Fa. Braaksma

In koarte kronyk

 

Yn ’e 19de en begjin 20ste iuw ferrize ûnderskate partikuliere ierdappelhannelshuzen út de fette klaai yn ’e Klaaiboustreek. Dy komme gauris fuort út lytse en gruttere ierappelgernierkerijen. In gernier is in spesjalist op it gebiet fan ’e teelt fan benammen ierdappels, flaaks en grienten.
Wat in waaksdom.

Ambisjeuze gernierssoannen wolle har eigen fruchten sels ferkeapje en boare dêrfoar in merk oan. Dy merk om har hinne waakst yndied ûnder har keapmanshannen. Se wolle har útsetgebiet noch fierder útwreidzje, it bûtenlân feroverje. Oer de lânsgrinzen op grutte skaal hannel driuwe; lykwols yn ’t lyts, want se bliuwe yn hâldershân, dat wol hjir sizze dat se har saken sels beoarderje. Se meitsje harsels frjemde talen eigen: Dúts, Frâns en Ingels.

Sa ek de Braaksma’s te Berltsum om ende by 1850.
Fjouwer generaasjes Braaksma yn ’e ierappelhannel.


Ruurd Sytses Braaksma.Foto: C. Halbertsma, Ljouwert
1 Ruurd Sytses Braaksma (Berltsum 1839-1911 x Ytje Pieters Quarré) is de grûnlizzer fan ’e ierdappelhannel Braaksma. Hy rjochtet yn 1888 de Firma Braaksma & Zonen op en driuwt begjin 20ste iuw al hannel te Brussel.
2 Syn soannen

Pieter Ruurds Braaksma (Berltsum 1867-1950 x Albertje Groenewold) en Minne  bouwe de firma fierder út ûnder de namme Firma P. & M. Braaksma. De firma wurdt yn 1919 mei-firmant fan Cultura, sjoch hjirûnder.

Piter spekuleart tefolle op hannel yn Frankryk en bolwurket it yn ’e ierdappelhannel net, fierders wol.
BRAAKSMA MINNE RUURDS

De jongere broer Minne Ruurds Braaksma Sr ((Berltsum 1878-Grins 1939 x Lijsbert Hoitsma) bliuwt foarsichtich. Hy hâldt him meast by ierdappels, rapen en woartels. Mei it debakel fan syn broer yn ’e kop, spekuleart hy net. Hy hannelet frij foarsichtich fierder ûnder de flagge Firma M. Braaksma & Zn.


3 Soan Ruurd Minnes Braaksma nimt de hannel oer en hâldt him likemin allinne by ierdappels. Mar ek hy bliuwt hoeden. Hat er leard fan syn hannelsreizen yn Cultura-ferbân? Of is er tè foarsichtich wurden?


4 As dy syn soan Minne Ruurds Braaksma Jr (Berltsum 1930 x Trijntje Rienks) letter yn ’e saak komt en de hannel al wer útwreidzje wol, neist ierdappels mei mear griente en fruit oer de swetten hinne nei ’t bûtenlân, keart heit dat op. Minne bliuwt sa’n fjouwer jier yn ’e saak. Hy opperet letter: Doe’t it bedriuw te lyts waard, hie Braaksma miskien ek opgean moatten yn Hettema.
Yn ’t filmke hjirûnder is dy Minne, oerpakesizzer fan ’e oprjochter, op ’e tekst oer libben en bedriuw.
Yn ’e Kolleksje Braaksma-Rienks is gâns te finen oer dizze firma, yn brede kontekst.

Sjoch ek: Genealogy Braaksma VIII, VI, V en Kertiersteat Ruurd, Jan en Gellantje Braaksma de nrs 2, 8 en 16
Film: David James; ynterview: Goasse Brouwer.

Pieter Ruurds Braaksma
in fortunlik en onfortúnlik man 
Informatieboek –  Aardappelen en groenten – 20 November 1908, meldt it etiket op dit mânske sakeboek, oanlein troch Piter Ruerds Braaksma; mear as in iuw beplakt en bewarre
Yn dit earbiedweardich boek wurdt troch Pieter Ruurds Braaksma minisjeus beskreaun en byhâlden wat de hannel fan him en syn broer-kompanjon Minne te betsjutten hat, yn binnen- en bûtenlân.
Piter skriuwt foaryn, yn syn prachtich moai tagonklik hannelshanskrift:
Dit informatieboek is den 28 October 1903 gekocht voor f 2,25 bij Leonard Tijssen te Leeuwarden.
In de eerste helft van November is het bijgeschreven en het is voltooid of ten minste zoo goed mogelijk bijgewerkt in den nacht van 19-12 November toen er aan gewerkt is van des avonds 9 tot des morgens drie uur (90 bladzijden).
It boek befettet hûnderten nammen fan klanten mei gâns wederwarichheden yn detail. In ‘Fundgrube’ foar de ûndersiker nei de ierdappelhannel yn ’e Klaaiboustreek.
Pieter Ruurds Braaksma is foarearst in fortúnlik man. Hy keapet gâns lân om Berltsum hinne.


Fisitekaartsje fan ’e Firma P. & M. Braaksma. Goed brûkt, de achterkant is geskikt foar in flugge berekkening
Neffens Minne Ruurds Braaksma Jr gean foar de Twadde Weareldoarloch op syn meast in tûzen wagonladingen poaters fan ’e Firma P. & M. Braaksma nei fruchtbere bestimming. Ien wagon is gau sa’n 20 ton, sokke ôfnimmers kinne helpe. Mar Piter Braaksma spekuleart nochal, benammen yn syn hannel op Frankryk – sûnder dat er de sinten achter de hân hat. Hy moat dat raar bekeapje en rekket alles kwyt. Hy is bankroet, fallyt giet er net: hy wol al syn skuldeaskers ôfbetelje en ferkeapet dêrom syn gehele besit. Hy lit gjin skuldeasker nei.
Hy seit by himsels: Wat moat ik no? Hy rint nei Surch en ûnder it rinnen wei krijt er it foar de geast: gewoan wer yn ’e hannel, byneed mar yn ’e tsiis. Hy set in sinesappelkistje op ’e fyts en laadt dat fol mei tsyskes, dêrmei giet er yn eigen doarp de doarren bylâns. En yn rekkenje kontanten.
Hy rêdt him fierders sels, de sibben stypje him yn ’t finansjele net.
De wegen fan Piter en Ruurd skiede, yn ’t saaklike. Minne hat it letter noch gauris tagedien oer ‘ús Piter’.
Minne Ruurds Braaksma oer syn âldomke: Hy woe by net ien skuldeasker yn ’t kryt stean bliuwe. Om al syn skulden te fereffenjen ferkocht er al syn eigen fêstichheden, hûs, bedriuwsgebouwen en lân. Kinne je neigean, ien fan ’e rykste manlju fan Berltsum. Foar op ’e fyts hie er in bak mei sinasappels en dêr gong er mei by de doarren lâns. Yn eigen doarp! De lju moasten wol daliks betelje. Sa is hy der noch min ofte mear boppe-op kommen. Dat twingt respekt ôf. Chapeau!Pieter Ruurds Braaksma is in bestjoerder. Sa is er ien fan ’e earste bestjoersleden fan ’e Berltsumer feiling.
Hjirûnder in yllustraasje út: Een halve eeuw – Geschiedenis van de veilingsvereniging ‘De Afslag’ te Berlikum, 1899-1949 –
Door M. Brandsma – Met een voorwoord van S.J. van Tuinen
, Eigen behear, Berltsum, oktober 1949.


Sitaat side 24: Wassenaar had de leiding. Bakker propageerde in een warm betoog de veilingsgedachte, terwijl Braaksma een proeve van statuten en reglement voorlas. Hij had zich bijzonder beijverd in de samenstelling daarvan. Er waren daartoe door hem gegevens opgevraagd o.a. in Broek op Langedijk.
Sitaat side 35: De georganiseerde verkoop van groenten was een gevolg van het oprichten van een proeftuin. Reeds in het najaar van 1900 had het bestuurslid Braaksma een suggestie gedaan om te komen tot het oprichten van een klein proefveld.
Dat proeffjild komt der yn 1908. Teelt wurdt sla, blomkoal en griene komkommer, ek ûnder glês.
Side 36: De firma Braaksma zocht afzetgebied en bracht het product belangeloos aan de man. Dit was geen gemakkelijke taak en er waren in het begin vele moeilijkheden te overwinnen.
It Berltsumer feilingsbestjoer, twadde fan links: Pieter Ruurds Braaksma, mei syn frou Albertje GroenewoldBEURSGEBOU
De Beurs te Ljouwert, om 1925 hinne (boud yn 1880, arsjitekt Thomas Romein). It gebou wurdt op 26-3-1952 nei in modernisearing op ’e nij iepene. De keaplju har betroude honk yn ’e hannel
Minne Ruurds Braaksma
De twadde man fan ’e twadde generaasje

BRAAKSMA BRIEVEHAAD
Brievehaad út ’e tritiger jierren (argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Nei’t Minne Ruurds Braaksma nei in jierrenlange gearwurking mei syn broer Piter út de Firma P. & M. Braaksma stapt, giet er fierder ûnder it findel Firma M. Braaksma, hannel yn ierdappels. It giet him foar de wyn mei de hannel. Hy lit in hûs sette oan ’e Bitgumerdyk (nr 9) te Berltsum (offisjeel doarpsgebiet St.-Anne), op eigen grûn fan syn skoanheit Hendrik Frederiks Hoitsma: de Braaksma-filla

Tekening yn oastindise inkt, n.n., 7 febrewaris 1940

CULTURA BOND
Yn 1933 wurdt de Firma M. Braaksma & Zonen te Berltsum lid fan ’e Vereeniging van Friesche Exporteurs van Plantaardappelen. Tekene troch Ruurd Minnes Braaksma en it bestjoer: Tjitze Hettema, foarsitter, Ritske Tulner, sekretaris, Dirk Arjens van der Schaaf, penningmeester, Ruurd Braaksma en Marten Pieters van Dijk fan Maison Martin, ierdappeleksport te St. Anne (de Frânse namme fan Marten syn hannelshûs hat alles te krijen mei de hannel op Frankryk)
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)
Nettsjinsteande de partikuliere, non-koperative ynstelling, is de Firma Braaksma – tsjin wil en tank en tagelyk fan herte – meilibjend lid fan ’e tsientallen bewende fak-organisaasjes, lykas:
B.E.A. – Bond van Export in Aardappelen, oftewol Stichting tot het Exporteren van Aardappelen, Den Haach
Bedrijfsschap voor de Groothandel en Tussenpersonen in Groenten en Fruit, Den Haach
Buvoha
Bureau voor Handelsinlichtingen, Amsterdam
Gropo – Nederlandse Vereniging voor de binnenlandse
Groothandel in Pootaardappelen, Den Haach
N.V. Fobek – ierdappelkwekersorganisaasje
Foar Boer En Keapman, Bitgummole
N.A.K. – Keuringsdienst Friesland van de
Nederlandse Algemene Keuringsdienst voor landbouwzaden en aardappelpootgoed, Ljouwert
Nederlandse Bond van Commissionairs in Groenten en Fruit, Den Haach
Nederlandse Bond van Verzendhandelaren in Groente en Fruit, Den Haach
Nederlandse Federatie voor de Handel in Pootaardappelen, Den Haach
Nevexpo
Nederlandse Vereniging van Exporteurs (en Aardappelhandelaren) van Pootaardappelen, Den Haach
Ondervakgroep Groothandel in Pootaardappelen, Den Haach
Ondervakgroep binnenlandsche Groothandel in Aardappelen, Den Haach
Ondervakgroep Export van Consumptie-Aardappelen, Den Haach
Produktschap voor Ardappelen, Den Haach
Provinciale Organisatie van Veilingen in Friesland, Berltsum
Vakgroep Groothandel in Aardappelen, Groenten en Fruit, Den Haach
V.B.N.A.
Vereniging ter Behartiging van den Nederlandschen Aardappelhandel, Skeveningen
VenexaVereniging van Nederlandse Exporteurs van Aardappelen, Den Haach/Skeveningen
Vereniging van Aardappelhandelaren, Den Haach
Vereniging van Aardappelhandelaren in Friesland, Ljouwert
VZH -Nederlandse Bond van Verzendhandelaren in Groenten en Fruit, Afdeling Friesland, Berltsum
De BEA regelet lanlik de ierdappeleksport, elke eksporteur krijt syn kwantum. De Firma Braaksma heart yn ’e jierren 1937, ’38 en ’39 by de tsien grutste ferladers fan ierdappels yn Nederlân. Foarsitter fan BEA is oant syn ferstjerren yn 1944 G.C.C. Sieverts te Den Haach, in tige oangename sakerelaasje fan ’e Braaksma’s.De VBNA is belangryk middel foar de keapman om de merk adekwaat te oersjen én te bespyljen, ek foar konsumsje-ierdappels; hjirûnder in bewiis fan lidmaatskip fan ’e Firma M. Braaksma:


Neist al dy belange-organisaasjes, bliuwt sels oan ’e dyk timmerje fansels de kearn fan ’e saak. Meartalich printwurk:


Minne Ruurds Braaksma en Minne Quarree

Minne Braaksma mei syn folk. Fan links nei rjochts: Ane Hilverda (emigreart nei Kanada), ûnbekende jonge, Jappie de Jong, Jehannes van Wigcheren, Minne Sr, Jan van der Berg en Jappie Dusselaar


Minne Sr en Minne Jr by de tram

Cultura (1919-1922)
De Firma P & M Braaksma is in yngreven partikulier hannelshûs. Partikulier, dat wol sizze dat it net koöperatyf ynsteld is. Koaning yn eigen keninkryk, baas op eigen hiem. Dat jildt ek foar de ierdappelkeaplju om har hinne, lykas dy fan ’e firma’s Hettema Zonen, Van der Schaaf en Runia-van der Schaaf te Berltsum, Bitgum, Bitgummole en Ljouwert. Se hawwe lykwols in mienskiplik belang: in fertsjintwurdiger yn ’t bûtenlân dy’t neist ferkeapje, ek syn talen ken.
It saaklik ferlet dêrta baarnt de keaplju yn. Dat wurdt sa ferheftich dat dizze non-koöperators koöperatyf de hannen yninoar slaan. Se rjochtsje yn 1919 de Firma Cultura op. En bestevigje en befoarderje dêrmei kollektyf har hannelskontakten yn Frankryk, België, Silezië, East-Dútslân, Tsjechoslowakije, Ingelân en Skotlân.
Algemien fertsjintwurdiger en betûft hannelsreiziger wurdt Ruurd Minnes Braaksma. Dy docht fan syn reizen nei Grut Brittanië skriftlik minisjeus ferslach oan syn meifirmanten. Yn Grut Brittanje strikt er ôfnimmers yn Londen, Liverpool, Glasgow, Edinburgh, Leith en Dundee.

BRAAKSMA RUURD SILHÛET
Sylhûet fan Ruurd, knipt yn Wenen op ien fan syn hannelsreizen yn 1921. Mei sniewite stive board, monokle en flinterstrikje, in deftich besitekaartsje
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Yn in notysjeboekje hâldt Ruurd in deiboekje by:
Maandag 7 Nov. [1919]: Smorgens uit Leeuwarden naar Rotterdam waar ik om 12 uur aankwam half drie gegeten met Leendert [Runia, sjoch fierderop] en toen vissen gehaald. S’avonds 10 uur op de boot. Die Dinsdagmorgen na een storm op zee meegemaakt te hebben en vreselijk zeeziek geweest toen om 8 uur in Harwich aangekomen [?]
Hy beskriuwt û.o. in hannelsreis fan 7 oant 19 novimber nei Ingelân en Skotlân, benammen om flaaks oan ’e man te bringen. Dat liket net sa suksesfol:
10 novimber: Smorgens eerst bij Nibets [?] geweest, ook mis had genoeg Egyptisch vlas voor de helft en Russisch handelde [?] anders wel in het vlas maar men kon het niet kwijt aan de spinners.
(Ut dy hannelsferslaggen komt hjir letter mear ynformaasje.)

hettema briefkaarta
Ruurd krijt in oarder troch fan mei-Cultura-firmant Hette Hettema
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Sjoch foar Cultura fierder: Cultura – ynternasjonale hannel


Ruurd Minnes Braaksma
de tredde generaasje

Faak yn ’t bûtenlân, in bestimpelde pasfoto

Ruurd Minnes Braaksma docht midden yn ’e krisisjierren saken yn Frankryk. Hy docht ferslach oan syn heit en mem en broer Taede. Yn ’t bedriuwsargyf binne aldergeloks legio brieven bewarre. In lytse greep út de korrespondinsje.
Hjir út Orléans, 26-6-1933:
Heden maandag nà Orléans te Artenay bij Godefroy geweest, doch dit is misgeloopen. Wel alles best, en goed ontvangen daar, maar wilden geen ordertje geven zooals vorig jaar, wat mij wat tegenviel./…/
Wij zijn bij onze aardappelen geweest, en stonden best, doch hier in omtrek van Orléans hebben ze lang zoo veel regen niet gehad als in andere streken van Frankrijk, en was hier zeer droog.
Doch het stond alles best die van ons, door de droogte waren de Fransche soorten niets en konden wel onder een pet. 

In deimannich letter út Lille, 28-6-1933:
Via Orléans, gistermiddag naar Lille gereisd en nog bij Thoonis Geistermann geweest, en een paar uur met hem gesproken.
Hij wilde ook niet koopen, en afwachtten want bij hem kosten de aardappelen ook al weinig 25-28 francs en hij zeide dat ze nog lager zouden gaan /…/
De volgende week  moet hij weer naar het ministère om te zien of hij de licenties niet kan afkrijgen/…/hij wist, dat hij er voor aangezien werd, dat hij voor invoerrechten en licenties is, maar dat was aboluut een leugen, zeide hij, maar het is een snaak, een soort Mussolini, wat wij wel weten. Hij kwam denkelijk met een paar weken in Friesland, zoo zeide hij, en wilde dat wij hem hier en daar de aardappelenzouden willen laten zien. Hij had het over v/d Schaaf en ons dei hij wilde zien, over de anderen niet; maar… ’t is Thoonis.
Ook zeide men vandaag hier, dat de muizen
[=in ierdappelras] wel gekeerd zouden worden van ons, doch de Eerstelingen niet/…/
Doch men zegt zoo veel, de eene dat en de andere gelooft weer dat en niemand weet wat, doch geloof wel dat men nog eens voor verrassingen komt, en men zeer voorzichtig moet zijn in alle opzichten. Vooral als men ze te duur heeft, dan kunnen ze natuurlijk geen licenties krijgen, enz., nu we zullen zien./…/

De grutste ôfnimmer yn Frankryk is Les Cooperateurs De Flandre et D’Artois, dat is in koperaasje fan formaat. De haadfestiging is yn Coudekerque-Branche (Nord), by Dúnkerken, en de direkteur is Mr C. Legrand, dêr’t wol even mei te praten is. De hear Léon Patfoort is de man dy’t dêr de ierdappelsektor fierdersoan fersoarget, de ynkeaper fan ’e koperateurs. Dy sil in soad foar de Firma Braaksma betsjutte.
Minne Jr: De Firma Braaksma het feul saken met him deen. Sympatike man, en de kontakten binne tot syn doad in 1950 bestaan bleven.

Ruurd Minnes is net altyd alinne op reis, ek gauris mei syn doarpsgenoat en kompaan Leendert Runia, de âldste soan fan Cultura-firmant Anne Leenderts Runia.
Knipsel
Leendert Runia (Berltsum 1898-Ljouwert 1983), trout yn 1925 mei Baukje (Bauk) van der Schaaf (Bitgummole 1902-Ljouwert 1934) en yn 1936 mei har âldste suster Jitske (Jikke) van der Schaaf (Bitgummole 1896-Ljouwert 1984), dochters fan Arjen Dirks van der Schaaf, ierdappelkeapman te Bitgummole en âldste broer fan Doekle en Piter.
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Leendert is mei-firmant fan de Firma Runia-Van der Schaaf te Ljouwert, yn- en eksport fan setierdappels. Syn sakepartners binne syn sweagers Dirk Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman te Ljouwert, en Sybren Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman en -kweker te Bitgummole.
Durk (Bitgummole 1900-Ljouwert 1971) is troud mei syn nicht Baukje Synes Nauta, dochter fan Maaike Dirks van der Schaaf en Syne Wybes Nauta. Durk syn broer Sybren van der Schaaf (Bitgummole 1903-1981) rjochtet yn 1951 de kwekersorganisaasje FOBEK op – Foar Boer En Keapman. Hy is direkteur oant 1971, syn soan Durk folget him dan op.

SCHAAF ARJEN DOUWES
In oare hannelskompaan fan Ruurd Braaksma is Arjen Douwes van der Schaaf, neamd ta ûnderskie fan syn neef Arjens Durks: AD (Bitgummole 1892-Ljouwert 1949), ierdappelkeapman. (foto: J. Dwinger, Grêftswâl 9, Ljouwert)

SCHAAF VAN DER DOUWE ARJENSRUNIA GRIETJE PIETERS
Dit binne de âlden fan Arjen Douwes van der Schaaf, Douwe Arjens van der Schaaf (Bitgummole 1843-1917), gernier en ierdappelkeapman te Bitgummole, en Grietje Tjeerds Runia, dochter fan in ierdappelgernier út Berltsum. Gryt wurdt ‘Kike’ neamd: in flaainamme foar Grytsje (foto: J.H. Slaterus, Ljouwert)

De ierdappelkeaplju hawwe uteraard benammen konneksjes yn eigen fermidden. Braaksma, Hettema, Runia en Van der Schaaf, dy nammen binne in begryp yn ’e ierdappelhannel yn ’e Lytse Klaaiboustreek. De jongere generaasje hat en ûnderhâldt dêrfoaroer kontakten oer de lânsgrinzen. Dat skept neist dat eigenaardich betroude, dêroerhinne in oare bân.
Hjirboppe stean de portretten fan mar ien generaasje earder. Dy minsken komme amper of noait bûten eigen doarp. Har Hollâns is Frysk of Bilts mei… ja mei wat? Har schooltaaltje, wat trochgean moatte sil foar Algemeen Beschaafd Nederlansch. Har bern kenne al Dúts en Frâns. Dat sil wol moatte as je fierderop hannel driuwe wolle. En it klimaat is derneffens: se wurde fan hûsút stipe en ûnderhâlden, sawol geastlik as materieel. Dy oankommende hannelsjonges waait it trouwens gauris samar oan, dy taal. It sintúch foar hannel – saaklikens anneks empaty – en taalgefoel sitte beide yn ’e linker harsehelte. Moai meinommen.

In ‘hannelsreis’ dy’t Ruurd Braaksma en Leendert Runia noait wer ferjitte sille, is dy yn ’e Twadde Weareldoarloch, op ’e fyts nei België. Se ha berjocht krigen dat skippen mei in lading setters fan har ferdwûn binne, mooglik binne se sinke litten. Ien fan ’e skippen hyt Go Ahead. Se fine har hannel net werom, mar dat kin har al neat mear skele: it aaklikste fan ’e reis bliuwt it byld fan al dy liken dy’t hjir en dêr samar oan ’e kant fan ’e dyk lizze. Dat!
Nei de oarloch krije se wat fergoede út de herstelbetellingen, sadat de strop achternei net iens grut is. Mar dat aaklike byld, dat bliuwt.

Saken yn griente en rapen docht Ruurd op de Centrale Groente Markt te Amsterdam. De grutste ôfnimmer fan koalrapen en woartels fan ’e Firma M. Braaksma – sa’n 40 oant 50 wagonweinen yn ’t seizoen – is dêr Hil van Dijk, 2e Hugo de Grootstrjitte 38 te Amsterdam. Se dogge sûnt 1922 saken mei-inoar en dat hâldt op yn 1940.
Hjirûnder in brief oan Ruurd dêr’t er yn skriuwt dat it spitich is dat er syn saak opheffe moat fanwegen sykte, Amsterdam, 16-1-1940.
Dizze brief  en oare epistels yn ’t argyf fan ’e Firma Braaksma tsjûgje fan ’e goede sakekontakten – saaklik wurdt gauris persoanlik-freonskiplik, sa ek tusken Hil van Dijk en Ruurd Braaksma:
/…/bedankt voor uw blijk van sympathie, welke mij zeer getroffen heeft en het is dan ook met genoegen dat ik de brief van m’n vroegere rapen leverancier beantwoord. De door u gememoreerde feiten, deden mij eerlijk een beetje trots worden over onze vroegere zaken en eigenlijk een beetje verdrietig over de toestand zooals zij nu is./…/

Ruurd Minnes Braaksma hannelet allyksa yn ’e mande mei de eksporteur yn ierdappels Ritske H. Tulner te St.-Anne, kollega en grutte freon;
en mei Maurits Ypma – M. Ypma & Zonen N.V. – te Frjentsjer, .

 

 

BRAAKSMA RUURD MINNES + HARLEY
Ruurd mei syn Harley ûnder Aldeleie. Twa Borgers op ’e sitting
(Argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

 

By de feiling te Berltsum. Yn ’e midden by de sekken: Ruurd Minnes Braaksma. Foto: Kolleksje Minne R. Braaksma


Ruurd Minnes Braaksma (rjochts) mei syn kollega’s Durk Kuik (midden) – dy spekuleart nochal yn ’e ierdappelhannel – en komminsjonêr yn ierdappels Jelle Faber, Berltsum 1942

Hjirûnder in brief foar de Ingelse merk, de firma folop yn ’e beage:

Bewizen fan registraasje by it Bedrijfsschap voor Groothandel en Tussenpersonen in Groenten en Fruit, foar heit en soan, 23-3-1964:

 


Minne Ruurds Braaksma
de fjirde generaasje

Nei ’t Minne Jr yn Ingelân by in boerebediuw ûnderfining opdien hat, rint er staazje by gruthannel Sieckmann te Essen, ymport en eksport yn ierdappels en griente; Sieckman kin soargje foar húsfesting:


As Minne as jonge fint út ’t bûtenlân yn ’e saak komt, wol er de business útwreidzje: neist hannel yn ierdappels, ek griente en fruit. Oer de swetten hinne nei ’t bûtenlân. Mar syn heit keart dat op. Minne bliuwt sa’n fjouwer jier yn ’e saak. Hy wurdt bouboer en feruilet dat nei fjouwer jier foar banksaken.
Hy
 opperet letter: Doe’t it bedriuw te lyts waard, hie Braaksma miskien ek opgean moatten yn Hettema, tink ik no.

Minne fotograveart de lêste dagen fan ’e Beurs te Ljouwert, tachtiger jierren fan ’e 20e iuw, yn lette bylden:


CULTURA IERDAPPELBEURS