GENEALOGY
BRAAKSMA

(stamrige)

Beskriuwing: dield: I de Fryske heale earn; II yn sulver in wegjende dwersbalke, boppe beselskippe fan in seispuntige stjer en ûnder fan in Mercuriusstêf, alles read.
Helmteken: in gouden flaaksskeaf. Helmkleed: read fuorre mei wyt.
It wapem is troch Anton Bernard Dull tot Backenhagen ûntwurpen foar Ruurd Minnes Braaksma (VI I,sjoch dêr de oarspronklike ferzy ). De Merkuriusstêf stiet foar de ierdappelhannel, de stjer ferwiist nei in ierdappelras (bygelyks de Readstar). Yn it earder ûntwerp wie it helmteken in lodde as symboal fan ’e gernierkerij. Dy is ferfongen troch de flaaksskeaf: de famyljenamme is ûntliend oan it flaaksbraken.
Giel en read binne ek de kleuren yn it wapen fan Berltsum, wylst giel allyksa foar de flaaksbou stiet.
Wapentekener: R.J. Broersma, Heraut Frisia IV.
Registraasjenûmer: Fryske Rie foar Heraldyk. nr GJ 2018-5. Registraasje: Genealogysk Jierboek 2018, Fryske Akademy, Ljouwert, 2018. 

Ynstjoerder: Stichting Erfgoed Fundaasje.
Dit wapen mei fierd wurde troch de neiteam fan Minne Ruurds Braaksma (III * Rie 1764 † Berltsum 1840).

Undersyk: generaasjes I-IV Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert en Erfgoed Fundaasje. Wurk yn útfiering.
Sjoch foar mear tûken yn ’e stambeam fan dizze famylje Braaksma: http://www.kasteleninutrecht.eu/alle/Berlikum.htm Dy webside stiet folslein los fan Erfgoed Fundaasje.
* = berne/born
~ = doopt/baptized

x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried

 

STAMRIGE 

I
Yme Ruurds † Berltsum 1764/65, yn 1728 dêr boer op stim 19, letter bakker, x om 1725 hinne
Antie Douwes ~ Dronryp 19-11-1703 † Berltsum 1771, dochter fan Douwe Tæckes, sûkerbakker, en Gertje Douwes.

Yn 1749 is Yme Ruurds te Berltsum ‘wel in staat’ mei húshâlding fan fiif persoanen boppe en ien ûnder de tolve, oanslach 40 karg. 1 st. Hy bewennet spesynûmer 24 fan Berltsum. Yn 1754 is in soan it hûs út troud nei nr. 21 en yn 1755 ferhuzet Yme nei nr. 59 en komt soan Ruurd op nr. 24. Yn 1756 is in soan fertrokken nei Amsterdam, yn it kohier fan 1764 wurdt it ferstjerren fan de man optekene. De widdo bliuwt op nr. 59 dêr’t yn 1769 (op ’e nij) in soan ferfearn is nei Hollân en dêr’t yn 1771 har ferstjerren optekene wurdt. Der wurdt gjin fee holden, wol binne der besiedde lannen.

Yn 1751 (MEN A26 215v) keapje Yme Ruurts en Antie Douwes te Berltsum dêr in hûs fan Gemme Ulbe van Burmania, grytman fan Menameradiel, foar 146 goudgûnen.
Yn 1756 (MEN A26 323) keapje Yme Ruirds en Antie Douwes te Berltsum dêr ‘het Houthuis’ mei de keapers as neistlizzers besuden fan de ûntfanger Hotse Quader foar 200 karg.
Op 4-5-1765 (MEN I49 304) oerleit Antie, widdo fan Yeme Ruirds, in rekken fan de fâdij fan har man sûnt 1751 oer Douwtie Martens, stom en dôf. Mooglik is dit Doutie, dochter fan Marten Wiebes en Sjuke Hendriks, dy’t beide yn 1720 wei binne (fâd wurdt yn 1731 skoalmaster Ieme Wiltjes te Berltsum).
Op 14-5-1771 wurde Ruurd Ymes te Rie en Symon Sybrens te Berltsum oansteld as fâden oer de onnoazele Gertje Ymes, dochter fan Yme Ruurds en Antje Douwes, beide te Berltsum stoarn.
Yn 1771 (MEN I50 1) wurdt te Berltsum de neilittenskip beskreaun fan Antie Douwes, widdo fan Yme Ruurds, op fersyk fan Maartien Ymes, frou fan Gerben Goslings, te Berltsum, Ruurd Ymes te Rie, ds. Gentius Wibrandi, minnistelearaar te Berltsum, fanwege Hendrik Ymes te Amsterdam en fan Ruurd Ymes en Symon Sybrens te Berltsum as fâden oer Geertje en Tæke Ymes. Beskreaun wurdt û.o. de bakkerij; testamint fan Yme en Antie fan 1-10-1764, harren keap yn 1748, tegearre mei Gerben Goslings, fan 13 pm lân te Berltsum, in tegoed út 1763 fan 900 karg. op Hendrik Ymes, harren keap yn 1750 fan in hûs te Berltsum fan de grytman Burmania foar 146 goudg., har keap fan in hûs dêr yn 1756 fan Hotse Quader foar 200 karg.

Bern:
1 Maartje Iemes x foar 1748 Gerben Goslings te Berltsum, yn 1749 ‘gemeen’ mei húshâlding fan twa persoanen boppe en ien ûnder de tolwe, oanslach 19 karg. 1 st.
Yn 1750 (MEN A26 200) keapje Gerben Goslings en Maartjen Ymes te Berltsum in hûs dêr fan Pytter Teunis, ‘adsistent’, foar 300 karg.
In soan fan Maartsy en Gerben is:
Yeme Gerbens Koopmans * Berltsum 1758, boer, † Berltsum 14-5-1814 x Berltsum 27-3-1791 Grietje Heeres Dokkenburg.
2 Ruurd Ymes, folget II
3 Hendrik Iemes, te Amsterdam
4 Geertje Iemes, unnoazel
5 Tæke Iemes * nei 1746.

II
Ruurd Ymes * Berltsum 1728, te Rie sûnt 1756, † Hjerbeam 15-12-1807 (as widner mei trije bern), x 1754
Tjitske Minnes † Frjentsjer 1798.
Yn 1754 komt Ruurd Ymes, nij troud, te wenjen op spesynûmer 21 fan Berltsum. Jiers dêrop ferhúzje sy nei nr. 24 (dêr’t oant dan syn heit wenne) en yn 1756 binne hja fertrokken nei Rie.
Hy is op belidenis doopt, tegearre binne hja lidmaten te Rie 1772, hy wurdt dêr keazen as âlderling 20-9-1775. Hja komme mei attestaasje per 18-3-1787 fan Rie te Frjentsjer dêr’t sy stoarn is. Hy ferfart as widner mei attestaasje per 31-8-1799 nei ‘Jelsum’ en komt per 30-6-1799 mei attestaasje ‘fan Makkum’ oan yn Jislum. It is wol dúdlik dat hy nei de dea fan syn frou ynlutsen is by de soan Yme en ek dat hy mei ferhuze is nei Hjerbeam.

De bern binne, útsein Minne, tagelyk doopt te Rie op 15-4-1764:
1 Antie Ruirds * Rie 24-7-1757 † Snits 17-10-1811, x Rie 30-5-1784 Popke Wybes de Vries * Makkum 24-8-1754, timmerman te Snits 1815 † Snits 16-10-1826, soan fan Wybbe Popkes en Trijntje Euwes.
Antie Ruurds docht belidenis te Rie 28-3-1777 en fertrekt mei attestaasje per 3-8-1786 nei Harns. Yn 1804 is sy ynkaam yn Snits mei attestaasje, har man wie net lidmaat.
Yn 1811 kiest Popke Wybes te Snits foar de namme De Vries, mei foar syn bern Tjitske 26, Geertje 24, Tetje en Ruurdje 21, Wybe 15 en Eeuwe 11 jier âld.
2 Geertie Ruurds * Rie 10-3-1759, x Rie 13-6-1779 Arjen Hendriks, te Rie.
Beide dogge belidenis te Rie 24-3-1780 mei oantekening fan har ferstjerren.
Dochter: Tjitske 1780-’84.
3 Yme Ruurds Hellema * Rie 21-4-1761 † Frjentsjer 14-7-1815, yn 1788 boer op stim 5 fan Wânswert, letter te Jislum, oant 1811 boer op Ongeboer ûnder Hjerbeam, dan skipper te Frjentsjer; x 1 Rie 30-5-1784 Ymkje Baukes Hellema † Hjerbeam 22-7-1810; x 2 Hjerbeam 17-2-1811 Hyke Epkes Tichgelaar.
Sjoch foar Hellema: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema en Genealogy Hellema
Yme en Ymkje dogge belidenis te Rie 25-3-1785 en ferhúzje mei attestaasje per maaie 1786 nei Wânswert. Yn 1805 komt Ieme Ruurds fan Jislum nei Hjerbeam op speesjenûmer 8. Hy hâldt dan 9 kij, 4 rieren en 6 hynders.
Yme nimt de skaainamme fan syn earste frou oer en dy lit er yn 1811 te Fjentsjer befestigje, mei foar de bern Tjetske, 25 jier, te Boalsert, Baukje, 24 te Hjerbeam, Geertje, 23 te Mullum, en Ruurd, 16 jier.
4 Sijke Ruurds * Rie 16-2-1763 † Makkum 31-12-1798, x Makkum 14-12-1783 Karst Dirks * Makkum 4-1-1759, bakker te Makkum † dêr 13-5-1807, soan fan Dirk Gerkes en Bakke Karstens.
Sijke docht belidenis te Rie 25-11-1783 en ferfart mei attestaasje per 12-2-1784 nei Makkum. Karst docht dêr belidenis 19-8-1785.
De bern hjitte ‘Bakker’, út harren houliksbylagen komme wy de stjerdatums fan har âlden en pakes en beppes oan ’e weet.
5 Minne Ruurds Braaksma, folget III

III
Minne Ruurds Braaksma
* Rie 27-11-1764 ~ dêr 23-12-1764 † Berltsum (hûsnûmer 54) 7-11-1840, yn 1811 en 1828 arbeider te Berltsum, yn 1840 dêr seilmakker en turfmjitter; wierskynlik ek gernier te Berltsum, hy ferkeapet op 11-7-1818 dêr in hûs (keapsom f  283,00), x De Jouwer 20-7-1788
Sytske Sytzes * De Jouwer † Berltsum 12-10-1851, dr f. Sytze Hendriks en Antje Koerts.
Sytze Hendriks en Antje Koerts trouwe op De Jouwer 27-11-1763 en wurde minniste-lidmaten yn it ‘Oude Huis’ dêre 27-1-1764. Op 6-2-1790 wurde se dêr ek lidmaat, op 11-5-1798 fertrekke se mei attestaasje nei Berltsum. By houlik wennet Minne al op ’e Jouwer.
Op 25-11-1793 (HAS G2) wurde de prokureur Abraham Witteveen en notaris Jan Georg Semler oansteld as kuratoaren oer de insolvente boedel fan Minne Ruurds en Sytske Sytses op De Heerenwal.

Minne Ruurds nimt yn 1811 de namme Braaksma oan, grif nei it flaaksbraken. Yn ’e Klaaiboustreek bouwe gâns gernieren neist ierdappels, beane, earte, sipels en koal allyksa flaaks. Winters binne se yn  har braakhokken oan it flaaksbraken. Grif hat Minne syn fan dêroan ûntliend.
De beneaming sil wol net ferbûn wêze mei it braak lizze litten fan syn lân, want dêr wie it te kostber foar.
Sjoch: Vlas is een plant uit de vlasfamilie (Linaceae) en wordt al vele …
Flaaksbrake – it braken fan flaaks 
en Braak (grûn) – Wikipedia

Bern:
1 Ruurd Minnes Braaksma * 1791 x Berltsum 1-6-1815 Antje Sapes van der Hout
2 Antje Minnes Braaksma * Berltsum 1796 x 1. Menameradiel 10-8-1817 Sikke Thomas Dijkstra; x 2. dêr 25-1-1843 Pieter Folperts Baarda
3 Sytze Minnes Braaksma, folget IV
4 Minne Minnes Braaksma * Berltsum 1802, x 1 Menameradiel 20-6-1827 Baukje Sjoerds van Tuinen; x 2 dêr 25.2.1829 Pietje Gæles van der Wal; x 3 dêr 21.2.1838 Trijntje Haukes Hager; x 4 dêr 25.3.1847 Janke Balthus Hazer
5 Tjitske Minnes Braaksma * Berltsum 1805, x Menameradiel 7-6-1837 Willem Andeles Boomsma.

TRIJE NAMMEGENOATEN
Yn Fryslân wurde trije nammegenoaten fan Yme Ruurds oantroffen yn deselde snuorje en ek alle trije yn deselde omkrite:
1 Yme Ruurds, r.k. boer te Dronryp, tr. 1. N.N., stoarn dêr 1736; tr. 2. 1738 Trijntje Jacobs.
Dopelingen r.k. Dronryp: Petrus 1738, Rynske 1740, Jacob 1741, Wickje 1743, Feikje 1745, Ime 1747, Johannes 1749.
2 Yeme Ruirds, tr. Bears 1730 Foekjen Willems.
Dopeling te Bears: Yeme 1730.
3 Yme Ruyrds, fan Huzum, tr. Marsum 1731 Gatske Pytters.
Dopeling te Huzum: Akke 1732.
Alle trije dus like âld of jusjes jonger as ús man. Dan is der ien bern Yme Ruurds oantroffen:

Ruird Freerx, tr. foar 1695 Acke Ymes, stoarn as widdo Deinum 1720.

Yn 1720 (MEN I41 467) wurdt te Deinum de neilittenskip beskreaun fan Acke Ymes, widdo fan Ruird Freerx, op fersyk fan Jetske Ruirds, mearderjierrich, en fan Gerrit Freerx, húsman te Jellum, en Douwe Wytses, húsman te Boksum, as fâden oer Freerk 23, Acke 21, Doetje 19 en Yme 16 Ruirds.

Aldste dochter Jetske is grif doopt Jorwert 1695 en soan Yme is dus berne 1704.
Ofgeande op de namme Akke is dit grif de Yme Ruyrds fan Huzum dy’t yn 1731 boasket en fuort in dochter Akke krijt. Dêrmei binne dizze Ruird + Acke fan de baan as mooglik nij stel stamâlden.
Wat noch oerbliuwt: op 26-12-1684 is te Tsjummearum doopt Yeme, soan fan Ruierdt Yemes. Fan heit noch soan binne gjin fierdere spoaren te finen yn ’e reguliere boarnen fan Barradiel.

IV
Sytze Minnes Braaksma * Berltsum 1798 † dêr (hûsnûmer 132)10-8-1861, yn 1828 dêr arbeider, 1850, ’60 gernier, x Menameradiel 9-4-1828
Geertje Lieuwes Douma * Menaam omstrings 1802 † Berltsum 4-2-1870, 68 jier, nei de dea fan har man set hja de gernierkerij fuort oan har ferstjerren ta, dr f. Lieuwe Douwes Douma, arbeider en deagraver (yn trouakte fan Geartsy 1828 as berop opjûn) te Bitgum, en Sieuwke Tækes de Vries.
Sjoch: Genealogy Douma

Bern:
V

V
Ruurd Sytzes Braaksma * Berltsum 20-1-1839 † dêr 24-12-1911, keapman te Berltsum, grûnlizzer fan de Firma Braaksma, ierdappelhannel, driuwt al hannel yn ierdappels te Brussel, x Menameradiel 18-5-1864
Ytje Pieters Quarré * Berltsum (hûsnûmer 44) 26-12-1842 † dêr, dr f. Pieter Lammerts Quarré, gernier te Berltsum, en Janke Jacobus van Schepen.
Bern:
1 Pieter Ruurds Braaksma, folget VI.1
2 Sytze Ruurds Braaksma, folget VI.2
3 Janke Ruurds Braaksma
* Berltsum 21-4-1873 † Ljouwert 10-2-1956; x Menameradiel 12-4-1900 Jelle Jelles Sybrandy * Berltsum 27-12-1869 † Ljouwert 18-1-1943; bakker
4 Minne Ruurds Braaksma, folget VI.3
5 Jan Ruurds Braaksma

VI
VI.1 Pieter Ruurds Braaksma * Berltsum 21-9-1867 † dêr 25-8-1950, lid Fa. P. & M. Braaksma, hannel yn ierdappels, griente en fruit, sûnt syn bankroet sutelder mei tsiis, by ferstjerren sûnder berop; 1899-1910 bestjoerslid feiling De Afslag, 1912-1918 foarsitter fan De Foarútgong, x Menameradiel 10-5-1894
Albertje Groenewold * Berltsum 8-9-1868 † Warkum 14-9-1956, wennet by ferstjerren te Warkum, dr f. Jan Groenewold, skoallehaad te Berltsum, en Marchien Jobing.

VI.2 Sytze Ruurds Braaksma * Berltsum 29-6-1871 † dêr 20-9-1932, gernier te Berltsum, x Barradiel 23-5-1896
Neeltje Zijlstra * Tsjummearum 9-2-1869 † Berltsum 26-3-1945, dr f. Eke Sjoerds Zijlstra, beurtskipper, letter gernier te Tsjummearum, en Baukje Michiels Boonstra.

VI.3 Minne Ruurds Braaksma * Berltsum 11-2-1878 † Grins (Rooms Katolyk sikehûs) 5-9-1939, lid Firma P. & M. Braaksma, nei in jierrenlange gearwurking stapt Minne út de Firma P. & M. Braaksma en giet er fierder ûnder it findel Firma M. Braaksma, hannel yn ierdappels; Minne lit in hûs sette oan ’e Berltsumerdyk te Berltsum (offisjeel doarpsgebiet St.-Anne), x Menameradiel 12-4-1900
Lijsbert Hoitsma * Berltsum 11-1-1878 † dêr (doarpsgebiet St.-Anne) 10-12-1945, dr f. Hendrik Frederiks Hoitsma, ferver te Berltsum, en Antje Joris Westra.
Bern:
1 Ruurd Minnes Braaksma, folget VII

Henk Braaksma

2 Hendrik Frederik Braaksma (Henk) * Berltsum 16-9-1905 † Ljouwert gefangenishospitaal) 10-6-1945, túnder en kweker te Berltsum.
Hindrik erft it hôf fan syn heit en wurdt túnder. Yn ’e 30er jierren giet it mei de túnderij fansels ek poermin. Hindrik is oates en toates by Gerben Jitzes de Jong, boer en fuorman te Bitgum en al ier lid fan ’e Nationaal Socialistische Bond, ûnder de besetting boargemaster fan Menameradiel. Under ynfloed fan De Jong slút Hindrik him ek oan by de N.S.B.
Hy wol sjen watfoar mooglikheden der binne yn ’e Oekraïne, wurdt Ostlandgänger en wurket him op ta direkteur fan it Saadbüreau te Kiev. Dêr is it net sa fraai: de lju bestelle inoar en de Dútsers ha de gek mei de ûndernimming. De Russen komme dy kant út. Hindrik wachtet dêr net op en reizget werom nei Berltsum. Hy is syklik. Nei de oarloch wurdt er oppakt en komt mei difteritus yn it gefangenishospitaal. Hy krijt dêr net de goede medikaasje – famylje seit: Se ha him ferrekke litten, ’t is toch mar in N.S.B.-er.

Henk Braaksma is sels túnder; ûnder: yn syn kas


Henk (links) mei Sjouke de Vries, Eeltsje en Tæke de Jong

Henk yn ’e kas fan Tiede Bosma (links) mei iere Earstelingen


Annie Braaksma en Leendert Eerland. Foto nommen op ’e troudei fan Minne Braaksma en Tineke Rienks.Foto: Fotobureau De Vries, Pelikaanstrjitte 38, Ljouwert.  Kolleksje Minne R. Braaksma.

Annie Eerland-Braaksma, mei in gleske port

Leendert Daniël Eerland. Tekening: Otto Dicke. Orizjinele grutte 

3 Antje Braaksma (Annie), apotekersassistinte, x
Leendert Daniel Eerland * Rotterdam 25-2-1897 † 29-6-1977; nei it Erasmus gymnasium te Rotterdam docht er genêskunde oan ’e Ryks Universiteit te Utrecht; promoveart yn 1926; dêrnei assistint sjirurgy Burgerziekenhuis te Amsterdam en Coolsingelziekenhuis te Rottedam, oplieding obstretikus-gynaekolooch Vrouwenkliniek te Utrecht; dêrnei Chef de clinique sjirurgise ôfdieling  Geneeskundige Hogeschool te Batavia; 1928-1937 genêshear-direkteur H.V.A-kliniek Toeloengredjo Paree Kediri; 1937 heechlearaar sjirurgy te Grins; dir. Groninger Chirurgische Kliniek
Annie hâldt o sa fan har broer Hindrik, mar wearzget fan syn N.S.B.-ferline en ferbaarnt nei dy syn ferstjerren alles wat dêrmei anneks is, ek syn unyk amateur-fotomateriaal dat er har neilitten hat

 

VII
Ruurd Minnes Braaksma * Berltsum 24-7-1900, (komt op 3-7-1928 út St.-Anne yn Berltsum) ierdappelhanneler te Berltsum, lid Firma M. Braaksma; driuwt hannel yn ’e mande mei de ierdappelkeaplju Ritske Tulner te St.-Anne en Maurits Ypma fan Frjentsjer, ûnder oaren te Brussel, x Ljouwerteradiel 23-6-1928
Sijtsje Kooistra (Siet) * Wergea 14-2-1904 † Ljouwert (sikehûs); komt op 23-7-1928 út Huzum yn Berltsum; dr f. Tæde Jans Kooistra, greidboer te Wergea, en Trijntje Pieters Terpstra
Bern:
Minne Ruurds Braaksma, folget VIII
Tæde Ruurds Braaksma
* Berltsum 24-2-1937
Elisabeth Ruurds Braaksma
(Lize)

Dit Braaksma-wapen hat Ruurd Minnes Braaksma (VII) ûntwerpe litten troch de heraldikus Anton Bernard Dull tot Backenhagen.
It helmteken is in lodde, as symboal foar de gernierkerij, tink. (It ienfâldich lytse stik ark wurdt hjir hast wei yn ’e barokke helmtoai.)
Rjochts de Fryske heale earn (it is net rjocht dúdlik wêr’t dy as symboal foar stiet). It is in teken fan sonken of delgeand kultuergoed, yn ’e sosjology in stânsskaaimerk of statussymboal dat oait reserveard wie foar in lytse dominante groep yn ’e maatskippij, lykas de adel of de bourgeoisy, en dat geandewei troch hyltyd mear lju út oare fermiddens brûkt wurdt.
De stjer stiet foar de ierdappel (fergelykje Readstar), de weach foar de Middelsee (Berltsum wie in seestedsje mei de namme Utgong) en de Mercuriusstêf symboliseart it keapmanskip.
It registrearde wapen – boppe-oan dizze genealogy – mei fierd wurde troch de neiteam fan Minne Ruurds Braaksma (III * Rie 1764 † Berltsum 1840).


It is net bekend wa’t dit wapen ûntwurpen hat en wa’t de tekening makke. Mooglik hat Ruurd Minnes hjir ek in hân yn hân. De kroan – foar eigenerfden? – is hjir net sa  fan tapassing 

 

VIII
Minne Ruurds Braaksma
* Berltsum 9-9-1930, lid Firma M. Braaksma (4 jier, giet út de saak omdat er neist Fryske setierdappels ek wol yn griente wol); boer oan ’e Ouwedyk ûnder St.Jabik (2 jier), employee Friesland Bank (25 jier), x It Bilt 28-9-1956
Trijntje Rienks (Tineke) * St.-Jabik 23-4-1928 † Ljouwert 2010, ferpleechster, dr f. Jan Klazes Rienks, bouboer ûnder St.-Jabik, en Gerlandje Klazes Rienks.


Tineke Braaksma-Rienks
Foto: Kolleksje Minne R. Braaksma

It stee dêr’t Minne en Tineke Braaksma-Rienks buorken, de pleats is ôfbrutsen.
Foto: Anneke van Miltenburg
Fan links nei rjochts, steand: Bauke, Clemance Leverink, Ruurd, Gerland, Minne Ruurds Braaksma, Petra Huizinga en Jan; sittend: Minne, Margriet, Hessel, Tineke Rienks, Tineke en Lize

Bern:
IX.1 Jan Simon Braaksma * Berltsum 26-1-1959, twilling mei Ruurd, learaar, x Clemance Leverink
   Bern:
   1 Minne Braaksma
   2 Tineke Braaksma
   3 Margriet Braaksma

IX.2 Ruurd Henk Braaksma * Berltsum 26-1-1959 , twilling mei Jan, bedriuwsekonoom, x Petra Huizing
   Bern:
   1 Hessel Braaksma
   2 Bauke Braaksma
   3 Lize Braaksma

IX.3 Gellandje Sijtsje Braaksma * Ouwedyk onder St.-Jabik 22-7-1966