvaardig staan
En moest het zijn, voor U vergaan!

-poezyalbum fan Renske Reimers Brouwer
(* Muntsjesyl 1899 † Harns 1989).

-en fan Renske har mem, Geartsje Harmens van der Ploeg
(* Rie 1872 † Frjentsjer 1962).
Hjir in selsmakke fers fan har earste man Reimer Rinses Brouwer (* Froubuorren 1867 † Muntsjesyl 1902).
Hy wie ûnderwizer te Muntsjesyl.

Aan mij lieve Geertje.

Hoe zou ik U vergeten?
Ik weet, wat Gij mij zijt;
Als de aard het liefste en beste
Vergete mettertijd,
Ik zing het luid en en juich steeds weer:
‘‘Mijn Geertje lief! Ik min U teer!’’

Hoe zou ik U vergeten?
Uw beeld leeft in mijn hart;
Ik ben met U verbonden,
Met U, in vreugd en smart.
Ik wil voor U strijdvaardig staan
En moest het zijn, voor U vergaan!

Hoe zou ik U vergeten
In vreugd noch droefenis,
Zoolang een spoor van liefde
En leven in mij is?
Nee, ’k zoek U steeds en U alleen,
’k Min U mijn Geertje en anders geen!

Munnikezijl R Brouwer
13 Mei 1898.
 

4
Fjochter yn Atjeh

Feike Rinses Brouwer (* Sjoelemastate ûnder Menaam † Assen, Militêr Hospitaal, dêr begroeven mei militêre eare) focht yn Atjeh,en krige dêrfoar militêre ûnderskiedings:
Voor trouwe dienst - Atjeh 1875-1890 en
Voor krijgsverrigtingen - Atjeh 1896-1900.
Op ’e foto stiet Feike twadde fan links.

Feike woe nei Nederlân en syn froulju woenen dat opkeare. Doe’t dat net slagge, dienen se fynmeald hier yn syn iten en dêr is er yn Assen troch ferstopping yn ’e mage oan stoarn: de goena goena.

5
In greep út goud

-achter it gleske yn it spjeldsje sit in blommelânskipke makke fan hier fan Jouw Tjeerds Fokkema, boer te Menaam (Menaam 1796-1868), ferstoarn sûnder neiteam.
Middenyn it skilderijk de inisjalen: J T F.
-earmbân
-gouden rinkje
-floddermutsspjeld hearrend by it earizer fan Magdalena Harkes Tækema (Menaam 1833-1911).

6
Segelring

fan Gosse Hettema (* Ljouwert 1930 † Snits 1977).

7
Hazzesprong

fan Gerben Reimers Brouwer.
In hazzesprong is in piipúthimmelder, dit bonkje yn ’e achterpoat fan ’e hazze is it sterkst en dat waard sadwaande brûkt foar it piipútheljen.
Inisjalen yn it kopsulver: GRB.

fan Reimer Gerbens Brouwer
(* Sate 3, Súdhoek ûnder St.-Anne † Sjoelemastate ûnder Menaam 1871), Gerben syn heit.
Oan dizze hazzesprong komt gjin bonkje te pas: hy is kompleet fan sulver.

8
Geboarteleppel

fan Doekele Gerbens Brouwer (Bitgum 1917-1989),
krigen fan syn omke Doekele Dirks van der Schaaf
(* Bitgummole 1873 † Ljouwert 1956).

9
Teeleppeltsje

fan Dieuwke Klazes Nicolai (* De Him ûnder Wurdum 1792
† Barhûs ûnder Wurdum 1850),
twadde frou fan Doeke Wygers Hellema
(* Wânswert 1766 † Barhûs 1856).
Under it stâltsje de inisjalen DKN.

11
Twa reaukes

Ut it erfskip fan Antje Tjeerds Fokkema (Menaam 1801-1851) hat Erfgoed Fundaasje in 6-delich stel reaukes yn bewarring nommen (de grutte) en ien lytsenien.

12
Tsjerkejildbeurske

fan Anne Hettema (* Bitgum 1919 † Ljouwert 2011),
oer-oerbeppesizzer fan Anne Fokkema (hjirboppe).
Inisjalen op it dekseltsje: A. H.
Dat dit beurske gâns ferdrage moatten hat is dúdlik:
de boaiem is der finaal út.

13
Horloazje

fan Jantje Jentjes Siderius (* Doanjum 1868 † Bitgum 1915).

14
Horloazje-opwiner

en -ketting fan Doekele Doekeles de Boer (Dyksterhuzen 1811-1889).
Boer op Dyksterhuzen. De ôfbylding moat syn pleats foarstelle mei heaberch en op ’e oare kant de Bitgumer toer.
It sulvermerk yn it ketting is net mear te lêzen, it merk yn ’e horloazjeopwiner is: PC 114. Erfgoed Fundaasje hat nei ûndersyk fêststelle kinnen dat it hjir giet om Paulus Riddersma Cabboes syn wurk
(* Oldersum 1805 † Ljouwert 1859), hy levere ûnder dat merk fan 1836 oant syn dea.
It geheel sit noch yn it orizjinele doaske.