Klik op yllustraasjes foar mear.

GEARWURKING TRESOAR EN ERFGOED FUNDAASJE

De Stichting Erfgoed Fundaasje sil yn 2021 op ’e nij oparbeidzje mei Tresoar as it oan ’e Stichting leit. De beide ynstellings hienen sûnt 28 oktober 2016 in fruchtbere gearwurkingsoerienkomst, mar dy waard yn juny 2018 troch Tresoar ferbrutsen.

As fan ’t jier by Tresoar in nije direksje oantreedt, wol Erfgoed Fundaasje dy gearwurking wer fuortsette.
Erfgoed Fundaasje hat in oerienkomst mei de Gemeente Waadhoeke oangeande it foar de takomst feilichstellen fan agraryske bedriuws- en famyljeargiven. Dy argiven binne iepensteld foar ûndersyk. Sjoch ek hjirûnder: Oer ús.

It leit foar de hân dat it mienskipsbesit dat bûten de grinzen fan Waadhoeke falt, ûnderbrocht wurdt by Tresoar, oerienkomstich har kearntaken.

SKETS TEGELTABLO TICHELAAR MAKKUM

Oan de Kolleksje Brouwer-Bitgum is tafoege in skets út 1953 foar in tegeltablo fan N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek te Makkum (Koninklijke Tichelaar, 1572)

It tablo wie wierskynlik ornearre foar in nij hûs fan de ierdappelkweker Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong, pioniers yn ’e Noard Oast Polder, mar it is noait útfierd. De tekening yn swart potlead is 65 sm heech en 39 sm breed. Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak.

Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepensleine bibel mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam]Iep.[enbieringen] 2:7.

ANTIKE BEHANGÛNTWERPEN

Oan de Kolleksje Hellema is tafoege in samling ûntwerpen yn swart potlead en plakkaatferve foar plafond- en behangdekoraasje. De potleadtekeningen binne makke yn 1913 troch M.J. Steenstra. Te sjen binne patroanen yn Jugenstyl mei blommefigueren en fûgeltsjes. Op ien is de Grutte of Sint Martenstsjerke fan Hallum útbylde.

HZPC HOFLEVERANSIER

Hannelshûs Hettema is yn 1898 oprjochte.
Neffens oerlevering yn ’e famylje is dit Hannelshûs Hettema oprjochte mei de namme Handelshuis Hettema of Hettema Aardappelhandel en is de oprjochtingsdatum: 27-2-1898, dat is de jierdei fan Hette Hettema, hy wurdt dan 35 jier (* Bitgum 27-2-1863). Mar Hette Hettema hannele al earder yn benammen setierdierappels – ek op Dútslân.

Sjoch Erfgoed Fundaasje:
Hannelshûs Hettema
Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema
Genealogy Hellema
HZPC op Wikipedia

As de soannen Tjitze en Fokke yn ’e saak komme wurdt de namme: Firma Hettema Zonen.

Yn 1999 is Hettema Zonen fuseard mei de ZPC ûnder de namme HZPC.
HZPC sil mei it 135 jierrige bestean Keninklike Hofleveransier oanfreegje. Yn ferbân dêrmei wolle HZPC, de famylje Hettema en Erfgoed Fundaasje der graach achter komme oft der noch bewiistikken binne, want dy hawwe wy oan no ta net foar hannen. Argiven binne weirekke. Wa hat noch sokke dokuminten? It soe prachtich wêze.
It giet dan om keapakten, advertinsjes, foto’s mei data, âlde rekkens, earste notulen, fermelding belestingregister.



UTSTALLING ALD STEDHÛS FRJENTSJER

Yn it âlde Stedhûs te Frjentsjer (Riedhúsplein 1) is in permaninte útstalling ynrjochte fan it wurk fan Erfgoed Fundaasje, yn ’e mande mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene. Hjirûnder in oersicht mei tekst en foto’s.

Besichtiging op ôfspraak: 058-212 00 35.

Klik hjir foar de foto’s.
Klik hjir foar Frysk.
Klik hjir foar Ingels.
Klik hjir foar Nederlâns.


SKINKING KOLLEKSJE ZIJLSTRA EASTERBIERRUM

Skinking Kolleksje Zijlstra,
Genealogy Zijlstra


‘STELLE’ OM ITEN

Wa giet as arbeidster fan 62 út te stellen? Maaike Alles Sybrandi (1815-1903), in oerbeppe fan ’e presidint fan ’e Nederlandsche Bank.
Dêr binne net sa’n bytsje lju ûnder it arbeidzjend folk dy’t alle dagen fan moarns fjouwer oant jûns seizen bodzje foar in goarrich lean. Dy geane mei de honger yn ’e hals om iten út. Maaike is arbeidster, har man arbeider, beide wurde se feroardiele omdat se stellen hawwe.
Dat is noch mar even lyn, in mannich generaasjes.

Lês fierder: Kertiersteat Jelle Zijlstra– ynlieding en nr. 27 – sykje mei de sykfunksje


HOKKE ANNO 1822

Foardat se trouwe hawwe Baukje Jans Jousma en Rinze Lucas Nauta te Bitgum trije bern. Ongetroud gearwenje is yn ’e Klaaiboustreek begjin 19de iu bûtenwenstich, mar is dat yn dy tiid dan ek not-done?
It tsjut der net op dat Bauky en Lucas der mar op los bilje of libje: Lucas wol wol witte dat er de heit is, /…/
Sosjaal-histoarysk ûndersyk nei dit apart ferskynsel kin sicht jaan op foarûndersteld taboe fan doe.

Lês fierder: Genealogy Jousma – sykje mei de sykfunksje

FRIJ FAN IN ACHTERNAMME?

Job Sytses Sytsma, arbeider te Bitgum, tekenet syn foarnamme en patronym ûnder in akte yn 1823 folút: Job Sytses – gewoan patroan is yn syn tiid it brûken fan inkeld en allinne inisjalen. Dêrfoaroer folstiet Job by it skriuwen fan syn achternamme hjir mei de lêste komponint, it bliuwt by Job by: sma. Wol Job Sytses sjen litte dat it wol ta kin mei eigenammen? Frij fan dy fannen, nije moade, moares?

Lês fierder: Genealogy Jousma – sykje mei de sykfunksje


AS IT DAGET

by wurd en geast fan Obe Postma.

Hawwe jimme wolris west yn it tsjerkje fan Nijhuzum?
Ik ha ek wol myn besinnen yn dat doarpke hân,
wie it net yn ’e tsjerke dan wol foar de pleatsen oer,
dy stjelp fan generaasjes Galema’s,
/…/
Mar no wolle frjemde opstigings – sa’t skynt
gjin weet fan sielelibben – te Blessum
de hegere kultuer frij baan jaan:
Lês fierder

Ynterieur Blessum

Lês mear: Genealogy Offringa – sykje dêr mei de sykfunksje op FERGEES


Klik hjir foar argiven.


NEWS

Click the illustrations for more information.

COOPERATION TRESOAR AND HERITAGE FOUNDATION

The Heritage Foundation will again work with Tresoar in 2021 if it is up to the foundation. The two institutions have had a fruitful cooperation agreement since 28 October 2016, but this was severed in June 2018 by Tresoar.

Heritage Foundation wants to continue this collaboration when a new director joins Tresoar this year.

Heritage Foundation has an agreement with the Municipality of Waadhoeke regarding the future security of agricultural business and family archives. Those archives have been opened for investigation. See also: About us.

It is obvious that the community property that falls outside the boundaries of Waadhoeke will be housed at Tresoar, in accordance with its core tasks.


TILE PANEL SKETCH TICHELAAR MAKKUM

A sketch from 1953 has been added to the Brouwer-Bitgum Collection for a tile panel by N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek in Makkum (Royal Tichelaar, 1572)

The painting was probably intended for a new house by potato farmers Arjen Gerbens Brouwer and Yke de Jong, pioneers in the Noordoostpolder, but it was never completed. The drawing in black pencil is 65 cm high and 39 cm wide. Central is the tree of life, in the middle of which is a village view with a church and a head-neck-body farmhouse with a plowing farmer in the foreground, behind a single-furrow plough pulled by a two-man team. In addition, a sailing barge.

At the bottom of the tree trunk is described in Art Nouveau letters: Psalm 24:2; and in the roots to the left: The earth is the Lord’s, and to the right: He has founded it upon the seas. On the bottom is an open bible with the text: To the one who is victorious, I will give the right to eat from the tree of life. Rev. 2:7


ANTIQUE WALLPAPER DESIGNS

A collection of designs in black pencil and poster paint for cealing and wallpaper decoration has been added to the Hellema Collection. The pencil drawings were made in 1913 by M.J. Steenstra. On display are Art Nouveau patterns with floral figures and birds. One design depicts the Great or St. Martin’s Church of Hallum.


HZPC ROYAL COURT SUPPLIER

Hannelshûs Hettema was founded in 1898.
According to family tradition, it was founded with the name Handelshuis Hettema or Hettema Aardappelhandel and is founded on 27-2-1898. This is the birthday of Hette Hettema, he will then be 35 years old (* Bitgum 27-2-1863). However Hette Hettema has also previously traded in mainly farm potatoes – including Germany.

See Heritage Foundation:
Hannelshûs Hettema
Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema
Genealogy Hellema

When sons Tjitze and Fokke join the business, the name becomes Firma Hettema Zonen.

In 1999, Hettema Zonen merged with the ZPC under the name HZPC.
With its upcoming 135 year anniversary, HZPC will apply for Royal Court Supplier. Because of this, HZPC, the Hettema family and Erfgoed Fundaasje would like to find out if there is any evidence, because we do not have any available so far. Archives have been denied. Does anyone have such documents? It would be wonderful.
These would include deeds of purchase, advertisements, photos with dates, old accounts, first minutes, and mentions of tax registers.


EXHIBITION OLD TOWN HALL FRANEKER

In the old Town Hall in Franeker (Riedhúsplein 1) a permanent exhibition of the work of Erfgoed Fundaasje has been set up, in collaboration with Historisch Centrum Franeker and the Bildts Aigene. Below is an overview with text and photos.

Viewing by appointment: 058-212 00 35.

Click here for the photos.
Click here for Frisian.
Click here for English.
Click here for Dutch.


IMPORTANT ZIJLSTRA ARCHIVE

Family of the president of De Nederlandsche Bank (The Dutch Bank)
On 1 August 2020, an archive of the farmer’s family of prime minister Jelle Zijlstra was donated to Erfgoed Fundaasje. This business and family archive had been kept for a long time on the Sylstra farm in Klooster-Lidlum, south of Oosterbierum, and came into possession of Thea Brandsma-Zijlstra because her family was the last to work on her ancestors’ farm.
This archive is very valuable because the family has kept the business accounts nearly without gaps from the end of the 19th century until the 1990s.
Further work is being done on this inventory and will be completed eventually.


‘STEALING’ FOR FOOD

What 62-year-old laborer would steal? Maaike Alles Sybrandi (1815-1903), great-grandmother of the president of De Nederlandsche Bank.
There are many people among the working class who work for a meager living every day from four in the morning until six in the evening. They go out hungry. Maaike is a laborer, as is her husband, both of whom have been convicted of stealing.
This was only a short time ago.
Read more: Kertiersteat Jelle Zijlstra – introduction and no. 27 (use the search tool)


OUR CHARLEMAGNE

What is Charlemagne doing here? Nearly everyone in the Abendland (the western world) has blood coarsing through their veins of this bully and at the same time Father of Europe. As such, he also has a place in this pedigree, as the umpteenth person, namely number 570,270,302,208. What does that say of ‘high’ descent? If you calculate that the number of ancestors per generation is doubled, then in the time of great-grandfather Charlemagne, theoretically you’d have 570 billion ancestors, and at around 800 AD, Europe had a population of only about 35 million.

So relative, and at the same time so close. For instance, if you are interested, click number 8,701,634 in this pedigree: Floris V count of Holland and Zeeland, ‘Der keerlen god’ (God of the peasants) and ‘‘Hear’ fan Fryslân’ (‘Lord’ of Frisia), at least, so he calls himself; or Mathilde Plantagenet and all of her ancestors, number 139,226,153. And if you have gotten a taste for it, there is also number 17,820,946,945 Gorm den Gamle, the Old, the first king of Denmark. Well, anyway. Others will do research up to Adam: Offringa: From Adam To Esther


LIVING TOGETHER IN 1822

Before they got married, Baukje Jans Jousma and Rinze Lucas Nauta in Bitgum had three children. Unmarried cohabitation was uncommon in the potato farming region at the beginning of the 19th century, but at that time, was it considered not done?
This is not to say that Bauky and Lucas are living a life of debauchery: Lucas wants to know that he is the father, /…/
Socio-historical research into this particular phenomenon may provide insight into presupposed taboos of the time.
Read more: Genealogy Jousma (use the search tool)


FREE FROM A SURNAME?

Job Sytses Sytsma, a worker in Bitgum, signs his first name and patronymic in full in a deed in 1823: Job Sytses – it is the custom in his time to use nothing but initials. Instead, Job writes his last name here with the last component, Job keeps it at: sma. Does Job Sytses want to show that it is possible to have proper names? Free from family names, new modes and mores?
Read more: Genealogy Jousma (use the search tool)


Click here for archives.